DOARPSNIJS Nûmer 386 juny/july
|
|
|
- Sonja de Ruiter
- 9 jaren geleden
- Aantal bezoeken:
Transcriptie
1 DOARPSNIJS Nûmer 386 juny/july
2 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april De redaksje: Wiepkje Holtrop Lyklamawei Hedwig Beukens Hege Bouwen 2a Annie de Kleine Lyklamawei Jantsje Akkerman Lyklamawei Tiete Bangma Heaburgen Coby Hospes Lyklamawei adres: Website: It bestjoer fan Doarpsbelang: Yme Wiersma (voorz) Omrin Piet Rienstra (secr) Omrin Gerrie van der Veen De Hege Bouwen (penningmeester, bankrek. NL30RABO ) Sjoukje Kramer Wissebuurt Joop de Vries Lyklamawei Rienk Nadema Hege Bouwen Jaap Douwe Bokma Hoitebuorren Jeannet Bekedam Hoitebuorren adres buertplysje: [email protected] of 2
3 FERHUZE Hindrick Willem Strampel fan Heaburgen 1 nei Rinnert Anemastrjitte 5, 8651 AH yn Drylst. WIJKSCHOUW Een wijkschouw is een rondgang door het dorp met allerlei mensen die in dat gebied werkzaam zijn; dorpsbelangbestuur, buitendienstmensen, Ruurd Zijlstra (wijkbeheerder) en Klaas Knobbe (dorpscoördinator). Het dorpsbelangbestuur probeert de ogen en oren van Nijemirdum te zijn, maar we zien en horen niet alles en dus hebben we u als bewoners daarvoor nodig. Om punten op papier te krijgen kunt u bij het bestuur aangeven waar en welke veranderingen/ verbeteringen u in Nijemirdum wilt zien. De meldingen kunnen gaan over het groen dus perkjes maar ook overhangende takken, de straat, tegels, kuilen enz. Zie ook doarpsnijs van april. Alle meldingen worden tot een rondgang uitgewerkt en gepubliceerd in doarpsnijs. Samenwerken aan een betere leef- en woonomgeving onder het motto de wijk maak je met z n allen!. Dat is gedachte achter Dorpsgericht Samenwerken. Want de gemeente kan het niet alleen, maar de bewoners kunnen dat ook niet. Gemeente en bewoners hebben elkaar nodig om tot het beste resultaat te komen, dus is samenwerken het beste. De gemeente wil in alle dorpskernen deze manier van werken en denken invoeren. Eerder al startte het project in Balk. In september proberen we de wijkschouw te organiseren in Nijemirdum. Namens dorpsbelang, Piet Rienstra 3
4 NIJEMARDUMER VOLLEYBALTOERNOAI 2015 De lêste wike fan maaie wienen rom 61 minsken op it fjildsje foar it doarpshûs oer fanatyk oan it volleybaljen. No, fanatyk? De iene wol mear as de oare. Der wienen ek spilers dy' t mei de hannen yn ' e bûse yn it fjild stiene! Mar it wie wol opfallend dat hoe jonger de sporters wienen, hoe mear se yn alle bochten fleagen om de bal mar te rêden. Alhoewol der ek in inkele ' âldere' hast yn ' e spagaat lei om de bal yn e loft te hâlden. De earste jûn wie it kâld mar it wie wol droech. De teams dy ' t allegear de namme fan in Fryske sport hienen, wienen wol aardich kompleet. En Rinny Hoekstra, ús trouste supporter, hie fersterking krigen; der wienen mear minsken dy ' t dit spektakel net misse woenen. En doe de freeds; hurde wyn en rein! Net echt perfekt waar om in toernoai ôf te sluten. Mar ja, as de spilers sa graach wolle, wa binne wy dan om it ôf te lossen? Om oere stiene wy foar it doarpshûs; de iene mei noch mear klean oan as de oare, de paraplu op en mei de kuierskuon/ wurkskuon oan. It reinde wol mar wie it sa slim dat wy der net om balje koenen? Nei in ynspeksje fan it fjild dêr ' t gjin plassen stiene, gie it ljocht op grien en gie it oan. It wie al dreger om de bal op te heinen as tiisdei; de bal wie wiet en dêrtroch glêd. Hy glipte dan ek gauris troch de fingers. En net alle spilers ha ûnderfining mei dizze sport. In inkeling mei tran sport mar dat is toch wat oars. En it bleau net by in spatsje rein; it wetter kaam út en troch mei stjalpen út de loft mar der waard gewoan trochspile mei of sûnder wanten oan! Klasse! Doe' t wy ta wienen oan de lêste wedstryd, kaam it sintsje der noch troch en wie de reinbôge te sjen. Gelokkich is it toernoai sûnder blessueres ferrûn en nei ôfrin koenen wy ús hearlik opwaarmje yn it doarpshûs dêr' t Klaas de kachel al opstookt hie. De toulûkers en belslydjeiers hienen beide likefolle punten; wy moasten de setpunten mei elkoar ferrekkenje om fêst te stellen dat de belslydjeiers de earste priis fertsjinne hienen: Wieger Pietersma, Douwe Prins, Rintsje Draayer, Bennie Rienstra, Wouter Feenstra, Wytze de Roos en Annemieke v.d. Wal gienen mei in pear echte Fryske sokken nei hūs. De toulûkers: Tryntsje Dijkstra, Willem Hospes, Jan Holtrop, Jan Akkerman, Jelco de Roos, Joël Postma en Gert Jaap Runia, wûnen de ' vlugge Jappie's ', hearlike 4
5 reepkoeke. De tredde priis wie foar de kloatsjitters: Johnny Bosma, Riny Kramer, Evert Nadema, Tiertsje Hospes, Hendrik de Roos en in ynfaller. Foar harren wie der in droege woarst as priis. Fjirde waarden de skûtsjesilers, fiifde de fierljeppers, sechde de keatsers, sânde de ljipaaisikers, achtste de Fryske dammers en de poedelpriis, in knapsek mei sipels, gie nei de reedriders: Froukje Prins, Rinke Baukema, Wytze Rienstra, HJ Buter, Bart Baas, Meine Pietersma en Hendrik Hospes. It waard, mei troch de snackjes fan Klaas, noch gesellich en let yn it doarpshûs. It oare jier hoopje wy dat jim der allegear wer by binne en wolle der dan graach wat mear froulju by ha. Coby Hospes- Pietersma 5
6 HA JIM IT AL HEARD? It lêste krantsje foar de grutte fakânsje. Oer lyts 6 wiken sitte wy wer yn Frankrijk; wy ha der wer sin oan. Mar foardat it safier is, moat der noch hiel wat barre. Op skoalle binne se drok mei de musical oan de gong en yn de lêste wike ha se de skoalreiskes ek noch. Dus allegearre leuke dingen yn it foarútsicht. En fansels it doarpsfeest ek noch. Wy hoopje dat wy mei syn allen der wer in knalfeest fan meitsje. Ôfrûne snein hiene wy hjir al in knalfeest: Jan waard 50 jier! Fansels koe dat net in feestje wurde sûnder muzyk en lawaai. It waard in dei om nea te ferjitten en ik moast de sneintejûns foar it earst mei Abraham op bêd De oare deis kado s útpakke; it wie krekt as wiene wy wer troud.. De slachterijtafel lei fol mei guod.. Wat is dit? seit Jan as der in tas útpakt mei in grutte flesse deryn; eh ju dat is myn flesse fan lifelines, dy moat ik freed fol ha en bedankt. De bern ha op t heden hast gjin klean mear oan. Spikerhesjes sûnder mouwen en in himke derûnder. Dan sit ik mei in fest oan op de bank. Brrr bern sei ik tsjin Iris, doch waarme klean oan Nee Mem, wy binne HOT ja ja, tocht ik en moarn de noas wer fol snot.. Ik winskje jim in hiel moaie simmerfakânsje ta; hooplik mei moai waar. Dit wie it foar dizze kear, oare kear wer mear. Groetnis WTHP 6
7 ROMMELMERK Op sneon 23 maaie wie it wer safier: de rommelmerk, organisearre troch de lokaalferieniging. Heech tiid om dêr ris wat mear fan te witten. Op in moaie tiisdeitejûn set ik of nei de Hege Bouwen dêr t foarsitster Antje van Bommel my it ien en oare fertelle sil oer de organisaasje fan sa n rommelmerk. As ik it hiem opfyts komt Antsje my al temjitte en freget of ik earst ek sin ha om harren nije wenning yn oanbou te besjen. No dat lit ik my gjin twa kear sizze, en sa stappe wy efkes letter troch de riante pleats. Der moat noch in protte barre mar de wenning is sa goed as kasko-klear en is oan it ynbouwen fan alle romten ta. Antsje hâldt fan ljocht en dat is te sjen: troch de grutte ruten en skodoarren streamt de jûns-sinne yn e hûs. As wy efkes letter nei de units rinne, dêr t Antje mei har mannen no wennet fertelt se, dat sy, as alles mei sit, yn septimber nei de nije wente ferfarre. Binnen stiet de kofje al klear en ik set gau útein want it is sa stadichoan al moai let wurden. (mar dêr binne de trije jonges net rouwich om: hoe letter hoe better) Kinst wat fertelle oer de frijwilligers en de organisaasje fan de rommelmerk? Wy as lokaalferieniging kinne net sûnder ús frijwilligers en op sa n dei ha wy in man as 10 ekstra nedich. Minsken dy t mei trekker en wein der by langs gean om it guod op te heljen. By it doarpshûs stiet dan in ploech klear om alles út te sortearjen en te ferdielen oer de tafels, en de elektryske apparaten te testen. En fansels minsken dy t it guod ferkeapje. Wat wurdt it meast ferkocht? Dat binne dochs wol de húshâldlike artikels en boeken fansels. Dêr ha wy alle jierren wer in grut oanbod fan. It is faak sa dat de boeken dy t ferline jier kocht en lêzen binne no wer retoer komme. Frou Pietersma en Veltman ha der sels in eigen systeem yn. De iene set in krúske en de oare in streepke yn de boeken; sa witte sy wat se alris lêzen ha. Hoefolle minsken komme der sa n dei? Fan t jier wienen dat sa n 230, soms wat mear en soms wat minder. Wy hingje ek 7
8 affysjes op by de campings yn de omkriten en dêr ha we ek in protte oanrin fan. It is altyd de sneons foar Pinkster; minsken ha in lang wykein en fine it in leuk útstapke en keapje dan, hoe kin it ek oars, faak in boek. Bewarje jim ek wat foar it folgjend seizoen? Yn prinsipe giet alles fuort, mar wy ha al ris in antike linnenparse dy t net fuort gong op Merkpleats setten en dy doe foar in leuke priis ferkocht. De boeken geane nei it âld papier en de kringloopwinkel út Bolsward komt oan om it knapste guod der út te sykjen. De rest bringe wy nei it stoart; dat wie no noch fergees, mar wy witte net hoe t dat yn de takomst komt. En de gemeentesek fan 2 euro? Dat is ek in grut sukses: yn it lêste kertier kin men dy keapje en fol dwaan mei de net ferkochte hannel. Wy ha diskear sa n 50 sekken ferkocht en dan ha je foar in prikje noch prachtich guod. It is wol wat dat der dochs noch minsken binne dy t dy 2 euro net foar it goede doel oer ha en sels in sek fan hûs meinimme... Wat wie dit jier de opbringst? Om 12 oere geane wy mei de frijwilligers oan de patat. Dan telle twa man de opbringst en meitsje dy ek daliks bekend. Diskear wie dat 1427 euro, in prachtich bedrach. De opbringst is foar it doarpshûs: ha jimme dan ek in spesjaal doel? Dit jier wolle wy de keuken by it lytse sealtsje opknappe mei bygelyks in nije fritueze en in fornús. De subsydzjes wurde minder dus wy kinne dit jild goed brûke. Hast ek noch in leuke anekdoate? Alle jierren bart der wol wat; dit jier hie Ida Zeldenrust har sjaal efkes ôfdien en doe t se dy wer omdwaan woe hie Jeltsje Hoekstra him al ferkocht. Gelokkich wie de keaper gau achterhelle: it wie nammentlik Jeltsje har eigen mem. Wolst oars ek noch wat kwyt? Sa n rommelmerk is altyd in hiel wurk en sûnder ús frijwilligers is it net mooglik. Gelokkich ha wy noait in soad lijen om minsken te finen dy t ús helpe wolle en sis no sels: it resultaat mei der wêze! Jantsje 8
9 IT HIMD FAN T GAT In skoftke lyn krige ús redaksje mail foar it doarpsnijs fan in sekere Marjan Veenstra. Wa is dat? No juh, dy wennet yn ' e Wissebuurt, yn it hûs fan Pieter Otter. Oh, ja, de freondinne fan Earnst Veenstra. Sy sit yn de feestkommisje en fersoarget de pr. Miskien moatte wy Marjan ris freegje foar in ynterview sa flak foar it doarpsfeest. Mei dy opdracht fyts ik de Wissebuurt yn. Ik bin bliid dat der in heech sket stiet tusken de foardoar en de blaffer oan ' e oare kant. De doar yn ' t sket wurdt hieltyd wer hoeden tichtdien oars glûpt de hûn der miskien tuskentroch. It liket Marjan wol leuk om ynterviewd te wurden en sa kom ik in wike letter wer by de doar. Foardat ik troch de doar yn it sket gean, krij ik in warskôging fan Marjan om foaral gjin oandacht te skinken oan Nelson, dy' t ik al hearde of is it no oarsom; hearde Nelson my earst? Nelson is in Súd-Afrikaanske Rhodesian Ridgeback. In grutte, brune hûn mei in pronkrêch; in soarte hoannekaam. As ik troch it sket nei de stegerhouten túnset efterhûs rin, komt de hûn al blaffend oandraven. Ik doch as sjoch ik him net en ik ha de fierdere jûn gjin lêst mear fan him. Hoe ha jim dat oerdei as jim beide oan it wurk binne? Is Nelson dan allinnich? Nee, gelokkich net. Earnst, de man fan Marjan (se binne dus troud), dy' t in hoveniers bedriuw hat, nimt him oerdei mei yn ' e bus. Hond in t bakkie dus. Wy jouwe ús del op de loungebank bûten. It koe wol in plaatsje út in wentydskrift wêze, sa moai sjocht it der út! In trochsichtige oerkapping dêr' t in gerdyntsje foar skood wurde kin as de sinne tefolle skynt. Dat hoecht jûn net. Wy binne bliid mei de sinne en Marjan en Earnst kinne hjir fan e sinne genietsje oant dy ûndergiet. As ik it kâld krij, kin ik oan it toutsje lûke dat boppe myn holle bongelt. Ik sjoch omheech en sjoch in kachel hingjen dy t wy yn e dûs hingjen ha. Ik krij in lekker bakje kofje en dêrnei brân ik los. 9
10 Hoelang wennest hjir al? Sawat 3 jier. Earnst hat dit hûs yn 2009 kocht en hat, mei syn heit, 3 winters oan it klussen west. Dat is it foardiel fan in hofker. Yn ' e winter ha jo soks oan tiid. It is no wurden sa t se it graach ha wolle. De bûtenkant ha se mei stúkwurk as nij meitsje litten. Fielst dy hjir al wat thús? Ja. Wy wenje hjir prachtich en de minsken binne hjir tige mei-elkoar. Moast lang neitinke doe' st frege waardst foar de feestkommisje? Nee, einliks net. Hetty frege my en ik tocht fuort en daliks: dit is in moaie kâns om de minsken kenne te learen. En ik fyn it hartstikke leuk. Wy ha al aardich wat aktiviteiten organisearre: Halloween, de doarpsbarbecue, keningsdei en no drok mei it kommende doarpsfeest. Wêr bist berne? Yn Tjerkgaast. Letter binne wy nei Sleat ferhuze. Wat woest as bern graach wurde? Bistedokter. Watfoar oplieding hasto dien? Laboratoariumtechnyk yn Ljouwert. Dy oplieding duorre 4 jier. Mar ik kaam der efter dat dat it net wie foar my. Ik woe mear mei minsken wurkje en ha dêrnei noch ferpleechkunde studearre yn Grins, in hbo-oplieding. Watfoar wurk dochst? Ik wurkje as ferpleechkundige yn ' e psychiatry yn t Hearrenfean, op in High Intensive Care ôfdieling. Dy klinyk is ûnderdiel fan GGZ-Fryslân. Wat is dyn wurk konkreet? Ik sit by de krisisopfang: Minsken dy' t frijwillich opnaam wurde of mei twang trochdat se in gefaar foar harren sels binne of foar de minsken om har hinne. Wy besykje om wer wat struktuer yn harren libben oan te bringen troch te soargjen dat se goed sliepe, ite en medikaasje krije. Fynst it net lestich om dêrmei om te gean? Soms wol. As minsken agressyf binne. Net allinnich fysyk mar ek ferbaal. Ik fyn it ek hiel tankber wurk. Wêr meie se dy midden yn ' e nacht foar wekker meitsje? (Dêr hat Marjan net fuort en daliks in antwurd op. Earnst besiket hints te jaan mar Marjan komt sels mei in hiel orizjineel antwurd) In ein kuierje mei de hûn op in moaie, heldere jûn mei in ûndergeande of opgeande sinne! Wat is dyn grutste ergernis? 10
11 Sleauwens. Wat bedoelst dêrmei? Foar it wurk weirinne. Wurk foar in oar lizze litte. Hast ek in hobby? De hûn is myn hobby. En ik tennisje. Allinnich simmers, tink? Nee, yn ' e winter krij ik les. Watfoar t.v.programma's sjochst nei? Films en searjes sa as Gooise vrouwen. Hokke muzyk meist graach hearre? Ik ha in brede smaak. Mumford &Sons, Dubliners, Metallica. Ik gean oare wike nei Pinkpop. En Nederlânsktalich? Nee, dat mocht ek net draaid wurde op ús houliksfeest yn septimber. Allinne foar Guus Meeuwis meitsje ik in útsûndering. Ha jim in moai feest hân? Prachtich! ( ik sjoch it oan har gesicht as se der oer fertelt) Wy binne troud yn ' e teatertún yn Riis. It wie prachtich waar. Op it poadium ha wy elkoar ús ja-wurd jûn. Jûns feest yn Sleat. Wat is dyn favorite fakânsjeplak? Frankryk. Mar foarich jier binne wy nei Súd- Afrika west. Beide fertelle se oer wat se dêr belibbe ha ; mei in auto ha se it lân ferkend. Wylde bisten om harren hinne sa as sjiraffen en liuwen. Op in kear stie der in oaljefant midden op it paad dy ' t mei klapperjende earen op harren ôfkaam. Gelokkich bleau Earnst rêstich en stjoerde de auto der mei in bocht omhinne. It is in prachtich lân; de apartheid is dêr dan wol foarby, mar dat is net echt te merken. Alle lodges binne yn hannen fan ' e blanken en de swarten sitte noch altyd yn ' e tsjinstferlienende sektor. Wêr soest noch graach ris hinne wolle? Costa Rica stiet noch op ' e ferlanglist. (Jo moatte ek noch wat winsken hâlde, fansels) Wêr soest net sûnder kinne of wolle? Sûnder Earnst! ( dêr tinkst se net lang oer nei) Oan Earnst syn gesicht te sjen, kin hy ek net sûnder har. Wat fynst fan it doarpsnijs? Leuk. 11
12 Hast ek muoite om it Frysk te lêzen? Nee. Ik kin it allinnich net skriuwe. Wat fynst in moai Frysk wurd? Kreas. Watfoar iten makkest graach klear? Earpels en stamppot. Wy binne oan de ein fan myn fragelist kaam. It foel har mei. Se hie tocht dat ik ek noch begjinne soe oer de Rijdende rechter. Nee. Ik tocht dat jim dêr leaver net oer prate woenen. Jo moatte de âlde kij ek ris mei rêst litte. Se kinne wer goed mei de buorman. Myn each falt noch op in spreuk dy ' t bûten hinget. Keep kalm and walk the dog. Dy passet krekt by har. Ut en troch besocht Nelson wat tichterby my te kommen mar Marjan dirigearret him dan mei in simpele hânbeweging wer rêstich nei syn plak. Bedankt foar dyn gastfrijens en sukses by de tarieding fan it doarpsfeest. Coby OOK DEZE ZOMER FF DE BOER OP MET FF BOEREN! De zomer is in aantocht, dus organiseert FF Boeren!, na twee succesvolle eerdere edities, weer opendagen op de boerderij. FF Boeren! is een initiatief van LTO Noord, VVB Gaasterland e.o, Boerinnen van nu en de Agrarische Jongeren Gaasterland met als doel het platteland dichter bij de burger te brengen, te laten ervaren hoe het is op de boerderij. De verschillende vormen van landbouw zullen worden belicht d.m.v. het openstellen van zoveel mogelijk verschillende soorten bedrijven binnen de agrarische sector. Dit jaar doen er naast verschillende soorten melkveebedrijven ook een geitenboerderij mee, een paardenboerderij, een akkerbouwer en ook kan men oude tractoren bewonderen.de organisatie is er in geslaagd weer drie afwisselende routes samen te stellen op 23 juli, 30 juli en 6 augustus. Tussen en uur gaan 12
13 de deuren open en zijn er tal van leuke en leerzame activiteiten, voor jong en oud! Kom kalfjes aaien, geitenijs proeven, kijken bij het melken, lammetjes knuffelen en nog veel meer! De boeren staan klaar om u te ontvangen, rond te leiden en al uw vragen te beantwoorden! De deelnemende boeren kunt u hieronder vinden, maar ook op Ook op Facebook (FF Boeren) en Twitter (@FFBoeren) worden de deelnemers voorgesteld en blijft u op de hoogte van het laatste nieuws. Men kan de routes lopend (de routes verschillen wel in lengte!), per fiets of auto afleggen. Ook bij regenachtig weer zijn de routes prima te doen, er zijn immers allemaal binnenlocaties! FF Boeren! Voorzitter: Josien Tuinier De deelnemers van 2015: Naam: Adres: 23 juli Molen de Kaai J. Lolkema, Bolwerk Z.Z. 81 Sloten Fam. W. Veltman Lytse Jerden 2 Wyckel B. Dooper Delbuursterweg 17, Sondel Fam. W. de Vries Sondelerdyk 2 Sondel Fam. Deinum Sondelerleane 5 Sondel 30 juli Fam. J. Tuinier Harichsterdyk 14 Harich Fam. D. Koopmans Harichsterdyk 22 Harch Fam. R. Falkena Harichsterdyk 24 Harich Fam. D, A en J de Vries Harichsterdyk 54 Harich Fam. S, B en D.A. Frisbuorren 4 Harich Albada 6 augustus Fam. R. Altenburg Hege Bouwen 21 Nijemirdum Fam. P.J. Ferdinands Hoitebuorren 18 Nijemirdum Fam. S. Dooper Star Numanwei 11 Oudemirdum Fam. W. Eppinga Lyklamawei 6 Nijemirdum Fam. S. en J.D. Bokma Hoitebuorren 15 Nijemirdum 13
14 WA BIN IK? Dizze kear wer in protte reaksjes mar spitigernôch siet it goede antwurd der net by. Dit famke is Coby Hospes, en sy is hjir sa n 7-8 jier âld. De foto is makke neist skoalle by it hûs dêr t Coby no wennet, Lyklamawei 23. Coby har mem seach daliks dat it har dochter wie, mar begong letter te twifeljen. Dit famke hat it hier sa wyld om e kop en frou Pietersma die der moarns altyd in kreaze sturt of in flecht yn. Coby is berne op Nij Amerika nr. 8, mar doe t dat hûs yn 1960 ferkocht waard moasten sy der út. Foar need hat se doe mei har âlden en twa broerkes by pake en beppe yn it hok bivakkeare. Coby hat dêr it rinnen leard. Yn datselde jier binne se nei de kosterswenning foar de Hoekstien oer ferhuze. Nei tolve jier en trije suskes en ien bruorke fierder binne de Pietersma s ferhuze nei Lyklamawei nr. 61( it hûs fan pake en beppe). Pietersma hat dêr 3 jier oan it ferbouwen west en dat moast fansels neist syn wurk barre. Yn dit hûs is ek de benjamin Wieger berne ( hy wennet dêr noch altyd). Bakker Douwe kin efkes bykomme en wy smite der wer in moaie foto tsjinoan. Witte jim wa t dit jonkje is? Belje gau ; dat kin oant en mei sneon. Jantsje 14
15 VISWEDSTRIJD Op zaterdag 29 augustus van is dit jaar de viswedstrijd in de Sânfeart bij de Sânfeartshoeke. We vissen weer in twee klassen: Klasse 1: jeugd tot 14 jaar Voor deze klasse is een wisselbeker beschikbaar voor de winnaar en 3 prijzen ter waarde van 10.00, 7.50, en 5.00 voor de drie hengelaars met de hoogste totaallengte aan gevangen vis. Klasse 2: deelnemers vanaf 14 jaar Voor de winnaar uit Nijemirdum in deze klasse geldt dat de wisselbeker een jaar lang op haar/zijn schoorsteenmantel mag staan te glimmen. De regels zijn al jaren dezelfde: - er mag maar met één hengel per persoon worden gevist - er mag alleen met brood, wormen en maden worden gevist. - er mag niet worden bijgevoerd voor of tijdens het vissen (ook niet voor de wormen!) We hopen op mooi weer en veel deelnemers, dus jonges, famkes, pakes, beppes, heiten en memmen, haal de hengels en beantsjestokken weer van zolder en kom op zaterdag 29 augustus naar de Sânfeart! Bestuur Doarpsbelang 15
16 MINIBIEB IN NIJEMIRDUM Waar Hoitebuorren 31 bij Jan Dirk en Mieke in het kantoor vanaf half september open op de woensdagmiddag van tot Wat is de minibieb? De minibieb werkt vanuit het idee dat je de samenleving met elkaar leuker kunt maken. Leen niet alleen boeken, maar ruil er ook af en toe eentje. Als iedereen meedoet, kunnen veel mensen genieten van lezen en verstoffen boeken niet achterin de kast. Er zijn geen vaste regels voor wat een Minibieb precies is. Het gaat erom dat de Minibieb boeken uitleent aan mensen in de buurt of bezoekers van die plaats. En of de leners nu kunnen kiezen uit 100 of 5 boeken, dat maakt helemaal niet uit. Het gaat om het idee dat je met elkaar een plek beheert waar iedereen boeken kan lenen, ruilen of achterlaten. Met elkaar en voor elkaar dus. Ontstaan Steeds meer instellingen hebben last van de crisis of er wordt om andere redenen bezuinigd. Zo verdwijnen er steeds meer bibliotheken of moeten boekwinkels hun deuren sluiten. Tegelijkertijd zijn er steeds meer initiatieven van burgers voor elkaar. Samen een auto delen, planten ruilen, tegen een kleine vergoeding koken voor een ander en noem maar op. Minibieb sluit aan bij deze beweging. Wat is er mooier dan met elkaar in een buurt, bij een vereniging of bedrijf boeken te delen. Vaak staan ze in de kast nadat je ze gelezen hebt, maar met Minibieb kun je er iemand anders blij mee maken. En wie weet kom jij ook weer een mooie verrassing tegen in een andere Minibieb. Hoe doen we het in Nijemirdum In het kantoor van Jan-Dirk van der Tol en Mieke Koot komt een boekenkast te staan, deze hopen we te vullen met boeken uit het dorp. Iedereen kan boeken komen halen of boeken brengen. Je mag ook alleen boeken halen. De minibiep wordt aangemeld op zodat ook toeristen de biep weten te vinden. Vol is vol, we nemen geen boeken op voorraad. Vrijwilligers Wij zoeken vrijwilligers, jong of oud, die op woensdagmiddag de minibiep willen bezetten. Er wordt alleen van u verwacht dat u gezellig bent, een bakje koffie zet voor de gasten en de boeken terugzet. Een bakje koffie kost 0,50. Vooral ouderen 16
17 willen we vragen zich te melden als vrijwilligers. Verder zoeken wij nog paar handige handen, die met ons de boekenkast willen maken. Wij zorgen voor het materiaal. Heeft u interesse, bel dan even met Mieke Koot Met vriendelijke groet, Mieke Koot T: M: [email protected] en [email protected] SIZWIZE FAN DE MOANNE: SKOALLE: Úteinlik wurdsto dochs wa st sels bist. Loltsje 17
18 DE STIPERS Mei tank oan de folgjende minsken/bedriuwen kin Doarpsnijs elke moanne útbrocht wurde: Paul Baas Harmen en Lieske Bangma Albert en Jeannet Bekedam Bauke Beukens Harm van Bommel Jan Buma Johan A. Dijkstra Jelle Eppinga Arjan Hendriks Halbe Hielkema Tryntsje de Jong-Rienstra Ede Groenhof Cees en Johannes v.d. Meer Martin Mensonides Hendrik Postma Douwe en Froukje Prins Fam. K. Rienstra Runia Fourage BV Runia Transport BV Jan-Dirk van der Tol VandeLinde Associates Earnst P. Veenstra Annoesjka de Vries De Vries De Klussenbaas Camping De Groninger Melkveehouderij/luxe appartementen Garant Zaden VB administratie Buma Handel Dierenarts Boomkwekerij SDS Balk Startmotoren en dynamo s Bouw- en onderhoudsbedrijf Kapsalon Tryntsje Transportbedrijf/verhuizingen Van der Meer Mechanisatie Martin Service-onderhoud en reparatie mobiele werktuigen Motorenrevisie/reparatie Bakkerij Prins, Harich Beheerders dorpshuis (Klein)diervoeders, aardappelen enz. Transportbedrijf Feedcentre B.V. Journalistieke Producties Hovenier Pedicure Slagerij, Oudemirdum De famylje Kramer soarget derfoar dat it krantsje elke lêste tongersdei fan 'e moanne by de minsken thús komt. 18
19 AGINDA 25,26 en 27 juny : doarpsfeest 6 augustus : FF Boeren yn Nijemardum 29 augustus : fiskwedstriid Elke 3e sneon fan e moanne wurdt it âld papier ophelle. IT FOLGJENDE KRANTSJE ferskynt op tongersdei 27 augustus 2015 KOPIJ YNLEVERJE foar woansdei 19 augustus by ien fan de redaksjeleden in stjoere kin ek: [email protected] 19
DOARPSNIJS. Nûmer 384 april 2015 1
DOARPSNIJS Nûmer 384 april 2015 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 416 maart 2018
DOARPSNIJS Nûmer 416 maart 2018 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982.
DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1
DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,
KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER 2015 Beste leerkracht van de bovenbouw, De landelijke Dag van de Duurzaamheid vindt dit jaar plaats op vrijdag 9 oktober 2015. Door heel Nederland vinden,
DOARPSNIJS Nûmer 408 juny 2017
DOARPSNIJS Nûmer 408 juny 2017 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982.
nr. Januari 2008 www.destapstien.nl
Januari 2008 nr. 4 www.destapstien.nl Foarwurd Alle nijjierswinsken al lang wer achter de rêch, it skoaljier is twa wiken âld as ik dit skriuw. We sitte wer yn ús ritme, binne blij dat we by de waarme
DOARPSNIJS Nûmer 419 juny 2018
DOARPSNIJS Nûmer 419 juny 2018 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982.
DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber 2014 1
DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 421 septimber 2018
DOARPSNIJS Nûmer 421 septimber 2018 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.
Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 Is elk wittenskiplik ûndersyk wol wittenskiplik? 1 A 2 maximumscore 1 Omdat dat ûndersyk net foldocht oan (Piersma syn)
DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1
DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1
DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982.
DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1
DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
Eindexamen Fries havo I
Beoordelingsmodel De mearkarfragen hawwe in gewicht fan 1 punt. Foar fraach 3, 8, 9, 10, 11, 12, 13, 15, 18, 20, 21, 22, 24, 25, 26, 30, 32 en 33 jildt in maksimale skoare fan 2 punten. Alle oare fragen
Trijetalich ûnderwiis súksesfol
De Trijetalige Skoalle 1 Trijetalich ûnderwiis súksesfol Acht jier lang hawwe sân skoallen yn Fryslân meidien oan it projekt Trijetalige Skoalle. De resultaten wienen sa goed dat de projektskoallen graach
Merke 2015 Back to the 70 s
Merke 2015 Back to the 70 s Tongersdei - Donderdag Tongersdei 13 Augustus - Donderdag 13 Augustus 19.00 Back to the 70 s DISCO-PARADE Dit jier kinne alle bern fan de basisskoalle mei harren fersierde fiets
DOARPSNIJS Nûmer 361 maart 2013 1
DOARPSNIJS Nûmer 361 maart 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
Tomke makket in snieman
Tomke makket in snieman 2017 Tema Seizoenen dit boekje is in kadootsje foar alle pjutten en beukers yn Fryslân No foarlêze, letter sels lêze. Tegearre lêze is in simpele en fijne wize om mei dyn berntsje
DOARPSNIJS Nûmer 355 septimber 2012 1
DOARPSNIJS Nûmer 355 septimber 2012 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan
Tomke nei de biblioteek 2015 Tema Hoi Tomke www.tomke.nl www.gidsvoornederland.nl/bibliotheken/fryslân dit boekje is in kadootsje fan Foarlêzen en boeken foar jonge bern Boeken bringe in petear op gong;
DOARPSNIJS Nûmer 383 maart 2015 1
DOARPSNIJS Nûmer 383 maart 2015 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 412 novimber 2017
DOARPSNIJS Nûmer 412 novimber 2017 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 417 april 2018
DOARPSNIJS Nûmer 417 april 2018 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982.
DOARPSNIJS Nûmer 405 maart 2017
DOARPSNIJS Nûmer 405 maart 2017 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982.
DOARPSNIJS Nûmer 367 oktober 2013 1
DOARPSNIJS Nûmer 367 oktober 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 375 juny
DOARPSNIJS Nûmer 375 juny 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982.
DOARPSNIJS Nûmer 409 july 2017
DOARPSNIJS Nûmer 409 july 2017 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982.
DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber 2014 1
DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <
Ferwurkingen by LinKk 4 jannewaris 2009 tema: bisten & natuer > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Het thema van dit katern voor niet-friestalige leerlingen is Bisten en Natuer. Je leert van verschillende
www.mantgumermerke.nl
www.mantgumermerke.nl Op 13, 14 en 15 augustus sil it wer heve! Dan is it wer tiid foar de Mantgumer Merke! Jawis, wy as kommisje rinne al wer waarm foar de Merke. Noch in hiel skoft tinke de measte minsken,
Eindexamen havo Fries I
De mearkarfragen hawwe in gewicht fan 1 skoarepunt. Tekst 1 It klimaat fan Fryslân yn it jier 2030 1 maximumscore 1 Troch sâlt en swiet wetter by inoar lâns streame te litten. 2 maximumscore 1 It klimaat
Harkje, lêze en útspraak
Les1 Om te begjinnen Jonge kinderen leren spelenderwijs met gemak twee of drie talen tegelijk. Volwassenen moeten er vaak wat meer moeite voor doen. Dat neemt niet weg dat ook volwassenen in staat zijn
DOARPSNIJS Nûmer 411 oktober 2017
DOARPSNIJS Nûmer 411 oktober 2017 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
Herdenken - Jannes en Bea
Dodenherdenking 04 mei 2014. Bij het graf van William Robert Fisher op het kerkhof van Wirdum (Fr) In stilte kwamen wij bij elkaar op het kerkhof bij de Sint Martinuskerk in het centrum van Wirdum. Hans
DOARPSNIJS Nûmer 370 jannewaris 2014 1
DOARPSNIJS Nûmer 370 jannewaris 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 376 augustus
DOARPSNIJS Nûmer 376 augustus 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 362 april
DOARPSNIJS Nûmer 362 april 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 387 augustus
DOARPSNIJS Nûmer 387 augustus 2015 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
Correctievoorschrift VWO
Correctievoorschrift VWO 2007 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen
DOARPSNIJS Nûmer 406 april 2017
DOARPSNIJS Nûmer 406 april 2017 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982.
Annie de Kleine Lyklamawei Jantsje Akkerman Lyklamawei Coby Hospes Lyklamawei
DOARPSNIJS Nûmer 422 oktober 2018 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982.
Staatsexamen VWO 2014
Staatsexamen VWO 2014 Nederl Friese taal schrijfvaardigheid Tijdvak 1 Vrijdag 23 mei 09.00 11.30 uur College-examen schriftelijk Opgavenboekje Steatseksamen Frysk vwo 2014 tiidfek 1 Bijgaande examenopgave
KOLOFON. adres: Website:
KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982. De redaksje: Wiepkje Holtrop
DOARPSNIJS Nûmer 410 septimber 2017
DOARPSNIJS Nûmer 410 septimber 2017 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 364 juny-july
DOARPSNIJS Nûmer 364 juny-july 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1
Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1 Stavering: - s/z, f/v - g/ch - û/oe - u/ú/ue - dakjes - tusken-n - oergongs-w - faak foarkommende wurdsjes - i/y/ii/ie - soldaten-regel - twalûden en brekking - ij/ai/aai/y
Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân
Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân 1 B 2 C 3 maximumscore 1 Jagers kinne minder reeën, kninen en hazzen sjitte. Wolven
DOARPSNIJS Nûmer 382 febrewaris
DOARPSNIJS Nûmer 382 febrewaris 2015 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken!
Ferwurkingen by LinKk 1 septimber 2015 tema: minsken & moetingen > KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Opdracht 1 Welkom bij LinKk! Dit is het verwerkingskatern dat bij het eerste LinKk-tijdschrift
Cursussen Fries 2016-2017
afuk.frl Wolkom by de Afûk! Bent u in Friesland komen wonen en wilt u de taal graag kunnen verstaan? Of wilt u voor uw werk graag Fries kunnen spreken? Bent u Friestalig en wilt u het Fries graag leren
DOARPSNIJS Nûmer 398 july/augustus
DOARPSNIJS Nûmer 398 july/augustus 2016 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn
> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <
Ferwurkingen by LinKk 3 desimber 2015 tema: kommunikaasje > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Veel plezier met de opdrachten. Opdracht I Wurdspin Jullie kennen meer vormen van communicatiemiddelen
Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018
Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018 Bêste minsken ferbûn mei de gemeenten fan Westerwert en Mantgum, Yn dizze nijsbrief fine jim ynformaasje oer it tsjerklik libben yn de doarpen
DOARPSNIJS Nûmer 400 oktober
DOARPSNIJS Nûmer 400 oktober 2016 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 388 septimber
DOARPSNIJS Nûmer 388 septimber 2015 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
Friese taal schrijfvaardigheid
Staatsexamen VMBO TL 2016 Nederl Friese taal schrijfvaardigheid Tijdvak 1 Vrijdag 27 mei 13.30 15.00 uur College-examen schriftelijk Opgavenboekje 1 / 5 Schriftelijk college-examen schrijfvaardigheid Friese
TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga
TRUCKSTOP Drama/Thriller door LOT VEKEMANS Fryske oersetting Baukje Stavinga TONEELUITGEVERIJ VINK B.V. (Grimas Theatergrime verkoop) Tel: 072-5 11 24 07 E-mail: [email protected] Website: www.toneeluitgeverijvink.nl
Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)
Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Even voorstellen Henny Bosscha-van der Veen Woonplaats: Visvliet Geboortejaar: 1949 vrijwilligerswerk Nederlands,
DOARPSNIJS Nûmer 403 jannewaris 2017
DOARPSNIJS Nûmer 403 jannewaris 2017 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 420 july / augustus 2018
DOARPSNIJS Nûmer 420 july / augustus 2018 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn
Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.
Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 [email protected] Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel. 242212 [email protected]
DOARPSNIJS Nûmer 378 oktober 2014 1
DOARPSNIJS Nûmer 378 oktober 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007
De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007 Meidielingsblêd fan: Doarpsbelangen, Oranje feriening, Krite It Pompeblêd, Muzykfer. Excelsior, Martens Cantorij, Herv. en
KOLOFON. adres: Website:
KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982. De redaksje: Wiepkje Holtrop
Jannewaris 169 Nûmer 1/ 2015 Fiifentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.
Jannewaris 169 Nûmer 1/ 2015 Fiifentritichste Jiergong Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 [email protected] Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel. 242212 [email protected]
Jannewaris 154 Nûmer 1/ 2012 Twaentritichste Jiergong. Redaksje: Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel. 242212 dieta@knid.
Jannewaris 154 Nûmer 1/ 2012 Twaentritichste Jiergong Redaksje: Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel. 242212 [email protected] Pieter Hoogland De Lyts Ein 37 Tel. 241284 [email protected]
Onderduikers eren familie Easterwierrum.
2009 Onderduikers eren familie Easterwierrum. Foto LC / Marcel van Kammen Henri Blumenstein (links) en Les Tropp onthullen de plaquette. 'Broer' Theo Dijkstra kijkt toe. Koen Pennewaard Sicco Bruinsma
DOARPSNIJS Nûmer 352 maaie
DOARPSNIJS Nûmer 352 maaie 2012 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:
Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle: Ut: Ministerie OCW (2006), Kerndoelenboekje. Download: http://www.slo.nl/primair/kerndoelen/kerndoelenboekje.pdf a. Foarmje twatallen. Ien fan beiden toetst by de
DOARPSNIJS Nûmer 393 febrewaris
DOARPSNIJS Nûmer 393 febrewaris 2016 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 369 desimber
DOARPSNIJS Nûmer 369 desimber 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 368 novimber
DOARPSNIJS Nûmer 368 novimber 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
IK WOL GJIN OARE MEM (Ik wil geen andere moeder)
IK WOL GJIN OARE MEM (Ik wil geen andere moeder) In klucht fan ASTRID BAIJS en JAN TOL Fryske oersetting Gurbe Dijkstra TONEELUITGEVERIJ VINK B.V. (Grimas Theatergrime verkoop) Tel: 072-5 11 24 07 E-mail:
DOARPSNIJS Nûmer 413 desimber 2017
DOARPSNIJS Nûmer 413 desimber 2017 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga
Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga De leerlingen van klas 2Ga hebben de afgelopen weken een aantal mythologische verhalen te horen gekregen in de lessen Latijn en Grieks. Het was de hoogste tijd
> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <
Ferwurking by LinKk 2 novimber 2015 tema: & > KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Opdracht 1 Watfoar taal leare wy? 1 g 2 i 5 i 8 i Gebruik de app Wat Wurd It of website van Praat Mar Frysk om de
Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.
Examen HAVO 2014 tijdvak 1 maandag 26 mei 13.30-16.00 uur Fries Bij dit examen hoort een bijlage. Dit examen bestaat uit 33 vragen. Voor dit examen zijn maximaal 44 punten te behalen. Voor elk vraagnummer
MR/ Ouderraad it Pertoer
Nieuwsbrief MR/ Ouderraad it Pertoer November 2016 In dit nummer Ouders, bedankt!! Wat doet de MR Voorstellen ouders in de MR en OR Beste ouders. Schooljaar 2015-2016 - nr. 2 Ouders, bedankt! Bij deze
DOARPSNIJS Nûmer 381 jannewaris
DOARPSNIJS Nûmer 381 jannewaris 2015 1 Kolofon Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)
Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Even voorstellen Henny Bosscha-van der Veen Woonplaats: Visvliet Geboortejaar: 1949 vrijwilligerswerk Nederlands,
DOARPSNIJS Nûmer 390 novimber
DOARPSNIJS Nûmer 390 novimber 2015 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,
Datum: 28-09-18 Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou, Ien fan de talen fan Fryslân is it Stadsfrys, dat mei lytse ûnderlinge ferskillen praat wurdt yn de stêden Ljouwert,
DOARPSNIJS Nûmer 373 april
DOARPSNIJS Nûmer 373 april 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 380 desimber
DOARPSNIJS Nûmer 380 desimber 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 374 maaie
DOARPSNIJS Nûmer 374 maaie 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 391 desimber
DOARPSNIJS Nûmer 391 desimber 2015 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
DOARPSNIJS Nûmer 351 april
DOARPSNIJS Nûmer 351 april 2012 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april
Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.
Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van Rintje Lolkema I 3 februari 1938 2 februari 2016 In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016. Voorganger: Ds Dingena Hasper Diaken:
Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013
maart 2013 maart 2013 Hylke Speerstra De treastfûgel Hylke Speerstra It wrede paradys, it ferfolch Jaap Krol It fûgelgebed Gjalt de Groot It swetshok In Memoriam Hylke Speerstra De Treastfûgel Yn De treastfûgel
W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten
W I N T E R P R O G R A M 2 0 1 6-2 0 1 7 Oansletten Kriten 1 *************************************************************************** Adressen fan skriuwers fan oansletten kriten: ----------------------------------------------------------
kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk
www.afuk.frl kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk Ynhâld yn Nederlânsk en Frysk 1. De letter f 2. De letter s 3. De letters f en v 4. De letters s en z 5. De letter g
Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as
Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as âlder, mar ek foar alle oare minsken dy t te krijen ha mei bern yn twatalige (Frysk en Nederlânsk) of meartalige situaasjes (Frysk, Nederlânsk, in streektaal,
