GEARSTALLING FAN IT BESTJOER

Vergelijkbare documenten
Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

Eindexamen Fries havo I

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS

1. In geskink fan de Nyl

KRITEJUNEN FAN ALLE KRITES FAN IT FRYSK BOUN

Herdenken - Jannes en Bea

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

Tomke makket in snieman

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

Merke 2015 Back to the 70 s

Meidielingeblêd. Fier fan Hûs Fryske Krite Bodegraven e.o. Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven. Jiergong 22, Destimber 2016

Fryske krite "Fier fan Hûs", Boadegraven e.o., Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven Septimber 2014

Staatsexamen VWO 2014

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken

Meidielingeblêd Jiergong 21, Desimber 2015

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Cursussen Fries

Correctievoorschrift VWO

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

wilens it sjonge fan de Fryske lieten

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

nr. Januari


Harkje, lêze en útspraak

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

Eindexamen havo Fries I

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

It Bestjoer. Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart

Friese taal schrijfvaardigheid

Correctievoorschrift VWO 2014

D E KRITEKOER. De kop is der wer ôf mei in moaie start foar de kriten yn it nije seizoen. De ferslaggen fine jo yn dizze kritekoer.

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter

Deadebetinking 4 maaie 2011.

I. Tsjinst fan =e Tarieding

Onderduikers eren familie Easterwierrum.

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Reünie EP de Boerschool. September 2014

Correctievoorschrift VWO 2016

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

Wybe Feenstra (tel ;

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

D E KRITEKOER. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist

LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber

WENARKEN EN WENWEINEN

It boek. fan Sinterklaas. Maarten Stevens oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst.

Beschrijving ochtend programma (voor iedereen)

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Jierferslach. Omrop Fryslân

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

* Horen van gedicht Lach, ontspan, maak plezier, vraag om hulp, kijk met aandacht Uit de 40 dagenkalender van het GDS gebied, zaterdag 11 maart

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

Marsumer fan it jier Achte oanwêzigen, bêste minsken,

Correctievoorschrift HAVO

Correctievoorschrift VWO 2013

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o.

Ut e Pinne 52e jiergong Nr. 1 januari 2018

Correctievoorschrift HAVO 2017

Wa binne Hendrik (Henk) en Bregtje (Bep) Kedde?

DEMOKRASY M E I D I E L I N G E N B L E D F A N I T. Oprjochte 8 febrewaris 1899 Jiergong 45 nûmer 4 sellemoanne 2017

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum 40-dagentiid 2018

Jannewaris 169 Nûmer 1/ 2015 Fiifentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

DOARPSNIJS Nûmer 361 maart

D E KRITEKOER. In nij begjin meitsje

Bêste kriteleden, Mar earst oant sjen op 18 maart, Harm Klijnsma.

Uitgave: Stifting Nijkleaster, Wirdum 2010 eerste druk

Ik soe sizze allegearre komme nei dizze bysûndere jûn. Allinne

Gearstalling Bestjoer

Verzet tegen het verminderen van het aantal volksvertegenwoordigers

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Omrop Fryslân. Jierferslach

Omrop Fryslân. Jierferslach

Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o.

t Skieppesturtsje febrewaris

Nijsbrief novimber 2016

Transcriptie:

GEARSTALLING FAN IT BESTJOER Foarsitter H. Dijk Raadhuisplein 33, 2411 BD Boadegraven till.0172-613143; E: hanshenny.dijk@ziggo.nl Ponghâlder en 2 de Foarsitter T. Schiere Buitenkerk 64, 2411 PC Boadegraven till. 0172-612455; E: z.schiere@kpnplanet.nl Skriuwer T. Broere-Tiesinga Raaigras 22, 2411 BW Boadegraven till. 0172-615129; E: tinibroere@kpnmail.nl 2 de Skriuwer en redaksje N. Woudstra Ronsseweg 3-105, 2803 ZA Gouda till. 0182-532886; E: nicowoudstra@planet.nl Leden E. Nauta-Vrieswijk Koninginneweg 113, 2411 XM + Sjongkoar G. Sprokkerieftde Boer Boadegraven. Till. 0172-614757 Eendrachtsweg 12, 2411 VL Boadegraven till. 0172-611133; E: gsprokkerieft@casema.nl A.Schiere-Bouma (sjoch ponghâlder) K. de Vries-Suurd Herbarenerf 30, 2743 HA Waddinxveen till. 0182-613842; E: klaasjesuurd@hotmail.com Boekeferkeap J. Larooi Ronsseweg 40, 2803 ZM Gouda till. 0182-535563; E: hjlarooi39@gmail.com Toaniel P. Westdijk Het Spoor 20, 3994 AK Houten till. 030-2318224; E: pcwestdijk@planet.nl Earelid Klaasje van der Meer Kontribúsje 8,50 de persoan oermeitsje op banknûmmer NL 23 RABO 0308 879 651

1 FAN DE FOARSITTER, It is oan it ein fan de fakânsje as ik dit foarwurd skriuw. Yn it midden fan it lân geane de bern al wer nei skoalle. Nije wike binne de bern yn it súden fan it lân oan bar en oer twa wike is it yn it noarden ek safier. It gewoane patroan kin dan wer ynfierd wurde. De knyntsjedagen binne wer foarby. En sa giet it fan it iene jier nei it oare. De dagen wurde al wer in bytsje koarter. Fansels is de simmer noch net hielendal foarby. Ek oan it ein fan augustus en yn septimber kinne der noch hiele moaie dagen komme, mar mei de fakânsjes is it sawat dien. De tiid hâldt gjin skoft. En sa giet it mei ús Fryske krite ek. We hawwe in hiel moai seizoen efter de rêch. De kritejûnen waarden tige goed besocht en ús sjongkoar hat heare litten dat se der noch hiel wat fan kinne. Under lieding fan Wiebe Tilstra is der drok rippetearre en yn de tsjerketsjinst yn ôfronne maart hat dat fertuten dien. Wat wiene der dochs in protte minsken yn dy tsjerketsjinst. En guon gesichten hiene we noch nea sjoen. Wiebe Tilstra, tige tank. En op dit plak mei ek wol efkes nei foaren brocht wurde dat de toanielklup ûnder rezjy fan Antje Hooijenga in hiel moai stik op 'e planken brocht hat en dat der nei de premjêre yn Boadegraven noch spile is by de Fryske kriten yn Haarlim, Utert, Hilversum, Hurderwyk en Apeldoarn. Tsjonge, jonge, dat is dochs in boppeslach! Antje Hooijenga, tige tank foar al dy ynspanning. Tige tank foar al dat oefenjen en al dy rezjy-oanwizingen. Dejingen dy't der oan mei dien hawwe witte dat it allegearre net fansels giet. Och heden, nee! Der moat hiel wat wurk ferset wurde, ek troch de spilers. It is net in kwestje fan efkes de tekst leare en klear is kees. Der komt folle mear om 'e hoeke. Je moatte op elkoar ynspylje en de emoasjes oerbringe nei de minsken yn 'e seal. No, probearje dat mar ris. It falt lang net ta. Ek it kommende seizoen hat it kritebestjoer it programma al wer klear. Yn dit kritekrantsje lêze jimme der mear oer. Wy hoopje dat we de Fryske taal en de Fryske kultuer wer heech hâlde kinne. It is dochs eins hiel bisûnder dat soks yn in tiid fan globerisearjen noch barre kin. It risiko yn de moderne tiid is dat de oandacht foar it lytse, it eigene, it persoanlike, it yndividuele, esfh. ferlern giet. En dêr moatte wy foar oppasse. Wy moatte oandacht hâlde foar elkoar, foar ús bern, foar heit en mem, 2 foar pake en beppe, sa lang as se libje. En de taal dy't we thús leard hawwe moatte we net ferjitte. Oant op de kritejûnen, Hâns Dijk JIERFERSLACH FAN DE KRITE FIER FAN HÛS BOADEGRAVEN E.O. 2016-2017. Oersjoch fan de wurklist winterskoft 2016-2017 Sneon 8 oktober 2016 om 16.00 oere yn Rijngaarde: Alg. Ledegearkomste Sneon 19 novimber 2016 om 19.30 oere yn it Evertshûs: Toaniel Sneon 21 jannewaris 2017 om 16.00 oere yn Rijngaarde: Nijjiersgearkomste Snein 19 maart 2017 om 14.30 oere yn e Luthertskerke: Tsjerketsjinst Sneon 8 april 2017 om 14.00 oere yn Lelystêd: Jiergearkomste FBoU 1. Algem. Ledegearkomste /bôle-iten en Lêzing Jan Buruma It útwreide ferslach is te lêzen yn it Meidielingeblêd fan desimber 2016. Skreaun troch Klaasje de Vries-Suurd. Inkele punten dêrút hjir noch efkes: Nico hat it ferslach skreaun fan 10 oktober 2015;it ferslach is goedkart Spesjaal komt yn it jierferslach 2015-2016 fan de skriuwster nei foaren it 70- jierrich bestean fan e krite, fiert op 12 maart 2015. In slagge middeisprogramma mei koaren en jûns kostlik toaniel mei Klún & Knoffelhakke yn it Evertshûs. En net te ferjitten it 40 jierich jubileum fan Geeke Sprokkerieft as bestjoerslid fan e krite. In fertsjinne sulferen broche foar har ynset yn al die jierren. Rekkenopnimmer Rein Munniksma is tige tefreden oer it wurk en de útliz fan e ponghâlder. Oan it bestjoer wurdt troch de leden desjarzje ferliend. Rein Munniksma sil it kommende jier ek de finânsjele administraasje wêr neisjen.

3 De Bulgarije-lêzing fan Jan Buruma wurdt yn 2 dielen presintearre mei tuskentroch it bôle-iten. Diel 1 giet oer de Bulgaars Otterdokse Tsjerke: Geloofsbelibbing, Iconen, fêste rituelen troch de priester foar- en achter it gerdyn en it fêsthâlden fan de Slavyske Tsjerketaal. Yn Nederlân binne ek sa n 30 Otterdokse Tsjerken û.o. yn Kollumerpomp wêr t in part fan e tsjinst yn it Frysk is en yn Himmelum is yn de âlde PKN-tsjerke in Russysk Otterdoks kleaster. Diel 2 giet oer it Bibleteek Projekt: Bibleteken spylen in grutte rol foar taal en kultuer tidens de Communistyske tiid. Yn 1989 foel it Yzeren Gerdyn. Dertroch wie in grutte omslach nedich en krigen grutte bibleteken fan 1997 ôf stipe fan de VN. De lytsere stêden as Sliven krigen gjin stipe fan Europa, mar wol fan de Stichting STOEP (St. Oost Europa) mei in wurkgroep yn Fryslân, MATRA (Maatsch. Traditie) en het Ministerie yn Den Haag. Jan hat yn Sliven meiwurke oan de oanskaf fan in laptop en in digitale kamera. It jild war ynsammele troch aktiviteiten yn Nederlân en Fryslân (2004-2007). Troch missers fan STOEP en fan de kant fan Bulgarije rûnen ja de subsydzje mis wertroch it projekt eine. Hiel sneu foar de ynwenners fan Sliven, foar Jan en alle frijwilligers die t harren foar dit projekt ynsetten hawwe. Nettsjnsteande dat de beamer it net die, hat Jan op in ynteressante wize de leden kennis meitsje litten mei it frijwilligerswurk fan Jan eartiids yn Bulgarije. 26 minsken besochten de jûn. 2. Toaniel: Twafertsjinners yn Twastriid troch toanielploech Nocht en Wille Der wie hiel hurd wurke ûnder rezjy fan Antje Hooijenga om it stik op e planken te bringen. Op 19 novimber wie it sa fier. De premjêre yn it Evertshûs. De frou is abbekaat en de man hanneler yn fytsûnderdielen. Alle beide komme de partners wurch fan it wurk. En dan mat der ek noch iten sean, de húshalding dien en wa nimt de tillefoan op! It groeit harren boppe de holle. Freondinne Anneke sil helpe. Mar se komme fan e rein yn e drip. Noch mear swierrichheden. Dan is der ek noch de ferskriklik nijsgjirrige buorman en de pliesje die oan de doar komt.. De ontknoping komt yn it lêste bedriuw en dan komt alles wer op syn poatsjes teloane. De spilers: Germ Bokma, fertsjinwurdiger yn fytsûnderdielen (Siebren Miedema). Lysbet Bekkema, abbekaat en freondinne fan Germ (Lysbeth Zeinstra). 4 Bouke Bangma, plysje (Sybren Westra). Anneke de Boer, skriuwster (Klaske van Hoeij) Tiny, help yn e húshâlding (Pietie Westdijk) Harm, buorman (Hâns Dijk). De spilers fan de kriten Boadegraven, Utert en Seist brochten dit stik mei fleur en faasje. In hjoedeisk toanielstik! Hulde oan alle spilers, yn it bysûnder oan Siebren Miedema mei syn wol hiele grutte rol en de wize fan spyljen. En ek alle hulde oan de regizeuse. Froulju fan it bestjoer hawwe harren ynsetten foar in slagge ferlotting en Johannes Larooi wie presint mei de âlde/nije boeken. Klaasje de Vries-Suurd iepene en slute dizze jûn. De foarsitter hie in oare rol! Sa n 50 minsken besochten de toanieljûn. 3. Nijjiersgearkomste mei snert en de DVD Mata Hari. Op sneon 21 jannewaris wie de moetingsdei fan Bestjoer en leden fan e Krite yn it nije jier. Nei it gleske fan e ponghâlder war de DVD Mata Hari fertoand, spiele troch Tet Rozendal. Musikaal begeliede troch Erik de Reus. Margaretha Geertruida Zelle (Mata Hari), berne yn Ljouwert, beslút nei Amsterdam tegean. Se wurdt dûnseres en komt op poadiums teloane yn alle grutte stêden fan e wrâld. Hja fertinke har dêrfan dat se yn de 1 ste Wrâld Oarloch dûbelspionne wie en dertroch op 18 juli 1917 troch de Frânsen delsketten is foar in fjoerpeleton yn Vincennes. Dit jier dus 100 jier lyn. Yn de monolooch fertelt Mata Hari har libbensskiednis oan har dochter, sadat se miskien better begrype kin, wêrom har mem har allinne litten hat nei de skieding mei har heit. Tet Rozendal spilet prachtich en wit op bysûndere wize spanning te bringen yn it ferhaal: fan it bertehûs yn Ljouwert, nei Amsterdam, nei Ned. Indië, ensaforthinne. Yndrukwekkend! Eltsenien liet him de snert goed smeitsje, sean troch Theo en Annie Schiere mei roggebrea en spek der t Geeke foar soarge hie. In slagge nijjiersgearkomste mei in opkomst fan 36 minsken.

5 4. Fryske Tsjerketsjinst. Iens yn e twa jier wurdt der in Fryske Tsjerketsjinst hâlden yn e Lutherske Tsjerke yn Boadegraven. Dit jier op snein 19 maart middeis om 14.30 oere. Foargonger: ds. T.H. Hibma út Amsterdam. Dûmny fôlge it roaster fan dizze snein Oculi (each). Oan e hân fan de lêzingen út Exodus 17 en Johannes 4, djipte ds. it tema myn each is op jo fierder út. Oargelist: Gijsbert Kok, Boadegraven, begelieder fan koar en mienskiplik sjongen. De Fryske kantorij, ûnder lieding fan Wiebe Tilstra, song moai en de Oargelist begeliede op in fantastyske wize. Al mei al wie it in tsjinst om mei in goed gefûl op werom te sjen. Fan de kofje/tee mei koeke nei de tsjinst war troch eltsenien gebrûk makke. 67 minsken (measten fan bûten Boadegraven) en 20 koar-leden besochten de tsjinst op dizze sinneskyndei. 5. Jiergearkomste Frysk Boun om Utens It ferslach fan de gearkomste fan 8 april troch de skriuwer fan it FBoU, Kees van der Beek, komt oan e oarder op in oar plak yn it Meidielingeblêd fan septimber. Hjir efkes oandacht foar in wol hiel wichtich punt: Hâns Dijk is ta earelid beneamd fan it Frysk Boun om Utens. Hy is 19 jier bestjoerslid west, wêrfan 17 jier as foarsitter. Wat in ynset al die jirren!!!! Hâns it is fertsjinne. De nije foarsitter is wurden mei algemiene ynstemming: Jan Bijkerk út Lelystêd. Geeke Sprokkerieft wie ôffeardiger fan de krite Fier fan Hûs. 6. Lede-administraasje Ferstoarn: 23 febrewaris 2017: Durk Melchers, Rijngaarde 108, Boadegraven 06 juli 2017: Tjitske Akkerboom-van der Wal, Van Bergen IJzendoornp. 7-103, Gouda Betanke as lid: hear M. Wieringa, Leiden frou Van Straten, Hoofddorp. Nij lid mei yngong fan sept. 2017: hear S. Faber, Marathonlaan 14, 2807 BB, Gouda. 6 7. Gearkomsten krite 2017-2018 7 okt. 2017 om 16.00 oere yn Rijngaarde: Alg. Sprekker Boargemaster Bilker oer de Fryske Nassau s. 24 nov. 2017 om 19.30 oere yn Rijngaarde: Kabaret troch Inez Timmer út Ljouwert 20 jan. 2018 om 16.00 oere yn Rijngaarde: Nijjiersgearkomste mei snert en fertoaning DVD De Feteranen. 24 maart 2018: wurdt letter bekend makke. Gearkomste FBoU 28 oktober 2017: Moetings- en Ynspiraasjedei yn de Kiekmure, Tesselschadelaan 1, 3842 GA Hurderwyk. Tini Broere-Tiesinga, skriuwster; augustus 2017. FAN DE SKRIUWER FAN IT FBoU Ermelo, 28 april 2017 Oan alle kriten, dy t oansletten binne by it Frysk Boun om Utens. Op de Algemiene Gearkomste fan It Boun fan 8 april l.l. yn Lelystêd binne in tal wichtige saken oan de oarder kaam, dy t wy no nochris foar jimme op in rychje sette: 1. Hâns Dijk is ta earelid fan It Frysk Boun om Utens beneamd. Hy hat 19 jier bestjoerslid west, wêrfan 17 jier as foarsitter. Yn syn plak is mei algemiene ynstimming Jan Bijkerk fan Lelystêd as foarsitter beneamd. 2. Yn de fakatuere fan Tia Walstra hat net ien sich by de skriuwer oanmelden om har plak yn t Bounsbestjoer oer te nimmen. As bestjoer sille wy dêrom sels geskikte kandidaten benaderje. 3. Ien fan de taken dy t Tia die, wie it byhâlden fan de Ynformaasjemap. Feroarings oangeande gearstalling fan kritebestjoeren en oare saken dy t yn dy Ynfomap steane, moattte tenei streekrjocht oan de skriuwer fan It Boun trochjûn wurde: skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.frl

7 4. Nei de lêstholden bestjoersgearkomste fan 18 april l.l. is dúdlik wurden, dat it toanielselskip fan Boadegraven/Utert foarearst net wer op e planken komme sil; hja fine sichsels te âld wurden spitich fansels, mar wol begryplik. 5. De Moetings- en Ynspiraasjedei sil dit jier op 28 oktober yn de Kiekmure te Hurderwyk heve. Hâldt by it tarieden fan jim nije winterskoft dy datum frij fan aktiviteiten. Moarns sil de toanielstúdzje sintraal stean. Sa t no liket komt frou Sietske Poepjes, deputearre foar ûnder oaren Kulurele 6. saken yn Fryslân de middeis om oer har wurk te fertellen en mei ús dêroer yn petear te gean. Jûns komt it selskip Blikstiender fan de Lemmer nei Hurderwyk mei it programma: FRYSLAN HEITE. In fleurich, frysktalich programma mei sketskes en lietsjes: in knypeach nei markante foarfallen en persoanen út de Fryske histoarje. In ôfwiksling fan skets, liet en ljochtbylden. Neiere ynfo folget. 7. Nije foarsitter fan it Frysk selskip Gysbert Japicx is frou A. Wester-Muller nije ponghâlder is de hear W. Hiemstra. 8. Ynkoarten sil in lyts kommitee fanút it Bounsbestjoer in besite bringe oan de nije Kommissaris fan de Kening yn Fryslân, dhr. A. Brok. Dan sil ûnder oaren praat wurde oer de AG fan takomme jier 14 april 2018 yn it Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert de ynlieding fan de Kommissaris en de Friezedei dy t wy dan tagelyk hâlde wolle. Bring dit barren ek no al by de leden fan jim kriten ûnder de oandacht dy dei dus alfêst yn t bûsboekje! Wa kin en wol in sit nimme yn de tariedingskommisje foar dy Friezedei meitinkers frege dus! 9. Jelma Wiegersma, lid fan de krite Swol en tegearre mei Jan Roelants fan Utert de nije boekeminsken fan it SBF, hat in brief oan t bestjoer fan It Boun skreaun. Hja hat in tal jierren alle war dien om krite-aktiviteiten op Facebook en Twitter oan te rikkomandearjen. Bedoeling wie om dêrmei mooglik ek in jonger publyk nijsgjirrich te meitsjen nei de ferskillende aktiviteiten. Sy koe soks dwaan om t der kriten wienen, dy t dit oan har trochspilen. Lykwols dêr mankearre it de lêste tiid oan en dus hat Jelma har werom lutsen foar dit putsje. Spitich fansels, mar begryplik har idee om op dizze wize mear jongfolk te lûken, is net oanslein. 10. Om dochs dy krite-aktiviteiten yn in oersicht by-inoar ûnder te bringen hat Jan Roelants it útstel dien om soks op de webside fan It Boun te dwaan. Krek sa as al in hiel soad kriten harren kriteblêden trochspylje oan de redaksje fan de webside, sa kin dat ek dien wurde foar it folsleine 8 winterprogramma (of, foar safier dat bekend is) fan krite-aktiviteiten. De webmaster hat al op de hiemside fan it Frysk Boun om Utens in aparte rûmte makke om al dy aktiviteiten op de kalinder ûnder te bringen. Dat kinne jimme sels net ynfolle mar dat oersicht moatte jimme earst nei de skriuwer opstjoere hoe earder hoe better! Sa kin elkenien kennis nimme fan alle aktiviteiten dy t der sa n winterskoft op priemmen stiet. Fersyk: bring jim leden op e hichte fan dizze 9 saken en freegje, foar safier fan tapassing, om data fêst te lizzen. Hâldt by it plannen fan eigen krite-aktiviteiten rekken mei de neamde saken en spylje ynfo troch oan de skriuwer fan It Boun: skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.frl Binne der fragen, dan is boppesteand e-mailadres dêrta in yngong. Freonlike groetnis, Kees van der Beek TJITSKE EN EELTSJE AKKERBOOM-VAN DER WAL 75 JIER TROUT Op ôfronne 21 april is der in fertsjintwurdiging fan ús bestjoer nei Gouda tein want dêr wie it grut feest. De beide leden fan ús krite Tjitske (98) en Eeltsje Akkerboomvan der Wal (102) wiene 75 jier trout. Yn ien wurd: bjusterbaarlik! De boargemaster fan Gouda hie dit noch nea meimakke. Der hat in grut stik yn 'e krante stien. Beide sieten yn it ûnderwiis en hja moeten mekoar foar it earst yn 1938 op in lânlike kampwike. Tjitske kaam út Drachten en doe't hja mei Eeltsje oan 'e praat rekke, bliek dat hy yn Doardt berne wie mar dat syn heit út Fryslân kaam. No, doe wie de boat oan fansels. Yn 1942 binne se trout en Eeltsje fûn wurk yn Gouda by de Klaas de Vries-skoalle yn 'e binnestêd fan Gouda. Letter is hy leraar wurden oan de Hegere Túnbouskoalle yn Boskoop. Op de feestlike gearkomste kaam nei foaren dat Eeltsje in man is mei grutte kwaliteiten. Hy is keunstskilder en spile earder fioel yn it orkest fan Gouda. Mar ek Tjitske koe aardich meikomme. Hja is jierren skriuwster west fan de Fryske krite 'Meiinoar Ien' fan Gouda, dy't yn de fyftiger en sechstiger jierren bestie, mar letter opheft is. Tjitske wie ek tige aktyf op it mêd fan it Fryske toaniel. Mar dat net allinne. Doe't Gouda yn 1972 700 jier bestie, hie hja ek dêryn in prominente rol. Al mei al wie it in hiele moaie gearkomste foaral ek doe't it orkest

9 fan Gouda yn 'e seal kaam om in serenade te jaan foar it jubilearjende pear en it lid fan eartiids. TJITSKE AKKERBOOM-VAN DER WAL (98) FERSTOARN Grut wie de alteraasje doe't we in pear wike letter it berjocht krigen dat Tjitske Akkerboom-van der Wal hommels ferstoarn wie. Op 'e nij binne we mei deselde delegaasje fan it bestjoer nei Gouda tein om de famylje te kondolearjen. It wie in tige emosjonele gearkomste, foaral ek omdat har man Eeltsje dit alles op sa'n hege leeftyd noch meimeitsje moast. Alle trije bern hawwe in wurdtsje sprutsen en ferteld oer de moaie jierren dy't se mei syn allen meimakke hiene. Op fersyk fan de festoarne waard spile: 'Moai sûnder weargea binne de Wâlden'. It wie op dat momint deastil yn 'e seal. Djip ûnder de yndruk binne we wer nei Boadegraven ôfset. TINI BROERE-TIESINGA KRIGE IN KENINKLIKE UNDERSKIEDING Jawol, jawol, jimme lêze it goed. Us eigen Tini, skriuwster fan de Fryske krite fan Boadegraven krige by gelegenheid fan de jierdei fan de Kening ôfronne april in Keninklike Underskieding. Hja waard 'Lid in de Orde van Oranje-Nassau'. Tini krige dizze ûnderskieding foar al har fertsjinsten foar de mienskip yn Boadegraven. En dy fertsjinsten binne sa grut dat je se hast net opneame kinne. We witte allegearre dat se foar ús krite tige aktyf is. Neat is har tefolle. Hja soarget foar de ferslaggen fan de bestjoersgearkomsten, it jierferslach, de ôfspraken mei toanielen kabaretselskippen, de persberjochten, ensfh. Mar der is folle mear dat troch har fingers giet. Fiif en fjirtich jier hat se yn it spier west foar 'Contactbanden', in ynitiatyf fan de Griffemearde tsjerke om oandacht te jaan oan siken en minsken dy't allinne binne. Jierrenlang siet se yn de tsjerkeried mei alle wurksumheden dy't dêr by heare. Nei it útrikken fan de ûnderskieding troch de boargemaster hat Tini jûns eltsenien útnoege en fansels wie ús bestjoer ek oanwêzich. Wy hawwe har út namme fan alle leden fan de krite lokwinske. De keamer wie groatfol, eltsenien wie optein en it wie tige gesellich. De beide dochters hienen in ferske yn mekoar set en dat ha we mei syn allen lûd en dúdlik songen. Want we binne it der allegearre oer iens dat Tini de ûnderskieding dûbel en dwers fertsjinne hat. Wy binne tige wiis mei sa'n aktive 10 skriuwster. It ferske dat we songen hawwe is makke troch de beide dochters fan Tini en Dick Broere: 1 Wie is er vandaag geridderd? Wie kreeg er een Lintje? Onze Tini, ja zij is het! Tini kreeg een Lintje! Wat heeft zij daavoor gedaan? Tini vroeg geen Lintje Zij was helemaal ontdaan... Tini heeft een Lintje! 3 Skriuwer is ze al acht jaren Tini krijt een Lintsje Fryske taal moet je bewaren Tini krijt een Lintsje Fryslân boppe, Frysk toneel Tini krijt een Lintsje Perserichten, och wat veel Tini krijt een Lintsje TINI HEEFT EEN LINTJE! ACTIVITEITEN YN IT KOMMENDE SEIZOEN Algemiene Ledegearkomste mei bôle-iten De jierlikse ledegearkomste is op sneon 7 oktober o.s. yn Rijngaarde en begjint om 16.00 oere. Earst komt natuerlik it riden en farren fan de krite oan e oarder. Dernei is it wurd oan Baern Bilker, 2 Contactbanden presenteren Tini verdient een Lintje Vijfenveertig jaar vergaad'ren Tini verdient een Lintje Teksten schrijven met de hand Tini verdient een Lintje Luisteraars zijn blij verrast Tini verdient een Lintje! 4 In de kerk was zij Diaken Dat verdient een Lintje Ouderling en and're zaken Dat verdient een Lintje Bloemen staan er prachtich bij Dat verdient een Lintje Namen schrijven sluit de rij Dat verdient een Lintje!

11 boargemaster fan Kollumerlân. Hy wit in ynteressant ferhael te hâlden oer de Fryske Nassau s. Wy beslúte de gearkomste mei it bôle-iten. Eltsenien tige wolkom. De kosten: 10,-. p.p. Oant 1 oktober opjaan by Tini Broere-Tiesinga: tel. 0172-615129 of e-mail: tinibroere@kpnmail.nl Tusken Heimat en Heitelân Op freed 24 novimber om 19.30 is Inez Timmer presint yn Rijngaarde om har Fryske programma te bringen. Pianobegelieder is Peter van der Zwaag. Fryslân s lêste diva en Lady Entertainer leit út wêrom de ienhoarn útstoarn is, hoe lekker it sjongt yn de lijte fan in ko en hoe moai it is yn it Lân fan Peasens-Moddergat. Hiene jo eartiids ek blokken op e trapers fan de fyts? En wêrom kin mânlju noait wat fine? Kom nei Tusken Heimat en Heitelân. Nei ôfrin binne jo wis wizer! Mei Peter van der Zwaag oan de piano kinne jo yn elts gefal rekkenje op in Happy Ein. Tagong: 15,-. (kofje/tee ynbegrepen.) DE FAMYLJE KOOISTRA AS GRÛNLIZZERS FAN DE FRYSKE KRITE YN BOADEGRAVEN Dit kear Diel 5 fan de belibbenissen fan ús kritelid Anne Kooistra. Yn de foargeande kritebledsjes hat hy ferteld dat syn heit yn Wergea berne is en nei ferrin fan tiid nei Boadegraven kommen is. Mar pake en beppe wennen dus yn Fryslân. Sa'n 70 of 80 jier lyn wie it in hiele reis nei Fryslân om dêr bygelyks by de famylje te útfanhûzjen. Earst op 'e fyts nei Amsterdam. Dan mei de boat nei Lemmer oer it Iselmar. En dan 12 wer op 'e fyts nei Wergea. Dan wiene je dus in hiele dei ûnderweis. It is dochs hiel nijsgjirrich om te hearen hoe dat eartiids allegearre gie. Yn it foarige kritekrantsje hat Anne Kooistra ferteld dat hja as bern by in omke yn de Lege Midden op besite gienen. Mar yn dat wetterlân wie dat mei de fyts yn dy tiid noch net sa maklik. Omke en muoike wennen op in wenark. Hja moasten lâns it Spoekepaed. En dêr kin it barre dat je in spoekfiguer tsjin komme. En dat spoekfiguer is dan de Lang-sleatemer-man út it ferhaal fan de smit fan Earnewâld. Anne hat ris omfrege of dy sêge wol by eltsenien bekend is. Dat bliek net sa te wêzen. Dêrom fertelt hy it hjirre. De tekst komt út it boek 'Friese mythen en sagen', fan J.P. Wiersma. DE STRO WURDT NET OM IN AAI BEDOARN. Troch Anne Kooistra (Diel 5). De smit fan Earnewâld. It is al hiel lang lyn. It wie nei de tiid dat Redbad kening fan de Friezen wie en it kristendom hyltiten fierder yn Fryslân trochdrong. It tsjintwurdige Warten wie yn dy tiid in grutte stêd mei in protte wolfeart, dy't Wartenastêd hjitte. Kening Redbad hie sels ynstien foar de bloei fan de stêd, mar hy hie sein dat it mei de stêd min ôfrinne soe as der bruorremoard plak fine soe. Ien fan de ynwenners wie smit yn Earnewâld. Hy hjitte Wybo en hy wie fan fername ôfkomst. Hy stamme ôf fan kening Redbad sels. Der waard sein dat er eartiids in broer hân hie dy't Bouwe hjitte. Mar syn mem fertelde dat dy tagelyk mei syn heit ferdronken wie yn it Smelle Eastersân. Dy mem wie in fûleindige oanhanger fan de fertroude religy fan Odin en Thor en hja hie nea op mei de nije religy fan it Kristendom. Hja gong sels sa fier dat hja it in fromme died fûn om in oanhanger fan dy religy, in ûnleauwige yn har belibbing, dea te meitsjen. Yn dy tiid lei der oan de Smelle Ie in kleaster. De abt fan dat kleaster wie in hiel bjusterbaarlik persoan. Der waard sein dat hy as lytse poppe yn in hiel lyts boatsje oandreaun kaam wie. De muontsen brochten him grut, hy wie syn hiele libben al klearsterling en hy ivere tige foar de fersprieding fan it Kristendom. Foar de mem fan Wybo wie de abt in geskikt slachtoffer en Wybo slagge der yn de abt dea te meitsjen. Lykwols doe't de mem it lichem fan de man dy't fermoarde wie ris goed beseach, doe seach se dat op syn boarst it wapen fan kening Redbad stie. Hja

13 realisearre har dat hja it der sels op skreaun hie en dat it har soan wie wêr't hja fan tocht dat er dea wie. Se seach har bern werom mar allinne mar omdat hy dea wie, dea fanwege in fromme died. It tiisde yn har holle om. Hja koe it net kwytreitsje en hja stoar fan fertriet. Omdat der sprake wie fan bruorremoard gong Wartena-stêd troch in grutte wetterfloed nei de barrebysjes. En ek Wybo kaam hjirby om it libben. De geast fan Wybo koe lykwols gjin rêst fine. Hy waard ferskuorrend lulk en opstannich. Hy hie in goede, fromme died dien en wist net dat hy in bruorremoard op syn gewisse hie, dat hy in mem fan har soan berôve hie en dat hy in stêd mei de grûn gelyk makke hie. Op wa koe hy syn gram rjuchtsje? Op kening Redbad? Dy wie fier ferheven en boppedat wie hy al dea. Dus naam hy wraak op de ynwenners fan Warten en Earnewrâld en gong dêr spoekjen. En net allinne yn de doarpen mar ek der tuskenyn. Dat is it gebied fan de Lange Sleat. Dêr bedreaun er syn spoekdieden. Hy waard dan ek al hiel gau de Lang-Sleatemer-man neamd. It spoekjen giet tsjintwurdich noch hyltiten troch. Der wurdt ferteld dat hy net earder rêst fine sil dan dat Earnewâld fergean sil. Mar Earnewrâld wol dêr yn earsten noch net oan meiwurkje. It bewiis dat it spoekjen yn it gebied fan de Lange Sleat noch hyltiten troch giet, blykt út it folgjende foarfal. In skipper lei syn tsjalk netsjes sa as it heart oan de stjoerboardkant fan de Lange Sleat en giet yn syn roef om him del te jaan. Mar wat bart der? Yn de nacht makket de Lang-Sleatemer-man it skip los en leit it fêst oan de oare kant, dus oan bakboardkant. De oare moarn doe't de skipper wekker waard en fan board gean woe, wie it sa mistich dat je gjin hân foar de eagen sjen koene. Yn goed betrouwen sprong hy oan de stjoerboardkant fan syn skip en kaam omdat it skip oarsom lein wie pardoes yn it wetter. Hy koe net swimme en is deagewoan ferdronken. En sa is der mear bewiis. In twadde foarbyld. In fisker lei syn aakje oan de wâlkant fan de Lange Sleat en sette syn fûken út. Dêrnei gong hy nei Earnewâld om boadskippen te dwaan. Hy frege syn dochter om der op ta te sjen en minsken oer te setten om sa in sintsje by te fertsjinjen. In lyts skoftsje letter as har heit al fuort is, sjocht se ynienen op de oare wâlkant in man yn it hege gers stean. Se tinkt dat de man oerset wurde wol en makket har klear om nei de oare wâlkant te roeikjen. Dat hie hja net dwaan hoechd want de man kaam al oer it wetter nei har ta rinnen. Doe't hja seach hoe ôfgryslik wyld de man der útseach rekke hja der fan oertsjûge dat it de Lang-Sleatemer-man wie. Hja sprong yn 'e boat, goaide it lânfêst los en roeide mei faasje nei har heit yn Earnewâld. Har heit leaude net yn spoeken en probearre har te 14 treasten. Hy sei: 'Och heden, myn leave, do sist wol ôfgryslik skrokken wêze mar spoeken bestean net, hear. Gean mar gau wer werom want de boat en de fûken hawwe gjin tafersjoch. Dyn bruorke giet wol efkes mei dy mei'. Doe hja by it aakje oankamen wie it spoek der net mear. It famke wie noch dagen fan streek, hja moast hyltiten mar tinke oan dy ôfgryslike man en wat der allegearre barre kind hie. Lokkich wie hja noch jong en striidber. Se hat der gjin psychoaze fan oerhâlden. (wurdt ferfolge, mei û.o. it tredde bewiis dat it tusken Warten en Earnewâld noch altyd spoeket) FAN 14 OKTOBER OANT EN MEI 2 APRIL 2018 GRUTSKE MATA HARI - EKSPOSYSJE yn Frysk Museum yn Ljouwert (sjoch www.friesmuseum.nl) Foar it earst it folsleine libbensferhaal fan it ikoan. It is de grutste útstalling oer it dramatyske libben fan Margaretha Geertruida Zelle. It famke út Ljouwert. Foto: Mata Hari op de hurd-draversbaan. 1911

er oer it wetter, dêr kaam er teplak. yn e frjemdte joech him syn gerak. dochs bleau de bân, ngst nei syn lân; spile t gefoel dan d baas oer t ferstân. him doe dreaun en him eartiids hjir ht? Fryslân gjin wurk doe t er breawinning t? ie it de sucht rijdom fan tucht, kjen nei lok en feroaring fan lucht? Bosch út Neilêzing oerd troch Gré Kamerling. 15 UNWENNICH ei libbenslang foar syn húshâlding krom. omt er nei jieren yn Fryslân werom, t wurdt him gau klear, cht it him sear: út syn jeugd, nee, dat fynt er net mear. ûn hjir om utens syn brea en syn frou. ern dy t se krigen ûntfrysken al gau. hy gie syn paad êsthâldend aard ies bûten Fryslân, hoe âld er ek waard. brochten syn dreamen t ferline yn t sin: epte en keatste, dat gie net sa min. urdsilerij edriderij hy as jongkeardel graach fan e partij. IEUWENÂLDE READE BOEKEBEAM VAN ORANJEWÂLD 16 De 200 jier âlde feteraan en steatige beam stiet yn it park fan e Bûtenpleats Oranjewâld. It park hjit officieel de Overtuin en Ieit in pear kilometer fan it Hearrenfean. Prinses Albertina Agnes kocht de Bûtenpleats yn 1676 en joech it dizze namme. Sy wie de dochter van Steedhâlder Fredrik Hendrik en Amalia van Solms en pake sizzer van Willem van Oranje. De prinses liet har tún oanlizze yn barokstyl mei lange loanen en singels. Yn 1713, in lytse 20 jier nei dat se ferstoarn wie, war de Keninklike Bûtenpleats ferkocht en letter ôfbrutsen. Op itselde plak hat de Fryske politikus Hans Willem de Blocq van Scheltinga omtrint 1830 in nij Oranjewâld bout. Oant 1961 is Oranjewâld yn e famylje bleaun, mar wurdt no brûkt as kongressintrum. De tún is sûnt 1953 fan e gemeente. (foto en ynfo oersetten yn it Frysk en ferkoart oernaam út TROUW, 7 augustus 2017.Yn it kader Duurzaamheid en Natuur: Markante bomen met een bijzonder verhaal) Tini Broere. onge fan sân n stôk t paad ljeppe n fierder utte wrâld temjitte OP N PAAD ch jier letter n stôk ad del knoffelje n koarter râld wurdt stadichoan lytser. Huizinga út Oer de drompel Ynstjoerd troch Gré Kamerling.

Sneon 7 oktober 16.00 oere. Sneon 28 oktober Freed 24 novimber 19:30 oere Sneon 20 jannewaris 16:00 oere KALINDER 2017-2018 Algemiene Ledegearkomste. Mei Baern Bilker Moetings- en ynspiraasjedei FBoU Tusken Heimat en Heitelân. Inez Timmer Nijiersgearkomste mei snert. Mei DVD De Feteranen Rijngaarde Bodegraven Hurderwyk Rijngaarde Bodegraven Rijngaarde Bodegraven Sneon 24 maart?? Sneon 14 april AG FBoU Provinsjehûs Ljouwert