De Fryske Marren. Jiergong 3, nûmer 2. Riedsferkiezingen Janke de Vries (side 4, 5) Warnsbetinking Chris van Hes (side 6, 7)

Vergelijkbare documenten
Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

Eindexamen Fries havo I

Staatsexamen VWO 2014

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van B&M/LLW

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

Correctievoorschrift VWO

Correctievoorschrift HAVO

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter

OANFALSPLAN FRYSK. Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen

Eindexamen havo Fries I

nr. Januari

Verzet tegen het verminderen van het aantal volksvertegenwoordigers

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015

Jierferslach. Omrop Fryslân

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Correctievoorschrift VWO 2016

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Cursussen Fries

Tomke makket in snieman

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

Earlik diele yn in grien Fryslân

1. In geskink fan de Nyl

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

Omrop Fryslân. Jierferslach

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo?

Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 novimber 2014 om oere yn it gemeentehûs fan Stiens.

Merke 2015 Back to the 70 s

Correctievoorschrift VWO 2014

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie

Harkje, lêze en útspraak

Omrop Fryslân. Jierferslach

JIERFERSLACH Omrop Fryslân

Friese taal schrijfvaardigheid

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf uur in het gemeentehuis te Joure

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

Concept besluitenlijst van de vergadering van Provinciale Staten op de commissaris van de Koningin, de heer J.A.

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN

de Fryske partij foar gemeentebelangen Jiergong 2, nûmer 3 De Fryske Marren Kommisje "Bestjoer en Finânsjes" sjocht werom Wiebe Hoekstra (side 6, 7)


Ferslach fan de fjirde diskusjebyienkomst oer de bestjoerlike takomst fan de gemeente Ferwerderadiel.

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Besluitenlijst. Nummer : 2016/034 Onderwerp : Besluitenlijst raadsvergadering van 25 mei 2016

Herdenken - Jannes en Bea

Correctievoorschrift HAVO 2014

Ferslach fan de earste diskusjebyienkomst oer de bestjoerlike takomst fan de gemeente Ferwerderadiel.

Concept besluitenlijst van de vergadering van Provinciale Staten op 16 februari 2011

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:

Ynhâldsopjefte. Gearstalling organen 06. Fasiliteiten Ynvestearrings 25

Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 24 septimber 2015 om oere yn it gemeentehûs fan Stiens.

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 12 desimber 2013 om oere yn it gemeentehûs fan Stiens.

Correctievoorschrift VWO 2013

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

VII Vaststelling van de begrotingsstaten van het Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties (VII) voor het jaar 2017

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Foto s: Lykle Veenje, Klaas Hendriks, Johannes Herder, John van den Berg, Hendrik Jellema

Correctievoorschrift HAVO. Fries 1 en Fries 1,2. Hoger Algemeen Voortgezet Onderwijs. Tijdvak 1. Begin

Overzicht moties bij programmabegroting raad 7 november Programma 1 - Samenleving. Motie Fractie Onderwerp Stemming

de Fryske partij foar gemeentebelangen Jiergong 2, nûmer 2 De Fryske Marren Referindum Skotten (side 4,5) Gerda de Vries

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken

de Fryske partij foar gemeentebelangen Jiergong 1, nûmer 3 De Fryske Marren De kampanje (side 5) Jan Westra Terherne (side 8,9 ) Auke Bijlsma

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 dinsdag 29 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Examen VMBO-GL en TL. Fries CSE GL en TL. tijdvak 1 vrijdag 25 mei uur. Bij dit examen horen een bijlage en een uitwerkbijlage.

Samenvatting / Gearfetting bidbook Lwd2018. De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april

Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 3 april 2014 om oere yn it gemeentehûs fan Stiens.

Correctievoorschrift VWO 2017

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart

Beschrijving ochtend programma (voor iedereen)

rd) 10 JUNI 2014 provinsje fryslân provincie frys1ân, 1 Provinsjale Steaten fan Fryslân Ljouwert, 10 juny 2014 Ferstjoerd,

I. Tsjinst fan =e Tarieding

Meartaligens yn it deistich libben. Meertaligheid in het dagelijks leven

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Marsumer fan it jier Achte oanwêzigen, bêste minsken,

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart

Beslutelist gearkomste fan D.S. 7 oktober Afwêzich: KfdK, deputearre Konst en deputearre Kramer

Van het bestuur. De Warbere Bijker. Informatiebrief van imkervereniging Leeuwarden e.o. (sinds 1899)

1. Iepenjen. De foarsitter iepenet de gearkomste mei it útsprekken fan it amtsgebed en hjit de oanwêzigen wolkom.

BESLUITENLIJST VERGADERING GEMEENTERAAD

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 maart 2014 om oere yn it gemeentehûs fan Stiens.

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

Kaders windenergie Súdwest Fryslân

Correctievoorschrift HAVO 2012

1. Iepenjen. De foarsitter iepenet de gearkomste mei it útsprekken fan it amtsgebed en hjit de oanwêzigen wolkom.

Wybe Feenstra (tel ;

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber

Kolleezje : wethâlders M. van Asperen, L. Pen en A. Dijkstra

Uitgave: Stifting Nijkleaster, Wirdum 2010 eerste druk

Jrg Nr. 1. Theun de Vries 6. J.J. Kalma 10. Fryske kentekens 16

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber

Transcriptie:

Jiergong 3, nûmer 2 De Fryske Marren Riedsferkiezingen Janke de Vries (side 4, 5) Warnsbetinking Chris van Hes (side 6, 7) Lytse skoallen yn De Fryske Marren Jeltsje Piersma (side 7, 8) Yn petear mei Corlienke de Jong Aant Mulder (side 10, 11, 12) Miljeuterrein Balk Jeltsje Piersma, Jan Volbeda (side 12, 13) Doarpshuzebelied Jochum Meester (side 14, 15) de Fryske partij foar gemeentebelangen

FNP Gaasterlân-Sleat FNP Skarsterlân Kolofon Redaksje Janke de Vries Jochum Meester Aant Mulder Redaksje-adres Minne Jeltesstrjitte 18 8561 DZ Balk 0514-602853 06-48074257 aant.mulder@fnp.frl Oplaach 300 eksimplaren Printer BvS Dieuwke Melchers Foto s Aant Mulder (foarkant, 2, 3, 5, 12, 18, efterkant) Fan Chris van Hes (6) Fan Egbert (9) fan FNP Ljouwert (10) Digitaal De nijsbrief kin meikoarten ek lêzen wurde op: www.defryskemarren.fnp.frl De nijsbrief komt út trije kear jiers maaie septimber desimber Hjerst 2015

Mear eigen foech De FNP is dwaande mei in soarte fan takomstfyzje dy t yn e rjochting giet fan Fryslân as in wat mear autonome provinsje. Yn de praktyk soe dat betsjutte moatte, dat we yn Fryslân faker oer eigen saken kedize kinne moatte soene. Dan wurdt ornaris daliks tocht oan taal, kultuer en ûnderwiis. Hoewol t we op dit stuit net folle oer dy takomstfyzje hearre, binne der foarbylden by de rûs en der komme hast alle dagen nije foarbylden by. De rjochtbank yn Ljouwert, Omrop Fryslân en it spoar nei Starum en Harns binne wat dat oanbelanget de lêste foarbylden. We hawwe sjoen dat saken fan it Ryk werom kinne nei de gemeenten. It jout in protte gedoch, mar dochs. As dat kin, dan moatte ek saken fan it Ryk werom kinne nei de provinsjes. Wy soene dêrom ek goed yn e mande mei oare provinsjes opkomme kinne foar mear eigen foech. Ik tink yn t foarste plak oan Grinslân, Limburch en Seelân. Dat binne ek provinsjes dêr t guon saken oars en faaks better as yn de Rânestêd regele wurde kinne soene. We sjogge gauris nei oare lannen en hoe t se dêr soks regelje en dan sprekke Skotlân, Wales, Baskelân en Kataloanje ta de ferbylding. Op fakânsje rieden we lykwols troch Dútslân en Switserlân nei Itaalje. Yn Dútslân betocht ik dat se dêr dielsteaten mei gâns foech op it eigen lokale mêd hawwe. Wat foar de dielsteaten yn Dútslân jildt, jildt nammerste mear foar de kantons yn Switserlân. Oer Itaalje hie k eins nea neitocht, mar ús reislieder hie t al rillegau oer selsstannige regio s. Dat binne der fiif: Sisilië, Sardinië, Trentino-Súd-Tirol, Friuli- Venezia-Giulia en Valle d Aosta, wylst fan Sisilië en Venezia wol bekend is dat se mear wolle as allinne mar de status fan autonome regio. It fernuveret net dat dy regio s oan e râne fan Itaalje en dus op grutte ôfstân fan Rome lizze. Underweis nei it fiere Sisilië betink ik dat autonome regio s mei romte foar eigen saken eins hiel gewoan binne. Nuver dat wy der by ús net iens gewoan oer prate kinne. Hawar, wy hawwe geniete fan it waar, de natuer en de kultuer yn dy autonome regio s Sisilië en Sardinië en doe t we op Korsika kamen hearden we dat dy regio sûnt 1991 ek al in spesjale status hat. En dat yn Frankryk! Der soe dochs ek wat yn Fryslân mooglik wêze moatte. Aant Mulder, foarsitter 3

De flaggen fan de autonome regio s Sisilië, Sardinië en Korsika Meer eigen bevoegdheden De FNP houdt zich heel voorzichtig bezig met een visie met wat meer ruimte voor eigen bevoegdheden. Dat lijkt bijzonder, maar op vakantie naar en in Italië lijkt dat heel gewoon. Veel landen in Europa hebben regio s met eigen bevoegdheden. De deelstaten in Duitsland en de kantons in Zwitserland zijn daar voorbeelden van. Italië kent vijf autonome regio s en Corsika heeft sinds 1991 ook een speciale status binnen Frankrijk. In dat licht bekeken zou in Fryslân toch ook iets mogelijk moeten zijn. Aant Mulder, voorzitter Riedsferkiezingen yn maart 2018 It is noch net sa fier, mar yn maart 2018 binne der wer riedsferkiezingen. Foar dat jo it witte is it wol safier en dan moat der fansels wer in ploech FNP ers stean dy t of yn de ried komt of de riedsleden as skaadfraksje bystiet. Yn de hjoeddeistige fraksje sitte in oantal minsken dy t der dan trije perioaden of sels mear opsitten ha as riedslid. Tiid foar fernijing (en leafst ek ferjonging) dus. Sa as jimme allegearre witte bestiet de riedsfraksje no út 10 minsken. In geweldige lúkse posysje fansels. Wy binne de grutste fraksje yn de ried dy t 31 riedsleden telt. Ien kear yn de moanne is der in riedsgearkomste, altyd op woansdeitejûn. Ien kear yn de moanne binne der ek kommisjegearkomsten (moandei, tiisdei en woansdei) as tarieding op de ried. Foar de kommisjes en de ried ha wy op moandeitejûn fraksjegearkomste. Dat om te bepalen hoe t wy de ûnderwerpen op de wurklist oanfleane sille. De skaadfraksjeleden binne der op de fraksjejûnen by. It riedslidmaatskip betsjut foar my sa seit Jan Volbeda: Aktyf mei bouwe oan in fitale gemeente. Aktyf is dan: betinke, beslute en sa mooglik útfiere. Fitaal betsjut foar Jan, klear foar de takomst, dus duorsum en grien, mar ek mei romte foar ekonomyske ûntjouwingen. Dat soks barre moat mei net allinne behâld fan, mar just troch it fersterkjen fan it Frysk eigene sprekt foar himsels. 4

Frâns Gerritsma is skaadfraksjelid. Hy fynt it moai om op de hichte te wêzen en te bliuwen fan wat der spilet yn de gemeente. Boppedat kinne jo troch jo ynbring mei rjochting jaan oan saken dy t spylje. As skaadfraksjelid krije jo net alles mei, om t je bygelyks gjin diel útmeitsje fan in kommisje en dêrtroch wat minder op e hichte binne fan wat der spilet. Al mei al leare jo wol hoe t it wurket yn de gemeentepolityk. In pear minsken kinne soms it ferskil meitsje. Wat ek aardich is oan it riedslidmaatskip is dat troch jo bydrage aksinten oanbrocht wurde dy t mearwearde ha. It is altyd in útdaging om it safier te krijen. Gelyk hawwe en gelyk krije, leit yn de polityk somtiden fier útinoar en dat kin knap frustrearjend wêze. It wurk fan in riedslid moat op haadlinen dien wurde en it is wol ris ferfelend, dat der gjin tiid is om echt ta de kearn fan in ûnderwerp troch te kringen. Want wy kinne der wol omhinne draaie, mar it riedswurk kostet in soad tiid. Mar binne jo nijsgjirrich wurden hoe t it der om en ta giet? En wolle jo wolris sjen wat it no krekt ynhâldt? Nim dan kontakt op mei ien fan de fraksje, de telefoannûmers stean oan de binnenkant fan de efterside fan de nijsbrief. Janke de Vries, riedslid Raadsverkiezingen in maart 2018 In 2018 zijn er weer gemeenteraadsverkiezingen. De fractie bestaat nu uit tien mensen. Sommige fractieleden zitten al twee of drie raadsperioden. Het wordt in 2018 dus tijd voor vernieuwing en verjonging. Maandelijks zijn er commissievergaderingen en raadsvergaderingen. Deze vergaderingen worden voorbereid in fractievergaderingen op de maandagavond. Dat betekent dat raadsleden in ieder geval maandelijks vier bijeenkomsten hebben. Het kost tijd, maar daar staat ook iet tegenover. Je krijgt veel informatie, je doet mee in de besluitvorming en soms maak je met je fractie het verschil. Wil je meer weten, neem dan contact op met één van ons. De telefoonnummer staan op de laatste bladzijde in deze nieuwsbrief. Janke de Vries, raadslid 5

Warnsbetinking 2015 Yn it jier 1345 waard greve Willem IV fan Hollân dreaun troch ekspansydrang. Hy moast de Fryske lannen ek ûnder syn macht hawwe en dêrom sette hy in ekspedysjemacht op. Dy fear fan Enkhuzen út de Sudersee oer en sette oan wâl by Starum om. Fan dêrút soe de haadmacht fierder gean. Dy Hollânske ridders kamen net sa fier; hja hiene swiere harnassen oan en sakken dus wei yn it sompige gebiet. De Friezen hawwe har earst weromlutsen om letter de haadmacht fan de rest ôf te snijen. Dêrnei wiene de Hollanners gjin partij mear foar de pleatslike befolking. En sa hawwe in stel boeren en fiskers der foar soarge dat Fryslân noch in lytse 150 jier fan de Fryske Frijheid genietsje koe. Dat is alwer 670 jier lyn en de tiid fan fjochtsjen mei swurden en harnassen is ek oer. De wapene striid is foarby, lokkich mar. Dochs is der hjoed de dei noch altyd wol striid te fielen. Diskear net fan in ynvaazjemacht mar in striid oer rjochten, plichten en it Frysk. En dêr giet myn speech oer op it Reaklif de 26 e septimber 2015. Noch altyd is it Frysk of de Fryske identiteit net fanselssprekkend. En alle dagen wurde wy wer mei foarbylden dêrfan konfrontearre. In lytse opsomming: de helptsjinstesintrale nei Grins, Marne College, selsstannigens Omrop Fryslân, gjin Frysk by KH2018. Dat wurdt dan ek as in streekrjochte bedriging (of oanfal) sjoen op it Frysk. Dochs is der in omslach fan tinken nedich. Ik pleitsje derfoar om hjir net nei te sjen as in bedriging mar as in kâns. In kâns de posysje fan Fryslân, it Frysk en de Fryske identiteit te ferbetterjen! Yn de wurden fan de fuotballer Johan Cruyff: De oanfal is de bêste ferdigening. Dêrom soe dizze generaasje fûleindich ynsette moatte foar in ferbettering, om de kommende generaasje dan dizze ferbettering konsolidearje te litten. Dat slagget fansels net op de manier sa t wy no dêr op tahâlde. Fansels docht elk syn/har bêst op syn/har eigen mêd. De polityk, skriuwersferieningen, taalklupkes en oare bewegers. Mar dêrtroch is it tsjinlûd fan de Friezen te ferdield; de lûden komme net fûl genôch troch yn Brussel of De Haach. Dêrom moatte wy as Friezen sjen nei ek in oare manier fan opkommen foar ús rjochten. En dy foarbylden lizze tichteby: as wy sjogge nei Grinslân dêr t in stikmannich minsken rebûlje makken en dêrnei in grutte pûde mei jild krigen hawwe. Of Skotlân dêr t in referindum hâlden is. Nei myn klifrede sille wy yn de Spylder debat/diskusje fiere oer in foarm/oplossing fan dit probleem. Ien ding is wis; de Friezen moatte yn beweging komme en har kâns gripe. Chris van Hes, foarsitter Jongfryske Mienskip 6

Warnsbetinking 2015 Het Fries en de Friese identiteit zijn nog steeds niet vanzelfsprekend. Er zijn genoeg voorbeelden. Het is van belang, dat wij ons anders opstellen. We moeten niet denken in bedreigingen maar in kansen. We moeten niet terugblikken, maar vooruit kijken. De Groningers die in opstand kwamen tegen de gaswinning zijn een goed voorbeeld. De Friezen moeten hun kansen zien en die grijpen. Chris van Hes, voorzitter Jongfryske Mienskip Lytse skoallen yn de Fryske Marren obs De Stobbestjelp Vegelinsoard Kristlike skoalle Op e Terp Sondel De lêste tiid ha wy yn de ferskillende media hearre en lêze kinnen, dat der nochal wat skoallen slute yn Fryslân. Nei de simmerfakânsje binne 17 skoallen net wer iepen gien, om krekt te wêzen. Mear as ea. Njoggen fan dy skoallen wiene de lêste yn it doarp (Ealahuzen bygelyks). Noch altyd hat Fryslân de grutste skoalletichtens fan ús lân. Mar troch de fierder geande krimp en foaral ontgroening sille mear foaral lytse skoallen faai komme te stean. Net omdat de kwaliteit fan it ûnderwiis min is. Lytse skoallen komme faai te stean Yn De Fryske Marren ha wy der ek mei te krijen. De (lêste) skoalle fan Ealahuzen is mei yngong fan dit jier sletten. Primus, ien fan de iepenbiere skoallekoepels yn ús gemeente ferwachtet dat der fan t jier 10 fulltime learkrêften ferdwine. Sy geane in gearwurking oan mei de iepenbiere koepel De Basis yn It Hearrenfean. Skaalfergrutting op it nivo fan it kolleezje fan bestjoer. Yn 2010 hie Primus noch 1282 learlingen; yn 2015 binne dat der noch 1039. In krimp fan sa n 19 %. Der binne echt minder bern, want oare skoalkoepels út de omjouwing binne net groeid mei sa n oantal. 7

Nije ûntwikkelingen / learmetoaden Ferskillende skoallen oeral yn de provinsje binne dwaande mei nije konsepten om de feroarjende omstannichheden oan te kinnen. - In doarpsskoalle moat net sa iensidich rjochte wêze op it binnenheljen fan learlingen, mar modern ûnderwiis jaan om it bestean fan de skoalle te boargjen. Jo moatte in fyzje ûntwikkelje om goed ûnderwiis op it plattelân te bieden. Fuort mei it âlde tinken. - De Tarissing yn Aldehaske hat it predikaat Building Learning Power skoalle krigen. BLP is in nije metoade dy t bern feardichheden dy t by dizze tiid passe, leart. - Dan is der ek in eksperimint mei software geande. Lessen op maat foar de learling en tiidwinst foar de learkrêft (minder administraasje). De inisjatyfnimmers tinke dat dit Next Level school idee ûnderwiis foar it plattelân behâlde kin. Greideskoalle Primus siket it yn gebouwen en lokaasjes. Se ha jild oanfrege om te ûndersykjen oft it mooglik is om ien nij grut bernesintrum te bouwen. Foar dat sintrum moatte de iepenbiere skoallen fan Aldehaske, Rottum, Sint Jânsgea/Rotsterhaule, Ouwsterhaule en Haskerhoarne dan slute. Primus hâldt har eigen organisaasje sa op de fuotten. Mar hoe sit it mei it belang fan de doarpen en har ynwenners? Yn Aldehaske bygelyks is it nije Kultur-hûs mei opsetsin tichteby de beide skoallen setten. En de berne-opfang sil der ek in plak krije. Sint Jânsgea/Rotsterhaule en Aldehaske ha beide 2 skoallen. It liket ús foar de hân te lizzen dat iepenbier en kristlik mear mei-inoar dogge yn eigen doarp as der wat barre moat. Sa ha wy it ek yn ús programma stean. Yn Rottum, Haskerhoarne en Ousterhaule moat de skoalle ferdwine fanwegen de nije greideskoalle. Primus ferwachtet dat it takomstige ûnderhâld fan de âldere skoallen nochal tanimme sil. Mar se sizze neat oer wat de gemeente mei de gebouwen moat, mocht harren plan trochgean. Kadernota Wy ha as ried troch mei de Kadernota yn te stimmen, ek ynstimd mei boppesteand ûndersyk á 50.000. Eksperiminten, nije ynsichten om goed ûnderwiis op it plattelân te boargjen fertsjinje in kâns. Mar as FNP binne wy der noch net fan oertsjûge dat it idee fan Primus in goede rjochting is, lit stean de bêste oplossing foar krimp en ontgroening. Jeltsje van der Zee-Piersma, riedslid Kleine scholen in De Fryske Marren Kleine scholen staan onder druk. Dat geldt ook voor de kleine scholen in onze gemeente. Schoolbesturen zoeken naar oplossingen. Sommige scholen zetten in op modern onderwijs, onderwijsconcepten, e.d.. Het schoolbestuur van Primus zoekt het in locaties en gebouwen. Ze willen vijf scholen sluiten en dan centraal tussen die dorpen een groot kindercentrum bouwen. Zo wordt voorbijgegaan aan het feit dat in twee dorpen nog een openbare en een christelijke school zijn. De FNP ziet liever dat zulke scholen de samenwerking intensiveren. De FNP heeft ingestemd met een onderzoek naar de (on)mogelijkheden van een greideschool, maar twijfelt of dat de goede richting is. Jeltsje van der Zee-Piersma, raadslid 8

Kollum Unbegryp As yn it deistich libben de polityk oan de oarder komt, dan hearre jo faak, Dêr haw ik gjin ferstân fan. Of Dat is in soadsje. Alle dagen wurdt der wol wat oer publisearre. Is der no nea wat posityfs út te heljen? In sjoernalist (mei de goede kleur) kin der noch wat fan meitsje, mar as jo de pommeranten sels dwaande sjogge, dan binne se meastentiids slaande deilis. Mar wat is no einliks polityk, oft better sein, wat betsjut dat wurd. Ik bin ris oan it googlejen slein. Wikipedia begjint al like dûbelsinnich te wurden as de polityk fan hjoed-de-dei. Se sizze nammentlik: polityk is de wize hoe t yn de mienskip de belangetsjinstellingen ta har rjocht komme. Snappe jo it? It wurd polityk soe ôfkomstich wêze fan it âlde Grykske wurd Politeia, dat ûnder oaren de boargerlike mienskip betsjutte, it libben as boarger yn de mienskip. It wie de tsjinstelling fan, skrik net fan it wurd, idiotès, dat privaat, gewoane man of yndividueel betsjut. Tiden hawwe tiden en ek mei dy foarm is it op en del gien. Nei de midsiuwen is it op e nij wer brûkt yn it ramt fan de opkomst fan grutte ydeologieën as liberalisme en sosjalisme. Mei it oanheakjen fan de nijste betsjutting, de striid tusken ydealogysk motivearre groepen, oan t begjin fan de 19 e iuw. Dat jout mooglik de betizing, dêr t de boarger hjoed-de-dei mei te krijen hat al wat oan. Dy Griken wiene sa min noch net. Yn beide gefallen spile de boarger in tige wichtige rol. Is dat hjoed-de-dei noch wol sa? As de politisy no ris wat mear nei de boarger lústerje ynstee fan tsjininoar te hakketakjen, soe it ûnbegryp dan net foar in grut part út de wei wêze? Eibert 9

Onbegrip Over politiek wordt vaak negatief gesproken. De politici maken het daar dikwijls zelf naar. Het woordje politiek ontleden, maakt het niet veel beter. Het betekent hoe de gemeenschap met belangentegenstellingen omgaat. Later stond het woordje politiek voor de strijd tussen ideologische groeperingen. Beide keren speelden de burgers een belangrijke rol. Je kunt je afvragen of dat nu nog steeds zo is. Eibert Yn petear mei Corlienke de Jong Op freedtemoarn 28 augustus hie k de moarns om healwei njoggenen in petear mei Corlienke de Jong. We hawwe dat petear yn it Technopark, in ûnderdiel fan it Friesland College oan de Skrynmakker op t Hearrenfean. Dêr is Corlienke de moarns betiid al út Jutryp wei hinne fytst. Se is drok oan t wurk yn dizze praktykôfdieling, dêr t alles draait om hout, meubels en ynterieur. Aansten moat se nei in learling yn e Wâlden op staazjebesite. Dat docht se yn in auto fan e skoalle. Under de bedriuwen troch hat se wol efkes tiid foar in petear oer har wurk as fraksjefoarsitter fan de FNP-steatefraksje. Dat petear hawwe we by in bakje kofje yn har keamer. Corlienke de Jong wie ús nûmer 2 op de list foar de Steateferkiezingen. Nûmer 2, om t Johannes Kramer ús listlûker en dus ús nûmer 1 wurden wie. We witte allegearre hoe t it fierder beteard is. Johannes Kramer is wer deputearre wurden, no yn in kolleezje fan CDA, VVD, SP en FNP. Sadwaande waard Corlienke ús nûmer 1. Dêrnei hat de fraksje har keazen ta fraksjefoarsitter en krige se de portefeuilles algemiene saken/bestjoer/ feiligens, sosjaal belied/soarch en taal/kultuer/ûnderwiis/media tabedield. Tagelyk waard se lid fan de Steatekommisje Frysk. Ik freegje Corlienke wat se no krekt docht Se fertelt dat se al 25 jier foar it Friesland College wurket. Se is relaasjebehearder technyk en technology. Dat betsjut dat se foar dy ûnderwerpen it oansprekpunt is. Se jout AVO-fakken en se is aktyf as staazjebegelieder. Dat die se al fulltime, mar no t se fraksjefoarsitter is, hat se de woansdei ynlevere. De woansdei, om t dat de gearkomstedei fan de Steaten is. Ik freegje har hoe t it allegearre sa kommen is Corlienke fertelt, dat se altyd polityk belutsen west hat. Se is ek wol faker frege en se hat dus ek wol faker nee sein. Dat hie alles te krijen mei de thússituaasje. Trije studearjende dochters en har baan makken dat se it drok genôch hie. Tiden hawwe tiden. De dochters binne no grut, wenje net mear thús. Dat betsjut dat se no tiid en gelegenheid hat om wat foar Fryslân en de Fryske Mienskip werom te dwaan. Dat motivearret har: wat werom dwaan. En dat koe, want se waard wer frege. 10

Do waardst dus frege Ja, en doe bruts it sirkus los. Der wie in grutte stipe om my op it twadde plak te setten. Dat gong oan. De kampanjetiid dy t folge wie in bannige tiid. Se fertelt entûsjast oer it mei-inoar aksje fieren en de Frysksinnige minsken dy t se moete. Oan e oarder komt ek it ferskaat oan ôfdielingen en dat de ferskillen tusken ôfdielingen ek wolris lestich binne. De FNP moat nei bûten ta wol ien gesicht hawwe. Wolst nei de takomst sjen. Der moat in nije fyzje komme, dêrt kânsen en bedrigingen yn beneamd wurde. Benammen de stêden moatte omtinken hawwe, seist. Seist: We moatte oan e bak. Hoe waardst fan nûmer 2 fraksjefoarsitter Diest tegearre mei Johannes de ûnderhannelingen. Yn koarte tiid kaam sa yn stikken en bypraatsesjes gâns ynformaasje foarby. Dat it FNP-program suver as in reade tried yn t koalysjeprogramma werom te finen is, beneamst mei klam. Dat we dêr grutsk op wêze kinne! Da komt it Deltaplan Frysk oan é oarder en dat dêr no 21 miljoen foar beskikber is (wie 12 miljoen). Der komme gjin wynmûnen op lân by en der komt in Mienskipsfûns. Ik freegje Corlienke oft der ek minpuntsjes binne Se seit dat it spitich is dat it referindum oer de soarch net oernommen is. Dy oerlizzen en dy ynformaasje hawwe makke datst nei de beëdiging fan Johannes de folgjende stap ek wol sette doardest. Dêr komt noch by datst fynst datst lieding jaan meist oan in moaie klup minsken (fraksje, skaadfraksje, fraksjemeiwurkers). Ik bin fansels ek wol benijd nei de stân fan saken oangeande de moadefakskoalle yn Bakhuzen Ik hear dat der fuortgong is en begryp dat Corlienke der mei in amtner fan de provinsje hinne sil om fierder te praten. Corlienke beneamt dat der yn t ramt fan de ambachtsekonomy jild is foar technysk ûnderwiis en dat besjoen wurde moat oft dêr yn dizze rjochting wat mei dien wurde kin. Ik freegje hoe t se har takomst as fraksjefoarsitter sjocht Corlienke fertelt mei entûsjasme dat se har folslein ynsette wol. Ik gean der plat foar. Se neamt it dreech, mar tagelyk in útdaging en in eare om dat te dwaan. Dat se har op it goede momint ynsette kin foar de Fryske saak, fynt se in boppeslach. In dreambaan! Se neamt de gearwurking yn de Steaten hiel konstruktyf, hoewol t se by in inkelde partij ek wol frustraasje priuwt. Gearfetsjend seit Corlienke dat se har mei har fjouweren konstruktyf ynsette wolle om it koalysjeakkoart sa goed mooglik út te fieren en dat se har tagelyk ynsette foar de Fryske saak en dat soks yn dizze situaasje hiel goed kin. Ik betankje Corlienke foar it noflike, ynhâldlike en tagelyk entûsjaste petear oer har wurk, har fraksfoarsitterskip en de FNP-polityk. As ik de auto start, sjoch ik Corlienke al yn it bedriuwsautootsje fan it Friesland College om e hoeke ferdwinen. Dat is Corlienke: entûsjast en faasje. Avesearje! Corlienke, betanke foar it petear. Aant Mulder 11

In gesprek met Corlienke de Jong Voor Corlienke de Jong is dit het juiste moment om actief in de polityk te worden. Het was haar al vaker gevraagd, maar de thuissituatie en haar werk lieten het niet eerder toe. De drie studerende dochters van toen zijn nu volwassen en wonen elders. Dat geeft nieuwe mogelijkheden, mogelijkheden om iets voor Fryslân terug te doen. Dat is en blijft haar drijfveer. Ze werd weer gevraagd en heeft nu dus ja gezegd. Zo kwam ze als nummer 2 op de lijst te staan. Doordat onze nummer 1, Johannes Kramer, weer gedeputeerde werd, werd Corlienke eigenlijk de nummer 1. Bovendien verkoos de fractie haar unaniem tot fractievoorzitter. Doordat Corlienke aan alle onderhandelingen heeft meegedaan is ze in hoog tempo thuis geraakt in de provinciepolitiek. Het motiveert haar om mee vorm en inhoud te geven aan de uitwerking van het coalitieakkoord. Het is een akkoord waar veel van de FNP in terug te vinden is, zegt Corlienke. Aant Mulder Ferkeap miljeuterrein Balk prima, mar tsjinstferliening moat oerein bliuwe De gemeente De Fryske Marren hat de gemeentewerf, mei dêrop de miljeustrjitte, yn Balk ferkocht oan AVK Plastics. De fraach is hoe t it no komt mei it ynleverjen fan it grof ôffal! Om dêr in antwurd op te jaan binne in tal saken fan belang. Sa as: 1. AVK jout in protte wurkgelegenheid yn de regio en sa'n bedriuw moat romte ha. 2. De gemeente wol de tsjinstferliening goed dwaan, mar moat ek op de sinten passe. 3. It plak wêr t we it grof ôffal ynleverje, is de miljeustrjitte; it plak foar frachtweinen, trekkers, masinen en ûnderkommen foar it personiel is de gemeentewerf. Yn Balk, mar ek op e Jouwer sitte de miljeustrjitte en de gemeentewerf op itselde terrein. Mar neffens de FNP hoecht dat net. 4. Ynwenners moatte it grof ôffal tichteby ynleverje kinne, en net tefolle betelje. Oer de yn Balk ûntstiene situaasje hat de gemeente útlis jûn op de ynternetside: Terrein blijft open Eerder dit jaar hebben wij het terrein verkocht aan AVK Plastics. Op termijn voldoet het terrein niet meer aan de eisen. 12

Daarom doen wij momenteel onderzoek naar de locatie van een nieuwe gemeentewerf voor ons personeel en materiaal. Daarnaast kijken we naar de toekomstige locaties van de milieuterreinen in de gemeente. Hierover is nog geen besluit genomen. Hoe tinkt de FNP dêroer In gemeente lykas De Fryske Marren kin, om kosten te besparjen, ta mei twa gemeentewerven. De Jouwer is nij en moat bliuwe; it yndustryterrein De Lemmer is ek in goed plak. Mar de ynwenners moatte net te fier ride moatte mei it grof ôffal. Soks kostet tefolle tiid, it wurdt te djoer. En dan wurdt der socht nei, net winsklike, alternativen lykas sels stoarte (yn in berm of boskje) of brâne. In miljeustrjitte yn (de buert fan) Balk moat dêrom bliuwe. As we tinke yn kânsen, lizze praktyske oplossingen om e hoeke. - Sykje romte foar in nije miljeustrjitte. Ien dy t sober, mar doelmjittich ynrjochte is. - Grienôffal net mear twa kear troch de hannen, mar streekrjocht ynleverje oan it Heidepaad yn Aldemardum. - Ynwenners fan De Fryske Marren moatte ek terjochte kinne yn oare gemeenten. Dat is regio tinken. - Iepeningstiden fan de miljeustrjitten goed ôfstimme, sadat de minsken in soad kar ha. As lokaasjes beheind iepen binne, dan net allegearre tagelyk iepen. Mei oare wurden: de kosten behearsber en tsjinstferliening tichteby! FNP fraksje De Fryske Marren Jeltsje Piersma, Jan Volbeda, riedsleden Verkoop milieuterrein Balk Het is goed dat de gemeente oog heeft voor de bedrijfsvoering van AKV in Balk. Het is bovendien van belang dat de gemeente een sobere dienstverlening nastreeft. Dat betekent dat kan worden volstaan met twee gemeentewerven, één in Joure en één in Lemmer. Tegelijk moeten inwoners niet verder met grof afval rijden dan nodig is. It Heidepaad in Oudemirdum kan een prima alternatief voorbalk zijn, voor wat betreft het storten van groen afval. Jeltsje Piersma, Jan Volbeda, raadsleden Aant.mulder@fnp.frl 0514-602853 Afûk J.valk@afuk.nl 058-2343079 13

Fêststellen doarpshuzebelied is in foarbyld fan hoe t de gemeente it oanpakke moat! De ried hat foar de simmer in konseptnotysje lêzen oer it nije doarpshuzebelied foar de kommende trije jier, 2015-2018. Dat doarpshuzebelied wie yn de eardere gemeenten op ferskillende wize ynfolle en de winsk wie om dat gelyk te krijen. Sa krigen doarpshuzen yn it eardere Boarnsterhim hielendal gjin subsydzje, wylst der yn Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân sprake wie fan in ûnderhâlds-/eksploitaasjesubsydzje, dy t lykwols oan de ein fan dit jier ôfrinne soe yn it ramt fan de besunigingen. Yn Skarsterlân wie it wer oars regele: in rinte- en ôflossingsfrije liening foar bygelyks ferbou of nijbou, dêr t it jierlikse ôflossingsfrije diel reservearre waard foar takomstich ûnderhâld. Dêrneist wie yn Skarsterlân al in wmo-konvenant ynsteld. Wmo-konvenant It Wmo-konvenant dat ek yn it nije belied opnommen is, is koarsein in ôfspraak tusken gemeente en doarpshúsbestjoeren dat se har ynsette sille om in (gruttere) bydrage te leverjen oan de sosjale kant en leefberens yn de doarpen. Dat soe dan wêze moatte troch it stypjen en stimulearjen fan ynwenners, ferieningen en organisaasjes by it opsetten fan aktiviteiten. De gemeente stelt dêr foaroer dat de doarpshuzen gjin gemeentlike heffingen oer it doarpshúsdiel hoege te beteljen. Doarpshúsbestjoeren iens oer de nota Wêr t de FNP tige bliid mei is, is de ynfloed fan de doarpshúsbestjoeren op dy nota. Sy binne goed belutsen by it op papier setten fan dat belied. Dat is bard fia ferskate mominten, lykas saneamde dialoochjûnen dy t drok besocht waarden en ek de mooglikheid om op de konseptnotysje dy t oan de hân dêrfan opsteld is nochris in sjenswize yn te tsjinjen. It algemiene lûd fan de bestjoeren wie dan ek dat hja har fine koene yn de notysje. De FNP-fraksje hat de doarpshúsbestjoeren en it amtlik apparaat dêr in grut komplimint foar jûn; foar de iepen hâlding en it meitinken fan de bestjoeren en foar de oanpassingen dy t troch har ynbring trochfierd binne. De hiele ried hat de ôfrûne jierren yn it zero basetrajekt in ôfwoegen kar makke om ek op dat mêd in besunigingsslach te meitsjen, mar wat de FNP oanbelanget komt dat binnen 5 jier wer op de aginda om it belied nochris tsjin it ljocht te hâlden en sa nedich ien en oar oan te passen, as de finânsjes dat talitte. It kin net sa wêze dat troch it fêststelde belied de doarpshúsbestjoeren de kop net of amperoan boppe wetter hâlde kinne en de mooglikheid ûntstiet dat it hert fan de doarpsmienskip kopke ûndergiet. Jochum Meester, riedslid 14

Dorpshuizenbeleid doarpshûs Nijemardum doarpshûs De Brêge Ichtenbrêge Naar aanleiding van een conceptnotitie heeft de raad in september het Dorpshuizenbeleid vastgesteld. In elke oud-gemeente was dit beleid anders geregeld: in de ene was er sprake van een onderhouds- of exploitatiesubsidie en in de andere was er bijna geen financiële steun. Vanaf nu geldt het wmo-convenant waarin dorpshuisbesturen haar inspannen om een (grotere) bijdrage te leveren aan initiatieven in het dorp. In ruil hoeven zij geen gemeentelijke heffingen over het dorpshuisdeel te betalen. De FNP is erg blij met hoe dit beleid, in samenspraak met en naar tevredenheid van de dorpshuisbesturen is opgesteld en stelt dat dit als voorbeeld kan dienen voor andere beleidsstukken. Daarnaast wil de FNP dit onderwerp graag binnen enkele jaren terug op de agenda zien om te evalueren en vooral om te voorkomen dat dorpshuizen, het hart in een dorpsgemeenschap, in de problemen komen. Jochum Meester, raadslid Nij FNP-fraksjelid Mei yngong fan 29 oktober 2015 slút Remboud van Iddekinge him as riedslid oan by de FNP-fraksje. Remboud is 46 jier en is berne yn Drachten. Hy hat in eigen bedriuw yn duorsume ynrjochting fan skoallen. Hy wie riedslid en fraksjefoarsitter foar de VVD yn de gemeente Lemsterlân. Mei Gemeentebelangen Lemsterland en CDA foarmen hja de koalysje. Remboud hat him yn dy perioade sjen litten as in betûft riedslid, dêr 't op boud wurde koe. Us eigen Gemeentebelangen Lemsterlân hat ûnderfûn dat it in man is, dêr t hja op positive wize mei gearwurkje koene. Troch de lanlike perikelen en de fúzje fielde Remboud him net mear thús by de VVD en is mei in lokale partij begûn, de NPP. Yn in ynterview yn de Telegraaf leit hy út wêrom t lokale / regionale partijen yn de gemeentepolityk wichtich binne. 15

Lokale polityk is wichtich om't it tichteby de minsken plakfynt. Elk beslút hat direkte ynfloed op de mienskipj en sjochst dus ek wier werom. Do hearst, sjochst en fielst wat de nommen besluten yn de gemeenteried mei de omjouwing dogge. Dat is nei myn miening it ferskil mei lanlike polityk en dat makket it sa nijsgjirrich. Yn de ried fan De Fryske Marren hat Remboud ûnderfûn, dat de FNP him perfoarst ynset foar de lokale belangen. Dat slút oan by syn tinkwize. Troch him oan te sluten by de FNP soe hy sa in bulte fan syn ideeën better nei foaren bringe kinne. Dêrom socht er kontakt mei de FNP. Yn ferskate petearen dy t hy dêrnei mei de fraksje hân hat, hat Remboud útsprutsen him oan it partijprogram fan de FNP en it koalysjeakkoart te hâlden. De follsleine FNP-fraksje fynt dat Remboud in wolkom lid is foar ús fraksje, dy t no dus fersterke mei 10 minsken fierder giet. Remboud bringt in soad dossierkennis út it Lemster diel fan ús gemeente mei, hat in soad ûnderfining mei Mienskipssaken en hat in finansjele eftergrûn. Wy hawwe as fraksje en skaadfraksje alle betrouwen yn in goede gearwurking en binne bliid mei ús nij fraksjelid. Gerda de Vries, fraksjefoarsitter Nieuw FNP-fractielid Remboud van Iddekinge, eerder raadslid en fractievoorzitter voor de VVD in Lemsterland en nu raadslid voor de NPP heeft voor zichzelf vastgesteld dat veel van zijn ideeën overeenkomen met die van de FNP. Daarom heeft hij toenadering gezocht. De FNP heeft in Van Iddekinge altijd een constructief raadslid gezien en na vergelijking van de programma s heet de fractie hem van harte welkom. Gerda de Vries, fractievoorzitter In wike út it libben fan in wethâlder Moandei It begjint op de moandei mei de hûn in rûntsje om, krekt as de measte dagen en dan it gat op de fyts. Krapoan 9 kilometer fytse nei it gemeentehûs. Efkes mei de oaren it wykein trochnimme. De kolleezjestikken lizze klear om te lêzen. Ferskate saken kommen foarby. De measte stikken kinne daliks foar akkoart tekene wurde. Dat betsjut dat se om my net yn de kolleezjegearkomste besprutsen hoege te wurden. 16

Dan moatte jo tinke oan saken as jierferslaggen fan ferskate ynstellingen, besluten op in beswier, en it memo mei de foarriedige kosten fan de nammewiziging. Mar der binne ek saken dy t ik yn it kolleezje besprekke wol. Bygelyks om mear dúdlikens te krijen of somtiden ek om te hifkjen hoe t wy dermei oan moatte en somtiden ek omdat ik it der net mei iens bin. Dan komt sa n stik op de aginda fan it kolleezje en besprekke wy it. En dan binne der hjoed petearen mei in pear minsken út de gemeente en mei de amtner finânsjes dy t de begrutting foar 2016 o.m. 2019 mei my trochnimt. It middeismiel is diskear net mear as in stikje bôle en in kop krekt wat te sâlt sop. En dan de jûns noch de fraksjegearkomste fan ús FNP. Wichtige saken wurde besprutsen, bygelyks de asylsikers en it Frysk taalbelied. En dan noch de fragen en opmerkingen fan boargers en ûndernimmers dy t by de fraksje ynkommen binne. Tiisdei Alle tiisdeis hawwe wy in kolleezjegearkomste. De besprekstikken haw ik yn it wykein al trochlêzen en hjoed binne der noch twa stikken op it lêste momint bykommen. Om 9 oere iepenet de boargemaster de gearkomste. Hjoed earst in presintaasje fan Peter oer de begrutting dy t wy juster bepraat hiene. It docht bliken, dat wy yn De Fryske Marren de finânsjes lokkich goed foarelkoar hawwe. It is al royaal nei de middei as wy de gearkomste slute. En dan is der in skoftke tiid om mei wethâlder Frans Veltman in rûntsje troch De Jouwer te kuierjen. En dan folgje noch wer in pear petearkes. Jûn neat foar de gemeente. Dus thús op de bank, foar it earst en ek hast foar it lêst dizze wike. Woansdei Hjoed in oerlis mei oare wethâlders út Fryslân oer duorsumens. Wy dogge it noch net sa min, mar binne ek gjin koprinner. Ekstra oandacht (en ek jild) foar duorsumens sil de kommende jierren nedich wêze om ús doelstellingen dy t wy yn de duorsumensfisy foar 2030 fêststeld hawwe, te heljen (in enerzjyneutrale gemeente). De middeis nei in gearkomste fan de Feiligensregio, kontakt lizze mei de minsken dy t oer ús feiligens weitsje en as it derop oankomt der ek foar steane. Goed om harren no sa te moetsjen, as it dan al in kear krisis is, witte jo mei wa t jo te krijen hawwe. De jûns in besite oan it pleatslik belangbestjoer fan ien fan ús doarpen om te praten oer har moai doarp: in rûntsje troch it doarp. Wat spilet dêr, wat binne de winsken en wêr moat de gemeente yn it spier komme. Tongersdei Ien dei yn e wike wurkje ik net foar de gemeente, mar foar myn âlde baas: Wageningen Livestock Research, in ûnderdiel fan Wageningen Universiteit. Ik wurkje dêr as ûndersiker duorsume enerzjy en jou kursussen oan boeren op it mêd fan greideweidzjen en omgean mei ús moaie greidefûgels. Boeiend, hjoed yn Lelystêd by de dongfergister oan it wurk. Wy hawwe in proef mei algen en in proef om biogas skjin en dêrnei floeiber te meitsjen ta (hast) suver floeiber metaan. Dat kin brûkt wurde as brânje foar de skipfeart en foar frachtweinen. Oan e ein fan de dei noch in oerlis op proefbuorkerij Dairy Campus yn Ljouwert mei de minsken fan de greidefûgels om de greidefûgels in better leefklimaat te besoargjen. Freed De moarns nei it gemeentehûs want de keunst en kultuer yn ús gemeente hâldt de mieningen dwaande. De besunigingen reitsje de ferienings en de iene giet der oars mei om as de oare. Hjoed ien feriening dy t mei in foarstel komt hoe t se it oplosse wolle en dat freget justjes mear tiid as gewoanwei. 17

En dêr hawwe se in bytsje stipe fan de gemeente by nedich. It ferhaal en de takomstfisy dy t se hawwe is goed en wy as gemeente kinne harren wat temjitte komme. In goed oerlis en hja geane tefreden wer nei hûs ta: maatwurk leverje. De jûns mei de frou in besite brocht oan in muzykútfiering. Alderaardichst ek. Sneon Fan e moarn thús it ien en oar te dwaan. It gêrs groeit ek gewoan troch as jo der net binne. Dat wurdt dus meane, in slach troch de tún en de bûkehage knippe. De middeis in loopke troch De Lemmer, it is dêr merke, lykas yn Balk, op e Jouwer, mar ek yn de oare doarpen en ús stêd Sleat is altyd wol wat te dwaan. En dan mei ik de jûns ek noch nei in fuotbalwedstriid fan It Hearrenfean. Trije fraksjefoarsitters geane mei my mei. De oare kear kinne der trije oaren (ûndernimmers) mei, sa bringe wy út de gemeente wei minsken by elkoar om ta in better ûndernimmersklimaat te kommen mei mear wurk foar ús ynwenners. Snein Ik haw dit wykein pikettsjinst. Dan kin ik net al te fier fan hûs. Ik hoopje fansels dat der neat slims bart, net omdat ik dan yn t spier moat, mar foaral omdat der dan neat slims bart is. Mar as it nedich is, stean wy klear. Lokkich hoecht dat net. It is middeis moai waar om efkes troch de bosk te rinnen en te draven. Op dy 11 kilometer kom ik in soad oare rinners, fytsers en kofjedrinkers tsjin. Ûnderwilens tsjilpje de fûgeltsjes yn de natuer. Ik genietsje. Thús it swit fan de lea spile en dan noch in famyljebesite dwaan. Dêrnei thús: de stikken foar de kommende wike lizze ek al wer (digitaal) klear op de ipad. Dat wurdt jûn dus wer lêze en nochris lêze. In nije wike wachtet... Jimme wethâlder Durk Durksz Hjerst It wie in stille snein, wat tsjuster en wat wiet; Fan t beamte, yn hjerstgiel blêd, foel sêft de rein oer t paad. Wer thús by smoute hurd seach k út nei grize loft; It wetter song, en harkjend waard k nei Fryslân laat. Obe Postma 18

Bestjoer Aant Mulder, foarsitter Minne Jeltesstrjitte 18, 8561 DZ Balk aant.mulder@fnp.frl 06-48074257 / 0514-602853 Jan Westra, ponghâlder St. Nyk, jan.westra@fnp.frl 0513-431824 Corrie van Deursen, twadde foarsitter Ychtenbrêge, corrie.van.deursen@fnp.frl 0514-541540 Skaadfraksje Frâns Gerritsma, Nijemardum frans.gerritsma@fnp.frl Aaltje Pen, Dolsterhuzen aaltje.pen@fnp.frl Arjen de Ree, De Jouwer arjen.de.ree@fnp.frl Sibbele Sikkes, Terkaple sibbele.sikkes@fnp.frl Fraksjenotulist Geke Minnesma, Haskerhoarne geke.minnesma@fnp.frl Webside & sosjale media www.defryskemarren.fnp.frl twitter.com/fnpfryskemarren facebook.com/fnp.defryskemarren Riedsleden Gerda de Vries-Suierveld, fraksjefoarsitter en kommisje bestjoer Geert Knolweg 57, 8501 MJ De Jouwer gerda.de.vries@fnp.frl 06-13418147 / 0513-416614 Jan K. Volbeda, kommisje romte Aldewei 35, 8582 KX Aldegea jan.volbeda@fnp.frl 06-15044512 / 0514-603797 Chris van Hes, kommisje romte De Jouwer, chris.van.hes@fnp.frl 06-48749800 Jeltsje van der Zee-Piersma, wolwêzen Wissebuert 37, 8566 JM Nijemardum jeltsje.piersma@fnp.frl 06-12202082 / 0514-593632 Oppie Riedstra-Bijma, kommisje bestjoer Nieuwedijk 85, 8531 HL De Lemmer oppie.riedstra@fnp.frl 06-46185300 / 0514-561281 Jochum Meester, kommisje wolwêzen Streek 122, 8464 NH St. Jânsgea jochum.meester@fnp.frl 06-28053995 / 0513-852760 Wiebe Hoekstra, kommisje bestjoer Streek 2, 8464 NA St. Jânsgea wiebe.hoekstra@fnp.frl 06-10079680 / 0513-552186 Janke de Vries, kommisje romte Wielwei 51, 8516 DE Dunegea janke.de.vries@fnp.frl 06-51151456 / 0513-432292 Eefje de Vries-van Ginkel, komm.wolwêzen Middenweg 133, 8538 RB Bantegea eefje.de.vries@fnp.frl 06-57547376 / 0514-551230 Remboud van Iddekinge YW v. Dijkstraat 1a, 8531 RA De Lemmer remboud@kpnmail.nl 06-11310960 / 0514-593447 Wethâlders Durk Durksz durk.durksz@fnp.frl Johannes van der Pal johannes.van.der.pal@fnp.frl

It Burgemeester Krijgerplein is troch it ôfbrekken fan it âlde gemeentehûs in echt gersplein wurden. Wat in romte en moaie trochkykjes!