DOARPSNIJS Nûmer 421 septimber 2018
KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982. De redaksje: Wiepkje Holtrop Lyklamawei 49 571310 Hedwig Beukens Hege Bouwen 2a 572278 Annie de Kleine Lyklamawei 34 571364 Jantsje Akkerman Lyklamawei 27 571889 Coby Hospes Lyklamawei 23 571855 E-mailadres: redaksje.doarpsnijs@gmail.com Website: www.nijemardum.nl It bestjoer fan Doarpsbelang: Jeannet Bekedam (voorz) Hoitebuorren 12 571597 Jelte Draijer (secr) Omrin 9 571484 Dorpsbelangnijemirdum@gmail.com Hedwig Beukens Hege Bouwen 2a 572278 (penningmeester, bankrek. NL30.RABO.0305.2441.59) Sjoukje Kramer Wissebuurt 12 571785 Rienk Nadema Hege Bouwen 25 572101 Jaap Douwe Bokma Hoitebuorren 13 571328 Froukje Prins Hege Bouwen 16 593776 E-mailadres buertplysje: dirk.hebing@politie.nl of www.politie.nl Kontaktpersoan gemeente: r.zijlstra@defryskemarren.nl of tel. 0620548535 of www.defryskemarren.nl/melding 1
STOARN Op 24 augustus is stoarn Joop Verkaik, hy is 68 jier wurden. FERHÚZE Durk Roel Wildschut is ferhúze nei de Kerkstraat 34 yn Aldemardum NIJE YNWENNERS Anneke Witteveen en Marten Zoethout, binne mei harren soantsje Karst nei de Lyklamawei 21 ferhúze. NEGOASJE Wie kan deze stoelen gebruiken? 6 stoelen met leuning 7 stoelen zonder leuning Jeannet Bekedam 571597 2
FISKWEDSTRIID NIJEMARDUM Yn ferbân mei de fakânsje wieden wy in wike letter mei ús jierlikse fiskwedstriid by de Sânfeart. Sa n 20 fiskers hiene har ark meinommen om de fisken út it wetter te heljen. Fan 7 oere ôf waard der omraak angele. Rienk en Jaap Douwe hiene it foaral drok mei ien man om te fisken op te mjitten. De fisken ha wol ris better bite wollen, mar dochs helle Jan Strampel de iene nei de oare fisk omheech! It wie in gesellich barren. Der wie sels catering foar de dielnimmers en de minsken dy t foar de gesellichheid kamen: in hearlik bakje kofje, tee of ranja fan Jeannet Bekedam. Dhr. van Wezel, alle jierren gast by de Bekedamster, wie der dit jier net by. Mar hy hie fansels wol wer in prachtige oanmoedigingspriis makke. Doe t om healwei njoggenen it lûd kaam as teken dat der net mear fiske wurde mocht, moast der drok rekkene wurde. Nei in petear fan de sjuery, wie it spannend wa t dit jier de wikselbeker mei nei hûs nimme koe. By de grutten wie de earste priis foar Jan Strampel. Hy hie mar leafst 18 fisken fongen mei in totale lingte fan 205 sm. De twadde priis wie foar Meine Pietersma: 4 fisken mei in totale lingte fan 41 sm. De tredde priis wie foar Joop de Vries mei 2 fisken mei in totale lingte fan 31,5 sm! Foar al dizze winnaars wie der in moaie priis fan Kapsalon Tryntsje! By de bern woe it net sa bêst byte. Jurre Bokma fong twa fisken mei in totale lingte fan 23 sm en wûn hjirmei de earste priis. De twadde priis gie nei syn broerke Ids. Hy hie ek 2 fisken fongen, yn totaal 21 sm lang! En de tredde priis wie foar Arjen v.d. Meer, hy fong ien fisk mei in lingte fan 10 sm. Nei de priisútrikking seagen alle bern mei grutte eagen wa t de draak mei nei hûs ta nimme mocht. Dit jier wie Gert Beukens de gelokkige. Hy fiske in heale sm achter it net wat de 3 e priis oanbelange! In oanmoediging om it it oare jier wer te besykjen. It skimere al doe t de fiskers wer op hûs oan giene, nei in tige slagge fiskwedstriid. Bestjoer Doarpsbelang 3
NIJS FAN BREIDCLUB IN STEKJE LOS De lange jûnen komme der wer oan. Tiid om de priemmen wer op te pakken. Us groepke bestiet út 9 froulju dy t allegearre wat oars op de priemmen ha. Wy leare fan elkoar. Wy komme ien kear yn de moanne by elkoar op e kofje/tee; meastal de lêste tiisdei fan de moanne. Bist benijd as it ek wat foar dy is? Kom gewoan mar ris del. Altyd wolkom. De earste kear is dat op tiisdei 25 septimber om 19.30 oere op Lyklamawei 23. It spant derom as dit krantsje dan al by jim op de matte leit. De twadde kear sil wêze op tiisdei 30 oktober. Wa wit, oan t sjen. Coby OPROEP!!!! Graag hadden wij wat nieuwe leden bij onze soos, elke dinsdagmiddag zijn we in het Dorpshuis. We beginnen om 14.00 tot 16.00 uur. Wil je ook graag een paar uurtjes spelletjes doen, biljarten, klaverjassen en natuurlijk ook de dorpsnieuwtjes uitwisselen! Kom dan een keertje langs om het te proberen. We zitten op een heel laag ledental, en we willen graag blijven bestaan. Dus jonge ouderen kom eens langs!! Nieuwe ideeën zijn natuurlijk ook altijd welkom! De leden van de soos van Nijemirdum 4
NOCH BY JUF De fakânsje is alwer foarby. De bern binne alwer nei skoalle en it Doarpsnijs komt der ek al hast wer oan. Dizze kear is it myn beurt om it ynterview te dwaan en ik wol wolris wat mear witte fan Douwe Hoekstra. Douwe wennet mei syn heit Atze, mem Petra en suskes Margriet en Amber op Hoitebuorren 37 yn Nijemardum. Douwe komt krekt út skoalle as ik by harren oan tafel sko foar it ynterview. Hoe âld bisto? 11 jier. Ha jimme ek húsdieren? Ja, in hûn Luna. En noch in pear hinnen. Yn watfoar groep sitsto? Ik sit yn groep 8 by juf Carla en juf Janna. Hoe fynst it op skoalle? Wol leuk! Mist dyn âlde skoalle ek? Jimme binne hjir foarich jier op de Stapstien kommen. Nee, ik mis myn âlde skoalle net. Wat fynst ik moaiste fak op skoalle? Gymnastyk, omdat we dêr net safolle te dwaan hoege. En wat fynst it ferfelendste fak op skoalle? Spelling, want dat is wol wat dreech. Praatst altyd frysk? Meastal wol! Ek op skoalle? Nee, dêr mei it net. Wat wolst letter wurde? Baas fan Douwe Hoekstra Kraanverhuur & Transport. Hy wol syn heit syn baan wol oernimme, mar heit mei dan noch wol foar Douwe wurkje... Mar ik begjin fansels earst op de kraan. No en dêr oefenet hy aardich mei! Ik sjoch op Facebook wolris moaie filmkes foarby kommen fan it kraandraaien fan Douwe! Wat fynst leuke tv-programma s? Eins sjoch ik net safolle televyzje. 5
Wat fynst leuk om te lêzen? Ik lês eins ek noait. Mem flústert dat hy de Agritrader wol lêst, mar at dat no lêzen is... Wat fynst moaie muzyk? Alles wol. De radio ha ik altyd op radio 538 stean. Fynst it moai om yn Nijemardum te wenjen? Seker. Oer in pear moanne hopet de famylje Hoekstra te ferhúzjen nei it hûs fan de famylje Van der Tol; dêr hat Douwe wol sin oan, want dan hat hy wer in keammerke foar himsels. Dochst ek oan sport? Ik fuotbalje yn de D s; it giet noch net sa hiel goed mei ús team. Watfoar boartersguod fynst it moaist? Siku trekkers! Bestjoerbere en gewoane trekkers. Boartest wolris bûten? Jawol, mei myn freonen. Wat fynst it lekkerste iten? Spinaazje. Helpst heit of mem wolris? Heit wol. Mem noait. Wat dochst dan foar heit? Wat ik mar dwaan moat. Einliks alles wol. Kin it dy wat skele watfoar klean ast oan hast? Nee, dat mei mem wol bepale. Mem Petra wit net wat se heart! Meast as se thúskomt mei klean foar Douwe is it net goed, want dan fynt hy it net moai. Mar no heart se dat it wol best is. Sitst faak efter de computer? Jawol, dan bin ik Farming oan it spyljen. Hast ek in mobile tillefoan? Ja. Ast no 2 winsken dwaan mochtst, wat soest dan winskje? Ehhh, in soad jild! En in lokkich libben. Neffens my wolle wy dat allegear wol Douwe! Wy ha alle fragen hân en Douwe appt mei syn mobyl noch in pear foto s troch foar yn it krantsje. Douwe bedankt foar it ynterview! Hedwig 6
WAT IS KERN MET PIT Kern met Pit daagt mensen uit om hun droom voor de buurt binnen een jaar te realiseren. Het kan om allerlei ideeën gaan: van het opzetten van een buurtmoestuin tot het organiseren van een dorpstoneelstuk. Als het je directe omgeving maar verbetert of een impuls geeft. Wie kan meedoen? Buurtbewoners die een idee hebben om hun leefomgeving te verbeteren. Duizenden initiatieven uit heel Nederland gingen je al voor! Deze mensen hebben prachtige dingen gerealiseerd. Samenwerken met dorps- of buurtgenoten Om mee te doen aan Kern met Pit, moet je samenwerken met dorps- of buurtgenoten. Je groep bestaat dus bijvoorbeeld uit mensen die in één buurt, wijk of dorp wonen of die op een andere manier een samenhangende groep vormen, zoals ouders van kinderen van een school of leden van een sportvereniging. Er moet dus een zekerheid zijn dat het initiatief draagvlak heeft in de eigen omgeving. Prijzen Als het lukt om binnen een jaar het project te realiseren, ontvang je het predicaat Kern met Pit én 1.000 euro. Maar er is meer! Per provincie kiezen we een trofeewinnaar en deze twaalf trofeewinnaars dingen weer mee naar de Gouden Pit ter waarde van maar liefst 3.000 euro. Schrijf je in op www.kernmetpit.nl 7
Bazaarcommissie O.N.S organiseert ten bate van de P.K.N. OUDEMIRDUM NIJEMIRDUM en SONDEL haar jaarlijkse BAZAAR op Zaterdag 13 oktober 2018 van 9.30 uur tot 15.00 uur in MFC It KLIF te OUDEMIRDUM met Veel leuke raad- en doe spelletjes voor jong en oud, laat u verrassen op de Bazaardag en alles met mooie prijzen te winnen!!!!!!! Verder is er o.a te koop Allerlei soorten jam en gelei Honing, ja ja, u leest het goed Zoetzuur van augurk en courgette Kaarten in velerlei soorten, handgemaakt Cadeauartikelen Kabouters, handgeschilderd Bloemdecoraties, kransen en viooltjes in pot Etagères voor vogelvoer in verschillende uitvoeringen Houten voorwerpen, handgemaakt, insectenhotels Eigengebakken koek en cake Zelfgemaakte yoghurt Stoofperen, ze zijn er weer!! Natuurlijk.de gebreide sokken, ook op nabestelling In de speciale koffiehoek is er gelegenheid voor een aangekleed bakje koffie, thee of fris. KORTOM, VOLOP SFEER Dit alles mag U niet missen. Reserveer de datum, plaats en tijd in Uw agenda 8
WER IS DIT? De fakânsje sit der wer op, mar wa t noch efkes neisimmerje wol kin terjochte by Jurjen en Anneke op Heaburgen 34 want der is it bankje te finen fan it fotoriedsel fan july. It bankje stie earst by Hindrik Gijzen op it hiem. Mar Hindrik wie der wol klear mei sadat it bankje hast nei it stoart ôfreizge. Gelokkich kaam Jurjen del. Hy seach der noch wol ljocht yn en pleatste it bankje foar syn buorkerij. Dat is in grut sukses. Regelmjittich sjogge jo der minsken sitten foar in pypskoft en it moaie útsicht. De earste sûkerbôle nei ús simmerstop is foar Minke Roelevink, lokwinske! Witte jimme wêr t dit is? Belje gau nei nr. 571889 Of stjoer in mail nei: redaksje.doarpsnijs@gmail.com Dat kin oant en mei kommende tiisdei. Jantsje 9
SKELTERRACE De vakantie is voorbij: TIJD VOOR ACTIE! Kom zaterdagmiddag 13 oktober om 13.30 naar het dorpshuis, daar organiseren wij een skelterrace! Alle basisschoolkinderen mogen mee doen, opgeven hoeft niet. Deelname is gratis. Tot 13 oktober! De Feestcommissie Nijemirdumer dorpsontbijt 2018 10
Fiel ik my foar t earst in bytsje noflik op skoalle yn Balk, stoot ús mem it lokaal yn mei myn brea-tromke... 11
DE STIPERS Mei tank oan de folgjende minsken/bedriuwen kin Doarpsnijs elke moanne útbrocht wurde: Harmen en Lieske Bangma Camping De Groninger Albert en Jeannet Bekedam Vakantiewoningen en groepsaccommodatie Bauke Beukens Garant Zaden Jan Buma Buma Handel Bed & Breakfast Lyklamastate Kamers en appartementen Johan A. Dijkstra Dierenarts Jelle Eppinga Boomkwekerij Halbe Hielkema Bouw- en onderhoudsbedrijf Atze Hoekstra Douwe Hoekstra kraanverhuur en transport Tryntsje de Jong-Rienstra Kapsalon Tryntsje Ede Groenhof Transportbedrijf/verhuizingen Stephan Mast Timmer- en onderhoudsbedrijf Stephan Mast Cees en Johannes v.d. Meer Van der Meer Mechanisatie Hendrik Postma Motorenrevisie/reparatie Douwe en Froukje Prins Bakkerij Prins, Harich Fam. K. Rienstra Beheerders dorpshuis Runia Fourage BV Veevoeders Runia Transport BV Transportbedrijf Jan-Dirk van der Tol Feedtuber B.V. VandeLinde Associates Journalistieke Producties Ruerd Vellinga Vellinga werkschoenen en -kleding Annoesjka de Vries Pedicure De Vries Slagerij, Oudemirdum Edze Westra Edze Westra Trading BV De famylje Kramer soarget derfoar dat it krantsje elke lêste woansdei fan 'e moanne by de minsken thús komt. 12
AGINDA 13 oktober : Bazaar ONS 13 oktober : Skelterrace 20 oktober : Bingo Elke 3e sneon fan e moanne wurdt it âld papier ophelle. IT FOLGJENDE KRANTSJE ferskynt op woansdei 31 oktober 2018 KOPIJ YNLEVERJE foar woansdei 24 oktober 2018 by ien fan de redaksjeleden in e-mail stjoere kin ek: redaksje.doarpsnijs@gmail.com