Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o.

Vergelijkbare documenten
Eindexamen Fries havo I

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o.

Merke 2015 Back to the 70 s

1. In geskink fan de Nyl

Staatsexamen VWO 2014

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,


Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I

Eindexamen havo Fries I

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

Cursussen Fries

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

Harkje, lêze en útspraak

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS

Herdenken - Jannes en Bea

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o.

Correctievoorschrift VWO

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

Nieuws Kindcentrum Wytgaard

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Jierferslach. Omrop Fryslân

nr. Januari

Tomke makket in snieman

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Friese taal schrijfvaardigheid

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf uur in het gemeentehuis te Joure

I. Tsjinst fan =e Tarieding

It Bestjoer. Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Advertentie: Dries van den Berg - liggend

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN

Beschrijving ochtend programma (voor iedereen)

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber

Correctievoorschrift VWO 2013

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken

KRITEJUNEN FAN ALLE KRITES FAN IT FRYSK BOUN

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

Ut e Pinne 52e jiergong Nr. 1 januari 2018

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Uitnodiging. Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk. Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries

Omrop Fryslân. Jierferslach

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Omrop Fryslân. Jierferslach

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst.

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter

MR/ Ouderraad it Pertoer

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo?

beeld op het noorden beelden van Jan Ketelaar

D E KRITEKOER. De kop is der wer ôf mei in moaie start foar de kriten yn it nije seizoen. De ferslaggen fine jo yn dizze kritekoer.

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

Samenvatting / Gearfetting bidbook Lwd2018. De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

DOARPSNIJS Nûmer 361 maart

Reünie EP de Boerschool. September 2014

Fan de foarsitter: Eala,

Jannewaris 169 Nûmer 1/ 2015 Fiifentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

Correctievoorschrift HAVO 2017

OANFALSPLAN FRYSK. Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen

Ynhâldsopjefte. Gearstalling organen 06. Fasiliteiten Ynvestearrings 25

Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo. Skriuwersadres: Beemdweg XC Ermelo

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga

IN WARBER FOLKJE M E I D I E L I N G E N B L E D F A N I T. Oprjochte 8 febrewaris 1899 Jiergong 46 nûmer 1 wynmoanne 2017

Ut e skoalle 6. Trefwoord

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber

t Skieppesturtsje febrewaris

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber.

JIERFERSLACH Omrop Fryslân

Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van B&M/LLW

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Onderduikers eren familie Easterwierrum.

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Wybe Feenstra (tel ;

Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo. Skriuwersadres: Beemdweg XC Ermelo

Ut e Pinne 51e jiergong Nr. 1 maart Ferieningsblêd fan it Frysk Selskip Fier fan Hûs Apeldoorn Sûnt 9 desimber 1901

Oktober deel 2. Beste ouders / verzorgers,

Ik soe sizze allegearre komme nei dizze bysûndere jûn. Allinne

Correctievoorschrift VWO 2014

Gearstalling Bestjoer

Transcriptie:

Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo Putten Séwolde Skriuwersadres: Beemdweg 29 3852 XC Ermelo e-mail: kcvanderbeek@gmail.com

FAMYLJEWYKEIN? co m Buitengoed Fredeshiem - Steenwijk-De Bult Tel. (0521) 535100 www.familieweekend.nl Hjir hie ek jo adfertinsje stean kinnen FRKR Okt 2012 031012.indd 2 No in

Fan de foarsitter: Eala, As de fûgels striekes sjouwe nei it dak of holle beam. As de fjilden har ûntjouwe en de blomkes iepen gean. Dan komt de maitiid, maitiid yn it lân. Dan laket alles, alles jin sa oan. Dy moaie maitiid mei syn blauwe loft, is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft, is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft. Ik tink dat de measten fan ús dit bekende liet fan Tetman en Jarich de Vries út De tiid hâldt gjin skoft wol kenne. Rûnom sjogge jo alwer de tekens fan de kommende maitiid. Meterologysk al begûn op 1 maart. Op guon plakken binne de liderkes al hast wer út de bloei. Foar ús Krite betsjut it dat wy al hast wer oan e ein fan it winterskoft 2013/2014 binne. Mar earst in koart weromsjen nei de kritejûn fan 15 febrewaris l.l. 1

Ik tink dat hast eltsenien it dizze jûn tige nei t sin hân hat. Der is wat ôflake. De toanielferiening ProRege út Holwert sette foar ús in geweldich goed spile stik op de planken. Der wiene spilers dy t al foar oanfang fan e jûn yn harren rol sieten troch oan de besikers de wei te freegjen nei de Multatulistrjitte. Troch t alle spilers in mikrofoantsje op hiene wie it foar alle oanwêzigen goed te ferstean. Al mei al wie it in tige slagge jûn. Mochten der kriteleden wêze dy t ek graachris in reaksje jaan wolle oer in kritejûn- of middei, dan is dat tige wolkom. It is net perfoast nedich dat yn it Frysk te dwaan. Jo kinne it stjoere of maile nei Kees van der Beek. Hy soarget derfoar dat it, sa nedich, oerset wurdt en yn it kritenijs komt. Us lêste kritejûn fan dit winterskoft sil wêze op 29 maart o.s. Dan komt it kwartet, besteande út Bauke van der Woude, Campbell Forbes, John Eskes en Hans Sambrink, nei de Kiekmure. Sy bringe harren 15 jierrige jubileumprogram In reis troch it libben mei Moed en Nocht. Sy binne foar ús gjin ûnbekinden en it is altyd wer in genot genietsje te kinnen fan de lietteksten dy t sawol fleurich as earnstich wêze kinne. Wy begjinne dizze jûn, lykas wênstich, om healwei achten It sprekt fansels dat wy in soad leden en gasten hoopje te moetsjen op dizze jûn. Andrea sil der wêze mei de boeketafel en Foekje mei de tekstyltafel. By beide is it tige de muoite wurdich efkes om te sneupen foar in nij of twaddehâns/healsliten. boek of foar in moai Frysk presintsje om fuort te jaan of foar josels. 2

Yn it skoft komme wy wer lâns mei lotsjes en de meibrochte prizen foar de ferlotting bliuwe tige wolkom. Foar by de kofje leit der in stikje koeke klear. Om t ien fan ús leden in protte DE-punten ynlevere, sit der alwer in moai begjin yn de DE-puntedoaze. Fansels garje wy gewoan troch. Dêrom, as jo der dochs neat mei dogge..,wy binne der bliid mei. Foar it winterskoft 2014/2015 komme 18 oktober 2014 Lytse Teake en Griet Wiersma nei Hurderwyk. Sy komme mei it ôfskiedsprogram fan Teake mei in oersjoch fan 50 jier Lytse Teake Om t Teake jûns net mear fier fan hûs giet, hâlde wy dit optreden op e middei. De tiid fan oanfang is noch net bekend. ****Set dizze datum alfêst yn jo bûsboekje**** Ta beslút Sa stadich wei oan tinkt it bestjoer alwer nei oer it winterskoft 2014-2015 en de ynfolling dêrfan. Ha jo suggestjes, jou se dan troch oan it skriuwerspear. 3

Foar de fakânsjetiid hoopje wy it nije programma rûn te hawwen en by ús leden te besoargjen. Graach wol ik alle leden in goede en sûne maitiid en simmerskoft tawinskje. Wy hoopje, nei de fakânsjetiid, yn oktober de tried wer op te pakken mei it optreden fan Teake en Griet. Njonken ús leden hoopje wy dan ek in soad gasten yn e Kiekmure te begroetsjen. Dêrom: trún Friezen yn jo omjouwing mei nei de Kiekmure op 18 oktober de middeis. Hawwe jo ynformaasje oangeande it lok en leed by leden yn jo omjouwing, hâldt ús op e hichte. It emailadres en tillefoannûmer fan Siska en Kees van der Beek stiet op e lêste side fan dit Kritenijs. Graach oant 29 maart. Ut namme fan it bestjoer, Margje Beijert-Bruinsma Fan buorkrite Fier fan hûs fan Apeldoarn: Sneon 22 maart o.s. wurdt om 20.00 oere yn Ugchelens Belang, Boogaardslaan 81 yn Ugchelen De Emigrant opfierd. Yntree: 12,50 foar leden - 17,50 foar net-leden It ferhaal: Sybolt de Haas is sa n 50 jiier lyn nei Kanada emigreare; nei swiere jierren hat hy in boerespul opbout. Nei t ferstjerren fan syn frou wol hy wol werris werom nei syn roots. Soan Willem sil op t spul bliuwe. Twa aventoeren tagelyk de reis nei Fryslân wurdt foar de emigrant tige konfrontearjend. 4

Utnoeging foar ús lêste kritejûn fan 2013-2014 Sneon 29 maart 2014 yn de Kiekmure, Tesselschadelaan 1 yn Hurderwyk tagongspriis: 5,00 foar leden / 10,00 foar net-leden Oanfang: 19.30 oere de seal is om 19.00 oere iepen Mei Moed & Nocht, in reis troch it libben"... Muzyk om nei te harkjen... Nei oanlieding fan harren 15 jierrich jubileum It kwartet Bauke van der Woude Mei : Bauke van der Woude Campbell Forbes John Eskes Hans Sambrink 5

Bauke van der Woude : As lytse jonge mei gitaar yn de optocht fan Dokkum. Sa begûn it. In fleurich, kreatyf jonkje, sljocht fan sjongen. Om syn fjirtichste hinne waard it tiid om ris efterom te sjen: wêr wie dat fleurige, kreative jonkje mei syn gitaar? Hy naam opnij gitaarles en ûntduts dat sels lieten meitsje foar him moaier wie as lieten fan oaren te sjongen. By de berte fan syn earste pakesizzer skreaun er "Basje". Op oantrúnjen fan freonen stjoerde hy it yn foar it Frysk sjongfestival Liet 1995. It waard útkeazen foar de finale. Fan it iene kaam it oare. Bauke waard frege Basje foar de radio te sjongen en sa kamen ek de earste optredens. Hy folge in liet-skriuwerskursus fan it FLMD by Doede Veeman en Piter Wilkens. Letter trof hy Jurjen van der Meer. Hy frege Bauke of it net tiid wie om in tal lieten op cd te setten. Sa waard de earste cd Beklonken Leafde opnommen. Wer letter folgen It slyt mar net - en Skaadman. In tal betûfte gastmuzikanten wurken mei, sa as Hans Voerman, Frederike Kleefstra, Jan Ottefanger, Riemer Soolsma en Campbell Forbes. Dy gearwurking wie in boppeslach. Sûnt dy tiid is Campbell fêste begelieder fan Bauke en binne se in net mear by mekoar wei te tinken duo. It tal optredens groeide. Sa fersoargen se ek programma's yn gearwurking mei skriuwer Hylke Speerstra. Dy gearwurking brocht Bauke yn 2002 yn Kanada en Amearika dêr t er optredens foar de Friezen om útens fersoarge. Yn 2005 mocht Bauke itselde dwaan foar de Friezen yn Nij Seelân. Ek wiene Bauke en Campbell te sjen en te hearren op Omrop en TV Fryslân en foar de VPRO Radio. Yn 2006 groeide it duo út ta in trio en sels ta in kwartet. John Eskes, gitarist, akkordeonist en arrangeur skode oan as ekstra begelieder. John is in betûft musikus en is ûnder oaren bekend as muzikaal lieder fan Paul 6

van Vliet en Rients Gratama. As slachwurker kaam Hans Sambrink der by. Yn maart 2007 kaam harren cd Swart Wyt út en yn novimber 2011 de nijste: "Moed en Nocht". Yntusken ha Bauke en Campbell in eigen publyk witte te binen mei in hiel eigen lûd. Campbell Forbes : Campbell waard berne op e Bahamas. Op syn fjirtjinde krige er fan syn heit in gitaar. Doe t er sechtjin wie woe er graach gitarist wurde by de High School Band. Mar dêr spile al in gitarist. Dy helle syn eindiploma en sa koe Campbell as bassist oan e slach. Nei syn eksamen gie er nei College yn Amearika om ynternasjonale betrekkings te studearjen. Hy liet de skoalle foar wat it wie, gie werom nei de Bahama's en sette him mei folle enerzjy ta de bas. Dat ynstrumint waard syn grutte leafde. Hy waard beropsmuzikant en wurke op de Bahamas mei in protte topformaasjes. Twa jier spile er yn Beginning of the End. Dizze band hie in wrâldhit mei Funky Nassau (mear as trije miljoen cd s ferkocht) Súksesfolle toers troch Amearika en Kanada folgen. Yn 1985 troude Campbell mei in Nederlânse. Fiif jier letter kamen se yn Nederlân wenjen; earst yn Amsterdam, letter yn Harns. Dêr begûn Campbell de band Frees Carib. Fryske muzikanten dy t ûnder syn lieding Karibyske muzyk mei in Frysk sauske spilen. Ek spile hy noch yn in grut tal oare bands. Yn 1999 frege Bauke of hy meiwurkje woe oan de cd It slyt mar net. Dat wie foar him in nije útdaging. By de presintaasje fan de cd liet it publyk witte de gearwurking tige te wurdearjen. Campbell waard Bauke s fêste begelieder en begûn sels ek Frysk te sjongen. 7

In protte optredens folgen. Hjirtroch begûn Campbell him wat langer wat mear Fries te fielen. ( Ik moat no bytiden yn e spegel sjen om te witten dat ik swart bin... ) Muzyk makke foar him yntegraasje yn Fryslân in stik makliker. Ien fan Campbell syn kredo s is dat muzyk de brêge nei de minsken is. Soest sizze kinne dat hy op dizze wize dochs noch in bydrage levert oan de ynternasjonale betrekkings. Yntusken fielt hy himsels in echte Fries. Hy is der grutsk op dat hy mei Bauke in eigen publyk wit te berikken. John Eskes: Gitarist, akkordeonist, muzikaal lieder Hans Sambrink: Slachwurk Selsmakke Fryske en Stedsfryske lieten Brocht troch in pear apart út Harns dy harren der net foar skamje om yn it Frysk te sjongen. Fan fan flinter tin oant bretaal en bliid. Dizze mannen sjonge mei oertsjûging en nocht muzyk mei hûd en hier! (Jo kinne harren dûbel-cd Moed en Nocht mei 28 lieten derop keapje) Yn t skoft wurde wer lotsjes ferkocht, lyk as wenst. 1 setsje fan 4 lotsjes foar 1,-- en 3 setsjes foar 2,50. Meibrochte pryskes binne tige wolkom. Nei ôfrin wurde de lotsjes lutsen! Ek foar yn t skoft: de Boeketafel by Andrea en de tekstyltafel by Foekje 8

Nijs fan It Boun: Sneon 5 april o.s. hâldt it Frysk Boun om Utens foar de 90e kear har Algemiene Gearkomste yn Seist. Fanôf 12.30 oere binne jo wolkom yn de skoalle tsjinoer it Torenlaanteater, Torenlaan 38 yn Seist. It Selskip Mei Inoar fan Seist is gasthear. Om 13.00 oere wurdt de gearkomste iepene. Gastsprekker is de hear Thomas Dijkstra. Hy sprekt út namme fan de Ried fan de Fryske Beweging oer dizze organisaasje, wêr t It Boun ek diel fan útmakket. Hy sil ek it ien en oar fertelle oer de skiednis fan de Slach by Warns en de jierlikse betinking dêrfan yn septimber. Jierferslaggen fan skriuwer en ponghâlder, it Kaderwykein, de Mediasaken, koartsein:it riden en farren fan It Boun stiet dy middei sintraal. Om t wy as krite Hurderwyk (ien fan de no noch 18 oansletten kriten...) diel útmeitsje fan It Boun is eltsenien dan ek útnoege om dizze Algemiene Gearkomste by te wenjen. Nei ôfrin fan de gearkomste hâldt de krite Seist tegearre mei Utert har kritejûn en dêr sil De Emigrant op e planken komme. Binne jo lid fan in krite dan is de yntreepriis 15,00 oars 17,50. 9

As jo de AG bywenje, dan kinne jo dêr ek it jûnsiten krije: foar 17,50 Krite Seist wol graach op tiid fan te foaren witte op hoefolle minsken se rekkenje kinne. Dêrom graach foar 25 maart it jild oermeitsje op rekkennûmer NL75INGB0003486499 op namme fan Selskip Mei Inoar te Bilthoven graach nammen, krite/wenplak en eventueel bestjoersfunksje mei it tal tagongsbewizen (hawwe jo in dieet, dan ek dat der by sette). It jûnsprogramma begjint om 20.00 oere en wurdt hâlden yn de grutte seal fan it Torenlaanteater. Nijbou Kiekmure Hurderwyk Yn it foarige kriteblêd lieten wy witte dat de Kiekmure yn Hurderwyk yn t nij stutsen wurdt. De gemeenteried fan Hurderwyk hat grien ljocht jûn. It plaatsje lit sjen, dat it fjouwerkante gebou fan de Kiekmure wat mear rûne foarmen krijt. 10

It kommende winterskoft hat it foar ús krite gjin konsekwinsjes; sa t no liket, sille wy it hiele winterskoft gewoan gebrûk meitsje kinne fan de seal, al sil it ferbou-wurk net alhielendal ûngemurken foarby gean. Wy binne bliid mei de tasizzing, dat wy gewoan wolkom bliuwe yn de Kiekmure wy hawwe dêr al jierren in skoan plak en mei de nijbou wurdt it allinnich noch mar skoander! Kees van der Beek. IBAN Sljocht wurde jo fan it ûnbidich lange nûmer; om te ûnthâlden suver hast net te dwaan... Eartiids bewarren jo it jild yn in âlde sok ûnder it kessen. Lean krige jo sa op t hantsje neat gjin geëamel oer kredyt of debet neat gjin gedoch mei steurings yn it beteljen fan jo rekkens. Dy tiid hawwe wy hân en komt ek net werom... As Fryske Krite meitsje wy al jierren gebrûk fan in bankrekkennûmer wêr t ús leden harren ledejild op stoarte kinne; dat is sa stadichoan foar de measten wol te dwaan... Mar no hawwe de banken wat betocht om it ús noch wat lestiger te meitsjen; troch it weifallen fan hieltyd mear grinzen binne de banken yn ús lân net mear allinnich fan en foar ús... IBAN stiet foar: International Bank Account Number dit bestiet út 18 tekens (sifers en letters) yn kombinaasje mei jo âlde bankrekkennûmer: 11

As jo in bytsje thús binne op ynternet, dan kinne jo in soad ynformaasje fine op : https://www.ibanbicservice.nl - hjir jouwe de banken in aardich oersicht fan mooglikheden om de IBAN-BIC koades fan Nederlânske rekkennûmers te finen. It IBAN rekkennûmer fan ús krite is (en foar jo wichtich om yn te foljen as jo it ledejild oermeitsje...) NL21ABNA0608552186 N.B. Oan de binnenkant fan it efterblêd stiet noch it âlde fertroude bankrekkennûmer, dat jo no dus net mear brûke meie... Redaksje giet no mei fakânsje... De top trije fan Fryslân om yn jo fakânsje fan te genietsjen, mar wis witte josels ek oare gaadlike plakjes te finen... Goeie simmer en oant oktober. 12

Gearstalling fan it bestjoer foarsitter: mefr. M. Beyert-Bruinsma tillef. 0341 251220 Jasmijnweg 4 8072 EP Nunspeet skriuwers: dhr. en mefr. K. en S. van der Beek tillef. 0341-559343 Beemdweg 29 3852 XC Ermelo ponghâlder: dhr. S. Tilstra tillef. 06-14793090 Akkerroos 26 3892 XN Zeewolde bankrekkennûmer: 60.85.52.186 - t.n.f. Fryske Krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. lid algemien: mefr. F. Bijlsma tillef. 0341-415266 Weverskamp 42 3848 CR Harderwijk lid algemien: dhr. D. Reitsma tillef. 0341-427531 Fagotdreef 71 3845 DG Harderwijk lid algemien: dhr. R. Sietsma tillef. 0341-553625 Kerklaan 15a 3851 JV Ermelo - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - boekefrou: Andrea Froma tillef. 0341-253348 Oenenburgweg 57 8072 GH Nunspeet WEDDINGPROSON DRUKKERS & COMCEPTORS UW GRAFISCH BEDRIJF VOOR: Al uw druk- en printwerk Personaliseren, printen en verzenden van mailings Inbinden, vergaren, verpakken, lamineren etc. Vormgeving van uw folders en brochures Snelle levertijden, coulante betalingsvoorwaarden, PRINT mooi drukwerk, goede prijzen INTERNET PRINT Internetwinkel? WEDDINGPROSON zorgt voor de distributie van uw artikelen Nobelstraat 16, Harderwijk / Paul Krügerweg 43, Ermelo / T 0341 412 501 info@weddingproson.nl / www.weddingproson.nl 13

Iedere dag genieten van een prachtige omgeving Flat Oranjewoud 1 8443 EL Heerenveen T I 0513-63 62 85 www.serviceflat-oranjewoud.nl