DOARPSNIJS Nûmer 398 july/augustus 2016 1
KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982. De redaksje: Wiepkje Holtrop Lyklamawei 49 571310 Hedwig Beukens Hege Bouwen 2a 572278 Annie de Kleine Lyklamawei 34 571364 Jantsje Akkerman Lyklamawei 27 571889 Coby Hospes Lyklamawei 23 571855 E-mailadres: redaksje.doarpsnijs@gmail.com Website: www.nijemardum.nl It bestjoer fan Doarpsbelang: Jeannet Bekedam (voorz) Hoitebuorren 12 571597 Piet Rienstra (secr) Omrin 2 571866 secretariaatdb@nijemirdum.nl Gerrie van der Veen De Hege Bouwen 23 572019 (penningmeester, bankrek. NL30.RABO.0305.2441.59) Sjoukje Kramer Wissebuurt 12 571785 Rienk Nadema Hege Bouwen 25 572101 Jaap Douwe Bokma Hoitebuorren 13 571328 Hedwig Beukens Hege Bouwen 2a 572278 E-mailadres buertplysje: dirk.hebing@friesland.politie.nl of www.politie.nl Kontaktpersoan gemeente: r.zijlstra@fryskemarren.nl of tel. 0620548535 of www.defryskemarren.nl/melding 2
STOARN Op 21 july is stoarn Lykele Jagersma, hy is 68 jier wurden en wenne op de Hege Bouwen 2. BERNE Op 4 july 2016 Kai Soan fan Mariët Beuckens en Ulbe Haarsma FERHÚZE Per 15 juli zijn wij verhuisd. Tijdelijk adres; t Achterom 92 Sleat. Post adres; Stadsschans 225, 8556 XJ Sloten. Met vriendelijke groet; Menno-Feike, Antsje en Rinke FERHÚZE Fam. H. Hielkema fan Lyklamawei 89 nei Lyklamawei 12 te Nijemardum. 3
BEDANKT Hy fytst wer!! Bedankt foar al jim omtinken, meilibjen, kaarten en blommen. It wie "hartverwarmend"! Groeten van Wiepke en Klazien MONUMINTEDEI It tema fan de monumintedei is Iconen en Symbolen. Wêr komme iconen en symbolen it tichtst byelkoar? My tinkt by de mole en de toer en lit no dizze monuminten sneon 10 septimber iepen wêze om besjoen te wurden. De mole is in ikoan op himsels en hokker stân fan de wjukken stiet symboal foar bliidskip? Rûn de toer binne ferskate symboalen te sjen op de grêfstiennen. In foarbyld is de palmtûke dy t in soad op grêfsarken te sjen is en stiet foar de oerwinning op de dea. Ek de yntocht fan Jezus yn Jeruzalem dêr t swaaid wurdt mei palmtûken wurdt hjir mei symbolisearre. Ha jo wolris sjoen dat alle Islamityske grêven in palmtûke op de stien stean ha en wêrom steane der twa stiennen op? Wêrom stiet der in hoanne op de toer en tsjerke? Waar of gjin waar besykje dizze monuminten en sjoch ris oars nei dizze bouwurken. Fan tsien oant fjouwer oere kinne jo dêr antwurd op krije en binne der minsken oanwêzich om jo mear te fertellen oer dizze monuminten. Bestjoer Doarpsbelang 4
HA JIM IT AL HEARD? Alle jierren is it by my wer itselde. Dan begjin ik yn maaie te tinken: oeh noch sa n 10 wiken dan geane we wer op fakânsje. En ja, wat soe it moai wêze as ik dan wat kilo`s kwyt wie. 10 wiken is 10 kilo kom op Wiep do kinst it. En dus kaam de blender wer op it oanrjocht mei ien foardiel: de bern hoegde ik moarns net te roppen want dy waarden wol wekker fan de krets-kretslûden; rauwe spinaazje, nuten,bleekselderij, komkommer en lynsied. Ik begûn der krekt noch net fan te sjongen. In grutte beker fan dat griene spul wurke ik moarns nei binnen. Fynt mem dat lekker?? Ja hear sei ik dan stoer en boppedat is it hiel sûn. Tsja, se seagen my dan en seinen sukses mem en dat hie ik wol nedich. Trije kear deis sa`n beker griene smots..brrrrr en dan mar drave alle dagen op de skaal yes in kilo der ôf!! No ja dit hâld ik dan twa,trije dagen fol, wylst ik foar de oaren hearlike lasagne,spagetty, bakte ierappels mei in hearlik stik fleis meitsje, en dan freeds PATAT. Ja, sis dêr mar ris nee tsjin.. sterk wêze Wiep, trochsette!! En dan is it wykein en dat moatte wy altyd fiere.. In bierke Wiep? freget Jan ehh nee doch mar wat wetter.. no, ek gesellich hear seit hy.. ja dat is ek sa, no dan ien pilske Dan is de hikke fan de daam; Jan strûpt efkes in droege woarst hoechst neat fan te nimmen hear seit hy mei in skean each. Nee, mar ik doch it wol en lis op knibbels by de tafel; oehhh wat is dit smullen. stikje âlde tsiis.. mmmhh. Moandei begjin ik wer hear sis ik tsjin mijsels, en elke moandei wer. Dus nei 10 wiken gjin 10 gram lichter.. ik ha no in buordsje foar mysels skildere mei de tekst leaver klem yn de kist,dan in feesy mist. Allegearre in moaie fakânsje tawinske. Groetnis WTHP 5
Bernekoar Prelude Was je ooit lid van Bernekoar Prelude? Of ken je zangers en zangeressen die vroeger lid waren? Meld je dan aan voor de reünie ter gelegenheid van het 50-jarig bestaan! Op zaterdag 8 oktober 2016 vieren we het jubileum vanaf 15.30 uur met een reünie voor oud-leden en een muzikale feestavond. Vanaf 18.30 uur vieren we het jubileum met iedereen die ons een warm hart toedraagt. Ook als u niet lid was, bent u van harte welkom! Reünie commissie Geeske Hendriks-Boukes, Geeske Wortman-Rienstra, Feikje Draaijer-Rienstra en Tine Haantjes-Runia Volg ons op Facebook 6
WA BIN IK? In protte reaksjes foar dizze foto, dat liket der op. In bekend gesicht dus, alhoewol hy net mear sa faak op de buorkerij fan syn âlden oan de Hoitebuorren te finen is. Mar, tocht ik letter, syn foto hat in skoft by kapper Trientsje yn de saak hongen, wa wit hat dat minsken op it goede spoar setten. Wy ha it al efkes oer de buorkerij hân der t dit jonkje wennet mar boer wurde, nee dat hie Siemen Bokma (want dy is it) net foar de geast. Yn it leger, soldaat wurde dat wie syn doel. Op dizze foto sjogge wy him dan ek al yn in echt kamûflaazje-shirt en hy is dan noch mar 4 jier âld. Hoewol in elk tocht dat it wol besakje soe sette Siemen troch. Mei 17 jier de doar út, en no nei in drege oplieding fan 5 jier is Siemen syn missy slagge. Notaris Hedwig koe noch krekt foar har kreamferlof yn de hege hoed omgrabbelje en helle dêr de namme fan Yldou Rozema út. Dan no wer in lyts jonkje. Binne jimme der út? Belje gau nei nûmer 571889 Dat kin oant en mei sneon. Jantsje 7
VISWEDSTRIJD Op zaterdag 27 augustus van 19.00-20.30 is dit jaar de viswedstrijd in de Sânfeart bij de Sânfeartshoeke. We vissen weer in twee klassen: Klasse 1: jeugd tot 14 jaar Voor deze klasse is een wisselbeker beschikbaar voor de winnaar en 3 prijzen ter waarde van 10.00, 7.50, en 5.00 voor de drie hengelaars met de hoogste totaallengte aan gevangen vis. Klasse 2: deelnemers vanaf 14 jaar Voor de winnaar uit Nijemirdum in deze klasse geldt dat de wisselbeker een jaar lang op haar/zijn schoorsteenmantel mag staan te glimmen. De regels zijn al jaren dezelfde: - er mag maar met één hengel per persoon worden gevist - er mag alleen met brood, wormen en maden worden gevist. - er mag niet worden bijgevoerd voor of tijdens het vissen (ook niet voor de wormen!) We hopen op mooi weer en veel deelnemers, dus jonges, famkes, pakes, beppes, heiten en memmen, haal de hengels en beantsjestokken weer van zolder en kom op zaterdag 27 augustus naar de Sânfeart! Bestuur Doarpsbelang 8
PEERBY Dit stukje is eerder verschenen in het dorpskrantje van oktober 2015. De maatschappij waarin wij leven digitaliseert steeds meer. Zoals met alle medailles heeft ook deze ontwikkeling twee kanten. Sommige mensen menen dat het persoonlijk contact steeds meer verloren gaat. Het is daarom wel leuk om nu eens een nieuwe internettoepassing onder de aandacht te brengen die juist persoonlijk contact stimuleert. Die toepassing heet Peerby en heeft tot doel om mensen dicht in de buurt met elkaar in contact te brengen om zaken te kunnen (uit)lenen. Want zeg nou zelf, hoe vaak gebruik je je kampeertent, soldeerbout of rolsteiger nu eigenlijk? En stel, je tikt een partij boomstammetjes op de kop. Koop je dan zelf een kloofbijl of hydraulische kloofmachine, of leen je 'm even van je buurman verderop in de straat? De reden waarom wij dit als commissie onder jullie aandacht brengen zit 'm uiteraard in het feit dat we zo meehelpen de CO2-uitstoot terug te brengen en grondstoffen te besparen. Maar liefst 1/8 van de CO2 uitstoot op aarde komt door de productie en consumptie van goederen. Maar naast het feit dat het duurzaamheid bevordert is het ook nog eens goed voor je portemonnee en bevordert het de sociale contacten in de buurt. Dat is nog eens een win-win(- win)-situatie! Surf eens naar peerby.com en lees alles wat je wilt weten over dit mooie concept. Het is gratis en je zit nergens aan vast. Inschrijven is erg simpel en uitschrijven ook als het je toch niet bevalt. Inmiddels hebben 12 mensen in Nijemirdum zich aangemeld. Hoe meer mensen zich in Nijemirdum inschrijven, hoe effectiever het werkt. Commissie Sinnich mei Sinne 9
OFSKIED GROEP 8 Yn maaie wisten de bern fan groep 8 al nei watfoar skoalle se hinne soenen. De measten geane nei Balk; twa nimme de bus nei Snits. Dus de lêste wiken stelden ek net mear safolle foar. Sa mochten se in kear mei te swimmen mei de jongere groepen. En se ha ek in moarn meidraaid mei de beukers; dat wie in feest. Hearlik wer yn de bouhoeke of lekker in boekje foarlêze yn de poppehoek. Dy grutte bongels fan jongens leine sa moai te boartsjen mei de trekkertsjes en oh wat fûnen dy lytse mantsjes dat ek leuk.. Op 12 july wie it echte ôfskied. Alle bern mei âlden en learkrêften wiene ùtnoege om mei syn allen te iten op skoalle. Elk hie wat makke en wat ha we allegearre smuld fan pizza oant wentelteefje en de turkse spagetty gie der ek hearlik yn. Oer Lucien syn pankoeken wurdt hjir thús noch praat; sa tin as hy dy bakke koe.. hearlik. Neidat we it miel op hiene wie it tiid foar de bern fan groep 8. We diene it spul ik hou van holland. De heiten en de memmen tsjin inoar; wat in striid! Prachtich wie it. Fansels wûnen de memmen mei oermacht.. Nei dit spannende spul krigen de Juffen it wurd. Sy diene it ABC: alle bern kamen oan de beurt en oer elk waard in posityf ferhaaltsje ferteld. En dan dy foto`s dy t se allegearre opskarrele hiene: fan groep ien oant no.. De bern ha it troffen mei sokke topjuffen. Doe waard it tiid foar harren âlden. Under begelieding fan Janneman waard in leuk ferske songen op de wize fan krijg toch allemaal de kolere. Allinne einige it net mei ik voel mij zo verdomd alleen mar mei it is tiid foar de lêste bel Freed namen se foargoed ôfskied; troch in earehaach mochten se oer it skoalplein fytse. It wie tiid foar de lêste belle De bern sille fêst noch wolris werom komme, benammen Jelmer, want dy hat de ear krigen om yn alle wc`s dy`t yn de fakânsje renovearre wurde te pisjen 10
Groep 8 hat in pracht fan in ôfskied krigen. BROEDVOGELBEVOLKING LYCKLAMABOS Bijgaand weer een overzicht van het verloop van de broedvogelbevolking in ons Lycklamabos. Tuinfluiter en vooral Boomkruiper stemmen hoopvol met een flinke opleving. De Boomkruiper heeft zich naast de Zwartkop op de derde plaats genesteld in het rijtje met meest voorkomende broedvogels. Winterkoning en Roodborst blijven ongenaakbaar de topposities voor zich opeisen. Een aantal broedvogels laat een neerwaartse lijn zien. Dat is het geval bij enkele algemene soorten als Houtduif, Grote bonte specht, Koolmees en Vink. En, voor het eerst in mijn telgeschiedenis in ons bos is de Pimpelmees de Koolmees voorbijgestreefd! Als kers op de taart werd ik, bijna aan het einde van mijn laatste ronde, nog getrakteerd op een mooie Das. En niet zo maar een! Het handjevol ontmoetingen met een Das in de afgelopen tientallen jaren resulteerde er altijd in dat het beestje er op een drafje vandoor ging. Maar niet dit exemplaar! Vanuit het dichte varendek, enkele meters voor me, steeg een onheilspellend geblaas op. Ik stopte uiteraard en probeerde te ontwaren waar dit vandaan kwam. Toen zag ik hem of haar zitten in een dreighouding, met een hoge rug en opgezette vacht. (Net als een kat.) Wellicht een moeder met jong dat opgeschrikt werd, hoewel ik geen andere Das zag. Ik ben er maar met een 11
ruime boog omheen gelopen en heb nog lang nagenoten van deze bijzondere ontmoeting. Ronald Schouten 4346 Lycklamabos-zuid Hoofdteller: RSTN03, R.W.H. Schouten euring soort 2007 2008 2009 2010 2011 2012 2013 2014 2015 2016 2870 Buizerd 1 1 0 1 0 0 1 1 1 6680 Holenduif 0 0 1 2 0 3 0 1 1 6700 Houtduif 3 4 5 8 6 6 6 4 3 6840 Turkse Tortel 0 0 0 1 0 0 0 0 0 7670 Ransuil 0 0 0 0 1 1 0 0 0 8760 Grote Bonte Specht 7 7 5 7 7 9 8 6 5 8870 Kleine Bonte Specht 0 0 0 3 1 2 2 2 0 10090 Boompieper 0 0 0 2 0 0 3 1 2 10660 Winterkoning 18 18 14 12 17 18 23 20 17 10840 Heggenmus 0 0 1 0 0 0 2 0 0 10990 Roodborst 30 17 19 12 14 12 12 13 13 11220 Gekraagde Roodstaart 0 0 0 2 1 2 2 2 2 11870 Merel 13 12 15 13 14 9 10 10 9 12000 Zanglijster 12 7 10 6 5 4 3 3 5 12020 Grote Lijster 0 0 1 3 0 1 1 2 2 12740 Braamsluiper 0 0 0 2 0 0 0 0 0 12760 Tuinfluiter 2 3 2 3 4 3 2 4 6 12770 Zwartkop 10 9 9 13 16 15 17 15 12 13110 Tjiftjaf 7 6 7 8 12 9 14 11 11 13120 Fitis 14 13 9 25 14 18 14 12 10 13140 Goudhaan 3 3 0 1 1 3 3 5 2 13350 Grauwe Vliegenvanger 0 0 0 1 0 3 2 1 1 13490 Bonte Vliegenvanger 0 0 0 2 0 0 0 0 0 14370 Staartmees 2 2 0 3 1 1 2 1 2 14400 Glanskop 0 0 0 1 0 0 1 3 2 14420 Matkop 2 2 1 2 0 0 1 2 0 14610 Zwarte Mees 2 2 1 1 1 1 2 0 0 14620 Pimpelmees 15 11 12 9 11 15 13 8 11 14640 Koolmees 18 18 13 11 15 17 15 14 10 14790 Boomklever 2 2 1 4 2 4 2 3 3 14870 Boomkruiper 7 9 8 8 8 11 8 7 12 15390 Gaai 1 1 1 3 1 1 1 1 2 15671 Zwarte Kraai 1 1 2 2 3 2 2 3 1 15820 Spreeuw 0 0 0 1 0 0 0 0 0 16360 Vink 14 10 11 17 15 14 12 15 9 16530 Putter 0 0 0 0 1 0 0 0 0 Wielewaal 0 0 0 0 0 1 0 0 0 Koekoek 0 0 0 0 0 0 1 0 0 Grasmus 0 0 0 0 0 0 1 0 0 Kerkuil 0 0 0 0 0 1 0 0 0 22 22 22 33 24 28 31 28 26 12
FRIJMERK Sneon 10 septimber ha wy wer frijmerk yn Nijemardum. Fan 10 oant 14.00 oere kinne jim de hannel wer fer/keapje. It moaiste en maklikste is fansels op eigen hiem. Doch derom de flagge út want dan sjogge de minsken dat jimme wat te keap ha. Fansels is it ek mooglik om in plakje yn it sintrum fan Nijemardum te sykjen. Jim hoege dêr yn e nacht fan freed op sneon net te sliepen hear. Wy meitsje der mei syn allen wer in moaie en gesellige dei fan. Groetnis Wiepkje Ik reitsje altyd alles kwyt, behalve myn kilo s 13
DE STIPERS Mei tank oan de folgjende minsken/bedriuwen kin Doarpsnijs elke moanne útbrocht wurde: Harmen en Lieske Bangma Albert en Jeannet Bekedam Bauke Beukens Jan Buma Johan A. Dijkstra Jelle Eppinga Arjan Hendriks Halbe Hielkema Tryntsje de Jong-Rienstra Ede Groenhof Cees en Johannes v.d. Meer Hendrik Postma Douwe en Froukje Prins Fam. K. Rienstra Runia Fourage BV Runia Transport BV Jan-Dirk van der Tol VandeLinde Associates Earnst P. Veenstra Ruerd Vellinga Annoesjka de Vries De Vries Edze Westra Camping De Groninger Melkveehouderij/luxe appartementen Garant Zaden Buma Handel Dierenarts Boomkwekerij Garagebedrijf Hendriks Bouw- en onderhoudsbedrijf Kapsalon Tryntsje Transportbedrijf/verhuizingen Van der Meer Mechanisatie Motorenrevisie/reparatie Bakkerij Prins, Harich Beheerders dorpshuis (Klein)diervoeders, aardappelen enz. Transportbedrijf Feedcentre B.V. Journalistieke Producties Hovenier Vellinga werkschoenen en -kleding Pedicure Slagerij, Oudemirdum Edze Westra Trading BV De famylje Kramer soarget derfoar dat it krantsje elke lêste woansdei fan 'e moanne by de minsken thús komt. 14
AGINDA 27 augustus : Fiskwedstryd 10 septimber : Monumintedei 10 septimber : Frijmerk 8 oktober : Reünie bernekoar Prelude Elke 3e sneon fan e moanne wurdt it âld papier ophelle. IT FOLGJENDE KRANTSJE ferskynt op woansdei 28 septimber 2016 KOPIJ YNLEVERJE foar woansdei 21 septimber 2016 by ien fan de redaksjeleden in e-mail stjoere kin ek: redaksje.doarpsnijs@gmail.com 15