DOARPSNIJS Nûmer 389 oktober 2015 1
KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982. De redaksje: Wiepkje Holtrop Lyklamawei 49 571310 Hedwig Beukens Hege Bouwen 2a 572278 Annie de Kleine Lyklamawei 34 571364 Jantsje Akkerman Lyklamawei 27 571889 Coby Hospes Lyklamawei 23 571855 E-mailadres: redaksje.doarpsnijs@gmail.com Website: www.nijemardum.nl It bestjoer fan Doarpsbelang: Jeannet Bekedam (voorz) Hoitebuorren 12 571597 Piet Rienstra (secr) Omrin 2 571866 Gerrie van der Veen De Hege Bouwen 23 572019 (penningmeester, bankrek. NL30.RABO.0305.2441.59) Sjoukje Kramer Wissebuurt 12 571785 Joop de Vries Lyklamawei 15 571956 Rienk Nadema Hege Bouwen 25 572101 Jaap Douwe Bokma Hoitebuorren 13 571328 E-mailadres buertplysje: dirk.hebing@friesland.politie.nl of www.politie.nl 2
DE STIPERS Mei tank oan de folgjende minsken/bedriuwen kin Doarpsnijs elke moanne útbrocht wurde: Paul Baas Harmen en Lieske Bangma Albert en Jeannet Bekedam Bauke Beukens Harm van Bommel Jan Buma Johan A. Dijkstra Jelle Eppinga Arjan Hendriks Halbe Hielkema Tryntsje de Jong-Rienstra Ede Groenhof Cees en Johannes v.d. Meer Hendrik Postma Douwe en Froukje Prins Fam. K. Rienstra Runia Fourage BV Runia Transport BV Jan-Dirk van der Tol VandeLinde Associates Earnst P. Veenstra Ruerd Vellinga Annoesjka de Vries De Vries De Klussenbaas Camping De Groninger Melkveehouderij/luxe appartementen Garant Zaden VB administratie Buma Handel Dierenarts Boomkwekerij SDS Balk Startmotoren en dynamo s Bouw- en onderhoudsbedrijf Kapsalon Tryntsje Transportbedrijf/verhuizingen Van der Meer Mechanisatie Motorenrevisie/reparatie Bakkerij Prins, Harich Beheerders dorpshuis (Klein)diervoeders, aardappelen enz. Transportbedrijf Feedcentre B.V. Journalistieke Producties Hovenier Vellinga werkschoenen en -kleding Pedicure Slagerij, Oudemirdum De famylje Kramer soarget derfoar dat it krantsje elke lêste woansdei fan 'e moanne by de minsken thús komt. 3
BERNE Op 4 oktober 2015 Margriet Altena Famke fan Wiebren Altena en Trienke Woudstra, suske fan Maaike, Berend en Ane. BEDANKT!... BETTER LET AS NET Bedankt voor alle goede dingen: een kaartje, presentjes en vitamientjes. SUPER! Ja, de tiid hâldt gjin skoft; weer een lange tijd thuis en uit van huis geweest en wat is dat gemakkelijk: it kin moarn ek noch wol want dan bin ik ek thús. Maar het gaat weer naar wens, dus nogmaals dank voor alle GOEDS! Groetnis Fam. Schotanus - Risselada FAN DE REDAKSJE Yn ús gearkomste fan 24 septimber ha wy mei wurden fan tank en in blomke ôfskied nommen fan Tiete Bangma. Sûnt jannewaris 2013 hat sy har ynsetten foar it Doarpsnijs. Tagelyk binne wy bliid dat Hedwig har taak oernimme wol. NEGOASJE Ik ha in Judopak, mt 170, yn 'e oanbieding. Foar fiif euro, kin men it helje. Freonlike groetnis, Simon Ale Strampel, Heaburgen 1, til; 602740 4
HA JIM IT AL HEARD? De hjerstfakânsje sit der alwer op. Jan en ik ha in pear dagen nei Skotlân west, dat stie al hiel lang op Jan syn listke. Dat wy mei syn twaen yn it fleantúch rjochting Edinburch. Dêr stie ús hierauto al klear. Tsja en dan sit it stjoer oan de ferkearde kant en moatte wy links ride. Eh ja, dat wie earst wol effe wenne, de rotonden linksom nimme.. Salang as wy in auto foar ús hiene gie it bêst, mar as wy allinnich wiene, oehh dan moasten wy goed de kop derby hâlde. Mar wy ha genoaten..wat in skitterjend lân..en wat troffen wy it, fjouwer dagen sinneskynwaar; dat koe net better. En in aardige minsken. Dêr kinne se hjir yn Nederlân noch in foarbyld oan nimme. Yn alle winkels of pubs sprekke sy dy oan mei: Hello dear, how are you doing?..eh ja best ju, you too? En dan it moarnsbrochje; tsjonge, jou my dochs mar gewoan in stik bôle mei tsiis hear. Se fregen do you want a full breakfast? Eh ja ju is good. Jan seach my oan Wat bedoelde hy? Dat sjogge wy wol ju, komt wol goed. No dêr kaam ús full breakfast oan.. in boardfol mei wite beannen yn tomatesaus, bakte sjampinjons en tomaat, spek, aaien, brieden woarst en in plak bloedwoarst Ik wist net wêr t ik sjen moast dit yt ik net op Jan Ik ha om my hinne sjoen as der earne ek in lege blompot wie of sa mar ik koe neat fine. Pff, ik ha wat spek en aai opiten en de rest bestoppe ûnder it servetsje. It wie sa sneu foar dy bêste man.. Spitigernôch ha wy net ien Skotse man sjoen yn in quilt.. ik hie der sa graach efkes ûnder loere wollen om te sjen as se der echt neat ûnder drage.. Arjan Eppinga rint mei syn mem oer it trottoir en sy komme in groepke soleksen tsjin. 5
Sjoch mem: Wesley Sneijder! Hetty hat prate moatten om har gelyk te krijen want Arjan bleau der by dat it Wesley echt wier wie.. Dat wie noch foar de lêste kwalifikaasjewedstriden, want as hy him no sjoen hie, dan hie it hast wol kinnen. Wa wit oare jier juny? Dan ha se alle tiid, dy domkoppen. Us mem hie lêstendeis in praatsje mei in frou fan har jierren. Dy hie lêst fan it hert, mar de dokters woene der neat mear oan dwaan. Oh dúdlik, mei oare wurden: ik bin oer datum sei se. De dokters seagen inoar oan en hâlden har mar stil, mar se hie wol gelyk!! Dit wie it wer foar dizze kear, oare kear wer mear. Groetnis WTHP MUZIKALE ZONDAGMIDDAG Zondagmiddag 15 november a.s. organiseert Sjongkoar EigenWize uit Nijemirdum een muzikale middag in de Paadwizer in Balk. Het is de bedoeling om op deze manier een podium te bieden aan een aantal koren, muziekgroepen en instrumentalisten uit de regio. Ieder van hen laat een paar nummers uit eigen repertoire horen. Daarmee wordt het een bijzondere middag, met veel variatie aan genres en vertolkingen en voor de bezoekers een unieke gelegenheid om dit te beluisteren en mee te maken. De medewerkenden zijn: De Sjongers fan t Spitael uit Harich, Net seure mar sjonge uit Warns, Kinderkoor Prelude uit Nijemirdum, Vocal Roses uit Oudemirdum. Aaltje de Boer en Roelie Veen zijn de instrumentalisten en zij komen evenals, Sjongkoar EigenWize uit Nijemirdum. Het belooft een ontspannen, muzikale middag te worden met een zeer afwisselend programma. Iedereen is van harte welkom, het begint om 15.00 uur. De entree is 3.00 voor volwassenen en voor kinderen tot 12 jaar 1.00 en dat is inclusief een consumptie. Graag tot ziens op 15 november in de Paadwizer, Siemen de Jongstrjitte 2 in Balk. EigenWize 6
WA BIN IK? Nee, dizze lytse poppe wie net Rinke Baukema of Siebe Postma, en Roelie Veen wie it ek al net; dreech hear! De baby op dizze foto is nimmen oars as Hindrik Hospes. De foto is makke yn it jier 1957, en Hindrik syn mem koe har dit momint noch wol heuge. Foar har trouwen wenne sy yn Warten en wie dêr lid fan in koar; doe t sy nei Nijemardum ferhuze wie dat fansels oer. It wie foar har dan ek in leuke ferrassing dat sa n oardel jier letter de dirigint fan it koar by har op besite kaam. Hy wie yn Gaasterlân op fakânsje en hie syn fototastel meinaam dêr t hy ek de lytse Hindrik mei ferivige. Trouwens, de bernewein dêr t Hindrik yn sit is nei him noch bewenne troch fiif broerkes en ien suske. Dan no wer in lyts famke! Witte jimme wa t it is? Belje gau nei nummer 571889 Dat kin oant en mei sneon, en miskien is dy hearlike sûkerbôle foar dy? Jantsje 7
NOCHRIS IN OPROP FAN JANTSJE Genietsje jimme ek sa fan ús rubryk WA BIN IK?, stjoer dan gau in moaie jeugdfoto nei de redaksje en ynkoarten pronkje jimme sels yn ús Doarpsnijs. WERKZAAMHEDEN IN HET LYCKLAMABOS In de afgelopen jaren heeft de oplettende wandelaar/fietser waarschijnlijk wel gezien dat er her en der in het Lycklamabos bomen gekapt zijn. Eigenaar Natuurmonumenten doet dat om meer structuur in het bos te krijgen, om daarmee meer soorten planten en dieren kansen te bieden. Er wordt vooral gewerkt aan bosranden. De structurele hulp van een flinke ploeg vrijwilligers maakt dit mogelijk. Het resultaat van dit werk stemt tot tevredenheid en dit jaar willen we graag een versnelling bewerkstelligen. Dat betekent dat er dit werkseizoen (waarschijnlijk begin/midden oktober a.s.) een aannemer bomen zal zagen en afvoeren. Uiteraard zorgen we er voor dat juist de mooiste en meest waardevolle bomen gespaard blijven. Op een tweetal plekken zal het leeuwendeel van de werkzaamheden plaatsvinden. In de eerste plaats is dat de hoek van het bos dat ingeklemd ligt tussen de Tjerkhôfleane, de landerijen van de familie De Vries en de Bremer Wildernis. In dit vak bevindt zich een opstand van Douglasspar en Japanse larix. Deze beide naaldhoutsoorten komen van origine niet in Nederland voor, staan zeer dicht op elkaar en voegen niet of nauwelijks iets toe aan het bos. De enkele eiken en grove dennen die zich er tussen hebben weten te handhaven zullen worden gespaard. Binnen 2 jaar echter zijn de ergste littekens al verdwenen en staat ons een mooie periode te wachten waarin zich jong inheems bos zal ontwikkelen met planten en dieren die hiervan afhankelijk zijn In de tweede plaats zal de strakke bosrand om de centrale enclave heen (achter de woonboerderij aan het Heidepaed) worden aangepakt. Hier worden inhammen gezaagd en mooie oude grove dennen en nummereiken vrijgezet. In het open veld, maar vooral langs de randen zullen ook delen worden aangeplant. Uiteraard met inachtneming van zichtlijnen. Dit resulteert na enige jaren in een mooi golvende en geleidelijk oplopende bosrand met veel variatie in structuur. 8
In de nazomer van 2016 zal een waterpartij worden gegraven en een deel worden geplagd. Tevens zal begrazing worden ingesteld met runderen. Alle ingrepen hebben als doel een zo natuurlijk mogelijk bos te herstellen waarin vele soorten planten en dieren terug kunnen keren en duurzaam kunnen leven. U bent van harte welkom om dat mee te maken. Lijkt het u wat om mee te helpen met het herstel van de natuur in uw eigen omgeving, dan bent u meer dan welkom om ons team van vrijwilligers te versterken. Iedere dinsdagochtend van oktober tot maart zijn we aan het werk waarbij de gezelligheid uiteraard niet uit het oog wordt verloren. U kunt onderstaand telefoonnummer bellen voor inlichtingen en aanmelding, maar uiteraard ook voor vragen omtrent bovenomschreven werkzaamheden. Beheerteam Natuurmonumenten Zuidwest Fryslân Telefoon 0515-331647 DOPPE-AKSJE NIJS!! Bêste minsken, Efkes in berjochtsje oer it sparjen fan de doppen. Earst allegear wer hertlik tank foar it sparjen derfan! Al jierren brochten we de doppen nei in sammelplak. Dizze doppen wiene bestimd foar liedhûnen yn België, mar it waard hieltyd dreger om in adres te finen dêr't we terjochte koene. Nei wat sykjen ha'k in organisaasje fûn, dy't har sterk makket foar de Nederlânske liedhûn, de KNGF. Dy organisaasje lit alle moannen in auto by de sammelpunten lâns ride en ha ôfrûne wike sa'n 45 grutte sekken mei doppen by ús wei helle. Dus dat is geweldich regele. Mar... wat by harren ek sa fijn is, dat se ALLE doppen fan hurd plastic wol ha wolle!! Dus ek fan waskmiddel, pindakaas, pasta, slachrjemme enfh... Mar... se moatte wol skjin en droech wêze!!!! 9
Wa t mear ynformaasje ha wol kin sjen op: www.geleidehond.nl/doppen Ik hoopje dat jim allegear meisparjen bliuwe. It sammel adres bliuwt; Heaburgen 1 Nijemardum Mei freonlike groetnis, Sietske DORPSBELANG Onlangs heeft er in ons dorp een Wijkschouw plaatsgevonden. Ruurd Zijlstra (wijkbeheerder), Klaas Knobbe (dorpencoördinator) en enkele leden van het dorpsbelangbestuur waren hierbij aanwezig. Samen hebben we gekeken welke verbeteringen aan te brengen zijn in ons dorp. Er was o.a. aandacht voor de bermen langs het Wytlânsdykje, opstaande trottoirtegels en de begroeiing rondom het speelveld. Het dorpsbelang is toegezegd dat de komende tijd aan deze meldingen gewerkt wordt. De komende winter zal er fors gesnoeid worden rondom het speelveld. Mocht u als dorpsbewoner een melding willen doen van e.e.a als overhangende takken, kuilen in weg, opstaande tegels. Tegenwoordig is er een app van de Fryske Marren. Via deze app kan een foto gemaakt worden van de situatie, de gps geeft de juiste plaats aan zodat direct duidelijk is waar verbetering nodig is. Zie via de app store naar Fryske Marren. Website: www.defryskemarren.nl/melding Een telefoontje naar Ruurd Zijlstra is misschien wel zo gemakkelijk: Tel.: 140514 (zonder kengetal) Namens dorpsbelang Jeannet Bekedam 10
IT HIMD FAN IT GAT Doe t ik him frege, wie Wouter Rozema daliks ree om yn it Doarpsnijs wat oer syn libben te fertellen. Op in lette freedtejûn rin ik nei de Omrin en op nûmer 30 swaait de doar al foar my iepen. Yn de keamer hingje tal fan tekeningen oan e muorre en oeral steane prachtige produksjes fan de beide bern. Syn soan sit achter de kompjûter en ik ha al gau in hiel petear mei him oer skoalle ( ik ferfeel my rot yn groep acht ) en ek oer muzyk. Hy leart drummen... Dêr binne de buorlju ek wiis mei tink? freegje ik hoeden, mar Wouter stelt my gerêst. Je kinne tsjintwurdich drummen leare sûnder in soad lûd te meitsjen. De technyk stiet foar niks! Arnout siket om syn diploma dat hy my sjen litte wol en syn heit wiist my in plak oan de tafel. Wouter is troud mei Marijke, in dochter fan de bakker/muzykman Van der Molen út Koudum. Binne jimme troud? En hoe! Ik krij in album fol mei moaie foto s fan de tariedings, de grutte limo nei it gemeentehûs en de tsjerke, en it grutte feest op 14 maaie 2010 te sjen: In kreas pear yn fol ornaat mei it miny-pear Yldou en Arnout. Dat moat mei in t hear! klinkt it achter de kompjûter Ik mei wol oer sa n opmerking, want ús petear moat in bytsje knap yn it krantsje. Wouter hat (gelokkich) ek wol bining mei ús memmetaal, want ûnder hast alle foto s stiet in Fryske tekst! Wêr bisto berne? Op 22 oktober1969 yn Ljouwert; ús heit wurke doe by de fleanbasis. Nei in goed jier binne wy nei Heech ferhuze en dêr ha ik mei ús Arno myn jeugd trochbrocht. Watfoar oplieding hasto hân? Nei de basisskoalle yn Heech gyng ik op it fytske nei it Bogermankolleezje yn Snits en ha rom de tiid nommen foar it Havo-diploma. Yn de simmer fan 89 binne wy nei Nijemardum ferhuze en doe ha ik noch fjouwer jier Wege- en Wetterboukunde studearre op de HTS yn Ljouwert. Koesto al gau wurk fine? Ik hie staazje rûn by Boskalis, de baggerreus, dy t in soad ynfrastruktureel wurk docht op it lân en it wetter. By dat bedriuw koe ik oan e slach. 11
Dy sitte oer de hiele wrâld? Ik ha oan projekten yn Ingelân, Skotlân, India, Maleisië en ek yn Bangladesh wurke. Dat wie in moaie tiid. Mar de wykeinen net nei hûs fansels Ik wie gauris in pear moanne fuort en och, dat fûn ik net slim, mar de kommunikaasje mei it thúsfront wie yn dy jierren noch net sa maklik. Fan de Social Media lykas Facebook, Twitter en Google en in mail ferstjoere wie doe noch gjin sprake. En it sosjale kontakt mei de dames? Ik wenne yn Aldemardum en hie al ferkearing mei Marijke, mar ja, as ik wer ôfreizge gyng sy wer nei Koudum. Ik fûn der net folle oan om dêr allinnich thús te sitten seit Marijke, dy t wylst mei Yldou thúskommen is. Do moast in kar meitsje tusken Boskalis en Marijke. Sa like it wol in bytsje. Lânmjitkunde hie myn belangstelling en ik koe oan it wurk by de Gemeente Gaasterlân Sleat. Dat hat in jier duorre, mar it wie net wat ik graach woe. Troch in âldkollega fan de HTS rekke ik oan e slach by Fernhout op e Lemmer; dat bedriuw waard wer oernommen troch Verkley yn Drachten. Verkley gyng fallyt en dan sitte je samar ynienen thús. Gelokkich kriich ik wer in baan by Baas yn Drachten. In bedriuw dat ek dwaande is yn de ynfrastruktuer. Op it heden wurkje ik mei trije kollega s ûnder de namme Clavis yn t Hearrenfean oan opdrachten út it hiele lân û.o. foar Baas út Drachten. Wy lizze fêst wat der oan liedingen by diken lâns, op yndustryterreinen en yn wenwiken yn de grûn lein wurdt. Ik kin dat wurk foar in grut part thús achter de kompjûter dwaan. Dus gjin tiid kwyt oan reizgjen en neist de húshâlding mear tiid foar in hobby? Marijke en ik geane der graach op út mei de bern. En in echte hobby no ja, ik sit jûns, nei myn wurk, hiel graach achter de kompjûter Meist graach lêze? Ik ha in soad detektives fan Robert Ludlum lêzen, mar dat komt der op it heden net mear fan. De biografy fan Foppe de Haan, René van der Gijp en Zlatan Ibrahimovic fûn ik wol leuk. En it Doarpsnijs? Dat wurdt hjir tige goed lêzen, ek troch de bern. Soe it Frysk noch lang brûkt wurde? Jawis, ik mail en skriuw de notulen fan de lokaalferiening ek altyd yn it Frysk. Hok t.v.programma of film sjochst nei? Sport: fuotbal en auto/motorsport en ik hâld fan Ingelske detektives. 12
Watfoar muzyk lústerst graach nei? Popmuzyk, Pink floyd, Miss Montreal. Wat is dyn favorite fakânsje? Nei Skotlân by Marijke har suster dy t in oerke riden fan Edinburgh wennet. Wy ha ek wol nei België west en dat wie ek moai. Watfoar plakje yn ús Gemeente hâldsto fan? Wy rinne en fytse wol in soad. Achter de Leien en nei Kipenburch: wat is it dêr prachtich en de Toer fan Nijemardum, dy is fansels unyk. Wat fynst fan it doarpsfeest? It hat in funksje, want alle buerten moatte meiinoar oan e slach. It falt net altyd ta om minsken te finen dy t der in soad tiid yn stekke wolle. De nije opset (sûnder toanielstikjes) hat goed foldien. De berne-disko wie ek tige leuk. Wêr soest noch graach ris hinne wolle? As wy wat langer op fakânsje kinne wolle Marijke en ik tegearre in rûnreis meitsje troch hiel Skotlân. Dat liket de bern ek moai ta, want dy meie hiel graach by harren omke en tante útfanhûzje. Wêr tinkst mei nocht oan werom? Oan ús troudei. Wy ha mei de bern en ús famylje, kunde en freonen sa n moaie dei belibbe. Dat wie in dream dy t útkommen is. Wouter genietet wer as hy deroer fertelt: hy is dúdlik in famyljeman. Binne der dingen dêrsto dy oan ergerst? Fernielerij en oan de wize wêrop benammen kwetsbere minsken somtiden benadere wurde. Wouter jout in foarbyld fan it freegjen fan de pinkoade oan in âlde frou dy t sadwaande har jild kwytrekke. It binne smychtestreken! Marijke stimt der yn mei en fynt dat wy respekt ha moatte foar it spul fan in oar. Woest fierder noch wat kwyt oan Nijemardum? Wouter hoecht net lang nei te tinken en seit: Minsken, lês it Doarpsnijs en de kompliminten oan de redaksje. Wy prate noch efkes oer de skoaljierren, dy t hy tagelyk mei ús Emile op Bogerman trochbrocht. En Arnout hat einlings syn muzykdiploma fûn en mei in dikke smile lit hy it my sjen. Hy kin trouwens ek hiel lekkere cappuccino meitsje. Ik koe it hast net fatsoenlik opdrinke, sa n dikke laach skom siet derop. It is al let as ik de famylje Rozema tank bring foar de gesellige jûn en jonge, jonge, wat hat ús redaksje in grutte fear yn e broek krigen net? Ik rin hast mei de hakken yn e nekke nei hûs ta. Annie 13
SINNICH MEI SINNE De maatschappij waarin wij leven digitaliseert steeds meer. Zoals met alle medailles heeft ook deze ontwikkeling twee kanten. Sommige mensen menen dat het persoonlijk contact steeds meer verloren gaat. Het is daarom wel leuk om nu eens een nieuwe internettoepassing onder de aandacht te brengen die juist persoonlijk contact stimuleert. Die toepassing heet Peerby en heeft tot doel om mensen dicht in de buurt met elkaar in contact te brengen om zaken te kunnen (uit)lenen. Want zeg nou zelf, hoe vaak gebruik je je kampeertent, soldeerbout of rolsteiger nu eigenlijk? En stel, je tikt een partij boomstammetjes op de kop. Koop je dan zelf een kloofbijl of hydraulische kloofmachine, of leen je 'm even van je buurman verderop in de straat? De reden waarom wij dit als commissie onder jullie aandacht brengen zit 'm uiteraard in het feit dat we zo meehelpen de CO2-uitstoot terug te brengen en grondstoffen te besparen. Maar liefst 1/8 van de CO2 uitstoot op aarde komt door de productie en consumptie van goederen. Maar naast het feit dat het duurzaamheid bevordert is het ook nog eens goed voor je portemonnee en bevordert het de sociale contacten in de buurt. Dat is nog eens een win-win (-win)-situatie! Surf eens naar peerby.com en lees alles wat je wilt weten over dit mooie concept. Als je mijn buurt aanklikt kun je meteen zien wie er dichtbij woont en meedoet. Het is gratis en je zit nergens aan vast. Inschrijven is erg simpel en uitschrijven ook als het je toch niet bevalt. Hoe meer mensen zich in Nijemirdum inschrijven, hoe effectiever het werkt. Commissie Sinnich mei Sinne NATIONAAL MS FONDS ZOEKT COLLECTANTEN Het Nationaal MS Fonds zoekt collectanten voor de jaarlijkse collecteweek van 23-28 november. Tienduizenden collectanten trotseren het novemberweer met de instelling: Een beetje kou gaat wel weer over, MS niet! 14
MS is een grillige ziekte maar vooral ook een beetje rare ziekte, want waarom raakt de ene persoon met MS in korte tijd snel geïnvalideerd en een ander met MS kan nog jarenlang goed functioneren? De enige gemeenschappelijke factor hierbij is angst. Mensen die aan MS lijden zijn altijd bang. Bang voor wat de ziekte kan aanrichten. Daarom heeft het Nationaal MS Fonds een tweetal kernwoorden bij alle activiteiten en onderzoeken: genezing en verbetering! Genezing omdat we zo graag willen dat we een MS vrije wereld gaan krijgen. En wat je nu nog niet kunt genezen, kan je wellicht wel verbeteren zodat de kans op uiteindelijke genezing vergroot wordt. Het Nationaal MS Fonds blijft zich inzetten op het ontwikkelen van nieuwe behandelprogramma s waarbij het vertragen van invaliditeit het belangrijkste uitgangspunt is. Want waarom zouden wij stilstaan en afwachten als we nu al iets kunnen doen? Wil jij je inzetten voor mensen met Multiple Sclerose? Meld je aan als collectant via 010-591 98 39, www.nationaalmsfonds.nl Sinteklaasjûn Sneon 28 novimber komt Sinteklaas mei syn Swarte Piten wer yn it doarpshûs. Wy ferwachtsje harren om 19.30 oere. Jimme komme dochs ek wer?? Sinteklaas hat oanjûn dat er it sa moai fynt as de bern ferklaaid binne, mar dat hoecht fansels net. Nei de tiid kinne de (grutte) bern harren wer útlibje mei draaiend rad en oare spultsjes mei leuke en lekkere prizen. Foarich jier hiene we foar ien kear de caviabak. Dit jier ha ferskate frijwilligers in soad tiid stutsen yn in prachtich nij spul. Meitsje it mei en sjoch wêr it ophâld..! Oant sneon 28 novimber. De Lokaalferiening 15
VERENIGINGEN IN NIJEMIRDUM Dorpsbelang vz Jeannet Bekedam secr Piet Rienstra pen. Gerrie van der Veen Lokaalvereniging vz Antje van Bommel secr Wouter Rozema pen Hendrik Postma Beheerders dorpshuis Klaas en Harmke Rienstra dorpshuis Chr. Basisschool De Stapstien schoolleider Carolien Glastra Peuterspeelzaal 't Opstapke ouderraad inl: Joke Postma Jitske Mulder Prot. Gem. O-N-S vz Sjoerd Bokma Kerkgebouw De scriba Joop Verkaik Hoekstien predikant Teije T. Osinga predikante Maartje Wildeman koster fam. Luinenburg Begrafenisvereniging vz Roelie Veen secr Griet Akke Rienstra pen Piet Rienstra Omrin bode Pieter Deinum Damclub vz Johannnes van der Goot secr Egge Reinsma pen Pier Akkerman Vogelwacht Inl. Carl Draaijer 16
VERENIGINGEN IN NIJEMIRDUM vervolg Feestcommissie vz Wiebren Hoekstra secr Marjan Veenstra pen Willy Hielkema Verenigingen in Nijemirdum vervolg Passage vz Harmke Rienstra- Eliveld secr Tjitske Baukema pen Nieske Glashouwer Biljartclub De Eekhoorn Biljartclub Zicht op de bal Klaverjasvereniging O.N.S. vz secr pen vz secr pen vz secr pen Klaas Rienstra Riny Kramer Gerlof Hendriks Jaap Douwe Bokma Hendrik Rienstra Wieger Pietersma Sake Mollema Feike Samplonius Doede Bosma Gymnastiek vereniging vz secr pen Feikje Draaijer Brechtsje Bokma Monique Betsema Tennis vz Wilco Daas secr Nick Fortezza pen Jaap Ovelgönne Voetbal Vz Bennie Rienstra secr Henk Wieger Ruiter pen Jacob Brandenburg 17
VERENIGINGEN IN NIJEMIRDUM vervolg Volleybal Vz Yke van der Wal secr Corry Schotanus pen Kees Draaijer Int. Kerkelijk streekkkoor vz secr pen Pieter Runia Gerrit Postma Jannie Feenstra Verenigingen in Nijemirdum vervolg Soos Vz/pen Klaas Rienstra Secr Piet Rienstra Zanggroep Eigenwize vz secr pen Ank Wiering Gea Fijneman Rein Flapper Boerinnengroep vz Tiertsje Smink secr Corine Schep pen Willeke Veldman Kinderkoor Prelude vz vacant secr Jantsje Wierda pen Geeske Hendriks dirigent Roelien Braam Tuinclub vz Klaske Zwart secr Jantsje Akkerman pen Wieke Haarsma EHBO vz Esther Schilstra secr Idzard Pruiksma pen Annoesjka de Vries Toneelclub Inl. Coby Hospes 18
VERENIGINGEN IN NIJEMIRDUM vervolg Doarpsnijs De redaksje: Wiepkje Holtrop Coby Hospes Hedwig Beukens Annie de Kleine Jantsje Akkerman E-mailadres: redaksje.doarpsnijs@gmail.com Website: www.nijemirdum.nl Bij bestuurswisselingen en/of wijzigingen dit graag doorgeven aan Gerrie van der Veen roelofengerrie@gmail.com 0514-572019 Graag willen wij van elke secretaris een email adres ontvangen. Dit kunt u mailen naar roelofengerrie@gmail.com Lit jo hûntsje yn it bosk rinne en neist it paad stinne. 19
AGINDA 31 oktober : Halloween party 28 novimber : Sinteklaasjûn Elke 3e sneon fan e moanne wurdt it âld papier ophelle. IT FOLGJENDE KRANTSJE ferskynt op woansdei 25 novimber 2015 KOPIJ YNLEVERJE foar tongersdei 19 novimber 2015 by ien fan de redaksjeleden in e-mail stjoere kin ek: redaksje.doarpsnijs@gmail.com 20