Kriteblêd fan it Frysk Selskip Rjucht en Sljucht te De Haach. Oprjochte 1 oktober 1899

Maat: px
Weergave met pagina beginnen:

Download "Kriteblêd fan it Frysk Selskip Rjucht en Sljucht te De Haach. Oprjochte 1 oktober 1899"

Transcriptie

1 Kriteblêd fan it Frysk Selskip Rjucht en Sljucht te De Haach Oprjochte 1 oktober 1899 Indien onbestelbaar: S.v.p. terug aan Parkstraat 77b, 2514 JG Den Haag

2 Rjucht en Sljucht Jiergong 63 novimber 2014 slachtmoanne - nûmer 2 Ynhâld Útnoeging lêzing 21 novimber Nederlân en romtefeart Ús advertearders sjogge jimme graach kommen Útnoeging nijjiersbesite 11 jannewaris Ynformaasje fan de ponghâlder Nij kritelid Wat noch yn it fet sit Betinking Slach by Warns 1345 Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa 2018 Willem V, lêste steedhâlder Opstigings Flean mar fierder De Bokkehâlder FREEDTEMIDDEI 21 NOVIMBER LEZING OAN HÛS Freed 21 novimber is der in lêzing dy t fersoarge wurd troch ús lid Tjomme Bleeker. Hy wurket by it Nederlânske romtefeart agintskip en sil in presintaasje hâlde oer de romtefeart en wat it betsjut foar Nederlân. De middei begjint om oere. Wy ûntfange jim graach by de foarsitter thús Leeuwendaallaan 51, 2281 GK Rijswijk. 1

3 Nederlân en romtefeart As wy it oer romtefeart hawwe tinke wy direkt oanyuri Gagarin en mannen op e moanne. Mar dizze kyk op de romtefeart mei grutte raketten, mannen yn romtepakken is tsjintwurdich hielendal feroare. In dit tiidrek spilet alles om satelliten. Satelliten foar it waar, foar de tillefoan, foar de tillefysje útstjoeringen en fansels foar navigaasje. En dit binne mar inkele fan de mooglikheden dy't satelliten biede. Nederlân wurket tegearre mei de Europeeske partners oan nije satelliten, dy jaan no en straks in skat oan oare ynformaasje. ÚS ADVERTEARDERS SJOGGE JIMME GRAACH KOMMEN. 2

4 SNEIN 11 JANNEWARIS 2015 NIJJIERSBESITE Snein 11 jannewaris 2015 wurde wy útnoege troch Jouke en Nel van der Weide om elkoar it nijjier ôf te winnen. It is op it wol bekende adres Leeuwendaallaan 51 yn Rijswijk, dêr t wy wolkom binne fan oere. Wy sjogge der nei út. Bêste kriteleden, YNFORMAASJE FAN DE PÔNGHÂLDER Yn dit nûmer fan ús moanneblêd fine jo de nije akseptgirokaart foar it ferieningsjier Wy witte allegearre wol dat ús ledetal spitigernôch wêrom rint en dat wy as bestjoer ús tige warber opstelle om de krite noch by eltsenien ûnder de oandacht te bringen. Dêrom wol ik jimme frege om ien ekstra stipe op de giro by te skriuwen. Jo kinne der sels as lid ek nocht en wille oan hawwe. Seker foar leden dy net mear op e kritemiddei of kritejûn kommen kinne, is ús blêd tige wichtich. Wy hope dêrom dat wy jimme noch lang tewille wêze kinne. Jo ponghâlder, Ineke Huitema-Versteeg Wy ferwolkomje ús nij lid Willem Mesters Kopy ynleverje foar 18 desimber 2014 by w.luchtenveld@ziggo.nl 3

5 WAT NOCH YN IT FET SIT (foar jimme bûsboekje) Freed 6 febrewaris Snein 22 febrewaris Snein 14 meart Lêzing troch Hanneke Jansen-Huitema oer har boek De brommer fan Woudsend. Begjin 14 oere yn t Reuvensloo, Reuvenslaan 2, 2273 JS Voorburg. Fryske tsjerketjinst. Foarganger dûmny Geke de Haan. Begjin oere. Mear ynfo yn ús jannewarisblêd. Gesellige middei Begjint om 14 oere yn t Reuvensloo, Reuvenslaan 2, 2273 JS Voorburg. 4

6 5

7 Betinking Slach by Warns 1345 Tema: It Frysk ferbynt! Op sneon 27 septimber jl, om 13 oere 45!, wie it wer sa fier op it Reaklif: de betinking fan de Slach by Warns. Op 26 septimber 1345 wurde in út Hollân oerstutsen leger ûnder oanfiering fan Graaf Willem IV by Warns ferslein troch de Friezen. In wichtich barren, dat yn 1942 al ienris betocht waard. Mar sûnt 1945 bart dat elts jier, op de earste sneon nei de 26e septimber. Yn 1952 kaam op it Rea Klif de grutte stien te lizzen, troch Gerrit Roorda opgroeven yn de buert fan de Tynje. By eltsenien is de tekst op de stien wol bekend: Leaver dea as slaaf. Der wienen ek dit jier wer aardich wat minsken op ôf kaam. Earst wurde de Fryske flagge hise. Nei it sjongen fan it Flaggeliet kaam it iepeningswurd fan Tom Dijkstra, foarsitter fan de Stifting, folge troch in minút stilte ta oantinken oan harren, dy't lijen ha fan geweld en ûnderdrukking. Dêrnei kaam Hâns Dijk, foarsitter fan It Frysk Boun om Utens, oan it wurd, mei it al earder neamde tema:it Frysk ferbynt! De taal soarget foar mynskip en ferbynt oer grinzen hinne. Neidat we mei inoar it Friezeliet songen ha droech Albert Postma it gedicht foar fan Atze Bosch: Ûnwennich. In Prachtich gedicht!! It Frysk Sjongkoar fan Lelystêd song nochris, en der wie skoft mei in kollekte wilens it korps De Lytse Südwesthoeke spile. Doe kaam wer mei itselde tema: It Frysk ferbynt!, drs. Lysbeth Jongbloed-Faber, ûndersykster by de FA, oan it wurd. It brûken fan it Frysk yn de sosjale media: kânsen en bedriging. Noch twa moaie lieten brocht troch Bruno Rummler, it Fryske Sjongkoar fan Lelystêd song wer, en wy allegearre mei inoar lekker hurd It Heitelân It Hoarnsinjaal mei it striken fan de Fryske Flagge wie it ein fan in moaie, gesellige en weardige betinking!! Japke Stuiver 6

8 7

9 Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa 2018 Sûnt 1985 meie elk jier twa Europeeske stêden har mei in wiidweidich programma presintearje as Kulturele Haadstêd fan Europa. In titel dy t in stêd de kâns biedt om boppe harsels út te stykjen. De stêd wurdt keazen om har kulturele, ekonomyske en sosjale ambysjes. De positive effekten fan dizze titel binne noch altiten te sjen yn eardere Kulturele Haadstêden lykas Lille, Liverpool en Essen. Yn 2018 presintearje Malta en Nederlân in Kulturele Haadstêd fan Europa. Malta keas foar de festigingsstêd Valletta. Yn Nederlân gienen Den Haach, Eindhoven, Ljouwert, Maastricht en Utrecht de striid mei-inoar oan. Op 6 septimber 2013 waard Ljouwert troch in ynternasjonale sjuery, besteande út 13 nasjonale en ynternasjonale eksperts, unanym ferkeazen ta Kulturele Haadstêd fan Europa yn Fan 2014 oant 2019, mei as hichtepunt 2018, presintearret Ljouwert- Fryslân har op Europeesk nivo mei op syn minsten fjirtich grutte kulturele eveneminten. Dat dogge wy yn gearwurking mei oare stêden en gebieten, nasjonaal likegoed as ynternasjonaal. Sintraal stiet de ferbining tusken minsken út hiel Europa dy t idealen diele en mei-inoar wurkje wolle oan in bettere takomst. In takomst wêrby t wurkgelegenheid, ekonomy en ûnderwiis ferbettere is, kultuer en natuer optimaal mei elkoar ferbûn binne en der mear begryp is foar elkoars identiteit en ferskaat. Ljouwert-Fryslân 2018 grypt dizze unike kâns oan om har yn Europa sjen te litten, om ûnderfinings út te wikseljen mei oare Europeeske stêden en regio s en ús provinsje in ekonomyske en maatskiplike ympuls te jaan. It jout de stêd en omkriten de takomst dy t se fertsjinnet en nedich hat. En dat dogge we mei de blik nei bûten rjochte. Mei-inoar ferlizze we de grinzen en ferbine we ús mei de rest 8

10 fan Europa. Ljouwert-Fryslân 2018 is in kearpunt. De Fryske Mienskip wurdt in iepen Mienskip. Wy fan de krite Rjucht en Sljucht ha it foarnimmen jim de kommende tiid fan de ûntwikkelingen op de hichte te hâlden. Jouke v.d. Weide Willem V, lêste steedhâlder Yn 2013 en 2014 betochten wy it 200-jierrich bestean fan ús keninkryk. Foaral yn De Haach en op Skeveningen wie it feest. Mar wat barde der krekt foar 1813? En hat dat wat mei Fryslân te krijen? Ja wis! De lêste steedhâlder yn Nederlân wie prins Willem V, de heit fan Kening Willem I. Hy hâlde mear fan keunst en dat soarte fan saken as fan regearen. Fan him is ommers de Galerij Prins Willem V by Museum de Gevangenpoort mei syn hiele kolleksje skilderijen en bylden. Boppedat moast hy de menazjery, de bisteboel yn De Kleine Loo yn Voorburg, dy t er fan syn heit Willem IV erfd hie, ûnderhâlde. Hy wie sels ek gek op bisten, dus dat kaam him goed út. Mar Prins Willem V moast foar de Frânske Révolúsje flechtsje. Dat die hy nei Ingelân, mei syn beide soannen. Syn bisten wiene doe al troch Napoleon mei nei Frankryk ta nommen. De âldste soan kaam yn 1813 as kening Willem I nei Nederlân werom. No, dizze Willem V spilet de haadrol yn it moaie boek fan Lida Dykstra Spegelspreuk. De 9-jierrige prins Willem dy t by syn beppe Marijke-muoi yn it Princessehof útfanhuzet, belibbet dêryn allegear spannende en heimsinnige aventoeren tegearre mei Lodelakei, syn oppas. Dat komt troch Foekje, in biddelwiif dat yn it Prinsessehof mei har toverspegel bisten libben út tegels weikomme litte kin, lytse lykas in hazze, mar ek grutte lykas in oaljefant! De skriuwster hat har fantasij derop los litten en in nijsgjirrich ferhaal foar de jeugd skreaun. 9

11 Histoarje, keunst en magy rinne trochinoarhinne. Troch de aventoeren fan de jonge prins komt it 18 e ieuske Ljouwert ta libben. meitsjen. It boek is ûntstien út in projekt fan in team fan minsken dy t oan de Ljouwerter Histoaryske Feriening Aed Levwerd, it Keramykmuseum Princessehof, it Histoarysk Sintrum Ljouwert en Tresoar ferbûn wiene. Fan harren krige Lida Dykstra de opdracht it boek te skriuwen en sy hat dêr tegearre mei de yllustrator Roelof van der Schans in prachtige útjefte fan makke. Har doel wie te bewurkstelligjen dat lêzers niget krije soene om ris nei in museum ta te gean of in stedskuier troch Ljouwert te It boek is yn 2008 tagelyk yn it Frysk en yn it Nederlânsk ferskynd. Der is ek in iepenloftspul fan makke en dat is opfierd yn Easterwierrum. Yn 2013 binne de Fryske en de Nederlânske edysje fan dit moai foarmjûne boek oan kening Willem Alexander en keninginne Maxima oanbean by harren besyk oan Fryslân. As ien Spegelspreuk ris fan my liene wol, dan kin dat. Afke Bergstra 10

12 OPSTIGINGS Nijsgjirrige minsken ha in helte nijsgjirriger bistean as net-nijsgjirrige. It freget in subtyl gefoel foar balâns om autobannen en houliksbannen op krekte spanning te hâlden. De measte petearen binne monologen mei publyk. Jins miening foroarje wol almeast sizze: jins âlde foaroardielen op in nij richje sette. De measte bearen op de wei blike by neijer bisjen teddybearen te wêzen. De lju mei it soune ferstân binne de lju dy t krekt sa tinke as ik. Bernsbern útfanhûs is in lust, seit buorman, mar men moast it lûd hwat better regelje kinne. Tiny Mulder 11

13 12

14 Flean mar fierder Tûzenen fûgels fleane troch de loft, sill ús ferlitte, foar it winterskoft. Sweevjende wjokken, driuwe yn e wyn, op nei it súden en de sinneskyn. Flean mar fierder fûgels, de wrâld yn t run. Mar kom, takom maitiid werom. Ja kom, takom maitiid werom. Boppe de wolken binne ûnderweis, sulveren fûgels, foar in sinnereis. k Wol mei har fleane, nei de warmte ta, dêr wêr t de fûgels no har wenten ha. Flean mar fierder fûgels, k fiel my net bûn. Flean mar fierder fûgels, de wrâld yn t run. Mar bring my ek maitiids werom. Ja bring, my ek, maitiids werom. Etie Pasma Fryske Skriuwerskalinder

15 De Bokkehâlder Henk F. Hansma Nei t se sizze, moat dit him yn Jobbegea ôfspile ha, mar men wit it nea. It kin ek in oar plak west wêze, de wrâld is sa grut en wy moatte gjin ferkearde konklúzjes lûke. Mar it is my ferteld troch in jager út dy omkriten. De man wenne yn in lyts húske en net iens sa fier fan de buorren fan it doarp ôf. Hy hie wat lân efter syn wenninkje te lizzen dêr t hy griente op ferboude. De hûskes dy t eartiids boud waarden hienen faaks flink wat grûn en dit wie noch sa n húske dat noch net ôfbrutsen wie en dat noch in krimp hie dêr t it efterhûs begûn. De man wenne allinne en hie neist wat lyts fee der ek noch in bok te rinnen. Sa it yn de krante stie in staat ter dekking. It boerke hie in buordzje by de wei stean dêr t dat yn hoannepoaten op skreaun stie. It wie mar mei ien spiker oan it pealtsje fêst set, want ek spikers binne tige djoer. Jo riede it al, nei fan rin fan tiid hinge it op ien kant. Dekking hong nei ûnderen en In nei boppen. De bern út de buert hienen fansels der wille fan, mar de âlden yn de omkriten net. Want sa as de minsken wol witte, bokken ha noch al wat lucht oan harren. Se ha in klier oan de foarkant fan de kop en se mige harren sels der ek ûnder, sels harren sik is der bytiden brún oer. No en dat kin jo wol fan fierrens rûke. Burgum wie er neat by. De minsken ha der tige lêst fan, foaral as it waarm waar wurdt. De geiten fine de lucht blykber wol lekker, want dy binne dan net te hâlden. It is mar goed dat it by de minsken net sa is. 14

16 De neiteam fan de geiten witte yn elts gefal wol wa t de heit wie, mar dy koe it dôchs net ûnthâlde. Se hoechden dan ek net yn it programma DNA ûnbekend. De heit wie wol bekend, mar dy luts him fan it Heit-wêzen neat oan. Der wienen al gauris wat minsken út it doarp west by de man om te freegjen as it ek wat oars koe mei dy bok, want it wie soms net te hurdzjen dy stank. De man joech gjin belies en lake mar wat en sei: it is foar my in stikje ynkommen of jo meie him sels wol efkes waskje, der stiet wol in ammerke en it wetter sit wol yn de feart. No, dêr hie net ien nocht oan, dat kin men wol begripe. No rûn is al tsjin de kryst, en de bok wie yniens fuort. De minsken koenen de knipers wol fan de noas helje en ien fan de neiste buorren wie wol wat nijsgjirrich en frege de man wêr t de bok bedarre wie. No sei it mantsje, dy ha ik ferkocht, ik koe der goed jild foar barre, datsadwaande. It wie him wol opfallen, dat er in personielslid fan in bekend hotel út de omkriten west wie, mar fjirder koe it him ek neat skille wat se mei dy âld bok dwaan hiene. Of woenen se him ek foar de karre ha, it wie him om t lyk. Mar nei ferrin fan tiid kaam út betroubere boarne nei bûten dat it hotel de grutte fraach nei reerêch net by sloffe koe, wylst der krekt yn dy dagen in foarnaam selskip komme soe te iten. Nei ôfrin moat in hege ome de eigner en spesjaal de kok priizge hawwe om de krûdige en pikante smaak fan it wyld. Sa hienen se it noch nea iten, wol sieten er in pear brune hierren yn, mar ja dat ha jo mei wyld no? Ja, dat wie noch ris wat oars as hynstefleis yn t plak fan kowefleis. Alles te witten makket de minske net lokkiger. 15

17 Kolofon Rjucht en Sljucht kriteblêd fan it Frysk Selskip Rjucht en Sljucht te De Haach en omkriten. Oprjochte 1 oktober Lid fan it Frysk Boun om Utens. Ferskynt 6x jiers Jiergong 63, ISSN Einredaksje: Wieke Luchtenveld E w.luchtenveld@ziggo.nl Besoarger: Tjitze Mast FRYSK SELSKIP RJUCHT EN SLJUCHT Foarsitter: Jouke van der Weide Skriuwer: Japke Stuiver E japkestuiver@ziggo.nl Ponghâlder: Ineke Huitema Versteeg IBAN rekening NL19 INGB o.n.f. Rjucht en Sljucht Den Haag E ineke.huitema@hetnet.nl Lede-adm.: Postadres: Kontribúsje: Sybren van der Meer Rjucht en Sljucht p/a Piet Heinplein BW Den Haag E rjucht_sljucht@hotmail.com 15,- jier 16

18 KONINGSPLEIN JD DEN HAAG TEL INFO@PRINT123.NL OPENINGSTIJDEN: MA. VAN UUR DI. T/M VR. VAN UUR PRINTS ONLINE BESTELLEN EN PER POST ONTVANGEN 1 INLOGGEN 2 UPLOADEN 3 BETALEN ZWART/WIT FULL COLOR FORMAAT A6 - A1 FORMAAT A6 - A1 ENKEL- OF DUBBELZIJDIG ENKEL- OF DUBBELZIJDIG 80 GRS GRS. 80 GRS GRS. BINDMOGELIJKHEDEN BINDMOGELIJKHEDEN KORTINGEN TOT 0,03 KORTINGEN TOT 0,20 GEBOORTEKAARTJES FLYERS DTP-WERK VISITEKAARTJES HUISSTIJL TROUWKAARTEN BRIEFPAPIER DRUKWERK GEKLEURD PAPIER GROOTFORMAAT INBINDEN LOGO S POSTERS FLYERS DTP-WERK GEBOORTEKAARTJES HUISSTIJL TROUWKAARTEN VISITEKAARTJES

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 Is elk wittenskiplik ûndersyk wol wittenskiplik? 1 A 2 maximumscore 1 Omdat dat ûndersyk net foldocht oan (Piersma syn)

Nadere informatie

Eindexamen Fries havo I

Eindexamen Fries havo I Beoordelingsmodel De mearkarfragen hawwe in gewicht fan 1 punt. Foar fraach 3, 8, 9, 10, 11, 12, 13, 15, 18, 20, 21, 22, 24, 25, 26, 30, 32 en 33 jildt in maksimale skoare fan 2 punten. Alle oare fragen

Nadere informatie

1. In geskink fan de Nyl

1. In geskink fan de Nyl 1. In geskink fan de Nyl Yn Egypte kinne se skriuwe, dêrom heart Egypte by de perioade fan de âldheid. It tiidrek fan 3000 foar Kristus oant 500 nei Kristus neame we de tiid fan de Griken en de Romeinen.

Nadere informatie

Staatsexamen VWO 2014

Staatsexamen VWO 2014 Staatsexamen VWO 2014 Nederl Friese taal schrijfvaardigheid Tijdvak 1 Vrijdag 23 mei 09.00 11.30 uur College-examen schriftelijk Opgavenboekje Steatseksamen Frysk vwo 2014 tiidfek 1 Bijgaande examenopgave

Nadere informatie

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân 1 B 2 C 3 maximumscore 1 Jagers kinne minder reeën, kninen en hazzen sjitte. Wolven

Nadere informatie

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw, KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER 2015 Beste leerkracht van de bovenbouw, De landelijke Dag van de Duurzaamheid vindt dit jaar plaats op vrijdag 9 oktober 2015. Door heel Nederland vinden,

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO

Correctievoorschrift VWO Correctievoorschrift VWO 2007 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Eindexamen havo Fries I

Eindexamen havo Fries I De mearkarfragen hawwe in gewicht fan 1 skoarepunt. Tekst 1 It klimaat fan Fryslân yn it jier 2030 1 maximumscore 1 Troch sâlt en swiet wetter by inoar lâns streame te litten. 2 maximumscore 1 It klimaat

Nadere informatie

nr. Januari 2008 www.destapstien.nl

nr. Januari 2008 www.destapstien.nl Januari 2008 nr. 4 www.destapstien.nl Foarwurd Alle nijjierswinsken al lang wer achter de rêch, it skoaljier is twa wiken âld as ik dit skriuw. We sitte wer yn ús ritme, binne blij dat we by de waarme

Nadere informatie

Merke 2015 Back to the 70 s

Merke 2015 Back to the 70 s Merke 2015 Back to the 70 s Tongersdei - Donderdag Tongersdei 13 Augustus - Donderdag 13 Augustus 19.00 Back to the 70 s DISCO-PARADE Dit jier kinne alle bern fan de basisskoalle mei harren fersierde fiets

Nadere informatie

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

Trijetalich ûnderwiis súksesfol De Trijetalige Skoalle 1 Trijetalich ûnderwiis súksesfol Acht jier lang hawwe sân skoallen yn Fryslân meidien oan it projekt Trijetalige Skoalle. De resultaten wienen sa goed dat de projektskoallen graach

Nadere informatie

Tomke makket in snieman

Tomke makket in snieman Tomke makket in snieman 2017 Tema Seizoenen dit boekje is in kadootsje foar alle pjutten en beukers yn Fryslân No foarlêze, letter sels lêze. Tegearre lêze is in simpele en fijne wize om mei dyn berntsje

Nadere informatie

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage. Examen HAVO 2014 tijdvak 1 maandag 26 mei 13.30-16.00 uur Fries Bij dit examen hoort een bijlage. Dit examen bestaat uit 33 vragen. Voor dit examen zijn maximaal 44 punten te behalen. Voor elk vraagnummer

Nadere informatie

Herdenken - Jannes en Bea

Herdenken - Jannes en Bea Dodenherdenking 04 mei 2014. Bij het graf van William Robert Fisher op het kerkhof van Wirdum (Fr) In stilte kwamen wij bij elkaar op het kerkhof bij de Sint Martinuskerk in het centrum van Wirdum. Hans

Nadere informatie

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten W I N T E R P R O G R A M 2 0 1 6-2 0 1 7 Oansletten Kriten 1 *************************************************************************** Adressen fan skriuwers fan oansletten kriten: ----------------------------------------------------------

Nadere informatie

Cursussen Fries 2016-2017

Cursussen Fries 2016-2017 afuk.frl Wolkom by de Afûk! Bent u in Friesland komen wonen en wilt u de taal graag kunnen verstaan? Of wilt u voor uw werk graag Fries kunnen spreken? Bent u Friestalig en wilt u het Fries graag leren

Nadere informatie

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou, Datum: 28-09-18 Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou, Ien fan de talen fan Fryslân is it Stadsfrys, dat mei lytse ûnderlinge ferskillen praat wurdt yn de stêden Ljouwert,

Nadere informatie

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage. Examen VWO 2008 tijdvak 1 vrijdag 30 mei 9.00 12.00 uur Fries Bij dit examen hoort een bijlage. Voor dit examen zijn maximaal 50 punten te behalen. Het examen bestaat uit 24 vragen en een samenvattingsopdracht.

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2013

Correctievoorschrift VWO 2013 Correctievoorschrift VWO 2013 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013 maart 2013 maart 2013 Hylke Speerstra De treastfûgel Hylke Speerstra It wrede paradys, it ferfolch Jaap Krol It fûgelgebed Gjalt de Groot It swetshok In Memoriam Hylke Speerstra De Treastfûgel Yn De treastfûgel

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 4 jannewaris 2009 tema: bisten & natuer > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Het thema van dit katern voor niet-friestalige leerlingen is Bisten en Natuer. Je leert van verschillende

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO

Correctievoorschrift HAVO Correctievoorschrift HAVO 2008 tijdvak 1 Fries 1 en Fries 1,2 Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1 DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as âlder, mar ek foar alle oare minsken dy t te krijen ha mei bern yn twatalige (Frysk en Nederlânsk) of meartalige situaasjes (Frysk, Nederlânsk, in streektaal,

Nadere informatie

Samenvatting / Gearfetting bidbook Lwd2018. De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018

Samenvatting / Gearfetting bidbook Lwd2018. De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018 Samenvatting / earfetting bidbook Lwd2018 De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018 02 samenvatting gearfetting bidbook lwd2018 03 Culturele Hoofdstad van Europa Misschien bent u het

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 3 desimber 2015 tema: kommunikaasje > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Veel plezier met de opdrachten. Opdracht I Wurdspin Jullie kennen meer vormen van communicatiemiddelen

Nadere informatie

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke   dit boekje is in kadootsje fan Tomke nei de biblioteek 2015 Tema Hoi Tomke www.tomke.nl www.gidsvoornederland.nl/bibliotheken/fryslân dit boekje is in kadootsje fan Foarlêzen en boeken foar jonge bern Boeken bringe in petear op gong;

Nadere informatie

Kriteblêd fan it Frysk Selskip Rjucht en Sljucht te De Haach. Oprjochte 1 oktober 1899

Kriteblêd fan it Frysk Selskip Rjucht en Sljucht te De Haach. Oprjochte 1 oktober 1899 Kriteblêd fan it Frysk Selskip Rjucht en Sljucht te De Haach Oprjochte 1 oktober 1899 Indien onbestelbaar: S.v.p. terug aan Parkstraat 77b, 2514 JG Den Haag Rjucht en Sljucht Jiergong 63 maart 2015 foarjiersmoanne

Nadere informatie

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma. OANTEKENS fan de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Ferwerderadiel, hâlden op tongersdei 20 septimber 2012 om 20.00 oere yn it gemeentehûs yn Ferwert. Oanwêzich : de riedsleden: frou L.J.

Nadere informatie

Kriteblêd fan it Frysk Selskip Rjucht en Sljucht te De Haach. Oprjochte 1 oktober 1899

Kriteblêd fan it Frysk Selskip Rjucht en Sljucht te De Haach. Oprjochte 1 oktober 1899 Kriteblêd fan it Frysk Selskip Rjucht en Sljucht te De Haach Oprjochte 1 oktober 1899 Indien onbestelbaar: S.v.p. terug aan Parkstraat 77b, 2514 JG Den Haag Rjucht en Sljucht Jiergong 63 jannewaris 2015

Nadere informatie

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle: Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle: Ut: Ministerie OCW (2006), Kerndoelenboekje. Download: http://www.slo.nl/primair/kerndoelen/kerndoelenboekje.pdf a. Foarmje twatallen. Ien fan beiden toetst by de

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2014

Correctievoorschrift VWO 2014 Correctievoorschrift VWO 2014 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

OANFALSPLAN FRYSK. Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen

OANFALSPLAN FRYSK. Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen 1 OANFALSPLAN FRYSK Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen Skriuwers: drs. P. Bergsma (Pedagogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy) dr. J. van der Bij (Ried fan de

Nadere informatie

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga TRUCKSTOP Drama/Thriller door LOT VEKEMANS Fryske oersetting Baukje Stavinga TONEELUITGEVERIJ VINK B.V. (Grimas Theatergrime verkoop) Tel: 072-5 11 24 07 E-mail: info@toneeluitgeverijvink.nl Website: www.toneeluitgeverijvink.nl

Nadere informatie

Friese taal schrijfvaardigheid

Friese taal schrijfvaardigheid Staatsexamen VMBO TL 2016 Nederl Friese taal schrijfvaardigheid Tijdvak 1 Vrijdag 27 mei 13.30 15.00 uur College-examen schriftelijk Opgavenboekje 1 / 5 Schriftelijk college-examen schrijfvaardigheid Friese

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1 DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Uitgave: Stifting Nijkleaster, Wirdum 2010 eerste druk

Uitgave: Stifting Nijkleaster, Wirdum 2010 eerste druk Uitgave: Stifting Nijkleaster, Wirdum 2010 eerste druk Auteur: Ds. Hinne Wagenaar Wirdum Tekstbijdrage: Stifting Nijkleaster Vormgeving: Romke Lemstra BA32 Heerenveen Druk: ABN AMRO Ferline jier ha we

Nadere informatie

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN {ltt'" \^/ETTERSKIP FRYSLÂN Bugel Hajema Adviseurs T.a.v. de heer P.W. Rienstra Balthasar Bekkerwei 76 8914 BE LEEUWARDEN Leeuwarden, 1 5 november 201 1 Bijlage(n): 2 Ons kenmerk: WFNI l 15813 Tel: 058-292

Nadere informatie

www.mantgumermerke.nl

www.mantgumermerke.nl www.mantgumermerke.nl Op 13, 14 en 15 augustus sil it wer heve! Dan is it wer tiid foar de Mantgumer Merke! Jawis, wy as kommisje rinne al wer waarm foar de Merke. Noch in hiel skoft tinke de measte minsken,

Nadere informatie

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018 Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018 Bêste minsken ferbûn mei de gemeenten fan Westerwert en Mantgum, Yn dizze nijsbrief fine jim ynformaasje oer it tsjerklik libben yn de doarpen

Nadere informatie

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken Nieu wsbri BMW Z1 Club NL December 2015 ef Beste Z1-vrienden Inmiddels is het cabrioseizoen ten einde, staan de Z1 s in de garage en tellen we af naar 2016. De laatste activiteit van dit jaar, een gezellige

Nadere informatie

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS 0 0 KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS AUGUSTUS 0 :00 Hurderwyk 't Harde Fryske Tsjerketsjinst yn de PKN-Maranathatsjerke, Bovendwarsweg c, 0 JB t Harde. Foargonger: ds. Emko Postma fan Genemuiden.

Nadere informatie

Jierferslach. Omrop Fryslân

Jierferslach. Omrop Fryslân Jierferslach 2010 Omrop Fryslân 1 Produksje Foto s Opmaak Drukkerij Korreksjewurk Omrop Fryslân, Ljouwert Dirk Jan Haarsma Omrop Fryslân, Ljouwert Van der Eems, Easterein Taalwurk Fryslân, Grou 2 YnhAld

Nadere informatie

De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007

De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007 De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007 Meidielingsblêd fan: Doarpsbelangen, Oranje feriening, Krite It Pompeblêd, Muzykfer. Excelsior, Martens Cantorij, Herv. en

Nadere informatie

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga De leerlingen van klas 2Ga hebben de afgelopen weken een aantal mythologische verhalen te horen gekregen in de lessen Latijn en Grieks. Het was de hoogste tijd

Nadere informatie

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo?

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo? Presentatie onderzoeksresultaten Hokker taal prate jo? Colofon Kolofon Hokker taal prate jo? 2013 Projectgroep Afke Punter Lia Kooistra Annewiep Bloem Sjoukje Jager Fokke Jagersma Auteurs Annewiep Bloem

Nadere informatie

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL Correctievoorschrift VMBO-GL en TL 2010 tijdvak 1 Fries CSE GL en TL Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden

Nadere informatie

Beschrijving ochtend programma (voor iedereen)

Beschrijving ochtend programma (voor iedereen) Beschrijving ochtend programma (voor iedereen) Natuer/Natuur Tijdens het ochtendprogramma "Natuer" gaan de leerlingen zich verdiepen in de Nederlandse (dus ook Fryske) natuur. Zij gaan in 4 groepen aan

Nadere informatie

Earlik diele yn in grien Fryslân

Earlik diele yn in grien Fryslân Earlik diele yn in grien Fryslân Ferkiezingsprogram fangrienlinks foar de ferkiezingen fan Provinsjale Steaten fan Fryslân foar de perioade 2015-2019 DEFINITYF 29 jannewaris 2015 Earlik diele yn in grien

Nadere informatie

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter Steatekommisje Lân, Loft en Wetter Datum gearkomste: 9 april 08 Wurklistpunt: 3 STEATEKOMMISJE LAN, LOFT EN WETTER 10 Ferslach fan de gearkomste op 5 maart 08 yn it Doarpshûs fan Seisbierrum. Oanwêzich:

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 4 febrewaris 2016 tema: bisten en natuer > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Het thema van dit katern voor niet-friestalige leerlingen is Bisten en Natuer. Je leert van verschillende

Nadere informatie

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april 2015 1

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april 2015 1 DOARPSNIJS Nûmer 384 april 2015 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1 DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982.

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO 2014

Correctievoorschrift HAVO 2014 Correctievoorschrift HAVO 2014 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Examen VMBO-GL en TL. Fries CSE GL en TL. tijdvak 1 vrijdag 25 mei uur. Bij dit examen horen een bijlage en een uitwerkbijlage.

Examen VMBO-GL en TL. Fries CSE GL en TL. tijdvak 1 vrijdag 25 mei uur. Bij dit examen horen een bijlage en een uitwerkbijlage. Examen VMBO-GL en TL 2018 tijdvak 1 vrijdag 25 mei 9.00-11.00 uur Fries CSE GL en TL Bij dit examen horen een bijlage en een uitwerkbijlage. Beantwoord alle vragen in de uitwerkbijlage. Dit examen bestaat

Nadere informatie

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk www.afuk.frl kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk Ynhâld yn Nederlânsk en Frysk 1. De letter f 2. De letter s 3. De letters f en v 4. De letters s en z 5. De letter g

Nadere informatie

Oktober deel 2. Beste ouders / verzorgers,

Oktober deel 2. Beste ouders / verzorgers, Informatiebrief voor ouders en verzorgers ABBS De Reinbôge Greate Buorren 45 8732 EE Tel. 0515 332628 www.reinbogekubaard.nl reinbogekubaard@gearhing.net Oktober deel 2 Beste ouders / verzorgers, Net terug

Nadere informatie

Jrg. 3 2007 Nr. 1. Theun de Vries 6. J.J. Kalma 10. Fryske kentekens 16

Jrg. 3 2007 Nr. 1. Theun de Vries 6. J.J. Kalma 10. Fryske kentekens 16 Jrg. 3 2007 Nr. 1 Theun de Vries 6 J.J. Kalma 10 Fryske kentekens 16 Begjin jannewaris waarden de goed 800 skriften fan de dichter Obe Postma (1868-1963) dy t by de Fryske Akademy wiene, oerdroegen oan

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO 2012

Correctievoorschrift HAVO 2012 Correctievoorschrift HAVO 2012 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid. Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.nl Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel. 242212 dieta@knid.nl

Nadere informatie

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber.

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber. Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber. Tema: Feilichheid Besites: P.I. Ljouwert, brânwacht Gytsjerk Ite: Eetcafé De Winze, Wyns Fan t jier stiet de riedsekskurzje yn it teken fan feilichheid.

Nadere informatie

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o.

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I www.serviceflat-oranjewoud.nl op A5 formaat met de volgende advertentie: T 0513-63 62 85 8443 EL Heerenveen Flat Oranjewoud 1 Iedere dag genieten van een prachtige omgeving Spesjalist kabels en leidingen

Nadere informatie

Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van 20 22-05-2013 B&M/LLW

Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van 20 22-05-2013 B&M/LLW 79 Begrutting 2012 Cie. Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van 20 maart jl. aan de orde geweest. 26-10-2011 J.A. de Vries Tasizzing: Het voorstel voor de toepassing ervan (breedband / glasvezel),

Nadere informatie

Foto s: Lykle Veenje, Klaas Hendriks, Johannes Herder, John van den Berg, Hendrik Jellema

Foto s: Lykle Veenje, Klaas Hendriks, Johannes Herder, John van den Berg, Hendrik Jellema Colofon Initiatiefnemer: Dorpsbelang Lollum-Waaksens Begeleiding discussieavonden: Gesprekleiders: Haye Jacob Jorritsma Holger Bakker Klaas Hendriks Chantal van Sluys Johannes Herder Gerrie Folkerts Notulisten:

Nadere informatie

Harkje, lêze en útspraak

Harkje, lêze en útspraak Les1 Om te begjinnen Jonge kinderen leren spelenderwijs met gemak twee of drie talen tegelijk. Volwassenen moeten er vaak wat meer moeite voor doen. Dat neemt niet weg dat ook volwassenen in staat zijn

Nadere informatie

Reünie EP de Boerschool. September 2014

Reünie EP de Boerschool. September 2014 Reünie EP de Boerschool September 2014 It Fuottenein Doarpskrante fan Winaam Uitgave van de Vereniging Dorpsbelang Wijnaldum Voorzitter: Johannes Rutten Tel. 06 51405131 Secretaris: Janny Stuiver Tel.

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO 2015

Correctievoorschrift HAVO 2015 Correctievoorschrift HAVO 2015 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

It boek. fan Sinterklaas. Maarten Stevens oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra

It boek. fan Sinterklaas. Maarten Stevens     oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra It boek fan Sinterklaas Maarten Stevens www.cts-producties.nl www.cts-producties.be oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra Rollen Sinterklaas: De bernefreon, dy t eltsenien fansels wol kin Haadpiet:

Nadere informatie

Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o.

Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo Putten Séwolde Skriuwersadres: Beemdweg 29 3852 XC Ermelo e-mail: kcvanderbeek@gmail.com FAMYLJEWYKEIN? co m Buitengoed Fredeshiem - Steenwijk-De

Nadere informatie

Uitnodiging. Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk. Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries

Uitnodiging. Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk. Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries Uitnodiging Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries donderdag 14 februari 2013 tongersdei 14 febrewaris 2013 Om het

Nadere informatie

I. Tsjinst fan =e Tarieding

I. Tsjinst fan =e Tarieding Oarder fan de Tsjinst foar snein 13 desimber 2015 Tredde snein fan de Advint Martinigemeente te Boalsert Foargonger: ds. Hinne Wagenaar (Jorwert) Oargelist: Kees Nottrot I. Tsjinst fan =e Tarieding Wolkom,

Nadere informatie

Omrop Fryslân. Jierferslach

Omrop Fryslân. Jierferslach Omrop Fryslân Jierferslach 2011 Kolofon Produksje: Fotografy: Yllustraasjes: Opmaak: Omrop Fryslân, Ljouwert Dirk Jan Haarsma Omrop Fryslân Joël Puik, Omrop Fryslân Ynhâld Gearstalling organen Omrop Fryslân

Nadere informatie

De Eendracht. Vereniging voor dorpsbelangen Deinum. Voorzitter Assuerus Jorna Gersdroegerij 8 058 254 2472

De Eendracht. Vereniging voor dorpsbelangen Deinum. Voorzitter Assuerus Jorna Gersdroegerij 8 058 254 2472 De Eendracht Vereniging voor dorpsbelangen Deinum Leden van het bestuur Voorzitter Assuerus Jorna Gersdroegerij 8 058 254 2472 Foarsitter 9033 XR Deinum Penningmeester Anko van der Veen it Harspit 1 058

Nadere informatie

Herfstvakantie: 15 t/m 23 oktober 25-10: Jelle (2004) teamvergadering 27-10: signaaldictee blok 2 bovenbouw (proefdictee)

Herfstvakantie: 15 t/m 23 oktober 25-10: Jelle (2004) teamvergadering 27-10: signaaldictee blok 2 bovenbouw (proefdictee) Oktober 2011: 3-10: luizencontrole: de tweede ronde oud papier: Auke, Marius, Wouter, Jappie 5-10: informatieavond start Kinderboekenweek (5 t/m 15 oktober) Meester Tjitte viert zijn verjaardag 6-10: eerste

Nadere informatie

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Even voorstellen Henny Bosscha-van der Veen Woonplaats: Visvliet Geboortejaar: 1949 vrijwilligerswerk Nederlands,

Nadere informatie

Ut e Pinne 52e jiergong Nr. 1 januari 2018

Ut e Pinne 52e jiergong Nr. 1 januari 2018 Ut e Pinne 52e jiergong Nr. 1 januari 2018 Ferieningsblêd fan it Frysk Selskip Fier fan Hûs Apeldoorn Sûnt 9 desimber 1901 2 3 fan de foarsitter Henk de Boer YNHÂLD WE SETTE WER ÚT EIN We sette wer út

Nadere informatie

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016. Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van Rintje Lolkema I 3 februari 1938 2 februari 2016 In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016. Voorganger: Ds Dingena Hasper Diaken:

Nadere informatie

Bêste minsken, Anne Tuiten.

Bêste minsken, Anne Tuiten. 1 Bêste minsken, Op it momint dat ik dit skriuw, saterdei 20 jannewaris, is it tige rêstich yn de natuer. Jo kinne jo hast net foarstelle hokker needwaar it ôfrûne tongersdei de achttjinde wie: in dikke

Nadere informatie

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Meidielingeblêd fan de Sékrite Oprjochting fan de Sékrite, Fryske Krite fan Lelystêd en omjouwing op 26 novimber 1971 Meidielingeblêd fan de Sékrite It idee om in Fryske Krite yn e nije polder op te rjochtsjen, ûntstie yn oktober 1971.

Nadere informatie

mienskip@kimswerd.com

mienskip@kimswerd.com mienskip@kimswerd.com OM E TOER Herfst Op het moment dat deze Om e toer geschreven werd, leek dat seizoen nog een heel eind weg want 20 september en temperaturen van 24 tot 28 graden is moeilijk met elkaar

Nadere informatie

Doarpslibben Ryptsjerk Winter 2010-2011. Fan de redaksje

Doarpslibben Ryptsjerk Winter 2010-2011. Fan de redaksje Doarpslibben Ryptsjerk Winter 2010-2011 Colofon De doarpskrante is in inisjatyf fan doarpsbelang en wurdt troch har finansjeel stipe De krante wurdt fergees by leden besoarge en komt fjouwer kear yn it

Nadere informatie

* Horen van gedicht Lach, ontspan, maak plezier, vraag om hulp, kijk met aandacht Uit de 40 dagenkalender van het GDS gebied, zaterdag 11 maart

* Horen van gedicht Lach, ontspan, maak plezier, vraag om hulp, kijk met aandacht Uit de 40 dagenkalender van het GDS gebied, zaterdag 11 maart Doopsgezinde Gemeente Leeuwarden 12 maart 2017 Tweede zondag van de 40 dagentijd, Reminiscere voorganger: Roelof Akse organist: Gerben Bergstra; liturg Hermien Nijboer; thema: Hifkje yn e woestyn * Mededelingen

Nadere informatie

Landschap van toevalligheid

Landschap van toevalligheid Landschap van toevalligheid Eerste druk, november 2012 2012 Geert Koenen Coverfoto: Ramon van Someren Portretfoto: Barbara van Bergem Corrector: Marijke Geers isbn: 978-90-484-2736-9 nur: 306 Uitgever:

Nadere informatie

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1 Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1 Stavering: - s/z, f/v - g/ch - û/oe - u/ú/ue - dakjes - tusken-n - oergongs-w - faak foarkommende wurdsjes - i/y/ii/ie - soldaten-regel - twalûden en brekking - ij/ai/aai/y

Nadere informatie

Moanne fan it Fryske Boek 6 Jubileum Slach by Warns 10 425 jaar universiteit Franeker 12

Moanne fan it Fryske Boek 6 Jubileum Slach by Warns 10 425 jaar universiteit Franeker 12 Jrg. 6 2010 Nr. 2 Moanne fan it Fryske Boek 6 Jubileum Slach by Warns 10 425 jaar universiteit Franeker 12 Skriuwer en keunstner Anne Feddema (foto Heleen Haijtema). Sjoch side 6 en 7. 4 Fan de redaksje

Nadere informatie

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst.

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst. 1 Bêste minsken, De tiid hâldt gjin skoft, in bekende útspraak fan ús Friezen, mar o, sa wier. Der is al wer in jier om, liket wol of it hyltyd rapper giet. Sil wol komme, om t wy allegear (wat) âlder

Nadere informatie

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Meidielingeblêd fan de Sékrite Oprjochting fan de Sékrite, Fryske Krite fan Lelystêd en omjouwing op 25 novimber 1971 Meidielingeblêd fan de Sékrite It idee om in Fryske Krite yn e nije polder op te rjochtsjen, ûntstie yn oktober 1971.

Nadere informatie

Ik soe sizze allegearre komme nei dizze bysûndere jûn. Allinne

Ik soe sizze allegearre komme nei dizze bysûndere jûn. Allinne 1 Bêste minsken, As it krantsje by jimme yn de bus falt is it al septimber en gean wy de hjerst al sawat yn. De simmer is hast foarby en kinne wy ús klear meitsje foar in nij kritejier. Dan tinke wy ek

Nadere informatie

Onderduikers eren familie Easterwierrum.

Onderduikers eren familie Easterwierrum. 2009 Onderduikers eren familie Easterwierrum. Foto LC / Marcel van Kammen Henri Blumenstein (links) en Les Tropp onthullen de plaquette. 'Broer' Theo Dijkstra kijkt toe. Koen Pennewaard Sicco Bruinsma

Nadere informatie

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL Correctievoorschrift VMBO-GL en TL 2011 tijdvak 1 Fries CSE GL en TL Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1 DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I I www.serviceflat-oranjewoud.nl T 0513-63 62 85 8443 EL Heerenveen Flat Oranjewoud 1 Iedere dag genieten van een prachtige omgeving FRKR Okt 2012 031012.indd 1 Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o.

Nadere informatie

beeld op het noorden beelden van Jan Ketelaar

beeld op het noorden beelden van Jan Ketelaar beeld op het noorden beelden van Jan Ketelaar beeld op het noorden Jan Ketelaar (Hoogezand Sappemeer 1958) heeft zijn opleiding gevolgd aan de Kunstacademie Minerva te Groningen. In 2002 is hij afgestudeerd

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO 2018

Correctievoorschrift HAVO 2018 Correctievoorschrift HAVO 2018 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Aanleveren scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Fryske krite "Fier fan Hûs", Boadegraven e.o., Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven Septimber 2014

Fryske krite Fier fan Hûs, Boadegraven e.o., Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven   Septimber 2014 Meidielingeblêd Jiergong 20, 2014-2015 Septimber 2014 Fryske krite "Fier fan Hûs", Boadegraven e.o., Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven www.fryskbutenfryslan.nl Oprjochte 15 jannewaris 1946 Arianne Sprokkerieft

Nadere informatie

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015 BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015 Oanwêzich Foarsitter : de hear T. van Mourik Griffier : mefrou W. Bruinsma P.v.d.A. : mefrou M. van der Meer en de hear

Nadere informatie

t Skieppesturtsje febrewaris 2015 1

t Skieppesturtsje febrewaris 2015 1 t Skieppesturtsje febrewaris 2015 1 Kuikens: geef kuikens vanaf de eerste dag Garvo opfokmeel of Garvo opfokkorrel. Het meel heeft een fijne structuur en de korrel is een fijne korrel ( 2mm). De kuikens

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurking by LinKk 2 novimber 2015 tema: & > KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Opdracht 1 Watfoar taal leare wy? 1 g 2 i 5 i 8 i Gebruik de app Wat Wurd It of website van Praat Mar Frysk om de

Nadere informatie