DOARPSNIJS Nûmer 380 desimber

Vergelijkbare documenten
KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april

DOARPSNIJS Nûmer 416 maart 2018

Eindexamen Fries havo I

DOARPSNIJS Nûmer 408 juny 2017

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart

DOARPSNIJS Nûmer 421 septimber 2018

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

nr. Januari

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber

Harkje, lêze en útspraak

DOARPSNIJS Nûmer 419 juny 2018

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

DOARPSNIJS Nûmer 361 maart

Staatsexamen VWO 2014

DOARPSNIJS Nûmer 383 maart

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber

Tomke makket in snieman

DOARPSNIJS Nûmer 405 maart 2017

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

DOARPSNIJS Nûmer 367 oktober

DOARPSNIJS Nûmer 355 septimber

DOARPSNIJS Nûmer 412 novimber 2017

Friese taal schrijfvaardigheid

Eindexamen havo Fries I

Merke 2015 Back to the 70 s

DOARPSNIJS Nûmer 411 oktober 2017

DOARPSNIJS Nûmer 370 jannewaris

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Correctievoorschrift VWO

DOARPSNIJS Nûmer 375 juny

DOARPSNIJS Nûmer 417 april 2018

Annie de Kleine Lyklamawei Jantsje Akkerman Lyklamawei Coby Hospes Lyklamawei

Cursussen Fries

DOARPSNIJS Nûmer 387 augustus

Herdenken - Jannes en Bea

KOLOFON. adres: Website:

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

DOARPSNIJS Nûmer 368 novimber

DOARPSNIJS Nûmer 381 jannewaris

DOARPSNIJS Nûmer 413 desimber 2017


TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

DOARPSNIJS Nûmer 400 oktober

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga

Onderduikers eren familie Easterwierrum.

DOARPSNIJS Nûmer 362 april

IK WOL GJIN OARE MEM (Ik wil geen andere moeder)

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:

De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

DOARPSNIJS Nûmer 382 febrewaris

Karin Idzenga & Jan Calsbeek Als je aan mij denkt ben ik er

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

DOARPSNIJS Nûmer 393 febrewaris

DOARPSNIJS Nûmer 398 july/augustus

DOARPSNIJS Nûmer 376 augustus

DOARPSNIJS Nûmer 406 april 2017

DOARPSNIJS Nûmer 391 desimber

DOARPSNIJS Nûmer 410 septimber 2017

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

DOARPSNIJS Nûmer 403 jannewaris 2017

KOLOFON. adres: Website:

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

DOARPSNIJS Nûmer 364 juny-july

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

Landschap van toevalligheid

DOARPSNIJS Nûmer 388 septimber

Jannewaris 154 Nûmer 1/ 2012 Twaentritichste Jiergong. Redaksje: Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel

DOARPSNIJS Nûmer 390 novimber

DOARPSNIJS Nûmer 369 desimber

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Sneon 5 july e Jiergong nû. 2126

DOARPSNIJS Nûmer 373 april

DOARPSNIJS Nûmer 352 maaie

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst.

De Open Bedrijvendag Ferwoude is een initiatief van vereniging van dorpsbelang Ferwoude in het kader van het 100-jarig jubileum.

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter

FERDWAALD YN NEW YORK (Lost in Yonkers)

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Dodenherdenking 04 mei Bij het graf van William Robert Fisher en Corneslis op het kerkhof van de Sint Martinuskerk in Wirdum (Fr).

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

DOARPSNIJS Nûmer 378 oktober

Transcriptie:

DOARPSNIJS Nûmer 380 desimber 2014 1

KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982. De redaksje: Wiepkje Holtrop Lyklamawei 49 571310 Hedwig Beukens Hege Bouwen 2a 572278 Annie de Kleine Lyklamawei 34 571364 Jantsje Akkerman Lyklamawei 27 571889 Tiete Bangma Heaburgen 26 571980 Coby Hospes Lyklamawei 23 571855 E-mailadres: redaksje.doarpsnijs@gmail.com Website: www.nijemardum.nl It bestjoer fan Doarpsbelang: Yme Wiersma (voorz) Omrin 1 571557 Piet Rienstra (secr) Omrin 2 571866 Gerrie van der Veen De Hege Bouwen 23 572019 (penningmeester, bankrek. NL30RABO0305244159) Sjoukje Kramer Wissebuurt 12 571785 Joop de Vries Lyklamawei 15 571956 Rienk Nadema Hege Bouwen 25 572101 Jaap Douwe Bokma Hoitebuorren 13 571328 E-mailadres buertplysje: dirk.hebing@friesland.politie.nl of www.politie.nl 2

STOARN Op desimber is stoarn dhr. P. Montulet, hij wenne op Nij Amerika 5. FERHUZE Fam. Ensing fan Omrin 36 nei Grintfisker 13, 8567 LN yn Aldemardum. Fekke Aukema en Klaasje Beuckens fan Lyklamawei 81 nei Talmapark 1, keamer 104, 8561 DD yn Balk. BEDANKT Hjirby wol ik elkenien tanksizze, dy t oan my tocht hat by myn ferbliuw yn it sikehûs en by myn thúskomst. It wie geweldich. Ek winskje ik elkenien noflike krystdagen en in lokkich nijjier. Teatske Veen-Stegenga, Omrin 26 BEDANKT Via deze weg wil ik iedereen hartelijk danken voor alle kaarten, telefoontjes e.d die ik heb ontvangen na mijn operatie. Inmiddels ben ik gelukkig weer helemaal de oude. Hartelijke groet Jeltsje Hoekstra Spoelstra 3

BEDANKT Ieder jaar vindt in de eerste week van november de collecte voor Alzheimer Nederland plaats. De collecte is belangrijk want het draagt bij aan meer wetenschappelijk onderzoek. Fijn om te weten dat in Nijemirdum de opbrengst 258,04 was. Dank aan Brechtje en Henk, Hanneke, Jannie, Marijke, Wiepkje en Theo. En dank aan alle gevers. Namens Alzheimer Nederland, Rina de Lange HA JIM IT AL HEARD? It krantsje fan novimber wie noch net iens út en doe hie ik alwer stof foar it lêste krantsje fan dit jier. Ik skriuw snein 23 novimber, 23.15 oere.. Ik bin yn de baaikeamer: de eagen derút, toskpoetse.. hee, hear ik Jan roppen? Dy leit oars ek al in skoftke. Wiep, ik hear hynders Och leave skat wa wit bringt hy dy jûn wat yn de skoech sis ik tsjin him. Nee echt seit Jan ik hear hoeven op de dyk. Dat ik foar it raam. Ik hie de linzen der al út, mar ik koe dochs dúdlik 4 fryske hynders rinnen sjen. Se snobben hearlik fan de (fergese) andyvje fan Piter en Diete. As de wjerljocht flean ik nei bûten ta. By Koning baarnt noch ljocht en by de Buters ek Hynders op de dyk rop ik mei myn sêfte stim. Mei de helptroepen fleane wy de Wissebuurt yn. Beitske foarby rinne se rêstich hinne en wer. Marijke Postma hie se ek al ûntdutsen en dy hie 112 al oan de line : 4 friese paarden lopen hier op de weg.. Weet u zeker dat ze zwart zijn? wurdt der oan de oare kant frege.. Friese paarden zijn meestal zwart meneer Undertusken binne Meine en Margreet belle en dy komme al gau mei tou en helters. 4

Nee, dizzen binne net fan my seit Meine, mar ik nim se wol mei.. Mar hoe?? No gewoan rinnende. Fjouwer hynders en twa minsken? Meine sjocht my oan Nee Meine, ikke net, ik nim de Mercedes wol mei nei de Bouwen..! Dat sa rûnen Meine en Margreet nachts om tolf oere mei 4 hynders oer de Lyklamawei. Roely der efteroan mei bûslampe en ik ik fielde my de sherrif fan Nijemardum mei de stjerre net op it boarst mar op de motorkap. Meine hie in prachtplakje foar de bisten; dêr ha sy moai de nacht trochbrocht. De oare deis is hy oer de dyk setten nei syn neef.. en dêr blieken de hynders fan te wêzen. Hy hie se yn in stik lân by de Sânfeart rinnen dêr fûnen se it blykber te tsjuster. No noch efkes wat oer de gevonden voorwerpen. Earst dy prachtige skoech yn de berm tusken de singels, letter de stofsûger by my foar hûs en no in rollator yn de Bremer Wyldernis. Hearkenminsken, wa goait dy no yn e bosk? Anouk hie him al sinjaleare by it ponyriden. It is krekt sa`n ien as beppe sei se. Lei der dan net ien yn in groppe ofsa? Nee, dat hie se net sjoen. Dat wy der hinne fansels en echt wier, midden yn e bosk by in ruterpaad leit in rollator; wol stikken, de beide helten lizze der noch Ik ha der in foto fan makke. Foar de handymen ûnder ús: kom mar efkes del foar it presise plak, miskien is der noch wat fan te meitsjen.. It lêste krantsje alwer fan dit jier. Wat giet de tiid hurd teminsten foar ús. Ast siik of allinnich bist dan sil dat wolris ôffalle. Ik winksje jim hiel noflike krystdagen ta en in hiel sûn nij jier. Tink ek dan wer om in oar. Dy sil der dan ek foar dij wêze. Dit wie it foar dizze kear, oare kear wer mear. Groetnis WTHP 5

NIJS FAN IT DOARPSBELANG Wy hawwe jimme in skoftke ferlyn op e hichte brocht oer de Nijemardumer iisbaan en sa t jimme miskien al sjoen hawwe, krijt dy al foarm. Oanpassings binne needsaaklik oan it parkearterrein, om it wetter net fuortrinne te litten. As jimme dit krantsje krije, is it al safier klear, dat der by foarútsichten op froast, it wetter der op kin. It is geweldich dat it hiele doarp dit mooglik makke hat, troch de iisbaan tige te stypjen. De teller stiet no op goed 1300 euro út Nijemardum en noch hyltiid komt der jild binnen. Jeften binne noch wolkom en kinne stoarten wurde op rek.nr. fan it doarpsbelang u.f.f. stipe iisbaan, of kin jûn wurde oan ien fan de bestjoersleden. Alle stipers tige tank!! Ek hawwe ús gemeente en de provinsje stipe troch in bijdrage fan streekjild. Stifting Bas Backer út Harich hiene wy ek oanskreaun foar stipe. Sy wiene tige entûsjast oer ús plannen en beaen jild oan foar de iisbaan en joegen ek noch in romme bijdrage foar banken om op te binen, prachtich! Wy hoopje dat wy gau de earste baantsjes lûke kinne yn ús doarp. Mocht der in pear dagen froast foarsein wurde, dan giet it wetter der op en as de iisbaan iepen is foar it doarp, dan hinget de flage oan it doarpshûs. Ride is foar elkenien frij. Bestjoer doarpsbelang Piet Rienstra 6

WA BIN IK? It sil him wol oan de Sinteklaas-stres lizze, want ek dizze kear allinnichmar ferkearde antwurden sa as: Janny Postma, Coby Bokma, Maartje Wildeman of dochs Anneke Draayer? Dit blonde famke is Akke Luinenburg en op dizze foto is sy sa n 2 jier âld. Akke is berne yn Wurdum en troch it wurk fan har heit ( by de N.S.) ferhuze sy fia Ljouwert nei Uithuizen yn Grinslân. Har âlden kochten doe in caravan en gyngen dermei op fakânsje yn Aldemardum op camping Elfbergen dêr t doe de famylje Eisen de septer swaaide. Yn dy tiid gong Akke dêr ek wol mei freondinnen hinne te kampearjen en ja hoe gie dat, dêr kaam Jan dan ek wolris del. Mar net foar lang want om âlf oere kaam Eisen mei it boadskip dat de besite nei hûs moast. Jan sette dan mar ôf om dêrnei mei in grutte ombocht troch de bosk wer by Akke foar de caravan te stean. No binne se al wer hiel wat jierren in pear en al 42 jier koster. En hoe kin it ek oars: se meie noch altyd graach kampearje. Dan no in makje? Wa is dit jonkje? Belje gau 571889 Dat kin oant en mei sneon. Jantsje 7

OPRICHTING VAN DE VERENIGING VAN DORPSBELANG Het bestuur van Doarpsbelang Nijemardum heeft zich de laatste vergaderingen gebogen over het onderwerp vereniging. De vereniging van dorpsbelang is opgericht op 7 oktober 1935, maar zonder statuten of huishoudelijk reglement. Haar positie is tot nu toe dus niet wettelijk geregeld. Er zijn twee mogelijkheden om een vereniging op te richten: - Ten eerste kan een groep mensen een vereniging oprichten, waarbij de leden zich laten leiden door een (huishoudelijk) reglement. (Enkele jaren geleden is door dorpsbelang onderzocht of er een reglement aanwezig is. De vraag is toendertijd voorgelegd aan dhr. P. Bode, jarenlang voorzitter. Hij wist te vertellen dat er geen reglement aanwezig was. Ook is hierover niets te vinden in het archief.) -De tweede mogelijkheid is dat een bestuur een vereniging kan oprichten binnen wettelijke kaders, waarbij statuten worden vastgelegd en waaraan een huishoudelijk reglement wordt gekoppeld, goedgekeurd door de leden. Het bestuur is van plan dit laatste te regelen. Het betekent dat de leden van dorpsbelang van de op te richten vereniging van Doarpsbelang Nijemardum de statuten moeten vaststellen en vastleggen bij de notaris. Het huishoudelijk reglement is daarbij het werkdocument, in overeenstemming met de statuten. Daarna zal de vereniging zich kunnen inschrijven bij de Kamer van Koophandel. De vereniging van dorpsbelang zal de komende periode wettelijk de vereniging Doarpsbelang Nijemardum worden. De reden voor de oprichting is het aangaan van steeds meer activiteiten op commercieel gebied door het bestuur van dorpsbelang. Nu zijn bestuursleden hoofdelijk aansprakelijk, wat kan leiden tot onwenselijke situaties. De vereniging heeft in de nieuwe situatie meer recht van spreken naar instanties en overheden. Verder is het mogelijk juridische procedures te voeren. Dit alles is alleen mogelijk als de vereniging officieel is opgericht. Voor de goedkeuring van de statuten en het huishoudelijk reglement zijn de leden belangrijk. Zij moeten in een ledenvergadering hun goedkeuring geven. Op de eerstvolgende ledenvergadering van 4 februari a.s. is dit dan ook een agendapunt. 8

Voor de tekst van de concept-statuten en het huishoudelijk reglement is informatie ingewonnen bij Doarpswurk. Ook heeft notaris Nicolai uit Balk de tekst aan de wettelijke eisen getoetst. Het bestuur is van plan de tekst van de concept-statuten in januari op de website te plaatsen. Halverwege die maand volgt het huishoudelijk reglement. Voor leden die niet beschikken over een computer ligt een exemplaar klaar bij één van de bestuursleden. Doarpsbelang Nijemardum Yme Wiersma NOCH BIJ JUF Krekt neidat Sinteklaas wer fuort is ha Ik in ôfspraak mei Hendrik Eppinga, âldste soan fan Jelle en Hetty. Hendrik wennet yn de Wissebuurt op nr. 25 mei syn broerkes Arjan en Idwer. As ik oanbelje docht hy sels de doar iepen. Hy hat der sin oan, jout my in hân en seit: Hoi, ik bin Hendrik Postma Hy is slop fan it laitsjen. Dat sei Wiepkje ommers altyd tsjin ús: Hendrik Postma en Benjamin Eppinga. Ja dat is ek sa, ik draaide se altyd om en dan skreauden se as ik it wer ferkeard sei:.. lache.. Hendrik miende froeger ek altyd dat ik de baas wie fan it boarterstúntsje omdat ik dêr altyd omspaande mei myn eigen bern en oppasbern. Wylst Benjamin en Arjan op de bank sitte mei de i-pad op de knibbels en Mem Hetty yn de keuken omspaant, geane wy los mei de fragen. Hoe âld bisto? Acht jier. Ha jim húsdieren? Nee, mar ik soe wol graach in kavia ha wolle. 9

Yn watfoar groep sitsto? Yn groep 4 by juf Geeske en Juf Iris en aanst nei de krystfakânsje komt juf Tiny wer werom. Hoe fynst it op skoalle? Wol leuk. Fan e moarn hiene wy in krystworkshop, dat wie hiel leuk. Ik ha in kryststikje makke op in dakpanne en woe ek wol graach in krystbeam seagje mar dat mocht net. Sy tochten seker dat ik dat noch net koe, mar ik kin echt wol seagje hear (juffen snappe dêr ek neat fan jong) Wat fynst it ferfelendste fak op skoalle? Taal, dêr fyn ik neat oan. Ik bin faak as lêste klear.. (dêr baalt hy fansels ek fan). Praatst altyd frysk? Ja meastal wol, mar op skoalle moatte wy altyd Nederlânsk prate. (oan syn gesicht te sjen is hy der net bliid mei). Wat wolst letter wurde? Proffuotballer. (dêr hoecht hy net lang oer nei te tinken) By hokke club tinkst, Cambuur? Nee dat sowieso net. Ik hoopje fan by Barcelona of Bayern Munchen. Ik hoopje wol dat Messi en Robben dêr dan ek noch by spylje. As ik net trochbrek dan wurd ik boer.. Wat fynst leuke tv programma`s? Spongebob. Dat sjoch ik faak bij Wybren, want hjir thús fine se der neat oan.. En sneins foar studio sport. Wat fynst leuk om te lêzen? Arjen Robben-boeken, dy lizze boppe op myn sliepkeamer. Wat fynst moaie muzyk? Salsa.. Salsa? dûnsest der dan ek by? Nee!! Hendrik rint nei de kompjûter en siket it ferske op; as ik it hear dan komt it my wol bekend foar..fleurige muzyk hear, ik kom suver wer yn de fakânsje-stimming. Enne.. muzyk fan de Hûnekop fyn ik ek wol leuk, Jappy Kommandoooo. Hast ek in muzykynstrumint? Nee mar ik wol letter wol graach op drummen. Fan ús Mem mei ik no noch net omdat ik twa kear yn de wike traine moat. (ja fansels, ast prof wurde wolst dan moatst in soad traine) Dochst ek oan sport? 10

Ja ik sit op fuotbal by Nok yn E-2. Leuk team? Ja, wy spylje hiel goed. Spitigernôch binne wy no wol út de beker! Watfoar boartersguod fynst it moaist? Siku trekkers, dêr boartsje ik wol faak mei. As de mais derôf giet, dan komme hjir allegear jongens en dan sykje wy mei yn allen mais en pelle wy it yn de hut. En dan boartsje wy der mei de trekkers en sa mei. Dat is altyd hartstikke leuk. Fan Sinteklaas ha wy in Wii krigen mei Fifa 15. Dat kinst al goed? Ja, ik doch it ek wolris mei Heit, mar dy is der noch net sa goed yn. Boartest ek wolris bûten? Ja, hiel faak. Wy fuotbalje dan mei syn allen yn it boarterstúntsje of krosse mei de skelters. Wat fynst it lekkerste iten? Patat! Makaroany fyn ik ek hearlik en sjampinjons dêr bin ik ek gek op. (echt)? Helpst Heit of Mem wolris? Ja, Heit wol op de sitmeaner en soms op de trekker. En no moatst Mem ek helpe fansels mei it ferkeapjen fan de krystbeammen? Hy knikt. Wat fynst hiel leuk om te dwaan? Hendrik tinkt nei en sjocht my oan mei syn moaie wimpers. Nei in pretpark fyn ik altyd hiel leuk. Ik soe ek wol graach nei de Efteling wolle, mar neffens my ha se dêr allegear fan dy mjitlatten, dêrst dan ûnder stean moast, no dan mei ik dochs nergens yn. (Hendrik is noch net sa grut) Nee, dan kinst better efkes wachtsje jonge, want oars is it ek sa spitich datst allinne mar nei de python sjen meist. Wêr fynst echt neat oan? Taal, spelling en taaltoets. (syn gesicht sprekt boekdielen). Kin it dy wat skele watfoar klean ast oan hast? Soms wol, bloeskes fyn ik freeslik. Ah jong, dy hast allinne mei de kryst oan. Nee, dan ek net en dan ha ik leaver de trainingsbroek oan. Hast ek op fakânsje west? Ja nei Súd Limburch, dêr sieten wy yn in caravan fan myn omke. Op camping De Schoonbron no mem? Hetty sjocht derfan op dat Hendrik dat noch wit.. 11

Wie wol in leuke camping mar net in grut swimbad. Wy ha ien kear nei in grut wetterpark west. Dat wie hiel leuk en der wienen wol 10 swimbaden. Dat wie oant no ta it leukste yn myn libben sucht Ast no in winsk dan meist wat soest dan winskje? Eh dat wit ik net. nee echt net? Okee, dan soe ik wol in filla ha wolle neist Wiepkje.. Us buorlju ha it hûs te keap No, dan sko ik dat plat en set ik dêr in hiel grutte filla op mei in grut swimbad. Oh dan mei ik ek wolris komme? Ja tuerlijk. No soe ik noch wol graach in foto fan dy meitsje wolle. Nee, dat ha ik leaver net. Dan hat jim Mem grif noch wol in moaie? Yn myn skuon hie ik in fuotbal-fotolistke krigen, dat stiet boppe op myn keamerke. Wol Wiepkje efkes sjen? Ja fansels jonge. Tegearre geane wy hiel stil by de trep op, want Idwer leit noch te sliepen. Oh jonge wat ha jim in moaie keamer, mei in prachtich buro en in hiel moai ljocht mei ôfstânsbetsjinning. Dat wol ik ek Hendrik fljocht wer nei ûnderen om te freegjen wêr t dat ljocht weikomt, want Wiepkje wol ek sa`n ien. Ik gean nei hûs mei prachtige ideeën en kin net wachtsje wannear t syn grutte filla boud wurde sil. Wiepkje Lyklamawei 51? SINNICH MEI SINNE In het vorige dorpskrantje kondigden we al aan dat we graag een nieuwe avond beleggen om Nijemirdum verder te verduurzamen. Deze datum is inmiddels vastgesteld op 15 januari 2015. Vanaf 20.00 uur bent u weer van harte welkom in ons dorpshuis. 12

Deze avond zal Henry Mentink van MyWheels ons meenemen in de wereld van het autodelen en de deeleconomie. Zeker in onze regio, die relatief minder goed bedeeld is met openbaar vervoer, kan een deelauto een uitkomst zijn. Stel je voor, geen vaste lasten meer voor je tweede auto die meestal stilstaat, en toch beschikken over een auto wanneer je er een nodig hebt. Of je eigen auto verhuren om zo de kosten er van te drukken. Henry Mentink kan u er alles over vertellen en uw vragen beantwoorden. En het verhaal kan natuurlijk breder getrokken worden dan alleen de auto. We hebben immers heel wat spullen in huis die meer dan 360 dagen per jaar ongebruikt plaats innemen. Het nieuwe concept Village Trade Center sluit hier nauw bij aan. Op de sites van www.mywheels.nl en www.veerhuis.nl kunt u, als u dat wilt, alvast kennis maken met dit gedachtegoed. Het tweede deel van de avond zal de leverancier van onze zonnepanelen, Huub Zonderland, terugblikken op ruim een jaar opwekking van zonne-energie in Nijemirdum. Daarin komt uiteraard ook het vervangingstraject aan de orde en zullen we zo mogelijk met wat getallen ons aandeel in een duurzame energievoorziening inzichtelijk proberen te maken. En natuurlijk is er voor hen die alsnog in willen stappen om met zonnepanelen energie op te gaan wekken de mogelijkheid om dat te doen. Wij als commissie helpen u daar graag bij. Daarnaast willen we deze avond graag gelegenheid bieden om ervaringen te delen tussen en met mensen die hun kruipruimte hebben geïsoleerd. Hoort en zegt het voort! Hoe meer zielen, hoe meer duurzaamheid, hoe meer vreugd. We zien u graag op 15 januari. Commissie SmS Rienk, Roelof en Ronald 13

WISSEBUURT/OMRIN 30KM/UUR ZONE Er kwam van een buurtbewoner een vraag binnen Bij dorpsbelang of er een woonerf van de Wissebuurt/Omrin gemaakt kan worden, omdat er veel kinderen zijn die het fietsen nog niet helemaal onder de knie hebben en problemen hebben met de verkeersregels. Deze vraag hebben we dan ook aan onze dorpscoördinator voorgelegd en het blijkt dat in het Gemeentelijk Verkeers- en Vervoersplan van voormalig Gaasterlân-Sleat er al een voornemen was om in de woonwijk (Wissebuurt en Omrin) van Nijemirdum een 30 km/uur zone in te stellen. Aangezien we wel willen dat er draagvlak is voor deze aanpassing hebben we de aanwonenden een brief met informatie hierover bezorgd en om een reactie gevraagd. Mocht het plan doorgaan, waar het nu wel op lijkt uit de reacties van de bewoners tot nu toe, dan zal een verdere invulling en verschillende aanpassingen uitgewerkt moeten worden. Dit laatste betreft vooral het aantal verkeersborden en de plaats waar ze moeten staan. Verder zullen de T- splitsingen aangepast moeten worden. Namens dorpsbelang, Piet Rienstra KLAVERJASTOERNOOI Maandag 29 december, start half 3. Inloop vanaf 2 uur. Opgave kan nog t/m 27 dec. 12 uur. Kosten 15,- incl koffie met koek, snert met roggebrood en spek en belegde broodjes We klaverjassen om de sfeer en niet voor de prijzen!!! Spelleider Hendrik Rienstra 0623125527 Klaas en Harmke 14

OALJEKOEKEN-AKSJE/OLIEBOLLEN-ACTIE Noch in pear dagen en dan is dit jier alwer om. Noch in pear dagen en dan sille wy wer oan it oaljekoekenbakken. Ha jo al besteld? It kin noch, mar wachtsje net te lang. Foarige moanne wie it doel noch net hielendal bekend. No wol. Wy bakke foar de itensbank, better bekend as de voedselbank. Sa as jim miskien wol witte, ropt Omrop Fryslân elkenien op om aksjes te betinken of boadskippen te bringen. Yn Fryslân libje der ek in soad minsken yn earmoede. Alle 14 dagen kinne se in voedselpakket krije om harren troch de tiid te helpen. Dêryn sitte de needsaaklike boadskippen sa as bôle, griente, fruit ensfh. Ek yn Súdwest Fryslân is der in itensbank. Yn oerlis mei harren sille wy de opbringst fan ús aksje besteegje. Wy sjogge jim graach op 31 desimber op Lyklamawei 49. Fan 9 12 oere kinne jim de oaljekoeken ophelje. Oant dan! OLIEBOLLEN VOOR HET GOEDE DOEL MAKEN NIET DIK ZE GEVEN ENKEL EEN GOED GEVOEL! DORPSHUIS Natuurlijk is het dorpshuis weer open op oudejaarsnacht. Elkaar een gelukkig Nieuwjaar toewensen kan ook op 1 januari 2015, s middags zijn we dan open vanaf 5 uur. Klaas en Harmke 15

IT HIMD FAN IT GAT As ik by frou Eppinga oan gean om har tefreegjen foar it himd fan it gat, is se suver wat ferheard. Sy hat dochs net safolle te fertellen? Mar ik mei komme en as ik dat doch dan blykt wol dat dizze frou seker wol wat te fertellen hat. Fetsje Eppinga is 76 jier en wennet op Heaburgen 4. Har man Hendrik is omtrint njoggen jier lyn ferstoarn. Tegearre ha se trije bern krigen: Akkerins, Wilbert en Jelle. En no is sy de grutske beppe fan 6 beppesizzers. Wêr binne jo berne? Op e pleats by de golfbaan BurgGolf yn Legemar. Doe t ik in heal jier wie binne ús heit en mem nei de Wâlden ferhuze, nei Olterterp, en dêr ha ik myn jonge jierren trochbrocht. Nei 23 jier bin ik der weigien. Us heit en mem binne dêrnei ek ferhuze, dus doe lei Olterterp efter ús. Ha jo ek noch mear bruorren en susters hân? Wy wienen thús mei syn fiven. Ik bin de âldste en de jongste kaam 23 jier letter as my. Sy hie myn dochter wêze kinnen. As bruorren en susters ha wy net sa n soad oan elkoar hân. Tusken de oaren siet ek noch wol in pear jier en it leeftydsferskil wie gewoan te grut. Ik wie de doar al út doe t myn jongste suster berne is, en de âldsten hienen ek al ferkearing. Watfoar oplieding ha jo dien? Ik ha de N-19 oplieding dien. N-19 moatst mei Romeinske sifers skriuwe. De N- XIX oplieding wie in oplieding foar lânbou-/húshâldlearares. It wie hielendal net de bedoeling dat ik dy oplieding dwaan soe. Ik hie de Mulo dien en doe wie der yn Drachten de foarmingsklasse, dêr moasten jo mei begjinne en dat fûn ik wol leuk. Doe in oplieding fan 2 jier, wat ek leuk wie, en dêrnei gongen we 9 moanne yn praktyk (net op staazje, sa t it no jit) en dan wiene je húshâldkundige yn in sikehûs of sa. As je dan noch twa jier trochlearden koene je learares wêze. En dat wie in echte boeredochtersoplieding. In pittige oplieding! Dêrnei moasten je noch Pedagogyk dwaan, sadat je it foech hiene om les te jaan. Al mei al hat de hiele oplieding 5 jier duorre. Ik wie 22 doe t ik der klear mei wie. Ha jo ek as learares oan it wurk west? Ja, ik ha 3 ½ jier yn Droegeham oan de húshâldskoalle stien. Mar doe kaam ik tot de ûntdekking dat ik einlings gjin learares wie. Myn kollega s seinen ek allegear: do hast altyd ferhalen oer de buorkerij. Yn de oplieding hie ik destiids alris sein 16

dat de foarljochting my moai ta like en doe ha ik sollisitearre en bin ik yn 1964 yn Gaasterlân telâne kommen as húshâldlik foarljochtster yn e Streekferbettering Gaest en Klif yn e ruilferkaveling Gaasterland en Warns. En hoe moat ik jo oandiel dêr dan yn sjen? No, do moatst it sa sjen. In ruilferkaveling Goait in hiel gebiet oer de kop. Troch subsydzje(mansholt) waarden de Boerebedriuwen stimulearre om har te ûntwikkeljen. Der wienen noch in soad sânpaden en doe kaam der elektrisiteit, wetter en gas. Fansels gie de foarein mei. Wy begûnen mei praatgroepen foar de boerinnen en hiene koffers mei tekeningen, flierbeklaaing, gerdinen, folders oer húshâldlike apparaten en sa by ús. De Brekkenpolder wie it begjin (alles gie dêr doe noch oer t wetter). Op in hiel soad pleatsen waard myn advys frege by nij- of ferbou. Der kamen foarbyldprojekten dêr t men hinne koe te sjen. As lêste wie der de foarbyldwenning fan de famylje Smits yn Sondel. Ien kear yn it jier gongen we op ekskurzje. De lêste kear wie ik allinne mei wol 100 froulju op stap nei Noard Hollân. We ûntfongen boeren en boerinnen út oare gebieten. Ik joech kursussen. Ik ha in soad djipfrieskursussen jûn. Balk hie destiids noch in sintrale djipfriesklûs; dêr hierden de minsken in laad by it suvelfabryk en dan moasten se leare hoe t je griente en fleis en sa ynfrieze moasten. Dêrnei begûn it wurk wat ôf te nimmen en moasten we omleard wurde ta ekonomysk/sosjaal foarljochter. We moasten de minsken de relaasje tusken húshâlding en bedriuw leare. Want do kinst foar op de pleats wol in soad ferbouwe, mar kin de brune it efter ek lûke? Ik ha der in freeslik soad foar leare moatten. Bedriuwsekonomyskboekhâlden, notarisrjocht, sosjale foarsjenningen, stúdzjebeurzen en erfrjocht en neam mar op. Neist de foarljochting ha ik 5 jier 1 dei yn e wike les jûn oan e húshâldskoalle yn Koudum. Want as it projekt ôfrûn wie, koe ik werom nei it ûnderwiis. Hoe binne jo jo man dan tsjinkommen? Yn t wurk. Hendrik wenne mei syn mem op de pleats en gong nei in kursus en dy joech ik mei in lânboufoarljochter. Hy hie my alris faker sjoen. Wy hâlden ek wol tentoanstellingen en dêr kaam Hendrik ek wol. 17

Doe t de bern kamen, binne jo ophâlden mei it wurk? Wy wienen troud en doe waard my frege, hâlde jimme no ek op? Want it wie gebrûklik dat troude froulju opholden mei it wurk. Ik hie ek noch in kollega, dy siet krekt salang as my yn it fak. Doe t we seine dat we wol graach trochgean woenen, krigen we as reaksje dat se dat net wend wiene. Wy ha foarmekoar krigen dat we trochwurkje mochten en ik ha noch twa jier wurke foardat Akkerins berne waard. Ik hie sein dat as alles goed wie mei de poppe, ik wol trochwurkje woe, mar doe kaam Akkerins en slagge dat net. Dêrnei ha ik noch wolris in lêzing jûn of foar de klasse stien. Mar Akkerins hie in soad soarch nedich en in goed jier letter kaam Wilbert en dêrnei Jelle en hie ik de hannen wol fol mei trije lytsen. Ha jimme Akkerins altyd thús hân? Akkerins is in frou mei it Syndroom fan Down. Se is mei 12 jier it hús útgien. Wy mienden dat it better foar har en de jonges wêze soe. Yn Snits krige se in goed plak yn it Zwaluwnest. Wat fine jo it moaist om te dwaan? Froeger hie ik noait safolle tiid foar hobbys. Ik hie trije bern en in buorkerij. Ik ha net folle ûnder de kij sitten, mar ik ha wol in soad mei managed. Trekkerride, kij-ophelje, wat hand- en spandiensten. Mar no ha jo dochs wol tiid oer? Ik folgje o sa it nijs. Krantlêze, op de tv sjoch ik graach it nijs of nei dokumintêres, aktualiteiten-rubriken. Fierders mei ik ek graach tydskriften lêze. Yn Akkerins giet ek noch wol wat tiid sitten, ek al wennet se yn Snits. Al mear as tritich jier helje ik har om de twa wike freeds op en bring har sneins werom nei Snits. En dan de fakânsjes net te ferjitten. Fierders binne der ek in soad besprekkings fan behannelplannen foar wenjen en deibesteging. Akkerins moat ris nei de toskedokter of dokter, of se hat nije klean of skuon nedich. Foar har komme der straks ek wer grutte feroarings dy t ús ek wer soargen jouwe. Ik mei ek wol graach bûten wêze, wat túnkje. Ik ha ek noch in hiele moaie ploech freondinnen yn de Wâlden en yn Drinte dêr t ik noch in soad kontakt mei ha. We kinne elkoar al 55 jier! Fierders doch ik noch in bytsje tsjerkewurk. Ik bin gastfrou yn it museum fan Willem Eppinga, ik gean noch in jûn te gymnastykjen en dan pas ik sa no en dan wolris op de beppesizzers. Dizze winter bin ik noch Ambassadeur fan it Nasjonaal Lânskip wurden. Ik ha genôch ferdivedaasje. 18

Lêze jo ek in soad? Boeken kom ik hast net oan ta, mar ik lês wolris wat. Ik ha hjir noch wol wat lizzen. Meast de krante of tydskriften. Hokker tv-programma sjogge jo nei? It nijs, aktualiteiteprogramma s, dokumintêres, Kunst en Kitsch, Blauw Bloed. Deis ha ik de tv net oan, dat wol ik ek net. En de radio ha jo dy wol ris oan? Net faak en as dy oan is dan stiet hy op Omrop Fryslân. Dan bliuwst wat op de hichte fan wat der yn Fryslân bart. Want ik kin in hiele protte minsken yn Fryslân. Dat merk ik wol no t ik by Willem Eppinga yn it museum bin, hoe faak as ik dêr wol net âlde bekenden (klasgenoaten, plattelânsfroulju, neam mar op) tsjin kom. Wêr tinke jo mei nocht oan werom? Do hast it fêst wol fernommen. Myn wurk ha ik mei in soad leafde dien en dêr ha ik ek faak ûnwennich fan west. Ik miste de sosjale kontakten. En fansels tink ik my in soad nocht werom oan myn libben mei myn man en de bern. Hoe t we de buorkerij opboud ha, en hoe t de folgjende generaasje der no yn fjirder giet. Ik kin oars net as tankber wêze. No is Hendrik 8 jier fuort, ik ha der noch in skoandochter by krigen, ik ha seis beppesizzers krigen, de jonges ha beide in eigen bedriuw en ik wenje mei nocht op Heaburgen op e sinne! Ik doar neat mear te sizzen, it binne allegear seinigingen. Hat jo man it net mear meikrigen dat hy pake waard? Hendrik is op 22 febrewaris ferstoarn en twa wike derfoar ha Jelle en Hetty ferteld dat se in lytsen krigen. As it in jonkje wurde soe dan soe it in Hendrik wurde. Dus hy hat witten dat der ien ûnderweis wie. Wêr soene jo net sûnder kinne of wolle? Ik soe fansels net graach myn bern en beppesizzers misse wolle. En ik bin freeslik wiis mei myn auto! Ik hoopje dat ik noch hiel lang ride mei! Misse jo ek wat yn Nijemardum? Ik ha noait sa bot op de winkels ynsteld west, mar doe t ik hjir kaam, wiene hjir noch twa winkels yn Nijemardum. Dan gong ik de iene moanne nei de iene en de oare moanne nei de oare. En twa bakkers, de iene hie ik in heal jier en de oare in heal jier; sa dienen we dat wat. Mar trochdat ik in auto hie, wie ik der net ôfhinklik fan. Wêr soene jo graach nochris hinne wolle? Ik fyn it oeral wol moai! Wy gyngen alle jierren mei de húshâlding op fakânsje en 19

letter, doe t Wilbert boer wie, mei de auto der op út en de fyts der efterop. Ik kin oeral it moaie wol fan sjen. Wat fine jo de moaiste tiid fan it jier? De maitiid! Nei it ynterview prate we noch wat nei en as ik dan op de klok sjoch, binne we al hast 2 ½ oere fierder. Ik sil gau op hús oan! Frou Eppinga tige tank foar jo prachtige ferhalen! Hedwig SIZWIZE FAN DE MOANNE: Hoe tsjusterder de nacht, hoe helderder de stjerren 20

DE STIPERS Mei tank oan de folgjende minsken/bedriuwen kin Doarpsnijs elke moanne útbrocht wurde: Paul Baas Harmen en Lieske Bangma Albert en Jeannet Bekedam Bauke Beukens Doede Bosma Harm van Bommel Jan Buma Johan A. Dijkstra Jelle Eppinga Arjan Hendriks Halbe Hielkema Tryntsje de Jong-Rienstra Ede Groenhof Cees en Johannes v.d. Meer Martin Mensonides Hendrik Postma Douwe en Froukje Prins Fam. K. Rienstra Runia Fourage BV Runia Transport BV Jan-Dirk van der Tol VandeLinde Associates Earnst P. Veenstra Annoesjka de Vries De Vries De Klussenbaas Camping De Groninger Melkveehouderij/luxe appartementen Garant Zaden Klussenbedrijf VB administratie Buma Handel Dierenarts Boomkwekerij SDS Balk Startmotoren en dynamo s Bouw- en onderhoudsbedrijf Kapsalon Tryntsje Transportbedrijf/verhuizingen Van der Meer Mechanisatie Martin Service-onderhoud en reparatie mobiele werktuigen Motorenrevisie/reparatie Bakkerij Prins, Harich Beheerders dorpshuis (Klein)diervoeders, aardappelen enz. Transportbedrijf Feedcentre B.V. Journalistieke Producties Hovenier Pedicure Slagerij, Oudemirdum De famylje Kramer soarget derfoar dat it krantsje elke lêste tongersdei fan 'e moanne by de minsken thús komt. 21

AGINDA 29 desimber : klaverjastoernoai 31 desimber : oaljekoeken-aksje (bestelle foar 27 desimber) 31 desimber : 12.00 oere, Nijjierwinskje bij de Toer 15 jannewaris : Sinnich mei sinne 4 febrewaris : Ledegearkomste Doarpsbelang 4 maart : Ledengearkomste lokaalferiening Elke 3e sneon fan e moanne wurdt it âld papier ophelle. IT FOLGJENDE KRANTSJE ferskynt op woansdei 29 jannewaris 2015 KOPIJ YNLEVERJE foar woansdei 21 jannewaris by ien fan de redaksjeleden in e-mail stjoere kin ek: redaksje.doarpsnijs@gmail.com 22