Fan de foarsitter: Eala,

Maat: px
Weergave met pagina beginnen:

Download "Fan de foarsitter: Eala,"

Transcriptie

1 Fan de foarsitter: Eala, Hoewol t de blêden fan de beammen falle is de temperatuer noch heech foar de tiid fan it jier. As ik dit stikje skriuw foar it kritenijs jout de kalinder oan dat it novimber is en hawwe wy de earste kritejûn fan dit winterskoft al wer efter ús. Sûnt it útkommen fan it foarige kritenijs krigen wy ek no wer berjochten fan sykte by guon fan ús leden. Wy winskje harren, sa mooglik, fan herte betterskip. Weromsjoch kritejûn fan 31 oktober l.l. Meastentiids begjinne wy it nije winterskoft yn e earste helte fan oktober. No wie dat op de lêste dei fan de wynmoanne. Dat hie alles te krijen mei ôfstimming fan sealrûmte en it beskikber wêzen fan in kabaret- of toanielselskip. Mar wat hiene wy in noflike jûn mei Noordenbos en Ko. Mei sa n lytse santich leden en gasten hawwe wy genietsje kinnen fan sketskes út it deistige libben. As publyk waarden wy sels belutsen by de ledegearkomste fan de frouljusferiening de iene foar de oare. Bysûnder humoristysk wie it foarlêzen fan it jierferslach oer it ûnderdiel lief en leed yn it Bokwerts. Mei troch de moaie meibrochte prizen wie de ferlotting in sukses en by de boeketafel die Andrea ek goede saken. Koartsein, in slagge jûn en in goed begjin fan it winterskoft 2015/2016. Kommende kritejûn: Us twadde kritejûn fan dit winterskoft is op sneon 28 novimber Dan komt it toanielselskip fan de Fryske Krite Assen nei Hurderwyk mei it kluchtige stik Der sit in luchtsje oan. Fierderop yn dit kritenijs fine jo oer dizze jûn wat mear wiidweidiger ynformaasje. Wy begjinne, lykas wênstich, om oere. 1

2 De boeketafel stiet wer klear en, as jo se sels net garje, kinne jo de DE-punten kwyt yn de dêrfoar bestimde doaze. Ledetal: Fanwege û.o. âldens, sykte ensfh. sakket ek ús krite yn it oantal leden. Dêrom: Jo kenne yn jo omjouwing fêst wol Friezen dy t (noch)net lid binne fan ús krite. Nim se in kear mei nei in kritejûn en wa wit..? Se binne tige wolkom en jo kinne hjirfoar de koartingsbon brûke dy t ôfprinte stie yn it kritenijs fan oktober Wat fierder noch yn it fet sit: Sneontemiddei- en jûn 16 jannewaris 2016 hoopje wy de Nijjiersgearkomste tagelyk mei de ledegearkomste te hâlden. Derneist is der in nijsgjirrige kwis, alhiel fersoarge troch Gerrita Otten-Onrust fan de krite Seist en dan fansels it Sop-buffet (snert en brune-beanesop mei boltsjes en al). Nei dit alles en pear rûntsjes Frysk Byld-Bingo ta beslút. Sneontejûn 13 febrewaris 2016 komt de Lytse Kommeedzje fan Drachten mei it stik Male Jan is werom nei de Kiekmure. Wy begjinne dizze jûn om oere. Sneontejûn 19 maart 2016 om oere slute wy dan it winterskoft ôf mei it muzyk-selskip Sânman en Sikke. Ta beslút: Wy sitte wer op it âlde fertroude plak yn de Kiekmure yn Hurderwyk (Tesselschadelaan 1, 3842 GA, till ). De ferbouwing fan de Kiekmure is al geande en wy hawwe op de earste kritejûn al fernaam dat de yngang tydlik op de foarkant sit. De seal is it kommende winterskoft gewoan troch ús te brûken. Jo komme dochs ek op sneon 28 novimber? Dêrom, oant dan! Ut namme fan it bestjoer, Margje Beijert-Bruinsma 2

3 Fan de Ponghâlder: Achte kriteleden, Foar it winderskoft 2015/2016 wolle wy graach de kontribúsje ynbarre. De kontribúsje is mei yngong fan dit seizoen fêststeld op 12,50 de man/frou. Jo kinne noch betelje op de kommende kritejûn fan 28 novimber o.s. - jo kinne it ek oermeitsje op de rekken fan de krite: ABN-AMRO : NL21 ABNA Wa t nei 1 jannewaris 2016 betellet, moat 1 euro ekstra oan adminstraasjekosten betelje. De yntreepriis foar de kritejûnen binne: 5,-- foar leden en 10,-- foar net-leden (bysûndere foarstellings hawwe in oanpaste yntree-priis). Om it Frysk en de Fryske kriten langer yn stân te hâlden en foar de geselligens is it fansels folle better om gewoan lid fan in krite te wurden... Sieds Tilstra 3

4 UTNOEGING Sneon 28 novimber 2015 Yn de Kiekmure te Hurderwyk Toanielselskip Assen komt mei: DER SIT IN LUCHTSJE OAN Koarte ynhâld: Hyke is toiletdame fan in pear húskes yn de winkel fan juffer Petronella. Hyke hat foar elkenien in wurd, is bytiden dokter, maatskiplik wurkster en boppedat leaf foar elkenien. Gurbe Granaat, Doety en Richtsje binne fêste klanten en sa no en dan komt der in âld wyfke. Juffer Petronella is net sa bliid mei de húskes yn har winkel; sy fynt it stjonken en wol se der wei ha... De fraach is: Litte Taeke Tontsje en Richtsje har foar Petronella s karke spanne? De spilers binne: Sjoege Wiersma Piet Boelens Martsje Sieberichs Hans Groenhof Greta Vos Griet Kingma Tea Haanstra Ynstekster: Hyke Gurbe Granaat (plysje) Richtsje (klant) Taeke Tontsje (wurknimmer skjinmakkersbedriuw) Doety (klant) Klant Petronella Renny Monsma 4

5 Oanfang: oere seal iepen: oere Yntreepriis: 5,00 foar leden - 10,00 foar net-leden Yn t skoft wurde wer lotsjes ferkocht; 1 setsje fan 4 lotsjes foar 1,00 3 setsjes foar 2,50 en 6 setsjes foar 5,00 Meibrochte pryskes binne tige wolkom! Nei ôfrin fan it toanielstik wurde de lotsjes lutsen. Sjoch yn t skoft feral ek efkes by Andrea oan de boeketafel. 5

6 Oprop oan alle Friezen bûten Fryslân, Friezen om Utens, kriteleden, bestjoersleden, famylje en kunde, ensafuorthinne, ensfh. Yn 2023 bestiet It Frysk Boun om Utens 100 jier. Dit bejusterbaarlik barren liket noch fier fuort, mar de tiid hâldt gjin skoft sis mar - de tiid fljocht. It bestjoer fan It Boun wol dit jubileum gruts fiere. Sa folle mooglik Friezen moatte hjir fan heare en moatte der oan mei dwaan. It Boun wol dêrom in list oanlizze fan alle Friezen om Utens dy't berikt wurde kinne. It giet fansels om leden fan Fryske kriten, mar feral ek om harren famylje, kunde en wa ek al net. It Boun freget eltsenien om meiwurking. It Boun hat oan dizze aksje de namme jûn fan 'PLAN23'. We witte dat op dit stuit oer de hiele lynje it oantal kriteleden werom rint en - spitichgenôch - ek it oantal Fryske kriten. Mar de belangstelling foar de Fryske taal en de Fryske kultuer is der noch stees, feral ek no't Ljouwert yn 2018 Kulturele haadstêd fan Europa is. Mei PLAN23 wol It Boun de mooglikheden realisearje om in adekwaat en effektyf funksjonearjend ynformaasjesysteem op te setten. Op dizze wize kin eltsenien streekrjocht op de hichte hâlden wurde fan nije ûntwikkelingen en gearkomsten dy t yn it lân hâlden wurde. Dêrom: foar dyjingen, dy t noch net reagearre hawwe: Jou jimme mailadres en fierdere gegevens troch en freegje dat ek oan (fryske)famylje en kunde om dit te dwaan. Dit kin op trije manieren: 1. Foar minsken, dy t al aardich paadwiis binne op de digitale snelwei: Sjoch op dit is de hiemside fan it Frysk Boun om Utens. Hjir mei elk dy t dat kin en wol syn gegevens oanleverje klik yn it oranje fak op: Oanmelde as -stiper. 2. Stjoer in oan skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.frl mei jim gegevens 3. Skriuw jo namme en adres op de list, dy t op de kritejûn yn de seal leit. 6

7 Foar wat oars: sjochris op foar Frysktalich nijs fan oer de hiele wrâld. Fan de skriuwer: Wa hie dat ea betinke kinnen: Tsien jier lyn hearden wy noch frjemd op fan it ynternet en alles wat dêrmei te krijen hie. No steane yn sawat alle húskeamers wol kompjoeters, laptops of tablets en mobile tillefoantsjes mei ynternet (snoadfoan moai betocht wurd, is t net sa?). Sels de pakes en beppes wurde troch de bernsbern al by de hân nommen om paadwiis te meitsjen op de digitale snelwei. In postboade is net mear nedich: in tsje is sa ferstjoerd en fuortendaliks teplak ek noch! Jo prate sa mei famylje en kunde oer ôfstannen, wêr t jo eartiids allinnich mar fan dreame koenen. No jo prate mei inoar fia Skype en sjogge inoar tagelyk. Prachtich moai, dy technyk en it wurdt hieltyd makliker makke. 7

8 No wol ik ek wol in lyts bytsje fan dy technyk profitearje: Wylst ús kritejûnen hat al in pear kear in list yn de seal lein, wêr t jo jo namme mei it e- mailadres op ynfolle koene. Mei dy gegevens wurdt it foar it bestjoer in stik makliker om ús leden te ynformearjen oer fan alles en noch wat. Tink bygelyks mar oan it kriteblêd, dat no noch yn drukte foarm by jo troch de brievebus rûgelt dat soe aanstens samar mei ien klik by jo thús yn de boks falle kinne wy besparje ús de printkosten en yn guon gefallen ek de porto-kosten. Jo krije de selde ynfo en as krite besparje wy op ús útjeften. It Frysk Boun om Utens freget jim sa ek al om jim gegevens beskikber te stellen wy slute dêr dus graach by oan. Yn de Nijjiersgearkomste fan 16 jannewaris 2016 wolle wy jimme graach útlizze en sjen litte wêrom dizze oprop sa wichtich is. Op dy Nijjiersgearkomste komme ek de Jierferslaggen fan skriuwer en ponghâlder oan bar. Mei dizze ledegearkomste wurde sa alle kritesaken wer efkes trochnaam; der sil ek wer in bestjoersferkiezing plakfine: it skriuwerspear is ôfgeand... Alle leden wurde oproppen om skriftlik mei kandidaten nei it bestjoer te kommen, sa dat der neffens de rigels in ferkiezing holden wurde kin. N.B. It skriuwerspear hat tasein wol wer foar in parioade fan 4 jier beskikber te wêzen as sy teminste ferkeazen wurde... Kees 8

9 Frysk Folksliet: Frysk bloed tsjoch op! Wol no ris brûze en siede, En bûnzje troch ús ieren om! Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d'ierde, It Fryske lân fol eare en rom. Refrein: Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen, Oerâlde, leave Fryske grûn, Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen, Dy't Friezen oan har lân ferbûn. Refrein Fan bûgjen frjemd, bleau by 't âld folk yn eare, Syn namme en taal, syn frije sin; Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht en trou syn leare, En twang, fan wa ek, stie it tsjin. Refrein Trochloftich folk fan dizze âlde namme, Wês jimmer op dy âlders great! Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme In grie, in krêftich bloeiend leat! Refrein 9

10 Net oanstelle: Aukje treau my in ynformaasjegids fan de Stifting Wolwêzen Alderein ûnder de noas. Sjoch, side trije. In twingende finger by it programma: Itensiede foar manlju: edukatyf, lekker, gesellich en dan steane jo ek ris foar it oanrjocht. Ik wiisde har op it lêste: Do hast rjocht op it oanrjocht! Edukatyf, dat is my te geleard, besocht ik noch. En ek net ûnnoazel dwaan, batste sy der fuort oerhinne. Do bist achtenfyftich jier, wy binne aansten fjouwerentritich jier troud en it iennichste watsto kinst is in aaike bakke. Oerdreaun fansels. Ik heakke der ek net op yn, mar besocht it oars. Leave, sa asto itensiede kinst, dêr komt it djoerste restaurant noch net oan ta. Hoechst ek net te sjerpstriken! Se waard earnstich Der kin my ek wat oerkomme, Tseard. Wy wurde allegear gjin tachtich. Sok praat kin ik min oer. Wy moatte der noch mar ris in nacht oer sliepe... In wike of wat letter fytste ik op in jûn nei de skoalle dêr t dy itensiederij heve soe. De skelk mei in grutte gtrijemêster der op drukt dat wie teminsten net al te âldwivich stiif oprôle yn e bûse. Tsien manlju hiene har opjûn. Nei it mei-inoar yn e kunde kommen sette Henk-Jan, de kursuslieder, ús twa by twa oan it wurk. Gjin teory, daliks los. Tuskentroch fertel ik wol it ien en oar, sei Henk-Jan. Ik wie oan in grutte foarse man, sis mar Marten keppele. Om t it yn e kunde kommen tiid ferge hie, sei Henk-Jan dat wy it dy earste jûn ienfâldich holden. Gehak briede en bypassende raukost klearmeitsje. En it wie de bedoeling dat wy it neitiid ek opite soene. Mei in goed glês wyn derby. Dat lêste lake ús wol oan. Henk-Jan brocht ús in healpûn gehak. Dêr moatte earst krûden en sâlt yn, net te folle, want sa sûn is dat net... Skyt, sei myn maat. Myn wyfke hat itselde gejeuzel, mar in gehakbal moat al wat hertlik wêze. Hy struide mar ta. Ik hie gjin idee hoefolle sâlt oft sa n protsje gehak ferneare koe, mar de manlju njonken ús wiene gâns hoedener as myn maat, dy t nei it sâlt ek noch royaal mei it krûdepotsje dwaande wie. Krûden binne altyd goed, kleare natuer jong. Wylst hy it gehak trochinoar mjuksele en der doe twa ballen fan draaide, sette ik de panne op it gasstel en makke in hoekje margarine waarm. Doe sei Henk-Jan dat de gehakballen plat moasten, oars soene se net gau genôch gear wêze. Hie dat earder sein, sei Marten en hy mepte mei de iepen hân op syn produkten. Yn ien kear yn model! Se pasten krekt yn e panne. It fjoer net te heech, warskôge Henk-Jan. It spat wolris wat. Te let, ik hie al in gloeiende spatter op myn hân. De bêste koks baarne har út en 10

11 troch, gnyske Marten, doe t ik mei de hân ûnder de kâlde wetterstriel stie te foeterjen. Nei t it gehak oan beide kanten brún wie, hiel donkerbrún yn ús gefal, kaam der wetter by en moast it gas op sunich. Wy hiene efkes skoft, dronken kofje út de automaat, guon woene al oan de wyn mar dat wie neffens ús lieder net ferantwurde: Wy moatte noch mei messen wurkje... Werom by it oanrjocht moast de raukost fynsnien. En tink derom, de messen binnne skerp, warskôge Henk-Jan. Wie de dood vreest is een lafaard, ornearre Marten en hy feegde mei sa n bloedgong in heale komkommer yn daalderkes, dat ik stie der op te wachtsjen oft der ek in fingertopke meigong. Dat foel ta. Troch de fynsniene raukost, kninefretten neamde Marten it, moast noch wat sauskebrut en nei t dat klear wie, wiene de gehakskiven ek gear en koe der iten wurde. Mei inoar oan in pear tafels. Flessen reade wyn derby - Marten hie leaver bier of in slokje, mar dat hearde net by sok iten, sei Henk-Jan. Dochs wat grutsk snie ik in hoekje gehak en preau. Ik hie it witte kind! De mûle luts my byinoar ik raamde it wynglês en dwêste it slimste Krigest minen der by, sei ik tsjin myn maat, mar jou my it knine-iten mar. Net oanstelle, sei er en kôge stûf troch. It is wat pikelich, mar dat is in hjerring ek... Dit is ien fan de ferhalen út de bondel, skreaun troch Anders M. Rozendal en útjûn troch de KFFB. Dit ferhaal Net oanstelle stiet ek yn dizze ferhalebondel Hupskee en oare ferhalen, dêr t allerhande personaazjes foarbykomme. Jong en âld, en alles wat der tuskenyn sit. Elk mei eigenaardigheden, tekoartkommings of wivelmoedigens, siket it paad troch it libben. Wolris op in wize dêr t men jin oer fernuveret of om skodholje moat. Mar humor spilet de boppetoan en faaks sille jo glimkje om de nuveraardichheden dy t jo yn dit boek meibelibje. 220 bledsiden foar 16,00 11

12 12

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 Is elk wittenskiplik ûndersyk wol wittenskiplik? 1 A 2 maximumscore 1 Omdat dat ûndersyk net foldocht oan (Piersma syn)

Nadere informatie

Eindexamen Fries havo I

Eindexamen Fries havo I Beoordelingsmodel De mearkarfragen hawwe in gewicht fan 1 punt. Foar fraach 3, 8, 9, 10, 11, 12, 13, 15, 18, 20, 21, 22, 24, 25, 26, 30, 32 en 33 jildt in maksimale skoare fan 2 punten. Alle oare fragen

Nadere informatie

1. In geskink fan de Nyl

1. In geskink fan de Nyl 1. In geskink fan de Nyl Yn Egypte kinne se skriuwe, dêrom heart Egypte by de perioade fan de âldheid. It tiidrek fan 3000 foar Kristus oant 500 nei Kristus neame we de tiid fan de Griken en de Romeinen.

Nadere informatie

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke   dit boekje is in kadootsje fan Tomke nei de biblioteek 2015 Tema Hoi Tomke www.tomke.nl www.gidsvoornederland.nl/bibliotheken/fryslân dit boekje is in kadootsje fan Foarlêzen en boeken foar jonge bern Boeken bringe in petear op gong;

Nadere informatie

Tomke makket in snieman

Tomke makket in snieman Tomke makket in snieman 2017 Tema Seizoenen dit boekje is in kadootsje foar alle pjutten en beukers yn Fryslân No foarlêze, letter sels lêze. Tegearre lêze is in simpele en fijne wize om mei dyn berntsje

Nadere informatie

Merke 2015 Back to the 70 s

Merke 2015 Back to the 70 s Merke 2015 Back to the 70 s Tongersdei - Donderdag Tongersdei 13 Augustus - Donderdag 13 Augustus 19.00 Back to the 70 s DISCO-PARADE Dit jier kinne alle bern fan de basisskoalle mei harren fersierde fiets

Nadere informatie

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten W I N T E R P R O G R A M 2 0 1 6-2 0 1 7 Oansletten Kriten 1 *************************************************************************** Adressen fan skriuwers fan oansletten kriten: ----------------------------------------------------------

Nadere informatie

Friese taal schrijfvaardigheid

Friese taal schrijfvaardigheid Staatsexamen VMBO TL 2016 Nederl Friese taal schrijfvaardigheid Tijdvak 1 Vrijdag 27 mei 13.30 15.00 uur College-examen schriftelijk Opgavenboekje 1 / 5 Schriftelijk college-examen schrijfvaardigheid Friese

Nadere informatie

it beste lan fan d ierde (het beste land van de aarde)

it beste lan fan d ierde (het beste land van de aarde) it beste lan fan d ierde (het beste land van de aarde) Fries bloed kom in beweging Bruis, kook, en bons door onze aderen! Kom op! Wij bezingen het beste land van de aarde, Het Friese land vol eer en roem

Nadere informatie

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw, KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER 2015 Beste leerkracht van de bovenbouw, De landelijke Dag van de Duurzaamheid vindt dit jaar plaats op vrijdag 9 oktober 2015. Door heel Nederland vinden,

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO

Correctievoorschrift VWO Correctievoorschrift VWO 2007 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Staatsexamen VWO 2014

Staatsexamen VWO 2014 Staatsexamen VWO 2014 Nederl Friese taal schrijfvaardigheid Tijdvak 1 Vrijdag 23 mei 09.00 11.30 uur College-examen schriftelijk Opgavenboekje Steatseksamen Frysk vwo 2014 tiidfek 1 Bijgaande examenopgave

Nadere informatie

Eindexamen havo Fries I

Eindexamen havo Fries I De mearkarfragen hawwe in gewicht fan 1 skoarepunt. Tekst 1 It klimaat fan Fryslân yn it jier 2030 1 maximumscore 1 Troch sâlt en swiet wetter by inoar lâns streame te litten. 2 maximumscore 1 It klimaat

Nadere informatie

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou, Datum: 28-09-18 Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou, Ien fan de talen fan Fryslân is it Stadsfrys, dat mei lytse ûnderlinge ferskillen praat wurdt yn de stêden Ljouwert,

Nadere informatie

Cursussen Fries 2016-2017

Cursussen Fries 2016-2017 afuk.frl Wolkom by de Afûk! Bent u in Friesland komen wonen en wilt u de taal graag kunnen verstaan? Of wilt u voor uw werk graag Fries kunnen spreken? Bent u Friestalig en wilt u het Fries graag leren

Nadere informatie

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o.

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I www.serviceflat-oranjewoud.nl op A5 formaat met de volgende advertentie: T 0513-63 62 85 8443 EL Heerenveen Flat Oranjewoud 1 Iedere dag genieten van een prachtige omgeving Spesjalist kabels en leidingen

Nadere informatie

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

Trijetalich ûnderwiis súksesfol De Trijetalige Skoalle 1 Trijetalich ûnderwiis súksesfol Acht jier lang hawwe sân skoallen yn Fryslân meidien oan it projekt Trijetalige Skoalle. De resultaten wienen sa goed dat de projektskoallen graach

Nadere informatie

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage. Examen HAVO 2014 tijdvak 1 maandag 26 mei 13.30-16.00 uur Fries Bij dit examen hoort een bijlage. Dit examen bestaat uit 33 vragen. Voor dit examen zijn maximaal 44 punten te behalen. Voor elk vraagnummer

Nadere informatie

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân 1 B 2 C 3 maximumscore 1 Jagers kinne minder reeën, kninen en hazzen sjitte. Wolven

Nadere informatie

Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o.

Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo Putten Séwolde Skriuwersadres: Beemdweg 29 3852 XC Ermelo e-mail: kcvanderbeek@gmail.com FAMYLJEWYKEIN? co m Buitengoed Fredeshiem - Steenwijk-De

Nadere informatie

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013 maart 2013 maart 2013 Hylke Speerstra De treastfûgel Hylke Speerstra It wrede paradys, it ferfolch Jaap Krol It fûgelgebed Gjalt de Groot It swetshok In Memoriam Hylke Speerstra De Treastfûgel Yn De treastfûgel

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 4 jannewaris 2009 tema: bisten & natuer > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Het thema van dit katern voor niet-friestalige leerlingen is Bisten en Natuer. Je leert van verschillende

Nadere informatie

www.mantgumermerke.nl

www.mantgumermerke.nl www.mantgumermerke.nl Op 13, 14 en 15 augustus sil it wer heve! Dan is it wer tiid foar de Mantgumer Merke! Jawis, wy as kommisje rinne al wer waarm foar de Merke. Noch in hiel skoft tinke de measte minsken,

Nadere informatie

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS 0 0 KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS AUGUSTUS 0 :00 Hurderwyk 't Harde Fryske Tsjerketsjinst yn de PKN-Maranathatsjerke, Bovendwarsweg c, 0 JB t Harde. Foargonger: ds. Emko Postma fan Genemuiden.

Nadere informatie

Herdenken - Jannes en Bea

Herdenken - Jannes en Bea Dodenherdenking 04 mei 2014. Bij het graf van William Robert Fisher op het kerkhof van Wirdum (Fr) In stilte kwamen wij bij elkaar op het kerkhof bij de Sint Martinuskerk in het centrum van Wirdum. Hans

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun maart 2014 Ledeberjochten... 4 Douwe Egberts punten... 5 Krite Beverwyk US MEMMETAEL... 6 Útnoeging foar 22 maart... 8 Fryske Tsjerketsjinst yn Alkmaar... 10 Ferlotting

Nadere informatie

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o.

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I www.serviceflat-oranjewoud.nl op A5 formaat met de volgende advertentie: T 0513-63 62 85 8443 EL Heerenveen Flat Oranjewoud 1 Iedere dag genieten van een prachtige omgeving Spesjalist kabels en leidingen

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun maart 2017 Oan ús kriteleden... 2 Ferlotting en tagongsprizen... 4 Ledeberjochten... 5 Slange 50 jier ponghâlder... 6 Fytse foar 250 euro... 7 Útnoeging foar 25

Nadere informatie

Harkje, lêze en útspraak

Harkje, lêze en útspraak Les1 Om te begjinnen Jonge kinderen leren spelenderwijs met gemak twee of drie talen tegelijk. Volwassenen moeten er vaak wat meer moeite voor doen. Dat neemt niet weg dat ook volwassenen in staat zijn

Nadere informatie

Bêste minsken, Mei krite-groetnis, Anne Biesma

Bêste minsken, Mei krite-groetnis, Anne Biesma 1 Bêste minsken, It is al wer safier,de fakânsjes sille der foar de measten wol opsitte en dat betsjut ek dat der wer in nij kritejier oankomt en dat laket ús allegearre wol ta! It bestjoer hat drok dwaande

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1 DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage. Examen VWO 2008 tijdvak 1 vrijdag 30 mei 9.00 12.00 uur Fries Bij dit examen hoort een bijlage. Voor dit examen zijn maximaal 50 punten te behalen. Het examen bestaat uit 24 vragen en een samenvattingsopdracht.

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1 DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as âlder, mar ek foar alle oare minsken dy t te krijen ha mei bern yn twatalige (Frysk en Nederlânsk) of meartalige situaasjes (Frysk, Nederlânsk, in streektaal,

Nadere informatie

nr. Januari 2008 www.destapstien.nl

nr. Januari 2008 www.destapstien.nl Januari 2008 nr. 4 www.destapstien.nl Foarwurd Alle nijjierswinsken al lang wer achter de rêch, it skoaljier is twa wiken âld as ik dit skriuw. We sitte wer yn ús ritme, binne blij dat we by de waarme

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurking by LinKk 2 novimber 2015 tema: & > KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Opdracht 1 Watfoar taal leare wy? 1 g 2 i 5 i 8 i Gebruik de app Wat Wurd It of website van Praat Mar Frysk om de

Nadere informatie

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle: Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle: Ut: Ministerie OCW (2006), Kerndoelenboekje. Download: http://www.slo.nl/primair/kerndoelen/kerndoelenboekje.pdf a. Foarmje twatallen. Ien fan beiden toetst by de

Nadere informatie

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april 2015 1

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april 2015 1 DOARPSNIJS Nûmer 384 april 2015 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1 DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982.

Nadere informatie

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL Correctievoorschrift VMBO-GL en TL 2010 tijdvak 1 Fries CSE GL en TL Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden

Nadere informatie

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma. OANTEKENS fan de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Ferwerderadiel, hâlden op tongersdei 20 septimber 2012 om 20.00 oere yn it gemeentehûs yn Ferwert. Oanwêzich : de riedsleden: frou L.J.

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun jannewaris 2017 Oan ús kriteleden... 2 Ferlotting en tagongsprizen... 5 Ledeberjochten... 6 Útnoeging foar 21 jannewaris 2017... 8 Gedicht: t is letter as men tinkt...

Nadere informatie

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure Aanwezig: De raadsleden: de dames en heren L. Boelsma-Hoekstra

Nadere informatie

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL Correctievoorschrift VMBO-GL en TL 2011 tijdvak 1 Fries CSE GL en TL Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden

Nadere informatie

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga TRUCKSTOP Drama/Thriller door LOT VEKEMANS Fryske oersetting Baukje Stavinga TONEELUITGEVERIJ VINK B.V. (Grimas Theatergrime verkoop) Tel: 072-5 11 24 07 E-mail: info@toneeluitgeverijvink.nl Website: www.toneeluitgeverijvink.nl

Nadere informatie

I. Tsjinst fan =e Tarieding

I. Tsjinst fan =e Tarieding Oarder fan de Tsjinst foar snein 13 desimber 2015 Tredde snein fan de Advint Martinigemeente te Boalsert Foargonger: ds. Hinne Wagenaar (Jorwert) Oargelist: Kees Nottrot I. Tsjinst fan =e Tarieding Wolkom,

Nadere informatie

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Meidielingeblêd fan de Sékrite Oprjochting fan de Sékrite, Fryske Krite fan Lelystêd en omjouwing op 26 novimber 1971 Meidielingeblêd fan de Sékrite It idee om in Fryske Krite yn e nije polder op te rjochtsjen, ûntstie yn oktober 1971.

Nadere informatie

Uitnodiging. Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk. Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries

Uitnodiging. Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk. Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries Uitnodiging Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries donderdag 14 februari 2013 tongersdei 14 febrewaris 2013 Om het

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1 DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

It boek. fan Sinterklaas. Maarten Stevens oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra

It boek. fan Sinterklaas. Maarten Stevens     oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra It boek fan Sinterklaas Maarten Stevens www.cts-producties.nl www.cts-producties.be oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra Rollen Sinterklaas: De bernefreon, dy t eltsenien fansels wol kin Haadpiet:

Nadere informatie

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018 Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018 Bêste minsken ferbûn mei de gemeenten fan Westerwert en Mantgum, Yn dizze nijsbrief fine jim ynformaasje oer it tsjerklik libben yn de doarpen

Nadere informatie

Jierferslach. Omrop Fryslân

Jierferslach. Omrop Fryslân Jierferslach 2010 Omrop Fryslân 1 Produksje Foto s Opmaak Drukkerij Korreksjewurk Omrop Fryslân, Ljouwert Dirk Jan Haarsma Omrop Fryslân, Ljouwert Van der Eems, Easterein Taalwurk Fryslân, Grou 2 YnhAld

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 4 febrewaris 2016 tema: bisten en natuer > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Het thema van dit katern voor niet-friestalige leerlingen is Bisten en Natuer. Je leert van verschillende

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 3 desimber 2015 tema: kommunikaasje > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Veel plezier met de opdrachten. Opdracht I Wurdspin Jullie kennen meer vormen van communicatiemiddelen

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2016

Correctievoorschrift VWO 2016 Correctievoorschrift VWO 2016 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid. Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.nl Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel. 242212 dieta@knid.nl

Nadere informatie

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken!

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken! Ferwurkingen by LinKk 1 septimber 2015 tema: minsken & moetingen > KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Opdracht 1 Welkom bij LinKk! Dit is het verwerkingskatern dat bij het eerste LinKk-tijdschrift

Nadere informatie

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst.

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst. 1 Bêste minsken, De tiid hâldt gjin skoft, in bekende útspraak fan ús Friezen, mar o, sa wier. Der is al wer in jier om, liket wol of it hyltyd rapper giet. Sil wol komme, om t wy allegear (wat) âlder

Nadere informatie

It Bestjoer. Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till

It Bestjoer. Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till It Bestjoer Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan 316 1974 SG IJmuiden till. 0255-510575 Ponghâlder: W. Hiemstra Meester Cornelisstraat 9 2023 DE Haarlem till. 06-51749049 Skriuwster: T.L. Rijpkema-van

Nadere informatie

Reünie EP de Boerschool. September 2014

Reünie EP de Boerschool. September 2014 Reünie EP de Boerschool September 2014 It Fuottenein Doarpskrante fan Winaam Uitgave van de Vereniging Dorpsbelang Wijnaldum Voorzitter: Johannes Rutten Tel. 06 51405131 Secretaris: Janny Stuiver Tel.

Nadere informatie

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber.

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber. Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber. Tema: Feilichheid Besites: P.I. Ljouwert, brânwacht Gytsjerk Ite: Eetcafé De Winze, Wyns Fan t jier stiet de riedsekskurzje yn it teken fan feilichheid.

Nadere informatie

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk www.afuk.frl kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk Ynhâld yn Nederlânsk en Frysk 1. De letter f 2. De letter s 3. De letters f en v 4. De letters s en z 5. De letter g

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun oktober 2013 Ledeberjochten... 4 Ferlotting en tagongsprizen... 6 Bodzinga 90 jier... 7 Útnoeging... 10 Ferslach fan de Friezendei 2013... 12 Krite op de Kunst

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2013

Correctievoorschrift VWO 2013 Correctievoorschrift VWO 2013 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga De leerlingen van klas 2Ga hebben de afgelopen weken een aantal mythologische verhalen te horen gekregen in de lessen Latijn en Grieks. Het was de hoogste tijd

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber 2014 1

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber 2014 1 DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

D E KRITEKOER. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist

D E KRITEKOER. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist SELSKIP "FRYSLÂN" TE UTERT Foarsitter Skriuwer en Redaksje Kritekoer Ponghâlder en lede-administraasje Bestjoerslid en Boekferkeap BESTJOEREN BESTJOEREN EN MEIWURK(ST)ERS Pietie Westdijk-Kaastra, Het Spoor

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun maart 2018 Oan ús kriteleden en freonen... 2 Ledeberjochten... 4 Ferlotting en tagongsprizen... 5 De tocht de taal... 6 Útnoeging Friezedei 14 april 2018... 8 Útnoeging

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO 2012

Correctievoorschrift HAVO 2012 Correctievoorschrift HAVO 2012 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Even voorstellen Henny Bosscha-van der Veen Woonplaats: Visvliet Geboortejaar: 1949 vrijwilligerswerk Nederlands,

Nadere informatie

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken Nieu wsbri BMW Z1 Club NL December 2015 ef Beste Z1-vrienden Inmiddels is het cabrioseizoen ten einde, staan de Z1 s in de garage en tellen we af naar 2016. De laatste activiteit van dit jaar, een gezellige

Nadere informatie

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I I www.serviceflat-oranjewoud.nl T 0513-63 62 85 8443 EL Heerenveen Flat Oranjewoud 1 Iedere dag genieten van een prachtige omgeving FRKR Okt 2012 031012.indd 1 Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o.

Nadere informatie

OANFALSPLAN FRYSK. Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen

OANFALSPLAN FRYSK. Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen 1 OANFALSPLAN FRYSK Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen Skriuwers: drs. P. Bergsma (Pedagogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy) dr. J. van der Bij (Ried fan de

Nadere informatie

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015 BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015 Oanwêzich Foarsitter : de hear T. van Mourik Griffier : mefrou W. Bruinsma P.v.d.A. : mefrou M. van der Meer en de hear

Nadere informatie

Ut e skoalle 6. Trefwoord

Ut e skoalle 6. Trefwoord Ut e skoalle 6 Schooljaar 2017-2018 Februari 3 Oud papier 4 Gezinsdienst 12 Teamstudiedag, kinderen vrij 14 Staking 15 Rapport mee 19 en 20 10 minutengesprekken 22 Nieuwsbrief 7 26 t/m 2 Voorjaarsvakantie

Nadere informatie

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1 Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1 Stavering: - s/z, f/v - g/ch - û/oe - u/ú/ue - dakjes - tusken-n - oergongs-w - faak foarkommende wurdsjes - i/y/ii/ie - soldaten-regel - twalûden en brekking - ij/ai/aai/y

Nadere informatie

Beschrijving ochtend programma (voor iedereen)

Beschrijving ochtend programma (voor iedereen) Beschrijving ochtend programma (voor iedereen) Natuer/Natuur Tijdens het ochtendprogramma "Natuer" gaan de leerlingen zich verdiepen in de Nederlandse (dus ook Fryske) natuur. Zij gaan in 4 groepen aan

Nadere informatie

Gearstalling Bestjoer

Gearstalling Bestjoer Gearstalling Bestjoer Frysk en Frij Hilversum (KfK Hilversum, nûmer 32126908) foarsitter : J. Kooistra 035-6218626 + ledeadm. Lutherhof 102, 1216 KV Hilversum e-mail: gurbe@xmsnet.nl skriuwer : A.R. Koopmans-Nieuwland

Nadere informatie

Schooljaar , nr. 5

Schooljaar , nr. 5 Schooljaar 2015-2016, nr. 5 Agenda 1-2: leerlingbespreking 3-2: OMR Mantgum 11-2: contactavond voor alle ouders 13-2: oud papier (Auke Stremler, Jouke Holwerda, Marc v. Hiel, Anne Bouke de Bakker) 16-2:

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO 2014

Correctievoorschrift HAVO 2014 Correctievoorschrift HAVO 2014 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter Steatekommisje Lân, Loft en Wetter Datum gearkomste: 9 april 08 Wurklistpunt: 3 STEATEKOMMISJE LAN, LOFT EN WETTER 10 Ferslach fan de gearkomste op 5 maart 08 yn it Doarpshûs fan Seisbierrum. Oanwêzich:

Nadere informatie

Wybe Feenstra (tel ;

Wybe Feenstra (tel ; Oldekerk, 16 mei 2016 (Tweede Pinksterdag) geachte lezer, Kortgeleden heeft u (telefonisch) toegezegd om mee te werken aan een enquête. Deze enquête omvat 28 vragen. In dit begeleidende schrijven vertel

Nadere informatie

Oktober deel 2. Beste ouders / verzorgers,

Oktober deel 2. Beste ouders / verzorgers, Informatiebrief voor ouders en verzorgers ABBS De Reinbôge Greate Buorren 45 8732 EE Tel. 0515 332628 www.reinbogekubaard.nl reinbogekubaard@gearhing.net Oktober deel 2 Beste ouders / verzorgers, Net terug

Nadere informatie

Fryske krite "Fier fan Hûs", Boadegraven e.o., Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven Septimber 2014

Fryske krite Fier fan Hûs, Boadegraven e.o., Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven   Septimber 2014 Meidielingeblêd Jiergong 20, 2014-2015 Septimber 2014 Fryske krite "Fier fan Hûs", Boadegraven e.o., Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven www.fryskbutenfryslan.nl Oprjochte 15 jannewaris 1946 Arianne Sprokkerieft

Nadere informatie

Zuid Afrikaans Braai Buffet met Soul Dada

Zuid Afrikaans Braai Buffet met Soul Dada Zuid Afrikaans Braai Buffet met Soul Dada Donderdag 24 en Vrijdag 25 januari 2013 Aanvang 18.30 uur De Pleats, grote zaal Alleen voor Nutleden die gereserveerd hebben Na drie eerdere succesvolle muzikale

Nadere informatie

Doarpslibben Ryptsjerk Winter 2010-2011. Fan de redaksje

Doarpslibben Ryptsjerk Winter 2010-2011. Fan de redaksje Doarpslibben Ryptsjerk Winter 2010-2011 Colofon De doarpskrante is in inisjatyf fan doarpsbelang en wurdt troch har finansjeel stipe De krante wurdt fergees by leden besoarge en komt fjouwer kear yn it

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber 2014 1

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber 2014 1 DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Foarlêspakket Romke wol sjonge. Ynklusyf: foarlêsferhaaltsje kleurplaat nifelopdracht taalaktiviteit opsisferske

Foarlêspakket Romke wol sjonge. Ynklusyf: foarlêsferhaaltsje kleurplaat nifelopdracht taalaktiviteit opsisferske Foalêspakket Romke wol sjonge Ynklusyf: foalêsfehaaltsje kleuplaat nifelopdacht taalaktiviteit opsisfeske Feest! It is it hiele jie feest, want Tomke fiet dit jie syn 20ste jiedei! Yn de maitiid is dêom

Nadere informatie

D E KRITEKOER. De kop is der wer ôf mei in moaie start foar de kriten yn it nije seizoen. De ferslaggen fine jo yn dizze kritekoer.

D E KRITEKOER. De kop is der wer ôf mei in moaie start foar de kriten yn it nije seizoen. De ferslaggen fine jo yn dizze kritekoer. SELSKIP "FRYSLÂN" TE UTERT BESTJOEREN BESTJOEREN EN MEIWURK(ST)ERS Foarsitter Pietie Westdijk-Kaastra, Het Spoor 20, 3994 AK Houten til. 030-2318 224 (pcwestdijk@planet.nl) Skriuwer Jan Piet Bergmans,

Nadere informatie

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Even voorstellen Henny Bosscha-van der Veen Woonplaats: Visvliet Geboortejaar: 1949 vrijwilligerswerk Nederlands,

Nadere informatie

Meidielingeblêd Jiergong 21, Desimber 2015

Meidielingeblêd Jiergong 21, Desimber 2015 Meidielingeblêd Jiergong 21, 2015-2016 Desimber 2015 Fryske krite "Fier fan Hûs", Boadegraven e.o., Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven www.fryskbutenfryslan.frl Oprjochte 15 jannewaris 1946 2 A. Schiere-Bouma,

Nadere informatie

D E KRITEKOER. In nij begjin meitsje

D E KRITEKOER. In nij begjin meitsje BESTJOEREN BESTJOEREN EN MEIWURK(ST)ERS SELSKIP "FRYSLÂN" TE UTERT Foarsitter Pietie Westdijk-Kaastra, Het Spoor 20, 3994 AK Houten til. 030-2318 224 (pcwestdijk@planet.nl) Skriuwer Jan Piet Bergmans,

Nadere informatie

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016. Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van Rintje Lolkema I 3 februari 1938 2 februari 2016 In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016. Voorganger: Ds Dingena Hasper Diaken:

Nadere informatie

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN {ltt'" \^/ETTERSKIP FRYSLÂN Bugel Hajema Adviseurs T.a.v. de heer P.W. Rienstra Balthasar Bekkerwei 76 8914 BE LEEUWARDEN Leeuwarden, 1 5 november 201 1 Bijlage(n): 2 Ons kenmerk: WFNI l 15813 Tel: 058-292

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2014

Correctievoorschrift VWO 2014 Correctievoorschrift VWO 2014 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016

LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016 LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016 FOARGONGER: DS. GERRIT GROENEVELD OARGELIST: 1 Wolkom en meidielingen Yntochtsliet = Psalm 98: 1 en 3 1) Lit no in nije lofsang hearre, in liet

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO. Fries 1 en Fries 1,2. Hoger Algemeen Voortgezet Onderwijs. Tijdvak 1. Begin

Correctievoorschrift HAVO. Fries 1 en Fries 1,2. Hoger Algemeen Voortgezet Onderwijs. Tijdvak 1. Begin Fries 1 en Fries 1,2 Correctievoorschrift HAVO Hoger Algemeen Voortgezet Onderwijs 20 04 Tijdvak 1 400015-1-2c Begin Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels

Nadere informatie

Foto s: Lykle Veenje, Klaas Hendriks, Johannes Herder, John van den Berg, Hendrik Jellema

Foto s: Lykle Veenje, Klaas Hendriks, Johannes Herder, John van den Berg, Hendrik Jellema Colofon Initiatiefnemer: Dorpsbelang Lollum-Waaksens Begeleiding discussieavonden: Gesprekleiders: Haye Jacob Jorritsma Holger Bakker Klaas Hendriks Chantal van Sluys Johannes Herder Gerrie Folkerts Notulisten:

Nadere informatie

Jrg. 3 2007 Nr. 1. Theun de Vries 6. J.J. Kalma 10. Fryske kentekens 16

Jrg. 3 2007 Nr. 1. Theun de Vries 6. J.J. Kalma 10. Fryske kentekens 16 Jrg. 3 2007 Nr. 1 Theun de Vries 6 J.J. Kalma 10 Fryske kentekens 16 Begjin jannewaris waarden de goed 800 skriften fan de dichter Obe Postma (1868-1963) dy t by de Fryske Akademy wiene, oerdroegen oan

Nadere informatie