De nije metoade. Frysk! Digiline MB/BB. groep 5 o/m 8

Maat: px
Weergave met pagina beginnen:

Download "De nije metoade. Frysk! Digiline MB/BB. groep 5 o/m 8"

Transcriptie

1 De nije metoade Frysk! Digiline MB/BB groep 5 o/m 8

2 De útgongspunten fan de DigiLine Midden-/Boppebou De belangrykste útgongspunten binne: 1. Ynteraktyf Taalûnderwiis en it referinsjeramt Frysk (rrf) as útgongspunt 2. Oanslute op de tema s fan Ierdrykskunde, Skiednis, Sport & Kultuer en Natuer & Technyk 3. In soad materialen yn de digitale omjouwing, mei dêrby taalaktiviteiten 4. Sjenredidaktyk mei didaktyske kaarten foar learkrêften en helpkaarten foar de bern 1. Ynteraktyf taalûnderwiis en it referinsjeramt Frysk Yn de earste gearkomsten yn 2014 hawwe wy ús útgongspunten foar de DigiLine bepraat. Wy stelden fêst dat wy in nije metoadefariant meitsje woenen, net allinne troch it optimaal brûken fan de nijste digitale learmiddelen, mar ek troch in stik fernijing yn it kurrikulum te bringen troch de meast resinte fyzjes op taallearen te yntegrearjen. Dêrby binne wy benammen útgien fan de prinsipes fan it Ynteraktyf Taalûnderwiis, dêr t sosjaal, betsjuttingsfol en strategysk learen sintraal steane yn in proses fan kenniskonstruksje yn sosjale ynteraksje. Foar de DigiLine is it fierder fan belang om dúdlik oan te jaan hokker taalaktiviteiten by hokker domeinen hearre en oan hokker doelen krekt wurke wurdt. Yn it nij untwikkele referinsjeramt Frysk (rrf) steane beskriuwingen fan de kwaliteiten fan learlingen op it mêd fan kennis, ynsjoch en feardichheden oangeande it Frysk. Utgongspunt by it fêststellen fan in nivo is wat ien sjen litte kin yn it Frysk. Dêrom binne de nivobeskriuwingen útwurke yn Ik-kin-bewearingen. Yn oerienstimming mei it ERK beskriuwt it rrf feardichheidsnivo s fan taalbehearsking yn termen fan taalomfang (wat moatst kinne, yn hokker konteksten en foar hokker doelen?), taalkompleksiteit en korrektens (hoe goed moatst it kinne?). Yn it rrf steane nivobeskriuwingen foar mûnlinge en skriftlike taalbehearsking, nammentlik foar: harkjen, sprekken, lêzen, skriuwen en it hawwen fan petearen. Foar elk fan dy domeinen binne de nivobeskriuwingen op deselde wize útwurke: in part giet oer de aspekten fan de taaltaak dy t learlingen útfiere en in part giet oer de skaaimerken fan de tekst dy t learlingen produsearje of lêze/beharkje. It rrf is de basis foar de learlinen fan de metoadefernijing. It rapport mei it útwurke ramt is hjir te finen: 2. Oanslute op de tema s De DigiLine lit it Fryske taalûnderwiis oanslute by de tema s fan de saakfakken. Dus as der yn in wike by oare fakken of projekten oan bepaalde tema s wurke wurdt, dan kin de dosint sykje nei dat tema yn de mediateek en dêr foar it Frysk op oanslute. Dat hâldt konkreet yn dat de taalaktiviteiten ferbûn wurde sille oan de tema s fan Wrâldoriïntaasje (Skiednis en Ierdrykskunde), oan dy fan Natuer en Technyk en (sa hawwe wy koartlyn besletten) oan de tema s fan Sport & Kultuer. De DigiLine-oanpak konsintrearret him koartsein dus mear op taalrjochte fakûnderwiis as op fakrjochte taalûnderwiis (CLIL).

3 3. Digitale materialen mei taalaktiviteiten Der is in soad oandacht bestege oan it selektearjen fan geskikte materialen, sa as teksten, filmkes spultsjes, ensafh. Wy lette goed op de kwaliteit: leaver minder materialen fan goede kwaliteit as mear materialen fan minne kwaliteit. Dochs is it winsklik dat der genôch oanbod yn de metoade sit, sadat dosinten út ferskillende materialen (en taaldoelen) kieze kinne. Neist alle sammele filmkes, ferskes, teksten, gedichtsjes en opdrachten binne/komme der ek (printe)boeken, wurdlisten en praatplaten per tema. Dit alles wurdt presintearre yn in oersichtlike mediateek, dêr t de dosint maklik de geskikte materialen yn fine kin. De wurkgroep DigiLine-MB/BB 4. Sjenredidaktyk, didaktyske kaarten en helpkaarten Yn it referinsjeramt Frysk wurdt oanjûn oan watfoar funksje of doel der wurke wurde kin, of wat behearske wurdt. Foarbylden dêrfan binne: fertelle, oantekeningen meitsje, in betooch hâlde of in nei in beskriuwing lústerje. Dit binne de saneamde sjenres en dy steane sintraal yn de taalaktiviteiten dy t keppele wurde oan in oantal fan de lesmaterialen. Foar de dosint binne en komme der didaktyske kaarten as help foar him/har by it útfieren fan de taalaktiviteiten. Der wurdt gebrûk makke fan de didaktyske kaarten fan it lektoraat Taalgebruik en Leren, sa as: 1. Klassikale petearen 2. Gearwurkjend leare 3. IIsbrekkers en gongmakkers 4. Undersyksfragen formulearje 5. (Mei-inoar) lêze om te learen 6. (Mei-inoar) skriuwe om te learen 7. Begelieden fan begjinnende ûndersikers 8. De Grutte Tinkholle 9. Omtinken foar groep Meartaligens yn de klasse 11. Tips om ynteraksje om it mei-inoar skriuwen hinne te stimulearjen 12. Tips om ynteraksje om it mei-inoar lêzen hinne te stimulearjen 13. Tips om gearwurkjende bern te coachen Wy wurkje noch oan de presintaasje en oardering fan de didaktyske kaarten. Guon kaarten rjochtsje harren nammentlik mear op hoe tst dingen oanpakke moatst, wat it brûken fan it Frysk oangiet. Oare kaarten geane dêrtsjinoer mear oer algemiene didaktyske oanpakken of wurkfoarmen en wer oare geane oer manieren wêrop tst dingen makkest of dochst (bg. in presintaasje of in krante-artikel). 2

4 Foar learlingen is der ek ferlet fan stipe yn de foarm fan helpkaarten. Ek hjir kinne wy gebrûk meitsje fan it materiaal fan it lektoraat Taalgebruik en Leren, sa as: 1. Brief skriuwe 2. skriuwe 3. Ynterviewe 4. Telefoanpetear 5. Mei-inoar sykje op ynternet 6. Ynformaasje sykje yn boeken 7. Mei-inoar lêze 8. Fideoferslach meitsje 9. Krante-artikel skriuwe Dizze helpkaarten besteane op it stuit út in soad tekst. Se soenen faaks ek yn de foarm fan in filmke makke wurde kinne (as saneamde tutorials ). Dêrfoar wolle wy bern ynskeakelje, dy t koart útlizze hoe t se bepaalde saken oanpakke (bg. Hoe kinst effektyf sykje op it ynternet? ). In foarbyld hawwe wy al makke mei Jelmer Walsweer, dy t útleit hoe tst sykje kinst op internet. Hjirnei folgje in oantal skermen fan hoe t de metoade der op dit momint útsjocht. Dat feroaret de kommende tiid noch wol, mar it jout al in aardich idee fan de ûnderdielen en de wurking fan it systeem. 3

5 It digitale systeem Figuer 1. Nei in tema sykje. Figuer 2.: Materialen selektearje (klik op + ) om mei te wurkjen (foarbyld fan de ûnderbou). 4

6 Sa t yn de boppesteande skermen te sjen is, kin in dosint in tema kieze. Hy of sy kriget dan in oersjoch fan de materialen dy t by dat tema hearre. Dat binne filmkes, ferskes, teksten, boeken ensafh. Dy materialen kinne selektearre wurde troch se ta te foegjen oan de les. Dan komme se yn it oersjoch links. Dizze les, dy t spesjaal oanmakke wurdt troch en foar dy dosint, wurdt dan opslein yn it systeem. De dosint kin dêrnei fuort oan de slach mei de selektearre materialen, mar kin der ek letter mei oan it wurk. De les wurdt bewarre. (Yn dit foarbyld is in tema foar de underbou opnommen, mar de wurkwize is foar de midden- boppebou itselde). Figuer 3. Foarbyld fan in útstjoering yn edufrysk. De útstjoeringen wurde opnommen yn de tema s en lessen. Yn gearwurking mei Omrop Fryslân is in funksjonaliteit ûntwikkele wêrmei t alle útstjoeringen fan SkoalTV ek yn it learplatfoarm opnommen binne. Dat binne der no al mear as It is sa makke dat de nije útstjoeringen ek automatysk oan it systeem tafoege wurde. Meunstertún Der is hurd wurke oan in nije game, spesjaal foar it basisûnderwiis. Troch de game te spyljen, wurkje learlingen oan taalfersoarging. Op dy manier kin de game aanst brûkt wurde yn de DigiLine-MB/BB. It kompjûterspul hyt Meunstertún. De game rjochtet him op de bern fan groep 5 en heger. It idee is dat de game ynset wurdt om adaptyf oefeningen te meitsjen en sa te wurkjen oan it trainen fan feardichheden. De game jout ek de mooglikheid foar direkte feedback. Yn it spultsje binne de spilers ferantwurdlik foar in soarte fan bistetún, mar dan mei meunsters. Dy meunsters hawwe allegear winsken. De bern dy t it spylje hâlde de meunsters en de besikers fan it park tefreden troch it dwaan fan taalspultsjes. Yn Meunstertún wurdt boarte mei klanken (en letters), mei wurden, mei sinnen en mei betsjutting. Foar elk fan dizze kategoryen hawwe wy in stik as trije spultsjes betocht. Sa falle rymoefeningen ûnder it boartsjen mei klanken, oefeningen mei tiidwurden ûnder it boartsjen mei wurden en 5

7 oefeningen mei sprekwurden ûnder it boartsjen mei betsjutting. De resultaten fan wêr t de bern oan wurkje, wurde ek troch it systeem byhâlden en kinne de dosint ynsjoch jaan yn wêr t de bern kwa nivo sitte en oft se help nedich hawwe. Figuer 4. Skermen fan Meunstertún. 6

8 Yn edufrysk is in digitale represintaasje fan it referinsjeramt Frysk opnommen. It is sa ûntwikkele dat oan materialen ek taalaktiviteiten keppele wurde kinne. Oan dizze taalaktiviteiten kinne dan wer Ikkin-bewearingen keppele wurde. Dy hawwe in plak yn it rrf. Op dizze manier kin in dosint dus hiel fleksibel materialen en aktiviteiten kieze dêr t hy of sy mei wurkje wol, mar dochs grip hâlde op oan hokker taaldoelen, sjenres en domeinen krekt wurke wurdt. Figuer 5. It rrf mei de Ik-kin-bewearingen. Te sjen is dat in koart stikje skriuwe oan bod komt yn de les oer fee/pleats. 7

9 Figuer 6. Hjir is te sjen hoe t in stikje lesmateriaal keppele is oan in taalaktiviteit. Dizze taalaktiviteiten binne keppele oan it rrf (foarbyld fan de ûnderbou). 8

10 De tema s foar de midden-/boppebou Tema s Eigen labels lykas 1. Leefberheid I 2. Wrâldboargerskip I 3. Duorsumheid I Broeikaseffekt, sinne-enerzjy, wyn.., fergriemen (iten, enerzjy), ôffal, recycling,. enerzjy yn de takomst 4. Befolking I 5. Migraasje I 6. Romtlike oardering I 7. Globalisearring I 8. Transport en ferfier I Ferkear, ferkearsregels, ferkearsbuorden 9. Earm en ryk I 10. Untwikkelingsgebieten I 11. Kultuer en identiteit I Multykulturele maatskippij 12. Waar en klimaat I Seizoen 13. Krêften fan de ierde I Rampen, fulkanen, 14. Nederlânske lânskippen I Waad, marren, rivieren, Nederlân wetterlân 15. Wetter I Wettersyklus, wetterproblematyk 16. Yndustry I Jagers en Boeren S Griken en Romeinen S Muontsen en Ridders S Stêden en Steaten S Untdekkers en Herfoarmers S Reginten en Foarsten S Prûken en Revolúsjes S Boargers en Stoommasines S Wrâldoarloggen en S Holokaust Telefyzje en Kompjûter S 27. Foarmen fan enerzjy T Enerzjy-omsetting, transport, opwekking, rendemint, fermogen 28. Hielal & romte T sinnestelsel, molkwei, planeet, moanne, sinne 29. Lûd en ljocht T 30. Ferbrânen en ferwaarmjen T 31. Elektrisiteit en magnetisme T 32. Ljocht, lûd en strieling T 33. Krêft en beweging T Krêft, beweging; krêft en beweging by minsken, ferkear, ferfier fan guod, sinnestelsel 34. Matearje T Eigenskippen, stoffen om ús hinne, bou fan stoffen 35. Technology T Yndustry, apparaten, konstruksjes 36. Ferbrâning & gemyske reaksjes T 37. Sellen, organen en organisme N 38. Stofwikseling N 39. Iten & sûnens N 40. Planten en bisten N 41. Fuortplanting en reproduksje N Seksualiteit, erflikheid, libbenssyklus 42. Evolúsje N 43. Ekosysteem N 9

De nije metoade. Frysk! Studio F-Line. groep 5 o/m 8

De nije metoade. Frysk! Studio F-Line. groep 5 o/m 8 De nije metoade Frysk! Studio F-Line groep 5 o/m 8 De útgongspunten fan de Studio F-line De belangrykste útgongspunten binne: 1. Op basis fan de tema s en de opbou fan Studio F 2. Gebrûk meitsjend fan

Nadere informatie

Staatsexamen VWO 2014

Staatsexamen VWO 2014 Staatsexamen VWO 2014 Nederl Friese taal schrijfvaardigheid Tijdvak 1 Vrijdag 23 mei 09.00 11.30 uur College-examen schriftelijk Opgavenboekje Steatseksamen Frysk vwo 2014 tiidfek 1 Bijgaande examenopgave

Nadere informatie

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 Is elk wittenskiplik ûndersyk wol wittenskiplik? 1 A 2 maximumscore 1 Omdat dat ûndersyk net foldocht oan (Piersma syn)

Nadere informatie

Eindexamen Fries havo I

Eindexamen Fries havo I Beoordelingsmodel De mearkarfragen hawwe in gewicht fan 1 punt. Foar fraach 3, 8, 9, 10, 11, 12, 13, 15, 18, 20, 21, 22, 24, 25, 26, 30, 32 en 33 jildt in maksimale skoare fan 2 punten. Alle oare fragen

Nadere informatie

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

Trijetalich ûnderwiis súksesfol De Trijetalige Skoalle 1 Trijetalich ûnderwiis súksesfol Acht jier lang hawwe sân skoallen yn Fryslân meidien oan it projekt Trijetalige Skoalle. De resultaten wienen sa goed dat de projektskoallen graach

Nadere informatie

Eindexamen havo Fries I

Eindexamen havo Fries I De mearkarfragen hawwe in gewicht fan 1 skoarepunt. Tekst 1 It klimaat fan Fryslân yn it jier 2030 1 maximumscore 1 Troch sâlt en swiet wetter by inoar lâns streame te litten. 2 maximumscore 1 It klimaat

Nadere informatie

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle: Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle: Ut: Ministerie OCW (2006), Kerndoelenboekje. Download: http://www.slo.nl/primair/kerndoelen/kerndoelenboekje.pdf a. Foarmje twatallen. Ien fan beiden toetst by de

Nadere informatie

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke   dit boekje is in kadootsje fan Tomke nei de biblioteek 2015 Tema Hoi Tomke www.tomke.nl www.gidsvoornederland.nl/bibliotheken/fryslân dit boekje is in kadootsje fan Foarlêzen en boeken foar jonge bern Boeken bringe in petear op gong;

Nadere informatie

Cursussen Fries 2016-2017

Cursussen Fries 2016-2017 afuk.frl Wolkom by de Afûk! Bent u in Friesland komen wonen en wilt u de taal graag kunnen verstaan? Of wilt u voor uw werk graag Fries kunnen spreken? Bent u Friestalig en wilt u het Fries graag leren

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO

Correctievoorschrift VWO Correctievoorschrift VWO 2007 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage. Examen HAVO 2014 tijdvak 1 maandag 26 mei 13.30-16.00 uur Fries Bij dit examen hoort een bijlage. Dit examen bestaat uit 33 vragen. Voor dit examen zijn maximaal 44 punten te behalen. Voor elk vraagnummer

Nadere informatie

1. In geskink fan de Nyl

1. In geskink fan de Nyl 1. In geskink fan de Nyl Yn Egypte kinne se skriuwe, dêrom heart Egypte by de perioade fan de âldheid. It tiidrek fan 3000 foar Kristus oant 500 nei Kristus neame we de tiid fan de Griken en de Romeinen.

Nadere informatie

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân 1 B 2 C 3 maximumscore 1 Jagers kinne minder reeën, kninen en hazzen sjitte. Wolven

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO

Correctievoorschrift HAVO Correctievoorschrift HAVO 2008 tijdvak 1 Fries 1 en Fries 1,2 Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden

Nadere informatie

OANFALSPLAN FRYSK. Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen

OANFALSPLAN FRYSK. Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen 1 OANFALSPLAN FRYSK Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen Skriuwers: drs. P. Bergsma (Pedagogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy) dr. J. van der Bij (Ried fan de

Nadere informatie

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw, KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER 2015 Beste leerkracht van de bovenbouw, De landelijke Dag van de Duurzaamheid vindt dit jaar plaats op vrijdag 9 oktober 2015. Door heel Nederland vinden,

Nadere informatie

nr. Januari 2008 www.destapstien.nl

nr. Januari 2008 www.destapstien.nl Januari 2008 nr. 4 www.destapstien.nl Foarwurd Alle nijjierswinsken al lang wer achter de rêch, it skoaljier is twa wiken âld as ik dit skriuw. We sitte wer yn ús ritme, binne blij dat we by de waarme

Nadere informatie

afuk.frl Cursussen Fries

afuk.frl Cursussen Fries afuk.frl Cursussen Fries taal, kultuer en skiednis fan Fryslân Welkom bij de Afûk! De mens maakt taal, taal maakt de mens. Taal is één van de meest fascinerende aspecten van onszelf, als individu en als

Nadere informatie

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as âlder, mar ek foar alle oare minsken dy t te krijen ha mei bern yn twatalige (Frysk en Nederlânsk) of meartalige situaasjes (Frysk, Nederlânsk, in streektaal,

Nadere informatie

afuk.frl Cursussen Fries taal, kultuer en skiednis fan Fryslân

afuk.frl Cursussen Fries taal, kultuer en skiednis fan Fryslân afuk.frl Cursussen Fries 2017-2018 taal, kultuer en skiednis fan Fryslân Welkom bij de Afûk! De mens maakt taal, taal maakt de mens. Taal is één van de meest fascinerende aspecten van onszelf, als individu

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2016

Correctievoorschrift VWO 2016 Correctievoorschrift VWO 2016 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Earlik diele yn in grien Fryslân

Earlik diele yn in grien Fryslân Earlik diele yn in grien Fryslân Ferkiezingsprogram fangrienlinks foar de ferkiezingen fan Provinsjale Steaten fan Fryslân foar de perioade 2015-2019 DEFINITYF 29 jannewaris 2015 Earlik diele yn in grien

Nadere informatie

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1 Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1 Stavering: - s/z, f/v - g/ch - û/oe - u/ú/ue - dakjes - tusken-n - oergongs-w - faak foarkommende wurdsjes - i/y/ii/ie - soldaten-regel - twalûden en brekking - ij/ai/aai/y

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO 2012

Correctievoorschrift HAVO 2012 Correctievoorschrift HAVO 2012 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Beschrijving ochtend programma (voor iedereen)

Beschrijving ochtend programma (voor iedereen) Beschrijving ochtend programma (voor iedereen) Natuer/Natuur Tijdens het ochtendprogramma "Natuer" gaan de leerlingen zich verdiepen in de Nederlandse (dus ook Fryske) natuur. Zij gaan in 4 groepen aan

Nadere informatie

Tomke makket in snieman

Tomke makket in snieman Tomke makket in snieman 2017 Tema Seizoenen dit boekje is in kadootsje foar alle pjutten en beukers yn Fryslân No foarlêze, letter sels lêze. Tegearre lêze is in simpele en fijne wize om mei dyn berntsje

Nadere informatie

Meartaligens yn it deistich libben. Meertaligheid in het dagelijks leven

Meartaligens yn it deistich libben. Meertaligheid in het dagelijks leven Meartaligens yn it deistich libben Hânboek foar meiwurkers fan bernesintra Meertaligheid in het dagelijks leven Handboek voor medewerkers van kindercenta Ynlieding... 3 Blok 1: Folwoeksenen as taalfoarbylden...

Nadere informatie

Samenvatting / Gearfetting bidbook Lwd2018. De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018

Samenvatting / Gearfetting bidbook Lwd2018. De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018 Samenvatting / earfetting bidbook Lwd2018 De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018 02 samenvatting gearfetting bidbook lwd2018 03 Culturele Hoofdstad van Europa Misschien bent u het

Nadere informatie

Omrop Fryslân. Jierferslach

Omrop Fryslân. Jierferslach Omrop Fryslân Jierferslach 2011 Kolofon Produksje: Fotografy: Yllustraasjes: Opmaak: Omrop Fryslân, Ljouwert Dirk Jan Haarsma Omrop Fryslân Joël Puik, Omrop Fryslân Ynhâld Gearstalling organen Omrop Fryslân

Nadere informatie

Jierferslach. Omrop Fryslân

Jierferslach. Omrop Fryslân Jierferslach 2010 Omrop Fryslân 1 Produksje Foto s Opmaak Drukkerij Korreksjewurk Omrop Fryslân, Ljouwert Dirk Jan Haarsma Omrop Fryslân, Ljouwert Van der Eems, Easterein Taalwurk Fryslân, Grou 2 YnhAld

Nadere informatie

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage. Examen VWO 2008 tijdvak 1 vrijdag 30 mei 9.00 12.00 uur Fries Bij dit examen hoort een bijlage. Voor dit examen zijn maximaal 50 punten te behalen. Het examen bestaat uit 24 vragen en een samenvattingsopdracht.

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO. Fries 1 en Fries 1,2. Hoger Algemeen Voortgezet Onderwijs. Tijdvak 1. Begin

Correctievoorschrift HAVO. Fries 1 en Fries 1,2. Hoger Algemeen Voortgezet Onderwijs. Tijdvak 1. Begin Fries 1 en Fries 1,2 Correctievoorschrift HAVO Hoger Algemeen Voortgezet Onderwijs 20 04 Tijdvak 1 400015-1-2c Begin Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels

Nadere informatie

JIERFERSLACH 2014. Omrop Fryslân

JIERFERSLACH 2014. Omrop Fryslân JIERFERSLACH 2014 Omrop Fryslân Produksje: Omrop Fryslân, Ljouwert Opmaak: Joël Puik Fotografy: Julian Lankhorst, Jaap Elzes (p. 22, 40, 46) Drukkerij: Van der Eems, Easterein Korreksjewurk: Taalwurk Fryslân,

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO 2014

Correctievoorschrift HAVO 2014 Correctievoorschrift HAVO 2014 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma. OANTEKENS fan de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Ferwerderadiel, hâlden op tongersdei 20 septimber 2012 om 20.00 oere yn it gemeentehûs yn Ferwert. Oanwêzich : de riedsleden: frou L.J.

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2014

Correctievoorschrift VWO 2014 Correctievoorschrift VWO 2014 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Herdenken - Jannes en Bea

Herdenken - Jannes en Bea Dodenherdenking 04 mei 2014. Bij het graf van William Robert Fisher op het kerkhof van Wirdum (Fr) In stilte kwamen wij bij elkaar op het kerkhof bij de Sint Martinuskerk in het centrum van Wirdum. Hans

Nadere informatie

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL Correctievoorschrift VMBO-GL en TL 2011 tijdvak 1 Fries CSE GL en TL Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden

Nadere informatie

Foto s: Lykle Veenje, Klaas Hendriks, Johannes Herder, John van den Berg, Hendrik Jellema

Foto s: Lykle Veenje, Klaas Hendriks, Johannes Herder, John van den Berg, Hendrik Jellema Colofon Initiatiefnemer: Dorpsbelang Lollum-Waaksens Begeleiding discussieavonden: Gesprekleiders: Haye Jacob Jorritsma Holger Bakker Klaas Hendriks Chantal van Sluys Johannes Herder Gerrie Folkerts Notulisten:

Nadere informatie

Omrop Fryslân. Jierferslach

Omrop Fryslân. Jierferslach Omrop Fryslân Jierferslach 2012 Ynhâld Gearstalling organen Omrop Fryslân yn 2012 6 Profyl 2012 8 2.1 Bedriuwsfiering 8 2.2 Identiteitsdoel 8 2.3 Kearngetallen 9 Ferslach Ried fan Kommissarissen 10 3.1

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO 2017

Correctievoorschrift HAVO 2017 Correctievoorschrift HAVO 2017 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Aanleveren scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Verzet tegen het verminderen van het aantal volksvertegenwoordigers

Verzet tegen het verminderen van het aantal volksvertegenwoordigers Nummer:,. X 201200336 Ontvangstdatum: 2 MRT tytsjerksteradiel r s n b g e Het bestuur van de Vereniging van Nederlandse Gemeenten Postbus 30435 2500 GK DEN HAAG Burgum, 29 februari 2012 VERZONDEN 1.03,12

Nadere informatie

Examenprogramma Fryske taal en kultuer

Examenprogramma Fryske taal en kultuer Examenprogramma Fryske taal en kultuer Informatiewijzer Preambule 1 Leeswijzer 2 Fryske taal en kultuer 3 1. Preambule De zes algemene onderwijsdoelen die voor alle vakken en sectoren in het vmbo gelden,

Nadere informatie

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk www.afuk.frl kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk Ynhâld yn Nederlânsk en Frysk 1. De letter f 2. De letter s 3. De letters f en v 4. De letters s en z 5. De letter g

Nadere informatie

Harkje, lêze en útspraak

Harkje, lêze en útspraak Les1 Om te begjinnen Jonge kinderen leren spelenderwijs met gemak twee of drie talen tegelijk. Volwassenen moeten er vaak wat meer moeite voor doen. Dat neemt niet weg dat ook volwassenen in staat zijn

Nadere informatie

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure Aanwezig: De raadsleden: de dames en heren L. Boelsma-Hoekstra

Nadere informatie

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN {ltt'" \^/ETTERSKIP FRYSLÂN Bugel Hajema Adviseurs T.a.v. de heer P.W. Rienstra Balthasar Bekkerwei 76 8914 BE LEEUWARDEN Leeuwarden, 1 5 november 201 1 Bijlage(n): 2 Ons kenmerk: WFNI l 15813 Tel: 058-292

Nadere informatie

www.mantgumermerke.nl

www.mantgumermerke.nl www.mantgumermerke.nl Op 13, 14 en 15 augustus sil it wer heve! Dan is it wer tiid foar de Mantgumer Merke! Jawis, wy as kommisje rinne al wer waarm foar de Merke. Noch in hiel skoft tinke de measte minsken,

Nadere informatie

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou, Datum: 28-09-18 Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou, Ien fan de talen fan Fryslân is it Stadsfrys, dat mei lytse ûnderlinge ferskillen praat wurdt yn de stêden Ljouwert,

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 4 jannewaris 2009 tema: bisten & natuer > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Het thema van dit katern voor niet-friestalige leerlingen is Bisten en Natuer. Je leert van verschillende

Nadere informatie

Ynhâldsopjefte. Gearstalling organen 06. Fasiliteiten 24 8.1 Ynvestearrings 25

Ynhâldsopjefte. Gearstalling organen 06. Fasiliteiten 24 8.1 Ynvestearrings 25 Omrop Fryslân 2013 Produksje: Omrop Fryslân, Ljouwert Opmaak: Joël Puik Fotografy: Julian Lankhorst Drukkerij: Van der Eems, Easterein Korreksjewurk: Taalwurk Fryslân, Grou Kolofon Gearstalling organen

Nadere informatie

Merke 2015 Back to the 70 s

Merke 2015 Back to the 70 s Merke 2015 Back to the 70 s Tongersdei - Donderdag Tongersdei 13 Augustus - Donderdag 13 Augustus 19.00 Back to the 70 s DISCO-PARADE Dit jier kinne alle bern fan de basisskoalle mei harren fersierde fiets

Nadere informatie

Wybe Feenstra (tel ;

Wybe Feenstra (tel ; Oldekerk, 16 mei 2016 (Tweede Pinksterdag) geachte lezer, Kortgeleden heeft u (telefonisch) toegezegd om mee te werken aan een enquête. Deze enquête omvat 28 vragen. In dit begeleidende schrijven vertel

Nadere informatie

Concept besluitenlijst van de vergadering van Provinciale Staten op 16 februari 2011

Concept besluitenlijst van de vergadering van Provinciale Staten op 16 februari 2011 Concept besluitenlijst van de vergadering van Provinciale Staten op 16 februari 2011 Aanvang: 10.00 uur. Voorzitter: de commissaris van de Koningin, de heer J.A. Jorritsma, Griffier: mevrouw G. Kraak,

Nadere informatie

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber.

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber. Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber. Tema: Feilichheid Besites: P.I. Ljouwert, brânwacht Gytsjerk Ite: Eetcafé De Winze, Wyns Fan t jier stiet de riedsekskurzje yn it teken fan feilichheid.

Nadere informatie

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter Steatekommisje Lân, Loft en Wetter Datum gearkomste: 9 april 08 Wurklistpunt: 3 STEATEKOMMISJE LAN, LOFT EN WETTER 10 Ferslach fan de gearkomste op 5 maart 08 yn it Doarpshûs fan Seisbierrum. Oanwêzich:

Nadere informatie

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo?

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo? Presentatie onderzoeksresultaten Hokker taal prate jo? Colofon Kolofon Hokker taal prate jo? 2013 Projectgroep Afke Punter Lia Kooistra Annewiep Bloem Sjoukje Jager Fokke Jagersma Auteurs Annewiep Bloem

Nadere informatie

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL Correctievoorschrift VMBO-GL en TL 2010 tijdvak 1 Fries CSE GL en TL Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden

Nadere informatie

LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016

LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016 LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016 FOARGONGER: DS. GERRIT GROENEVELD OARGELIST: 1 Wolkom en meidielingen Yntochtsliet = Psalm 98: 1 en 3 1) Lit no in nije lofsang hearre, in liet

Nadere informatie

I. Tsjinst fan =e Tarieding

I. Tsjinst fan =e Tarieding Oarder fan de Tsjinst foar snein 13 desimber 2015 Tredde snein fan de Advint Martinigemeente te Boalsert Foargonger: ds. Hinne Wagenaar (Jorwert) Oargelist: Kees Nottrot I. Tsjinst fan =e Tarieding Wolkom,

Nadere informatie

De Fryske taalatlas jout in fisueel oersjoch fan it behearskingsnivo en it brûken fan de Fryske taal ûnder de ynwenners fan Fryslân.

De Fryske taalatlas jout in fisueel oersjoch fan it behearskingsnivo en it brûken fan de Fryske taal ûnder de ynwenners fan Fryslân. Foaropwurd De Fryske taalatlas jout in fisueel oersjoch fan it behearskingsnivo en it brûken fan de Fryske taal ûnder de ynwenners fan Fryslân. De measte ynformaasje komt fan de grutskalige fluchhifking

Nadere informatie

De samler en gearstaller Hartman Sannes... 2 Skoalmasters yn Fryslân; it materiaal... 3 Boarnen... 4 Aard fan it materiaal... 5 Ferantwurding...

De samler en gearstaller Hartman Sannes... 2 Skoalmasters yn Fryslân; it materiaal... 3 Boarnen... 4 Aard fan it materiaal... 5 Ferantwurding... Skoalmasters yn Fryslân, 1600-1950 De samler en gearstaller Hartman Sannes... 2 Skoalmasters yn Fryslân; it materiaal... 3 Boarnen... 4 Aard fan it materiaal... 5 Ferantwurding... 6 De samler en gearstaller

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2017

Correctievoorschrift VWO 2017 Correctievoorschrift VWO 2017 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Aanleveren scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 4 febrewaris 2016 tema: bisten en natuer > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Het thema van dit katern voor niet-friestalige leerlingen is Bisten en Natuer. Je leert van verschillende

Nadere informatie

Overzicht moties bij programmabegroting 2014 - raad 7 november 2013. Programma 1 - Samenleving. Motie Fractie Onderwerp Stemming

Overzicht moties bij programmabegroting 2014 - raad 7 november 2013. Programma 1 - Samenleving. Motie Fractie Onderwerp Stemming Overzicht moties bij programmabegroting 2014 - raad 7 november 2013 Programma 1 - Samenleving P1-M1 CDA / Consultatiebureaus (motie) Er wederom door het college voorgesteld wordt om de consultatiebureaus

Nadere informatie

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN <

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 1 septimber 2018 tema: Minsken en Moetingen > KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Wolkom by LinKk! Wolkom by LinKk! Dit is it ferwurkingskatern dat by it earste LinKk-tydskrift

Nadere informatie

Examen VMBO-GL en TL. Fries CSE GL en TL. tijdvak 1 vrijdag 25 mei uur. Bij dit examen horen een bijlage en een uitwerkbijlage.

Examen VMBO-GL en TL. Fries CSE GL en TL. tijdvak 1 vrijdag 25 mei uur. Bij dit examen horen een bijlage en een uitwerkbijlage. Examen VMBO-GL en TL 2018 tijdvak 1 vrijdag 25 mei 9.00-11.00 uur Fries CSE GL en TL Bij dit examen horen een bijlage en een uitwerkbijlage. Beantwoord alle vragen in de uitwerkbijlage. Dit examen bestaat

Nadere informatie

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 dinsdag 29 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 dinsdag 29 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage. Examen VWO 2018 tijdvak 1 dinsdag 29 mei 9.00-11.30 uur Fries Bij dit examen hoort een bijlage. Dit examen bestaat uit 38 vragen. Voor dit examen zijn maximaal 44 punten te behalen. Voor elk vraagnummer

Nadere informatie

Friese taal schrijfvaardigheid

Friese taal schrijfvaardigheid Staatsexamen VMBO TL 2016 Nederl Friese taal schrijfvaardigheid Tijdvak 1 Vrijdag 27 mei 13.30 15.00 uur College-examen schriftelijk Opgavenboekje 1 / 5 Schriftelijk college-examen schrijfvaardigheid Friese

Nadere informatie

Karin Idzenga & Jan Calsbeek Als je aan mij denkt ben ik er

Karin Idzenga & Jan Calsbeek Als je aan mij denkt ben ik er Karin Idzenga & Jan Calsbeek Als je aan mij denkt ben ik er Kort toneelstuk voor twee personen over leven in een verzorgingstehuis 2011 1 Karin Idzenga en Jan Calsbeek Niet kopiëren of opvoeren zonder

Nadere informatie

Meartaligens as kwaliteit en doel. Advys oer Frysk yn it ûnderwiis

Meartaligens as kwaliteit en doel. Advys oer Frysk yn it ûnderwiis Meartaligens as kwaliteit en doel Advys oer Frysk yn it ûnderwiis Meartaligens as kwaliteit en doel Advys oer Frysk yn it ûnderwiis 1. Ynlieding Romte Sûnt 1 jannewaris 2014 mei it fan krêft wurden fan

Nadere informatie

FRIESE TAAL EN CULTUUR VMBO

FRIESE TAAL EN CULTUUR VMBO FRIESE TAAL EN CULTUUR VMBO Syllabus GT centraal examen 2012 November 2010-1 - Verantwoording: 2010 College voor Examens vwo, havo, vmbo, Utrecht Alle rechten voorbehouden. Alles uit deze uitgave mag worden

Nadere informatie

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken!

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken! Ferwurkingen by LinKk 1 septimber 2015 tema: minsken & moetingen > KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Opdracht 1 Welkom bij LinKk! Dit is het verwerkingskatern dat bij het eerste LinKk-tijdschrift

Nadere informatie

BRÂNING BRANDING. Wytze Brandsma. Narratio

BRÂNING BRANDING. Wytze Brandsma. Narratio BRÂNING BRANDING Wytze Brandsma Narratio ISBN: 978 90 5263 4982 NUR: 714 2018 theologische uitgeverij Narratio Postbus 1006, 4200 CA Gorinchem. tel. 0183 62 81 88 - e-mail: info@narratio.nl Actuele informatie

Nadere informatie

Kaders windenergie Súdwest Fryslân

Kaders windenergie Súdwest Fryslân - E i g e n W i n d - Nieuwsb!ef 9 Redactie: Dorpsweg 7, 8753JC Cornwerd. 0515233867 Kattebelletje: Notysje 24 mei 2012 Kaders windenergie Súdwest Fryslân Cornwerd, 18 februari 2014. Open brief aan alle

Nadere informatie

c Ôfdieling Meartaligens Cedin, Eelke Goodijk, Dorien Hamstra & Ferdau Terpstra Adviseurs meartaligens by Cedin

c Ôfdieling Meartaligens Cedin, Eelke Goodijk, Dorien Hamstra & Ferdau Terpstra Adviseurs meartaligens by Cedin c Ôfdieling Meartaligens Cedin, 2019-1 Eelke Goodijk, Dorien Hamstra & Ferdau Terpstra Adviseurs meartaligens by Cedin Inhoud Voorwoord 5 1. Inleiding: Uitgangspunten Spoar8 BB 7 2. Oersicht tema s en

Nadere informatie

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018 Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018 Bêste minsken ferbûn mei de gemeenten fan Westerwert en Mantgum, Yn dizze nijsbrief fine jim ynformaasje oer it tsjerklik libben yn de doarpen

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2013

Correctievoorschrift VWO 2013 Correctievoorschrift VWO 2013 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Ferslach fan de earste diskusjebyienkomst oer de bestjoerlike takomst fan de gemeente Ferwerderadiel.

Ferslach fan de earste diskusjebyienkomst oer de bestjoerlike takomst fan de gemeente Ferwerderadiel. Ferslach fan de earste diskusjebyienkomst oer de bestjoerlike takomst fan de gemeente Ferwerderadiel. Datum: 17 april 2013 om 19.30 oere Plak: MFC It Trefpunt, Hallum Oanwêzich: 74 ynwenners Hallum en

Nadere informatie

VII Vaststelling van de begrotingsstaten van het Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties (VII) voor het jaar 2017

VII Vaststelling van de begrotingsstaten van het Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties (VII) voor het jaar 2017 34 550 VII Vaststelling van de begrotingsstaten van het Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties (VII) voor het jaar 2017 Nr. VERSLAG VAN EEN SCHRIFTELIJK OVERLEG Vastgesteld, december

Nadere informatie

Uitgave: Stifting Nijkleaster, Wirdum 2010 eerste druk

Uitgave: Stifting Nijkleaster, Wirdum 2010 eerste druk Uitgave: Stifting Nijkleaster, Wirdum 2010 eerste druk Auteur: Ds. Hinne Wagenaar Wirdum Tekstbijdrage: Stifting Nijkleaster Vormgeving: Romke Lemstra BA32 Heerenveen Druk: ABN AMRO Ferline jier ha we

Nadere informatie

rd) 10 JUNI 2014 provinsje fryslân provincie frys1ân, 1 Provinsjale Steaten fan Fryslân Ljouwert, 10 juny 2014 Ferstjoerd,

rd) 10 JUNI 2014 provinsje fryslân provincie frys1ân, 1 Provinsjale Steaten fan Fryslân Ljouwert, 10 juny 2014 Ferstjoerd, provinsje fryslân provincie frys1ân, 1 postbus 20120 8900 hm leeuwarden tweebaksmarkt 52 telefoon: (058) 292 59 25 telefax; (058) 292 51 25 t I Provinsjale Steaten fan Fryslân wwwfryslan.nl provincie@fryslan.nl

Nadere informatie

Meartaligens. Meertaligheid. yn it deistich libben. in het dagelijks leven

Meartaligens. Meertaligheid. yn it deistich libben. in het dagelijks leven Meartaligens yn it deistich libben Meertaligheid in het dagelijks leven Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as âlder, mar ek foar alle oare minsken dy t te krij - en ha mei bern yn twatalige

Nadere informatie

foarlopich lân voorlopig land

foarlopich lân voorlopig land sinnefisk sinne- fisk- fûgel- grûn- tiid flagge- skaad- hân- gers- hier bewiis- wûnder- hân- bewiis- holle- wûnder- mûle earms- dak- soarch- minske- râne- lân- skyl fisk- sinne- fûgel- grûn- flagge- skaad-

Nadere informatie

Fries in het onderwijs:

Fries in het onderwijs: Fries in het onderwijs: meer ruimte, regie en rekenschap voor de provincie Fryslân Advies van de Stuurgroep decentralisatie Friese taal van Rijk naar de provincie Fryslân Fries in het onderwijs: meer ruimte,

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2018

Correctievoorschrift VWO 2018 Correctievoorschrift VWO 2018 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Aanleveren scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten en de leden fan Provinsjale Steaten Provinsje Fryslân Snekertrekweg 1 Postbus HM LJOUWERT

Oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten en de leden fan Provinsjale Steaten Provinsje Fryslân Snekertrekweg 1 Postbus HM LJOUWERT Skriuwerskip: Drs. S.T. Hiemstra G. Sondermanstrjitte 29 9203 PT DRACHTEN Oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten en de leden fan Provinsjale Steaten Provinsje Fryslân Snekertrekweg 1 Postbus 20120 8900

Nadere informatie

Beslutelist gearkomste fan D.S. 7 oktober Afwêzich: KfdK, deputearre Konst en deputearre Kramer

Beslutelist gearkomste fan D.S. 7 oktober Afwêzich: KfdK, deputearre Konst en deputearre Kramer Beslutelist Afwêzich: KfdK, deputearre Konst en deputearre Kramer 1. Aktualiteiten en tema s. 2. a. Aktiviteitenkalinder wike 41 b. Beslutelist fan gearkomste DS fan 30 septimber 2014 wurdt ûnferoare fêststeld.

Nadere informatie

Uitnodiging. Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk. Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries

Uitnodiging. Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk. Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries Uitnodiging Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries donderdag 14 februari 2013 tongersdei 14 febrewaris 2013 Om het

Nadere informatie

Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van 20 22-05-2013 B&M/LLW

Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van 20 22-05-2013 B&M/LLW 79 Begrutting 2012 Cie. Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van 20 maart jl. aan de orde geweest. 26-10-2011 J.A. de Vries Tasizzing: Het voorstel voor de toepassing ervan (breedband / glasvezel),

Nadere informatie

Ferkiezingsprogramma Fertroud en tichtby. CDA Súdwest-Fryslân

Ferkiezingsprogramma Fertroud en tichtby. CDA Súdwest-Fryslân Ferkiezingsprogramma 2017-2022 Fertroud en tichtby CDA Súdwest-Fryslân 2 Foarwurd Súdwest-Fryslân is de moaiste gemeente fan Nederlân. Dêr binne wy grutsk op! It CDA stiet foar it behâld fan ús lânskip,

Nadere informatie

Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 novimber 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehûs fan Stiens.

Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 novimber 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehûs fan Stiens. 5a Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 novimber 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehûs fan Stiens. Oanwêzich: de froulju C.G. Bijsterbosch (PvdA), U.C. de Voogd

Nadere informatie

Gemeentenijs 9. bad) voorbij Ootmarsum en de volgende dag naar Hardenberg.

Gemeentenijs 9. bad) voorbij Ootmarsum en de volgende dag naar Hardenberg. Gemeentenijs 9 Fytse Wanneer de stinzeplanten beginnen te bloeien en de zomertijd aangebroken is, krijg ik de lentekriebels. Ik wil dan gaan fietsen, en niet alleen een ommetje gaan maken, maar een meerdaagse

Nadere informatie

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013 maart 2013 maart 2013 Hylke Speerstra De treastfûgel Hylke Speerstra It wrede paradys, it ferfolch Jaap Krol It fûgelgebed Gjalt de Groot It swetshok In Memoriam Hylke Speerstra De Treastfûgel Yn De treastfûgel

Nadere informatie

De Eendracht. Vereniging voor dorpsbelangen Deinum. Voorzitter Assuerus Jorna Gersdroegerij 8 058 254 2472

De Eendracht. Vereniging voor dorpsbelangen Deinum. Voorzitter Assuerus Jorna Gersdroegerij 8 058 254 2472 De Eendracht Vereniging voor dorpsbelangen Deinum Leden van het bestuur Voorzitter Assuerus Jorna Gersdroegerij 8 058 254 2472 Foarsitter 9033 XR Deinum Penningmeester Anko van der Veen it Harspit 1 058

Nadere informatie

Moanne fan it Fryske Boek 6 Jubileum Slach by Warns 10 425 jaar universiteit Franeker 12

Moanne fan it Fryske Boek 6 Jubileum Slach by Warns 10 425 jaar universiteit Franeker 12 Jrg. 6 2010 Nr. 2 Moanne fan it Fryske Boek 6 Jubileum Slach by Warns 10 425 jaar universiteit Franeker 12 Skriuwer en keunstner Anne Feddema (foto Heleen Haijtema). Sjoch side 6 en 7. 4 Fan de redaksje

Nadere informatie

projecten en activiteiten in beeld

projecten en activiteiten in beeld Plattelânsprojekten Zuidwest Fryslân 2011 projecten en activiteiten in beeld Foarwurd Mei-inoar foar in prachtich Súdwest-Fryslân Yn 2011 sil Plattelânsprojekten Súdwest- Fryslân fierder mei wêr t it al

Nadere informatie

Gerbrich de Jong. Op syk nei Fryske boeken foar learlingen fan jier 1

Gerbrich de Jong. Op syk nei Fryske boeken foar learlingen fan jier 1 Gerbrich de Jong Op syk nei Fryske boeken foar learlingen fan 12-15 jier 1 Dosinten wolle harren learlingen graach oan it lêzen krije. Miskien omdat se der sels fan hâlde en de learlingen deselde lêswille

Nadere informatie

Oan Provinsjale Steaten

Oan Provinsjale Steaten Oan Provinsjale Steaten Gearkomste : 29 juny 2016 Wurklistnûmer : 07 Ûnderwerp : It Risikoferleegjend Ynfrastruktuer Programma (RYP) de wei nei 0 Beliedsprogramma : Programma 2 Ferkear & Ferfier Registraasjenûmer

Nadere informatie

Herfstvakantie: 15 t/m 23 oktober 25-10: Jelle (2004) teamvergadering 27-10: signaaldictee blok 2 bovenbouw (proefdictee)

Herfstvakantie: 15 t/m 23 oktober 25-10: Jelle (2004) teamvergadering 27-10: signaaldictee blok 2 bovenbouw (proefdictee) Oktober 2011: 3-10: luizencontrole: de tweede ronde oud papier: Auke, Marius, Wouter, Jappie 5-10: informatieavond start Kinderboekenweek (5 t/m 15 oktober) Meester Tjitte viert zijn verjaardag 6-10: eerste

Nadere informatie