D E KRITEKOER. De kop is der wer ôf mei in moaie start foar de kriten yn it nije seizoen. De ferslaggen fine jo yn dizze kritekoer.

Vergelijkbare documenten
Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

1. In geskink fan de Nyl

Eindexamen Fries havo I

Merke 2015 Back to the 70 s

KRITEJUNEN FAN ALLE KRITES FAN IT FRYSK BOUN

Eindexamen havo Fries I

Lok, seine en in soad oare goede winsken foar it nije jier!

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS

It Bestjoer. Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till

Herdenken - Jannes en Bea

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

Staatsexamen VWO 2014

Gearstalling Bestjoer

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Cursussen Fries


nr. Januari

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie

Tomke makket in snieman

D E KRITEKOER. In nij begjin meitsje

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

D E KRITEKOER. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

Friese taal schrijfvaardigheid

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Correctievoorschrift VWO

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst.

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

D E KRITEKOER. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist * * * * *

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart

Harkje, lêze en útspraak

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart

D E KRITEKOER. De kriten kinne weromsjen op moaie nijjiersjûnen. Foar dyjingen dy t doe net komme koenen, fan dit plak ôf nochris FOLLE LOK EN SEINE

D E KRITEKOER. Topje. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken!

D E KRITEKOER NOFLIKE KRYSTDAGEN EN IN SÛN 2017!

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

I. Tsjinst fan =e Tarieding

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber

Ik soe sizze allegearre komme nei dizze bysûndere jûn. Allinne

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber.

Bêste minsken, Anne Tuiten.

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:

N O F L I K I N. S û N K R Y S T A G D E KRITEKOER. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist

DOARPSNIJS Nûmer 361 maart

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo?

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Onderduikers eren familie Easterwierrum.

Ut e Pinne 52e jiergong Nr. 1 januari 2018

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Ut e skoalle 6. Trefwoord

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Karin Idzenga & Jan Calsbeek Als je aan mij denkt ben ik er

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber

Correctievoorschrift HAVO 2012

Meidielingeblêd Jiergong 21, Desimber 2015

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga

De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007

Correctievoorschrift VWO 2013

It boek. fan Sinterklaas. Maarten Stevens oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra

Nijsbrief novimber 2016

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Wybe Feenstra (tel ;

Correctievoorschrift HAVO 2017

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf uur in het gemeentehuis te Joure

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Reünie EP de Boerschool. September 2014

Herfstvakantie: 15 t/m 23 oktober 25-10: Jelle (2004) teamvergadering 27-10: signaaldictee blok 2 bovenbouw (proefdictee)

Braakballen pluizen van de kerkuil

Nieuws Kindcentrum Wytgaard

Omrop Fryslân. Jierferslach

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter

Jierferslach. Omrop Fryslân

Fryske krite "Fier fan Hûs", Boadegraven e.o., Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven Septimber 2014

Correctievoorschrift VWO 2016

Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o.

Bêste kriteleden, Mar earst oant sjen op 18 maart, Harm Klijnsma.

Jannewaris 154 Nûmer 1/ 2012 Twaentritichste Jiergong. Redaksje: Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel

Correctievoorschrift VWO 2014

Samenvatting / Gearfetting bidbook Lwd2018. De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018

Uitnodiging. Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk. Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries

Transcriptie:

SELSKIP "FRYSLÂN" TE UTERT BESTJOEREN BESTJOEREN EN MEIWURK(ST)ERS Foarsitter Pietie Westdijk-Kaastra, Het Spoor 20, 3994 AK Houten til. 030-2318 224 (pcwestdijk@planet.nl) Skriuwer Jan Piet Bergmans, Langeweg 75, 4133 AT Vianen en Redaksje Kritekoer til. 0347-320093 (j.p.bergmans@casema.nl) Ponghâlder Yme Fopma, Meerenburgerhorn 6, 3401 CD IJsselstein en lede-administraasje til. 030-6881921(yme@fopma.eu); Bank: NL05INGB0000194027 o.n.f. Ponghâlder Krite Selskip Fryslân Bestjoerslid en Boekferkeap Jan Roelants, Joke Smitplein 16, 3581 PZ Utrecht til. 030-2010118 (jhw.roelants@online.nl) Bestjoerslid Harke Hofman, Elzenstraat 3, 4131 AK Vianen, til. 0347-377703 (harkemarga@gmail.com) Aldereinsaken Frou J.Wielinga, Japuradreef 26, 3563 ED Utrecht, til. 030-261 7816 SELSKIP MEI INOAR TE SEIST Foarsitter fakatuere Skriuwer/Lede-administraasje Ida Knobbe, Pr.Bernhardstr.24, 3981 BN Bunnik, en Redaksje Kritekoer til. 030-6562555 (iknobbe@hccnet.nl) Ponghâlder Nieske Schurer, Saturnuslaan 6, 3721 SG Bilthoven, til. 030-2251447 (nschurer@casema.nl); Bank: NL75INGB0003486499 o.n.f SELSKIP MEI INOAR Algemien Adjunkt / Klaske van Hoeij-de Boer, Kievitstr. 11, 3443 BD Woerden, 2de skriuwer til. 0348-410039 (kvanhoeij@gmail.com) Bestjoerslid Trieneke Vos, Willem Pijperlaan 18, 3702 AM Zeist til. 030-6916081 (tvos51@kpnmail.nl) Sosjale Kommisje Boukje Andringa-Brattinga, Maertensplein 65, 3738 GN Maartensdijk, til. 0346-216240 (boukjeandringa@kpnmail.nl); Trieneke Vos, Willem Pijperlaan 18, 3702 AM Zeist til. 030-6916081 (tvos51@kpnmail.nl) Foar beide Kriten Einredaksje Ida Knobbe-Kramer, Prins Bernhardstraat 24, 3981 BN Bunnik, til. 030-6562555 (iknobbe@hccnet.nl) Ferstjoeren Kritekoer Yme Fopma, Meerenburgerhorn 6, 3401 CD IJsselstein til.030-6881921. Giro 37 69 436, o.n.f. Adm. Kritekoer 16 D E KRITEKOER Ynhâld fan de Kritekoer: Selskip Fryslân Fan de foarsitter Ferslach kritemiddei 7 oktober It liet Wyns Mear oer kritejûn fan 25 novimber De bêste oranjekoeke (dl.2) E-mailadressen Frysk Boun Selskip Mei Inoar Fan de bestjoerstafel Gedicht: Riden leare Ynfo oer it stik MUTSEN op kritejûn 25 novimber Mienskiplik reiske oer de Vecht op 17 maaie 2018 (Ynkoart) Ferslach Bounsdei 28.10 De Lemmer, ynstjoerd ferhaal Sechjes fan Pake Ledenijs Jierdagen Redaksje Jan Piet Bergmans Ida Knobbe 1 Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist Jiergong 62 nr. 5 Novimber 2017 (slachtmoanne) De kop is der wer ôf mei in moaie start foar de kriten yn it nije seizoen. De ferslaggen fine jo yn dizze kritekoer. Net trochgongen wie it kloatsjitten op 7 oktober. De organisator hat it spul ôfsizze moatten fanwege it minne waar. Yn de krante koe men lêze dat der noch al wat tûken ôfbrutsen of ôfskuord wienen. En dan is de bosk net in feilich plak. Yn it foarjier fan 2018 is der opnij in kâns. De gegevens lêze jo dan wer yn de Kritekoer. De hjerst hat foar guon minsken wat bysûnders. It fallen fan de blêden, de simmer is oer, it wurdt winter, koarte dagen, lange nachten - it kin ien depressyf meitsje. Mar lokkich hâlde de measten wol fan de hjerst en kinne genietsje fan it kleurepalet en de lekkere geuren fan bygelyks de poddestuollen. Yn de kommende moannen kinne jo wer noflik en waarm bij de Kritejûnen oanskowe, âlderearst de mienskiplike jûn op 25 novimber yn de Noorderlichttsjerke yn Seist mei de tragikomeedzje MUTSEN, spile troch it Akkrumer Dream Theater. Is ferfier in probleem? Skilje efkes mei in bestjoerslid en wy besykje in oplossing te finen. Fan herte wolkom! Slutingsdatum ynleverjen kopij: 3 desimber 2017 Ida Knobbe

Redaksje-adressen: Selskip Fryslân: Jan Piet Bergmans Adres: sjoch lêste side Email: j.p.bergmans@casema.nl 22 WAT SIT DER YN DE KOER? Selskip Fryslân te Utert Sneon 25 novimber 2017: Mienskiplik mei Seist: It Akkrumer Dream Theater mei de tragikomeedzje MUTSEN Lokaasje: Noorderlichttsjerke, Seist - sjoch middenside Sneon 6 jannewaris 2018: Nijjiersbesite (lokaasje De Bijnkershoek) Sneon 24 febrewaris 2018: Lytse middei (eksperimint) Mindert Wijnstra mei Fryske folksferhalen (lokaasje De Bijnkershoek) Sneon 24 maart 2018: Mienskiplik mei Seist: HympHamp mei Dûbelportret Selskip Mei Inoar te Seist Sneon 25 novimber 2017: Mienskiplik mei Utert: It Akkrumer Dream Theater mei de tragikomeedzje MUTSEN Lokaasje: Noorderlichttsjerke, Seist - sjoch middenside Freed 12 jannewaris 2018: Nijjiersbesite mei waarm buffet en resital mei Fryske lieten troch Wanda Peters (sang) en Nynke Atsma (piano) Sneon 10 febrewaris 2018: Toanielselskip De Lytse Komeedzje út Drachten mei it stik Bungalow 847 Sneon 3 maart 2018: Karel en Artina Gildemacher mei a) útlis oer Fryske klaaiïng en b) Fryske nammen. Sneon 24 maart 2018: Mienskiplik mei Utert: HympHamp mei Dûbelportret Selskip Mei Inoar : Ida Knobbe Adres: sjoch lêste side Email: iknobbe@hccnet.nl Webstek fan it Boun: www.fryskbutenfryslan.frl SELSKIP MEI INOAR Yn it hûs yn Starum, dêr t ús bestjoerslid Trieneke Vos regelmjittich ferkeart, hinget in poster mei sechjes fan pake - âlde Fryske siswizen 1800-1900. Alle begjin is swier, sei de dief en stiel in ambyld It bêste middel tsjin de mûzen, sei de man doe t syn skuorre ôfbaarnde Gjin swierrichheden sei de bakker, hy makke it brea te licht In aai is in aai, sei Sytze, mar ik ha leaver in grutte as in lytse Net sa n gek baantsje, sei de beul, niks gjin neipraat Alles giet foarby, sei pake, dat is t goede fan it kweade en it kweade fan it goede Ik sit leaver ûnder de ko, sei de boer, as ûnder de notaris By libben en wolwêzen kom ik yn ús memme grêf, sei it minske It is wat, sei dôve Japik, alearen kraaiden de hoannen en no gapje se allinne mar Lang sa goed net as de âlde, sei it âld wyfke, doe t se yn har nije spegel seach Wy lokwinskje ûndersteande 75+-leden mei harren jierdei! Dhr. W.Oosterman, De Bilt 25.11 Frou M.Plokkaar, Driebergen 05.12 Frou G.Koopmans, Wijk bij Duurstede 14.12 15 Ledenijs Frou Stefina de Boer-Zeldenthuis út Bilthoven is lid wurden fan ús krite. Hertlik wolkom! Wy hoopje jo mei gauwens te moetsjen op in kritejûn.

1940-1945 SELSKIP MEI INOAR De Lemmer, Fryslân Dêr wennen omke en muoike Rinsma. Muoike Margje wie de suster fan pake, omke Foeke wie myn grutte freon. Harren hûs yn Lemmer stie oan it wetter dat fan de Iselmar Fryslân ynkomt, skean tsjinoer de twadde brêge fan de slûs of. Omke wie gerjochtsdoarwarder, mar foaral in natuerman. Dat it twadde my it measte oanspruts, dat is fansels. Op tige jonge leeftiid learde hy my angeljen: net nei komplimintsjes, mar om sa fan en ta, wannear t ik by harren útfanhûs wie, in stikmannich fisken te fangen. En dêrfoar hoegde men allinnich mar de strjitte oer te stekken. Mei myn leave omke haw ik dêr faak en folle nei de dobbers sitten te dikerjen en iel fongen. Muoike Margje bakte dy dan, teminsten wannear t se net te lyts wienen. It wetter sil yn de jierren tusken 1940 en 1950 noch aardich skjin west hawwe. Yn lettere jierren gong ik mei him te wilsterflappen en jeien yn de Brekkenpolder. Ienris op in moaie sneintemiddei gongen wy, muoike Margje, omke Foeke en ik, te kuierjen rjochting it grutte Woudagemaal. Foar in jonkje út it foar my dochs wol wat saaiere Noardfryske Waadgebiet, wie der ûnderweis sûnder mis fan alles te sjen en te belibjen. By alle angelfiskers bleaunen we efkes stean om te sjen en te praten en der waard altyd nei oerfleanende fûgels sjoen en harke. Omke hie faak ferskate soarten fluitsjes by him foar as we bûten it doarp kamen, dat wienen de lokfluitsjes dy t ûnder it wilsterflappen yn it fjild brûkt waarden. Hy learde my op dizze wize in soad fûgels en de byhearrende lûden te werkennen. Wy kuieren, of better sein, sy kuieren - en ik huppele meastal in flink ein foar harren út, ek dy kear. It rûn tink nei de ein fan de kriich. Dútske soldaten hienen harren koart dêrfoar yn de omkriten fan it Woudagemaal yngroeven. Op in stuit, al huppeljend en om my hinne sjende, foel ik: net allinne yn in mangat, mar boppe op in Dútske soldaat. Net allinne ik, mar sawol dy soldaat as omke en muoike stienen stiif fan e skrik. Ik wit noch hiel goed dat sawol de soldaat as omke en muoike de grap der fan ynseagen. In grut gelok wie dat in hegere pief net yn de direkte neite wie en it sjoen hie. Wy gongen wol fuortdaliks werom. It foarfal is jierren dêrnei noch faak te praat kommen. In aardige bykomstichheid wie dat fanwegen omke s wurk by de rjochtbank, dat wie wol wis, hy nei 45 it jachtgewear fan Mussert yn besit krige. It skeat poerbêst. Sels haw ik der ek mei sketten; it wie in twaloopsgewear mei in ekstra lange loop. Wim Oosterman, De Bilt 14 De tiid hâld gjin skoft! Foar myn gefoel haw ik noch mar krekt lyn it stikje skreaun yn de foarige Kritekoer. No krekt krige ik in mailtsje, dat hjoed de kopij al binnen wêze moast. Dus daliks mar efter de kompjûter! Wat hienen wy in moaie middei mei it fieren fan it 25-jierrich jubileum fan Jan Piet Bergmans as skriuwer fan ús Krite. Fierderop yn de Kritekoer fine jo in ferslach fan dizze middei. Dat hat ús skriuwer dy dei útbestege! No hawwe wy op 25 novimber in moaie toanieljûn mei it Akkrumer Dreamtheater. Se sille foar ús spylje de tragikomeedzje MUTSEN. Ik haw al heard dat it hiel bysûnder en nijsgjirrich is. Dizze jûn hawwe wy tegearre mei Seist, want foar 1 krite binne toanieljûnen hast net mear te beteljen! Wy hoopje dan ek dat wy in soad leden begroetsje meie op dy jûn. Ofrûne sneon hienen wy de moetingsen ynspiraasjedei fan it Frysk Boun om Utens yn Hurderwyk. It wie in moaie dei, mei "toaniel ynspiraasje" fan HympHamp, jimme wol bekend, tink ik. De middeis hienen wy frou Sietske Poepjes, deputearre fan de Provinsje Fryslân. Sy hie in moai en dúdlik ferhaal, hoe t it der allegearre oan ta giet. Koartom: it wie in noflike en learsume 3 Fan de foarsitter dei. Witte jimme wol, dat der ek bûten Fryslân op sommige skoallen Frysk oanleard wurdt? Myn jongste bernsbern [se sit yn groep 6] moast topografy fan Fryslân leare. Ta myn ferheardens moasten de plaknammen yn it Frysk skreaun wurde. Se hie it aardich yn de smizen. Sy hat mei my noch efkes oefene. Ik wie net wis fan Sleattemermar. Ik hie yn e holle dat it Sleater mar wie. Hawar, omdat ik har pas wer seach, doe 't se de repetysje al efter de rêch hie, hat se de fraach iepen litten. Doe 't de master har frege, wêrom t se dat net ynfolle hie, sei se: Mijn beppe wist niet precies wat het moest zijn, dus heb ik het maar niet opgeschreven, anders was het misschien fout. Se mocht it noch opskriuwe en hat Sleattemermar ynfolle. Dat stie ek op it bledsje! Se krige dêrom dochs noch in 10. No binne myn soan en skoandochter wol wend oan myn Frysk gepraat, mar der wienen ek âlders, dy t it net sa aardich fûnen. Mar hawar, dat binne myn saken net! No moat se Seelân leare, mar dat is yn it Nederlânsk! No minsken, dit wie it wer foar no. Ik winskje jimme allegearre sûnens ta en hoopje in protte minsken te begroetsjen op 25 novimber yn Seist. Groetnis fan Pietie Westdijk-Kaastra

De earste gearkomste fan it nije winterskoft: sneontemiddei 7 oktober 2017 4 Pietie hjit ús allegearre wolkom, yn it bysûnder ús earelid Durk Dykstra en syn frou Tine. Fierders ôfberjocht fan ús âld-foarsitter Jimco Zijlstra en âldbestjoerslid Teatske Bollen. Se hienen der fan e middei graach by wêze wollen. Wy begjinne de middei mei in slokje, wat in lúkse. De leden witte wêr t it foar it is, mar de persoan dêr't om giet, wit noch fan neat. Dit jier is ús skriuwer Jan Piet Bergmans 25 jier skriuwer fan ús Krite Selskip Fryslân te Utert. Dêrom bringe wy in toast út op Jan Piet en wy hoopje dat hy dat noch lang dwaan mei en wol. Ek Janke wolkom, dy't dit jubileum fan har man net misse wol fansels. Wy begjinne mei de High Tea, de tafel mei de lekkere swiete hapkes stiet al foar ús klear. Wylst wy genietsje fan alle lekkers, spilet op 'e eftergrûn Bauke Kooiker moaie muzyk. Nei de swiete hapkes sprekt Pietie Jan Piet ta. Hy kriget earst in listje mei in foto fan himsels yn Frysk kostúm. Dy foto is makke by it 100-jierrich jubileum; de hoed wie wat oan de grutte kant. Yn 1986 binne Jan Piet en Janke lid wurden fan de Krite. Nei 8 moannen wie er al twadde skriuwer, Hessel Riemersma wie doe skriuwer. Yn 1994 is hy redaksjelid wurden fan de Kritekoer mei Hepke de Boer. Hy siet yn de jubileumkommisje fan it 100-jierrich bestean fan de Krite yn 2001: dy jûn wie in boppeslach, mei in optreden fan Rients Gratama. Jan Piet is de 17e skriuwer fan de Krite en hat no al 3 kear in nije stavering meimakke. Jan Piet kriget in oarkonde en moaie wynglêzen as tank foar alles wat er dien hat foar de Krite. Ien glês is mei in ynskripsje. Janke kriget in moai bosk blommen. As ekstra ferrassing hat Harke in liet makke, dat wy mei-inoar sjonge. It stiet yn de Kritekoer. Nei de hertlike hapkes, ha wy noch oan it sjongen west. Wy ha hast it hiele boekje mei Fryske ferskes songen. De fleur siet der goed yn. Bauke Kooiker hie der ek folle nocht oan. Ek Jan Piet genoat folop. Hy hat al tasein dat er syn nocht noch net hat en is noch wol in skoftke ús skriuwer. It wie in tige gesellige middei. Miskien is in middeis-gearkomste sa gek noch net. Boatsje Fopma Neiskrift fan Jan Piet Bergmans: It kaam my folslein oer it mêd, alle oandacht dy t bestege waard oan myn 25-jierrich skriuwerskip. Ik wist dat dit in kear oan de oarder komme soe, mar net op dizze wize. Ik wist net dat der in briefke yn de kritekoer siet... Ik ha dizze middei tige wurdearre en ik ha genoaten. Myn tank foar alles. SELSKIP MEI INOAR EN Bounsdei op 28 oktober 2017 Sneon 28 oktober wie it wer sa fier: ús twadde Moetings- en Ynspiraasjedei yn de Kiekmure yn Hurderwyk. Dit is yn it plak kaam fan it Kaderwykein. De moarns wienen der 34 dielnimmers en de middeis 37, in moaie opkomst as wy it fergelykje mei ferline jier. (Pietie Westdijk en Jan Piet Bergmans wienen oanwêzich fan Krite Utert.) Yn de moarntiid foar de lunch hawwe Jelmar Hoekstra en Fokke Plantinga fan it Hymphamp Theater ús meinommen yn harren wurk. Earst hawwe sy útlein hoe sy in rol en in sêne opbouwe. In rol kinne jo opbouwe fan binnen nei bûten (hokker klean dogge jo oan); fan bûten nei binnen hokker personaazje wolle jo spylje dat kinne jo mei it lichem oanjaan: heupe, bûk, boarst, hals en holle. Der waarden ferskillende type personaazjes troch harren delsetten, somtiden yn lytse sketskes. Wy moasten ús faaks de bûsen útskuorre fan it laitsjen, dat kinne jimme wol begripe. Op de middei hie it bestjoer de deputearre frou Sietske Poepjes útnûge. Frou Sietske Poepjes, fan Makkum en berne yn de Lemmer, is fan septimber 2011 ôf foar it CDA deputearre foar de Provinsje Fryslân. Yn de perioade derfoar, 2007-2011, wie sy Steatenlid foar it CDA in Fryslân. Frou Poepjes hat as deputearre in grutte portefúlje, dêr sit ynfrastruktuer, mobiliteit en wetter yn, mar ek taal, media, keunst en kultuer (ynklusyf Kulturele Haadstêd 2018 en Omrop Fryslân). Dit lêste is foar ús as Friezen om Utens foaral fan belang! Dêrom wienen wy foaral nijsgjirrich nei har rol / har betsjutting foar Friezen om utens as it giet om de rol fan de oerheid yn de media sa as Omrop Fryslân, mar ek bygelyks KPN, dy t allinnich oan de oanlizzende provinsjes fan Fryslân Omrop Fryslân op de kabel trochjout en har rol dêr yn. Yn earste ynstânsje hat sy ferteld oer de ynfrastruktuer want dat hat fansels ek in ferbân mei de oare saken yn har portefúlje. Eartiids moast men al gau inkelde oeren útlûke om fan Snits nei Amsterdam te kommen, mar tsjintwurdich dogge jo dat hast yn in oere as der net in te lange file stiet fansels. Ek yn Fryslân sels hawwe der de lêste jierren in protte projekten west om de ferbiningen te ferbetterjen: Knooppunt Joure, Akwadukten, de N31 by Harns en de Sintrale As fan Drachten nei Dokkum. Fierder hat sy it hân oer it gebrûk fan de Fryske taal yn it Provinsjehûs en op de Fryske skoallen. Frou Poepjes sketst yn har presintaasje somtiden hiel moaie sydpaadsjes yn mei moaie ferhalen en anekdoaten. De seal hat tige fan har ferhaal genoaten. De jûns koene de dielnimmers dy t bleaunen noch genietsje fan it optreden fan Blikstiender fan De Lemmer mei Fryslân heite. In revu mei sketskes en sjongen. Hiel moai! 13 Jan Bijkerk, foarsitter Boun om Utens (ferslach wat ynkoarte)

12 SELSKIP MEI INOAR 5 Wyns (orizjineel Helene Fischer Und morgenfrüh küss ich dich wach ; nije tekst Harke Hofman) Sa justerjûn sei ik tsjin myn frou Giest mei, ik moat der út Se sei, ja jonkje pak dyn koffers mar Ik sjoch dyn bleke snút Mar tiid dy giet foarby En alles wurdt wer nij Sa fiel ik myn Fryske grûn djip yn my. (refrein) Mienskiplik kritereiske oer de Vecht Op tongersdei 17 maaie 2018 wol Selskip Mei Inoar út Seist en Selskip Fryslân út Utert in tochtsje oer de Vecht organisearje. De nedige opsjes binne al nommen. It program is sa: Mei eigen ferfier nei it Vechtstreekmuseum, Diependaalsedijk 19b, 3601 GH Maarssen 10:00 10:30: kopke kofje mei in stikje oranjekoeke 10:30 12:00: rûnlieding troch it museum; in streekmuseum oer de skiednis fan de Vechtstreek 12:00 12:30: nei Restaurant Geesberge, Zandpad 23, 3601 NA Maarssen 12:30 13:30: lunch yn Restaurant Geesberge 14:00 16:00: fartocht oer de Vecht mei de boat fan Restaurant Geesberge Kosten, basearre op 30 persoanen: 35,00 p.p. Opjaan troch in email te stjoeren nei kvanhoeij@gmailcom. of skilje, of stjoer in SMS nei 0650540181. By it opjaan fernimme wy ek graach oft jo oare dielnimmers meinimme kinne of dat jo gjin eigen ferfier hawwe. * * * * * Wy rieden tegearre troch de polder Op nei it heitelân ta By de Lemmer skynde ús in sinnestriel Dat kaam ús och sa ta! ( refrein) Ik seach myn pake dêr by in kninestjelp It bist dat wie der út En beppe skodholle nei dy âlde ta Want pake lei langút Do âlde wat sille wy belibje? Moat dyn stramme bonken brek? Doch no wat foarsichtich oan Mar doe wie it al te let. (refrein) * * * * Refrein: Yn ús Wynserlân stiet in âlde pleats Fan pake en beppe oan de dyk Fertroud al jierren sa as er dêr stiet Dêr oan dy âlde Wynser dyk Yn ús Wynserlân stiet de moaiste pleats Fan pake en beppe oan de dyk Ik seach hja wer, ik seach se dêr Sa stean der oan de dyk Ik seach hja wer, ik seach se dêr Sa stean oan de dyk. Kritejûn op sneon 25 novimber 2017 Yn dit winterskoft organisearret it bestjoer 2 aktiviteiten mei krite Seist. Dit hat alles te krijen mei de sinten fansels. It komt no sa út dat wy de beide mienskiplike jûnen beide yn Seist ha. Wy stribje der nei om by 2 mienskiplike jûnen ien yn (regio) Utert en ien yn Seist te hâlden. Op 25 novimber komt it Akrummer Dreamtheater mei it stik Mutsen ; de wederwarichheden fan 6 sussen dy t alle jierren in wykein mei elkoar in fakânsjehúske hiere. Mear ynformaasje oer it stik Mutsen en de Akrummer Ploech op de middenside en side 11.

6 11 SELSKIP MEI INOAR De bêste oranjekoeke (diel 2) De ferkiezing fan de bêste oranjekoeke krige syn beslach op 12 septimber 2017 yn it gebou fan de Leeuwarder Courant. Noch efkes de sifers: der binne mear as 11.000 stimmen útbrocht op 124 Fryske bakkers. De 30 bakkers mei de heechste nominaasje ha harren oranjekoeken beoardielje litten troch in faksjuery en in publykssjuery (50 abonnees fan de LC). Wy, de publykssjuery, moasten in sifer ( 1-10) jaan foar it uterlik/ de opmaak, de smaak fan de krêm en de smaak fan de koeke. De oranjekoeken hienen allegear in krêmlaach. Dit, omdat slachrjemme kin elkenien meitsje, mar de krêm is bakkersspesifyk. De lekkerste koeke fine foel noch net ta, ik fûn se allegearre lekker, mar ik ha wol wat ûnderskied meitsje kinnen. De faksjuery wie goed te sprekken oer it nivo en de publykssjuery wie entûsjast by de priuwerij en de diskusje dy t it mei him meibrocht. Nei de 12e septimber is der earst in oersicht publisearre fan de 10 bakkers mei de heechste sifers. De folchoarder wie samar. De sneins derop - 17 septimber - is op LC Nazomerfair de priiswinner bekend makke. Ik jou hjirnei de bakkers 1 oant mei 10 fan de faksjuery, ek wurde de 10 bêste bakkers fan de publykssjuery neamd. Ut de skoare blykt dat se tige ticht byelkoar sitte. (Der binne mar 5 skoares bekend by my, de krante woe net mear jaan). De nûmer 1 fan de publykssjuery en de nûmer 1 fan de faksjuery binne bruorren. Jan Piet - Tenei mear oer de oranjekoeken sels - Riden leare Lytse Arjen sil op redens foar de alderearste kear. Heit giet mei him nei de sleat ta. Sjoch, de stoel, dy stiet al klear. Heit bynt him de redens ûnder, hâldt it jonkje by de hân. En de redentsjes dy skrasse, Arjen fynt der earst neat oan. Riden leare is net maklik. De izerkes glide hieltyd út. En as heit der net om tocht hie, lei er altyd op syn stút. Knoffeljend giet Arjen fierder. t Jonkje docht och sa syn bêst. Stappe, glydzje, streekje, sljurkje, heit dy hâldt him stevich fêst. D oare deis dan giet it better. Heit dy lit him al ris frij. Arjen set sels wiffe streekjes en hy glundert der grutsk by. Lytse Arjen stiet op redens. No al foar de tredde kear. En hy streket sûnder omsjen. Mei dy Arjen komt it wol klear. Simy Sevenster Op sneon 25 novimber komt it Akkrumer Dream Theater nei Seist mei it stik MUTSEN. Wy ha de resinsjes der op neisjoen en it liket der op. Dizze jûn dogge wy mienskiplik mei Krite Utert. En dat hat fansels mei de sinteraasje te krijen. Mar der is ek noch in posityf aspekt: in gruttere opkomst en dat is wol sa gesellich. Wêr giet it stik oer! Seis sussen yn harren jierlikse sussenwykein. Seis sussen mei eigen karakters. Seis sussen mei in eigen libben. Seis sussen mei eigen problemen en geheimen En dat allegear yn ien fakânsjehúske De ferskillen tusken de sussen wurde hieltyd dúdliker en foar de earste kear ek bepraat. Yrritaasjes wurde sichtber. Geheimen en problemen komme boppe wetter. En as dan ek noch sus nr.6 ferskynt, liket it gesellige wykein yntiids ôf te rinnen. Mei humor en mei faasje sil dit sussenwykein him iepenteare ta in dynamysk spul fol ûnferwachte draaien. N.B.: haw jo ferfiersproblemen? Nim kontakt op mei in bestjoerslid.

SELSKIP MEI INOAR Oprjochte op 20 desimber 1928. It ferieningsjier rint fan 01-09 oant en mei 31-08. Opsizzing foar 01-08. Kosten lidmaatskip: 15,= de man; foar bankgegevens: sjoch lêste side. Fan de bestjoerstafel (Dizze kear fan Nieske, de oare kear in stikje fan Ida) Nei in lange simmer mei aardich waar, is it no wier hjerst. Dat betsjut foar de leden fan Mei Inoar dat it nije winterskoft begjint. Spitigernôch haw wy ek te krijen mei kâlder waar en reinige dagen. At jimme dit lêze ha wy ús earste jûn al hân: de ALG, mei in moaie opkomst en nei it skoft in betûfte presintator, te witten Age Veldboom. Dizze kear gong hy wiidweidich yn op û.o. it ferskaat yn redens, de problemen dy t men tsjinkaam op de Alvestêdetocht, mar ek it bysûndere fan de tocht en de hertlikens ûnderweis. Foar guon fan de leden in soad werkenberens; it wie in tige noflike jûn. Op side 2 stiet it programma fan beide kriten. Der is foar eltsenien wol wat by. Wy hoopje dan ek op in grutte opkomst op ús jûnen. Op dit stuit haw ik fakânsje. Foar my betsjut dat lekker sneupe yn in genealogysk argyf. Om t de reis nei Ljouwert my te fier is, gean ik dan nei De Haach, nei it Centraal Bureau voor Genealogie (CBG). Dêr ha se ek hast alles fan Fryslân. Ik bin op e siik nei Gerbrig Annes, in bern fan Anne Hendriks út Goïngarijp. Har earste houlik wie yn septimber 1721 mei Bouwe Harmens en it twadde yn april 1728 mei Hans Elderts. Sy komt beide kearen fan De Jouwer en Hans Hendriks komt fan Luxwoude (hy is wierskynlik gjin menist, it bern waard dope yn de herfoarme tsjerke). Fan har âlden wit ik dat se wol menist binne. Op ynternet hie ik noch in pear houliken fûn, dus ik wie derhinne gien mei it idee: no kom ik fierder. Dat wie in grutte misrekken. Dy âlden blieken wol menisten te wêzen, en dy fynt men net sa gau. Om dan fierder te kommen, kin men neat mei de tsjerkeboeken. Dan moat men sykje yn de boeken fan de belêstingen of it gerjocht. Sa wurdt in hobby wol in útdaging, mar ik sil har fine - al duorret it miskien noch efkes!! Nieske Schurer 10 Nr. Oardiel faksjuery 1 Boonstra, De Knipe (8,00) Nr. 3-7,60 2 Boonstra, Akkrum (7,86) Nr. 1-7,77 3 De Korenbloem, Sneek Nr. 4 4 Echte bakker Lenes, H veen Nr. 2-7,72 5 Bakkerij Hallema, Joure Nr. 9 6 Vliegende Hond, Wolvega Nr.10 7 Bakkerij Posthuma, Wommels 8 Nico/Aeltsje de Groot, Stiens 9 Fa. J.Elsinga, Harlingen 10 Ypma Bakkerij, Heeg Nr. 7 Oardiel publykssjuery Nr. 5- De Korenaar,Surhuisterveen Nr. 6- De Vries, Oudega Nr. 8- Siesling s, Franeker Yn 2023 bestiet It Frysk Boun om Utens 100 jier. It liket noch fier fuort, mar de tiid hâldt gjin skoft. It bestjoer wol dit jubileum grut fiere en wol dêrom in list oanlizze fan alle Friezen om Utens dy't berikt wurde kinne. It giet fansels om leden fan Fryske kriten, mar foaral ek om harren famylje, kunde en wa ek al net. Dêrom in fersyk: Jou allegeare jim mailadres en fierdere gegevens troch oan de skriuwer fan It Boun, ek fan famylje en kunde. It webadres is: www.fryskbutenfryslan.frl. Op it webstek stiet it ynfolformulier: oanklikke op OANMELDE BY IT BOUN. 7

8 SELSKIP MEI INOAR EN Beide kriten nûgje jimme út foar in noflike toanieljûn mei M U T S E N In tragikomeedzje fan Christa Warmerdam, yn it Frysk oersetten troch Tryntsje van der Zee, troch it Akkrumerr Dream Theater 9 * FERLOTTING * BOEKEN * ORANJEKOEKEN * It stik Mutsen giet oer 6 susters. Seis susters mei harren eigen libben, karakter, eigenaardigens, swierrichheden en net te ferjitten geheimen. Alle jierren geane se mei-inoar in wykein fuort yn in fakânsjehúske. Al gau komt âld sear boppe driuwen en komme de ûnderlinge ferhâldingen flink ûnder spanning te stean Mei humor en gong sil dit susterwykein him oppenearje ta in wynhoas fol ûnferwachte draaiïngen. Is dit it lêste susterwykein, of.? Rolferdieling: Ek sa benijd nei dizze 6 MUTSEN? Gryp dan jo kâns en kom nei de MUTSEN Datum: SNEON 25 novimber 2017 Plak: Noorderlichttsjerke, Bergweg 92 B, Seist Hoe let: 20.00 oere (seal iepen 19.15 oere) Ynlis: kriteleden 10,00; net-leden 12,50 De 6 susters wurde spile troch: Nel : Hennie Rorije Koby : Joke Poortman Paula : Yteke v/d Wal Leida : Nynke Bosma Corry : Anneke Wiersma Ans : Nynke Bergsma De rezjy is yn hannen fan Margreet Boer * FERLOTTING * BOEKEN * ORANJEKOEKEN *