Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Vergelijkbare documenten
Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Merke 2015 Back to the 70 s

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Eindexamen Fries havo I

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

Trijetalich ûnderwiis súksesfol


Herdenken - Jannes en Bea

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS

it beste lan fan d ierde (het beste land van de aarde)

It Bestjoer. Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till

Harkje, lêze en útspraak

Staatsexamen VWO 2014

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Tomke makket in snieman

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

1. In geskink fan de Nyl

Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o.

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

Nijsbrief novimber 2016

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

Cursussen Fries

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Correctievoorschrift VWO

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf uur in het gemeentehuis te Joure

I. Tsjinst fan =e Tarieding

Eindexamen havo Fries I

Friese taal schrijfvaardigheid

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber.

Ut e skoalle 6. Trefwoord

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:

nr. Januari

Uitnodiging. Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk. Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries

Karin Idzenga & Jan Calsbeek Als je aan mij denkt ben ik er

Correctievoorschrift VWO 2017

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken!

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber

Nieuws Kindcentrum Wytgaard

Zuid Afrikaans Braai Buffet met Soul Dada

LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Jierferslach. Omrop Fryslân

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

DOARPSNIJS Nûmer 361 maart

De Eendracht. Vereniging voor dorpsbelangen Deinum. Voorzitter Assuerus Jorna Gersdroegerij

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber

Fryske krite "Fier fan Hûs", Boadegraven e.o., Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven Septimber 2014

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

D E KRITEKOER. De kop is der wer ôf mei in moaie start foar de kriten yn it nije seizoen. De ferslaggen fine jo yn dizze kritekoer.

Correctievoorschrift HAVO 2017

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

It Bestjoer. Ponghâlder: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

Marsumer fan it jier Achte oanwêzigen, bêste minsken,

Ut e Pinne 51e jiergong Nr. 1 maart Ferieningsblêd fan it Frysk Selskip Fier fan Hûs Apeldoorn Sûnt 9 desimber 1901

Herfstvakantie: 15 t/m 23 oktober 25-10: Jelle (2004) teamvergadering 27-10: signaaldictee blok 2 bovenbouw (proefdictee)

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst.

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

D E KRITEKOER. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o.

L i t u r g i e. voor de dienst op zondag 6 mei in de Agneskerk te Goutum

Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van B&M/LLW

Beschrijving ochtend programma (voor iedereen)

It boek. fan Sinterklaas. Maarten Stevens oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Doarpslibben Ryptsjerk Winter Fan de redaksje

KRITEJUNEN FAN ALLE KRITES FAN IT FRYSK BOUN

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I

* Horen van gedicht Lach, ontspan, maak plezier, vraag om hulp, kijk met aandacht Uit de 40 dagenkalender van het GDS gebied, zaterdag 11 maart

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo?

Orde van dienst voor de feestelijke viering in de Gaastmar op zondag 23 juni 2019 om uur

Meidielingeblêd fan de Sékrite Oprjochting fan de Sékrite, Fryske Krite fan Lelystêd en omjouwing op 25 novimber 1971

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Wybe Feenstra (tel ;

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Transcriptie:

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun maart 2015 Ferlotting en tagongsprizen... 4 Yn petear mei foarsitter Kloezen... 5 Útnoeging foar 21 maart 2015... 8 Afûks earste e - book... 10 Fytse foar 250 euro... 11 Iepenloftspul It deiboek fan Anne Frank... 12 Foar it bûsboekje 2015... 13 De wurklist winterskoft 2014-2015... 14 Wurklist fan susterkriten... 14 Frysk folksliet ( De âlde Friezen )... 15 Bestjoer Fryske Krite Hoarn... 16 Kvk. Nummer: 5324 1274 Rabobank rekken: NL54 RABO 0162 2705 77 Lid fan It Frysk Boun om Utens www.fryskbutenfryslan.nl 1

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun --------------------------------------------------------------------- Bêste Kriteleden, D er komt in ein oan it winterskoft 2014-2015. Wy hawwe hast gjin winter fielt, allinnich in protte reinwetter. Mar wy sjogge no út nei de maitiid. De fûgels litte harren al wer hearre en it ljip aaisykjen is net mear tastien. Spitich foar de betûfte aaisiker. Mar de mûzen binne wol aktyf yn de Fryske greiden. Wat in pleach! Wy hoopje dat de boeren net te folle skea ûnderfine. De natuer is fan slach. No hearre we al dat der in hazepest is. Wat folget? It bestjoer is al wer drok dwaande mei de tariedings foar it nije winterskoft 2015-2016. Earst kom ik efkes werom op de lytse jûn mei Anne Nauta fan Nij Beets mei syn ferhaal oer fan iistiid oant turf. Der binne fjirtich leden oanwêzich en it sealtsje is aardich fol. Wat kin dizze man moai fertelle oer it ferline en hy makket dan ek reklame foar syn hobby it Damshûs yn Nij Beets. www.damshus.nl Yn it kriteboekje fan jannewaris hawwe wy al oankundige dat Dinie Boonstra de prizetafel foar de ferlottings organisearje giet yn it nije winterskoft. Derom wol ik ek nochris de froulju Rie Oly en Minke Kloezen hertlik tank sizze foar al it wurk yn de ôfrinne jierren. 2

Yn it kriteboekje fine jimme mear ynformaasje oer in oprop foar de Algemiene Gearkomste fan it Frysk Boun om Utens op 11 april yn Enschedee. Sjoch foar mear ynformaasje op de website fan it Boun. Dan efkes oer it nij winterskoft: de jiergearkomste is op freed 18 septimber yn de Huesmolen. Op dizze jûn sil ik de foarsittershammer oerdrage oan in oar bestjoerslid. Mar ik bliuw wol oan as gewoan bestjoerslid. Op ús lêste kritejûn fan it winterskoft komt de Trek Harmonica Club Oostergoo ut Grou. Dizze muzykgroep hat jierren mei-inoar spiele en dat sille jimme wol hearre. Ik hoopje jimme allegearre te moetsjen op dizze lêste jûn fan it winterskoft. In folle seal! De maitiid Graach oant sjen, Eppie Kloezen, foarsitter Dan komt de maitiid, maitiid yn it lân. Dan laket alles, alles jin sa oan. De moaie maitiid mei syn blauwe loft, is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft, is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft. 3

Ferlotting en tagongsprizen Lidmaatskip en tagongsprizen: It lidmaatskip foar ien persoan is 10 euro foar in hiel jier (It krite jier rint fan juny oant ein maaie). Op de grutte jûnen is de tagongspriis foar leden 2,50 euro en foar net leden 7,50 euro mar de lytse jûn is fergees. Opjefte foar it lidmaatskip kinne jo dwaan by de ponghâlder de hear P. Slange De sealpriis op de grutte jûnen: Jo kinne dizze sealpriis winne as jo yn e seal sitte op ien fan ús grutte jûnen. By de yngong krije jo in nûmer dat kâns jout op dizze sealpriis. De ferlotting yn it skoft: Yn it skoft fan de grutte jûnen wurdt der in ferlotting hâlden. De prizen bestean meastentiids út in blomke, oranjekoeke, fleske wyn of oare aardichheden. Jo kinne yn it skoft lotten keapje foar 5 euro en dan krije jo 10 lotsjes fan elk 50 eurosint it stik. Altyd priis by de keap fan 10 lotsjes. Presintsje Oprop oan de leden: presintsje foar de priistafel Aardich is dat leden ek in presintsje meinimme foar de priistafel. Dan stypje jo ek de krite. 4

Yn petear mei foarsitter Kloezen Troch: Marinus Leenstra Op de jiergearkomste fan septimber 2014 hat de foarsitter Kloezen meidielt dat hy nei it winterskoft 2014 2015 de foarsittershammer oerjaan wol oan in oar bestjoerslid. Kloezen hat sein dat hy wol troch giet as gewoan bestjoerslid. Kommende feestjûn, mei de muzykgroep Oostergoo, is dit de leste jûn dat de foarsitter Kloezen de minsken wolkom hjit en de sluting docht. Foarsitter Kloezen sprekt de oanwezigen ta op it 100 jierrich jubileum yn 2010 It petear mei Eppie en Minke Kloezen Op freed 27 febrewaris 2015 gean ik nei it appartemint oan de Timpaan nummer 11 wer Eppie en Minke al wer in oantal jierren wenje. Minke hat de kofje al klear stean en wy nimme earst in bakje kofje en ik lis út wat ik fan doel bin. Graach soe ik wat mear oer Eppie en Minke te witten wolle komme mei oare wurden harren libbensferhaal. Mar 5

yn it foarste plak wer de Fryske Krite sintraal yn stiet. Eppie is yn 1939 berne yn Stynsgea krekt foar de oarloch begûn en Minke is berne yn Reduzum. Eppie syn âlders ferhuzen al gau nei Bûtenpost en Eppie gong der nei de legere skoalle. Mar net folle letter ferhuze it gesin nei Surhústerfean. Nei de middelskoalle yn it selde wenplak. Dan oan it wurk en Eppie fertelt dat hy noch wol in pear baantsjes hân hat. Mar dan komt de Nederlandse Spoorwegen yn 1961 om de hoeke. Hjir wurd Eppie haadkondukteur en mei folle nocht hat hy dat berop dien. In moaie tiid! Minke fertelt dat hja oant har pensjonearen wurke hat by ABNAMRO. Mei in goede pensjoenregeling binne se beide tige ynnomd. Wy hawwe net te klaaien. It petear giet no oer de kriten. Want hja binne yn harren eartiids wenplak Amsterdam lid wurden fan de krite Amsterdam Noord (1961-1981) en letter fan de krite Haarlim (1981-1986). Mar dan ferhúzje de Kloezen s nei Hoarn. Yn de winkel fan Hemke moetsje hja Tine Hemke en men wurd daadlik lid fan de krite Hoarn. Dan komt der in jiergearkomste 1988 en der is in oprop foar in bestjoerslid. Eppie jout oan dat hy him wol ynsette wol foar in bestjoersfunksje. Moaie jûnen op paad mei de toanielploech en hy fertelt sa tuskenbeiden dat in ienakter fan de toanielploech Hoarn spiele yn Apeldoorn him altyd by bleaun is: In wyntsje liket my wol lekker. Dan hellet Eppie de reis nei Kanada oan mei de toanielploech. In barren om nea te ferjitten. 6

Wy meie grutsk weze op de moaie Fryske taal dy t de minsken ferbynt 7 Eppie is sawat tsien jier foarsitter fan de krite en ik freegje him wat is dy no it meast by bleaun. It aldermoaiste foar my is west, it organisearjen fan it 100 jierrich jubileum feest. Grutsk bin ik der op dat dit feest tige slagge is ek dat op de jubileum dei ús ponghâlder Popke Slange in keninklike ûnderskieding krige. Wat Eppie ek noch efkes oanhellet is de lytse jûnen yn febrewaris mei in sprekker of in lêzing. Hy fertelt dat hy der fan genietsje kin en dat it faaks nochris learsum is en ik ha it gefoel dat de leden dit ek moai fine seit hy. Ik rop de minsken op dizze jûnen ek te besykjen. De bân mei it heitelân is noch altyd sterk. Omrop Fryslân is favoryt yn húze Kloezen. Jûns om seis oere is it fêste prik: it Fryske nijs, Hea en Bynt. Mar moarns net te ferjitten muzyk yn bedriuw. Sa fertelt Eppie dat hy ferline jier yn it programma wie út nammen fan de krite mei fersyk nûmers. Dan freegje ik wat jimme it moaiste oan Fryslân fine. Eppie fuortendaliks: de Wâlden om de prachtige beamwallen. Eppie giet fjirder en seit wer t wy grutsk op wêze meie: de Fryske taal, de kultuer lyk as it skûtsjesilen, fierljeppen, keatsen, alvestêdetocht ensafuorthinne. Werom sjen is goed mar foarút sjen moat ek. Dan seit Eppie tsien jier foarsitter is moai west en ik sjoch mei tefredens werom. Ik slút it petear of mei it leste wurd oan de foarsitter: Eppie is altyd bliid west mei de goede gearwurking yn it bestjoer en ek mei de leden. Tige tank foar it petear en in goed wykein tawinske.

Útnoeging foar 21 maart 2015 It bestjoer fan de Krite Hoarn noeget al har leden, sibben en kunde út foar har grutte jûn op 21 maart 2015 om 20.00 oere yn e Huesmolen te Hoarn foar in muzyk en sjong jûn mei de 12 mans formaasje fan Muziekgroep OOSTERGOO Dizze muzykgroep bringt ynstrumintale en fokale nûmers yn t Frysk, Ingelsk en Nederlânsk. De seal is iepen fanôf 19.30 oere, oanfang 20.00 oere, kom net te let. 8

Gearstalling fan de muzykgroep: Thom Scherjon (artistiek leider) trekzak, zang Rein Mebius (muzikaal leider) trekzak, djembee, zang Greetje Scherjon trekzak Baukje Brouwer accordeon Mien Bosma trekzak. zang Hinke Lotens trekzak, zang Hanneke Wessels trekzak, zang Trudy de Jong trekzak Janny Castelein trekzak, zang Annie Postma trekzak, zang Bert Wijbenga trekzak, gitaar, zang Ineke Mebius geluid In feestlike programma wurd nei foaren brocht mei Fryske lieten mar ek oare talen sjongt men. Ek net te ferjitten binne de ynstrumintale nûmers. De muzykgroep komt út Grou en oefent en spilet it hiele winterskoft op sneintemoarn yn Hotel Restaurant Oostergoo. 9

Afûks earste e - book Ek it AFUK giet hieltyd mear yn de nije media mei: sy komme no mei in e-book jo kinne it sittendewei oankeapje en op in tablet lêze. Nijsgjirrich? Sjoch dan efkes fierders op de side fan it AFUK. www.afuk.frl In spannend ferhaal oer de freonskippen, leafdes en tsjinslaggen yn it libben fan de fyftjin jierrige Fryske muzikant Femke Koning. - it is in oansprekkend, flot lesber en aktueel ferhaal - it is net allinne foar de jeugd, mar ek foar folwoeksenen in hiel moai boek om te lêzen - it mei syn 200 bledsiden de spesjale priis fan mar 2,50 mear as wurdich is http://websjop.afuk.nl/femke-faalt 10

Fytse foar 250 euro Rabo Fyts sponsertocht De Fryske Krite docht ek dit jier wer mei oan de fyts sponsertocht organisearre troch de Rabobank West- Friesland. De tocht is op sneon 6 juni 2015. De krite kriget 250 euro fan de Rabobank as der 10 minsken fytse. Der binne al in pear minsken dy t harren oanmelden ha. Wa wol noch mei fytse? Foar mear ynformaasje kinne jo terjochte by Jetske Leenstra-de Groot. 11

Iepenloftspul It deiboek fan Anne Frank Oprop fan de Iepenloftspul kommisje Achte Friezen om utens, Faaks hawwe jim it al heard, mar sa net, dan freegje wy jim omtinken foar it folgjende. Dit jier sil der yn Deinum in bysûnder Frysk barren plak fine. Op 12 juny 2015 (bertedei Anne Frank) sil de Fryske premjêre fan it toanielstik It Deiboek fan Anne Frank te sjen wêze as iepenloftspul op in unike lokaasje oan it spoar yn Deinum, ûnder de reak fan Ljouwert. Foar jim en jim leden hawwe wy noch in aardichheid; as jim of jim leden by de foarstelling sjen litte kinne dat hja lid binne fan jim krite, krije hja oan it begin fan e jûn fergees twa konsumpsjebonnen. Foar de foarstellingsdata, it bestellen fan tagongskaarten en mear ynformaasje ferwize wy jimme nei de website: www.itdeiboekfanannefrank.nl. Sa n bysûnder Frysk barren meie jim net misse! 12

Foar it bûsboekje 2015 Algemiene Gearkomste Lyts Ambyld 11 april 2015 fanôf 13.30 oere. Plak: seal Muziek Atelier yn Enschedee. De jûns mei Tet Rozendaal mei har sjong en dûnsfoarstelling Mata Hari nei it teater fan Prismare - perfoars in oanrieder! Start 9 oktober 2015, wykein Kom en Sjong Folkshegeskoalle Schylgeralân Badweg Hoorn 71,8896 KC Hoorn Terschelling tel: 0562-448954 of e-mail: info@folkshegeskoalle.nl www.folkshegeskoalle.nl Ynskriuw formulier Kursusoanbod 2015 kinne jo ek opfreegje by de skriuwer de heer Vogel. skûtsjesilen 2015 Za. 18-07-2015 Grou Za. 25-07-2015 Stavoren Ma. 20-07-2015 De Veenhoop Ma. 27-07-2015 Woudsend Di. 21-07-2015 Earnewâld Wo. 29-07-2015 Lemmer Wo. 22-07-2015 Terherne Do. 30-07-2015 Lemmer Do. 23-07-2015 Langweer Vr. 31-07-2015 Sneek Vr. 24-07-2015 Elahuizen 13

De wurklist winterskoft 2014-2015 21 maart 2015 3e grutte jun: Muzykgroep Oostergoo fan Grou 18 Septimber Algemiene gearkomste Wurklist fan susterkriten Krite Haarlim Gysbert Japicx Lokaasje: Stedelijk Gymnasium, Jacobijnestraat 2, 2011 TH Haarlim. 21 maart 2015 Krite Den Helder Gysbert Japicks Fan de Krite Den Helder hawwe wy gjin wurklist. (tillefoan 0223 769059 Frou Y. de Vreeze) Yn Nij Beets it museum: 14

Frysk folksliet ( De âlde Friezen ) Frysk bloed tsjoch op! wol no ris brûze en siede. En bûnzje troch ús ieren om! Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d ierde. It Fryske lân fol eare en rom. Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Trochloftich folk fan dizze âlde namme, Wêz jimmer op dy âlders great! Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme, In grien, in krêftich bloeijend leat! Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! 15

Foarsitter: Bestjoer Fryske Krite Hoarn Eppie Kloezen Timpaan 11, 1628 MT Hoorn Till.: 0229 244042 e-mail: ed.kloezen@quicknet.nl Ponghâlder 1 en Popke Slange lede-administraasje: V. Dedemstraat 4, 1624 NN Hoorn Till.: 0229 234881 Skriuwer: Oare bestjoersleden: Jetske Leenstra-de Groot Dorpsstraat 293 1689 GE Zwaag Till.: 0229 263735 e-mail: jetskeleenstra@me.com Douwe Hoekstra Tinnegieter 1 1625 AN Hoorn Till.: 0229 211749 e-mail: ddhoekstra@quicknet.nl Jan Vogel Yellowlaan 4, 1695 HV Blokker Till.: 0229 234012 e-mail: yellowbirds53@gmail.com Eareleden: Frou Janny Bloem-Wouda De hear Popke Slange Renske Nauta-Haagsma Dr. CJK van Aalstweg 19 1625 NV Hoorn Till.: 0229 237267 e-mail: nautahaagsma@hetnet.nl Tiny Dijkstra-De Vries Schoener 3, 1771 EA Wieringerwerf Till.: 0227 501050 e-mail: ak.dijkstra@quicknet.nl Lief en leed: Ans Boelens Wiersma, Schuitenmaker 22, 1647 BN, Berkhout. Till.nr. 0229-551637 1 Bank: NL54 RABO 0162 2705 77 Fryske Krite Hoarn 16