D E KRITEKOER. In nij begjin meitsje

Vergelijkbare documenten
Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

Eindexamen Fries havo I

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

1. In geskink fan de Nyl

Merke 2015 Back to the 70 s

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Correctievoorschrift VWO

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,

Tomke makket in snieman

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Herdenken - Jannes en Bea

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

Staatsexamen VWO 2014

Harkje, lêze en útspraak

nr. Januari

I. Tsjinst fan =e Tarieding

D E KRITEKOER. De kop is der wer ôf mei in moaie start foar de kriten yn it nije seizoen. De ferslaggen fine jo yn dizze kritekoer.

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

Eindexamen havo Fries I

Friese taal schrijfvaardigheid

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

D E KRITEKOER. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist

Lok, seine en in soad oare goede winsken foar it nije jier!

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.


D E KRITEKOER NOFLIKE KRYSTDAGEN EN IN SÛN 2017!

N O F L I K I N. S û N K R Y S T A G D E KRITEKOER. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist

D E KRITEKOER. De kriten kinne weromsjen op moaie nijjiersjûnen. Foar dyjingen dy t doe net komme koenen, fan dit plak ôf nochris FOLLE LOK EN SEINE

D E KRITEKOER. Topje. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist

D E KRITEKOER. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist * * * * *

Nijsbrief novimber 2016

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst.

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber

Cursussen Fries

Karin Idzenga & Jan Calsbeek Als je aan mij denkt ben ik er

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf uur in het gemeentehuis te Joure

Jierferslach. Omrop Fryslân

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

It boek. fan Sinterklaas. Maarten Stevens oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra

Correctievoorschrift HAVO 2014

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber

Correctievoorschrift VWO 2016

* Horen van gedicht Lach, ontspan, maak plezier, vraag om hulp, kijk met aandacht Uit de 40 dagenkalender van het GDS gebied, zaterdag 11 maart

Nijkleaster Pinkster Paad

Landschap van toevalligheid

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo?

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber

Omrop Fryslân. Jierferslach

It Bestjoer. Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till

Marsumer fan it jier Achte oanwêzigen, bêste minsken,

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

Correctievoorschrift HAVO

Meidielingeblêd fan de Sékrite

OANFALSPLAN FRYSK. Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen

Bêste kriteleden, Mar earst oant sjen op 18 maart, Harm Klijnsma.

Correctievoorschrift HAVO. Fries 1 en Fries 1,2. Hoger Algemeen Voortgezet Onderwijs. Tijdvak 1. Begin

De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007

Omrop Fryslân. Jierferslach

beeld op het noorden beelden van Jan Ketelaar

Verzet tegen het verminderen van het aantal volksvertegenwoordigers

L i t u r g i e. voor de dienst op zondag 6 mei in de Agneskerk te Goutum

Jannewaris 169 Nûmer 1/ 2015 Fiifentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel

IK WOL GJIN OARE MEM (Ik wil geen andere moeder)

Bêste minsken, No hoopje wy, op in grut tal minsken op 18 maart.

Dodenherdenking 04 mei Bij het graf van William Robert Fisher en Corneslis op het kerkhof van de Sint Martinuskerk in Wirdum (Fr).

Bêste minsken, Anne Tuiten.

Ik soe sizze allegearre komme nei dizze bysûndere jûn. Allinne

de Moanne algemien-kultureel opinybled mei Trotwaer 1 4,50 Yn dit nûmer

de Moanne algemien-kultureel opinybled mei Trotwaer 1 4,50 Kolofon Yn dit nûmer

Deadebetinking 4 maaie 2011.

LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016

Jrg Nr. 1. Theun de Vries 6. J.J. Kalma 10. Fryske kentekens 16

Schooljaar , nr. 5

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015

Gearstalling Bestjoer

Doarpslibben Ryptsjerk Winter Fan de redaksje

KRITEJUNEN FAN ALLE KRITES FAN IT FRYSK BOUN

Transcriptie:

BESTJOEREN BESTJOEREN EN MEIWURK(ST)ERS SELSKIP "FRYSLÂN" TE UTERT Foarsitter Pietie Westdijk-Kaastra, Het Spoor 20, 3994 AK Houten til. 030-2318 224 (pcwestdijk@planet.nl) Skriuwer Jan Piet Bergmans, Langeweg 75, 4133 AT Vianen en Redaksje Kritekoer til. 0347-320093 (j.p.bergmans@casema.nl) Ponghâlder Yme Fopma, Meerenburgerhorn 6, 3401 CD IJsselstein en lede-administraasje til. 030-6881921(yme@fopma.eu); Bank: NL05INGB0000194027 o.n.f. Ponghâlder Krite Selskip Fryslân Bestjoerslid en Boekferkeap Jan Roelants, Joke Smitplein 16, 3581 PZ Utrecht til. 030-2010118 (jhw.roelants@online.nl) Bestjoerslid Harke Hofman, Elzenstraat 3, 4131 AK Vianen, til. 0347-377703 (harkemarga@tiscali.nl) Bestjoerslid Richtje de Jong, Paardenbloemweide 37, 3448 TL Woerden, til. 0348-460 590 (rtolsma@xs4all.nl) Aldereinsaken Frou J.Wielinga, Japuradreef 26, 3563 ED Utrecht, til. 030-261 7816 TE SEIST Foarsitter Sybren Westra, Boomstede 191, 3608 AJ Maarssen, til. 0346-564285 (mei-inoar@kpnmail.nl) Skriuwer/Lede-administraasje/ Ida Knobbe, Pr.Bernhardstr.24, 3981 BN Bunnik, Redaksje Kritekoer til. 030-6562555 (iknobbe@hccnet.nl) Ponghâlder Nieske Schurer, Saturnuslaan 6, 3721 SG Bilthoven, til. 030-2251447 (nschurer@casema.nl); Bank: NL75INGB0003486499 o.n.f SELSKIP MEI INOAR Algemien Adjunkt Klaske van Hoeij-de Boer, Kievitstr. 11, 3443 BD Woerden, til. 0348-410039 (vanhoeij@khoeij.demon.nl) Bestjoerslid Trieneke Vos, Willem Pijperlaan 18, 3702 AM Zeist til. 030-6916081 (tvos51@kpnmail.nl) Boekferkeap oant 01-01-2015; Nora Koren, Purpervlinder 16, 3723 TZ Bilthoven, til. 030-2293865 en 06 40181886 (norakoren@hotmail.com) Sosjale Kommisje Boukje Andringa-Brattinga, Maertensplein 65, 3738 GN Maartensdijk, til. 0346-216240 (boukjeandringa@kpnmail.nl) Foar beide Kriten Einredaksje / Ida Knobbe-Kramer, Prins Bernhardstraat 24, Foarmjouwing Kritekoer 3981 BN Bunnik, til. 030-6562555 (iknobbe@hccnet.nl) Ferstjoeren Kritekoer Yme Fopma, Meerenburgerhorn 6, 3401 CD IJsselstein til.030-6881921. Giro 37 69 436, o.n.f. Adm. Kritekoer 16 D E KRITEKOER Ynhâld Wat sit der yn e koer Selskip Fryslân Ledenijs Fan de foarsitter Ynformaasje nijjiersbesite fan 09.01.15 Ferslach kritejûn 22.11.2014 Ferslach Kaderwykein okt. 2014 Gedichtjes: Ald en Nij en Boeken Nije stavering giet nei alle gedachten troch It jonkje waard my oanrikt ; fan Hessel Riemersma Selskip Mei Inoar Fan de foarsitter Ynformaasje nijjiersjûn fan 17.01.2015 Ferslach kritejûn 29.11.2014 Ferhaal Durk Klomp syn krystpresint Grouster rattelwachts nijjierswinsk foar 1842 (Eeltje Halbertsma) Jierdagen Redaksje Jan Piet Bergmans Ida Knobbe 1 Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist In nij begjin meitsje Jiergong 59 nr. 6 Desimber 2014 (wintermoanne) (in prakkesaasje fan Rienk Klooster) It begjin fan in nij kalinderjier is foar frijwat minsken in tiid om de saken wer wat op in rychje te setten. De goeie foarnimmens dy t minsken dan hawwe, dy hearre dêr ek by. Op himsels is it goed om sa út en troch yn jins libben de tiid te nimmen foar refleksje. Sa fan: Wêr bin ik mei oan de gong en wat soe ik ek hast wer? Wat wol ik al en wat wol ik net! Sokke mominten binne wichtich. It is goed om dêr sa út en troch tiid foar te nimmen. En net allinne mei de jierwiksel. Bytiden moat men om samar te sizzen in nij begjin meitsje. Fansels kin men it libben net oerdwaan. Dat sizze wy dan wolris: As ik it nochris oerdwaan koe, dan soe ik dit... of ik soe dat...' Mar yn wêzen hat sa'n útspraak gjin sin, want men kin jins libben net oerdwaan. It libben is ommers unyk. Men libbet mar ien kear. Alteast, dêr geane wy mar fan út. Dus mei in nij begjin meitsje, bedoele wy wat oars. It is folle earder in weromgean nei de oarsprong. Op e siik gean nei it oarspronklike útgongspunt. En troch in besinning op dat oarspronklike útgongspunt de saken bystelle, op e nij plannen meitsje foar de takomst en fannijs besykje om yn dy line fierder te gean. * * * * * * * It bestjoer fan Selskip Fryslân en it bestjoer fan Selskip Mei Inoar winsket elkenien moaie Krystdagen, en in gesellich Âld en Nij. Wy hoopje jo yn 2015 yn goede sûnens wer te moetsjen. Slutingsdatum ynleverjen kopij: 15 jannewaris 2015

22 WAT SIT DER YN DE KOER? Selskip Fryslân te Utert Freed 9 jannewaris 2015: Nijjiersbesite mei stamppotmiel yn it restaurant fan Tolsteeg - sjoch middenside Freed 14 febrewaris 2015: Toanielselskip Fjoer mei De tiid foarby ; mienskiplike jûn Utert/Seist (Marcuscentrum, Utert) Sneon 14 maart 2015: Streekferienings Utert (De Schalm, De Meern) Freed 27 maart 2015: Ebele Wybenga mei Fryske ferskes fan Stef Bos (lokaasje noch net bekend) Selskip Mei Inoar te Seist Sneon 17 jannewaris 2015: Nijjiersjûn mei breamiel en Fryske kwis - sjoch middenside Freed 14 febrewaris 2015: Toanielselskip Fjoer mei De tiid foarby ; mienskiplike jûn Utert/Seist (Marcuscentrum, Utert) Snein 1 maart 2015: Fryske oekumenyske tsjerketsjinst, Mennistetsjerke, Seist Sneon 7 maart 2015: Licht literêr muzikaal programma mei Duo RABB Sneon 25 april 2015: Film Jameimy - Klaasje Postma (program ûnder foarbehâld) en Freark Smink Wy lokwinskje ûndersteande 75+-leden mei harren jierdei! Dhr. W.Sybesma, Driebergen - 06.01 Frou T.Pijlman, Austerlitz - 11.01 Frou Y.Bosma, Den Dolder - 12.01 Frou J.Nolte, Leersum - 14.01 Frou G.Verbeek, Cothen - 23.01 15 Dhr. A.Nauta, Soest - 27.01 Dhr. W.Visser, Driebergen - 28.01 Frou N.Wielinga, Zeist - 17.02 Frou A.Wielinga, Doorn - 21.02 Frou Y.v.d.Witte, Zeist - 28.02 In Frysk boek keapje by de Krite Seist of Utert? Dat kin!! Wêr? Op e kritejûnen fan Seist en Utert en ek by de boekferkeaper fan Utert oan hûs! Jan Roelants, Joke Smitplein 16, 3581 PZ UTERT, (earst efkes skilje: 030 2010118) Algemiene Ledegearkomste fan it Boun. Datum: 11 april 2015, 13.30 oere. Plak: seal Muziek atelier yn Prismare, Roomweg 167d, Ynskedee Stypje de Krite! Keapje by ús! De jûns komt Tet Rozendal mei har sjong en dûnsfoarstelling Mata Hari nei it teater fan Prismare perfoarst in oanrieder! Redaksje-adressen: Selskip Fryslân: Jan Piet Bergmans Adres: sjoch lêste side Email: j.p.bergmans@casema.nl Selskip Mei Inoar : Ida Knobbe Adres: sjoch lêste side Email: iknobbe@hccnet.nl Webstek fan it Boun: www.fryskbutenfryslan.nl

Hoe fljocht de tiid dochs fuort! Sa blaast de stoarm de weagen Yn skom en buorlen wei. In skynsel foar ús eagen! In tal kupletten út Grouster rattelwachts nijjierswinsk foar 1842 14 Elts rymt sa goed er kin; Wy rime neat as winsken Foar boer en edelman, Foar goede en kweade minsken. (E.H.) 3 SELSKIP FRYSLAN Ledenijs Op 22 novimber binne lid wurden: de hear E. Sonsma en frou Th. Sonsma- Huitema, Pablo Picassostraat 213, 3544 NX Utrecht. Wolkom by de krite. Fan de foarsitter Dêr s wer in jier te n ein; Hoe fol fan soarch en lêsten! En mennich goede freon Kaam yn it grêf te rêsten.... Sa hat elts hûs syn krús, Syn swierrichheid en lêsten. Is t op in sekfol goud Wol altyd swiet te rêsten? De nijjiersdei is dêr! In dei fan lanterluien. De winsken heart m oeral Sekfollen foar ús struien. De ljuwe fan de stôk en fan de âlde rattel, Se komme er ek wer oan Mei har nijjiersgekwattel. Us jonge grytman earst Wurdt winske heil en segen, Gesondheid en gelok, En elts him tagenegen.... Mar de earme minsken ek, Dy sa nei wurk ferlange, Befelle wy elts oan, As kjeld en earmoed strange. Dy winsk we in tankber hert Foar alle goede dingen, Dy ús de Himel jout Yn tûzen segeningen. No binne ús winsken út, Wês no dan ek tefreden. Wês bliid op dizze dei, Mar mei ferstân en reden. No sitte wy al wer yn desimber. 2014 rekket al aardich nei de ein. Foar de nijjiersbesite wienen wy oan it wrotten en warberjen, doe 't wy hearden dat yn jannewaris 2015 de seal en de keuken ôfbrutsen wurdt. Dus wy kinne dêr foar de nijjiersbesite net telâne. Wol kinne wy yn it restaurant. Dat is ûnder, daliks nei links. Wy binne noch dwaande mei de eigener fan it gebou, oft se miskien letter yn de moanne begjinne. Dêr haw ik net sa folle hope op. Ik haw al twa kear in mailtsje stjoerd, mar oant no ta noch gjin berjocht werom krigen! Afijn, wy wachtsje mar efkes ôf. Dit betsjut, dat wy foar oare jûnen ek sykje moatte nei in oare lokaasje. Ofrûne wiken haw ik der mei oan de gong west. Ik haw wol in pear lokaasjes op it each. mar takom wike komme wy by elkoar as bestjoer en dan sille wy dat mei ús allen besjen en fansels in beslissing nimme. Dêroer kinne jo yn de ankomme Kritekoer lêze. Wy sykje in plak, dêr 't wy romte hawwe foar de auto's en in bytsje maklik te berikken. Dat falt net ta, mar wy komme der fêst wol út. Ik hearde dat der nochal wat sike leden binne, of wer oan it opbetterjen binne. Ik winskje dizze leden fan herte betterskip en hoopje, dat se gau wer opknapt binne. Yn dizze krysttyd komme by in soad minsken tinzen boppe oer wat wie en der net mear is. Foar sommigen is it allegear noch farsk en sille dizze dagen bêst wol slim wêze! Ik winskje jimme folle seine ta en libje mei jo mei. Ofrûne wykein wienen de jongste bernsbern hjir útfanhûs. Harren opa moast ferhuze wurde. Dan is it wol noflik om de bern der net by te hawwen. It wie de deis nei Sinteklaas (dêr t de jongste fan 5 noch yn leaut). Se fûn dat no de krystbeam mar yn e hûs moast, want het is nu bijna kerst, straks zijn we niet op tijd klaar". Ik haw de kalinder der mar efkes by pakt en doe snapte se wol, dat it noch efkes duorret! Har broerke lake der mar wat om, dy is hast 8 jier en sei : ik ben eerst nog jarig. Doe wie it foar har wol wer goed en kin ik noch efkes wachtsje mei de krystbeam. Ik winskje jim allegear hiel noflike dagen ta en foar it nije jier folle lok en seine mei in goede sûnens, want dat is it wichtichste. Mei golle groetenis, Pietie Westdijk-Kaastra.

SELSKIP FRYSLAN De nijjiersbesite fan 9 jannewaris 2015 De feroarings yn de sûnenssoarch en de dêrmei foar âldereinsintrum Tolsteeg mank geande ferbouwing, bliuwt net sûnder gefolgen. De seal Vredenburg op de earste ferdjipping kinne wy yn 2015 net mear ynhiere. Wy wike no út nei it restaurant ûnder. Hjir wurdt wer in waarm miel fersoarge: stamppot, neigesetsje en kofje en tee. Ynformaasje oer opjaan en beteljen stiet hjirûnder. N.B.: Minsken dy t swierrichheden hawwe mei ferfier nei Tolsteeg, graach in telefoantsje nei de foarsitter (030 2318 224). Opjaan foar it stamppotbuffet op de nijjiersbesite It bestjoer organisearret in nijjierstreffen mei in waarm miel. De keuken fan Tolsteeg soarget foar: 1) sop 2) trije soarten stamppot 3) neigesetsje en kofje of tee. De kosten binne 12,50. Der is fierder gjin ynlis en alle konsumpsjes binne fergees. Foar de organisaasje fan it stampotbuffet is it noadich dat wy witte hoefolle gasten wy ferwachtsje kinnne. It bedrach fan 12,50 graach oermeitsje nei NL05INGB0000194027 o.n.f. Ponghâlder krite Selskip Fryslân. Oermeitsje is oanmelde. Wy wolle graach dat jo betelje foar 31 desimber 2014. 22 novimber: De kritejûn mei Anneke Leijendekker It bestjoer wie net foltallich. Dit kaam troch sykte fan Harke Hofman en in operaasje oan de rêch fan Boatsje Fopma, de partner fan Yme. It oarspronklike programma fan Noordenbos & Ko koe net trochgean troch sykte, mar Anneke Leijendekker út De Jouwer wie ree om ús út de brân te helpen. Se brocht stikjes, foardrachten dy t hiel werkenber wienen. Se leinen ticht by har eigen libbenswrâld en ûnderfinings. Ik neam wat foarbylden: Ik wol graach 4 in man ha, de make-over (it kreas meitsjen fan in âld lichem), de needgjalp oer nammen fan bern, de oppasdei, ensfh. Anneke hie ek in koffer mei tinzen mei, sa t se dy neamde. Yn de koffer siet in protte guod dy t oantinkens fan eartiids oprôpen, sa as de monkey (in knuffel), memme s skelk, it molkkantsje fan Antsje ensfh. Anneke har teksten wienen allegear op rym en sy brocht it op in hiel noflike wize. Jan Piet mei de boer ferpraat, sadwaande koe er oan syn beuzichheid gean. Fierder waard er ta de kofje mei skiepmolke bean dêr't er in stik Dimterkoeke ta krige, hja wienen net krinterich op 'e kleasterpleats en Durk liet it him och sa goed smeitsje. Doe 't er syn lêste tûkje yn 'e grûn set hie, frege er: "Sille wy fuort mar rekkenje frou? It is trije ryksdaalders, dan is it ek mar wer út 'e wei." Boerinne, goeminske, telde him trije briefkes ta. Durk betanke har der foar en spriek de winsk út dat de hage it nimme mocht, wylst er har tagelyk opdroech foaral syn groetenis oer te bringen oan de boer. In oare ynjouwing krige Durk ek doe 't er de evangelist mei de frou fuort fytsen seach. Mar krekt wiene dy minsken út it sicht doe 't Durk dêr al op 'e stoepe stie mei in nij potlead yn 'e hân. De faam stie him te reden en Durk fernijde har dat er it potlead foar mynhear thús krige hie. "Ik ha fansels potleaden genôch, mar it wie mynhear om 'n útsûnderlik merk te dwaan, ik ha der noch hiel wat om ôfskreaun, mar no ha ik ien krigen, it is my tastjoerd út Amsterdam." Maaike krige dat potlead oan en frege nei de kosten. "It is ien fiifentweintich," sei Durk, "men soe sa sizze dat is nochal wat foar in potlead, mar dit potlead kin men wol 'k leauwe jierren mei ta, sa besjoen is it ek noch goedkeap. Do moast tinke it bêste dat giet der mei." Mei in potlead minder kaam Durk fan de stoepe, mar hy hie in gûne en in kwartsje yn 'e bûse en dat wie winst. Mei dy gûne kwikte er Luts wer wat op en om't er de jûns ek noch mei in deade knyn thús kaam gyng er mei it kwartsje nei de widdo en kocht in romerfol drank. Nei sa'n dei kaam him dy lytse fersterking wol ta en yn 'e jachtweide hie er al wer gelok om't er troch ien fan Binne's ropperige jonges frijhâlden waard. Doe 't er dy jûns nei hús gyng, oerlei er 13 by himsels dat it libben goed wie en hie er frede mei alle wrâld. Noch gjin fjouwer wike letter siet er mei Luts foaroan yn it lokaal fan 'e evangelist om it krystfeest te fieren. As it oan sjongen ta wie bearde Durk syn lûd boppe alles út, wylst er twa koppen meinaam hie foar de sûkelarjemolke. Sa kaam er net oan 'e krapperein, mar gyng it dûbeld op. Doe 't dat feest nei de ein rûn, gyng mynhear efter de tafel stean ôfladen mei pakjes. "Lyk as wy dat wend binne krije jimme elk in pakje mei nei hús. Ek dit jier ha ik in oprop yn 'e kranten hân en sjoch ris wat der allegear net ynkommen is. De lju ferjitte ús dochs net" "Der binne wol goede minsken," rôp Durk. Doe dielde mynhear de pakjes út. Mei begearige eagen seach Durk it oan. In kear as wat rôp er: "Hjir mar." Mynhear sloech him oer oant der op it lest noch ien bombidich grut pak stean bleau. Mynhear wonk. "Jo moatte mar rekkenje, lêst bêst, dit hie 'k foar jo ornearre." Ferhearlike naam Durk it oan, in pak wol trijeris sa grut as de oaren, it wie in wûnder. Durk en Luts repten har de sânreed lâns foarsafier't it pak dat taliet, om't hja begearden te sjen wat der yn siet. Durk feegde fuort de touwen troch, doe it papier der ôf. Mar nei dat earste stik kaam al wer papier en doe nochris, it hâlde net wer op. "Dit liket dochs ferfûlde mâl", foetere Durk, "it koe al den duvel wol papier wêze!" Mar op it lêst doe't de âld keamer ien stik papier wie, dêr fûn er it potlead dêr't er noch kunde oan hie om't er it koartby ferkocht hie oan 'e evangelist. Durk wie in goed ferliezer en lake bolderjend. "Mar it papier sil 'k bewarje," sei er, "it kin te pas komme." Ut : 'Lytse optocht' Paulus Akkerman 1975

12 5 SELSKIP FRYSLAN Durk Klomp syn krystpresint Hy wenne earne yn 'e Wâlden, Durk Klomp. Dat lêste wie in bynamme dy't er te tankjen hie oan syn nuveraardige gewoante dat er wol gauris syn ôfrûne klompen ferruilje mocht foar in pear knappe dy't hjir of der foar in doar stiene. Dat wie in oanwenst fan Durk dy't er mar min ôfleare koe. Neffens sizzen wie it himsels genôch yn 'e wei. As de eigener fan sokke klompen Durk ûnder it each brocht dat er syn besit oan 'e fuotten hie, plichte er te sizzen: "No 't is raar, men soe sizze, hoe is 't mooglik! Mar it is de klearebare wierheid dat ik nea wit wat ik oan 'e fuotten ha, it is mar in klomp no? Der kin men jin al net bêst drok om meitsje." It wie in grutte geast mei in filosofyske ynslach dy 't oer gâns dingen swier neitocht. Hja wennen oan in sânreed yn in hutte dy't 25 stuorren hier die, in bedrach dêr't Durk him folslein yn fine koe om't er mar komselden oan hier beteljen ta kaam. Fansels waard der fan Durk ferwachte dat er Luts en harren seis bern op 'e tiid har wiet en droech jaan soe, wylst der noch safolle oerbliuwe moast dat hja om en oan ha koenen. In drege opjefte om't Durk al lang foar it ferstân hie dat er mei swier arbeidzjen neat winne soe. Net allinne dat it in krêftenen switfergjende beuzichheid wie, mar men bedijde der sa'n lyts bytsje mei. Wol stie er soms yn it wurk by in boer, in oare kear makke er heide oan of wie er yn 'e bosk te beamroeien, mar it wie in utersten needsprong en it duorre nea net lang. Ek wie er wol mei in hûnekarre de streek op om fodden en bonken of wat de lju mar te missen hienen. It sette gjin seaden oan 'e dyk, mar leabrekkend wurk wie it net. En inkeld siet der noch wat tusken it ôffal dat mear opbrocht as sljocht hinne en wer. Sa hie Durk noch och sokke goede oantinkens oan 'e hoed fan dominy. It wie in brúngrize filten hoed, fan dat plusene filt dat sa sêft fielde as brij. Durk koe it net oer syn hert krije en triuw de hoed tusken de fodden. "It is gjin dracht foar myn persoan," spriek er, mar sa'n hoed kin nochris te pas komme, ik sil 'm bewarje. En oft er ek noch te pas kaam! Mear noch, it waard in boarne fan ynkomsten. Yn dy tiid joegen in soad boeren fiif sinten foar elke mol dy 't by harren yn it lân fongen waard. De fanger hoegde dan ek allinne mar de sturt fan sa'n mol yn te leverjen wylst er it feltsje ferkeapje koe. Doe waard Durk de sêfte hoed fan dominy yndachtich. Hy gyng mei oerlis te wurk en knipte jûns mollesturtsjes út 'e hoed fan dominy. It slagge him boppe ferwachting. Luts bearde dat der gjin ûnderskied wie tusken echte mollesturtsjes en de neimakke út dominy syn hoed. Durk die se by tsienen yn in lúsjefersdoaske, der gyng er mei by de boeren lâns, se gyngen och sa flot fan 'e hân. Hy hie it der goed mei oant er tsjin 'e lampe run. Mar doe hie er de hoed al in stikhinne ferknipt. It sil elk wol dúdlik wêze dat Durk mear koe as sljocht hinne en wer. Tsjin Luts sei er soms:"lk wit net hoe't is, sa mar op in stuit wurdt it my ynjûn wat ik te dwaan ha, do moast tinke, it is in jefte." Dat wie it yndied, want op in kear stie er by de wei oan 'e ein fan 'e sânreed doe't de kleasterboer der lâns fytste alhiel yn 'e pronk. Tagelyk waard it Durk ynjûn. Hy helle in knyft út 'e bûse der 't er tûkjes mei út 'e beamwâl snijde, in hiel bosk. Der stiek er mei nei de kleasterpleats en frege om in skeppe. "Ik bin hjir mei de nije hage," sei er ta ferdúdliking. Boerinne wist fan gjin hage, mar neffens Durk wie it allegear Kaderwykein yn Fredeshiem Ien kear yn de twa jier hâldt it Frysk Boun om Utens foar bestjoeren en leden fan de krite dy t dêr belangstelling foar hawwe, in kaderwykein yn Buitengoed Fredeshiem yn De Bult by Stienwyk. Dit jier waard it wykein hâlden op it earste wykein fan oktober. Foarsitter Hâns Dijk koe freedtemiddei 18 dielnimmers *) wolkom hjitte, dêrfan 6 bestjoersleden fan it Boun. Freedtejûn kamen der ek noch trije boekeferkeapsters. It Bounsbestjoer hie fjouwer mannen fan kwizekwânsje útnoege foar it kaderwykein. Hans Brans, dramaturch by Keunstwurk, hâlde freedtemiddei in ynlieding oer de stân fan saken op it mêd fan it toaniel yn Fryslân en de ferwachtings foar de takomst. Der wurde hieltyd mear iepenloftspullen yn Fryslân spile en de spilers en spylsters fan amateurselskippen sykje ek mear en mear nei oare foarmen fan toaniel. Freedtejûn wie de mikrofoan foar Piter Boersma, foarsiter fan de Stifting Boeken foar Fryslân. It Fryske boek hat it dreech. Yn de measte boekwinkels leit it Fryske boek net foaroan by de top 10 fan bestsellers. As men efkes fierder siket, dan fynt men earne yn e winkel wol in pear planken mei Fryske boeken. De digitalisearring spilet ek in wichtige rol. Guon Fryske boeken binne ek as e-book te keap. Sneontemoarn kaam Geart Benedictus, foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, fertellen oer de stân fan saken op it mêd fan de Fryske taal en hoe t de Rie der alles oan docht om it brûken fan de Fryske taal te befoarderjen. De middeis wie it wurd oan Hanno Brand, direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy. Hy fertelde it ien en oar de oansteande nijbou fan de akademy, mar benammen oer it wurk fan de akademy, de stavering fan it Frysk en de (digitale) staveringshifker. Ien fan de dingen dy t opfoel, is de strideraasje oer alderhanne taalkwestjes. Troch de ferskillende ynstânsjes en organisaasjes dy t mei taal en taalsaken te krijen hawwe, wurdt in soad harsenskrabe en hottefile ear t men it iens is of in kompromis slút. Friezen binne no ienris bongelich en dwers, sa t Rients Gratama jierren ferlyn yn ien fan syn programma s al sei. De dielnimmers hawwe wer in hiel soad opstutsen en hawwe mei-elkoar in tige slagge kaderwykein hân. (oernaam út it kriteblêd fan selskip Swol, auteur Jan Bosgraaf) *) Fan de krite Utert wienen de dielnimmers Pietie Westdijk en Jan Piet Bergmans, fan de krite Seist wienen dat Boukje Andringa, Nora Koren - en Trieneke Vos (allinne de freeds) Âld en Nij In jier in dizen efter jin Út fjoer en gjalpen barst in nije. Jou no net oer it kin wat lije It moaiste iis begjint ek tin. (Jan Dotinga)

Nim in boek, nim in boek in roman of in novelle lit jo in ferhaal fertelle priuw foarsichtich in gedicht jo ferjitte it net licht lês om noch mear te witten gean der mar ris goed foar sitten nim in boek, nim in boek, nim in boek. SELSKIP FRYSLAN By it opromjen fûn ik in gedicht yn de Boekekrante fan hjerst 1986. Hjiryn wurdt op in aardige manier reklame makke foar it lêzen. It gedicht is fan Tsjits Peanstra. 6 Boeken Lês in boek, lês in boek pocketboeken, djoere boeken berneboeken, boereboeken boeken foar de âlderein boeken yn de bus of trein t is fansels net likefolle mar lês om t jo lêze wólle lês in boek, lês in boek, lês in boek. Keatsferiening Melle Veenstra 1919-95 jier - 2014 11 Sneon 17 jannewaris: Nijjiersbesite Selskip Mei Inoar! Dit jier fersoarget de catering fan de Noorderlichttsjerke in hearlik bôle-iten foar ús. It menu (wizigings foarbehâlden) sjocht der sa út: eigenmakke grientesop, in kroket, ferskate soarten bôle, twibak, sûkerbôle, ferskillend guod op e bôle, molke, sûpe, kofje/tee. It miel wurdt jo oanbean foar 10,= de man; de krite leit it ferskil der by. Ynbegrepen is in drankje om te proasten en kofje nei. Net-leden betelje 15,=. It totaalbedrach graach sa gau mooglik, yn alle gefallen foar 8 jannewaris oermeitsje op NL75INGB0003486499 o.n.f. Selskip Mei Inoar. Jo ynlage is meidwaan. Jou mei de betelling teffens evt. dieetwinsken troch. Dyjinge dy t net ynskriuwt foar it miel, mar wol graach oan de Fryske kwis dielnimt, skoot om kertier foar achten hinne (19.45 oere) gesellich oan. UTNOEGING FOAR NIJJIERSBESITE KEATS -JÛN OP 23 JANNEWARIS 2015 Sa t jimme miskien witte bestiet der yn Hilversum noch in keatsferiening ûnder de namme Melle Veenstra. Neist it keatsen yn Hilversum organisearje wy alle jierren (dit jier foar de 16e kear!) in Jeu de boules-jûn foar ús leden, stipers, freonen en bekenden. Op freedtejûn 23 jannewaris 2015 (19.30 oere), sil it wer heve. It liket ús tige noflik ta om leden fan de kriten Hilversum, Utert en Seist, dy t it keatsen in waarm hert tadrage ek út te noegjen en te moetsjen op dizze jûn. Sa kinne jimme ûnder it genot fan in spultsje Jeu de-boules", in drankje en in hapke, kennis meitsje mei ús keatsferieniging. Foar de kosten hoege jimme it net te litten. Dizze berinne 10,-- p.p. ynkl. kofje, gebak, drankje, hapke en gebrûk fan de jeu-de-boules-ballen. De jûn wurdt hâlden yn it Boulodrome (in waarme binnenbaan mei 10 banen) oan it Jagerspaadje 26A, 1231 KJ Loosdrecht. Ha jo sin om te kommen, jou jo dan foar 20 jannewaris op by de skriuwer: Hendrik Visbeek tel: 0525-655541 of email: h.t.visbeek@kpnmail.nl. Eltsenien is fan herte wolkom op freed 23 jannewaris 2015 Mei golle groetenis, Hendrik Visbeek - skriuwer It trio De Sjongstra s wie by ús op sneon 29 novimber! It publyk fermeitsje en meidwaan litte en der foaral in gesellige, humoristyske en fleurige jûn fan meitsje, dat is wat dit tige sympatike trio wol en ek útstrielet. Yn in ûntspande sfear brochten de manlju oer it generaal bekende lieten, sawol yn it Hollânsk, Ingelsk en fansels it Frysk. Op ús fersyk pasten se it program wat oan oan de ynhâld fan ús sjongboekje, om ús noch wat faker meisjonge te litten. Paul Siemensma wie firtuoas op de akkordeon. Anko Bouma (prima gitarist) wie teffens sprekmaster en die dat poerbêst, mei faak nijsgjirrige ynteraksjes mei it publyk. En de tredde man, Rom Tijsma, mei in moaie tenoarstimme kompletearre it gehiel. It wie goed te merken dat de manlju ûnderling goed mei elkoar koenen; humor en wille en sa n grut entûsjasme dat it net oerdreaun is te sizzen dat in wichtich diel fan de geweldige sfear oan De Sjongstra s ta te skriuwen is. Moai om te sjen dat it optreden goed foel by it publyk, in soad fleurige gesichten en dêr docht it bestjoer it foar. Persoanlik fûn ik it partisipaasje-liet oan e ein te lang; it hie sterker west as it beheind bleaun wie ta 3 kûpletten en de tajefte fûn ik net passe by it repertoire fan dizze jûn. Mar fierders: in prachtige jûn. Ida Knobbe Neiskrift: N.o.f. it liet It hat noch nea sa tsjuster west, plus de opmerking oer de Fryske oersetting fan de lieten fan Edo Staal: de cd Stiel sûnder grinzen fan Sjoerd van der Leij/Joop van Dijk is te keap fia www.viprecords.nl

Oprjochte op 20 desimber 1928. It ferieningsjier rint fan 01-09 oant en mei 31-08. Opsizzing foar 01-08. Kosten lidmaatskip: 15,= de man; foar bankgegevens: sjoch lêste side. De Sjongstra s koenen it besjen wol lije op 29 novimber. Dy t der op ôfkommen wienen hawwe in noflike jûn hân. Net alle sankjes stienen yn it sjongboekje fan de krite, mar hawar, faaks komt der noch in twadde boekje. En sa binne we dochs oan e ein fan it jier kommen. It momint fansels om nochris werom te sjen op it ôfrûne jier. Eltsenien hat sa syn of har ûnderfinings hân en moat dy earne in plakje jaan. Moaie ûnderfinings en minne ûnderfinings, mar dat heart by it libben. Dy t ús ûntfallen binne bliuwe dochs yn ús ûnthâld. De Krite is der yn alle gefallen noch en dat hat der ek wol ris oars út sjoen. En finansjeel noch sûn ek. Wat wol men noch mear? Dan it nije jier, 2015, wat sil dat ús bringe? Earst mar ús nijjiersbesite, mei dizze kear wer ris in breamiel. Dat hawwe we al lang net hân, dus it kin wol wer. Ik ha wol wat lûden heard dat guon dochs leaver in waarm miel woenen, mar alle dagen itselde sop is ek net lekker. Faaks takom jier mar wer wat oars. Yn dizze Koer stiet wat jo dwaan moatte om der by wêze te kinnen. En tink derom, earst as jo betelle ha dan krije jo wat te iten. Mar it giet fansels net allinnich om it iten, de geselligens mei elkoar is krekt sa wichtich. En dan is Gerrita der ek noch dy jûn mei har nije Fryske kwis. Dus, jou jin allegear op, ferjit net te beteljen en kom 17 jannewaris nei de 10 Fan de foarsitter Bergwegtsjerke yn Seist. As alles slagje wol, dan is der yn 2015 ek wer in reiske nei Fryslân, sa as dat der no útsjocht earne yn april. Net allinnich foar Seist, mar ek foar de leden fan Utert en faaks ek noch fan Hilversum. De bus moat fol no? Wêrhinne en wat it kostje moat komt wol yn de Koer. Och ja en dan dy baaikeamer. It hat wol efkes duorre, mar it is einlings klear en no hawwe wy ek wat. Moai man, moai, it liket wol in fiif stjerren hotel. Ik soe it jim graach sjen litten wolle, mar soks wurdt my te drok. En eltsenien baaie fansels, nee dat kin net. Mar mei de geur fan jim foarsitter is it no wol folle better. Wy binne krekt werom fan St. Nyk, wy hawwe dêr de jachthaven ris besjoen. En dy is sa moai dat wy besletten hawwe ús skip takom jier dêr hinne te bringen. Dan kinne we moai it hiele jier yn Fryslân omfarre. Of mei fakânsje nei Utert en omkriten? Je wit it mar nea. Ik sil der wol oer skriuwe. Sa bêste minsken dat wie it dan wêr foar dit jier. Ek út namme fan myn sydsulver winskje ik jimme noflike hjeldagen en in lokkich en boppe-al sûn 2015. Oant sjen op 17 jannewaris. Sybren Westra 02-12-2014: Nije stavering giet nei alle gedachten troch Provinsjale Steaten sille nije wike ynstimme mei it nije Griene Boekje foar it Frysk. Dat waard moandeitejûn dúdlik op e jûn by Tresoar oer dat ûnderwerp. De Fryske Akademy hat in digitale taalhelp makke, mei deryn in standertwurdlist en nije staveringsregels. Tsjinstanners lykas Pieter Breuker grize fan de nije standerdisearringsregels. Der binne ek tsjinstanners dy t muoite In jonkje waard my oanrikt in bydrage fan Hessel Riemersma, earelid fan Selskip Fryslân It wie ein 1943 en ik wie as ien fan e jongfeinten fan doe ferplicht oan it wurk set op in grutte fleanmasinefabryk yn Lemwerder, in doarp oan e Weser tsjinoer Bremen Vegesack. Wy koenen ús frij bewege, mar mei in ôfstânsbeheining fan 5 km fan it fabryk. Om t ik flot Dútsk prate, waard ik faak om boadskip stjoerd nei Bremensintrum. Sa ek dy deis dat neifolgjend ferhaal wier barde. Ik hie myn boadskip dien en stie op Bremen Hauptbahnhof op de trein nei Delmenhorst, it oerstapstasjon nei Lemwerder, te wachtsjen. Ynienen gûlden de sirenes foar grut alaarm, it teken fan fuortwêze. De trein dy t ik hawwe moast stie foar en wie al moai 7 SELSKIP FRYSLAN hawwe mei in nije regel foar it skriuwen fan û of oe. De oanwêzige politike partijen litte noch yn harren omgean oft hja amendeminten yntsjinje oer dy saken, mar hja fine it saneamde Taalweb in goede stipe foar minsken út it ûnderwiis en de oersetterij. Hja soenen no mear dúdlikens krije as in wurd ferskate farianten hat. Boarne: Ljouwerter Krante fol, mar as jonge fan 19 jier slagge it my om de kûpeedoar iepen te krijen en yn te stappen. Mei my tagelyk besocht in jonge frou mei in lytse jonge ek yn te stappen. Se joech my har jonkje oer. Mei begûn de trein te riden en tommele se werom op it perron. Ik raasde har ta dat ik yn Delmenhorst útstappe soe en doe gienen wy. It jonkje yn syn bûntjaske fan kninefel seach my mei syn brune eagen oan, mar sei neat. Gûle die er likemin. Wy sieten yn spanning wat it doel wie fan de fleanmasines en dan seit men neat. Yn Delmenhorst stapte ik út en dêr stie al in frou yn unifoarm te wachtsjen. Ik moai bliid dat ik it jonkje kwyt wie, mar doe die bliken dat er yn e broek pisse hie en ek flink wat. Ik wie fan foaren aardich suterich, mar slagge der dochs yn om sa yn it lager te kommen. Dêr hienen se bot plezier om wat my oerkommen wie.

8 9 It bestjoer fan SELSKIP FRYSLÂN te UTERT noeget jimme út foar de NIJJIERSBESITE 2015 op freed 9 jannewaris Fan t jier is der wer iterij: it haadgerjocht is stamppot. Drankjes, kofje, tee ensfh. binne fergees. De nijjiersbesite wurdt opfleure troch Albert Postma fan Lelystêd. Hy bringt foardrachten, sjongt ferskes en der is muzikale begelieding. Dat bart tusken de gongen troch en nei ôfrin fan it iten. Programma 17.45 oere Nijjierje mei in sûpke (wyn of fris) 18.15 oere Nijjierspraatsje fan de foarsitter It iten: Sop Stamppotbuffet (Jo kinne kieze út hite bliksem, boerekoal en hutspôt), Neigesetsje Kofje/tee mei wat lekkers Datum: freed 9 jannewaris 2015 Plak: it restaurant fan Tolsteeg, Woon en Zorgcentrum, Saffierlaan 10, Utert Hoe let: fan 17.45 oere ôf Kosten: Foar it iten en de drankjes 12,50. Foar oanmelding, sjoch op side 4 **** HEALSLITEN BOEKEN **** It bestjoer fan SELSKIP MEI INOAR te Seist noeget jimme út foar de NIJJIERSJÛN op SNEON 17 JANNEWARIS 2015 Programma: 17.30 oere Ynrin 18.00 oere In toast op it nije jier; nijjierspraatsje fan de foarsitter 18.30 oere Mienskiplik miel 19.30 oere Skoft 20.00 oere Kwis oer Fryske ûnderwerpen; gearstald en presintearre troch ús lid Gerrita Otten Onrust 21.30 oere Wer op hûs oan (Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Sybren Westra, tel. 0346 564285 of Klaske van Hoeij, tel. 0348 410039) Datum: sneon 17 jannewaris 2015 Plak: Noorderlichttsjerke, Bergweg 92B, 3707 AE Seist Hoe let: Fan 17.30 oere ôf Kosten: Bydrage foar it iten is 10, (net-leden betelje 15. ); foar opjaan sjoch side 11