Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Vergelijkbare documenten
Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Merke 2015 Back to the 70 s

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

Eindexamen Fries havo I

1. In geskink fan de Nyl

it beste lan fan d ierde (het beste land van de aarde)


Trijetalich ûnderwiis súksesfol

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS

Tomke makket in snieman

It Bestjoer. Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

nr. Januari

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

Eindexamen havo Fries I

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

Cursussen Fries

KRITEJUNEN FAN ALLE KRITES FAN IT FRYSK BOUN

Herdenken - Jannes en Bea

Staatsexamen VWO 2014

Uitnodiging. Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk. Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries

Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o.

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber.

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie

Harkje, lêze en útspraak

I. Tsjinst fan =e Tarieding

Correctievoorschrift VWO

Ut e skoalle 6. Trefwoord

Nijsbrief novimber 2016

Orde van dienst voor de feestelijke viering in de Gaastmar op zondag 23 juni 2019 om uur

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken

Beschrijving ochtend programma (voor iedereen)

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015

Zuid Afrikaans Braai Buffet met Soul Dada

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum 40-dagentiid 2018

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

Karin Idzenga & Jan Calsbeek Als je aan mij denkt ben ik er

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o.

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf uur in het gemeentehuis te Joure

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Correctievoorschrift HAVO 2014

Gearstalling Bestjoer

Fryske krite "Fier fan Hûs", Boadegraven e.o., Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven Septimber 2014

De Eendracht. Vereniging voor dorpsbelangen Deinum. Voorzitter Assuerus Jorna Gersdroegerij

Meidielingeblêd fan de Sékrite

AUBADE 2019 Koningsdag Harlingen

Jierferslach. Omrop Fryslân

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Herfstvakantie: 15 t/m 23 oktober 25-10: Jelle (2004) teamvergadering 27-10: signaaldictee blok 2 bovenbouw (proefdictee)

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst.

LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken!

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

It Bestjoer. Ponghâlder: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Meidielingeblêd fan de Sékrite

D E KRITEKOER. De kriten kinne weromsjen op moaie nijjiersjûnen. Foar dyjingen dy t doe net komme koenen, fan dit plak ôf nochris FOLLE LOK EN SEINE

L i t u r g i e. voor de dienst op zondag 6 mei in de Agneskerk te Goutum

Hieltyd âlde wurden om wer troch te jaan

D E KRITEKOER. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist

IN WARBER FOLKJE M E I D I E L I N G E N B L E D F A N I T. Oprjochte 8 febrewaris 1899 Jiergong 46 nûmer 1 wynmoanne 2017

Meidielingeblêd fan de Sékrite Oprjochting fan de Sékrite, Fryske Krite fan Lelystêd en omjouwing op 25 novimber 1971

Correctievoorschrift HAVO

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart

* Horen van gedicht Lach, ontspan, maak plezier, vraag om hulp, kijk met aandacht Uit de 40 dagenkalender van het GDS gebied, zaterdag 11 maart

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN

Correctievoorschrift VWO 2013

DEMOKRASY M E I D I E L I N G E N B L E D F A N I T. Oprjochte 8 febrewaris 1899 Jiergong 45 nûmer 4 sellemoanne 2017

Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van B&M/LLW

KRYST M E I D I E L I N G E N B L E D F A N I T. Oprjochte 8 febrewaris 1899 Jiergong 44 nûmer 2 wintermoanne 2015

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o.

Ut e Pinne 51e jiergong Nr. 1 maart Ferieningsblêd fan it Frysk Selskip Fier fan Hûs Apeldoorn Sûnt 9 desimber 1901

Omrop Fryslân. Jierferslach

Meidielingeblêd Jiergong 21, Desimber 2015

Gearstalling Bestjoer

D E KRITEKOER. Topje. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist

IT 225 STE M E I D I E L I N G E N B L E D F A N I T. Oprjochte 8 febrewaris 1899 Jiergong 45 nûmer 5 foarjiersmoanne 2017

Doarpslibben Ryptsjerk Winter Fan de redaksje

Friese taal schrijfvaardigheid

Marsumer fan it jier Achte oanwêzigen, bêste minsken,

Transcriptie:

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun maart 2014 Ledeberjochten... 4 Douwe Egberts punten... 5 Krite Beverwyk US MEMMETAEL... 6 Útnoeging foar 22 maart... 8 Fryske Tsjerketsjinst yn Alkmaar... 10 Ferlotting en tagongsprizen... 11 Fytse foar 250 euro... 12 Foar it bûsboekje 2014... 13 De wurklist winterskoft 2013-2014... 14 Wurklist fan susterkriten... 14 Frysk folksliet ( De âlde Friezen )... 15 Bestjoer Fryske Krite Hoarn... 16 Kvk. Nummer: 5324 1274 Rabobank rekken: NL54 RABO 0162 2705 77 Lid fan It Frysk Boun om Utens www.fryskbutenfryslan.nl 1

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun --------------------------------------------------------------------- Bêste Kriteleden, Oan it ein fan it winterskoft 2013-2014 komme wy noch ien kear byinoar. Gjin winter, gjin snie, gjin glêde diken, mar wol moaie televyzje fan út Sochi. Op nei it foarjier en der sjogge wy nei út. De dagen wurde wer langer en de sinne lit him wer jilde. It is tiid om plannen te meitsjen foar de simmer. Hjir yn West Fryslân binne der wer de tentoanstellingen fan de blommen, lykas mei de tulp yn al syn soarten. It is wer ús doel om mei tsien minsken te fytsen foar de Rabo sponser tocht. Dit smyt wer 250 euro op en dat kin de ponghâlder goed brûke! Mar der bliuwt it aksje programma net by. It bestjoer hat besletten om Douwe Egberts punten yn te sammeljen. Dat spekt ek de kas fan de krite. Yn april rinne der ek wer in oantal minsken mei de kollektebus foar it Anjerfonds. Alle bytsjes helpe! It bestjoer is ek wer fan doel om in diske op te setten op de Kunst en Kultuurmarkt fan Hoarn op snein 7 septimber. Wy kinne eltsenien oanriede sjoch ris op dizze merke en kom dan ek efkes lâns it diske fan de krite. De krite kriget in protte publikaasje materiaal fan AFUK út Ljouwert en miskien is der wat fan jo gading by. 2

Fierderop yn it boekje is noch in ferslach fan it opdoeken fan de krite Beverwyk. Spitigergenôch hat men besletten de krite op te doeken. 78 jier krite en dat docht wol sear by de minsken dy t it oangiet. It bestjoer fan ús krite is al wer drok dwaande om nei te tinken wat wy foar de jûnen fan it winterskoft 2014-2015 ynhiere sille. Wy kinne al meidiele dat de sjonger en skriuwer Bennie Huisman nei Hoarn komt op 18 oktober, skriuw it yn jo bûsboekje. Dan op nei sneon 22 maart, de jûn mei it kabaret fan it selskip Noordenbos & Ko. As wy rûnom hearre moat dit tip top ynoarder wêze. It tema wer it om draait is KLEUR BEKENNE. Se spylje ûnderwerpen wêryn nearne tsjin oanskopt wurdt, dus net echte maatskippij krityske stikjes. Kleur Bekenne is it fiifde programma fan Noordenbos & Ko Op dizze jûn hawwe wy Bouke Willem Kooiker ynhiert foar de muzyk. De neisit is dan ek yn de grutte seal. Ik hoopje jimme allegearre te moetsjen op dizze lêste jûn fan it winterskoft. Graach oant sjen, Eppie Kloezen, foarsitter De Fryslannen Der is in meidieling kommen fan reisferieining de Fryslannen foar in reiske fan 17 23 maaie. De folder leit yn de seal en oars freegje jo de skriuwer. 3

Ledeberjochten Op 31 desimber 2013 ferstoar de hear Broer Jan Gankema. Jan syn frou Jenny Gankema is al jierren in trou lid fan ús krite en Jan kaam meastentiids Jenny nei ôfrin fan in kritejûn opheljen út de Huesmolen. Wy winskje Jenny en harren dochter en skoansoan in protte sterkte ta om mei dit ferlies om te gean. Wolkom oan nije leden Gjin nije leden dizze kear. --------------------------------------------------------------------- Autoferfier: Leden dy t yn Hoarn, Blokker en Zwaag wenje en autoferfier nedich ha, kinne kontakt opnimme mei ús skriuwer de hear Vogel (till. 234012). Lief en Leed Lief en leed berjochten kinne jimme trochjaan oan: Ans Boelens Wiersma, Schuitenmaker 22, 1647 BN, Berkhout. Till.nr. 0229-551637 4

Douwe Egberts punten Douwe Egberts waardepunten binne jild wurdich. In protte minsken sparje noch altyd dizze waardepunten en bewarje se faaks al jierren. Mar dizze waardepunten meie ek foar goede doelen brûkt wurde. Ien fan de doelen is kultuer, lykas in Fryske Krite. Derom wol ús Krite Hoarn ek meidwaan oan it garjen fan dizze waardepunten De krite kin dan jild krije foar dizze punten en dat stipet ús ponghâlder yn syn rekken. Mar as de Krite de punten ynlevert kriget men der pakken kofje foar werom. De pakken kofje binne dan wer beskikber foar de ferlotting op de kritejûnen. De waardepunten kinne jo ynleverje op de kritejûnen, by de yngong fan de seal stiet dan in doaze. 538 punten = 1 pak kofje Nimme jo de punten mei nei de kritejûn? 5

Krite Beverwyk US MEMMETAEL D e Fryske Krite US MEMMETAEL hâldt op te bestean. Nei 76 jier lit it bestjoer fan de krite it doek foar har leden fan de krite falle. Sa as de krite seit is de leeftyd fan harren leden sawat 80 jier. Nije leden komme der net by en dan hâldt it op. De krite Beverwyk is oprjochte 3 maart 1938 en opdoekt op 21 febrewaris 2014. In dit kriteboekje wolle wy noch in koart ferslach dwaan fan ús besite op 21 febrewaris oan de krite Beverwyk. De foarsitter de hear Pols hjit eltsenien wolkom en ek de fertsjinwurdigers fan de susterkriten Haarlem en Hoarn. Alle minsken krije in kopke kofje mei in stikje oranjekoeke oanbean. Dan begjint de muzyk te spyljen en wurde earst twa coupletten fan it Frysk folkslied sjongt. De muzyk wurd fersoarge troch de Fryske sjongers en muzikanten fan de Oostergoo groep út Grou. Wat in stik muzyk en sang!! It hâldt net op, Fryske lieten mar ek lieten út oare talen wurde der sjongt. Der is noch in grut oantal prachtige prizen foar de ferlotting. De lotsjes ginne grif fan de hân en nei ôfrin is de ferlotting. Nei it skoft wurd der drok meisongen as der bekende lieten foar it fuotljocht brocht wurde troch dizze betûfte sjongers. Wy fine dat der in goede sfear is yn de seal, mar hja de foarsitter komt oan t ein fan de jûn mei de wurden de krite hâldt op te bestean en ik as 6

foarsitter slút mei 2 hammerslagen de opdoeking fan de krite. De foarsitter fan it Frysk Boun om Utens betanket it bestjoer noch foar al it wurk wat hja dien hawwe. De foarsitter betanket dan de oare bestjoersleden en ek oare meiwurkers foar alle ynset. Dan wurde de fertsjinwurdigers fan de krite Haarlem en Hoarn útnoege om nei foaren te kommen. De foarsitter Pols fertelt dat by in batich saldo de kriten fan Haarlem en Hoarn it restant oan jild krije. Hy wit noch net hoefolle der oerbliuwt en jout in symboalyske cheque oan Rennie Visser fan Haarlem en Renske Nauta fan ús krite Hoarn. Beide betankje de krite foar dizze cheque en sizze ek dat de Beverwijkers altyd wolkom binne by beide kriten. Dernei is de ferlotting en in protte minsken geane mei in moaie priis nei hús. Wy geane mei in goed gefoel nei Hoarn werom en sjogge werom op in moaie jûn. De bestjoersleden: Renske Nauta- Haagsma en Jetske Leenstra-de Groot 7

Útnoeging foar 22 maart It bestjoer fan de Krite Hoarn noeget al har leden, sibben en kunde út foar har grutte jûn op 22 maart 2014 om 20.00 oere yn e Huesmolen te Hoarn foar it kabaret: KLEUR BEKENNE Kabaretselskip Noordenbos & Ko Dogge wy dat? Kleur bekenne? Sizze wy wat we tinke of prate wy der wat omhinne. Binne jo in fleurige ferskining of in grize mûs? Wat kleuret ús libben... In fleachje earnst, in stipke spot, wat spetters om te laitsjen. Dat alles komt oan bod yn it fyfde programma fan Kabaretselskip Noordenbos & Ko. ----------------------------------------------------------------- 8

Noordenbos & Ko bestiet no út: Spilers: Klaske Kingma-Noordenbos Janneke Themmen-Westra Renie Zuiderveld Aline van der Weij-Struiksma Muzykskriuwer en pianist: Pieter Jelle van der Laan Lûd: Henk en Richtsje van den Berg ---------------------------------------------------- muzyk Bouke Willem Kooiker 9

Fryske Tsjerketsjinst yn Alkmaar Op veler verzoek wordt er weer een Friese kerkdienst gehouden. Datum: 06 april 2014 om 14:30 uur. Het wordt een Oecumenische dienst en gehouden in: Het Kerkelijk Centrum De Blije Mare, in Alkmaar Noord, Kajakstraat 60, 1826 DN Alkmaar Achter het winkelcentrum De Mare, daar is een grote parkeerplaats waar u makkelijk uw auto kwijt kunt. Vanaf de weg N245 (Schagerweg) Schagen- Alkmaar, neemt u de afslag De Mare en rijdt door tot het stoplicht, daar slaat u linksaf en dan rijdt u op de parkeerplaats af. De kerk ligt aan de oostzijde van dit parkeerterrein. De kerkdienst begint om 14.30 uur en een kwartier vooraf zingen wij o.l.v. de muziek Friese liederen. In deze dienst gaat voor: ds. Engele Wijnsma van Bergen NH. Ook is er medewerking van een kleine muzikale band die zich op het Fries heeft gestort en met medewerking van een Friese organist. Na afloop is er gezamenlijk koffie/thee drinken. U wordt van harte uitgenodigd en hopen u te ontmoeten. Hartelijke groet van Nel Glas, 072-5404276 Dhr. Henk Algra, 072-5610419 10

Ferlotting en tagongsprizen Lidmaatskip en tagongsprizen: It lidmaatskip foar ien persoan is 7 euro foar in hyl jier (It krite jier rint fan juny oant ein maaie). Op de grutte jûnen is de tagongspriis foar leden 2,50 euro en foar net leden 5,00 euro mar de lytse jûn is fergees. Opjefte foar it lidmaatskip kinne jo dwaan by de ponghâlder de hear P. Slange De sealpriis op de grutte jûnen: Jo kinne dizze sealpriis winne as jo yn e seal sitte op ien fan ús grutte jûnen. By de yngong krije jo in nûmer dat kâns jout op dizze sealpriis. De ferlotting yn it skoft: Yn it skoft fan de grutte jûnen wurdt der in ferlotting hâlden. De prizen bestean meastentiids út in blomke, oranjekoeke, fleske wyn of oare aardichheden. Jo kinne yn it skoft lotten keapje foar 5 euro en dan krije jo 10 lotsjes fan elk 50 eurosint it stik. Altyd priis by de keap fan 10 lotsjes. Presintsje Oprop oan de leden: presintsje foar de priistafel Aardich is dat leden ek in presintsje meinimme foar de priistafel. Dan stypje jo ek de krite. 11

Fytse foar 250 euro Rabo Fyts sponsertocht De Fryske Krite docht ek wer mei oan de fyts sponsertocht organisearre troch de Rabobank Hoorn Midden Westfriesland. De tocht is op sneon 14 juny 2014. De krite kriget 250 euro fan de Rabobank as der 10 minsken fytse. Der binne al in pear minsken dy t harren oanmelden ha. Wa wol noch mei fytse? Foar mear ynformaasje kinne jo terjochte by Jetske Leenstra-de Groot. 12

Foar it bûsboekje 2014 10-12 oktober 2014 Kom en Sjong Folkshegeskoalle Schylgeralân Badweg Hoorn 71,8896 KC Hoorn Terschelling tel: 0562-448954 of e-mail: info@folkshegeskoalle.nl Ynskriuw formulier Kursusoanbod 2013 kinne jo ek opfreegje by de skriuwer de heer Vogel. Algemiene Gearkomste Frysk Boun om Utens De AG fan 2014 sil wêze op sneon 5 april yn Seist, dy t dan 85 jier bestiet (jûns mei De Emigrant, wol foarôf opjaan). Rabo fyts sponsertocht Op 14 juny 2014 wurd de Rabo fyts sponser tocht wer riden. 10 fytsers binne nedich. Wa dogge mei? Skûtsjesilen: Za 19 juli Grou Ma 21 juli - De Veenhoop Di 22 juli Earnewâld Wo 23 juli - Terherne Do 24 juli Langweer Vr 25 juli - Elahuizen Za 26 juli Stavoren Ma 28 juli - Woudsend Wo 30 juli - Lemmer 1 Do 31 juli - Lemmer 2 Vr 1 aug - Sneek 13

De wurklist winterskoft 2013-2014 22 maart 2014: Kabaretselskip Noordenbos en Ko: KLEUR BEKENNE --------------------------------------------------------------------- 19 septimber 2014: Jiergearkomste 18 oktober 2014: Bennie Huisman - sjonger 24 jannewaris 2015: Toaniel 13 febrewaris 2015: Sprekker 21 maart 2015: Toaniel Wurklist fan susterkriten Krite Haarlim Gysbert Japicx Yn it Stedelijk Gymnasium, Jacobijnestraat 2, 2011 TH Haarlim. 15 maart 2014: Toanieljûn mei Jan Arendz en Marijke Geertsma STERK STAALTSJE Krite Den Helder Gysbert Japicks Fan de Krite Den Helder hawwe wy gjin wurklist. (tillefoan 0223 769059 Frou Y. de Vreeze) 14

Frysk folksliet ( De âlde Friezen ) Frysk bloed tsjoch op! wol no ris brûze en siede. En bûnzje troch ús ieren om! Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d ierde. It Fryske lân fol eare en rom. Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Trochloftich folk fan dizze âlde namme, Wêz jimmer op dy âlders great! Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme, In grien, in krêftich bloeijend leat! Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! 15

Foarsitter: Bestjoer Fryske Krite Hoarn Eppie Kloezen Timpaan 11, 1628 MT Hoorn Till.: 0229 244042 e-mail: ed.kloezen@quicknet.nl Ponghâlder 1 en Popke Slange lede-administraasje: V. Dedemstraat 4, 1624 NN Hoorn Till.: 0229 234881 Skriuwer: Oare bestjoersleden: Jetske Leenstra-de Groot Dorpsstraat 293 1689 GE Zwaag Till.: 0229 263735 e-mail: jetskeleenstra@me.com Douwe Hoekstra Tinnegieter 1 1625 AN Hoorn Till.: 0229 211749 e-mail: ddhoekstra@quicknet.nl Jan Vogel Yellowlaan 4, 1695 HV Blokker Till.: 0229 234012 e-mail: yellowbirds@planet.nl Eareleden: Frou Janny Bloem-Wouda De hear Popke Slange Renske Nauta-Haagsma Dr. CJK van Aalstweg 19 1625 NV Hoorn Till.: 0229 237267 e-mail: nautahaagsma@hetnet.nl Tiny Dijkstra-De Vries Schoener 3, 1771 EA Wieringerwerf Till.: 0227 501050 e-mail: ak.dijkstra@quicknet.nl Lief en leed: Ans Boelens Wiersma, Schuitenmaker 22, 1647 BN, Berkhout. Till.nr. 0229-551637 1 Bank: NL54 RABO 0162 2705 77 Fryske Krite Hoarn 16