Kritenijs Us Memmetaal Assen Nûmer 2 novimber 2016 Kolofon

Vergelijkbare documenten
Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

Eindexamen Fries havo I

1. In geskink fan de Nyl

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

Harkje, lêze en útspraak

Staatsexamen VWO 2014

Tomke makket in snieman

Eindexamen havo Fries I

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

nr. Januari

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

Correctievoorschrift VWO


kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Merke 2015 Back to the 70 s

Cursussen Fries

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie

Herdenken - Jannes en Bea

Friese taal schrijfvaardigheid

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber

Correctievoorschrift HAVO

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber

Kritenijs Us Memmetaal Assen Nûmer 1 septimber Kolofon

Correctievoorschrift HAVO. Fries 1 en Fries 1,2. Hoger Algemeen Voortgezet Onderwijs. Tijdvak 1. Begin

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst.

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber.

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:

Uitnodiging. Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk. Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries

Correctievoorschrift HAVO 2014

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Jierferslach. Omrop Fryslân

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Kritenijs Us Memmetaal Assen Nûmer 1 septimber 2017 Kolofon

It boek. fan Sinterklaas. Maarten Stevens oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra

OANFALSPLAN FRYSK. Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen

I. Tsjinst fan =e Tarieding

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga

Burgumers, verhalen zelf

Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 novimber 2014 om oere yn it gemeentehûs fan Stiens.

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter

Onderduikers eren familie Easterwierrum.

Schooljaar , nr. 5

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Dodenherdenking 04 mei Bij het graf van William Robert Fisher en Corneslis op het kerkhof van de Sint Martinuskerk in Wirdum (Fr).

Verzet tegen het verminderen van het aantal volksvertegenwoordigers

Meidielingeblêd fan de Sékrite

K R I T E N I J S. Winterskoft Nr. 3; Maart 2018 Ôfstj.: Einsteinlaan 20, 9406 BK Assen

Omrop Fryslân. Jierferslach

Deadebetinking 4 maaie 2011.

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf uur in het gemeentehuis te Joure

De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007

Correctievoorschrift VWO 2016

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo?

Earlik diele yn in grien Fryslân

beeld op het noorden beelden van Jan Ketelaar

Jannewaris 154 Nûmer 1/ 2012 Twaentritichste Jiergong. Redaksje: Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel

Karin Idzenga & Jan Calsbeek Als je aan mij denkt ben ik er

Kritenijs Us Memmetaal Assen Nûmer 3 maart 2016

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

DOARPSNIJS Nûmer 361 maart

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

DOARPSNIJS Nûmer 383 maart

Correctievoorschrift VWO 2013

LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016

Correctievoorschrift VWO 2014

Kritenijs Us Memmetaal Assen Nûmer 3 maart Kolofon

DOARPSNIJS Nûmer 367 oktober

Correctievoorschrift HAVO 2012

Landschap van toevalligheid

Oktober deel 2. Beste ouders / verzorgers,

JIERFERSLACH Omrop Fryslân

WENARKEN EN WENWEINEN

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken!

De Open Bedrijvendag Ferwoude is een initiatief van vereniging van dorpsbelang Ferwoude in het kader van het 100-jarig jubileum.

Ynhâldsopjefte. Gearstalling organen 06. Fasiliteiten Ynvestearrings 25

Reünie EP de Boerschool. September 2014

Beschrijving ochtend programma (voor iedereen)

Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van B&M/LLW

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS

Transcriptie:

Kritenijs Us Memmetaal Assen Nûmer 2 novimber 2016 Kolofon Gearstalling bestjoer: Foarsitter: Teatske Haanstra Peter van Anrooystraat 7 9402 TR Assen, teabosma@hetnet.nl Till. 0592-344920 Skriuwer: Hans Groenhof Broeklaan 56 9405 AN Assen, hansenmetje@home.nl Till. 0592-352932 Ponghâlder: Piet Boelens Hunsingostraat 21 9405 ER Assen, pboelens@ziggo.nl Till. 0592-462297 Bankrekk. fan de Krite: NL 78 RABO 0310 1082 33 Leden: Sjoege Wiersma Metje Groenhof Renny Monsma Redaksje Kritenijs: Jan Toering; korreksje- en oersetwurk --- Harmen Hospes; typwurk en layout Redaksjeadres: Harmen Hospes Stationsstraat 30 9463TJ Eext Till. 0592-262233 e-mail: harmenhospes@gtmail.com Kontaktpersoanen en/of adressen: Meiwurkers oan dit Kritenijsnûmer: Jaap Bakker Teatske Haanstra Jan Toering Hans Groenhof Anne Veenstra Lede-administraasje: Poppe Jansma Einsteinlaan 20 9406 BK Assen 0592-354238 Boekferkeap: Fakant Toanielklup: Teatske Haanstra 0592-344920 Literatuerklup: Giny Miedema 0592-345157 Keatsen: Gerrit Elzenga 06-26688684 Ferfier nei Hooghalen: Hans Groenhof 0592-352932 of b.g.g. Teatske Haanstra 0592-344920 Oare adressen: It Frysk Boun om Utens; www.fryskbutenfryslan.frl skriuwerfbou@fryskbutenfryslân.frl Kees v.d. Beek www.heitelan.nl (stêden en doarpen) www.fryske-akademy.nl Tresoar: www.tresoar.nl Ynhâld 1 Nammen en adressen 6 Lytse Teake 2015 2 Advertinsjes 7 Ha jo it al heard 3 Derbûten 9 Fraachpetear mei Cischa en Sierd Klaver 4 Bernebrochjes 10 In fytstocht nei Brussel en de Ardennen 5 Miene gearkomste d.d. 13 Om yn jo bûsboekje te setten 7 oktober 2016 yn Hooghalen 14 Advertinsjes 15 Utfanhûs by pake en beppe yn Appelskea 1

Grafisch bedrijf Geboortekaarten, Huwelijkskaarten, Jubileumkaarten Mercard, Kennemerkaart, Intercard Huisstijlen, briefpapier, enveloppen, visitekaarten uw mailing kunnen wij ook compleet verzorgen van druk tot aflevering TNT Winkler Prinsstraat 6 9403 AZ Assen tel. (0592) 39 41 82 fax. (0592) 39 41 80 e-mail: drukkerij@multa.nl www.multa.nl 2

Derbûten, Goeie allegearre, Frysk ús memmetaal Saterdei 22 oktober lêstlyn hat û.o. in ôffurdiging fan ús bestjoer nei Hurderwyk west nei de Moetingen- en Ynspiraasjedei. Hoe komt it mei ús Fryske taal? It Frysk komt hielendal net sa min foar it ljocht op de ranglist fan de 60 Europeeske minderheidstalen. (opjefte EU) Der binne 350.00 memmetaal-sprekkers yn Fryslân en in heal miljoen Friezen om utens. Neffens in útwurking fan de UNESCO hinget de libbenskrêft fan in taal ôf fan in oantal faktoaren. Net allinnich de oerdracht nei de kommende generaasje is wichtich ek û.o. it gebrûk fan Frysk by it ûnderwiis, media en sosjale media ensafh. Us (Max en ik) twa jonges binne berne yn Assen mar wy prate altyd Frysk meiinoar. Ik fûn it sa frjemd om tsjin ús bern Nederlânsk te praten doe t se berne waarden. Wy prate no ek mei de mobile telefoan en brûke Whatsapp. Dan skriuwe wy berjochtsjes nei inoar op de telefoan. Ik doch dat altyd yn it Frysk en besykje om geve Fryske wurden te brûken. Lêstendeis antwurde Max op in berjochtsje fan ien fan de jonges yn it Hollânsk op myn telefoan. Gelmer Jan frege him fuort ôf oft ik siik wie want ik skriuw noait Nederlânsk. Sa besykje ik om yn ús húshâlding it Frysk yn eare te hâlden. Gelokkich ha wy hjir yn Drinthe ús Fryske Krite mei har aktiviteiten, kinne wy Omrop Fryslân ûntfange, ensafuorthinne. Lanlik binne der in soad minsken yn it spier mei de Fryske taal en ek op it mêd fan beliedslinen dwaande. En wat te tinken fan de Donald Duck yn it Frysk. Ik ha in soad saken net neamd en wurde jimme nijsgjirrich dan stiet der in soad oer te lêzen op ynternet. Ik ha ynformaasje oernaam út in lektorale rede fan dr Alex M.J. Riemersma. Hy tinkt ek dat as der oan in protte faktoaren foldien wurdt mei it Frysk de kâns ftij grut is dat it yn de 22 ste iuw noch sprutsen wurd. Wy sette ús der foar yn dochs? Groetnis, Teatske. 3

Bernebrochjes Hoi jonges en famkes, Ha jimme de keamer al fersierd mei de moaie hjerstpotsjes (út it foarige Kritenijs) dy t jim fersiere koene? Der lizze noch genôch blêden op de grûn dat jim kinne noch/wer oan de slach. Ik genietsje alle kearen wer fan dy prachtige kleuren dy t ik sjoch yn de natuer. Hoege wy neat foar te beteljen, krije wy gewoan fergees. Wat net fergees is binne de presintsjes dy t Sinteklaas wer foar ús oan it byinoar swyljen is. Jaaaaa, it is samar wer 5 desimber. Jim witte wat jim dwaan moatte he? Gewoan de boekjes fan de boartersguodwinkels trochsjen, útknippe wat jimme graach ha wolle, op in stik papier plakke en dan der foar soargje dat Sinteklaas it ferlanglistje kriget. Oe wat is it dan spannend op 5 desimber, want watfoar presintsjes sitte yn e sek? Frjemd is it eins dat Sinteklaas ús kado s jout yn stee fan oarsom. It is syn jierdei. As jim dit plaatsje no efkes moai ynkleurje, útknippe en yn jim skoech dogge foar Sinteklaas, dan sil dat in hiele ferrassing foar him wêze as er it sjocht. Sukses dermei en in protte wille op Sinteklaasjûn. Oant de oare kear, Teatske. 4

Miene gearkomste d.d. 7 oktober 2016 yn Hooghalen Op dizze gearkomste wiene fjirtich persoanen oanwêzich. Us foarsitter Teatske Haanstra iepene om 19.30 oere de gearkomste en hjitte elkenien wolkom. Jaap Bakker begeliede ús op syn lûkpûde by it sjongen fan it earste kûplet fan it Frysk folksliet. It ferslach fan de miene gearkomste fan njoggen oktober 2015 waard goedkard. Hans Groenhof joech in opsomming fan de ynkommen stikken en lies de nammen op fan de leden dy t it ôfrûne jier ferstoarn binne. Dêrrnei waard steande in momint stilte yn acht nommen. It jierferslach fan de ponghâlder, Piet Boelens, en de troch him opstelde begrutting foar it kommende jier waarden goedkard. Sjoukje Jansma joech, as kaskommisjelid, ek út namme fan it oare kaskommisjelid Jaap Krikke, in plomke oan ús ponghâlder foar syn akkuraat finansjeel wurk. De kommisje joech dúdlik oan dat finansjeel alles yn kalk en semint wie. Applaus foar Piet. Sjoukje en Jaap waarden betanke foar harren wurksumheden. Poppe Jansma waard beneamd as nij kaskommisjelid. De ferslaggen fan de de toanielgroep, opsteld troch Teatske, en it ferslach fan de redaksje fan it Kritenijs, opsteld troch Harmen Hummel, stiene al yn it septimbernûmmer. Harmen waard by syn ôfskied tank sein foar syn wurksumheden as redakteur fan it Kritenijs en krige in VVV-bon. Foar frou Hummel wie der in prachtige bosk blommen. Wy binne bliid mei de nije redakteur, Harmen Hospes. Him waard in protte sukses tawinske. Nei de gearkomste ha wy Fryske lietsjes songen ûnder de kundige muzikale lieding en sang fan Jaap de Haan. JHG 5

Freed 18 novimber 2016 Lytse Teake sil ús in prachtich moaie jûn besoargje. Om 19.45 oere yn it Haolerhoes yn Hooghalen. Tagong: De seal is iepen om 19.00 oere. De tagongspriis is 10.00 p.p. foar leden. Net leden betelje 12.50 p.p. Foar dy priis krije jimme in stik hearlike oranjekoeke, 2 bakjes kofje/tee en in hiele noflike fleurige jûn. Fansels is der yn it skoft in ferlotting mei moaie prizen. Minsken dy t graach komme wolle op dy jûn en gjin ferfier hawwe, kinne belje nei Hans/Metje Groenhof 0592-352932, b.g.g. Teatske Haanstra 0592-344920 en sy dogge har bêst om jo yn Hooghalen te krijen. Dus net stinne mar der hinne 6

Ha jo it al heard Dat foardat de seediken oanlein waarden de ynwenners fan Noardeast Fryslan al terpen bouden om har te beskermjen tsjin it wetter. Op dy terpen ûntstiene doarpen. Sa ek Hegebeintum. Dêr klimme jo njoggen meter omheech, en dêrmei is it de heechste terp fan Europa. It is ek de muoite wurdich en besjoch op e terp ris de tsjerke fan binnen mei al dy grutte roubuorden. Hiel apart. Dat de opknapte Broggebrêge fan Nijlemmer offisjeel de namme krigen hat Brogge fan Jikke. Dy namme ferwiist nei de ferstoarne Jikke Oosterhof dy t tsientallen jierren de brêge betsjinne hat; mei grutte tawijing en ferantwurdlikheidsbesef, neffens de famylje. Moai net? Sa wenne eartiids yn Bantegea ek sa n frou, dy t de seedyk opdraafde om foar alle auto s de hikke dy t út himsels wer tichtfoel iepen te dwaan. As beleanning krige se dan fan de sjauffeurs in pear sinten. Op har grêfstien stiet: Haar leven was dienen. Dat de Hylpers, t.w. skilder Pieter Bootsma en syn frou Grietje Koldewijn-Bootsma begjin novimber nei Sina ôfreizgje sille om dêr de Hylper skilderkeunst te demonstrearjen. Se sille op e beurs Hylpen promoatsje û.o. troch it dragen fan de Hylper klaaiïng en it beskilderjen fan klompen. Der komme út Sina wat langer wat mear minsken nei û.o. Staphorst, Giethoorn en net te ferjitten: Urk. Dat it startsein jûn is ta de bou fan in megasinnepark tusken Sumar en Garyp as in foarbyld fan in maatskiplik boargerinisjatyf. Foarearst hat Fryslân dan it grutste sinnepark fan ús lân mei 27000 sinnepanielen. Dy panielen wurde pleatst op it eardere stoartplak foar hússmoargens (jiskelân) tusken boppeneamde doarpen. De grûn is dêr sa n njoggen meter ophege om it projekt fan achtsteheal miljoen mooglik te meitsjen. It Fûns Skjinne Fryske Enerzjy (FSFE) en banken binne de grutste finansiers fan dat megaprojekt. Dat yn in gemeenteloads te Dokkum yn in grutte heap âld izer in toeroerwurk fûn is. It docht bliken dat it ien fan de âldste toeroerwurken is dy t oait yn ús lân oantroffen is. By it Museum Dokkum binne se troch alles hinne fan blydskip. In hiele kretfol swiere metalen ûnderdielen fan in oerwurk út 1590. Dat de poldermole De Mearmin restaurearre is en meikoarten wer mealle sil op it terrein fan museum De Sûkerei yn Damwâld. Dy mûne stie in pear jier lyn noch oan de Geastmer Mar, mar rekke dêr alhiel yn it ferfal. Dat alle trettjin buorskippen fan Achtkarspelen in offisjele Fryske namme krigen ha. Sûnt 1958 jilde dat al foar Reahel, Reaskuorre en Blaufallaat. No komme der noch by: Lytsepost, De Lêste Stuver, Bouwekleaster, Hamsherne, Koaten, Opperkoaten, Ophûs, Surhúster Mieden, Koartwâld en Kûkherne. 7

Dat yn Earnewâld it sintrum de lêste tiid fiks fernijd is. En dat levere it doarp in skûtsjekeunstwurk op. In âld PEB-hokje (pake- en beppehokje) ûntsierde dêr it plein, mar it wie te djoer om it dêr wei te heljen. Doe is it idee betocht om it hokje wat op te kreazjen. Der binne twa stielen platen oerhinne pleatst, dêr t skûtsjes yn gravearre steane. En dêr sitte wer koperen plaatsjes op mei alle winners fan it skûtsjesilen yn Earnewâld. Dat de Nieuwe Encyclopedie van Fryslân (N.E.F.) okkerdeis presintearre is. It is in ûntsachlik tsjok boek, prachtich fan foarmjouwing en ek noch lekker rûkend, lykas in nij boek heart te wêzen. It stekt no al de beide foargongers fan 1958 en 1976 de loef ôf. It wurk beslacht fjouwer dielen, is acht kilo swier, telt 3000 bledsiden en beskriuwt 11000 trefwurden. It binne fjouwer mânske pillen; it wurdt my teminsten dwyl foar de eagen. Dat de sân fraksjefoarsitters fan de gemeente Tytsjerksteradiel in profylskets opmakke hawwe foar de nije boargemaster. Hy of sy moat op koarte termyn de Fryske taal ferstean en leafst ek prate kinne, midden tusken de minsken stean en in boechbyld nei bûten ta wêze. Fierders ferbiningen lizze kinne tusken organisaasjes, bedriuwen en befolking, mar ek each hawwe foar de eigenheid fan alle santjin doarpen. Sels moat de boargerheit of mem ek warber en belutsen wêze yn de maatskippij. As foarsitter fan de ried moat hy/sy de ried in spegel foar doarre te hâlden; moat grutsk wêze op Tytsjerksteradiel en dat mei entûsjasme útdrage. No mar hoopje dat se sa n persoan fine kinne! Dat trainer Gertjan Verbeek, dy t jierrenlang suksescoach wie by SC Heeerenveen en fia Feijenoord en AZ no by FC Nürnberg oan e slach is, in boarstbyld krige hat yn it Multyfunksjoneel Sintrum fan Jobbegea. Almeast is it de gewoante dat men dy eare takomt nei jins dea, mar yn Jobbegea tochten se dêr oars oer. Se binne gewoan grutsk dat hy dêr yn e buert wennet. Op e búste stiet: Gertjan Verbeek, Kompenijster mei ús. Dat yn it Drents-Friese Wold no in nije hege Bosberchtoer fan 33 meter hichte boud is. By helder waar kin men Ljouwert, Grins en sels Coevorden sjen. De tagongspriis is twa euro foar in kaartsje en in waaikapsel. Arsjitekt Frans Beune út Assen sjocht in bytsje grutsk en mei foldwaning fan it heechste toerbalkon ôf nei syn wurk. Dat de 23-jierrige Ken Ho út Hongkong yn twa moannen, mei help fan Dyami Millarson (22 jier) út Ljouwert de Fryske taal learde! In taalgek? Ken is fêst fan doel en kom werom nei Fryslân; dan wol er promovearje en syn prefestertitel helje! Jan en ik kinne it hast net leauwe; mar goed, wa binne wy? Dat de Christen Unie de posysje fan it Nederlânsk, it Frysk en de gebeartetaal yn de Nederlânske grûnwet ferankerje wol. Meikoarten is fan har ferkiezingsprogramma ek in Fryske gearfetting beskikber. Gebrûk fan it Frysk as erkende rykstaal moat ta útdrukking komme yn it budzjet, sa stelt it programma. Wy meie hoopje dat ien en oar slagje sil! Dat in man út Klazienaveen bliid waard doe t er lies oer it inisjatyf om it Nedersaksysk wer op e kaart te setten. Lang om let, dat hie allinne folle earder wêze moatten, dan hiene de bernsbern net altyd roppen fan Opa, wat zeg je nou? 8

Ik bin strontjaloersk op dy Friezen. Sy dogge der alles oan om harren taal heech te hâlden. Dêr kinne wy noch in protte fan leare! Moai komplimintsje, mar diene alle Friezen dêr mar oan mei! Optocht en byinoarswile troch Jaap fan Bantgea en wer kreas yn it Frysk oerbrocht troch Jan fan Beets. Oant in oare kear mar wer. Fraachpetear mei Cischa en Sierd Klaver It fraachpetear hie plak op Egelslag 98 yn Assen. In prachtich penthouse mei in fenomenaal útsicht oer in griene romte, tichteby in skoalle dêr't bern boartsje kinne. Cischa en Sierd wenje noch mar koart yn Assen. Sy kochten it appartemint fan in âlde dame en dat moast drastysk oan harren winsken oanpast wurde. No dat is tige slagge. De lêste fjirtich jier ha sy yn Lelystêd wenne en woene wol wat oars. En omdat Cischa's mem yn Beilen wenne, like Assen har wol wat ta. Cischa's broer wennet ek yn Assen en fuort oer de grins yn Dútslân wennet har suster. Cischa is yn 1944 berne yn Tytsjerk, mar mei broer en suster opbrocht yn Burgum. Har âlden wiene Liwwarders, mar setten har nei har trouwen yn Tytsjerk nei wenjen. Har heit wie fertsjintwurdiger, earst yn sjippe en letter yn spiritualiën oftewol drank. Sierd is yn 1941 berne yn Frjentsjer, mar hat syn jeugd trochbrocht yn De Pein. Syn heit wie begûn as bakkersfeint, mar liet him letter omleare ta lasker en wurke doe yn in fabryk, dêr't lânboumasinen makke waarden.. Nei de ulo gie Sierd nei Ljouwert en wurke op it laboratoarium fan de Fryske Kondins. Mar jûns folge hy yn Ljouwert in oplieding ta gemysk analist. Trije jier letter slagge Cischa foar de ulo en teach ek nei Ljouwert, dêr't sy wurke by justysje. Sy folge ek in kursus mar dan op 'e keunstakademy De Vredeman de Vries Stifting, ûnderdiel fan Minerva yn Grins. Sa stapte Sierd moarns yn De Pein op 'e bus en Cischa yn Burgum. Kammeraten fan Sierd reizgen ek mei en dy dagen him op in dei út om nêst dat aardige famke sitten te gean. Sy tochten fansels dat er dat net doarst en dat wie ek sa, mar hy liet him net kenne. En sûnt dy tiid wie dat syn fêst plakje. Moarns hinne, jûns werom en 'e jûn fan 'e kursus, nei ôfrin by beppe lâns foar in kloppe aike. Fierders mochten sy allinne yn it wykein inoar sjen. Yn augustus 1966 binne se troud. Sierd syn heit hearde fan de wethâlder, dat yn De Pein fiif nije húskes boud wurde soene en oft ien dêrfan ek wat foar syn soan Sierd wêze soe. Sa kaam Cischa dan ek nei De Pein. Sierd hie yntusken wurk fûn by it stjonkfabryk yn Burgum. Doe't troch hȗnsdȗmens yn Dútslân gjin oanfier mear út dat lân nei Burgum kaam, moasten der minsken dien jûn wurde. Fan alle ôfdielingen moasten trije minsken fuort, sa ek Sierd. Mar hy hie gelok, Yn 1967 fûn hy wurk op it laboratoarium by it Ynstitút foar 9

feefoerȗndersyk fan it Ministearje fan Lânbou en Fiskerij. En sa kaam Sierd yn Hoarn oan it wurk. Twa jier lang allinne 'e wykeinen thús en yn dy tiid waard ek har âldste soan berne. Yn july 1968 binne sy mei soan Widmar nei Hoarn ferhuze en kaam der in ein oan it gereis. Dêr ha se sân jier wenne. Yn Hoarn waard in twadde jonkje berne, Stefan. Eins hiene se noch wol in tredde berntsje ha wollen, yn 'e hope op in famke fansels! Mar de ferhuzing nei Lelystêd, dy't fuort by Sierd's oanstelling al neamd wie, duorre mar leafst sȃn jier. Doe wie Stefan al fiif jier en hie Cischa gjin nocht mear oan ruften. Sa kaam de húshâlding yn 1975 nei Lelystêd, earst yn in hierhûs, letter kochten sy har in eigen hûs. Yn 1979 waard Cischa amtner fan Keunst en Kultuer yn Lelystêd. Sierd hie al fjirtich tsjinstjierren, doe't er 57 ½ jier âld troch reorganisaasje fan it bedriuw mei pensjoen koe. Cischa moast doe noch trije jier wurkje, mar yn 2000 begûn ek foar har it frije libben. Sy hiene mei de bern al in protte reizge mei daktinte op 'e auto - troch ferskate lannen yn Europa. Troch wenningruil mei auto koene sy goedkeap yn de Feriene.Steaten. en Kanada op fakânsje Dat ha sy in pear jier dien en der goede kontakten oan oerholden. Mar nei har pensjonearring koene se langer fan hûs en reizgen sels oan Súd Turkije ta. Op in camping yn Itaalje lykwols troffen se in âld-kollega fan Cischa, dy't dêr de hiele simmer as hostess wurke. Dat like harren ek wol wat ta It waard Country Camp, in organisaasje foar tinteferhier, fêstige yn 'e Vrijbuiter yn Roan. Acht jier wiene sy host en hostess foar dy organisaasje. Earst yn Frankryk en Dútslan en dêrnei yn Itaalje oan 'e mar fan Bolsena, dat 100 kilometer noardlik fan Rome leit. Omtrint fjouwer oant fiif moanne wiene se dan fan hûs. Yn 'e winter ferbleaune sy yn har karavan (net foar de organisaasje) ek nochris fiif oant seis moanne yn it uterste súdwesten fan Spanje. Dat sy wiene amper noch yn Lelystêd. De helte fan de campinggasten wiene fêste klanten en mei harren sleaten sy freonskip; giene meiinoar te fytsen en makken lytse útstapkes. Yn 2014 hold Country Camp yn Itaalje der mei op, omdat it net mear útkoe. Dat joech foar harren de trochslach om dan ek mar hielendal mei dat moaie wurk op te hâlden. Sy besleaten om mear koartere reizen te meitsjen en ferkochten dêrom de grutte karavan yn Spanje. It grurste part fan de freonen, dy't sy der troffen, binne no te âld foar in camping of binne siik. Dan is de wille derôf. Sy giene op 'e siik nei in nij hûs yn Assen en no't dat allegear klear is, wolle sy nije freonen meitsje (fia de Fryske Krite bygelyks) yn har nij wenplak. Sy ha no ek trije bernsbern, in famke fan har âldste en twa famkes fan har jongste soan. Dy komme fansels graach by pake en beppe útfanhûs. Foar har wolle sy der ek wêze. Dat no ha sy har deljûn yn Assen. Yn Lelystêd wiene sy ek al lid fan de Fryske Krite, mar kamen der eins noait. No binne sy lid wurden fan ús Krite en wolle der sa folle mooglik by wêze. Jeltje Geertsma 10

In fytstocht nei Brussel en de Ardennen Op moandei 11 augustus 1958 reizgje de Kweekskoallestudinten Ekke Foppes, Anne Veenstra (beide Koartsweagen),Toon Wever (De Himrik) en Dirk van der Zee (De Gordyk ) op e tiid ôf foar in fytstocht nei de EXPO, de wrâldtentoanstelling yn Brussel. In hiele ûndernimming, want net ien fan ús fjouweren hat oait yn it bûtenlân west! Us fytsen binne swier ôfladen. Neist de âlderwenste dingen as skjin ûnderguod, ekstra klean en toiletspul moatte ek in fjouwerpersoanstinte, in twapits butagasstel, pot- en panneguod en itersboarden mei. Foar de earste nacht wurdt de tinte oereinset yn it Gelderske Oosterbeek. Wy tinke in smûk plakje fûn te hawwen tusken twa hichten. Dat de kar net sa n sukses is docht nachts bliken. Der komt dan nochal wat wetter út e loft en fan de hichten ôf en it liket bytiden dat wy op de luchtbêden driuwe. Lokkich ha ik fan myn broer net allinne syn soldateplunjesek meikrige, mar ek it legerskepke. Tenei grave wy altyd in ôfwetteringsgoate om e tinte! De tsjalprein hat der wol foar soarge dat ús tiidskema net mear kloppet, om t wy de oare deis wachtsje moatte oant de boel droech is. Jûns om healwei achten klopje wy by in boer yn it Brabânske Helvoirt oan en lokkich meie wy yn in leech én skjin bargehok sliepe. De oare moarns komme wy der achter dat wy gjin bôle ha, mar de boer bringt útkomst. Wy krije rauwe molke, sa fan e ko! Hy hat ús al om seis oere wekker makke, want wy wolle hjoed noch de camping yn Vilvoorde helje. Wy reizgje om healwei achten ôf en binne 12 oeren letter yn Vilvoorde. Tongersdeitemoarns rinne wy de 3,5 kilometer nei de tentoanstelling. Prachtich moai én wat in minsken en nasjonaliteiten! We besjogge de paviljoenen fan Amearika en Ruslân en fansels dy fan Nederlân. It tige moderne paviljoen fan Philips makket ek in soad yndruk, lykas it Atomium! 11

De oare deis hawwe wy de EXPO ek by jûn besjoen en no soargje de kleurige fonteinen foar in feeëryk gehiel. As wy wer nei de tinte wolle begjint it te reinen en wy skûlje yn in smoute kroech. It wurdt let en dêrom sliepe wy de oare moarns mar ris út. Middeis fytse wy lâns it Keninklik paleis nei it sintrum fan Brussel om te genietsjen fan de moaie gebouwen, Manneke Pis en de binnenkant fan in grutte katedraal. Sneins pakke wy alles wer yn en it giet no op Godinne oan, dat tusken Namen en Dinant leit. It begjint in bergich gebiet te wurden, mar it fytsen giet ús noch goed ôf. Nei de nachtrêst wurdt it tusken Dinant en Han wol oars, yn alle gefallen hiel oars as tusken De Gordyk en Langsweagen! Sa no en dan moatte wy mei ús fytsen, mei mar trije fersnellingen, oan e hân rinne! Boppe krije wy as beleanning moaie útsichten foarset en wy fleane mei in rotgong de delte yn. Yn Han komme wy ta ússels en dêrnei hawwe wy allinne noch mar te krijen mei de útrinners fan de Ardennen. Op 11 kilometer foar Luik fine wy in camping en wy hawwe mei ús stienkoal Frânsk in protte wille yn in Frânsktalige winkel. Fan Luik nei Maastricht is it mar 40 kilometer. Dat is ek mar goed, want it is striemin waar. Wy meie ús tinte oerein sette yn in bleek en jûns sykje wy ferdivedaasje yn de Bourgondyske stêd. As wy fan Maastricht nei Valkenburg fytse, dan komme wy oer de Cauberg en wy binne ferbjustere dat wy net iens de berch ôffytse meie ( Wielrijders afstappen! ) Wy meitsje mei in gids in tocht troch de grotten fan Valkenburg en jûns nimme wy kennis fan de drok besette spylhoalen. Achter de twa froulju foaroan, Toon (mei sigaret), Dirk, Ekke, Anne De rûte Valkenburg Venlo begjint al wat op thús te lykjen en nei in reinige dei pikke wy jûns in bioskoopke. Dêrtroch komme wy wol nei slutingstiid op de camping. Nei Venlo Nijmegen beslute wy wer ris om ús tinte op in bleek oerein te setten. Dat jout nachts wat opskuor, want der slûpt wat om ús tinte. Dêrom hâldt elk fan ús in oere de wacht en dat fyn ik wol slim spannend! Snein 24 augustus fytse wy mei moai waar yn e rjochting fan Apeldoarn, kampearje wy 12

yn Soeren en meitsje jûns noch in rûntsje Apeldoarn. Troch it minne waar reizgje wy op moandei pas om healwei trijen ôf en sliepe jûns yn in grutte legertinte yn Hattem. Foar t earst wer op in bêd. Op e lêste dei fan ús moaie trektocht ûntrinne wy de buien, mar krije by Meppel wol trije lekke bannen! Yn Koartsweagen/De Gordyk is oan de bôgen yn it eftertsjil fan Toon te sjen dat ús stielen hoarzen it net maklik hân hawwe, mar wý, pedaalridders, tinke allinne mar oan in ûnferjitlike fakânsje! P.S. Yn myn bûsboekje fan 1958, dat ik foar 75 sinten kocht hie, steane de oantekeningen en dy ha ik pas útwurke op 21 jannewaris 2016. Anne Veenstra Om yn jo bûsboekje te setten Winterskoft 2016 2017 fan Fryske krite Us Memmetaal Assen e.o. Alle gearkomsten foar dit winterskoft wurde hâlden yn t Haolerhoes te Hooghalen. Yn novimber en maart is der in ferlotting yn it skoft. Programma: Freed 18 novimber 2016: Teake van der Meer. Freed 6 jannewaris 2017: It ûnfolpriizge stamppotbuffet. Freed 17 maart 2017: Us eigen toanielploech. Snein 23 april 2017: Fryske tsjerketsjinst. 13

Korevaar van Dijk Letselschade Noord B.V. Postadres: Postbus 893, 9400 AW Assen Bezoekadres: Apollopad 7, 9401 CS Assen Telefoon 0592-308448 / 088-1004300 www.korevaarvandijk.nl Dorpshuis t Haolerhoes is bij uitstek geschikt voor: - feesten en partijen, - vergaderen (beamer en laptop aanwezig), - bijeenkomsten. Zaalruimten groot en klein naar keuze. Ruime parkeergelegenheid. Praktisch alles is mogelijk. Vraag vrijblijvend inlichtingen bij de beheerder. Tel. 0593 59 23 40 - b.g.g. 06 21 84 58 24 Stengelinstraat 18, 9414 AV Hooghalen 14

Utfanhûs by pake en beppe yn Appelskea (1) DE EFTERKEAMER Tichteby de skoalle, oan de oare kant fan de 3 e wyk, wie in dearinnend wykje, tapaslik It Wykje neamd. As der yn e winter iis op lei, dan wie dat wykje hiel populêr by de piksmiters. Oerdeis wiene dat de wurkleazen en sneins kamen de boere-arbeiders der noch by. Op de pik leine sinten of botsens (2,5 sint). Ik hear noch it lûd dat ûntstie as de balstiennen oer it iis hobbelen. Oan e ein fan it wykje stie de pleats fan pake en beppe. In lyts paadsje, mei oan wjerskanten ribes, rûn fan it sânpaad neist it wykje nei de (iennichste) doar oan de sydkant fan de pleats. Ast troch de doar gongst kaamst yn it bûthús en dêr wie yn e midden in doar links en in doar rjochts. Troch de rjochterdoar kaamst yn de efterkeamer. 15

Fuortendaliks rjochts yn dy keamer hong de Fryske staasjeklok, dy t alle healoeren syn moaie klank hearre liet. Rjochts wiene de rútsjes en ien dêrfan koe iepen. As pake thús wie, gie dat rútsje regelmjittich iepen om it prûmtabakssop mei in bôchje út e mûle nei de ribeshage te transportearjen. De ribeshage wie yn t foarjier moai read fan de blommen en yn de winter brún fan it tabakssop! Yn e midden fan de efterkeamer stie in tafel mei fjouwer stuollen. As der iters kamen waard de tafel wat fierder fan it rút lutsen en dan waarden der twa stuollen byskood. De kôkkachel wie foar it rút oer en op dy kachel sea beppe alle iten. Sy koe de pannen sa fan de kachel op de tafel tille. Faak lei se in stik as wat plakjes trochbakt spek op de boarden. Dy stikjes pakten wy ien foar ien mei de linkerhân fan it board en namen der sa no en dan in hap fan. Yn de rjochterhân hiene wy de itersfoarke, in mes waard doe net brûkt. Nei de ierappels helle beppe de waarme brij fan de kachel en dy waard yn itselde board opskept. Meastentiids wie it molkenbrij lykas hjouwermouten-, rizen- of sûpenbrij, mar soms ek greveltsjebrij. As it iten behimmele wie die beppe de ierappels en de griente yn ien panne, mong dat trochinoar, geat der wat sjú op en sette de panne op e flier of bûtendoar. Dan koe Bijke oan syn miel begjinne! Hy makke de panne krekt like skjin as pake dat die mei syn board, hy helle de tonge nei elk miel der ek troch. Foar de klok oer stie neist de keamerdoar it dressoir, dêr t de fruitskaal op stie. Tsjin de krystdagen wûn beppe wat read krêppapier om in kleanstokje en sette dy op e kop yn in blompot. Dan knypte se der trije kearsestanderkes op en sette dêr kearskes yn. As dy jûns brânden, dan wie it o sa smûk yn it lytse keammerke. Dêrom wie ik ek sa graach yn de skoalfakânsjes by pake en beppe. Neist dit útfanhûzersplak wie ik ek graach by omkes en muoikes en sadwaande wie ik dan ek hast noait thús yn de fakânsjes! Jûns nei it iten lies beppe foar út pake syn favoryt boek Moarke. Nei it middeisiten lei pake de fuotten op e tafel en die in lyts knipperke yn syn stoel. As de tiid sawat om wie, dan mocht ik fan beppe in skepke sûker yn pake syn iepen mûle dwaan. Dat fûn er hiel net slim, want hy smyksmakke dan omraak! De kriich siet der by pake wer yn en hy gong oerein om syn wurk ôf te meitsjen. Nei it melken en jûnsiten geat beppe it waarme wetter út de tsjettel yn it ôfwasktobke, kloppe mei de sjippeklopper de sunlightsjippe troch it wetter en makke de hiele bringst noch skjinner as pake en Bijke. Mei de skûteldoek krige dan ek it tafelswilk in goede beurt. Dêrnei kaam pake oerein en wosk him noflik yn itselde waarme sjipwetter en glimme dat syn holle dan die! Dan lei er de fuotten op e tafel, want it wie tiid dat beppe de Heerenveense Koerier ( De Krier ) foarlies. Anne Veenstra Kopij foar it maartnûmer kin oant en mei freed 24 febrewaris 2017 ynlevere wurde by de redaksje 16