Meidielingeblêd Jiergong 21, Desimber 2015

Vergelijkbare documenten
Eindexamen Fries havo I

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

1. In geskink fan de Nyl

Tomke makket in snieman

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

Merke 2015 Back to the 70 s

Herdenken - Jannes en Bea

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

Staatsexamen VWO 2014

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

nr. Januari

Harkje, lêze en útspraak

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

Eindexamen havo Fries I

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga


Correctievoorschrift VWO

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

Fryske krite "Fier fan Hûs", Boadegraven e.o., Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven Septimber 2014

Friese taal schrijfvaardigheid

Meidielingeblêd. Fier fan Hûs Fryske Krite Bodegraven e.o. Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven. Jiergong 22, Destimber 2016

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie

Cursussen Fries

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

It boek. fan Sinterklaas. Maarten Stevens oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst.

Onderduikers eren familie Easterwierrum.

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart

I. Tsjinst fan =e Tarieding

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken!

GEARSTALLING FAN IT BESTJOER

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber.

KRITEJUNEN FAN ALLE KRITES FAN IT FRYSK BOUN

Dodenherdenking 04 mei Bij het graf van William Robert Fisher en Corneslis op het kerkhof van de Sint Martinuskerk in Wirdum (Fr).

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo?

Deadebetinking 4 maaie 2011.

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf uur in het gemeentehuis te Joure

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

Correctievoorschrift VWO 2014

Meidielingeblêd fan de Sékrite

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber

wilens it sjonge fan de Fryske lieten

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Ut e Pinne 52e jiergong Nr. 1 januari 2018

Examen VMBO-GL en TL. Fries CSE GL en TL. tijdvak 1 vrijdag 25 mei uur. Bij dit examen horen een bijlage en een uitwerkbijlage.

Âld papier. De Jutryp-Hommerts. Sneon 3 febrewaris 2018

De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007

Marsumer fan it jier Achte oanwêzigen, bêste minsken,

Landschap van toevalligheid

Reünie EP de Boerschool. September 2014

Ik soe sizze allegearre komme nei dizze bysûndere jûn. Allinne

Doarpslibben Ryptsjerk Winter Fan de redaksje

It Bestjoer. Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till

Bêste kriteleden, Mar earst oant sjen op 18 maart, Harm Klijnsma.

D E KRITEKOER. De kop is der wer ôf mei in moaie start foar de kriten yn it nije seizoen. De ferslaggen fine jo yn dizze kritekoer.

Nieuws Kindcentrum Wytgaard

IK WOL GJIN OARE MEM (Ik wil geen andere moeder)

Wybe Feenstra (tel ;

D E KRITEKOER. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist

Correctievoorschrift HAVO 2014

Bêste minsken, Anne Tuiten.

Beschrijving ochtend programma (voor iedereen)

* Horen van gedicht Lach, ontspan, maak plezier, vraag om hulp, kijk met aandacht Uit de 40 dagenkalender van het GDS gebied, zaterdag 11 maart

Schooljaar , nr. 5

Jrg Nr. 1. Theun de Vries 6. J.J. Kalma 10. Fryske kentekens 16

Samenvatting / Gearfetting bidbook Lwd2018. De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018

Van het bestuur. De Warbere Bijker. Informatiebrief van imkervereniging Leeuwarden e.o. (sinds 1899)

OANFALSPLAN FRYSK. Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015

Oktober deel 2. Beste ouders / verzorgers,

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL 2019

Nijkleaster Pinkster Paad

Transcriptie:

Meidielingeblêd Jiergong 21, 2015-2016 Desimber 2015

Fryske krite "Fier fan Hûs", Boadegraven e.o., Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven www.fryskbutenfryslan.frl Oprjochte 15 jannewaris 1946

2

A. Schiere-Bouma, Buitenkerk 64, 2411 PC Boadegaven till. 0172-612455; E: z.schiere@kpnplanet.nl GEARSTALLING FAN IT BESTJOER Foarsitter 2de foarsitter Skriuwer Ponghâlder Leden H. Dijk, Zonneweide 10, 2411 LJ Boadegraven till. 0172-613143; E: hanshenny.dijk@ziggo.nl T. Schiere, Buitenkerk 64, 2411 PC Boadegraven till. 0172-612455; E: z.schiere@kpnplanet.nl T. Broere-Tiesinga, Raaigras 22, 2411 DW Boadegraven till. 0172-615129; E: tinibroere@kpnmail.nl T. Schiere, Buitenkerk 64, 2411 PC Boadegraven till. 0172-612455; E: z.schiere@kpnplanet.nl E. Nauta-Vrieswijk, Koninginneweg 113, 2411 XM Boadegraven till. 0172-614757 G. Sprokkerieft-de Boer, Eendrachtsweg 12, 2411 VL Boadegraven till.0172-611133; E: gsprokkerieft@casema.nl

N. Woudstra, Ronsseweg 3-105, 2803 ZA Gouda, till. 0182-532886, E: nicowoudstra@planet.nl Klaasje de Vries-Suurd, Herbarenerf 30, 2743 HA Waddinxveen, till. 0182-613842, E.: klaasjesuurd@hotmail.com Redaksje: Toaniel Sjongkoar Boekeferkeap Eareleden Kontribúsje Arianne Sprokkerieft P. Westdijk, Het Spoor 20, 3994 AK Houten till. 030-2318224; E: pcwestdijk@planet.nl G. Sprokkerieft-de Boer, sjoch boppe J. Larooi, Ronsseweg 40, 2803 ZM Gouda till. 0182-535563; E: hjlarooi39@gmail.com Klaasje van der Meer 2015-2016 8,50 de persoan banknûmer NL23RABO 0308 879 651 3

Fan de foarsitter, Op it momint dat ik dit foarwurd skriuw, is it begjin desimber, noch in pear dagen en it is Sinterklaas. En dan, in pear wike letter, is it Krysttiid. Tsjonge, jonge, wat fljucht de tiid. Want as de desimbermoanne om is dan begjint 2016, it nije jier. It is sawat net by te hâlden. Foaral as je wat âlder wurde dan is it krekt of de tiid flugger giet. Ja, en 2016 is foar ús krite in bysûnder jier. Want dan bestiet it selskip 'Fier fan Hûs' 70 jier. En dat jubileun fiere we mei syn allen op sneon 12 maart 2016. Sa as eltse kear op de foarkant fan ús kritekrantsje stiet, is ús krite oprjochte op 15 jannewaris 1946. Dat wie dus flak nei de oarloch. It wie Harmen Kooistra dy't mei in oantal oaren it inisjatyf nommen hat om de Friezen yn dizze omjouwing by elkoar te bringen. De tiid wie doe fansels hiel oars as no. Yn de oarloch hiene de measte minsken it net sa bêst hân, foaral it lêste jier. Geregeldwei waard de spoorbaan fan Leiden nei Utert bombardearre en dat betsjutte dat it faak libbengefaarlik wie om bûten te rinnen. Boadegraven leit ommers oan dizze spoorbaan. In hiel protte minsken binne omkaam yn dy tiid of se waarden troch de dútsers oppakt. Sommigen belânen yn in konsentraasjekamp. In oantal is nea werom kaam. Nei de oarloch wie der noch gjin tillevysje. It ferienigingslibben kaam stadichoanwei wer op gong. En ja, de Friezen dy't yn Fryslân gjin wurk fûn hiene en dêrom hjir yn de regio wennen, fûnen it mar wakker moai dat der in Fryske krite oprjochte

waard. Sommigen wennen hjir al hiel lang en in protte binne hjir ek op 'e wrâld kaam, wylst pake en beppe noch yn Fryslân wennen. Dat wie dus in hiel aparte sitewaasje, foaral ek omdat je sawat in hiele dei op paad wiene om hjir wei nei Fryslân te reizgjen. En dêrom is de bydrage fan Anne Kooistra sa nijsgjirrich. Hoe gyng it doe en hoe giet it hjoed de dei. De ferskillen binne himelheech. Oer ús jubileumgearkomste op sneon 12 maart 2016 komme der fansels noch genôch berjochten. We hoopje yn elts gefal op in hiele moaie dei yn it Evertshûs. Minsken! Op dit stuit folstean ik de mei om te sizzen: 'Hiele gesellige en moaie Krystdagen en folle Lok en Seine yn it nije jier'. Oant de nijjiersgearkomste op freed 22 jannewaris 2016 om 16.00 oere yn Rijngaarde, mei in boardtsje snert. Hâns Dijk 4

Fan de ponghâlder: Oan alle kriteleden It kritejier rint fan septimber 2015 oant en mei augustus 2016. Is de kontribúsje noch net betelle, wolle jo dat dan foar it ein fan dit jier oermeitsje op rekkennummer NL23RABO 0308879651 op namme fan Fryske Krite Fier fan Hûs Boadegraven eo. De kontribúsje is 8,50 de man/frou. Wachtsje net, doch it hjoed noch! Tige tank. Theo Schiere, ponghâlder. Foar it nije jier lit dy it hert net op e doele bringe troch alle skrikkelgrauske tiden en leau foar altyd dat leafdesfjoer ûnder en oer alles hinne

it lêste wurd hawwe sil eagen opljochtsje lit en minsken mei hert en siel oan elkoar tabetrout Aukje Wijma It bestjoer fan de Fryske Krite Fier fan Hûs Boadegraven e.o. Winsket eltsenien: NOFLIKE KRIISTDAGEN EN FOLLE LOK EN SEINE YN 2016 5

De stro wurdt net om in aai bedoarn (Yn it foarige kritekrantsje fan septimber stie Diel 1. Yn dat stik hat Anne Kooistra ferteld oer de grutte maatskiplike ferskillen fan sa'n tachtich jier lyn en de tiid fan tsjintwurdich. Dy ferskillen binne hast net foar te stellen as je se sels net meimakke ha. Dochs seagen je yn Fryslân, wêr 't Anne syn pake en beppe wennen, in hiele protte ûntwiklings dy't hjir yn Boadegraven deselde wiene. Yn Diel 2 giet Anne Kooistra fierder mei syn bjusterbaarlik ferhaal oer syn jeugdjierren). Troch Anne Kooistra (Diel 2) Somtiids fearen der noch seilende frachtskippen troch de Alde Rijn. It waard dan yn hûs in stik donkerder as sa'n ding foarby kaam. As amateur-siler hie ik der begryp fan hoefolle seil der op dy skippen stie en hoefolle krêft der nedich wie om se te hisen. It wie de tiid fan de oergong. Je seagen allegearre soarten fan metoaden om foarút te kommen. Neist it seil wie der de opdouwer, de skroef oan de sydkant, noch in protte mei stoom en sa no en dan in disel. Sa'n disel wie faaks in gloeikop en dy moast earst opwaarme wurde foardat de moter start wurde koe. Ferfier fan fracht oer it wetter gie mei skippen dy't foar de tsjintwurdige tiid frij lyts wiene. In grut skip wie sa'n 100 ton. Kondensearre molke waard eltse dei fan Woerden oer de Alde Rijn, Wiericke, Yssel en de Nije Maas nei de Rotterdamse

haven brocht mei in boat fan ûngefear 20 ton. Der wie yn myn jeugd in lange perioade fan sêfte winters. De earste stringe winter wie der wer yn 1938. Yn dy winter ha in hiel protte bern it reedriden leard. De súvelarbeiders hiene yn it jier ien wike fakânsje. Under harren wiene in protte Friezen en dy gongen meastentiids nei famylje yn Frylân, lyk as wy. Der wiene twa manieren om nei Fryslân te gean. Je koenen oer it lân, dat wol sizze mei de trein nei Ljouwert en dan oerstappe op in bus. It foel my op dat as we yn Fryslân oankamen de himelkoepel folle heger like as yn Súd-Hollân. My foel ek op mar folle letter dat de Fryske gemeenten op it plattelân folle grutter wiene as dy yn Súd-Hollân. By de tiid ha ik ûntdutsen dat de grinzen fan de gemeenten deselde wiene as de grietenijen fan eartiids. In twadde wize om nei Fryslân te gean wie oer see en dus mei de boat. Dat betsjutte earst op 'e fyts nei Amsterdam, dan mei de boat nei de Lemmer en dan wer op 'e fiets nei de bestemming. Wy giene altyd nei Wergea, nei pake Anne en beppe Bokje. Dêr yn Wergea wenne noch folle mear famylje sa as twa omkes en muoikes mei harren gesin en ek âld-omkes en -muoikes. Dat fytsen gie sa. In bern by mem efterop en in bern yn in bakje by heit foarop. 6

Heit hie dan de bagaazjedrager frei en dêrop kaam in kofferke fan reid mei it spul foar de fakânsje. By reinich waar joech dat wol ris problemen. Yn Amsterdam gongen we oan de Ruyterkade op ien fan de boaten fan de rederij Koppe, de ss Hollân, de ss Fryslân of de ss Jan Nieveen. Dizze boaten hiene in bysûndere yndieling. De opbou begûn healwei en dêr wie ek de brêge. Op it foardek wiene lûken dy tagong joenen ta it rom. De boaten koene dus ek fracht ferfiere. Foar de lûken stie dan ek as los/laadgerei in nochal koarte mest mei laadboom. Boppe op dy lûken wie aardich wat plak om de fytsen fan de reizgers op te stowen. Foar de laadromte wie noch in kajút. As je de oertocht tsjin redusearre priis makken dan mocht je allinne dêr komme. Lokkich reizgen wy net tsjin redusearre taryf en wy mochten dus ek yn 'e grutte kajút komme. Dêr wie it hiel gesellich. Sa no en dan wie der in optreden fan musykmannen en sangers dy meireizgen. Op in kear wie der in sanger dy it liet: 'Ik hou van Holland', song. Dat liet wie doe hiel populair. Der wiene ek platen wêrop it liet songen waard troch Joseph Schmidt. De sanger op 'e boat die tige syn bêst om it liet yn de operastyl fan Joseph Schmidt as heldentenoar te sjongen. Ik fûn dat prachtich. Dit foarfal kin der in foarbyld fan wêze hoe min as ús ûnthâld wurket. We witte it foarfal noch wol, mar net mear hoenear it wie. Ik fûn it gewoan in nijsgjirrige foarstelling, mar myn broer sei dat it yn 'e oarloch wie. En dan komt it sjongen fan

sa'n liet yn in hiel oar deiljocht te stean. De boat fear nei de Lemmer yn ûngefear seis oeren. De slúzen by Enkhuizen bestiene noch net dus de boat koe sûnder opûnthâld it Ysselmar oerstekke. De ienige behindering wiene de Oranjeslúzen. It stik fan de Ruyterkade oant de slúzen wie ek de muoite wurdich. It Eastelik havengebiet wie destiids noch folop yn bedriuw. Je koene noch hiele grutte oseaanskippen oan 'e wâl lizzen sjen. It stiet my noch by dat wy de Johan van Oldebarneveld ôfmeare lizzen seagen. Doe ik it oan Pake fertelde neamde hy it skip de Johan fan âlde knorrepot Pake wie foar syn trouwen in bjusterbaarlike hurdrinner, foaral op de koarte baan. Yn dy tiid, ik sprek no fan midden yn de jierren 80 fan de njoggentjende ieu, waarden der op 'e kermissen en jiermarkten koarte baan geregeldwei hudrinwedstriden hâlden. De winner krige in jildpriis. Dy priis koe behoarlik oprinne ta wol yn de hûnderden gûnen. Hjirby moat je betinke dat in lânarbeider tusken de fiif en de tsien gûnen yn 'e wike fertsjinne. (wurdt ferfolge) 7

In nij lid fan de krite as auteur Soms kin in minske noch wolris omfalle fan ferbjustering. Yn it foarige kritekrantsje kamen we yn 'e kunde mei ús nije lid Max Wieringa. En wat is no sa bysûnder? Max hat in eigen behear in boekje útjûn mei koarte ferhaaltsjes. Ja, ja, jo lêze it goed! Dat kin net elts lid fan ús krite fan himsels sizze. Yn dit kritekrantsje falt it earste ferhaaltsje fan Max te lêzen. It hat te meitsjen mei de kommende winter en fansels hoopje we wer dat we dan op redens kinne. It ûndersteande ferhaaltsje docht ús dan ek tinken oan eartiids, doe 't we as bern útseagen nei it momint dat we de skonken útslaan koene. Reedride troch Max Wieringa It is in feit datst foarhinne earder en faker reedride koest as tsjintwurdich. Dat wie ek by ús sa yn it wetterrike polderlânskip yn 'e Krimpenerwaard by Rotterdam. Folop koe der altiden riden wurde op de 'Waal', in dobbe yn in fier ferline ûnstien fanwege it trochbrekken fan de diken by de rivier de Lek. No wie it de earste dei fan it jier dat der wer reedriden wurden koe. It wimele dan ek fan de skoalbern, it like wol in skilderij fan in Hollânsk iislânskip út de 17e ieu! Us hûs stie boppe oan de rivierdyk en út de serre wei hiene heit-en-dy sa in goed sicht op harren twa reedridende soantsjes: myn broerke en mysels. It

waard ús útdruklik ferbean by de dobbe wei te gean. Harren drigemint 'o wee, tink der om' en 'oars krijst in pak op 'e bealch' wit ik no noch! Fierderop yn 'e polder wie it noch te gefaarlik om it iis op te gean. Op in stuit wiene myn broerke en ik dochs ynienen samar by de dobbe weirûn en sa 't it like fan doel ús territorium út te wreidzjen. Net dat ús heit-en-dy fuort ûngerêst wienen, mar dochs. Wy sjogge harren aanst wol wer ferskinen, tochten se earst. Mar dat barde earst noch net. Us einddoel fan de ûntdekkingstocht wie de pleats fan in freontsje, in healoere reedriden fierderop yn 'e polder. It kreakjende lûd fan it iis wie foar ús gjin reden om ôf te remjen en werom te gean. Mar ien kear soe it dochs wêze! Ynienen ferdwûn ús Wytze oan 'e middel ta troch it iis. Ofgryslik skrokken koed er him gelokkich wer derút klauwe. Hy hie gjin kar mear en gong gûlendewei reedridend werom nei hûs ta. Wat soe ús Max dwaan? Dy keas derfoar op redens fierder te gean nei syn freontsje ta op 'e pleats. Dêrnei mar oer de dyk rinnendewei nei hûs ta... 8

Dat der slim wat misgongen wie by it reedriden hiene heit-en-dy ûnderwilens wol yn 'e rekken. Se seagen harren dweilwiete en ferklomme soantsje Wytse oankommen oer de dobbe hinne. Heit, mem en Wytse fleagen hurd de auto yn, de dyk op en giene oant sykjen nei dy oare dogeniet. Underwilens makken se harren sûnder mis in foarstelling fan de slimste dingen en sieten se yn tûzen noeden. Jo kinne wol begripe, dat der hiel wat yn harren omgong, doe 't se my dêr droech en sûn de dyk oer nei hûs te rinnen seagen mei de redens oer de skouders. It heucht my net dat wy mei de matteklopper krige ha. Mooglik dat ik dat út myn ûnthâld ferkrongen ha! Fan de redaksje: Max Wieringa, hertlik tank foar dit moaie ferhaal. Faaks hawwe we yn ús bernejierren dit soarte fan saken belibbe. Binne der kriteleden dy't ek graach ris wat fertelle wolle, dan wurdt dat fansels tige op priis stelt. Wa 't bygelyks in moai boek lêzen hat, moat dat ek ris melde.

Tiidskoft sa as it ljocht de kears sûnichjes wei meinimt sa silsto stadichoan it wêrom en wêrta ferstean sil it byld warm en klear wurde fan dit barren yn dyn libben Aukje Wijma 9

Ferslach fan de kritegearkomste op 27 novimber mei it Frysk kabaret Hymphamp theater. It wie dy jûne yn Rijngaarde in hiele drokte. Moai, dat er safolle flecht op 'e koai wie. It bestjoer fan de krite wie tige wiis dat se dit selskip út Rottevalle nei Boadegraven krije koene. De toanielspilers fan ús krite wiene aardich op 'e hichte fan de kwaliteiten fan dit fjouwertal. Sowol Jelmar Hoekstra as Fokke Plantinga wiene beide al twa kear dosint west op 'e jierlikse toanieldei fan It Frysk Boun. En dat foel der goed yn. En no dus wer. De sketskes oer de deistige foarfallen koene se tige goed nei foaren bringe en ek de beide musikanten wiene tige op dreef. Ek de ferskes dy se songen, waarden tige op priis steld. It stikje kabaret oer de ANWB wie wat om nea te ferjitten. De petearen wiene bjusterbaarlik en in protte minsken sille harren der yn sels werkenne. Uteinlik kaam it op 'e kop ferkeard. It kaartlêzen gie hielendal mis. Se moasten mei de auto nei Súd-Frankryk mar se kamen teloane yn Damwoud by Dokkum. Tsjonge, jonge, wat in alteraasje. Dit selskip hie echt in heech nivo.

10

Yn 'e kunde komme mei Anja Andriessen Ik ben Anja Andriesen en ben een echte Bildtker die al ruim 20 jaar in Dordrecht woont. Ik kom uit St. Annaparochie, waar ik op een boerderij heb gewoond en mijn pake en hait verbouwden er graan, bieten en aardappels (proefveld). Ik kom nog met enige regelmaat in Friesland, maar heb een mooi leven in Dordrecht. Ben full-time werkzaam in de gehandicaptenzorg en ik heb een mooie baan met een bijzondere doelgroep! In mijn vrije tijd zing ik bij een Oratoriumvereniging(klassiek), speel piano, fiets graag rondom het Eiland van Dordrecht of de Brabantse Biesbosch. Zomers breng ik mijn vakantie oa. door op mijn geliefde Waddeneiland Vlieland. Dit is genieten. Dit is thuiskomen, al 20 jaar, en daar wil en hoop ik oud te worden. Ben in het gelukkige bezit van een eigen stormvaste De Waard tent en familie en vrienden komen zomers altijd wel even aanwaaien. Afgelopen jaar mooie reizen gemaakt: Salzburg, Wenen, Roemenië en afgelopen mei een cruise naar de Noordkaap gedaan wat een hele bijzondere ervaring was. In het verleden heb ik met straatjeugd gewerkt in Roemenië en mijn liefde

voor het verlorene en de vergeten groep is gebleven!! Naast alle mooie reizen die ik gedaan heb en hoop nog te gaan doen is het goed thuiskomen in het mooie Dordrecht, waar ik aan het water woon, en op Vlieland. Ik zal de Krite-avonden wel es overslaan, maar dat heeft dan meer met mijn eigen agenda te maken, dan dat ik er niks aan vind. De 1 e zaterdagmiddag van oktober jl. heb ik als een warm bad ervaren; thuiskomen en hoop met het Snert-eten er weer bij te zijn. Groeten voor nu uit het mooie Dordrecht, Anja Andriesen 11

Oan alle Friezen bûten Fryslân, Friezen om Utens, kriteleden, bestjoersleden, famylje en kunde, ensafuorthinne, ensfh. Yn 2023 bestiet It Frysk Boun om Utens 100 jier. Dit bejusterbaarlik barren liket noch fier fuort, mar de tiid hâldt gjin skoft sis mar - de tiid fljocht. It bestjoer fan It Boun wol dit jubileum gruts fiere. Sa folle mooglik Friezen moatte hjir fan heare en moatte der oan mei dwaan. It Boun wol dêrom in list oanlizze fan alle Friezen om Utens dy't berikt wurde kinne. It giet fansels om leden fan Fryske kriten, mar foaral ek om harren famylje, kunde en wa ek al net. It Boun freget eltsenien om meiwurking. Dêrom... jou allegearre jimme mailadres en fierdere gegevens troch, sa as namme en adres. En dat net allinne, freegje ek oan dy famylje en kunde om harren gegevens troch te jaan oan de skriuwer. It Boun hat oan dizze aksje de namme jûn fan 'PLAN23'. We witte dat op dit stuit oer de hiele lynje it oantal kriteleden werom rint en - spitichgenôch - ek it oantal Fryske kriten. Mar de belangstelling foar de Fryske taal en de Fryske kultuer is der noch stees, foaral ek no't Ljouwert yn 2018 Kulturele haadstêd fan Europa is. Mei PLAN23 wol It Boun de mooglikheden realisearje om in adekwaat en effektyf funksjonearjend ynformaasjesysteem op te setten. Op dizze wize kin

eltsenien streekrjocht op de hichte hâlden wurde fan nije ûntwikkelingen en gearkomsten dy t yn it lân hâlden wurde. Dêrom nochris: Jou allegeare jimme mailadres en fierdere gegevens troch oan de skriuwer fan It Boun, ek fan famylje en kunde. It mailadres fan de Bounsskriuwer is: skriuwerfbou@ fryskbutenfryslan.nl Sjoch oars ek op de webside fan it FboU: www.fryskbutenfryslan.frl. Dêr kin men him streekrjocht oanmelde as e-mail-stiper fan it Boun 12

Algemiene ledegearkomste mei bôlemiel, sneon 10 oktober 2015. Oanwêzich omtrint 40 persoanen. 1) Iepening. De foarsitter hjit de oanwêzigen fan herte wolkom, yn it bysûnder de hear Bijlsma en syn pakesizzer dy't ús, oan de hân fan in Powerpoint presintaasje, fan alles fertelle sil oer de natuer yn Fryslân. Ek stiet er stil by de siken, dy't spitigernôch net oanwêzich binne: Max Wieringa, Jaap Kok en syn frou, Gré van der Veer en Marjan Woudstra. Om yn de sfear te kommen wurdt it liet Ald en Nij, fan Waling Dykstra, ynset. Mar sels mei stipe fan de piano blykt dit noch in drege put foar de oanwêzige Friezen. 2) Meidielings en ynkommen stikken. De foarsitter lit witte dat him in nij lid oanmeld hat: Pier Jaarsma út Gouda. Ek meldt er dat de rûnom bekende brêge fan Alphen aan de Rijn wer werom giet nei Fryslân. 3) Ferslach fan de ledegearkomste fan sneon 18 oktober 2014 (Kritekrantsje desimber 2014). It ferslach wurdt sûnder kommentaar goedkard.

4) Jierferslach fan de skriuwster (Kritekrantsje septimber 2015). It ferslach jout in prachtich oersjoch fan de aktiviteiten fan it ôfrûne jier. Dêrfoar applaus. 5) Jierferslach fan de ponghâlder. It jierferslach wurdt yn de gearkomste útrikt en de ponghâlder jout in koarte taljochting by de ferskillende bedragen. Frege wurdt wêrom 't it net yn it Frysk opsteld is. De ponghâlder antwurd dat dit in arbitraire kar is. De gearkomste giet akkoart mei de presintearre resultaten. 6) Ferslach fan de rekkenopnimmer. De kascontrole is útfierd troch Jaap Kok. Hy hat de foarsitter witte litten dat it ferslach in korrekt byld jouwt fan de finânsjes fan de Krite. 7) Beneaming nije rekkenopnimmer. Rein Munniksma wurdt beneamd as de nije rekkenopnimmer. 13

8) Ferslach boekferkeaper (bûsboekjes en âlde / nije boekeferkeap). In oersjoch fan de boekeferkeap is te finen yn it Krite blêdsje fan septimber 2015. De netto opbringst is neamd yn it ferslach fan de ponghâlder. Fan de bûsboekjes foar 2016 binne der noch 3 oer. De foarsitter fernimt noch op dat it lêzen fan Fryske boeken wichtich is foar de kennis fan de Fryske taal. Dus: mear lêze. 9) Ofskie fan Sief en Gré Kamerling as bestjoerslid. Lange jierren hawwe hja har ynbring hân yn it bestjoer fan de Krite Bodegraven. Mar ienris moat der in tiid wêze dat men ôfskie nimme moat fan it bestjoer. De ôfrûne wiken melde it Bodegraafs Nieuwsblad dat der in priizenrain geande is by Kamerling. Dat lit sjen dat de bern fan Sief en Gré it slagersbedriuw mei sukses fuortset hawwe. Mear as 50 jier lyn is de basis foar dit moais lein op in Fryske jûn yn Utert dêr 't de fonk tusken Sief en Gré oerslein is. Dêr binne de wegen fan Gré út Blije en Sief út Waddinxveen (mar mei in pake út Rinsumageast) tegearre kommen en net mear byinoar wei gien. As tank ûntfongen beide in offisjele oarkonde fan it FBoU en in bosk blommen. Boppedat hat de foarsitter in tankliet (fan 6 kûpletten) skreaun, dat troch de oanwêzigen fan herte songen wurdt. En, sa as it heart, krijt Gré it lêste wurd.

14

10 ) Ynstimmen mei nij bestjoerslid: Klaasje de Vries-Suurd (Waddinxveen). It útstel om Klaasje te beneamen as bestjoerslid fan de Krite wurdt mei in entûsjast applaus beantwurde. 11 ) Sjongkoar foar de lustrumgearkomste 12 maart 2016. Op in lustrumgearkomste moat fansels songen wurde. Net allinnich troch ús eigen koar mar ek troch de koaren út Swol en Lelystêd en miskien ek út Ynskede. De repetysjes fan ús eigen koar, ûnder lieding fan Wiebe Tilstra, sille starte op moandei 4 jannewaris 2016. Sjongers wurde frege har oan te melden by Geeke Sprokkerieft. 12) Kritegearkomste 27 novimber: HympHamp Teater. Foar de folgjende gearkomste, ek wer yn Rijngaarde, stiet it HympHamp Teater op it programma. In teater mei Jelmar Hoekstra en Fokke Plantinga, by de Fryske Kriten hiel goed bekend. Yn it Krite blêdsje fan septimber 2015 stiet fierdere ynformaasje. 13 ) Plan 23 fan it Frysk Boun om Utens. Yn 2023 bestiet it Frysk Boun om Utens 100 jier,...teminsten as it dan noch bestiet. Om it fuortbestean te stimulearjen wol it FBoU graach beskikke oer de e-mail adressen fan alle Friezen om utens. Elkenien wurdt dêrom frege in

stripe yn te foljen mei namme, adres, leeftyd en e-mail adres. 14 ) Omfreegjen. Der binne gjin fragen. 15

15) Presintaasje boskwachter Jacob Bijlsma. Jacob Bijlsma is boskwachter west yn Broeksterwald dêr 't er wennet yn It Goddeloas Tolhús, in plak dêr 't foarhinne tol ynbart en drank skonken waard. Oer de natoer yn wat er syn achtertún neamt kin er entûsjast fertelle. In oare leafde fan him is fotografy. Dizze kombinaasje makket it him mooglik om prachtige plaatsjes sjen te litten en dêr hiel wat oer te fertellen. In hiel soad fûgels, planten, flinters, libellen, poddestuollen etc. lit er sjen. Hiel yndrukwekkend wie syn filmke fan kloften protters dy 't allerhande patroanen meitsjen yn 'e loft. De beskikbere tiid wie spitigernôch net genôch om alles goed yn dy op te nimmen. It hie folle langer duorje mochten. 16) Bôlemiel. Tuskentroch wurdt der geniete fan it tradisjonele bôlemiel. It fertroude griente- en tomatesop smakket prima lykas de bôle, broadsjes en it sûkerbôle. De kroketten komme gelokkich noch op ' e tiid. Mei fruit as ôfsluting wurde

we ek noch foarsjoen fan de needsaaklike fitaminen. Tidens it miel wurdt der hiel wat praat (miel). Do fregest dy ôf: wêr komme dy ferhalen oer stive Friezen dochs wei. 17 ) Sluting. Foardat wy út elkoar gean lit de foarsitter witte dat ek Sjirk Attema him oanmeld hat as lid fan de Krite. De gearkomste wurdt ôfsletten mei it sjongen fan It Heitelan en Simmermoarn. Dêrby wurde we begeliede mei pianospul fan it nije lid út Dordrecht. Nico Woudstra oktober 2015 16

Kommende kritegearkomsten 2015-2016 Ja, minsken, der komme dit winterseizoen noch twa kritegearkomsten en dy moat net ien fan ús misse. De earstfolgende kritegearkomste falt op freed 22 jannewaris 2016: Nijjiersgearkomste. We begjinne om 18.00 oere mei in nijjiersdrankje dat ús oanbean wurdt troch de ponghâlder. Dan kinne we nijjierswinsken útwikselsje. It programma wurdt fierder fersoarge troch Ebele Wijbenga mei begelieding. Mei de bysûndere lietsjes fan 'Altyd Underweis' nimt Ebele ús mei lâns in libben fan leafde, dea, fertrouwen, fertriet, grutskens en ferwûndering. It komt sa no en dan ticht op 'e hûd. It programma bestiet út Fryske oersettngs fan lietsjes fan Stef Bos, de wolbekende Nederlânske tekstdichter/sjonger. Tink hjirby ek oan ''Papa''. Ebele skriuwt al jierren lietsjes wêr't er sels mei op poadia troch Nederlân klimt, mar hy skriuwt ek folle yn opdracht fan ferskillende organisaasjes. Hy docht dit yn it Nederlânsk, it Frysk en sa no en dan yn it Ingelsk. Mar dit kear dus yn it Frysk. Ebele wurdt begelied troch Heine Bosma oan 'e piano en Andreas van Neerbos op 'e gitaar.

En fansels tusken it sjongprogramma troch, it net mear wei te tinken snert-iten mei roggebrea en spek. Dêrnei komt Ebele wer oan bar en tusken njoggen en tsien oere wurdt de gearkomste slúten. Plak: Dienstencentrum Rijngaarde, Boadegraven Begjin: 18.00 oere en om ûngefear 20.00 oere in boardtsje snert Kosten: foar de leden fan de krite. 12,50 en foar de net-leden. 15,00 de persoan Opjefte: oant freed 15 jannewaris 2016. till. 06-27 435 709 of e-mail: tinibroere@kpnmail.nl 17

De twadde gearkomste is op sneon 12 maart 2016. Dan fiere we it 70-jierrich bestean fan ús krite 'Fier fan Hûs' yn 'It Evertshûs'. It feestprogramma begjint al middeis en fanôf 14.00 oere binne de koaren wolkom mei kofje en oranjekoeke Om 14.30 oere binne de fierdere gasten en belangstellenden wolkom en om 15.00 oere begjint it programma. Om 17.30 oere is der de mooglikheid om te iten yn it Evertshûs (lunch) of by ien fan de ytgelegenheden yn Boadegraven. Fansels op eigen kosten. Om 19.30 oere is der in optreden fan it teaterduo 'Klún & Knoffelhakke' mei 'Hé buorman!' Fierdere ynformaasje: Klaas en Jehannes libje njonken elkoar. As is it efterelkoar? Bytiden witte se it sels net iens, want harren libben bestiet út it tsjin elkoar harsenskrabjen oer fan alles en noch wat. As der dan ek noch in nuveraardich persoan delstrykt yn harren buertsje, dan is it feest hielendal kompleet... no ja, feest? Broer Douma en Hendrik van der Heide út Hantum binne tegearre it tea-

terduo Klún & Knoffelhakke. Sûnt likernôch tweintich jier binne se op 'n paad mei harren jûns foljende programma's. Hja meitsje der alle jûnen wer in show fan mei nuvere typkes en frjemde foarfallen. En dochs is der in reade tried, mar besykje dy tusken alle wille troch mar te finen. Plak: it Evershuis, Julianastraat 4, 2411 CV Bodegraven. Begjin: fanôf 14.30 oere is eltsenien wolkom (kofje en oranjekoeke). Om 15.00 oere begjint it programma. Tagong: middeis frij jûns:. 15,00 foar leden en. 17,50 foar net-leden Kaarten: bestelle by ponghâlder Theo Schiere, till. 0172-612455 of z.schiere@ kpnplanet.nl Betelje: Rabobank nr. NL23RABO0308879651 op namme fan T. Schiere, ponghâlder Fryske krite 18

Sjongkoar We hawwe allegeare wer sin om te sjongen en we hoopje dat er folle sjongers bijkomme om sa ûs lustrum ekstra feestlik te meitsjen. Wij hawwe der bjusterbaarlik sin oan, jimme ek? We begjinne wer te sjongen en wol op moandei 4 jannewaris 2016 yn de sporthal, sa as earder. We geane oefenjen foar it jubeleumfeest op 12 maart 2016. Wier bard Begjin dit jier wie ik by buorfrou te kofjedrinken en beseach har wintertún. Myn each foel op in lette roas, dy 't noch yn folle bloei stie. 'No, it is al jannewaris', sei ik tsjin har, 'en noch bloeie by jo de roazen, dat is wol bysûnder, net?' 'Ja', sei se mar dat komt omdat der in bêste laach kowestront op leit, dat is hiel goed foar de roazen'. No, dat wist ik dan ek mar wer. Jimme sille wol tinke, dy is ek nea thús te kofjedrinken, mar in pear dagen letter wie ik by myn buorman oan de oare kant en dêr bloeiden wrachtsjes ek noch roazen.

Dus sei ik: 'By jimme bloeie de roazen ek noch, der sit fêst in bêste laach kowestrong op, tink?' 'Kowestront', sei de buorman. 'Nee hear, ik besproei de roazen sels altyd en do sjochst wol, dat helpt omraak'. No bin ik net op myn efterholle fallen, dus sei ik: 'Dan moast der al om tinke datst gjin blaasûntsteking krijst, want it kin nachts kâld wêze'. A. M. Sape Ynstjoerd troch Gré Kamerling 19

De skiednisse fan Harmen Kooistra (1890-1984) fan Wergea oant Bodegraven Troch Ruud Kooistra (Twa kritebledtsjes lyn wie it eartse diel fan de bjusterbaarlike skiednisse fan Harmen Kooistra, ien fan de oprjochters fan ús Fryske krite, yn ús kritekrantsje te lêzen. Us tank giet út nei Ruud Kooistra dy't dit allegearre oer syn pake optekene hat. It earste diel gie oer de tiid wêryn Harmen yn Fryslân opgroeid is. It wie in muoilike tiid omdat der net sa folle wurk wie. Dêrom kaam Harmen mei in freon nei Boadegraven en it earste wat se dienen wie yn Hotel Centraal, tsjinoer it stasjon in gleske Beerenburg bestelle. Mar dêr hie de kroegbaas noch nea fan heard! Yn dit kritekrantsje it twadde diel). Diel 2 Op deselde dei fan de oankomst fynt Harmen in kostadres by Jacobus Flier yn 'e Wilhelminastrjtte, dy dêr yn gearwurking mei Mennekes Versluijs in hanneltsje yn tee hat. Ruud Kooistra skriuwt dat Harmen op dat stuit warskynlik ôfskie nommen hat fan syn maat Anne Halbertsma want Ruud Kooistra hat neat mear fan dizze freon efterhelje kind. Ruud fertelt ek dat it net d údlik is hoe dy twa mekoaren moete hiene want Anne kaam fan Warstiens en dat wie yn dy tiid in lyts plakje fan 20 of 30 ynwenners, sa'n 2,5 kilometer fan Wergea. Tegearre hiene se de grutte reis nei Badegraven ôflein.

It ienige wat oer Anne Halbertsma bekend is, is dat er op 9 auustus 1983 yn Ljouert stoarn is. Ruud Kooistra nimt oan dat Anne Halbertsma in skoftsje yn Boadegraven tahâlden hat en doe wer werom gien is nei Fryslân. Hoe, wêrom en wêr, is troch Ruud Kooistra net te efterheljen. Wol bestiet der in foto fan Anne en Harmen, dy 't nommen is op 26 oktober 1912. Twa moannen lang stelt Harmen him fan Boadegraven op 'e hichte. Hy docht wat klusjes by Jacobus Flier om de kost te fertsjinjen en sollisitearret tuskentroch by de nije molkfabryk op de Noordzijde. Op 26 desimber komt Harmen offisjeel yn tsjinst by de 'Full Cream Kaas Bond'. Dêr giet er FL. 10, - yn 'e wike fertsjinjen yn 'e tsiismakkerij. Fol goede moed en bliid dat er in baantsje hat, giet hy oan 'e slach, wylst de omstannichheden foar him noch ûnbekend binne. De dagen binne lang en dreech en Harmen is seker yn 'e begjintiid wakker ûnwennich. Lokkich is Boadegraven een lyts en gemoedlik doarp, in bytsje sa as Wergea.en al gau giet it better, hoewol 'as Fries tusken de Hollanders wie it wol efkes wenne'. 20

Harmen makker er it bêste fan, ek op syn kostadres. Hy wurket hurd en siket jûns syn ûntspanning yn it doarp. En dy ûntspanning fynt hy al gaadlik fluch. Omdat hy in grut leafhawwer is fan sjongen, wurdt Harmen yn 1913 lid fan de gemengde sjongferiening Zanglust, dat krekt earder oprjochte is troch de bekende Boadegraver Jilles Beijen. Zanglust rippetearret regelmjittich yn it Súd-Hollânske kofjehûs oan de Noordstraat en dêr hat hy op in jûne in romantyske moeting mei it gealtsje fan Zanglust Cornelia van Dam. Al op de earste jûne rint hy mei har mei om se nei hûs te bringen en al gau blykt de leafde fan beide kanten. Klazina hie wurk as tsjinstboade by ferskillende 'mevrouwen', wêr se, sa as se sels letter sei in tige ûnderhearrige posysje ynnaam. Harmen, dy har faak ophelle, moast soms lang wachtsje foardat Klazine frij krige fan har mefrou. Ien kear moast er sels fjouwer oeren lang wachtsje foardat mefrou it fatsoen hie syn famke frij te jaan. Beide diene tige harren bêst om wat sinten te sparjen, Klazine by har mefrouwen en Harmen by de 'Full Cream Kaas Bond'. Dêr oan de Noordzijde waard de molke noch opbrocht mei hynder en wein en de tsiis en molke waarden ôffierd mei platte boaten oer de Alde Rijn. Harmen wurket mei molkbakken fan 2000 liter en tsiisbakken fan 800 liter. Foar dy tiid wie dat

hiel bysûnder. Bysûnder is ek dat de tsiis doe noch yn pûnen makke waard. 1913 blykt in muoilik jier foar Boadegraven en de molkfabryk, fanwege de oarloch dy stees tichterby komt. Harmen moat ekstra lange dagen meitsje om syn jild te fertsjinjen. De ferkearing fan Harmen en Klazina blykt ûnderwilens tige fêst en ein 1915 bart er wat wêr 't net oan te ûntkommen falt: Klazina is swier (yn it Hollânsk: Klazina is zwanger). (wurdt ferfolge) 21

Tankliet by it ôfskie fan Gré en Sief Kamerling as bestjoersleden fan de Fryske krite 'Fier fan hûs' te Boadegraven op sneon 10 oktober 2015 (wize: Doe 't pake jongfeint wie en beppe jongfaam) Wy tankje no Gré en har Sief Kamerling Foar ús binne hjá hjoed 'the Queen en the King' Sa'n ôfskie docht sear; sa is 't ek dit kear by dizze mefrou en by dizze menear By 't kritewurk wiene se altyd presint as aktive minsken, sa ha wy se kind mei alle plezier, jûns let en moarns ier foar ús Fryske krite wie'n hja yn it spier Der wie ris yn Utert in echt Fryske jûn dêr hawwe dy beide elkoaren doe fûn se wiene fol fjûr, de fonk dy sloech oer de holle dy rekke by beide oerstjoer

It is no al mear as sa'n fyftich jier lyn doe kaam yn hjar libben in striel sinneskyn hoe sil 't libben gean; doe wie't noch in dream no is it mei bern en mei bernsbern in team Doe 't Sief noch jongfeint wie en Gré noch jongfaam Wa koe doe betinke al wat der noch kaam de tiid dy fleach om; wy sjogge werom Wy hifkje it glês en wy slaan op de trom It Fryske gesang en de Fryske kultuer ferhjitte jim nea want it is jim natuer Jim tiid yn't bestjoer, dy is no dochs oer mar grut is ús tank, ja sa heech as in toer 22

Kinne we folgjende sizwizen? Der is gjin bûter oan te striken (neat helpt) Geduld, en gers sil molke wurde Wa sil ek alles ûnthâlde, sei de boerinne en doe kaam se yn 'e jister sû nder amers Men moat alle bûter net op ien stik smarre De reamme is dêr fan de molke Suvel op suvel is foar de duvel Ik sit leaver ûnder de ko, sei de boer, dan ûnder de notaris It libben is gjin molke en groattenbrij (it is net altyd like maklik) As in boer wyn drinkt en in pastoar sûpe, dan binne se beide net sûn As jo in mûs in koekje jouwe, wol er ek in glês molke ( hy wol altyd mear) Dizze sizwizen steane yn it bûsboekje 2016

23

net ferjitte net ferjitte freed 22 jannewaris Nijjiersgearkomste mei snert, roggebrea en spek om 18.00 oere yn Rijngaarde sneon 12 maart 2016

Feestprogramma: Fryske krite 70 jier middeis en jûns yn it Evershûs) 24