DOARPSNIJS. Nûmer 384 april

Maat: px
Weergave met pagina beginnen:

Download "DOARPSNIJS. Nûmer 384 april 2015 1"

Transcriptie

1 DOARPSNIJS Nûmer 384 april

2 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april De redaksje: Wiepkje Holtrop Lyklamawei Hedwig Beukens Hege Bouwen 2a Annie de Kleine Lyklamawei Jantsje Akkerman Lyklamawei Tiete Bangma Heaburgen Coby Hospes Lyklamawei adres: Website: It bestjoer fan Doarpsbelang: Yme Wiersma (voorz) Omrin Piet Rienstra (secr) Omrin Gerrie van der Veen De Hege Bouwen (penningmeester, bankrek. NL30RABO ) Sjoukje Kramer Wissebuurt Joop de Vries Lyklamawei Rienk Nadema Hege Bouwen Jaap Douwe Bokma Hoitebuorren Jeannet Bekedam Hoitebuorren adres buertplysje: dirk.hebing@friesland.politie.nl of 2

3 STOARN Op 25 maart is stoarn Sieger Beukens, hy is 77 jier wurden en wenne yn Balk. BEDANKT De warme belangstelling en het medeleven hebben ons goed gedaan tijdens de ziekte en na het overlijden van onze lieve zorgzame Mem en Beppe Grietje Altena Stegenga Wat waardeerde zij het dat u aan haar dacht, een kaartje stuurde, een bezoekje bracht, wat genoot ze hier van. Heel hartelijk dank hiervoor. Kinderen en Kleinkinderen BEDANKT Tige tank foar de kaarten en alle oandacht dy t ik krij. Myn hertlike tank. Rinnie Hoekstra 3

4 BEDANKT De lêste wike fan maart tôgen de kollektanten fan ZOA flechtlingenhelp der wer op út om de bussen sa fol mooglik te krijen. Sy ha ek wer by jim oan west yn Nijemardum. Miskien ha jim Diete troffen of Aukje, Marre, Froukje, Sietske, Hetty of de famylje Wildschut. Mei harren alderleafste glimk ha se jim oansjoen en ja, dan kinne jo net oars as de beurs opsykje en wat yn e gleuf stopje. Alles by elkoar opteld siet der 335,94 yn. Tige tank oan de jouwers en de kollektanten! Coby Hospes-Pietersma DODENHERDENKING Eén maal in de vijf jaar organiseert dorpsbelang de herdenking bij de toren in Nijemirdum. Dit jaar gedenken we dat Nederland 70 jaar geleden bevrijd is. We nodigen hierbij belangstellenden uit deze herdenking met ons mee te maken. Tot uur verzamelen we ons op het plein voor de toren, waarna we in stilte naar de 9 begraafplaatsen van omgekomen militairen wandelen. Het koor Eigenwize, o.l.v. dirigent Jannie Kramer zal enkele liederen zingen. De last post wordt gespeeld door Aaltje de Boer en de herdenkingstoespraak wordt gehouden door dhr. Jan Vogelzang. De krans zal worden gelegd door Siemen Bokma en Joël Postma. Verder krijgen aanwezigen de gelegenheid voor het leggen van bloemen. Doarpsbelang Nijemardum 4

5 HA JIM IT AL HEARD? Wy geane alwer op nei maaie. Aanst wer 2 wiken fakânsje, teminsten de basisskoalle. Yn Balk op it CSG ha se mar ien wike. Jammer Anouk sei ik, do moatst mar in wike nei beppe, want wy geane twa wiken nei Turkije. Neee! sei se. Grapke: 1 april Ha jim 1 april ek by de skeve toer west? Spitigernôch wie ik net thús oars hie ik efkes op de loer lein om te sjen wa`t der allegearre ynrûnen. In wike foar peaske kaam ik Atse Folkertsma tsjin. Dy soe nei de Lidl dêr t hy in peaskehazze knutsele hie: Der sitte allegearre hearlike dingen yn jong en GRATIS! En no moatst noch nei de Poeisz en de Plus tink? frege ik. Ja fansels de peaskehazze sjocht net hear hoe âld ast bist.. In freondinne fan my wie foarige wike wat heal. Wat hast? sei ik. No, it sit my fêst yn de kop. Och ju, dan jûn mar in sipel neist it bêd. No, dêr lis ik alle nachten al neist dêr giet my de noas net fan iepen En bedankt! Iris frege om in koekje mei nei skoalle. Watfoar koekje? frege ik. No sa n ien dy`t mem ek altyd nimt, mei fûgelfoer. Oh, in mueslyreep.. tuurlijk fanke, wa wit begjinst der fan te sjongen! It is yn de lêste wike fan maart en de klok liet trije kertier. wa is der stoarn? Foar in soad minsken wie it dochs wol in skrik: Sieger is der net mear. Yn it foarige krantsje hie ik it noch oer him; hoe best it him yn Balk foldie. Sieger Beukens, in markante Nijemardumer. Faak neidien yn toanielstikjes yn syn blauwe himd, koarte broek en op learzens, mei yn de hân in molleklem As ik de lêste jierren yn Balk de brêge by Teernstra opriid, seach ik altyd efkes nei rjochts nei de leugenbank. Prachtich moai hoe t Sieger dêr siet te swetsen. 5

6 Syn siswize wie altyd Jo witte wa t je binne, mar net wa t je wurde. Hy mocht 77 jier wurde. Dit wie it wer foar dizze kear, oare kear wer mear. Groetnis WTHP ROMMELMERK Op sneon 23 maaie ha wy wer ús jierlikse rommelmerk. Yn en om it doarpshûs is der dan wer fan alles te keap. Op freed 22 maaie kinne jim de rommel by de dyk sette. Fanôf oere wurdt it dan ophelle. Alles wat net ferkocht wurdt, moatte we sels ôffiere nei it gemeentestoart, dus minsken: graach gjin stikkene meubels of smoarge matrassen oan de dyk, want dit soarte fan saken sille wy net meinimme! Sneon 23 maaie binne de doarren fan 9 oant 12 oere iepen. Yn it lêste kertier kinne jim in gemeentesek keapje foar 2 euro. As it oan ús leit goaie jim dy dan hielendal fol... Oant sjen op 23 maaie. Groetnis, de lokaalferiening 6

7 WA BIN IK? It is wol grappich om je eigen bernefoto yn it krantsje tsjin te kommen,(dus ik soe sizze: minsken stjoer yn jimme foto!) en ik tocht dat it nochal dreech wie, mar nee hear. It wie sels sa sterk dat ik telefoan kriich fan Nanda Mouw, dy t my frege do wennest doch foar de toer oer? Dan tink ik datsto it bist No knap hear, want Nanda en ik kinne elkoar einliks net. Dizze foto is makke yn myn berteplak Riis en ik bin hjir sa n heal jier âld. Nei wat ferhuzerij nei Ychten en Eastersee werom nei Riis. En no al wer 34 jier mei myn Jan mei in protte nocht yn Nijemardum! Diskear 6 kânshawwers yn de hoed dêr t Hedwig (hoe is it mooglik) de namme fan Nanda úthelle. Lekker ite! Dan no wer in lyts jonkje. Witte jimme wa t it is? Belje gau Dat kin oant en mei sneon. Jantsje 7

8 8

9 HOE IS IT NO MEI.. It rûkt lekker nei waarm iten as ik tsjin tolven op sneontemoarn oanbelje bij de famylje Meesters op Heaburgen. Se binne noch net ferskriklik lang Nijemardumers. Yn novimber 2013 binne se fanút de Gordyk nei dizze buorkerij ferfearn. Dy hat al hiel wat bewenners hân. Doede en Tjitske ha dêr buorke, dêrnei de famylje Roel en Ytsje Bangma, de famylje Cornelis en Baukje v.d. Brug, Walter en Willeke, Martin en Esther en no de famylje Meesters. Heit Twan, mem Tieda, Marijke(19) en Greg (17) Ik kom foar Marijke. Ik wit net hoe t se der útsjocht mar as der in jonge blom mei it blonde hier yn in sturt op krukken by de doar komt, sil dat har wêze. Ik sjoch har tinken: in ynterview mei my? Se wol der noch efkes oer neitinke en in pear dagen letter krij ik grien ljocht. As ik op de ôfprate jûn it hiem op fyts, hear ik de kij al balten. Dat mei ik altyd graach hearre. Bin benijd as se hjir mei wille wenje? We ploffe del yn ' e smûke keuken. Marijke nimt twa stuollen yn beslach; ien om op te sitten en de oare foar har foet. Se hat har ankelbannen skuord mei atletyk op skoalle. Se hat it smoar yn want se hat noch hiel wat op it programma. Wat? Dat lêze jim wol yn dit fraachpetear. Praatsto Frysk? Nee, maar ik kan het wel. Heb ik op school geleerd in Gorredijk maar ik vind het niet zo mooi klinken als ik het spreek. ( har mem komt út Ljouwert en har heit út Roosendaal. Marijke is dus fan hûs út net wend om Frysk te praten) Watfoar oplieding hast dien en wat dochst no? Ik heb eerst VMBO -T gedaan, toen de Havo en nu zit ik in Zwolle op het Windesheim-college voor de opleiding PMT, psychomotorische therapie, aan de Calo. Het is een HBO-opleiding en ik zit in het eerste jaar. De opleiding duurt 4 jaar. Als ik mijn diploma heb, kan ik werken met 9

10 mensen met beperkingen bijvoorbeeld in de revalidatie, psychiatrie of gehandicapten zorg. Ik kan nog alle kanten op. Moast ek staazje rinne? Ja, 1 middag per week. Momenteel loop ik stage bij jongeren met autisme in de leeftijd van 14 tot 18 jaar. Dat is behoorlijk zwaar. We sporten dan met ze; 2x een groepje van 6 leerlingen. Sitst yn Swol yn in studintehûs? Marijke begjint te laitsjen as se fertelt dat se troch de buorlju Jurjen en Anneke, in keamer op in boppeferdjipping hiert fan Anne Draayer en syn freondinne Charlotte. Anne is in broer fan Jurjen en wennet yn Swol. It foldocht har skoan. Se mei altyd mei ite, as se wol, en se kin rinnende nei skoalle en it stasjon ta. Wolsto it rydbewiis ek helje? Dat heb ik al. Ik ben al op mijn 17de begonnen. Hokfoar muzyk fynst moai? Alles wat op de radio komt vind ik wel leuk. Hâldst ek fan lêzen: Nee, dat is niet echt een hobby van mij. Wêr sjochst nei op tv: GTST, Wie is de mol en Anita wordt opgenomen. Het laatste omdat het raakvlakken heeft met mijn opleiding. Meist graach yn Nijemardum wenje? Ik ben hier alleen in het weekend en dan vind ik het wel oké. Lekker rustig. Giest wolris te stappen? Niet hier. Als ik uitga, doe ik dat in Heerenveen of in Zwolle. Hast ek in hobby? Sporten en paardrijden. En ik zit op ritmische gymnastiek in Gorredijk. Over 3 weken hebben we een belangrijke wedstrijd, de tweede plaatsingswedstrijd voor het Nederlands kampioenschap en daar moet ik eigenlijk bij zijn. Mar do hast in sear ankel. Kinst dan wol meidwaan? Ik moet hem juist meer gebruiken maar het is wel pijnlijk. Ik doe mijn best. Het is een goed streven, toch? Heb ik iets om voor te gaan. (Poeh, do hast gelyk. Posityf bliuwe) Ha jim ek hynders? Ja, een harddraver en ook een paar Friese paarden. Giest wolris nei in film/konsert/toanielstik? Nee, weinig. Wêr giest hinne mei fakânsje? We gaan meestal in de herfstvakantie met ons gezin naar de Canarische eilanden. 10

11 Wat fynst belangryk yn it libben? Dat je plezier hebt en je best doet. Geniet van kleine dingen want het kan zo voorbij zijn. Seist dat mei in bedoeling? En dan fertelt se fan har neef dy't in pear moanne ferlyn troch in auto-ûngelok om it libben kaam is. Hy wie noch mar 20 jier, moast noch begjinne mei syn libben mar hat dêrfoar de kâns net mear krigen. Wat in drama! Hoe sil dyn libben der oer 5 jier útsjen? Dan ben ik klaar met mijn opleiding en doe misschien wel een vervolgopleiding. Ik ben dan pas 24 jaar en kan nog lang genoeg werken. Wat fynst fan it doarpsnijs? Leuk, ook de interviews. Het is leuk om te lezen wat hen bezig houdt. Hast ek winsken? Dat mijn enkel zo snel mogelijk mag genezen zodat ik mee kan doen met de wedstrijd. ( no, ik sil foar dij tomkje) Wolsto de Nijemardumers noch wat fertelle? Dat we hier goed zijn opgenomen door de buurt. Ook kregen we een kaarsje toen mijn neef was overleden. Fan wa? Van de jeugdclub. Ik bin troch de fragen hinne en mem skoot ek noch efkes oan. Se fertelt hoe' t de ferhuzing gien is mei safolle kij. De famylje Meesters hat in melkrobot. Dy hienen se ek al doe' t se yn ' e Gordyk wennen en se kinne net mear sûnder. De kij binne nachts en deis yn ' e stâl en se fertelt mij dat de kij it sa folle better ha. Se lizze op wetterbêden, ha boarstels dêr' t se har oan rosse kinne en ha alle romte. Mei wiet waar steane se droech en is it simmers tige waarm dan ha se dêr gjin lêst fan. No, jo soenen der jaloersk op wurde. Ik sil ek nei myn stâl. Ik ha gjin wetterbêd en ik sil it sûnder boarstels dwaan moatte of Hendrik moat in goed sin ha? Marijke, bedankt foar dyn meiwurking en Tieda foar de hearlike tee en stroopwafel. Coby Hospes-Pietersma 11

12 NIJEMARDUMER VOLLEYBALTOERNOAI 2015 De simmer komt der wer oan! In soad ferieningen stopje dan; it is dan wer tiid om dingen bûten út te finen. Sa as volleybal bijgelyks. Wy binne fan doel om ek dit jier wer in toernoai fan 2 jûnen te organisearjen. Op tiisdei 26 maaie en freed 29 maaie fanôf oere sil it Nijemardumer volleybaltoernoai foar de 17de kear hâlden wurde op it stik lân fan Wilbert Eppinga, foar it doarpshûs oer. Elkenien dy t 15 jier of âlder is, kin meidwaan. Wy mikse de teams sadat der oeral likefolle manlju as froulju yn sitte. Wy hoopje dat jim allegear wer meidogge sadat wy wer 10 teams meitsje kinne. Kosten 2,50 te foldwaan op e earste spyljûn. Noch efkes foar de dúdlikheid: ha jo foarich jier meidien? Dan dogge jo dit kear automatysk wer mei. Kinne of wolle jo dit jier NET meidwaan, dan sa gau mooglik ôfmelde by de organisaasje. Op syn letst 10 maaie!!!!!!! Ha jo foarich jier net meidien mar jo wolle dit jier WOL meidwaan, dan ek sa gau mooglik opjaan mar op syn letst op 10 maaie!!!!! En minsken dy t net sa sportyf oanlein binne: wy ha ek tige ferlet fan supporters, dus: NET STINNE, MAR DERHINNE! De organisaasje: Wieger Pietersma, Lyklamawei 61 Bauke Beukens, Hege Bouwen 2a Wiepkje Holtrop, Lyklamawei 49 Coby Hospes, Lyklamawei 23 12

13 Ronald Schouten 13

14 IT HIMD FAN IT GAT Op in rûzige woansdeitejûn set ik ôf nei Arnold en Tiety Rozema op Hoitebuorren 22. Sa sjogge jo elkoar hast noait en sa twa jûnen achter elkoar. Wy ha nammentlik de jûns derfoar nei de Mattheus Passion yn de Grutte Tsjerke fan Boalsert west. Prachtich om te hearren en wat in bysûndere sfear, mar Tiety en ik moasten ek bekenne dat it in oanslach is op it sitfleis. Wy binne dat net wend: trije oeren lang yn de tsjerkebank. Doch woenen we it net misse, soks moat je in kear meimakke ha. Wy jouwe ús del yn de sitkeamer dêr t Arnold fertelt dat it al wer 26 jier lyn is dat se dit hûs kochten fan de famylje Tiemersma. Achter hûs hie Tiemersma in stik lân en in romte foar it melken fan kij. Dat wie krekt wat foar ús. Tiety komt fan in buorkerij en ik woe froeger graach boer wurde. Molken ha ik hjir noait, mar ik ha my, neist myn baan op it lab by Nestlé, dwaande holden mei it opfokjen fan keallen. Tiety skinkt wylst kofje mei lekkere slachrjemmesoeskes derby. (Sy mei graach traktearje: yn tsjerke tovere se ek al fan alles út de tas) Troch allerhanne regeljouwings gong it nocht fan de fokkerij der wat ôf, sadat de feestapel no noch út in keppel hinnen bestiet. Foar it twadde bakje litte we Arnold efter by de tv en jouwe Tiety en ik ús del yn de keuken, dêr t wol te sjen is dat hjir in grutske pake en beppe wenje. Oan de muorren hingje tal fan selsmakke keunstwurken en foto s fan de trije bernsbern. Wêr en wannear bisto berne? Tiety is yn 1947 berne yn Eagmaryp en grutbrocht mei har broer op de buorkerij fan har âlden. Foar har oplieding reizige se mei de bus en dêr hat se Arnold moete (wer ris wat oars as de disco) Nei harren houlik binne se yn Ljouwert komd te wenjen dêr t Wouter berne is. Nei 2 jier binne se ferhuze nei Heech dêr t Arno op de wrâld kaam. Wat woest as bern graach wurde? Juf of yn elts gefal wat mei bern. Watfoar oplieding hasto dien? Ik ha de oplieding bernefersoarging yn Ljouwert dien. En dêrnei oan it wurk? 14

15 Ik gong foar myn oplieding mei 16 jier de doar út en ha doe wurke by Groot Bronswijk yn Wagenborgen. Dat wie in ynstelling foar minsken mei in psychyske beheining. Op in stuit kamen der wenningen foar de pasjinten om dêr, ûnder begelieding, min of mear selsstannich te wenjen. Ik bin doe op sa n groep pleatst. Dat hold yn dat je mei in kollega sa n groep minsken begeliede. Ek nachts slepten wy dêr. Efternei besjoen wie it wol in grutte ferantwurdlikheid foar sokke jonge froulju, mar ik ha it altyd mei in protte nocht dien. Bisto no ek noch oan it wurk? Ik bin al jierren oppas by in húshâlding yn Himmelum, mar dêr komt ek hast in ein oan. De bern wurde grut en kinne harren stadichoan sels wol rêde. Hast ek in hobby? Ik gean ien kear yn de wike te swimmen en mei der graach op út mei de fyts. Fierders hâld ik wol fan lêzen en ik ha ek nocht oan itenkoaitsjen. Wat fynst in moai boek? Net sûnder myn famke fan Betty Mahmoody en Kruistocht in spijkerbroek fan Thea Beckman, mar ik lês ek wol fryske boeken. Hast ek in favoryt tv programma? Ik sjoch hast alle jûnen nei Omrop Fryslân en it sjoernaal. De kwissen Twee voor twaalf, Per seconde wijzer en De slimste mens steane ek op it programma. Dat is it wol sa n bytsje, ik bin net sa n buismuis. Watfoar muzyk meist graach hearre? Tiety har muzyksmaak is hiel breed: fan Ennya oant in oargelkonsert fan Martin Mans. En sa seit se, as it net nei it sin is sit der altyd noch in knop op de radio. Wat wie dien grutste miskeap? Ik ha ris in apparaat kocht om sipels te hakjen. It like o sa handich mar der stie net by hoefolle wurk it wie om dat ding skjin te meitsjen. Mist de winkels ek yn Nijemardum? Ja seker, it wie net allinnich it gemak fan de boadskippen ticht by de doar, mar ek de gesellichheid, it treffen fan minsken. Wat is dyn favorite fakânsjeplak? Doe t wy noch yn Heech wennen hienen wy in boat. Dêr gongen we dan mei moai waar alle wykeinen mei te farren. Ik hie freedtemiddeis de tassen al pakt en as Arnold dan út it wurk kaam, setten we ôf. Je wienen dan efkes los fan alle deistige drokte. De bern lekker swimme en fiskje. 15

16 Dat wie in prachtige tiid. No pakke we faak in hoteltsje, de fytsen efter op de auto en dan de omjouwing ferkenne. Wêr soest noch graach ris hinne wolle? Ierlân en Skotlân. Wat is in moai plakje of gebou yn ús gemeente? It Minne Minnes paadsje by it Aldemardumer klif. Mar ek thús efter hûs fyn ik it de muoite wurdich; allinnich dy grutte wynmûnen, dat moat wol wenne. Wêr bist bang foar? Tonger. Dêr ha ik in hekel oan. Wat fynst de moaiste tiid fan it jier? Ik fyn alle wikselingen fan de seizoenen moai. Fjouwer kear yn it jier ha je wer wat oars en dat is doch wol bysûnder. Wat kin neffens dy absolút net? In oar mei opset kwetse. Wêr tinkst mei plezier oan werom? Wy wennen yn Heech yn in buert mei jonge gesinnen, dat wie in moaie tiid. Foar de bern wy der altyd wol in freontsje of freondintsje en as buorfroulju hienen wy in protte gesellichheid oan elkoar. Wat fynst in moai Frysk wurd? Oerémis. En it wurd beppe mei ik ek graach hearre (ja dêrfoar binne je beppe) Sparrest ek wat? Ik bin der net op út, mar as ik in byldsje fan in lieveheersbeestje (yn it Frysk in ingeltsje) tsjinkom dan giet dat mei nei hûs. Wolst oars ek noch wat kwyt? Ik bin bliid en tefreden mei de lytse dingen; it hoecht net altyd mar mear en grutter, dêr draait it yn it libben net om. Nei dy wize wurden binne we oan e ein kommen fan it fraachpetear, mar Tiety en ik binne noch lang net útpraat. Arnold is ûndertiid al op bêd bedarre, en wylst de wyn om it hûs raast ha wy noch fan alles by de ein. Mar al is it noch sa gesellich it is no dochs heech tiid om op hûs oan te gean. Ik bedank Tiety foar har gastfrijens en waai op myn fyts as in raket op hûs oan. Jantsje 16

17 DOARPSBELANG NIJEMARDUM FANOF 1 APRIL 2015 IN FERIENING De feriening fan doarpsbelang is oprjochte op 7 oktober 1935 troch ds. E.C.B. Kok en H.Y.de Jong yn de konsistory fan de H.V. tsjerke te Nijemardum. Der wiene net statuten of in húshâdlik reglemint, mar der wiene wol wat ôfspraken makke. Om ûnbekende redenen is de feriening ophâlden yn 1937 en hat in nije start makke op 7 febrewaris Ek doe waard der net wurke mei statuten of in reglemint. Nei hast 80 jier fanôf de earste oprjochting waard it tiid om te besluten ta it fêstlizzen fan de statuten by de notaris. De reden is dat doarpsbelang hieltyd mear aktiviteiten op kommersjeel gebiet oanlûkt. It is net goed dat je dêrby hoofdelijk aansprakelijk binne. Fierders hat in feriening mear rjocht fan sprekken en kin as it der op oankomt juridyske prosedueres oangean. Nei in publikaasje yn Doarpsnijs, it konsept op ynternet en dêrnei de positive reaksje fan de leden op de lêste ledegearkomste is by notaris Nicolai te Balk op 1 april 2015 (gjin grap) troch 3 bestjoersleden in hantekening setten. De feriening Doarpsbelang Nijemardum is no in feit. Yme Wiersma SIZWIZE FAN DE MOANNE: Der is gjin frije tiid, der is gjin tiid fan de baas, der is allinne mar dyn eigen tiid 17

18 DE STIPERS Mei tank oan de folgjende minsken/bedriuwen kin Doarpsnijs elke moanne útbrocht wurde: Paul Baas Harmen en Lieske Bangma Albert en Jeannet Bekedam Bauke Beukens Harm van Bommel Jan Buma Johan A. Dijkstra Jelle Eppinga Arjan Hendriks Halbe Hielkema Tryntsje de Jong-Rienstra Ede Groenhof Cees en Johannes v.d. Meer Martin Mensonides Hendrik Postma Douwe en Froukje Prins Fam. K. Rienstra Runia Fourage BV Runia Transport BV Jan-Dirk van der Tol VandeLinde Associates Earnst P. Veenstra Annoesjka de Vries De Vries De Klussenbaas Camping De Groninger Melkveehouderij/luxe appartementen Garant Zaden VB administratie Buma Handel Dierenarts Boomkwekerij SDS Balk Startmotoren en dynamo s Bouw- en onderhoudsbedrijf Kapsalon Tryntsje Transportbedrijf/verhuizingen Van der Meer Mechanisatie Martin Service-onderhoud en reparatie mobiele werktuigen Motorenrevisie/reparatie Bakkerij Prins, Harich Beheerders dorpshuis (Klein)diervoeders, aardappelen enz. Transportbedrijf Feedcentre B.V. Journalistieke Producties Hovenier Pedicure Slagerij, Oudemirdum De famylje Kramer soarget derfoar dat it krantsje elke lêste tongersdei fan 'e moanne by de minsken thús komt. 18

19 AGINDA 3 maaie : boskkuier Lycklamabosk 4 maaie : deadebetinking 23 maaie : rommelmerk 26 en 29 maaie : volleybaltoernoai 25,26 en 27 juny : doarpsfeest Elke 3e sneon fan e moanne wurdt it âld papier ophelle. IT FOLGJENDE KRANTSJE ferskynt op tongersdei 28 maaie 2015 KOPIJ YNLEVERJE foar woansdei 20 maaie by ien fan de redaksjeleden in stjoere kin ek: redaksje.doarpsnijs@gmail.com 19