Bêste minsken, Mei krite-groetnis, Anne Biesma

Vergelijkbare documenten
Eindexamen Fries havo I

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

Tomke makket in snieman

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Harkje, lêze en útspraak

1. In geskink fan de Nyl

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

Cursussen Fries

Correctievoorschrift VWO

Fan de foarsitter: Eala,

Staatsexamen VWO 2014

Merke 2015 Back to the 70 s

Eindexamen havo Fries I

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

nr. Januari

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

Herdenken - Jannes en Bea

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie

Friese taal schrijfvaardigheid

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst.

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken!


Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

I. Tsjinst fan =e Tarieding

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

It boek. fan Sinterklaas. Maarten Stevens oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra

IK WOL GJIN OARE MEM (Ik wil geen andere moeder)

Bêste kriteleden, Mar earst oant sjen op 18 maart, Harm Klijnsma.

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart

beeld op het noorden beelden van Jan Ketelaar

OANFALSPLAN FRYSK. Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen

Onderduikers eren familie Easterwierrum.

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Correctievoorschrift HAVO. Fries 1 en Fries 1,2. Hoger Algemeen Voortgezet Onderwijs. Tijdvak 1. Begin

Verzet tegen het verminderen van het aantal volksvertegenwoordigers

Ik soe sizze allegearre komme nei dizze bysûndere jûn. Allinne

Bêste minsken, No hoopje wy, op in grut tal minsken op 18 maart.

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf uur in het gemeentehuis te Joure

Foarlêspakket Romke wol sjonge. Ynklusyf: foarlêsferhaaltsje kleurplaat nifelopdracht taalaktiviteit opsisferske

Landschap van toevalligheid

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo?

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

Correctievoorschrift VWO 2013

LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016

Jannewaris 169 Nûmer 1/ 2015 Fiifentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

Opdracht 1. Ingelsk: sheep key old us where cheese door sometimes butter year. Frysk Ingelsk Nederlânsk. 1 tsiis. 2 wêr. 3 somtiden. 4 bûter.

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga

Jrg Nr. 1. Theun de Vries 6. J.J. Kalma 10. Fryske kentekens 16

De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015

Correctievoorschrift HAVO

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN <

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber

Karin Idzenga & Jan Calsbeek Als je aan mij denkt ben ik er

Correctievoorschrift VWO 2017

Jierferslach. Omrop Fryslân

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken

Omrop Fryslân. Jierferslach

Examen VMBO-GL en TL. Fries CSE GL en TL. tijdvak 1 vrijdag 25 mei uur. Bij dit examen horen een bijlage en een uitwerkbijlage.

DOARPSNIJS Nûmer 383 maart

Bêste minsken, Anne Tuiten.

Oktober deel 2. Beste ouders / verzorgers,

FERDWAALD YN NEW YORK (Lost in Yonkers)

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL 2019

Wybe Feenstra (tel ;

Meidielingeblêd fan de Sékrite

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Zuid Afrikaans Braai Buffet met Soul Dada

Earlik diele yn in grien Fryslân

Correctievoorschrift VWO 2014

DOARPSNIJS Nûmer 367 oktober

Schooljaar , nr. 5

Beschrijving ochtend programma (voor iedereen)

Ut e skoalle 6. Trefwoord

Jannewaris 154 Nûmer 1/ 2012 Twaentritichste Jiergong. Redaksje: Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS

> Katern foar net-frysktalige learlingen <

Samenvatting / Gearfetting bidbook Lwd2018. De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018

Ut de Smidte. 40 jier yn tsjinst

Transcriptie:

1 Bêste minsken, It is al wer safier,de fakânsjes sille der foar de measten wol opsitte en dat betsjut ek dat der wer in nij kritejier oankomt en dat laket ús allegearre wol ta! It bestjoer hat drok dwaande west om moaie programma s fêst te lizzen. Wy ferwachtsje jimme dan ek allegearre wer te sjen yn it nije kritejier. It oankommende kriteseizoen begjint mei in boppeslach (sjoch kommende blêdside). Wy hawwe it Frysk kabaret fan Hymphampteater fêstlizze kind. As bestjoer ha wy yn Surhústerfean dizze minsken spyljen sjoen en heard. In grôtfolle seal libbe tige mei yn de foardrachten en de prachtige muzyk. Somtiden wurdt der sadanich spile dat je in spjelde fallen hearre kinne, mar op in oar momint is it sa komysk dat je je de bûsen útskuorre soenen. Ik soe dan ek sizze, kom nei dizze jûn! Letter dit winterskoft komt ferhaleferteller en spylman Gjalt de Jong by ús op e krite. In protte fan jim ha fêst wol ris fan him heard. Hy is nammentlik de opfolger fan Klaas Jansma as ferslachjouwer by Omrop Fryslân radio en televyzje fan it skûtsjesilen fan de SKS en de IFKS. Ek hat hy in pear jier lyn mei in sylskip nei de Súdpoal west, dat sa nien kin fêst moaie ferhalen fertelle, want it sprekwurd seit: Dy t fiere reizen makket. Foar it twadde part fan it winterskoft leit noch neat fêst. Suggestjes binne tige wolkom. Minsken dy t wat fertelle wolle, bygelyks oer de fakânsje of it plak dêr t jo berne binne, lit it yn ús krantsje sette. Altyd wolkom, ek al is it yn it Hollânsk. Minsken, lês ús krantsje mei nocht. Notearje de datums dy t nijsgjirrich binne. It bestjoer besiket der alles oan te dwaan dat wy ek dit seizoen wer gesellige en noflike gearkomsten hawwe sille. Mei krite-groetnis, Anne Biesma

Utnoeging foar sneon 3 oktober 2015 2 Wy begjinne dit kommende kritejier mei in optreden fan it Frysktalich kabaret Hymphamp. Dit is in groepke akteurs/muzikanten dy t foar ús de foarstelling Op Portret bringe. Yn Op Portret litte Jelmar Hoekstra en Fokke Plantinga nuveraardige personaazjes de revu passearje en spylje koarte stikken út it deistich libben. Ut in oare wize fan sjen nei minsken en sykje nei de útfergrutting, komme dizze personaazjes ta libben en kin elkenien dy t se sjocht foar in oar der yn werkenne. Op Portret nimt jo mei nei de Pakes en Beppes fan eartiids, de ymportfries út it Gooi, de echte fûgeltsjeman en folle mear. Tegearre mei twa betûfte muzikanten bringe Jelmar en Fokke in programma mei moaie lietsjes en prachtige sênes.

3 Plak: Tiid: Café-Restaurant Wielens, Dorpsstraat 19, Noord-Sleen, tillefoan 0591 36 13 18 20.00 oere Kosten: 13,50 foar leden ( yntree 9,00 ; twa kopkes kofje/tee mei in lekker stik oranjekoeke derby 4,50 ) Net-leden betelje 19,00. It duo Best Genôch spilet wer foar ús. Roelie Tuiten lit ús de nijste Fryske boeken sjen mei de Fryske boeketafel. Ek it Fryske bûsboekje 2016 kinne jo dan keapje. Hoe kom ik nei dit kritebarren? Foar de measte leden is dat aldergelokst gjin probleem, mar foar guon minsken is it faaks dreech om op in kritejûn te kommen. In pear fan ús leden ha oanbean om minsken mei te nimmen nei Noord Sleen. Dat is fan Emmen út: Frou A. Wieringa, Arve 23, Emmen, tel. 0591-620836 En fan Coevorden en neiste omkriten út: A.Tuiten,Palmanovastr. 23, Coevorden, tel. 0524-513783. De famylje R.Hoen, Edveensweg 46, Oosterhesselen kin ek minsken meinimme nei de kritejûnen. Efkes skilje 0524 582243 As der mear leden binne dy t (wolris) minsken meinimme kinne en wolle, nim dan efkes kontakt op mei Anne Tuiten. Nim jo freonen of famylje ek ris mei!!

4 Mei-innoar Sjoch nei dysels Do meist der wêze Sjoch nei in oar Foar him is t krekt-en-gelyk It jildt foar alle minsken Mei-inoar foarmje wy de mienskip Net do Net ik Mar wy Libjend yn dy mienskip hoopfol en moedich de takomst temjitte. Wieke de Boer En Frysk skriuwe Ja, en Frysk skriuwe, wurdt dat der no makliker of muoiliker op? Sûnt 1 febrewaris 2015 is der in nije stavering ( = spelling) fan it Frysk kommen. It is, ferlike mei de staveringsferoarings fan likernôch 1950 en dy fan 1980, mar in lytse feroaring; it giet neffens de Fryske Akademy mar om 0,07 % fan de wurden. It giet no benammen om de oe/û klank: alle oe/û klanken moatte tenei as û skreaun wurde, útsein as de Nederlânske wjergader mei in oe skreaun wurdt: dus poes bliuwt poes, mar bgl. oere wurdt ûre en sa waard dat lêste wurd fòàr 1980 ek skreaun.... Der hat yn Fryslân in soad oer te dwaan west en oft elkenien him der daliks oan hâlde sil, betwivelje ik tige. Sjoch ek www.taalweb.frl fan de Fryske Akademy. It kritekrantsje earst noch mar efkes yn e âlde stavering, tinkt my. Eeke de Boer

5 Frysk kaartekabinet online Fan ôf hjoed is it Frysk Kaartekabinet beskikber. It Frysk Kaartekabinet is in webside mei omtrint 7000 kaarten en boutekenings út de fyftjinde oant en mei de tweintichste ieu út de kolleksje fan Tresoar ( foarhinne it Frysk Argyf oan de Bûterhoeke yn Ljouwert). De klam leit op materiaal út de achttjinde en njoggentjinde ieu. De kolleksje jout in detaillearre en faak ûnferwacht byld fan de Fryske doarpen, stêden en lânskippen yn it ferline, mar is ek foar de hjoeddeistige diskusje oer de ynrjochting fan iepenbiere romte, arsjitektuer en lânskip fan grut belang. It kabinet sil yn ein 2015 nei likernôch 10.000 kaarten groeie. Fia www.frieskaartenkabinet.nl sikest on line yn de samling (kadastrale) kaarten, plattegûnen en boutekenings. It Frysk Kaartekabinet is it earste sichtbere resultaat fan it Digitaliserings Deltaplan. Foar dit plan hat de provinsje Fryslân 5 miljoen euro beskikber stelt foar it digitalisearjen en online presintearjen fan Frysk kultureel erfguod oer in perioade fan 5 jier. Fan febrewaris ôf komme alle projekten op gong en komt der hieltyd mear materiaal beskikber út de musea en argiven, mar ek út bygelyks de wiidweidige kolleksje fan Omrop Fryslân.

6

7 Kontribúsje 2015 2016 Yn dit krantsje fine jo de akseptgirokaart om de kontribúsje te beteljen én it lidmaatskips-kaartsje foar it kommende kritejier. Wy ha heard dat der leden binne dy 't de krite wol wat ekstra's jaan wolle. It ôfrûne kritejier ha in soad leden dit ek dien. It bestjoer tanket jimme tige hjirfoar!! Der komme elk jier minder leden en jimme stipe is dêrom tige wolkom. As jo dit dwaan wolle, kinne jo it bedrach dat op de girokaart stiet dúdlik trochkrasse en it nije bedrach ynfolje. As jo net wat ekstra's jaan wolle, dan meitsje jo gewoan de 10,= foar ien of de 15,= foar in pear oer. Tige tank foar jo flotte meiwurking en oant sjen op ús kritejûnen. de ponghâlder Nij akseptgiroformulier Om jo kontribúsje te beteljen kinne jo gebrûk meitsje fan it yn dit bledsje taheakke akseptgiroformulier. Dit formulier sjocht der oars út as foarige jierren. De meast sichtbere en opfallende feroaring is de rûmte foar in oanpast (langer) rekkennûmer, dat jo ynfulle moatte. (it rekkennûmer fan de krite stiet der al op). Dit giet fan 10 yn te fullen fakjes nei 18 fakjes. Om yn hiel Europa brûkber te wêzen sil ek jo hjoeddeiske rekkennûmer útwreide wurde nei in saneamd International Bank Account Number (IBAN). Jo hawwe fan jo bank yn 2014 al berjocht krigen wat jo oanpast nûmer wurde sil. Fansels kinne jo, as jo in kompjûter ha en ferbining mei it ynternet, ek saneamd ynternetbankiere en betelje fia de kompjûter.

8 It ( âlde ) banknûmer fan ús krite wie bygelyks 2352578. Sa as jo sjen kinne is ús nije nûmer al op it formulier foarprinte en wurdt NL26 INGB 000 2352578, dêr t NL stiet foar Nederlân - 26 is in kontrôle getal - INGB is de ôfkoarting fan ús bank- en 2352578 oanfuld mei 3 nullen is ús eigen banknûmer. It is allegearre net sa ingewikkeld as it liket. Limmerik In boer fan e Ivige Leane kin nachts as in seefûgel fleane sa dreamt er fol fjoer; mar deis is it oer. dan moat er wer melke en meane Atze Bosch Frysk bûsboekje 2016 leit yn e winkel! It is wer slagge. De bûsboekjes 2016 lizze klear foar de ferkeap yn mear as 80 winkels yn Fryslân. Op e omslach stiet in frou yn overall dy t in amer molke yn e tjems leget, in byld wat it tema suvel symbolisearret. Want al ieuwen lang is Fryslân in suvelprovinsje, en noch altyd streamt it wite goud yn alderhande foarmen oer de provinsjegrinzen. Fansels wurdt wiidweidich oandacht oan it tema skonken, mei teksten skreaun troch Wiebe Dijkstra, âld haadredakteur fan it eardere Frysk Lânboublêd. En opfleure mei plaatsjes fan suvelfabriken dy t tsjinwurdich in nije bestimming krigen hawwe. Fansels stiet der eltse wike wer in spreuk sintraal, ien fan de skaaimerken fan it Bûsboekje.

9 De redaksje hat foar de jierspreuk keazen foar : Bûter, brea en griene tsiis, wa t dat net mei is gjin oprjochte fries, in dichterlike fariant op it alom bekende. Efteryn it boekje binne in soad adressen opnaam fan ynstânsjes op it mêd fan ynformaasje, stipe en stúdzje media tydskriften en blêden Fryske ferienings toaniel, muzyk, religy en kultuer. En fansels hat de boekeferkeapster fan ús krite Roelie Tuiten it bûsboekje meidertiid ek wer op foarrie. Lok Al jout it libben net wat wy ferwachtsje en lizze loftkastielen ek oan pún lok leit faaks yn dat wat wy net achtsje geal sjongt by tsjuster yn ús tún. Lyts fersin Jan Jepma It famke fan Minse en Jitske hjit Buwina. Klearebare troch ûngelok. Jitske fûn Diana sa n moaie namme. Der wienen net iens folle dy t in lytse Diana hienen. Sa soe dat dan mar. Minse koe der folslein yn mei gean. Op hege skonken nei it gemeentehûs om dat berntsje oan te jaan. Hoe moat it famke hjitte? frege de man fan e boargerlike stân. Minse moat wat fan it stik west ha. Dêr kin gjin minsk wat fan sizze. Krekt heit wurden. Oeren yn spanning sitten. Dat taast djipper as sljocht hinne en wer. Dêr freegje jo sawat, sei Minse Jitske en ik hawwe it der lang en breed oer hân. Hoe wie t no ek mar wer? It ine sawat, dat wit ik wol. Jitske sei noch: Dat fyn ik in moaie namme. De amtner woe him op wei helpe en frege Wie t ek Dina? Minse skodholle. It wie moaier, sei er. Sa gewoan net. Stil no ris. Minse stie yn neitinken. As it my net mist wie t Buwina. It kin wêze dat it in bytsje oars wie. Dy kant skaaide it al út. Doch mar Buwina. Dêr kin noait gjin kwea fan komme.

10 Thús kaam de moard út. Buwina wie gjin Diana Untskuldigjend sei Minse dat er der net op komme koe. Lokkich fynt Jitske Buwina ek wol moai. Paulus Akkerman Het Melkmeisje Johannes Vermeer ( 1632 1675) wie in tige ferneamd skilder yn de 17de ieu. Hy is te ferlykjen mei Rembrandt van Rhijn en Frans Hals. Vermeer skildere Het Melkmeisje om 1658-1660 hinne. It is oaljeferve op linnen 45 X 41 sintimeter en it skilderij hinget yn it Rijksmuseum te Amsterdam.. Vermeer is bekend om syn kleuren dy t hy brûkte; giel, blau en grien. Johannes Vermeer ferkocht yn 1669 op in feiling dit skilderijke foar 175 gûne. Dat wie yn dy tiid in hiel soad jild. Ynteressearre troch klean út de 17e ieu, dy ' t ik altyd folslein mei de hân makke (wat foar dy tiid sels brûkme wie), begûn ik it skilderij te bestudearjen. Dy belangstelling kaam foaral om ' t ik earder de Flylanner streekdracht nei gravueres fan Pieter van den Berge ( 1659-1737 ) rekonstruearre hie. Sa hie ik my al in foarkennis eigen makke. Foar Flylân binne dat fjouwer folsleine kostúms fan in man, frou, jonge en in fanke. Linnen ûnderguod, wollen boppeklean en breidene hoazzen fan suver wol. Mei elkoar sa n 50 ûnderdielen! Al dy saken koe ik tapasse op Het Melkmeisje. Wat in wurk, mar ek: wat in foldwaning doe ' t it klear wie! Het Melkmeisje hat har plakje fûn én krigen yn it Vermeer Sintrum yn Delft en is der hielendal op har plak Sytske Rispens Eelde 2015 Melkmeisje van Sytske Rispens naar Vermeerhuis in Delft door Jan Willem van Bruggen Och jongen, jij gaat zo veel leren, zegt Sytske Rispens (76) lachend als ik bij haar aan tafel ben aangeschoven voor een interview.

11 Voor wie Sytske niet kent, ze woont al sinds de zeventiger jaren in ons dorp en maakt 'oude kleding' na. Vijftien jaren heeft ze zich voor operettevereniging ADO ingezet en nadien heeft ze zich gespecialiseerd in het namaken van 17de eeuwse kleding, vooral kleding, die vroeger gedragen werd door de bewoners van Vlieland, het eiland waar zij opgroeide. Haar kleding werd in meerdere musea tentoongesteld. Sinds augustus woont zij alleen aan de Burgmeester Strubenweg in Eelde, haar man woont in het Else van der Laanhuis in Eelde. Tijdens haar college 'kleding maken' staat zij regelmatig op om een boek of een set foto's te pakken om mij een en ander te illustreren. Kijk, hier op dit hemd, zie je al die puntjes, die moeten allemaal als volgt worden gestikt. Nadat ik de ingewikkelde knopen met acht steken had gezien, vervolgt ze glunderend: Daar komt nou de uitdrukking 'tot in de puntjes verzorgd' vandaan. Verder bladerend vertelt Sytske: Dit is ook een mooi verhaal, kijk zie je dit jongenshemd. Die heeft een split aan de voorkant, maar ik wist niet precies hoe diep die moest. Zag dat er anders uit dan bij volwassenen? En toen vond ik in een boek dit schilderij met daarop een jongetje in zo'n hemd. Had ik het toch goed gedaan. En weet je waarom die initialen daar onder staan? Voor ik überhaupt over het antwoord na kon denken, werd het me verteld: Vroeger hingen die hemden na de bleek naast elkaar te drogen in het weiland. Zonder die initialen wist niemand meer welke van hem of haar was. Dan komende we op het onderwerp, waar het allemaal begonnen was: het Melkmeisje van Johannes Vermeer. Iedereen kent het prachtige schilderij van het meisje met het witte kapje, dat heel voorzichtig melk uitschenkt. Het is een van de topstukken van het Rijksmuseum. Van dit melkmeisje maakte Sytske Rispens in 1998 de kleding na. Een jaar of acht later deed ze dat opnieuw, nu volgens de wetten van toen, met dezelfde stoffen en dik garen. Over elk detail is nagedacht en historisch onderzoek gedaan. Nu ze kleiner woont en ook op leeftijd komt, kwam bij haar ook de vraag bovendrijven: wat doen we straks met het melkmeisje. Ze informeerde eens bij haar dochters, maar die hadden er geen ruimte voor. Ik heb toen alle moed verzameld en het Vermeerhuis in Delft gebeld, vertelt ze. Hoeveel kostuums van het melkmeisje hebben jullie eigenlijk? Nul, kreeg ik als antwoord. Ik was hooglijk verbaasd. Ik heb ze verteld, dat ik er een gemaakt had en uitgelegd hoe en wat.

12 Ze lieten er geen gras over groeien. Kunnen we het kopen? Na dat telefoongesprek ben ik met mijn dochter met de trein naar Delft gereden en hebben we het Vermeerhuis bezocht. En ik dacht direct. Hier is ze op haar plek. Hier gaat ze naartoe. Inmiddels is het zover. Gisteren vertrok Sytske met drie vriendinnen naar Delft waar ze haar melkmeisje met een goed gevoel achterliet. Met toestemming van de auteur overgenomen uit Dorpsklanken weekblad Eelde e.o. Net oanstelle Aukje treau my in ynformaasjegids fan de Stifting Wolwêzen Alderein, ûnder de noas. Sjoch, side trije. In twingende finger by it programma: Itensiede foar manlju: Edukatyf, lekker, gesellich en dan steane jo ek ris foar it oanrjocht. Ik wiisde har op it lêste, Do hast rjocht op it oanrjocht. Edukatyf, dat is my te geleard, besocht ik noch. En ek net ûnnoazel dwaan, batste se der fuort oerhinne.

13 Do bist achten fyftich jier, wy binne aansen fjouwerentrichtich jier troud en it iennichste watsto kinst is in aaike bakke. Oerdreun fansels. Ik heakke der ek net op yn, mar besocht it oars. Leave, sa asto itensiede kinst, dêr komt it djoerste restaurant noch net oan ta. Hoechst ek net te sjerpstriken. Se waard earnstich. Der kin my ek wat oerkomme, Tseard, wy wurde allegearre gjin tachtich. Sok praat kin ik min oer. Wy moatte der noch mar ris in nacht oer sliepe. In wike of wat letter fytste ik op in jûn nei de skoalle dêr t dy itensiederij heve soe. De skelk mei in grutte trijemêster der op drukt dat wie teminsten net al te âldwivich stiif oprôle yn e bûse. Tsien manlju hiene har opjûn. Nei it mei-inoar yn e kunde kommen sette Henk-Jan, de kursuslieder, ús twa by twa oan it wurk. Gjin teory, dalik los. Tuskentroch fertel ik wol it ien en oar. sei Henk Jan. Ik wie oan in grutte foarse man, sis mar Marten keppele. Om t it yn e kunde kommen tiid ferge hie, sei Henk Jan dat wy it dy earste jûn ienfâldich hâlden. Gehak briede en bypassende raukost klearmeitsje. En it wie de bedoeling dat wy it ek neitiid opite soene. Mei in goed glês wyn derby. Dat lêste lake ús wol oan. Henk Jan brocht ús in healpûn gehak. Der moatte earst krûden en sâlt yn, net te folle, want sa sûn is dat net. Skyt, sei myn maat. Myn wyfke hat itselde gejeuzel, mar in gehakbal moat al wat hertlik wêze. Hy struide mar ta. Ik hie gjin idee hoefolle sâlt oft sa n protsje gehak ferneare koe, mar de manlju njonken ús wiene gâns hoedener as myn maat, dy t nei it sâlt ek noch royaal mei it krûdepotsje dwaande wie. Krûden binne altyd goed, kleare natuer jong. Wylst hy it gehak trochinoar mjuksele en der doe twa ballen fan draaide, sette ik in panne op it gasstel en makke in hoekje margarine waarm. Doe sei Henk-Jan dat de gehakballen plat moasten, oers soene se net gau genôch gear wêze. Hie dat earder sein, sei Marten en mepte mei de iepen hân op syn produkten. Yn ienkear yn model. Se pasten krekt yn e panne. It fjoer net te heech, warskôge Henk-Jan. It spat wolris wat. Te let, ik hie al in gloeiende spatter op myn hân.

14 De bêste koks baarne har út en troch. gnyske Marten, doe t ik mei de hân ûnder de kâlde wetterstriel stie te foeterjen. Nei t it gehak oan beide kanten brún wie, hiel donkerbrún yn ús gefal, kaam der wetter by en moast it gas op sunich. Wy hiene efkes skoft, dronken kofje út in automaat, guon woene al oan e wyn mar dat wie neffens ús lieder net ferantwurde. Wy moatte noch mei messen wurkje. Werom by it oanrjocht moast de raukost fynsnien. En tink derom, de messen binne skerp. warskôge Henk-Jan. Wie de dood vreest is een lafaard, ornearre Marten en hy feegde mei sa n bloedgong in heale komkommer yn daalderkes, dat ik stie der op te wachtsjen oft der ek in fingertopke meigong. Dat foel ta. Troch de fynsniene raukost, kninefretten, neamde Marten it, moast noch wat sauskebrut en nei t dat klear wie, wiene de gehakskiven ek gear en koe der iten wurde. Mei-inoar oan in pear tafels. Flessen reade wyn derby. Marten hie leaver bier of in slokje, mar dat hearde net by sok iten, sei Henk-Jan. Dochs wat grutsk snie ik in hoekje gehak en preau. Ik hie it witte kind! De mûle luts my byinoar. Ik raamde it wynglês en dwêste it slimste. Krigest minen der by, sei ik tsjin myn maat, mar jou my it knine-iten mar. Net oanstelle, sei er en kôge stoef troch. It is wat pikelich, mar dat is in hjerring ek. Dit is ien fan de ferhalen út de bondel skreaun troch Anders. M. Rozendal en útjûn troch de KFFB. Dit ferhaal Net oanstelle stiet ek yn dizze ferhalebondel Hupsakee en oare ferhalen, dêr't alderhanne personaazjes yn foarbykomme. Jong en âld, en alles wat dêr tuskenyn sit. Elk, mei syn eigenaardichheden, tekoartkommings of wivelmoedigens, siket it paad troch it libben. Wolris op in wize dêr't men jin oer fernuveret of om skodholje moat. Mar humor spilet de boppetoan en faak sille jo glimkje om de nuveraardichheden dy't jo yn dit boek meibelibje. 220 bledsiden, priis 16,= Rymke Hy tocht ik wol dy wol ha sy tocht allyk sa wa seit hoe t soks sit nimmen net dy t wit Jan Jepma

15

16 De boer fan eartiids Hy fytste it hiem ôf, de seine op e rêch in sek om it flymskerpe mes de bûsen belape fan kile en broek en klompen faak fier fan bêst. Hy stie yn it haailân, de fuotten wiidút syn seine dy dûnse der oer swart promkesop skeat troch t beliesjaande gers in toanbyld fan rêst yn de natoer. Gepke de Vries Ljouwerter Krante April 1925

17 Fryske boeken Sykje jo in nij of healsliten Frysk boek, besykje it dan ris by de FKB (Fryske Krite Bibleteek) yn Coevorden, by boekeferkeapster : Roelie Tuiten. 0524-513783, anneroelietuiten@planet.nl Taalbaas: Taalbaas is in rubryk dêr t yn it koart in Frysk wurd of in wize fan sizzen yn it Frysk yn nei foaren helle wurdt. Soms giet it oer hollanismen, soms oer nuveraardichheden yn it Frysk. Meastal gewoan ynformatyf. Fierder komme Fryske persoansnammen of ierdrykskundige nammen oan de oarder: it giet dan oer hoe t se ûntstien binne en har oarspronklike betsjutting. Hokker jirpel hat de foarkar? In lânbouprodukt om grutsk op te wêzen: de ierappel, ierpel, earappel, earpel, jerappel of... Ja hoe hjit er eins. Foar de measten noch altiten deistige kost, mei in deistige beneaming. Dêr sil it wol fan komme dat der sa folle ferskillende foarmen binne, fan ierappel oant jirpel ta. It Frysk hânwurdboek jout ierappel, ierpel,earappel,earpel, mar der binne grif mear as tsien útspraakfarianten. De skriuwfoarm dy t faakst foarkomt en dy t yn de Fryske wurdboeken de haadyngong is, is ierappel. Dy foarm is dêrom opnommen yn de foarkarswurdlist foar it Frysk. Wat siswizen oer ierappels. ierappels as aaien - slechte aardappelen. ierappels mei it bleate gat - aardappelen zonder groente en vlees. ierappels mei in klokhús - ogenschijnlik gave, maar van binnen door rotting aangetaste aarappelen.

18 ierappels mei rok en kammesoal - in schil gekookte aardappelen. Kapkes of dakjes? De minsken dy t yn it Frysk twitterje hawwe it mier oan kapkes op letters. Om t it te folle wurk is litte se dy mar wei. It kapke (dakje) hat sels mear as ien funksje, dat salang t der gjin oar staveringssysteem betocht is, kinne wy der net sûnder. Ik dakje op de a, de o of de e betsjut dat de útspraak fan dy letters langer wurdt ( stal is koart en stâl is lang; rot is koart en rôt is lang; pet is koart en bêd lang). Mar in dakje op de u (û) seit neat oer de lingte fan de útspraak. Dan wurdt bedoeld dat de útspraak oe ( tink oan boek,bûk) wêze moat. De útspraak fan u mei in kapke ( û) kin sawol koart (hûn) as lang (hûs) wêze. In soad It Frysk hat hiel wat wurden om hoemannichten ( = hoeveelheden) mei oan te tsjutten. Bestelle jo wolris in kladde drop of in snies aaien? Dan krijst as it goed is in papieren pûde drop of in twintichtal aaien. Wa t aardich wat fan eat ha wol, kin freegje om in nust. Of júst om in nustje, dan giet it om in bytsje. It Frysk hat ek it haadwurd kroadfol. At je in kroadfol ierappels keapje, dan keapje je safolle as yn in kroade passe. Yn e selde kategory ha we bûsfol, amerfol, kuorfol, fingerhoedsfol en putsfol ( in puts is in ammerke oan in tou om wetter mei te putten). Foar in grutte hoemannichte ha we ek it wurd knoarre. Foar in lyts poarsje kinne de wurden flut en stealtsje brûkt wurde. In piltsje Marte hie wer ris in nije feint en neffens har mem like it net sa min. It wie fansels ôfwachtsjen want Marte koe hinne en wer as it wetter, mar it duorre al in pear moanne. Beppe wist der ek al fan en baarnde fan nijsgjirrigens. De bern soene ris delkomme, hiene se tasein. Bram de nije oanwinst yn e famylje, wie in Hollanner en beppe as oprjochte Friezinne sei dat se har der net om ferbrekke soe, dan learde er op in gausten. Op in waarme sneontemiddei kamen de jongelju nei in fytstochtsje by beppe en ploften by har yn t skaad. Nei de earste

19 wenstige praat frege beppe al gau wat se drinke woenen. Jou my mar wat fris beppe, sei Marte. Hebt u een pilsje voor mij? frege Bram. Beppe skarrele wat yn e hûs om en kaam efkes letter mei in bledsje mei drinken werom. Marte krige har fris en Bram sette beppe in glês wetter del en joech him in aspiryntsje. Sjoch, hjir is dyn piltsje. Hast pineholle jonge? Beppe! skattere Marte, hy bedoelt in bierke. Eh, no bern, sis dat dan ek! Sara Nij begjin Dy minne tiid is wer foarby de sinne skynt hjoed ek foar my. Al liket it mar hiel gewoan, ik kin de wrâld wer oan! Ik tocht dat it nea slagje soe, ik miende mar dat it net koe. No folgj ik inkeld myn gefoel en fyn wer sin en doel. Foarby is t wiffe sykjen nei in rjochtingwizer op myn wei. Ik bliuw net langer hjir wat stean, ik kin wer fierder gean. Ik fiel my hjoed sa sterk en bliid, der komt foar my in nije tiid. Net langer toarkje ik yn t skaad, k bin op it goeie paad. Ik leau dat ik myn wei wol fyn, al is it ek mei hurde wyn. En sit it ek noch wolris tsjin, k wit no dat ik it kin! Grytsje Kingma

20 Douwe Egberts punten De aksje om Douwe Egberts punten te sparjen foar de krite rint dat it slydjaget. Der binne al tûzenen punten binnen. Sa 't jimme wite giet it om DE punten fan minsken dy 't wol DE - produkten brûke, mar de punten sels net sparje. Nim se dan asjeblyft mei nei de krite, dan kinne wy der yn in Douwe Egberts winkel, sa as bygelyks op 'e Jouwer, moai prizen fan keapje foar de ferlotting. Sjoch jimme trompkes noch mar ris goed nei!! Yn t foar tige tank!! Grapkes Wol t bite? Yn it foarbygean freget immen oan in fisker: En, bite se? Och nee, sei de fisker, kom mar rêstich wat tichterby, hear, Jo hoege nearne bang fan te wurden. It fingerke It nije bruorke is einlings kommen. Heit skillet Jan en alleman om it goede nijs te fertellen. Ek Beppe wurdt skille. Lytse Saapke, wakker ut e skroeven, mei it nijs oan Beppe oerbringe. Se pakt de hoarn en ropt optein: Beppe, ik ha in suske krige en se hat in fingerke ûnderoan har lyfke Plichtsbesef In spjuntich mantsje wie as de dea foar syn sjef. Doe t hy him op in dei net goed fielde en in kollega him oanrette nei hûs te gean, sei hy: Soks kin ik dochs net dwaan, myn baas set my oan e dyk. Stel dy net sa oan, sei syn kollega, hy fernimt it net iens. Hy is d r hjoed nammers ek net! Sadwaande gie it mantsje mei syn heale lea nei hûs. Ear t hy de doar iepen die, seach hy troch it rút nei binnen en seach hoe t syn sjef yn fjoer en flam syn frou de earms om e hals slein hie. Hy gie werom nei it kantoar, syn kollega ferwitend: Wat

21 bisto in kollega om my nei hûs te stjoeren! It hie mar in hier skeeld of de sjef hie it murken. Leaver allinne De master freget yn e klasse hokker bern graach nei de himel gean. Allegear stekke de finger omheech. Allinne Sibe wifket en nei in skoft lit hy de finger wer sakje. Giesto net graach nei de himel, Sibe? freget de master. Jawol, master, seit Sibe mar net mei de hiele klasse. Dines is mines Loukje komt ynlokkich thús: Mem, sjochris wat ik fûn ha! In ring mei in echte diamant. Mem: Bring dy mar gau nei it polysjeburo.loukje : Dat hoecht net, want dêr stiet yn ring : Foar altyd dines. Nij hert In jonkje fan acht sjocht mei niget nei it wurk fan mannen dy t mei de dyk dwaande binne. Underwilens fertelt er dat syn heit in nij hert krige hat. Hy moast earst nei Ljouwert en doe nei Grins. Freget ien fan de dykwurkers : En, hat dyn heit in Frysk- of in Grinzer hert krige. Antwurdet it jonkje Ik leau fan in Frysk hert, want hy prate Frysk. Ut : Stedendriehoek Goed Frysk De Ried fan de Fryske Beweging hat in nije list útbrocht mei in oersjocht mei sa n 335 meast foarkommende ferskillen tusken Bryk Frysk wurden en Geef Frysk wurden. In de kommende pear kritekrantsje sille wy in oantal fan de faak brûkte wurden sjen litte. Bryk Frysk Geef Frysk beneden ûnder beskadigje skansearje besoarge wêze yn noed sitte bezich dwaande binnenshûs yn e hûs bliuwst hjir sliepen? bliuwst hjir te sliepen?

22 boas bewolkt boerderij(bedriuw) boerderij (gebou) briedzje bruloft boven buorren de bedstee deksel desalniettemin dik fanôf lilk (de loft is) berûn buorkerij pleats, boerespul briede brulloft boppe buorlju; mar wol buorren = in dorpskern it bedstee lid likegoed grou, tsjûk sûnt, fan...ôf Sprekwurden en siswizen (út it Frysk Hânwurd Boek) In goed advokaat moat in oar fan e stoel parte kinne en gean der sels op sitten. In goed advokaat moat it fan wurden ha om it doel te berikken. Better hjoed in aai as moarn in hin. Men kin better is wisse foar it ûnwisse nimme. Dy t aaien hat, kin doppen meitsje. Dy t in soad jild hat, kin in soad útjaan. Ree jild tinget fûl. Mei kontant jild by de hân kinne jo maklik tingje. Tiden hawwe tiden. Foar- en tsjinspoed wikselje inoar ôf. Noarder rein is in gebed sûnder ein. As it reint mei noarderwyn, dan kin t lang duorje. Men kin op alle oasten de bile net sette. Men moat op alle slakken gjin sâlt lizze. Net al te strang tasjen.

23 Fryske siswizen op tegeltsjes

24 Bestjoer fan de Krite foarsitter fakatuere 2 e foarsitter Mefr. G.Vos - Hamstra, de Woerd 9, 7824 RA Emmen. Tel. 0591 61 03 72 e-mail: gretalammers@hotmail.com ponghâlder Dhr. H.B.Klijnsma, Kerkstraat 6,7854 PG Aalden. Tel.0591 62 54 03 e-mail: harm@klynsma.nl 2 e ponghâlder en 'Lok en Leed' kontakt Mefr. F vd Meulen,Burgm.Fonteinstraat 39 7751 CB Dalen. Tel. 0524 55 18 79 skriuwer dhr. A.Tuiten, Palmanovastraat 23, 7742 CC Coevorden.Tel. 052451 37 83 e-mail: anneroelietuiten@planet.nl 2 e skriuwer Dhr. A.Biesma, Klepel 332, 7811 KX Emmen.Tel 0591 55 26 28 e-mail: biesma.onne@ziggo.nl bestjoerslid Mefr. A.Wieringa, Arve 23, 7824 RJ Emmen. Tel. 0591 62 08 36 e-mail: awieringa2@home.nl Ledeadministraasje Dhr. H.Kloosterman, Laan vd Iemenhees 474 7823 JV Emmen. Tel 0591 62 65 92 e-mail: kloosterman.h@xs4all.nl Boekferkeap: Mefr. R.Tuiten, Palmanovastraat 23 7742 CC Coevorden Kosten lidmaatskip: (2015-2016) 10,= de persoan of 15,= it pear bankrekening NL 26 INGB 000 23 52 578 t.n.v Fryske Krite Súdeast Drinte te Aalden korreksjewurk en oersetten: redaksje - typewurk- layout- logistyk: Anne Tuiten Henk Kloosterman