Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst.

Vergelijkbare documenten
KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

Eindexamen Fries havo I

Tomke makket in snieman

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

1. In geskink fan de Nyl

Merke 2015 Back to the 70 s

Herdenken - Jannes en Bea

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Staatsexamen VWO 2014

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

Friese taal schrijfvaardigheid

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

Harkje, lêze en útspraak

nr. Januari

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <


DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie

Correctievoorschrift VWO

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Eindexamen havo Fries I

Cursussen Fries

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber

IK WOL GJIN OARE MEM (Ik wil geen andere moeder)

LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:

I. Tsjinst fan =e Tarieding

Deadebetinking 4 maaie 2011.

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber

OANFALSPLAN FRYSK. Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen

It boek. fan Sinterklaas. Maarten Stevens oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra

Bêste minsken, No hoopje wy, op in grut tal minsken op 18 maart.

Correctievoorschrift VWO 2016

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo?

Karin Idzenga & Jan Calsbeek Als je aan mij denkt ben ik er

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken!

Foarlêspakket Romke wol sjonge. Ynklusyf: foarlêsferhaaltsje kleurplaat nifelopdracht taalaktiviteit opsisferske

Bêste kriteleden, Mar earst oant sjen op 18 maart, Harm Klijnsma.

* Horen van gedicht Lach, ontspan, maak plezier, vraag om hulp, kijk met aandacht Uit de 40 dagenkalender van het GDS gebied, zaterdag 11 maart

DOARPSNIJS Nûmer 367 oktober

DOARPSNIJS Nûmer 361 maart

Wybe Feenstra (tel ;

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga

Braakballen pluizen van de kerkuil

Nieuws Kindcentrum Wytgaard

foarlopich lân voorlopig land

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

DOARPSNIJS Nûmer 383 maart

Schooljaar , nr. 5

L i t u r g i e. voor de dienst op zondag 6 mei in de Agneskerk te Goutum

beeld op het noorden beelden van Jan Ketelaar

FERDWAALD YN NEW YORK (Lost in Yonkers)

Landschap van toevalligheid

Bêste minsken, Anne Tuiten.

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

BRÂNING BRANDING. Wytze Brandsma. Narratio

Correctievoorschrift HAVO 2017

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Opdracht 1 Wurdsiker

Correctievoorschrift HAVO

Bêste minsken, Mei krite-groetnis, Anne Biesma

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf uur in het gemeentehuis te Joure

Correctievoorschrift HAVO. Fries 1 en Fries 1,2. Hoger Algemeen Voortgezet Onderwijs. Tijdvak 1. Begin

Jannewaris 169 Nûmer 1/ 2015 Fiifentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

Onderduikers eren familie Easterwierrum.

Ik soe sizze allegearre komme nei dizze bysûndere jûn. Allinne

Verzet tegen het verminderen van het aantal volksvertegenwoordigers

Doarpslibben Ryptsjerk Winter Fan de redaksje

Jannewaris 154 Nûmer 1/ 2012 Twaentritichste Jiergong. Redaksje: Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel

Ikke krakkemikke en it wite wiif (Ikke krakkemikke en het witte wief)

MR/ Ouderraad it Pertoer

D E KRITEKOER. De kop is der wer ôf mei in moaie start foar de kriten yn it nije seizoen. De ferslaggen fine jo yn dizze kritekoer.

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Correctievoorschrift VWO 2017

Earlik diele yn in grien Fryslân

Examen VMBO-GL en TL. Fries CSE GL en TL. tijdvak 1 vrijdag 25 mei uur. Bij dit examen horen een bijlage en een uitwerkbijlage.

Jierferslach. Omrop Fryslân

Transcriptie:

1 Bêste minsken, De tiid hâldt gjin skoft, in bekende útspraak fan ús Friezen, mar o, sa wier. Der is al wer in jier om, liket wol of it hyltyd rapper giet. Sil wol komme, om t wy allegear (wat) âlder wurde, hoewol t de jongerein it der ek wol oer hat. Mar wat sille wy der oan dwaan, wy moatte wol meigean mei de tiid. Wat hawwe wy wer in moaie earste jûn hân mei Hymp-Hamp. Ek op 5 novimber mei Gjalt de Jong en op middei, wie in sukses. Middeis skynt foar jimme as leden ek wol yn trek te wêzen. Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst. Der is fêst wol wer fan alles bard yn jimme libben, en by fertriet en sykte soene wy soms wolle dat de tiid flugger om gean soe; om it ien en oar te ferwurkjen, moatte je soms de tiid as bondgenoat nimme. Spitich genôch moatte wy ús Bêst Genôch ús beide spylmannen efkes misse, mar wy hoopje sa dat it fierdere ferrin fan harren sykte, goed komme sil, dêr hawwe wy ek wer de tiid foar noadich. It sjongen hoecht dêrom net oer te gean fansels. Oan e ein fan dit foarwurd wol ik jimme betankje foar jimme kommen nei de kritejûnen (of- middeis). Litte wy ús mar ferbine oan it oantal minsken dat der dan is en net oan dat der wêze koe. Dit is ek it lêste krantsje al wer fan dit kalinderjier. Ik winskje jim dêrom allegear moaie krystdagen, segend nijjier en in protte sûnens! Moetsje wy elkoar yn jannewaris by Wielens foar it stamppot-buffet? LEKKER ITE, MEI US KRITE, Oant sjen, Groetnis, Greta Vos.

2 It bestjoer noeget jimme om mei te dwaan oan ús nijjiersgearkomste yn Café-Restaurant Wielens yn Noord-Sleen op tongersdei 21 jannewaris 2016 De jûn begjint om 17.30 oere en der stiet dan in stamppôtbuffet foar ús klear. It bestiet út 6 ferskate stamppotten sa as: boerekoal, soerkoal, rauwe andyvje, hutspôt, brune beantsjes, en in jachtgerjocht. Der is in garnituer by fan fleis (rikke woarst, seane woarst, karbonaadsjes, speklapkes ensfh.) en fansels de appelsmots, de stoofparkes en de raukost net te ferjitten. En dêrnei noch de neigesetsjes... En der is fan alles genôch...! Jo wurde ûntfongen mei in sûpke. De jûn wurdt ôfsletten mei in kopke kofje/tee It is de bedoeling de gongen ôf te wikseljen mei koarte bydragen (sa as wat fertelle, in ferske sjonge, in gedicht foardrage, muzyk meitsje, sokssawat) fan in tal fan ús leden, sadat it iten yntusken moai sakje kin en wy wer in tige noflike jûn belibje kinne. De krite nimt in stikje fan de kosten foar har rekken, sadat de kosten foar jo 20,50 de persoan binne.

3 De famylje Wielens wol fansels graach wite foar hoefolle minsken sy ynkeapje moatte. Dêrom fersiket it bestjoer jim, om jimme op te jaan foar 10 jannewaris by ús bestjoerslid Onne Biesma, tel. 0591-55 26 28, e - mail: biesma.onne@ziggo.nl It wurdt fêst in tige gesellige jûn en dêrom oant sjen op 21 jannewaris Hoe kom ik nei dit kritebarren? Foar de measte leden is dat aldergelokst gjin probleem, mar foar guon minsken is it faaks dreech om op in kritejûn te kommen. In pear fan ús leden ha oanbean om minsken mei te nimmen nei Noord Sleen. Dat is fan Emmen út: Frou A. Wieringa, Arve 23, Emmen, tel. 0591-620836 En fan Coevorden en neiste omkriten út: A.Tuiten,Palmanovastr. 23, Coevorden, tel. 0524-513783. De famylje R.Hoen, Edveensweg 46, Oosterhesselen kin ek minsken meinimme nei de kritejûnen. Efkes skilje 0524 582243 As der mear leden binne dy t (wolris) minsken meinimme kinne en wolle, nim dan efkes kontakt op mei Anne Tuiten. Fryske boeken Sykje jo in nij of healsliten Frysk boek, besykje it dan ris by de FKB (Fryske Krite Bibleteek) yn Coevorden, by boekeferkeapster : Roelie Tuiten. 0524-513783, anneroelietuiten@planet.nl

4

5 It moaiste Fryske wurd. In tal wiken ferlyn hie Omrop Fryslân De wike fan it Frysk en dy wike eindige mei op saterdei it programma Wat is jo moaiste Fryske wurd. Wy harkje eins elke dei ûnder iten fan tolve oant ienen en faaks ek wol wat langer nei de omrop. Wy wisten net fan it programma, mar hearden de earste wurden fan harkers en om t dêr juwieltsjes by sieten bleaunen wy de hiele middei by de radio sitten oant fiif oere ta. Wat ha wy dochs in moaie taal en wat binne der in protte prachtige Fryske wurden! Dat brocht my op it idee om dit ek ris op in kritejûn te dwaan mei de leden. En sadwaande ha ik de oanwêzigen op 3 oktober, de jûn mei Hymp hamp - teater, it ien en oar útlein wat de bedoeling wie en doe koenen dy har moaiste wurd op in stik papier sette. De opdracht wie: skriuw jim moaiste Fryske wurd op. Guon leden wiene blykber sa entûsjast dat dy skreaunen mear as ien op. Ja, der wie sels ien dy hie wol sân moaiste wurdsjes! Dit binne de wurden fan de doe oanwêzige leden. De skeanprinte wurden binne fan bestjoersleden. Dy dogge dus net mei om de priis. Soms stiet der in sifer achter in wurd, dat is dan safolle kear brûkt. Ek binne der keunstmjittich makke Fryske wurden ynstjoerd, sa as izeren lûkbealch, donderdeldoekje. Ek dy dogge net mei om t gjin echt Frysk is. De wurden ha de stavering fan de leden; sy binne dus net korrizjearre! Hynder njonkelytsen earrebarre Lytse protter snuitsjeknuffelje knoffelkont Tuutsjeboatsje behimmelje hoasfuortlings (2) Harre krastis appel bole bekje tûttebekje Jerre barre joune lytsfaam kritejûn Lûkpûde noflik te mûk Te wân poer in wân op e bealch Bjusterbaarlik (4) amerij (2) berntsje Moudzje longerje lyte Omtinken dat it slytjaget ferdivedaasje Haboes sutterig kwânskwiis- kwizekwânsje Roezich bluisterig it giet my oer de lea Grouwelig myn sydsulver útwrytsk Oarreheit oates en toates tafelswilkje

Klontsjepot grieume lytse bern buatsje Skraachwurk bjorrelstje sûpengjortenbrij Belstjeblom tûgblik ûtfanhûs Jerrebarre eamelkont skûtefaar Sûkerbôle (2) hea koalfretter Pake en beppe. It bestjoer sil der noch strang, mar rjochtfeardich oer gear. Priis en preemje wurde bekend makke op de nijjiersbesite op tongersdei 21 jannewaris 2016. Wy hâlde jo dus noch efkes yn spanning. AT. 6 In bjusterbaarlik barren Op 3 oktober lêstlyn ha wy tige genietsje kinnen fan it Frysktalich kabaret Hymphamp. Greta Vos iepene de jûn en hie ek efkes omtinken foar de sike leden. It kopke kofje of tee mei in stik oranjekoeke foel der tige yn. Lit dat alle kearen mar op it programma stean. Frysker kin dochs net! En dan no Hymphamp. Sa n 50 oanwêzigen koene genietsje fan it nei foaren bringen fan prachtige foardrachten. Hoe betinke se it! In knap stik wurk. Bygelyks de man mei de rollator. In stikje út it deistich libben. Treflik spile. En dan de swim ynstruksje. Kom der mar ris op! It aldermoaiste fûn ik it lêste optreden mei de elektryske alarm scootmobyl troch de seal. Dat hie net better kinnen. Geweldich! Hymphamp jimme ha ús in tige moaie jûn besoarge. It wie in tige goede úteinsetter foar ús krite. De thúsbliuwers ha wat mist! oare kear better?? Fansels kin in Fryske krite net bestean sûnder de Fryske taal. Anne Tuiten (ús skriuwer) hat ús frege om it moaiste Fryske wurd op in blêdsje te skriuwen. Krije wy dy de oare kear te hearen? Frysk is en moat bliuwe, it is ús 2 e lânstaal.

7 Omrop Fryslân is in goede learmaster en wy dogge mei. Roelie mei har Fryske boeken stiet der net foar neat! Ear t ik mei dit stikje begûn te skriuwen ha k der earst in pear dagen tsjin oan skytskoarre. Mar no is it klear. Minsken, it alderbêste mei jimme en groetnis fan : Dominy Dominy preke it wie in moaie snein en hy wie nei jierren wer nei syn doarpke tein hy sloech de bibel iepen it wie it wurd fan God en hy begûn te lêzen alle minsken harken bot En in het huis mijns Vaders zijn vele woningen. Sytske Rispens, Eelde in âld mantsje gong no stean Dominy kin better lige as psalmsjonge dit koe net lije dit moast ferbean. Want hy liicht it allegearre ik ha syn heit noch kind se hiene thús mar in hiel lyts húske in âlde arbeiderswent. Thea de Jong Ta oantinken Spitich genôch binne twa leden fan ús krite ferstoarn Op 29 novimber 2015 is ferstoarn Gabe Dijk. Hy wie 78 jier en wenne mei syn frou Geeske yn Elp ( by Westerbork). Boppe de rouadvertinsje stie:

8 Twee woorden: wil en kracht Aan het eind restte nog slechts de wil Weg was de kracht Rust in vrede Op 30 novimber is ferstoarn Sjoukje Buwalda van der Lep. Har man Haaije wie yn 2004 al ferstoarn. Mefrou Buwalda wenne oan de Lemzijde Emmen. Sy mocht 81 jier wurde. Boppe de rou-advertinsje stie : In Gods Liefde Geborgen It bestjoer winsket alle famylje in soad sterkte ta! Nije jier It nije jier stiet foar de doar It âlde is foarby Sa wikselet alles op syn tiid Wat âld wie wurdt wer nij Wy wrakselje de jierren troch Mei striid foar it behâld Mar as ik yn e spegel sjoch Dan wurdt wat jong wie âld Mar dêrmei is net alles sein Leau dat no mar fan my Foar wa t de sinne sjocht by rein Binne alle dagen nij. Nico Smilde

9 Ferhuze Mei-oprjochtster fan ús krite en jierrenlang foarsitter Janny van der Veen is ferhuze nei Soargsintrum De Holtingerhof Kamer 115, Holtingerbrink 62, 7812 EX yn Emmen. Gjalt de Jong by ús op e krite It wie tongersdeimiddei 5 novimber noch efkes spannend, want soe er wol komme; hy hie moannen lyn wol tasein, mar der wie letter dreech kontakt mei him te krijen. Mar, ja hear, tsjin twaen dêr wie er: Gjalt de Jong, ferhaleferteller, muzikant, teatermakker, mar yn t foarste plak skipper. Hy fart mei syn skûtsje mei gasten oer de Fryske wetters. Ek hat er in teaterskip dêr t hysels, mar ek oaren optrede. Mar it meast bekend sil hy by de measten fan ús wêze as de opfolger fan Klaas Jansma by it skûtsjesilen. Hy wennet op syn skûtsje en dat leit yn de Heafeart yn e Deelen yn e buert fan it Tripgemaal yn Gersleat. Yn it Tripgemaal, in ryks - monumint en al jierren net mear yn gebrûk, hat Thom Mercuur, de âld-direkteur fan museum Belvedêre yn Oranjewâld in galery. De Jong is in nochal lange jongkeardel, gjin gram tefolle, mei opfallend lang hier. De minsken dy t by ús optrede begjinne, krekt as wysels, mei kofje/tee en oranjekoeke. De Jong fertelt dat hy op syn tochten mei it skûtsje itselde docht; dat hy krijt somtiden wol fiif kear oranjekoeke yn e wike. En jo sjogge, jo wurde der net dik fan! Greta iepenet de middei en hjit eltsenien wolkom.

10 Lyk as wenst sjonge wy earst in pear ferskes. Mei begelieding fan De Jong op syn lûkpûde binne dat diskear It âldershûs en It feintsje fan Menaam. Kinne jim my wol ferstean? (in stim as in klok) want ik kin min omgean mei sa n ding. It is lûd genôch, mar guon leden fine dat er wol tige rêd praat. No is it sa dat skippers yn it generaal lûd prate en dat moat ek wol as sy op it wetter by waar en wyn ûnderweis efkes mei kollega s op oare skippen kommunisearje wolle. Mei syn nijsgjirrige ferhaaltsjes, lykas dat oer dy trije wetterfammen, dêr t in fisker op ien fan fereale rekke en dy t op it lêst mei him meigong en syn lietsjes en meielkoar sjonge, ha wy in noflike middei hân. Blommen en applaus foar de Jong. AT. Stilte Stilte Jout rêst Ta jinsels komme Elts hat it nedich Ûnmisber Wieke de Boer Muzyk Ik hâld in hiel soad fan muzyk. In libben sûnder muzyk kin ik my eins net foarstelle. Sels sjong ik al fan jongs ôf en ik spylje gitaar en oargel. Ik ha nea muzykles hân. No ja, in lyts bytsje: in jier gitaarles fan in freontsje by him thús en in heal jier blokfluitles op de legere skoalle, mar dat wie it dan wol. Gjin muzykskoalle lessen of sa.

11 Muzykles wie lúkse thús, der wie gjin jild foar. Dat fyn ik sels spitich; ik mis hjir en dêr teoretyske ûndergrûn. Mar bin wol hiel muzikaal, al sis ik it sels. En ik ha mysels in soad oanleard (en fan in oar leard) en altyd aktyf mei en yn de muzyk dwaande west. Yn mannekoaren, groepkes, as duo en ek wol solo. Mar ik hâld ek passyf in soad fan muzyk. In programma as The voice of Holland, dêr gean ik echt foar sitten. En dan it gelûd oer de stereoynstallaasje, want dy platte televyzje fan hjoed-de-dei is net makke foar muzyk. En de Top 2000, ynkoarten is it wer safier. Dan stiet de radio de hiele dei oan. As der immen op strjitte muzyk makket, dan sil ik der fêst ek efkes nei harkje. As it moai is, komt der wat jild yn de gitaarkoffer as sa. Sa n muzikant moat der wol wat nije snaren oan oerhâlde, fyn ik. En muzyk op merken en sa, dêr moat ik ek altyd efkes nei harkje. It is net altyd jo smaak miskien, mar myn muzikale smaak is wol hiel breed. Sa gean ik ek hast elke kear nei de Simmerjûnmerke yn ús doarp. Dat is seis kear yn de simmermoannen, altyd op woansdeitejûn. Elke kear is der dan op twa plakken muzyk: op it plein foar de tsjerke en op het gersfjildsje foar it âlde gemeentehûs. Elke jûn is de muzyk ferskillend, fan alles wat. De merke sels kin my net folle skille. Wy wenje hjir al 25 jier en wat de kreamkes oangiet is it hast altyd itselde. Dat ha jo as ynwenner wol in kear besjoen. Mar ik gean dus foar de muzyk. En de ek altyd wol leuke kontakten. Sa spile dizze simmer Chris ek in kear. Chris is ek sa n muzikaal talint, sjongt en spilet keyboard en saksofoan. Neamd himsels éénmansband. Ik ha in kear mei him spile of eins wie it oarsom. Hy begeliede my spontaan by in optreden op in gesellige jûn foar it koar, dêr t ik doe lid fan wie. Hy seach my stean te lústerjen en frege: Hast dyn gitaar al wer yn oarder? Hy bedoelde myn gitaar mei 12 snaren, dêr is it elektrysk elemint fan kapot. Né, is noch hieltyd kapot, dat moat noch ris makke wurde, andere ik. Ik set der meastentiids, sa nedich, mar in mikrofoan foar, oars kreaket en ferfoarmet dat ding ferskriklik op de fersterker. Moat dus noch nei de reparateur. Dizze simmer wie der op sa n simmerjûnmerke ek in groepke út Meppel. Dat makke Ierske muzyk. Fersterke fansels - jo moatte bûtendoar wol - mar allegear akoestyske muzyk. It wiene trije man, ien op 12- snarige gitaar, ien op banjo en ien op doedelsek. Se hienen Ierske klean oan, kilts. Mar wol mei in ûnderbroek der ûnder, oars wie it te kâld, seinen se. It wie ek in kâlde jûn en it reinde ek

12 noch. Nei ôfrin stapte ik op de gitarist ôf want dy hie in bysûnder elemint yn syn gitaar en der woe ik mear fan witte om t dy fan my kapot is. Doe begong it krekt te spielen, dus myn frou ek mar ûnder de tinte en dy rekke oan de praat mei de doedelsek- spiler. It wie net sa n ding wêr t jo yn blaze moatte (dat is in Skotske doedelsek) mar wêr t jo mei jo rjochterearm lucht yn pompe moatte. En mei de linkerearm moat dan in konstante druk hâlden wurde yn de twadde sek foar de toan. Is de druk te heech dan pipet it ding, en te leech dan sakket de toan as falt it lûd fuort. It selde prinsipe as in piipoargel. Tagelyks moatte jo fansels mei beide hannen spylje. Seit myn frou tsjin dy man: Dat wol myn man fêst ek wol besykje, want dy spilet op alles. Wat net wier is hear, mar ik moast it dochs besykje fansels. It foel net ta, want jo moatte safolle tagelyk dwaan. Mar it spyljen sels wie net sa dreech, it is eins in blokfluit. Dus nei wat oefenjen krige ik der al gau in deuntsje út. Dy man hie it ynstrumint sels boud. Ik frege him nei de reden derfan. No, sa n Ierske doedelsek is hiel prizich en hy wie sels hiel handich, dus hie der it ding sels makke. Knap wurk, fyn ik. En hy koe der prachtich op spylje. Eins in muzikant lykas ik. Hy koe gjin noat lêze sei er, mar hie tige nocht oan muzykmeitsje en it himsels oanleard. Gewoan spylje, sei er. Fyn ik ek. Gjin mins dy t heart dat jo gjin muzykskoallediploma s ha! As jim my (wer ris) hearre wolle, kom dan nei de nijjiersgearkomste fan de krite. Ik ha nammentlik tasein tusken de gongen fan it altyd hearlike stamppotbuffet troch wer in pear (nije) ferskes te sjongen. Om se al fêst te ferklappen: Jan Pankoek, in feintsje dy t oer de sleat springe wol, mar der fansels midden yn springt, en De Alvestêdetocht. Jan en Tryn dogge mei, mar it wurdt ien dikke ellinde, dy tocht. In ferslach dêrfan mei oan it ein de rie om dy tocht yn de simmer te dwaan.

13 Dan ha jo gjin lêst fan snie en iis en sa! En jim kinne ek noch meisjonge. Limerick Hy wennet op in pleatske yn WARTEN se neame him dêr in aparten komt hy net yn sliep dan telt hy mar skiep earst witen en dêrnei de swarten. SvdV Nico Smilde Generaasjes Doe t beppe Sytske stoar wie pake Daan it spoar in bytsje bjuster Ferhalen giene net oar moarn mar altyd juster. Fertelle wie syn grutte deugd As hy begûn: Wy ha t ris hân kaam it ferline der wer oan. Us mem is sawat like fier Is ek al oer de tachtich jier. In takomst is der hast net mear Dat docht my wol in bytsje sear En alle kearen as ik kom Sjogge ek wy wol efkes om

14 Mar beide binne wy och sa bliid En genietsje wy fan dizze tiid. Hoe sil it letter gean mei my binne myn bern der dan ek by Wer giet it hinne Of fiel ik my as pake en mem ek wolris allinne Gelokkich is t noch net sa fier En ha ik noch in bult fertier Ik libje hjoed en dat fielt goed. en om t ik sels no beppe bin ha ik t alhielendal nei t sin komme de beppesizzers oan Wurdt beppe troch de bern bedoarn En geane se dan jûns wer fuort Sit beppe mei de hiele brot Ik sei : Ik rêd my der wol mei Wat wie t in wûnderskoane dei! Mar no t ik nei de tachtich rin En alles net sa goed mear kin Stekke de bern de hannen út En sette my gauris foar it rút Beppe, dat dogge wy hjoed wol En ringen stiet de tafel fol Dizze tiid is ek beslist net min: Nei ôfrin is no it oanrjocht skjin! Sytske Rispens augustus 2015 Skaden falle lang. Hjoed hat tsjuster ús fêstlein yn winterbannen. mar yn it noch keale hout sjongt moarn al wer de klyster Sjoerd Palstra

15

16 Taalbaas Taalbaas is in rubryk dêr t yn it koart in Frysk wurd of in wize fan sizzen yn it Frysk yn nei foaren helle wurdt. Soms giet it oer hollanismen, soms oer nuveraardichheden yn it Frysk. Meastal gewoan ynformatyf. Fierder komme Fryske persoansnammen of ierdrykskundige nammen oan de oarder: it giet dan oer hoe t se ûntstien binne en har oarspronklike betsjutting. It fynmeitsjen fan ierappels Hoewol't it bûten de doar taboe is, meie in soad minsken harren iten graach peie. It wurd 'peie' (Nederlânsk: 'prakken') wurdt meastal brûkt foar it fynmeitsjen fan ierappels. Mar men kin ek brune beane of grienten peie. It Frysk hat gâns ferskillende wurden foar de aktiviteit fan it fynmeitsjen fan iten op it board: platsje, prakje, prykje, prûze, tepeie en tsjamkje. Soe dy fariaasje oan foarmen wat sizze oer de Friezen en harren pei-gewoanten? It peien fan iten skynt trouwens net sa ferkeard te wêzen: it lichem kin beskate stoffen dan makliker opnimme. Pei mar ta en yt lekker! Ierappels De ierappel stiet yn Fryslân faak op it menu. Net sa frjemd dat er yn it Frysk ek faak yn allegearre siswizen en útdrukkingen opdûkt. 'In minske is gjin ierappel' kin men sizze om dúdlik te meitsjen dat in minske gefoelens en behoeften hat. Wa't in ierappel yn 'e sok hat, hat in gat yn 'e sok. Wa't wat docht 'tusken de ierappels en de brij', docht wat tusken de bedriuwen troch. En wa't in 'ierappelliif' hat, is grou. Wa't drokte makket om in kâlde ierappel, makket drokte om neat. De ierappel hat sels syn eigen tiidwurd yn it Frysk: ierappelje. Wa't ierappelet docht wurk dat te meitsjen hat mei it dollen en ynheljen fan ierappels Do, jo, Pyt of beppe Yn it Frysk kinst in oar oansprekke mei do/dû, of mei it it mear ôfstanlike jo. Dat is yn wol mear talen sa. Tink mar oan Dútsk (du/sie), Frânsk (tu/vous) en Nederlânsk (jij/u). It Frysk hat dêrneist noch in oare oansprekfoarm: it oansprekken mei de foarnamme of de

17 famyljerelaasje. It binne fral jonge minsken tsjin âlderen dy't dy wize fan oansprekken brûke. In beppesizzer dy't oan beppe freget: "Hoe giet it mei beppe?" of in jonge kollega dy't oan in âldere kollega (Pyt) freget: "Wol Pyt noch kofje?" Nei alle gedachten is dy manier fan oansprekken foar jonge Fryskpraters in manier om respektfol te wêzen foar in âlderenien oer, sûnder it ôfstanlike jo te brûken. Ald album ferske oer t nije jier De minsken winskje in bulte lok op jierdeis en mei nijjier en meitsje faaks de oare deis in oar it libben swier. In oar wat lok yn t libben jaan mei winskjen is t net klear men moat dêr ek ris wat foar dwaan en litte.. faaks noch mear. Ik winskje dêrom jim no ta meitsje in oaren lokkich sa dan silste sels it liket frjemd - in dûbeld poarsje der fan ha. De doffert Sibe syn doffert hat al in pear moanne fuort west. Hy wie nei Frankryk brocht mei de bedoeling dat er dêr weifleane soe en wer by Sibe op it hok komme. Dat hat er net dien. Sibe sei earlik: It falt my smoarch fan him ôf. Ik hie tocht dat ik better op him oan koe. Hy hat it altyd goed by my hân. Ik hie tocht dat ik better op him oan koe. Hy hat it altyd goed by my hân, dat doar ik sizze. Yn iten en drinken haw ik him noait bekronken, en in hok fansels. Sokken fynt men net folle. Wêr t er ek keard wêze mei, yn t hok is er der grif op efterút gien. Dat kin hast net oars. Dat sis ik nochris, it falt my ôf mar men moat fansels de saak fan twa kanten besjen. Yn dat Frankryk moat it mylder wêze as hjir. Dat flijt sa n doffert.

18 Dêr hoege wy fierder net oer te praten; it soe ússels ek sa gean. En ferjit de Frânske dokes ek net. Ik sil dy doffert net skjin prate, mar dy súdlike dokes te koeren en te draaien, dan moat sa n bist al fêst yn e skuon stean om samar te sizzen. As ik myn sin sis, hat er dêr net foar bestand west. Ik hie him wizer ha wollen. Ik hie it ek net efter him socht, mar toe mar... Paulus Akkerman ( 1908 1982). Foar de measte Friezen in bekende namme. Skriuwer fan in grut tal romans. Yn hiel wat kranten skreau er syn koarte ferhalen. En dan binne der noch tûzenen kursyfkes. Kursyfkes wurde juster skreaun, steane hjoed yn e krante en binne moarn wer fergetten. Sa giet dat... Ûre en dei en jier ferrinne, Lyk in skaad dat skoud oer t lân Nea gjin hâld kin t herte winne, Neat op ierd hat fêst bestân. Op it paad, dêr t w ús befine, bliuwt gjin ink le fuotprint stean; Al it hjoed wurdt straks ferline, Mar wat dien is hâldt syn lean Ald en nij Gesang 160 : 1 oerset troch Fedde Schurer Lok en Leed Achte leden, jimme wite dat Fimke van der Meulen ús bestjoerslid Lok en Leed is. Sy stiet yn it listke bestjoersleden op de lêste side fan ús kritebledsje. Wy as bestjoer hearre sa no en dan wol ris fia,fia fan leden of oars dat earne feest of droevenis is. Mar wy hearre fansels net alles. As jo no tinke by dit lid of dizze leden soe in kaartsje of in telefoantsje fan de krite goed op syn plak wêze, wolle jo dan kontakt opnimme mei neamde Fimke van der Meulen, Burg. Fonteinstraat 39, 7751 CB Dalen, 0524-551879.

19 Bloem Mem skille. : wolst ek mei nei in útfiering fan it toankeunstkoar freedtejûn, hjir yn e grutte tsjerke? It like my wol wat. Dan kaam ik ek nochris fan stee. Ik bin achtentritich jier, haw frou noch bern en kom net in soad ûnder de minsken. Mar ik woe wol ris yn dy tsjerke sjen. ienkear haw ik der earder yn west. Mear as tweintich jier lyn. Wy binne der op e tiid. Mem hat foar de kaarten soarge, dat wy kinne der sa yn. Stadichoan rint de tsjerke fol. As mem út en troch kunde sjocht, stompt se my oan: Sjoch, dat is frou de Boer, har suster wennet by ús yn e flat. En dy man mei dat grize boskje hier is bakker Bouma, tsjong, wat is dy man âld wurden. En dy frou dêr hat eartiids by ús yn e strjitte wenne. Heden, hoe hjit dat minske ek al wer. Sa giet dat troch oant de útfiering begjint. Earst oargelmuzyk. Mem falt stil en ik sjoch ris wat better om my hinne. Al kin ik se net mear teplak bringe, doch komme beskate minsken my bekend foar. Dat is net ûnlogysk. Ik wenje al jierren earne oars, mar hjir bin ik hikke en tein. De oargelist siket om e ein fan syn stik, dan sjoch ik har: Riemke! Miskien in meter of tsien by my wei, mar it kin net misse. Riemke, hast neat feroare.

20 Noch datselde ljochte, slaggerige hier, de wipnoas dêr t se bang fan wie dat ik dy berneftich fine soe en de frij brede mûle. Myn hert bûnzet. Sy is it, myn earste grutte leafde. Wylst ik har noch sit op te nimmen, komt it koar oerein en begjint te sjongen. Earst harkje ik net goed, mar dan kringe de wurden ta my troch: My days are gone like a shadow. It rekket my mear as ik sizze kin. Wiene myn dagen mei Riemke ek net as in skaad ferflein? Santjin jier wie ik en sy krekt sechstjin. Wat holden wy fan elkoar. Myn blom, neamde ik har. Mei Riemke haw ik hjir tweintich jier lyn yn in krystnachttsjinst sitten. Hân yn hân. Mar ik haw mear as stom west. De maten laken my út. Kom op man, in potsje biljerte. Of: Yn dy grutte disko, dêr is wat te belibjen. and now Lord, what is my hope? sjongt it koar. Jildt dat net spesjaal foar my? Hokker ferwachtings haw ik noch fan it libben? Riemke liet ik sitte om t ik miende dat der noch safolle te belibjen wie, mar wat is dêrfan telâne kommen? Neat ommers. It stik is út. Mem stompt my oan Moai net. Myn gedachten binne noch by Riemke. Prachtich, sis ik. Eart t mem begjinne kin te jeuzeljen set it koar mei in nij stik út ein. Myn tinzen geane werom yn e tiid. Wat wie it in alderleafst famke. Mar se hold net fan disko s. Do bist dochs leaver by my as yn in bar? frege se doe t ik der oer begûn om ris in jûn te stappen. Jawis, sei ik earst noch. Mar letter... O könnt ich fliegen wie Tauben dahin. It wurdt mei oerjefte songen. Koe ik mar yn e tiid weromfleane. Dan soe ik better myn ferstân brûke. Mar ik kin allinnich yn gedachten weromfleane. No t ik Riemke wer sjoch, komt hieltyd mear yn my op. De wille dy t wy hienen, har laitsjen om myn ûnhandigens, de tútsjes dy t se my dan joech. Wêrom kriget in minske net in twadde kâns? As hie it koar op dy fraach wachte, it jubelet: I ll never,no, never, no, never forsake. Sa is it mar krekt, krige ik wer sa n kâns, ik soe net fuortrinne. Nea en te ninter. Ik haw der net iens erch yn hân, mar dit wie it lêste stik.

21 As wy steane te hantsjeklappen sjit troch my hinne: Miskien is Riemke wol frij. Der is net in man by har. Earst fersmyt ik it wer. Sa n kreas en aardich frommes? Mar jo witte it nea fansels. Ik moat wissichheid hawwe. Wy skeuvelje ta de bank út nei it middenpaad. Riemke is in ein foar ús op. Se moat my net ûntkomme. Dêr sjoch ik kunde dêr t ik eefkes mei prate wol, sis ik tsjin mem. Ik wrakselje my by it ûntfatsoenlike om t ôf by de minsken lâns oant ik deun achter mynâlde flam bin en drintelje yn e mannichte mei nei de doar. Dêr steane koarleden mei kunde en sa te neipraten. Op it stuit dat ik Riemke op it skouder tikje sil, stapt sy fansiden nei in koarlid, in lange skraitsige man. Hy laket har ta. En? hear ik him sizzen. Sy pakt him fertroulik by de earm, tutet him op it wang en seit: Jimme hawwe prachtich songen, mar sille wy no mar gau nei de bern ta? Ik fiel my op slach tsien jier âlder en tink oan e wurden fan J.C.Bloem Voorbij, voorbij. O en allemaal voorbij Anders. M. Rozendal. Nije Jier Tolve moannen lizze wer te wachtsjen twa en fyftich wiken. wat in ein Mar der komt al nei seis dagen jachtsjen alle kearen wer in moaie snein. Lit ús dan dy dei yn eare hâlde, bliuw dan wach en jou gjin belies, want al bliuwt net alles mear by it âlde, mei ús rest en frijheid binne wy wiis. Nico Smilde De tiid fleant mar troch

22 Stean op foar ús Omrop! Alle fyftich oanwêzige leden ha op de middei mei ferhaleferteller Gjalt de Jong op 5 novimber l.l. de petysje oan steatssiktaris Sander Dekker ûnderskreaun. Dêryn freegje sy him der foar te soargjen dat Omrop Fryslân syn aparte status hâldt yn de omropwrâld en net yn de grutte pot komt mei de oare regionale omroppen. It Frysk is nammentlik mei it Nederlânsk de twadde offisjele lânstaal. Us regearing en dy fan Europa ha dêrfoar tekene en dat jout dy beide verplichtings, û.o. dat sy mei jild oer de brêge komme moatte. As dat net bart dan betsjut dat minder jild foar it Frysk, dus minder foar ûnderwiis, de Akademy, mar ek foar Omrop Fryslân, mei as gefolch minder programma s en minder kwaliteit. As der leden binne dy t Omrop Fryslân ek stypje wolle en noch net sa n formulier ynfold ha, dan kinne dy efkes kontakt opnimme mei kriteskriuwer Tuiten. Dan stjoer ik jo noch sa n formulier ta. A. Tuiten, Palmanovastraat 23, 7742 CC Coevorden, 0524-513783, annaroelietuiten@planet.nl Snipperdei By ús yn t doarp binne sa stadichoan al hiel wat winkels nei de gychem gien, tocht Jurjen by himsels, doe t er op e klok seach en konstatearre dat der al wer in dei om wie. Mar goed dat wy net op hege kosten sitte. Bern hawwe wy ek net, oars soenen wy it miskien ek net oprêde. Lykwols lizze wy der alle dagen plat foar, fan moarns ier oant jûns let en dát sil ek wol moatte... Wannear kinne wy der no einlings ris in dei tusken út, suchte Joukje, wylst se de winkeldoar yn t slot die,... ik haw it dy no al sa faak frege... Dêr begjint it gesanger wer, tocht Jurjen, dy t no drok oan t kas opmeitsjen wie. Hmm..., wat seist leave...? Ik bin dyn leave net, sei Joukje prot, net mear! Jurjen bearde dat de lêste opmerking him ûntgien wie en telde moai evenredich troch. Oare minsken geane mei fakânsje, eamele Joukje fierder, somtiden wol trije wike lang, en wy, wy kinne der net iens ien dei by wei... No wie t Jurjen dy t in swiere sucht liet. Joukje, sei er strang, wylst er mei syn balpinne nei har

23 wiisde as in skoalmaster mei syn oanwiisstok, oare minsken hawwe in soad jild, wy net. Oare minsken mei it barre om de boel ticht te smiten, ús net. Dat haw ik dy no al sa faak ferdútst. Joukje seach as in ûle. Do moast it mar witte, snibbe se, mar ik gean moarn in dei nei t strân. Pyt Paulusma hat tasein dat it moai waar wurde soe, ast mei wolst moast rap wêze en oars bliuwst mar thús! Nei t strân, skrok Jurjen, al dy neakene minsken dy t dêr omspringe, neat foar my.. Mar ik sil wol mei moatte, it is Joukje dizze kear tinken, dat fernim ik wol, en allinnich yn e winkel wurdt ek neat, dan kom ik der yn om. No fuort dan mar, joech er ta, foar dizze kear, dan moat it mar in dei fan e ribben tarre. Joukje fleure der suver wat fan op. Dan sil ik no oanmeitsje kundige se oan, want wy moatte noch ite en dan moat ik alles noch klear sykje foar moarn, myn bikiny en sa... Bikiny, twivele Jurjen, do yn in bi.... Ja ík! ûnderbruts Joukje snibbich, of bin ik soms net moai genôch foar in bikiny... Dat wol fansels, bêde Jurjen har del, mar ik tocht... Ik hâld my fierder mar stil, tocht er by himsels, it komt krekt by froulju, benammen as it oer soksoarte fan dingen giet. De oare moarns wienen hja al betiid warber.. It strân lei fol mei healneakene minsken mar it waar foel wat ôf. It wie lang sa waarm net as dat Pyt Paulusma foarsein hie. Joukje lei al gauëftich mei har bikiny oan yn it sân. Hja woe hawwe dat Jurjen soe in swimbroek oandwaan. In swimbroek...? frege Jurjen sarkastysk, minsken ik doch de jas net iens út, it is my hjir fierstente kâld en te wynderich, it aanst wei krije, sa sille wy hjir net. Joukje koe lipe of pipe mar Jurjen siet as ienichste mei de jas oan tusken de badgasten. It waar is der net nei, murk er op, oars hie k faaks de strik wol ôfdien. Fan e strânoanbidders om harren hinne kaam alris in snedige opmerking. Jurjen seach der net oars om, mar Joukje skamme har dea. Op it lêst krige se him al sa fier dat er de boksen oan e knibbels ta optearde. Sa joech er him del yn t sân en seach ris om him hinne. Oeral kreaze froulju yn tige behindige badpakjes. It is dochs wol moai, sa n dei oan t strân, sei er tsjin Joukje. Doe t er de oare deis wer efter de toanbank stie tocht er der al wat oars oer. Nachts net in wink yn e eagen hân fan e koarts, beide skonken read ferbaarnd. Joukje moast se noch wol trije jûnen yn e salve sette foar dat it wer wat oer wie. Mar wy hawwe der dochs in dei tusken út west, sei er en Joukje koe net sizze dat it net sa wie... Rommert Tjeerdsma

24 Bestjoer fan de Krite foarsitter fakatuere 2 e foarsitter Mefr. G.Vos - Hamstra, de Woerd 9, 7824 RA Emmen. Tel. 0591 61 03 72 e-mail: gretalammers@hotmail.com ponghâlder Dhr. H.B.Klijnsma, Kerkstraat 6,7854 PG Aalden. Tel.0591 62 54 03 e-mail: harm@klynsma.nl 2 e ponghâlder en 'Lok en Leed' kontakt Mefr. F vd Meulen,Burgm.Fonteinstraat 39 7751 CB Dalen. Tel. 0524 55 18 79 skriuwer dhr. A.Tuiten, Palmanovastraat 23, 7742 CC Coevorden.Tel. 052451 37 83 e-mail: anneroelietuiten@planet.nl 2 e skriuwer Dhr. A.Biesma, Klepel 332, 7811 KX Emmen.Tel 0591 55 26 28 e-mail: biesma.onne@ziggo.nl bestjoerslid Mefr. A.Wieringa, Arve 23, 7824 RJ Emmen. Tel. 0591 62 08 36 e-mail: awieringa2@home.nl Ledeadministraasje Dhr. H.Kloosterman, Laan vd Iemenhees 474 7823 JV Emmen. Tel 0591 62 65 92 e-mail: kloosterman.h@xs4all.nl Boekferkeap: Mefr. R.Tuiten, Palmanovastraat 23 7742 CC Coevorden Kosten lidmaatskip: (2015-2016) 10,= de persoan of 15,= it pear bankrekening NL 26 INGB 000 23 52 578 t.n.v Fryske Krite Súdeast Drinte te Aalden korreksjewurk en oersetten: redaksje - typewurk- layout- logistyk: Anne Tuiten Henk Kloosterman