Deadebetinking 4 maaie 2011. It is goed dat wer safolle minsken kommen binne om hjir de slachtoffers te betinken dy t yn de 2 e wrâldoarloch fallen binne yn har striid foar ús frijheid. Tige wolkom! In bisûnder wolkomt oan wethâlder Thea Koster fan de gemeente Ljouwert. Wy binne bliid dat jo hjir hjoed de krânse lizze wolle by it grêf fan William Robert Fisher. Ek dit jier binne der wer in hiele soad minsken dy t har bijdrage levere ha oan it slagjen fan dizze betinking. Allegearre osa bedankt út namme fan it kommitee! Nei it sjongen fan it Wihelmus en it lizzen fan de krânsen en blommen kin elts dy t dat wol by de grêven lâns rinne en de sels meinommen blommen hjir dellizze, om dernei yn stilte lâns de eastkant (oanwize) it tsjerkhôf te ferlitten. Wy winskje jim in goede betinking ta. Op 27 febrewaris fan dit jier is Margien Lamain-Bennink (Giny) ferstoarn. Sy wie it dy t it earst by it delstoarte frygtúch fan Fisher oankaam om 1e help oan de oerlibbenen te ferlienen ûndanks de tsjinwurking fan de Dutskers. Wy ha de neibesteanden in kaart stjoerd. Dit jier is it lanlik thema: Vrijheid op straat. In willekeurige jûn yn de oarloch; Acht oere: de gedinen ticht, de strjitferljochting út, gjin minsk mear op stritte, Fanút de loft is net mear te sjen wer t doarpen en stêden lizze, alles is tsjuster. Op stjitte rin je it risiko om oppakt te wurden of noch slimmer.
Oeral blokkades en kontrôles oan e oarder fan e dei. Net mear frij om te gean en stean wer t je woene, omdat de besetter de grûnwet bûten wurking steld hie. Foaral Joaden waarden tige troffen troch strange maatregels. Fanôf 1942 op in soad plakken boarden mei: Voor Joden verboden. By razzia s waarden Joaden en oare as minderweardich bestempele minsken sa as Sinti en Roma, sûnder oankundiging of foarm fan proses oppakt, gefangen nommen en fan harren burgerrjochten berooft. Foar seis miljoen Joaden yn Europa eindige dat yn de dea. En hoe is it no yn de wrâld mei de frijheid op strjitte? Wy libje gelokkich al 66 jier yn frijheid mar dat is lang oeral net sa. We hoege de krante mar op te slaan om te sjen op hoefolle plakken minsken ek no net frij op strjitte binne. Tink oan konfliktregio s dy t faak yn it nijs binne: It Midden Easten, en resent Egypte, Tunesië, Libië en Syrië wer t minsken mei gefaar foar har eigen libben de stjitte opgeane foar frijheid en demokrasy. Wol frijheid no sizze dat as it der ien kear is, dat it dan klear is. Ik tink it net. Altyd wer sille we ynhâld oan it begrip frijheid jaan moatte. Hâld frijheid yn dat alles mei en alles kin? Of binne der ek beperkings. Ek troch it yndividualisme fine we dat elts foaral sels witte moat wat hy/sy dwaan of sizze wol. Publyklik meitsje sommigen der hast in wedstriid fan om sjen/hearre te litten hoefier se wol net doare te gean yn it grof wêzen en it fuortsetten fan persoanen of groepen ensfh. Sels sommige politisy dogge der oan mei. Vrijheid fan meningsuiting!, roppe se. As it mar by wurden bliuwt, sizze se. Se ha net yn de gaten dat in wurd ek in died is. Yn it Hebriewsk is wurd en died it itselde wurd. Jo kinne mei wurden elkoar wurdearje en respektearje. Mar jo kinne mei wurden elkoar ek om de earen slaan, kappot meitsje en oansette ta geweld. Sjoch ris nei lannen wer t de demokratie noch jong is. Se befjochtsje elkoar soms nóch op libben en dea en witte net mei de frijheid om te gean. Nee, frijheid is noch net iens sa maklik, dat moat je leare. Ek wy moatte der altyd wer ús bêst foar dwaan. It is gjin statysk begrip. Frijheid is der nét sûnder respekt. Respekt foar elkoars miening, elkoars leauwe, elkoars ôfkomst of foar elkoars geaardheid. As dat ûntbrekt kin ek by ús de frijheid op strjitte yn gefaar komme en wurde we steeds mear gefangenen fan elkoar. Wy tinke jûn mei respekt oan al dy minsken dy t har libben foar ús frijheid jûn ha en wolle sa it Ferline presinst stelle yn it Hjoed mei it each op e Takomst.
Yn it kader fan dizze dei ha bern fan de skoalle fan Wytgaard âlde minsken dy t de oarloch noch makke ha, frege om wat fan harren befinings op pepier te setten. Redmer de Vries sil no fragmenten foarlêze út in brief fan Joop Rooda. Fragmenten uit de brief van Joop Roorda. Natuurlijk wil ik je over de oorlogstijd vertellen, want wie het hebben meegemaakt moeten het aan de komende generaties doorgeven, zodat het niet wordt vergeten. Ik was 17 jaar toen de oorlog begon. Die 5 oorlogsjaren zijn eigenlijk van je jonge leven afgenomen; maar toch heb ik heb ik een onvergetelijke ervaring opgedaan. Op 10 mei 1940 kwamen de Duitse legers over onze grenzen. Lange rijen legervoertuigen en zelfs cavalerie (=paardenvolk) ging door ons dorp. Hele rare dingen zijn in Wijtgaard niet gebeurt. Wel zijn dorpsgenoten die te werk werden gesteld in Duitsland niet teruggekomen. Waarschijnlijk door een bombardement omgekomen.. Eenmaal maakte een Engels jachtvliegtuig een fout: doel was een Duitse munitietrein, maar hij schoot dwars door twee huizen op de hoek Buorren/Púndyk. Wij hadden onderduikers. We woonden wat achteraf en dat was gunstig. In 1944 kwamen er ook nog 3 evacuees uit Limburg en zo nu en dan hongerevacuees uit het westen van het land. We zaten soms met 20 mensen aan tafel. Er was altijd eten genoeg! Ik zelf had een ausweis (=vrijstelling voor dienst) omdat ik in de voedselvoorziening werkte, maar in de laatste oorlogsjaren moest ik ook onderduiken. In het begin van de oorlog merkte je weinig van oorlogsgeweld. Later werd de bezetter strenger, vooral voor de Joden. Er kwam spertijd. Na 8 uur mocht je de straat niet meer op. Er waren razias (jacht op mensen) gehouden. Tweemaal heb ik een brandende bommenwerper zien neerstorten. Als het vliegveld gebombardeerd werd schudde bij ons de grond.
Begin april 1945 werden bij boeren paarden en wagens gevorderd voor transport. Op het eind van de oorlog hebben bij ons nog zeer jonge Duitse soldaten in het hooi geslapen. Ze waren als verliezers op de terugtocht hun onderdeel kwijtgeraakt. In een oorlog kunnen de meest gruwelijke dingen gebeuren. Na de oorlog kom je er achter hoe erg als het was, zoals in de kampen. Streven naar vrede is een mooi ideaal, maar het schijn haast niet mogelijk te zijn. Altijd is er wel ergens op de wereld een oorlog aan de gang. Ballade van de 4 e mei Ballade fan de 4 e maaie Ik heb de doden nooit gezien, de angst, de massagraven. Ik heb de honger niet gekend, de kille, grauwe dagen. Ik heb de cellen niet gezien, ik heb geen vriend verloren. Ik heb er niets van meegemaakt, ik ben erna geboren; maar ik heb de foto s wel gezien van stukgeschoten huizen, het grijze oorlogsmonument, de reeksen witte kruizen. Wat hebben wij er van geleerd? Ik ha de deaden noait sjoen, de eangst, de massagrêven. Ik ha de honger net kent, de kâlde, skiere dagen. Ik ha de sellen net sjoen, ik ha gjin freon ferlern. Ik ha der neat fan meimakke, ik bin dernei berne; mar ik ha de foto s wol sjoen fan stikkensketten húzen, it grize oarlochsmonumint, de rigen wite krúsen. Wat ha wy der fan leard?
De oorlog blijft ons dreigen. Daarom zal ik op vier mei toch eerbiedig zwijgen Soene wy oait in wrâld sûnder oarloch krije? Derom sil ek ik op fjouwer maaie mei earbied swije... Ron Schröder