Gearstalling Bestjoer

Vergelijkbare documenten
1. In geskink fan de Nyl

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

KRITEJUNEN FAN ALLE KRITES FAN IT FRYSK BOUN

Eindexamen Fries havo I

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

Merke 2015 Back to the 70 s

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,

Eindexamen havo Fries I

Gearstalling Bestjoer

nr. Januari

Staatsexamen VWO 2014

D E KRITEKOER. De kop is der wer ôf mei in moaie start foar de kriten yn it nije seizoen. De ferslaggen fine jo yn dizze kritekoer.

Herdenken - Jannes en Bea

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

Tomke makket in snieman

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

Friese taal schrijfvaardigheid


DOARPSNIJS. Nûmer 384 april

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Lok, seine en in soad oare goede winsken foar it nije jier!

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

Correctievoorschrift VWO

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Harkje, lêze en útspraak

It Bestjoer. Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo. Skriuwersadres: Beemdweg XC Ermelo

Correctievoorschrift VWO 2014

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst.

Gearstalling Bestjoer

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

Nijsbrief novimber 2016

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken

Cursussen Fries

Uitgave: Stifting Nijkleaster, Wirdum 2010 eerste druk

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken!

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

Correctievoorschrift HAVO 2014

Gearstalling Bestjoer

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber.

Meidielingeblêd Jiergong 21, Desimber 2015

Oktober deel 2. Beste ouders / verzorgers,

D E KRITEKOER. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist

Ut e skoalle 6. Trefwoord

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Jierferslach. Omrop Fryslân

Herfstvakantie: 15 t/m 23 oktober 25-10: Jelle (2004) teamvergadering 27-10: signaaldictee blok 2 bovenbouw (proefdictee)

Correctievoorschrift HAVO 2012

Gearstalling Bestjoer

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber

Correctievoorschrift VWO 2013

Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o.

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber

Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van B&M/LLW

Samenvatting / Gearfetting bidbook Lwd2018. De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018

Beschrijving ochtend programma (voor iedereen)

Ut e Pinne 52e jiergong Nr. 1 januari 2018

De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007

GEARSTALLING FAN IT BESTJOER

D E KRITEKOER NOFLIKE KRYSTDAGEN EN IN SÛN 2017!

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Bêste minsken, Anne Tuiten.

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Bêste kriteleden, Mar earst oant sjen op 18 maart, Harm Klijnsma.

Wybe Feenstra (tel ;

Ik soe sizze allegearre komme nei dizze bysûndere jûn. Allinne

D E KRITEKOER. In nij begjin meitsje

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo?

Reünie EP de Boerschool. September 2014

Fryske krite "Fier fan Hûs", Boadegraven e.o., Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven Septimber 2014

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo. Skriuwersadres: Beemdweg XC Ermelo

De Eendracht. Vereniging voor dorpsbelangen Deinum. Voorzitter Assuerus Jorna Gersdroegerij

Gearstalling Bestjoer

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart

Doarpslibben Ryptsjerk Winter Fan de redaksje

Gearstalling Bestjoer

I. Tsjinst fan =e Tarieding

Schooljaar , nr. 5

Onderduikers eren familie Easterwierrum.

Correctievoorschrift HAVO 2017

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf uur in het gemeentehuis te Joure

It boek. fan Sinterklaas. Maarten Stevens oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra

Van het bestuur. De Warbere Bijker. Informatiebrief van imkervereniging Leeuwarden e.o. (sinds 1899)

Transcriptie:

Gearstalling Bestjoer Frysk en Frij Hilversum (KfK Hilversum, nûmer 32126908) foarsitter : J. Kooistra 035-6218626 + ledeadm. Lutherhof 102, 1216 KV Hilversum e-mail: gurbe@xmsnet.nl skriuwer : A.R. Koopmans-Nieuwland 035-6249624 Lindenheuvel 14, 1217 JX Hilversum e-mail: kritehilversum@gmail.com ponghâlder : J. Koopmans 035-6249624 Lindenheuvel 14, 1217 JX Hilversum Rekkennûmer NL79 INGB 0000 2422 62 o.n.f. Frysk en Frij Hilversum alg. adjunkt : W. Triemstra 035-6833889 V.d.Sande Bakhuijzenstraat 102, 1223 CZ Hilversum e-mail: triwa@hotmail.nl -.- boekeferkeap : J. Conradie-Groenhof 035-6234733 Banckertlaan 163, 1215 PZ Hilversum G. v.d. Leij-Wilbers 035-6213586 Hyacintenlaan 10, 1215 BC Hilversum iterij Eareleden: : Bestellingen trochjaan oan: Jan Kooistra, tel. 035-6218626 (graach uterlik ien wike foarôfgeand oan e kritejûn) -.- earefoarsitter: S. Haagsma, De Doppen 21, 8401AG De Gordyk earelid: H. van Duinen, De Jouwer 1 2

Fan de foarsitter Ik wit net hoe t it jim giet, mar ik fiel dat de winter foar de doar stiet. As ik jûns tsjin it tsjuster wurden oan troch de noas de bûtenlucht nei binnen snúf, fernim ik Kening Winter oankommen. As ûnder de brûs it gerdyn troch de waarmte nei binnen dreaun wurdt tsjin it wiete liif oan, wit je dat it kâlder wurdt yn e hûs. Bûten yn de loft fleane de guozzen yn formaasje mei de punt nei foaren nei waarmere streken, wylst de mosken en protters harren lûd dompich hearre litte. As dan út e fierte wei Sinteklaas wer tichterby komt mei syn bûnt kleure, mar swart betelle skoarstienreagers, dan sjoch ik deun achter him de Krystman stikem stean te gnyskjen. Wie it eartiids in gefjocht wa fan de twa mannen earst yn de winkeletalages te sjen wie, dan wint ynkoarten de Krystman dy striid om t oant no ta gjinien him oansprutsen hat op mishanneling fan de rindieren, dy t hy syn swierbepakte slide lûke lit oer fjilden en wegen, dêr t hjoed-de-dei gjin flokje snie mear op te finen is. By dat alles soe ik hast ferjitte dat wy troch amearikaanske ynfloeden begjin novimber ek al halloween fiere. Jo krije dan opslûpene geasten mei deademaskers oan e doar, wêrfan dan ien ropt: Je geld of je leven!. Ik andere doe: Och leave, wat sille we no ha? Wy ha gjin jild!, wylst myn frou harren oer Jiergong 2017-2018 Novimber 2017 nû 2 Slachtmoanne myn skouder tarôp: En ek gjin libben; mei sokken as jimme oan e doar! Nei alle striid om de bêste omset foar de middenstân en bûtenlânske gekkichheid hoopje wy op rêstige en noflike krystdagen. Op âldjiersdei kin dan it lawaai fan fjoerwurk en karbidbussen wer losgean. Te hoopjen falt dat it lawaai tsjin Trijekeningen weisakke is en de krystbeam de doar út en de kryststâl nei souder kin. Elk jier falt it my dan wer op wat in romte men yn e keamer hat! Mar tsjin dy tiid libje wy alwer yn it jier 2018. It sil jimme grif net ûntgien wêze dat yn dat jier Ljouwert (en Fryslân) kulturele haadstêd is. Der is al in hiel programma op priemmen set, wêrby t yn hast elk doarp en stêd wol wat te rêden is. Guon Friezen ha k al sizzen heart, dat se net mei fakânsje fan hûs hoege. Safolle is der te dwaan yn Fryslân! It startskot klinkt yn it iepeningswykein op 26 en 27 jannewaris. Ek de Algemiene Gearkomste en Friezedei fan it Frysk Boun om Utens sil yn 2018 plakhawwe yn Ljouwert op sneon 14 april. Neier berjocht folget grif noch. Mar earst hoopje ik dat jim allegearre nei ús kritejûn op sneon 25 novimber komme. Wy ha alle war dien om Noordenbos & Ko ris foar jim nei Hilversum te krijen en dat is ús slagge! No jim noch!!! Jan Kooistra Nijs fan de boeketafel Wy hawwe elk in nij boek op e boeketafel útsocht om d r wat oer te fertellen. Jellie socht út fan Jabik Klimstra: Sibbeltsje. Gesiena socht út fan Jacobus Knol: De skilderesse fan de fjoerstoarm. Jellie skriuwt: Sibbeltsje. Sa hjit it boek dat ik lêzen haw fan de nije boeken. Skreaun troch Jabik Jans Klimstra. Yn dit boek giet it oer it libben fan in famke/frou dy t mei in gebrek op de wrâld kommen is. It is in brikenien. Dat hie de dokter sein doe t er Sibbeltsje helle. Sa begûn it libben fan dit berntsje. De earste jierren brocht se troch yn it Paradyske ûnder Kollum en dat wie in moaie tiid. Mar letter kaam de tragyk yn har libben, mei it ferstjerren fan har mem. Lykwols, se lit de moedfearren net hingje en pakt op, wat op har wei komt. Yn 50 haadstikken wurdt har libben as help yn har heit syn húshâlding, as tsjinstfaam yn by rike minsken en letter as troude frou beskreaun. Klimstra docht dat mei in protte faasje en humor. Hy set it lange libben fan dizze krigele frou mei in protte each foar detail yn de ferve. De ferhalen binne earder publisearre yn it Friesch Dagblad. De skriuwer brûkt koarte sinnen en haadstikken. Klimstra ferstiet de keunst minsken en situaasjes ta libben kommen te litten. Beslist in oanrieder. Gesiena skriuwt: De skilderesse fan de fjoerstoarm is einliks skreaun troch de Dútske skriuwster Alexandra Guggenheim en oerset yn it Frysk en bewurke troch Jacobus Knol. It is in histoaryske roman en ek in aventoer. Troch it lêzen krije jo in goeie yndruk fan Delft yn e 17 e iuw. Sintraal yn it boek stiet it barren dat it munysjedepot fan Delft yn 1654 de loft yn giet, folge troch in grutte brân. Efter yn it boek stiet in list fan minsken dy t doe echt libbe hawwe en yn it boek in rol spylje. De bekendste binne Johannes Vermeer, skilder, mar ek keunsthanneler en kastlein. Fierders Anthony van Leeuwenhoek, keapman yn fervepigminten, mar foaral natuerkundige, mikroskoopbouwer en útfiner. De haadpersoan út it boek, de skilderesse Sara Meulemeester hat net echt bestien. Model foar har wie Judith Leyster út dy tiid. Judith/Sara hie in beropsoplieding as skilderesse hân. Dat wie foar froulju yn e 17 e iuw in útsûndering. Se fertsjinne der ek har brea mei. Dat foel net ta yn in manljuswrâld. Sa wie it ek mei Sara, har libben gong net oer roazen. Hoe fierder jo yn it boek komme, hoe spannender it boek wurdt. It liket op it lêst wol in speurdersroman. Wat der allegearre bart, fertel ik net, dat moatte jo sels mar lêze. It boek is dit jier (2017) útkommen en stiet yn e top tsien fan nij útkommen Fryske boeken. Graach oant sjen by de boeketafel Jellie Conradie & Gesiena van der Leij 3 4

Us kritejûn op sneon 14 oktober Ja, dêr wienen we dan wer nei in lange simmer, yn elk gefal fûnen wy it in simmer wêryn t in soad bard is. Dêr kom ik straks noch efkes op werom. Earst wat fertelle oer ús kritejûn, de earste fan dit nije winterskoft (mar wat seit in winter tsjintwurdich noch). Mei syn allen (dat wienen der sa n lytse fjirtich minsken) koenen wy moai yn de saneamde Brasserie fan Nieuw Kerkelanden... Ja, alles moat tsjinwurdich in nije namme hawwe, oars telt it net mear mei. Sa is de nije tiid no ienkear! Mar goed, wy wienen gesellich byinoar yn in moaie romte en koenen inoar in goeie jûn ta winskje. It bestjoer hie betocht om noch in kear mei te dwaan oan de Fryske-Krite-Kwis (in nijenien!) ûnder de entûsjaste lieding fan Gerrita Otten, mei assistinsje fan har man. It joech nochal wat drokte om in stik of sân of acht groepen byinoar te krijen fan fjouwer of trije persoanen, mar it kaam allegearre goed en de Kwis koe begjinne: in hiel soad fragen oer de Fryske taal, sport, muzyk, bekende minsken, ensafierder. En elk mar neitinke: hoe soe it ek al wer wêze... It waard in frij lange jûn en op it lêst hie it team fan Jan Kooistra de lieding en krigen se alle fjouwer in spjeldsje. It wie tige ynteressant en d r waard ek nochal wat redenearre wa oft d r no gelyk hie of net. Lokkich wie elk bliid mei de oplossing: Huorre huorre huorre, de baarch sit yn de skuorre! En sa hienen wy mei-inoar in moaie jûn en sjogge al wer út nei ús twadde jûn yn novimber mei it kabaretselskip Noordenbos & Ko. Mar no oer ús simmer: Gesina en ik ha nij boartersguod útfûn. Dat sit sa: Gesina hat al in jier as trije in elektryske trijetsjiller en dêr rydt se feilich en goed mei de paden rûn. As it in bytsje waar is ride wy fan hûs ôf in kilometer of tsien de Hoorneboeg rûn. Mar in mins wol ek wolris wat oars. Hoe bringe wy de trijetsjiller fan Gesina nei in oar plak yn it lân, dat kin slim yn de auto. No ha wy (op ynternet) in bedriuw fûn yn Barendrecht (ús tom tom koe it net goed fine). En dy man hat foar ús in lytse trailer makke efter de auto op de trekheak. Dêr kin de trijetsjiller fan Gesina en myn gewoane e-bike op. En sa kinne wy oeral hinne ride, it hiele lân troch. Wy rieden 180 km nei Aldebiltsyl oer de Ofslútdyk. Wy binne dêr trije dagen by in nicht fan ús west en ha lange fytstochten makke. Der falt in soad te sjen, ek in âld tsjerkje fan de Menisten, dêr t simmerdeis nochal wat Amerikanen op ta komme. En yn Sint Anne it lytse tsjerkje dêr t Rembrandt van Rijn troud is mei syn moaie Saskia van Uylenburgh. En dat allegear net allinne yn Fryslân, mar ek nei famylje yn Eindhoven of yn Kijkduin op de fyts nei Hoek van Holland. Nei myn berteplak yn Sint Nyk: wa hat hjir wenne en wa wenne dêr; sa binne wy hiel Sint Nyk troch fytst. En...hoe mannich lizze d r op it tsjerkhôf dy t wy allegearre goed kend ha. Deselde deis binne wy noch om de Tsjûkemar hinne fytst, in goeie tweintich kilometer. Underweis yn Ychtenbrêge lekker iten oan it wetter. Dat wie dus ús simmer en no mar hoopje dat takom jier ús boartersguod noch wer mei kin. Johan Engwerda 5 it bestjoer nûget jimme út op Sneon, 25 novimber 2017 yn de grutte seal fan Nieuw Kerkelanden Franciscusweg 137 1216 SB Hilversum!!! BEGJIN 20:00 OERE!!! it kabaretselskip Noordenbos en Ko út Ferwert spilet dan foar ús Ferbining! FERBINING! Is de namme fan harren nij programma. Ferbining kin der wêze op allerhande mêd. Brêgen ferbine oevers. Fleantugen, bussen en boaten ferbine ús mei doarpen, stêden en lannen. En hoe is dat mei ús as minsken? Mei de iene ha jo earder en yntinzer ferbining as mei de oare. Leafde, muzyk, keunst, taal, sport en bisten kinne ferbine. En ferjit ek de digitale ferbining net. Sy ferbine lietsjes en praatsjes oan elkoar en hoopje op in goede ferbining mei it publyk! Spilers: Klaske Kingma-Noordenbos Janneke Themmen-Westra Aline van der Weij-Struiksma Renie Zuiderveld Tekstskriuwster: Klaske Kingma-Noordenbos Muzykskriuwer en pianist: Pieter Jelle van der Laan Lûd: It echtpear Henk en Richtsje van den Berg Sjoch ek op side 10 foar mear ynformaasje! Fansels steane ús diskes mei Fryske boeken en iterij dizze jûn ek wer klear Wolle jo wis wêze dat der noch iterij foar jo te keap is, skilje dan even nei nûmer 035-6218626 Tagongspriis: Leden 10,00 Net-leden 15,00 6

Us oare kritejûnen yn it winterskoft 2017-2018 Freed 12 jannewaris 2018 Algemiene ledegearkomste mei foarôfgeand nijjierjen en in miel stamppot 16 of 17 febrewaris 2018 Toaniel/kabaret 23 of 24 maart 2018 Toaniel/kabaret -.- Fierders is elkenien ek tige wolkom ~ op sneon 18 novimber by de De Sékrite yn Lelystêd. Jûns treed dêr it Jankfoddekoar fan Britsum op. Neiere ynformaasje op telefoannûmer 0320-245342 ~ op freed 24 novimber by Fier fan Hûs yn Boadegraven. Kabaret mei Inez Timmer en Peter v.d. Zwaag.. Neiere ynformaasje op telefoannûmer 0172-612 455 ~ op sneon 25 novimber op in mienskiplike jûn fan de kriten Seist/Utert by it Akkrumer Dream Theater mei de tragikomeedzje Mutsen. Neiere ynformaasje op telefoannûmer 030-6562555 ~op sneon 9 desimber by Meiinoar Ien yn Hurderwyk. Jûns komt de Stichting Breinroer út Mantgum mei De Grens De Grins. Neiere ynformaasje op telefoannûmer 0341-559343 Fansels soe it ús ek tige goed dwaan as jimme de ynlage (kontribúsje) foar it kommende winterskoft sa gau mooglik oermeitsje wolle op De kosten binne: Rekken nûmer NL79 INGB 0000 2422 62 o.n.f. Frysk en Frij Hilversum 15,00 de man/frou 30,00 foar in troud pear of in stel mear mei fansels ek... Bounsdei op 28 oktober 2017 Sneon 28 oktober wie it wer sa fier: ús twadde Moetings- en Ynspiraasjedei yn de Kiekmure yn Hurderwyk. Dit is yn it plak kaam fan it Kaderwykein. De moarns wienen der 34 dielnimmers en de middeis 37, in moaie opkomst as wy it fergelykje mei ferline jier. Yn de moarntiid foar de lunch hawwe Jelmar Hoekstra en Fokke Plantinga fan it Hymphamp Theater ús meinommen yn harren wurk. Earst hawwe sy útlein hoe sy in rol en in sêne opbouwe. In rol kinne jo opbouwe fan binnen nei bûten (hokker klean dogge jo oan); fan bûten nei binnen hokker personaazje wolle jo spylje dat kinne jo mei it lichem oanjaan: heupe, bûk, boarst, hals en holle. Der waarden ferskillende type personaazjes troch harren delsetten, somtiden yn lytse sketskes. Wy moasten ús faaks de bûsen útskuorre fan it laitsjen, dat kinne jimme wol begripe. Op de middei hie it bestjoer de deputearre frou Sietske Poepjes útnûge. Frou Sietske Poepjes, fan Makkum en berne yn de Lemmer, is fan septimber 2011 ôf foar it CDA deputearre foar de Provinsje Fryslân. Yn de perioade derfoar, 2007-2011, wie sy Steatenlid foar it CDA in Fryslân. Frou Poepjes hat as deputearre in grutte portefúlje, dêr sit ynfrastruktuer, mobiliteit en wetter yn, mar ek taal, media, keunst en kultuer (ynklusyf Kulturele Haadstêd 2018 en Omrop Fryslân). Dit lêste is foar ús as Friezen om Utens foaral fan belang! Dêrom wienen wy foaral nijsgjirrich nei har rol / har betsjutting foar Friezen om utens as it giet om de rol fan de oerheid yn de media sa as Omrop Fryslân, mar ek bygelyks KPN, dy t allinnich oan de oanlizzende provinsjes fan Fryslân Omrop Fryslân op de kabel trochjout en har rol dêr yn. Yn earste ynstânsje hat sy ferteld oer de ynfrastruktuer want dat hat fansels ek in ferbân mei de oare saken yn har portefúlje. Eartiids moast men al gau inkelde oeren útlûke om fan Snits nei Amsterdam te kommen, mar tsjintwurdich dogge jo dat hast yn in oere as der net in te lange file stiet fansels. Ek yn Fryslân sels hawwe der de lêste jierren in protte projekten west om de ferbiningen te ferbetterjen: Knooppunt Joure, Akwadukten, de N31 by Harns en de Sintrale As fan Drachten nei Dokkum. Fierder hat sy it hân oer it gebrûk fan de Fryske taal yn it Provinsjehûs en op de Fryske skoallen. Frou Poepjes sketst yn har presintaasje somtiden hiel moaie sydpaadsjes yn mei moaie ferhalen en anekdoaten. De seal hat tige fan har ferhaal genoaten. De jûns koene de dielnimmers dy t bleaunen noch genietsje fan it optreden fan Blikstiender fan De Lemmer mei Fryslân heite. In revu mei sketskes en sjongen. Hiel moai! Jan Bijkerk, foarsitter Boun om Utens (ferslach oernommen út De Kritekoer fan de kriten Utert / Seist) 7 8

Mear oer Noordenbos & Ko Mienskiplik kritereiske oer de Vecht Op tongersdei 17 maaie 2018 wol Selskip Mei Inoar út Seist en Selskip Fryslân út Utert in tochtsje oer de Vecht organisearje. Ek leden fan ús krite en oare kriten binne tige wolkom. De nedige opsjes binne al nommen. It program is sa: Mei eigen ferfier nei it Vechtstreekmuseum, Diependaalsedijk 19b, 3601 GH Maarssen 10:00 10:30: kopke kofje mei in stikje oranjekoeke 10:30 12:00: rûnlieding troch it museum; in streekmuseum oer de skiednis fan de Vechtstreek 12:00 12:30: nei Restaurant Geesberge, Zandpad 23, 3601 NA Maarssen 12:30 13:30: lunch yn Restaurant Geesberge 14:00 16:00: fartocht oer de Vecht mei de boat fan Restaurant Geesberge Kosten, basearre op 30 persoanen: 35,00 p.p. Opjaan troch in email te stjoeren nei kvanhoeij@gmailcom. of skilje, of stjoer in SMS nei 0650540181. By it opjaan fernimme wy ek graach oft jo oare dielnimmers meinimme kinne of dat jo gjin eigen ferfier hawwe. Alles is begûn yn 1979 by it sechtichjierrich bestean fan de feriening fan Plattelânsfroulju yn Ferwerderadiel. Klaske Kingma, skreau doe mei Germ Koldijk de teksten foar de revu Tusken Bêd en Brochje De koarleden spilen mei en de mem fan Klaske, Anna Noordenbos-Algera fersoarge de pianobegelieding. Al gau folgen optredens foar de Fryske Kriten om útens. Nei it twadde program ûntstie in lyts kabaret ploechje mei de namme Noordenbos & Ko, spile troch Klaske en Anneke Noordenbos en Germ (KO)ldijk, mei oan de piano wer har mem! Anna Noordenbos-Algera Der kaam doe in kompilaasje ûnder de titel De groetnis út Ferwerderadiel. Yn wikseljende gearstallings spilen ek Klaske har dochters Anneminke en Else, en Anneke har dochter Aafke mei. In skoftsje wie t dus in famylje kabaret mei oan de piano in grutske beppe mei dochters en beppesizzers. Oant har 85 ste jier wie se de fêste pianiste, dy t nea in noatsje miste! Op 97 jierrige leeftyd is se ferstoarn, mar noch wurdt der praten oer de frou mei t moaie grize hier! Spitich genôch waard Anneke Noordenbos yn 2005 troffen troch in slimme sykte, en moast it selskip fierder sûnder har. Noordenbos & Ko bestiet no út Klaske Kingma-Noordenbos, Janneke Themmen- Westra, Renie Zuiderveld, Aline van der Weij-Struiksma en Pieter Jelle van der Laan pianist en muzykskriuwer. Klaske skriuwt de teksten mei help en ideeën fan de hiele ploech. It lûd wurdt fersoarge troch it echtpear Henk en Richtsje van den Berg. It is in ploechje entûsjaste minsken dy t graach sjonge en in toaniel tic ha. Dat moat ek wol sa wêze want as oprjochte amateurs dogge sy alles sels. Se spylje ûnderwerpen weryn nearne tsjin oanskopt wurdt, dus net echte maatskippij krityske stikjes. Ferbining! is it seisde programma fan Noordenbos & Ko It wichtichste? Mei in protte nocht de minsken in noflike fleurige jûn besoargje. 9 10

Ynformaasje oare ferienings en organisaasjes Keatsferiening Melle Veenstra foarsitter skriuwer ponghâlder : Cees Punter Neuweg 179, 1214GP Hilversum 035-6236729 e-mail: c.punter@wxs.nl : Hendrik Visbeek Houtrustweg 34, 8084 CD t Harde 0525-655541 e-mail: h.t.visbeek@kpnmail.nl webside: www.melleveenstra.nl : Anneke Wijnalda van der Kooye Duizendknooplaan 51, 3452AT Vleuten 030-8893764 It Frysk Boun om Utens skriuwer : Kees van der Beek Beemdweg 29, 3852 XC Ermelo 0341-559343 e-mail: skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.frl webside: www.fryskbutenfryslan.frl Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse skriuwer : K. Kuipers Willem Loadewykstrjitte 115, 8933BL Ljouwert 058-2125383 e-mail: k.kuipers1938@kpnmail.nl OANMELDE BY IT BOUN It Frysk Boun om Utens hat yn 2023 100 jier bestien. Om dit fiere te kinnen, wolle wy graach safolle mooglik Friezen berikke. Net allinnich leden fan it Frysk Boun, mar ek famylje fan ús leden en alle Friezen om Utens dy't it Frysk en Fryslân in waarm hert tadrage. Jo kinne jo opjaan as email-stiper fan it Frysk Boun om Utens. It is fergees. As jo dat wolle, moatte jo jo namme,jo e-mail adres, jo wenplak en jo âldens opjaan fia ûndersteand webstek fan it Frys Boun om Utens: www.fryskbutenfryslan.frl 11 12