DOARPSNIJS Nûmer 390 novimber

Vergelijkbare documenten
DOARPSNIJS Nûmer 416 maart 2018

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

DOARPSNIJS Nûmer 412 novimber 2017

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie

Eindexamen Fries havo I

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart

DOARPSNIJS Nûmer 419 juny 2018

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber

DOARPSNIJS Nûmer 408 juny 2017

nr. Januari

DOARPSNIJS Nûmer 361 maart

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber

DOARPSNIJS Nûmer 421 septimber 2018

Harkje, lêze en útspraak

Friese taal schrijfvaardigheid

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Tomke makket in snieman

DOARPSNIJS Nûmer 367 oktober

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber

Cursussen Fries

DOARPSNIJS Nûmer 383 maart

DOARPSNIJS Nûmer 355 septimber

DOARPSNIJS Nûmer 405 maart 2017

Herdenken - Jannes en Bea

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

KOLOFON. adres: Website:

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

Staatsexamen VWO 2014

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

DOARPSNIJS Nûmer 370 jannewaris

Correctievoorschrift VWO

DOARPSNIJS Nûmer 375 juny

Merke 2015 Back to the 70 s

DOARPSNIJS Nûmer 417 april 2018

DOARPSNIJS Nûmer 382 febrewaris

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

DOARPSNIJS Nûmer 376 augustus

DOARPSNIJS Nûmer 406 april 2017

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Annie de Kleine Lyklamawei Jantsje Akkerman Lyklamawei Coby Hospes Lyklamawei

Eindexamen havo Fries I

DOARPSNIJS Nûmer 400 oktober

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

DOARPSNIJS Nûmer 411 oktober 2017

MR/ Ouderraad it Pertoer

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

DOARPSNIJS Nûmer 409 july 2017

DOARPSNIJS Nûmer 381 jannewaris

KOLOFON. adres: Website:

DOARPSNIJS Nûmer 369 desimber

DOARPSNIJS Nûmer 413 desimber 2017

DOARPSNIJS Nûmer 398 july/augustus

DOARPSNIJS Nûmer 387 augustus

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken!

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018


W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

DOARPSNIJS Nûmer 362 april

DOARPSNIJS Nûmer 351 april

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

DOARPSNIJS Nûmer 403 jannewaris 2017

DOARPSNIJS Nûmer 378 oktober

DOARPSNIJS Nûmer 380 desimber

DOARPSNIJS Nûmer 368 novimber

Dodenherdenking 04 mei Bij het graf van William Robert Fisher en Corneslis op het kerkhof van de Sint Martinuskerk in Wirdum (Fr).

DOARPSNIJS Nûmer 388 septimber

DOARPSNIJS Nûmer 410 septimber 2017

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

DOARPSNIJS Nûmer 364 juny-july

DOARPSNIJS Nûmer 393 febrewaris

Jannewaris 169 Nûmer 1/ 2015 Fiifentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

IK WOL GJIN OARE MEM (Ik wil geen andere moeder)

DOARPSNIJS Nûmer 391 desimber

DOARPSNIJS Nûmer 352 maaie

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

STICHTING DOARPSKRANTE TERWISPEL

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

beeld op het noorden beelden van Jan Ketelaar

FERDWAALD YN NEW YORK (Lost in Yonkers)

Transcriptie:

DOARPSNIJS Nûmer 390 novimber 2015 1

KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982. De redaksje: Wiepkje Holtrop Lyklamawei 49 571310 Hedwig Beukens Hege Bouwen 2a 572278 Annie de Kleine Lyklamawei 34 571364 Jantsje Akkerman Lyklamawei 27 571889 Coby Hospes Lyklamawei 23 571855 E-mailadres: redaksje.doarpsnijs@gmail.com Website: www.nijemardum.nl It bestjoer fan Doarpsbelang: Jeannet Bekedam (voorz) Hoitebuorren 12 571597 Piet Rienstra (secr) Omrin 2 571866 Gerrie van der Veen De Hege Bouwen 23 572019 (penningmeester, bankrek. NL30.RABO.0305.2441.59) Sjoukje Kramer Wissebuurt 12 571785 Joop de Vries Lyklamawei 15 571956 Rienk Nadema Hege Bouwen 25 572101 Jaap Douwe Bokma Hoitebuorren 13 571328 E-mailadres buertplysje: dirk.hebing@friesland.politie.nl of www.politie.nl 2

BEDANKT! De collecte voor de Nederlandse Brandwondenstichting heeft dit jaar 291,95 opgebracht. Alle gevers/geefsters bedankt voor jullie bijdrage aan deze collecte. Griet Akke, Anneke, Gettje, Akke, Jantsje, Marijke, Brechtsje en Janny bedankt voor jullie inzet. Gettje en Gerda NIJEMARDUMMER BILJARTTOERNOOI LIBRÉ OPEN Voor het zevende jaar op rij wordt er weer een biljarttoernooi georganiseerd in het dorpshuis van Nijemirdum. ( max 120 deelnemers ) De opzet van het toernooi is om het laagdrempelig te houden en plezier staat voorop. Zodat iedereen aan het toernooi kan deelnemen. ( van jong tot oud, jongen of meisje, vrouw of man ) De deelnemers worden zoveel mogelijk op niveau bij elkaar in een poule ingedeeld. Ook is het mogelijk om je als viertal voor een poule op te geven. Het inschrijfgeld is 10,- p.p. Opgeven alleen bij Riny Kramer tel; 06-34297141 Op vrijdag 18-12-2015 starten de voorronden om 17.15 uur en om 20.30 uur. Op zaterdag 19-12-2015 starten de voorronden om 10.45 uur, 14.00 uur, 17.15 uur en om 20.30 uur. Op zondag 20-12- 2015 starten we om 10.30 uur met de knock-outfase. Dus geef je zo snel mogelijk op als je mee wilt doen. Riny Kramer 3

HA JIM IT AL HEARD? Wisten jim dat it doarpsbelang Nijemardum ôfrûne 7 oktober 80 jier bestie? Dat is al in hiel skoft. Hoe kom ik hjir sa bij? Ik wie begjin novimber op in feestje fan de buert. Nije Sintelbewenners hâlden in feestje om wat yn de kunde te kommen mei harren buertgenoaten. It wie in gesellige middei; sy krigen it boek Nijemardum sa t it wie oanbean en dêr stiet op de earste pagina dat it doarpsbelang op 7 oktober 1935 oprjochte is. Dus oer 20 jier ha wy grut feest; oeps, dan sit ik al yn de fut Healwei novimber ha wy mei in ploechje Nijemardumers in dei nei Texel west. Twa auto s fol mei minsken fan trochsnee. dik 80 jier. Wy ha it hiele eilân rûn west. Wat ha sy genoaten; ik hie harren sa graach efkes mei de bleate fuotten yn it sân ha wollen, mar sa fier koe ik se net krije. Yn Den Burch lekker efkes kofje dronken en noch wat winkele fansels ek by de Hema en Ter Stal want dy ha wy hjir net... Op de falreep ha wy ek noch by boer Jan sjoen fan Boer siket wiif. No Rianne is noch hieltyd by him hear; sy wie drok dwaande yn de melkstâl. Doe t ik frege wêr`t Jan wie sei se best wol in bytsje tipelsinnich Die is aan het werk! No ja, ik bin wol wend om Jan te roppen, mei der efteroan ite..eee! Dus ik rôp fan Jaaaaaaaannnn, wêr bist jonkje..?? No en dêr kaam hy de hoeke omfleanen, yn syn trekker. Och hearken, wat is it in lyts mantsje. Haahaa Jan, hoe ist jong? Ik wit net, hy moast earst ek efkes ûntteie want hy wie ek net sa praatsk. Ik leau dat wy it aardiger fûnen as sysels.. mar sy moatte der mar oan wenne om in BN- er te wêzen en ik kin sizze soks went wol hahaha. Noch efkes dit: no`t de dagen koarter wurde, wurde se foar guon minsken ek wer langer. Sille wy mei-inoar foar-inoar soargje dat de dagen wat ljochter wurde? It binne faak de lytse dingen dy`t him dogge Dit wie it wer foar dizze kear oare kear wer mear. Groetnis WTHP 4

OMVORMING IN HET OPENBAAR GROEN Er zijn weer een aantal kaarten, waaronder Nijemirdum, klaar waarin de omvorming in groenperken staat aangegeven. De kaart van Nijemirdum van de omvormingen hebben we in het mededelingen hokje gehangen. Bij de Omrin wordt beplanting weggehaald en komt er gazon voor in de plaats. Verder wordt het gazon langs het eerste gedeelte van Heaburgen bermgras en komen er in een aantal vakken andere beplanting Als aangegeven in de notitie Een andere kijk op het groen in de openbare ruimte kunnen initiatieven van burgers, via Plaatselijkbelang, aan de gemeente worden aangeboden. Deze initiatieven dienen collectief te zijn voor bijvoorbeeld; straten, buurten, wijken of gehele dorp. Voordat we met de feitelijke uitvoering aanvangen zullen wij een standaard brief bij de aanwonenden in de bus doen met de strekking dat we binnen 7 dagen aan gaan vangen met de werkzaamheden. Uiteraard zullen we de link www.defriesemeren.nl/groen actueel houden. Via deze link komt u bij Nijemirdum terecht. http://www.defryskemarren.nl/inwoners/in-uwwoonplaats_41425/rubriek/nijemirdum_2259.html Dorpsbelang Nijemardum OPROEPJE In Joure kan een cursus edelsmeden starten als er voldoende deelname is. Ook als je nog geen enkele ervaring op dit gebied hebt en het lijkt je erg leuk om een keer een cursus te volgen, ben je welkom. Het zou op donderdag ochtend zijn, vanaf januari 10x twee en half uur voor iets minder als 200 euro. Els Vastenburg geeft het aan huis en wil met 4 cursisten starten. Vroeger gaf ze les het via het "toanhus" in Joure. Zelf volg ik enige tijd een cursus in Drachten, maar dat is wel erg ver. Dus als we een groepje uit Nijemirdum en omgeving bij elkaar kunnen krijgen zouden we 5

naar Joure kunnen. Informatie kan je bij mij krijgen over wat zo n cursus ongeveer inhoud. Groetjes Tieda Peereboom, Heaburgen 32, Nijemirdum Tiedap@hotmail.com of tel. 06-25387133 CARBID SCHIETEN OP OUDEJAARSDAG? Carbid schieten is een traditie die in principe verboden is. We willen deze traditie op oudejaarsdag echter wel in ere houden. De burgemeester kan daarom gebieden aanwijzen waar carbid schieten, onder voorwaarden, is toegestaan. Meld de locatie op tijd aan voor toestemming! Voor iedereen die op oudejaarsdag in gemeente De Fryske Marren wil carbid schieten moet een locatie doorgeven aan de gemeente. Carbid schieten mag alleen op oudejaarsdag tussen 10.00 uur en 17.00 uur, op de daarvoor aangewezen locaties. Aanwijzing van locaties gebeurt alleen na aanmelding voor toestemming. U kunt uw locatie aanmelden tot uiterlijk 10 december door het invullen van het formulier dat u op de website van DFM vindt via deze link, beveiligd.defryskemarren.nl/welkom/nieuws_42357/simform/form/step/melding -carbid-schieten/voorwaarden-0-3 Dorpsbelang Nijemardum 6

WA BIN IK? Doe t Grietsje Rienstra (fan grutte Piet) it doarpskrantsje iepen sloech en deryn it fotoriedsel beseach tocht se nee mar, dat koe ik wol wêze... Wa hat dat no dien? Gelokkich holp Piet har gau út de dream en fertelde dat hy de foto ynstjoerd hie. Och ju sei Grietsje hie my mar efkes frege, ik ha noch wol in foto dêr t ik wat âlder bin, dit is wol dreech hear! En sa wie it ek, mar ien telefoantsje en wol fan Sietske Strampel. Sy tocht it is Sjoerdsje van der Wal, mar it is sa mar in greep hear, ik wit it echt net. Dit famke is dus Grietsje Rienstra en op dizze foto is sy fiif moanne âld. De foto is makke op de boarkerij fan har âlden op Hoitebuorren 3 dêr t Grietsje har broer Jan Douma no noch wennet. Diskear wer gjin sûkerbôle, en dat moat oars fansels want Douwe Prins is hielendal fan de lêch! Doch jim bêst, wa o wa is dit jonkje? Binne jimme der út? Belje gau nei nummer 571889. Dat kin oant en mei sneon. Jantsje 7

IT HIMD FAN IT GAT Der binne no al ferskate Nijemardumers dy' t har gelok sykje oan de oare kant fan de wrâld en dêr dan hingjen bliuwe. Wat is dat, wat harren driuwt? Wat misse wy? Ien fan ús doarpsgenoaten dy' t in goed jier lyn de stap nei it fiere lok makke hat, is Harmen Kramer. Soan fan Riny en Sjoukje dy t op e Wissebuurt nûmer 12 wenje. Harren âldste dochter Tineke dy t no krekt befallen is fan dochter Ilse Sjoukje Johanna hat ek in skoftke reizge; se hat ferskate kearen nei Afrika west, wêrûnder mei Mercy Ships nei Guinee en dêrnei noch nei Ghana. Sus Meta en Harmen ha ek al nei Ghana west. Trije reislustige bern. Wat hat Sjoukje eartiids yn it iten dien? Of komt it fan de Kramerkant? Harmen is no in skoftke thús en it like my wol aardich om him in tal fragen foar te lizzen. Dêr kin ik net sa lang mei wachtsje want as dit krantsje ferskynt, is Harmen al wer Down Under. Hoe âld bisto? Op 15 novimber is it myn jierdei en wurd ik 23. Watfoar oplieding hast dien? Sivile technyk, dat is in 4 jierrige hbo-stúdzje. Wat kinst dêrmei? Allinnich op kantoar? Nee, dat hoecht net. Kinst ek wurkje yn ' e wegebou, fundearringen meitsje of wurkje yn ' e havens. Ik ha staazje rûn as wurktarieder en kaam sadwaande ek wol op ' e bou. Foarich jier bist ôfsetten nei Austraalje; wannear wie dat? Op 23 septimber, earst foar in heal jier. Hoe kaamst dêr sa by? Ik hie noch gjin sin om fulltime te wurkjen nei't ik myn diploma helle hie. Ik koe wol in master dwaan, mar wêryn? Dat wist ik net sa goed. In reis meitsje like my ek wol wat. Wat lokke dy? 8

Ik hearde in soad ferhalen fan bekenden oer Austraalje, de moaie natuer en in soad backpackers geane dêr hinne. Doe 't ik foarige simmer mei de World Servantsgroep nei Ghana wie, trof ik Nikos Leijenaar. Dy hat in skoftke as learaar wurke oan de Stapstien. Dy hie gjin wurk yn it ûnderwiis op dat momint en gie wer nei Austraalje. Hy hie dêr alris earder west en reizge mei Australian Backpackers. Australian Backpackers? Dat is in Nederlânske organisaasje dy ' t jongeren op wei helpt mei praktyske saken sa as in fisum, reisfersekering, fleantickets, bankrekken, gids ensf.. De earste 5 dagen yn Sydney soargje se foar in hostel en ha se in programma gearstald. Do krigest û.o. surfles en giest nei de Blue Mountains. Bist der allinnich hinne gien? Ik reizge mei in groep fan 22 minsken nei Austraalje dy t allegearre fia de Australian Backpackers ôfsetten mar ik koe der gjinien fan. Op it fleanfjild seach ik se foar it earst. Spannend! Ik fûn al gau in maatsje. Wy ha dêr daliks tegearre in auto kocht en binne op reis gien. Wy ha 5 moanne mei syn twaen op en út west. Koene jimme wat maklik oan wurk komme? Jawol. Mar wol faak tsjin kost en ynwenning. Of allinnich foar ynwenning; dan fertsjinnen wy wat jild foar iten. Mar as wy oan it reizgjen wiene, slepten wy yn e auto. Watfoar wurk hast dien? Wy ha 3,5 moanne op in kofjeplantaazje wurke. Dat wie op in hiel grutte buorkerij. Wy moasten fergif spuitsje, ûntúch sykje of de soan fan e boer helpe bij de bou fan syn hûs. Moai wurk? Ja, best wol. Wy begûnen om 6 oere moarns en om 10 oere hâlden wy alwer op. Dan wie it te hyt om te wurkjen. Wy wurken 6 dagen yn e wike. Wat diest nei tsienen? De dei moast einliks noch begjinne. Dan gongen wy te swimmen. Of te snorkeljen of wetterskye. Fan Sjoukje hie k al heard dat Harmen dêr in Japansk famke troffen hat. Hy praat der oer as is dat hiel gewoan mar neffens my moatte jo dêr as âlders wol efkes oan wenne. 9

Hoe hjit se? Keiko; sprek út as keko. Sy wurke ek op de buorkerij, op de kofjeplantaazje. Sy is barista. Neffens Wikipedia is in barista in fakman of -frou dy t him/har dwaande hâldt mei it meitsjen fan Espresso en lyksoartige dranken sa as Cappuccino. Kinst it fergelykje mei wynpriuwe, seit Harmen. Hoe kommunisearje jimme? Yn it Ingelsk. Se hat ek yn Kanada west foar in jier dus dat is gjin probleem. En hat sy dy al wat Japansk leard? Harmen lit in pear sintsjes hearre. Knap, hear! Hy kin my fansels alles wiismeitsje mar it klonk wol Japansk. En kinst it ek lêze? Dat falt ôf. It Japansk hat trije alfabetten mei 56 tekens mar ik wol it al leare. Ik sil in kursus folgje. En do? Hast har al wat Frysk bybrocht? Nee, wol Nederlânsk. Dat is no spitich! Mar heit en mem kin se al sizze. Oh, gelokkich mar. Dêr kin se mei skoare. Doe bist dyn maatsje dy t mei dy meireizge kwytrekke, tink? Wy ha ôfskied naam en doe ha ik noch 3 moanne reizge. Dêrnei bin ik nei it suden gien dêr t Keiko wenne. Wy binne doe byinoar wenjen gien. Wy ha 5 moanne yn Melbourne west. Dêr koe ik yn in kafee yn Melbourne oan t wurk. Ik moast donuts besoargje ( wer ris wat oars as kranten) de ôfwask dwaan en kofje servearje. Hast ek noch nei Nij Seelân west? Ja, noch in moanne. Albert Menno Laffra wie dêr mei in freon fan skoalle op staazje en wy ha mei ús trijen trije wiken troch it lân reizge. Lykje dy lannen op inoar? Nee, Nij Seelân is lytser mei mear ferskaat oan natuer. Kwa natuer is Nij Seelân folle moaier. Binne der ek ierdbevingen yn Austraalje? 10

Nee, mar wol orkanen. Wy soene nei it Fraser Island dat leit oan de Eastkust, dêr t in soad toeristen komme mar bedarren yn Brisbane. Wy hearden dêr dat der in dei letter in orkaan oan lân komme soe, flakby Fraser Island. Poeh, neat yn e gaten? Nee, wy folgen it nijs net sa en hiene net oeral wifi. Wy ha der letter ek net mear west. Hoe ferrint it kontakt mei it thúsfront? Fia Whatsapp en wy skype ien kear yn ' e moanne. No bist wer werom. Hoe is dat? Komst oars werom dan datst fuortgien bist? Ja, ik bin wol feroare mar ik wie wol gau wer wend. Doe t ik wer thús op de bank siet wie it krekt as hie ik nea fuort west mar ik fyn it ek wol leuk om selsstannich te wêzen. Ik ha ek nea ûnwennich west. Hoelang bliuwst hjir? Sa n seis wiken. Wêr sjochst it meast nei út ast dêr aansten wer bist? Myn freondinne fansels en de minsken dêr. Se binne dochs oars. Hjir is folle mear stress en de minsken seure mear. As se dêr skoft ha, geane se efkes nei it kafee en faker út iten. Yn Melbourne fertsjinnest folle mear as hjir en minsken binne hiel gastfrij, benammen yn lytsere doarpkes. Der wie ek in doarpke dêr t de minsken ûnder de grûn libben omdat it oars te hjit wie. Wat silst it meast misse? Famylje en freonen. Hoe sjochst dyn takomst? Ik bliuw straks oan april ta yn Austraalje en dêrnei geane wy nei Japan. Dêr mei ik op syn heechst 3 moanne bliuwe. Of do moast in wurkfisum ha. Keiko kin dan net wer werom nei Austraalje want oars moat sy in wurkkontrakt tekenje foar 3 jier. En dan? Dan komme wy nei Nederlân. Ik wol besykje om wurk te finen en dan sykje wy in plak om te wenjen. Mar Keiko mei hjir ek mar trije moanne bliuwe mei in toeristefisum. Dêrom moatte wy in ferbliuwsfergunning oanfreegje. Of se moat fêst wurk fine. No, Sjoukje, kin sy de kranten net foar dy dwaan? Wat fine dyn âlders fan dyn aventoer? Heit fynt it hiel moai wat ik doch, mem ek wol mar se binne ek hiel bliid dat ik wer werom bin. 11

Folgest it Nijemardumer nijs ek? Fansels fia myn âlders mar wy hiene it earste healjier gjin Nederlânsk nijs folge. En it doarpsnijs? Nee. Dat falt my wat ôf. Kinst it oeral folgje, wêr st ek bist. Woest fierder noch wat kwyt? Harmen hat al safolle ferteld mar hat noch wol in goede rie.ast de kâns krigest en net witst watst dwaan silst, gean op reis. Mei in groep of allinnich. Ha wy nei dizze oprop fan Harmen straks in nije rubryk yn ús doarpsnijs? Wer efkes op e pôle of Leafde oer de grins of Ik gean op reis en wa giet mei? Of Nijs út it bûtenlân? Sjoukje hat ûnderwilens de soerkoal mei spekjes klear; it rûkt hjir sa lekker. Ek Minke is thúskaam en fynt it hjir hearlik waarm. Der stiet in nije palletkachel te brânen yn e keamer; kinst dy sa hjit of kâld sette ast wolst en hy soarget sels dat hy wer brânstof kriget. Ja, der is fan alles te keap mar de moaiste dingen yn it libben binne fergees. Dat wit Harmen no ek. Coby SNIEFRIJ HÂLDE FAN STOEPE EN PAADSJE Elk nij jier stiet der by it doarpsbelang yn it draaiboek dat der in stikje yn t doarpskrantsje moat oer it sniefrij hâlden fan stoepe en paadsje nei jo brieve-bus. Twa jier lyn ha ik dêr it APV (dat is de algemiene pleatslike feroardering) byhelle. Ferline jier de Europeeske wetjouwing, mar wat ik ek betink, it wol net snije. Soe it oan myn stikjes lizze dat it net snije wol, of oan Piet Paulusma? Wês no earlik: wat ha wy oan in waarman dy t net soargje kin foar snie en iis. Oer iis praat, wy hoopje wol dat wy dit jier de iisbaan iepenje kinne troch der op te riden, ja op redens fansels. By my thús wei is it noch in ein rinnen en ik wol my de skonken net brekke foar t ik by de iisbaan bin, dus graach de stoepe skjin feie as der snie leit. Is jo buorman/frou mankelyk dan efkes trochsette en dat stikje ek meinimme. 12

Dorpsbelang Nijemardum OALJEKOEKEN Jimme rekkenje der tink wer op dat wy oaljekoeken bakke op âldjiersdei. Moai, wy rekkenje der wer op dat jimme se keapje! Komt dat wer prachtich út, no? Wy bakke wer efter de eardere slachterij op Lyklamawei 49; gean gewoan mar wer op de lucht ôf. Jo kinne dêr terjochte fan 9-12 oere. Wy bakke wer foar it goede doel. Wat it goede doel is, dêr binne wy no noch net út mar wy meitsje it dan wol buorkundich. Kosten: 10 oaljekoeken foar 6 euro. Binne jo net mear sa fluch of leit der in meter snie? Hinderet neat, wy besoargje FERGEES! Om der wis fan te wêzen dat jo dy deis oaljekoeken ha, kinne jo se fan te foaren bestelle. Dat kin troch it strookje hjirûnder yn te leverjen op Lyklamawei 23, 49 of 61 of Hege Bouwen 1. Mar skilje kin ek fansels: 571855, 571310, 571955. Oant sjen! Freark, Boâke, Wieger, Wiepkje en Coby ------------------------------------------------------------------------------------------------------ Namme:... wol graach...oaljekoeken mei rezinen/krinten wol graach...oaljekoeken sûnder rezinen/krinten Ik helje se sels wol/net op. Bestelle graach foar 27 desimber! HOE MEER OLIEBOLLEN, HOE MEER VREUGD! 13

DOKTERKE BOARTSJE De fan bankrôf fertochte Arie fan Zanten, efternei sitten troch de plysje, rint it earste gebou yn dat hy tsjinkomt. Ut in kast pakt hy in wite jas en lûkt dy oan. As hy it gebou ferlitte wol, komt hy haadsuster Gerda tsjin, dy ' t mient dat de plakferfangende dokter Fan Vliet oankommen is. Omdat der hieltyd plysjeauto' s yn ' e buert omride, bliuwt der foar Arie neat oars oer as 'Dokterke boartsje', mei alle betiisde gefolgen. De Nijemardumer toanielklup is drok dwaande dit stik fan Carl Slotboom yn te studearjen om jimme op sneon 12 maart 2016 yn it doarpshûs sjen te litten hoe' t dit ôfrint. Set de datum alfêst op de nije kalinder of yn jimme telefoan want dit blijspul yn trije útkomsten is de muoite wurdich! De toanielklup It ljocht skynt altyd yn it tsjuster 14

DE STIPERS Mei tank oan de folgjende minsken/bedriuwen kin Doarpsnijs elke moanne útbrocht wurde: Paul Baas Harmen en Lieske Bangma Albert en Jeannet Bekedam Bauke Beukens Harm van Bommel Jan Buma Johan A. Dijkstra Jelle Eppinga Arjan Hendriks Halbe Hielkema Tryntsje de Jong-Rienstra Ede Groenhof Cees en Johannes v.d. Meer Hendrik Postma Douwe en Froukje Prins Fam. K. Rienstra Runia Fourage BV Runia Transport BV Jan-Dirk van der Tol VandeLinde Associates Earnst P. Veenstra Ruerd Vellinga Annoesjka de Vries De Vries De Klussenbaas Camping De Groninger Melkveehouderij/luxe appartementen Garant Zaden VB administratie Buma Handel Dierenarts Boomkwekerij Garagebedrijf Hendriks Bouw- en onderhoudsbedrijf Kapsalon Tryntsje Transportbedrijf/verhuizingen Van der Meer Mechanisatie Motorenrevisie/reparatie Bakkerij Prins, Harich Beheerders dorpshuis (Klein)diervoeders, aardappelen enz. Transportbedrijf Feedcentre B.V. Journalistieke Producties Hovenier Vellinga werkschoenen en -kleding Pedicure Slagerij, Oudemirdum De famylje Kramer soarget derfoar dat it krantsje elke lêste woansdei fan 'e moanne by de minsken thús komt. 15

AGINDA 28 novimber : Sinteklaasjûn 18 19-20 desimber : Nijemardummer biljarttoernooi 12 maart 2016 : Toaniel Elke 3e sneon fan e moanne wurdt it âld papier ophelle. IT FOLGJENDE KRANTSJE ferskynt op woansdei 30 desimber 2015 KOPIJ YNLEVERJE foar woansdei 23 desimber 2015 by ien fan de redaksjeleden in e-mail stjoere kin ek: redaksje.doarpsnijs@gmail.com 16