KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,



Vergelijkbare documenten
Harkje, lêze en útspraak

Eindexamen Fries havo I

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Eindexamen havo Fries I

Correctievoorschrift VWO

Tomke makket in snieman

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

Cursussen Fries

It boek. fan Sinterklaas. Maarten Stevens oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra

Merke 2015 Back to the 70 s

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Karin Idzenga & Jan Calsbeek Als je aan mij denkt ben ik er

IK WOL GJIN OARE MEM (Ik wil geen andere moeder)

Landschap van toevalligheid

Staatsexamen VWO 2014

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

nr. Januari

FERDWAALD YN NEW YORK (Lost in Yonkers)

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo?

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

Braakballen pluizen van de kerkuil

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart

Herdenken - Jannes en Bea

De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007

Correctievoorschrift HAVO 2015

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken!

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf uur in het gemeentehuis te Joure

Dag van de Duurzaamheid

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga

DE LAITS FAN IZEBAITS

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

1. In geskink fan de Nyl

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

MR/ Ouderraad it Pertoer

Correctievoorschrift HAVO 2012

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Onderduikers eren familie Easterwierrum.

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

Kalfjespad/Kealtsjepaad

DOARPSNIJS Nûmer 361 maart

Ferslach fan de earste diskusjebyienkomst oer de bestjoerlike takomst fan de gemeente Ferwerderadiel.

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber

Foarlêspakket Romke wol sjonge. Ynklusyf: foarlêsferhaaltsje kleurplaat nifelopdracht taalaktiviteit opsisferske

Schooljaar , nr. 3

Akky van der Veer MEI STURT EN EAREN. Ienakter

Ikke krakkemikke en it wite wiif (Ikke krakkemikke en het witte wief)

beeld op het noorden beelden van Jan Ketelaar

Sneon 5 july e Jiergong nû. 2126

Nieuwsbrief Februari 2018

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN

Bennie Huisman in persoanlik moanneblêd fan Ynhâld

Jannewaris 169 Nûmer 1/ 2015 Fiifentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

DOARPSNIJS Nûmer 367 oktober

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april

Zuid Afrikaans Braai Buffet met Soul Dada

Correctievoorschrift VWO 2017

DOARPSNIJS Nûmer 383 maart

I. Tsjinst fan =e Tarieding

Septimber 172 Nûmer 4/ 2015 Fiifentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

DOARPSNIJS Nûmer 355 septimber


Schooljaar , nr. 5

Fanút it team: Week/datum Dag Deel Pers. Bezt. Pers. Bezt. Groep 3/4/5 Groep 6/7/8 Ochtend Juf Reina Juf Yttje Week 46 12/13 november.

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

Jannewaris 154 Nûmer 1/ 2012 Twaentritichste Jiergong. Redaksje: Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel

Poppenwierster courant

Herfstvakantie: 15 t/m 23 oktober 25-10: Jelle (2004) teamvergadering 27-10: signaaldictee blok 2 bovenbouw (proefdictee)

Sneon 2 april e Jiergong nû. 2147

Reinbôgenijs. Agenda. Algemene informatie. Beste ouders / verzorgers van De Reinbôge, Doch dyn dream! Nr.3 - Novimber 2015

Zondag 5 juli 2015, Martinikerk Sneek ds. Jan Willem Nieboer

Van de redactie. 31e jiergong - nûmer novimber 2013

Ut e skoalle 6. Trefwoord

Friese taal schrijfvaardigheid

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter

IT DINEETSJE (The Dinner Party)

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Verzet tegen het verminderen van het aantal volksvertegenwoordigers

Bruinsma s Bakkerij De Echte Bakker Skans 2 Winsum Tel

de Moanne algemien-kultureel opinybled mei Trotwaer 1 4,50 Kolofon Yn dit nûmer

Opdracht 1. Ingelsk: sheep key old us where cheese door sometimes butter year. Frysk Ingelsk Nederlânsk. 1 tsiis. 2 wêr. 3 somtiden. 4 bûter.

de Moanne algemien-kultureel opinybled mei Trotwaer 1 4,50 Yn dit nûmer

De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 34 ste jiergong nûmer 1 septimber 2002

BLOED, SWIT EN TRIENNEN (Bloed, zweet en tranen)

Yn dizze skille û.o.:

Transcriptie:

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER 2015 Beste leerkracht van de bovenbouw, De landelijke Dag van de Duurzaamheid vindt dit jaar plaats op vrijdag 9 oktober 2015. Door heel Nederland vinden, voor het zevende jaar, duizenden duurzame activiteiten plaats, georganiseerd door particulieren, bedrijven, maatschappelijke organisaties, overheden en onderwijs. Samen laten we zien dat duurzaamheid past in ons dagelijks leven! Kinderen willen we hierbij natuurlijk ook graag betrekken. Voor het basisonderwijs is er om die reden een voorleesactie. Op vrijdagochtend 9 oktober wordt in de klas een verhaal voorgelezen met een duurzaam thema. Dit past mooi in de kinderboekenweek, die ook in deze periode valt. Voor u ligt de duurzame voorleeskrant voor Noardeast Fryslân. De 3 samenwerkende NME-Centra hebben speciaal voor alle 100 basisscholen een verhaal laten schrijven dat past bij de kinderboekenweek én bij de Dag van de Duurzaamheid. Het verhaal heet Raar maar waar, Nuvere Minsken en speelt zich af in deze regio. Het is in het Fries geschreven door Geertruida van Assen uit Kollum. Het is een leuk idee om een voorleesgast in de klas te halen die dit verhaal voorleest. De Burgemeester, wethouders en raadsleden van uw gemeente hebben aangegeven dat ze graag optreden als voorleesgast. Maar u kunt zelf ook een voorleesgast regelen, of het verhaal zelf voorlezen. Na het voorlezen kunt u met behulp van de vragen en de praatkaarten nog in gesprek met de leerlingen over duurzaamheid. Doet u mee? Veel succes! De NME-coördinatoren Marjolein Staal, Margriet Tolsma en Ragna van Sonsbeek, en de Burgemeesters en wethouders van de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradeel, Ferwerderadiel, Kollumerland c.a. en Tytsjerksteradiel. PS. Het verhaal is geschikt voor middenen bovenbouw. U kunt het in Fries en Nederlands downloaden van de websites (zie colofon). Voor op het elektronisch schoolbord zijn bijpassende illustraties downloadbaar.

FERHAAL RAAR MAAR WAAR NUVERE MINSKEN It is stil yn e strjitte, sis mar saai. Hidzer skopt in stientsje fuort, dy t flak by it paadsje nei de foardoar fan nûmer alve lizzen bliuwt. It hûs stiet al hiel lang leech en Hidzer boartet faak yn e grutte tún mei syn freonen, mar dy binne allegear mei fakânsje. Stom dat er sels no mar twa oeren deis op e kompjûter mei. Hy soe wol even by de hut sjen kinne dy t se krektlyn boud ha, mar nee, dêr is neat oan ast allinne bist. Hidzer sil him omdraaie, mar dan sjocht er in beweging. It is by ien fan de lytse rútsjes. It gerdyn fol spinreagen sit oars as oars. Soe der dan dochs..? Mar der beweecht neat mear. Miskien wie it de wyn. Mar it waait net. In rôt! Jawis, dat sil it wêze, mar neat tsjin mem sizze. Elske leit op e bank as Hidzer yn e keamer stapt. Se hat in boek fan e bibleteek yn e hannen. Op e teannen slûpt er nei har ta. As se goed yn it ferhaal sit, sil se samar skrikke, want op it omslach stiet in foto fan in man mei in wyt gesicht, reade eagen en hiele grutte wite hoektosken mei bloed deroan. Elske, ik ha in grouwe rôt sjoen, ropt er ynienen yn har ear. Mar se jout gjin gjalp. Toe no, seit se, wylst se him oan e kant triuwt. Moai Hidzer, bist al thús, seit mem dy t ek yn e keamer komt. Meist de boarden wol fêst op tafel sette, it iten is hast klear.

Moarn komme de sinnepanielen, seit heit, as se alle fjouwer oan e tafel sitte te iten. It sil my benije hoefolle enerzjy wy besparje kinne, laket mem en heit laket mei. Wêr hast dy rôt sjoen? seit Elske ynienen. Mem har mûle falt iepen fan skrik. Hidzer trapet Elske tsjin e foet. Hoe kin se dêr no oer begjinne by de tafel as mem der by sit. Hy tocht dat Elske him net heard hie, niiskrekt. Dat wie in grapke juh, seit er gau. Mar ik ha al wat sjoen yn it lege hûs. Ik tink dat der minsken komme te wenjen. Minsken? Yn nûmer alve bedoelst? wol heit witte. No, dat tink ik net. Ik ha der noch noait in auto foar hûs stean sjoen. En al hielendal gjin ferhúswein. Boppedat, gjinien kin yn sa n âld klinte wenje. Der moat earst flink ferboud wurde. Dan prate heit en mem fierder oer it ferbouwen fan huzen, wat dat allegear kostet en hoe ast op enerzjyferbrúk besparje kinst, en beide fine se dat nûmer alve it bêste mar ôfbrutsen wurde kin. Ik wit ien dy t yn dat hûs wenje wol, seit Elske wylst se de kopkes ôfwasket dy t Hidzer ôfdroegje sil. Ik lês der no in boek oer. Doch net sa raar, seit Hidzer. Dat kin net, dat is net echt. Dat hat dy skriuwer betocht. Hoe hyt er? Bram Stoker. Oh dy fan Dracula, wat hy skriuwt kin ommers hielendal net. En as it al koe, soene se oerdeis sliepe en koe dat gerdyn net hin en wer gean. Wol yn dat lytse húske want dêr is it oerdeis ek tsjuster, laket Elske. Hidzer seit neat. Hy tinkt oan de rôt. Wat no as it wat oars wie? It is nacht, Hidzer stiet foar it rút. Hy kin de hiele strjitte delsjen, want der baarne strjitlampen en de buorlju, dy t op fakânsje binne, ha de bûtenlampen oan sadat it liket dat se thús binne. Mar sels sûnder dy lampen hie it ljocht west, want de moanne skynt. Hidzer sjocht nei it hûs oan e oare kant. Hy wol it fannacht yn e gaten hâlde. Sliep hat er noch net. Mar der gebeurt neat. Der binne net iens nachtbisten. It wachtsjen makket him slieperich, dat hy beslút om dochs mar wer op bêd te gean.

Moarns sit Hidzer te gapjen by de tafel. Elske jout him in triuw en flústeret. Op fampierjacht west fannacht? Har eagen glinsterje en har mûle hat in pleagjende laits. Wolst aanst ek mei? gappet Hidzer, mar Elske skodhollet. Ik bin net sa n rottefanger, seit se. En myn boek moat hast werom nei de bibleteek, ik moat lêze. Hidzer stiet op it paadsje fan nûmer alve. Der liket neat feroare. Sil er nei it rút tarinne? Tichtby kin er miskien sjen oft der rotten binne. Krekt hat er it beslút naam om der hinne te rinnen as er wat heart. Der komt in lûd út de tún wei. Der is ien! Grutter as in rôt. Gau rint Hidzer fan it paadsje ôf nei de hage njonken it hûs, dy t om it hiele hiem hinne sit fan nûmer alve. It is in tichte hage. Hy sil net folle sjen kinne as er der by lâns rint, mar krektoarsom kinne se him ek net sjen. Foarsichtich begjint er dêrom te slûpen. It lûd is der noch. Krekt of is der ien oan it skeppen... Dan ynienen wit er it. Der binne kriminelen en dy skeppe in gat yn e tún dêr t se de bút yn ferstopje. Dêrom fansels litte se de smoarge gerdinen gewoan sitte. Dêrom wie der beweging, ien fan dy ynslûpers siet nei him te sjen doe t er foarby rûn. Mar hy kin net samar de plysje belje. Earst moat er bewiis ha. Hy moat sjen wat se yn e grûn ferstopje.

Der is in plak yn e hage dêr t de tûken losser binne. Hidzer kin der krekt trochhinne krûpe en dat docht er hiel foarsichtich, sadat de tûkjes net bewege of knappe. It skeppen klinkt noch itselde. Se ha him net sjoen. Noch in lyts eintsje dan kin er de minsken sjen. Hoeden bûcht er de lêste tûkjes oan e kant. Der stiet in nuvere frachtwein yn e tún. It foarste stik is itselde as in gewoane frachtwein, mar it achterste net, dat liket op in houten hûs mei sinnepanielen op it dak. Tichter by de hage stiet in man yn e tún te skeppen. Ynienen giet de man rjochtoerein stean en sjocht Hidzer syn kant út. Gau moat er út de hage wei. Hy draait him om, triuwt de tûkjes wyld oan e kant, strûkelet, en krûpt op hannen en fuotten út de hage wei. As er oerein komt, sjocht er yn it gesicht fan in jonge dy t krekt wat grutter is as him. H... hoi, stammeret Hidzer. Wa bisto? Ik bin Walter, laket de jonge en stekt him in hân ta. Krûpsto altyd yn hagen? Nee, allinne as ik op ûndersyk bin. Goh en wat ûndersikesto dan? Oft der nije bewenners binne yn dat hûs of rare minsken. Kinst dan net better gewoan eefkes oanbelje? Sil ik oars even foar dy sjen? Hidzer skodhollet, mar Walter krûpt al yn de hage en as er werom komt seit er: Ja, de nije bewenners binne rare minsken. Se keapje in âld hûs, mar wenje der net yn. Se grave yn e tún en sliepe yn in selsmakke kampearwein. Hoe witsto...? seit Hidzer. Dy man dêr, begjint Walter, is myn heit. Wy binne hjir juster yn e nacht kaam. En dy wein is ús hûs. Wy wenje al in jier yn dizze kampearwein. Dêrfoar wennen wy yn Amsterdam. Heit fynt dat de measte minsken leve as fampiers, raar maar waar. Net dat se bloed drinke, mar se ferbrûke wol mear dan wat se werom jouwe. Uteinlik bliuwt der neat mear oer. Heit hat dit hûs kocht om t ik wer nei skoalle moat.

Hy woe yn it noardeasten fan Fryslân wenje om t er hjir sels opgroeid is, krekt as myn mem, mar dy is ferline jier stoarn. Fan it hiem wol heit in biologyske tún meitsje, it hûs wol er duorsum ferbouwe en ik mei him helpe. Heit wie ûntwerper en is no ek útfiner. Hij betinkt apparaten dy t it wurk makliker meitsje kinne. Ik sil dy der noch folle mear oer fertelle, mar earst moat ik fuort, want wy sille automatyske túnklauwerkes helje. Dan begjint er te laitsjen en seit: Sa neame wy hinnen. Se helpe ús yn e tún. Noch laitsjend krûpt er troch de hage. Doei doei, ropt er, as er oan e oare kant stiet. Hidzer bliuwt stean en sjocht nei de hage. Wow, tinkt er, it sil hiel oars wurde yn e strjitte! FRAGEN BY IT FERHAAL 1: Hidzer tinkt dat it hiel oars wurde sil yn de strjitte. Wat tinke jim, hat er gelyk? 2: De titel fan it ferhaal is Nuvere Minsken. Nuver is itselde as in bytsje frjemd, oars. Wa binne dy nuvere minsken yn dit ferhaal? Wat dogge dizze minsken oars? Wêrom soene se dat dwaan? Wat fynst derfan? 3: Hidzer mei twa oeren deis op e kompjûter. Wêrom soe dat sa wêze? Hoe lang meie jim op e kompjûter? 4: Elske lêst in boek fan de bibleteek. Se lêst net op in ereader. Lêze jim ek boeken? Papieren boeken of boeken op in ereader? Wêr helje jim dy boeken wei? 5: Der komme sinnepanielen by Hidzer thús. Wêr kinne se dy sinnepanielen delsette? Wêrom nimme minsken sinnepanielen? Wêrom docht net eltsenien dat? Ha jim thús ek sinnepanielen? Wa kin der wat oer fertelle? 6: De buorlju ha nachts de bûtenlampen oan, sadat it liket dat se thús binne. Wêrom wolle se dat it liket dat se thúsbinne? Litte jim nachts ek lampen baarne as jim op fakânsje gean?

PRAATKAARTEN OM YN GROEPKES OER NEI TE PRATEN Praatkaart 1: Heit en mem fine dat it hûs op nûmer alve better ôfbrutsen wurde kin. STELLING: In âld hûs kinst hiel goed duorsum ferbouwe! WIER OF NET WIER Praatkaart 2: As Hidzer yn e nacht foar it rút stiet, kin er de hiele strjitte sjen, om t der strjitlampen baarne en bûtenlampen by de buorren. Der is ek in nacht fan de nacht, dan moatte nachts alle lampen út. Dat is net allinne om enerzjy te sparjen, it is ek foar de nachtbisten. STELLING: Je dogge jûns de lampen út of oan. Der is gjin tuskenwei! WIER OF NET WIER Praatkaart 3: De heit fan Walter fynt dat de measte minsken leve as fampiers. STELLING: de heit fan Walter is in grut foarstander fan de konsumpsjemaatskippij! WIER OF NET WIER Praatkaart 4: De heit fan Walter sil in tún oanlizze, dêr t se har iten fan helje kinne. STELLING: In eigen tún is better foar it miljeu! WIER OF NET WIER Praatkaart 5: Walter moat wer nei skoalle. STELLING: Op ús skoalle soene we noch wol wat mear dwaan kinne oan duorsumens (duurzaamheid). WIER OF NET WIER Praatkaart 6: Walter en syn heit libje hiel miljeufreonlik (duorsum). Sa dogge net folle minsken dat. Mar kinst sels ek lytse stapkes sette. STELLING: De Dag van de duurzaamheid hat gjin sin, de minsken feroarje toch net. WIER OF NET WIER Praatkaart 7: Walter en syn heit wenje al in jier yn in selsmakke kampearwein. STELLING: Ik soe ek wol in jier yn in kampearwein wenje kinne! WIER OF NET WIER Praatkaart 8: Hidzer hat, mei syn freonen, in hut boud yn de tún dy t no fan Walter en syn heit is. STELLING: De jonges moatte de hut aansens ôfbrekke fan Walter syn heit! WIER OF NET WIER

BON Zelf het huisje van Walter bekijken? Kom naar de Sûkerei! Deze bon geeft 50% korting per persoon* op de toegangsprijs bij een bezoek aan De Sûkerei. Hier staan drie âlde wâldhúskes, een cichoreidrogerij en een watermolen in opbouw. De korting geldt tot eind oktober 2015 voor het kind dat de bon op school heeft gekregen, maar ook voor zijn of haar broertjes, zusjes, ouders, opa, oma, buren enz. Cultuurhistorisch centrum De Sûkerei, Trekwei 8A, Damwâld. Kijk op www.desukerei. nl voor meer informatie over het museum. * Een leuk, leerzaam en voordelig uitje in de buurt. Kinderen t/m 12 jaar betalen met de bon 1,25 ipv 2,50 en volwassenen betalen 2,50 i.pv. 5 euro. Verhaal en verwerkingsopdrachten: Geertruida van Assen Illustraties en foto s: Geertruida van Assen Idee en projectcoördinatie: Marjolein Staal Secretariaat: Fernanda de Zwart Website: Suzan van Wijngaarden, Argiope Met dank aan: wethouder Pytsje de Graaf, museum De Sukerei Damwâld, Pieter van der Galien Uitvoering: NME Achtkarspelen, NME-Tytsjerksteradiel, NME-Centrum De Klyster Websites: www.klyster.nl, www.nme-achtkarspelen.nl, www.itfryskegea.nl Deze voorleeskrant wordt alle 100 basisscholen in Noordoost Friesland gratis aangeboden ter gelegenheid van de 7e voorleesactie tijdens de Dag van de Duurzaamheid op 09-10-2015 door de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradeel, Ferderwadiel, Kollumerland c.a., Tytsjerksteradiel. De Dag van de Duurzaamheid is een initiatief van Urgenda. De Fryske Foarlêsdei is een initiatief van NME-Centrum De Klyster. Vormgeving en drukwerk: Brandsma Offset Ferwerd COLOFON