Gearstalling Bestjoer

Maat: px
Weergave met pagina beginnen:

Download "Gearstalling Bestjoer"

Transcriptie

1 Gearstalling Bestjoer Frysk en Frij Hilversum (KfK Hilversum, nûmer ) foarsitter : J. Kooistra ledeadm. Lutherhof 102, 1216 KV Hilversum gurbe@xmsnet.nl skriuwer : A.R. Koopmans-Nieuwland Lindenheuvel 14, 1217 JX Hilversum kritehilversum@gmail.com ponghâlder : J. Koopmans Lindenheuvel 14, 1217 JX Hilversum Rekkennûmer NL79 INGB o.n.f. Frysk en Frij Hilversum alg. adjunkt : W. Triemstra V.d.Sande Bakhuijzenstraat 102, 1223 CZ Hilversum triwa@hotmail.nl -.- boekeferkeap : J. Conradie-Groenhof Banckertlaan 163, 1215 PZ Hilversum G. v.d. Leij-Wilbers Hyacintenlaan 10, 1215 BC Hilversum iterij Eareleden: : Bestellingen trochjaan oan: Jan Kooistra, tel (graach uterlik ien wike foarôfgeand oan e kritejûn) -.- earefoarsitter: S. Haagsma, De Doppen 21, 8401AG De Gordyk earelid: H. van Duinen, De Jouwer 1 2

2 Fan de foarsitter Ik wit net hoe oft it jimme fergiet, mar ik fyn dat it der yn e wrâld hieltyd frjemder om en ta giet. Nim no dy diskusje oer it al of net feroarjen fan nammen fan strjitten, tunnels, ensfh. om t bliken docht dat de persoan dy t dêr yn neamt wurdt net sa n bêsten wie neffens de hjoeddeiske noarms en wearden. En dus gjin Coentunnel mear? Wy wenje yn de Lutherhof. Soe sa n namme dan ek net mear meie om t Luther ea yn it fiere ferline ris in tsjerkedoar fernield hat doe t er mei de hammer syn stellingen dêrop fêstspikere? En wat te tinken fan de jierlikse diskusje omtrint de feint fan Sinteklaas? My tinkt dat wy mar mei Grou Sint Piter fiere moatte. Dy sette wy dan net op in skimmel, mar op in Frysk hynder! Sa n moaie swarten ien. Ja, wy Friezen kinne sokke problemen wol oplosse. Nim no Grutte Pier: foar ús is hy in held en in frijheidsstrider, mar yn Medemblik tinke se der hiel oars oer! As wy soks hearre dan gean wy mei in macht folk nei Medemblik en biede dêr ús ekskús oan. Probleem oplost en yn Kimswerd kin it byld fan Grutte Pier gewoan stean bliuwe! Noch sa n gekkichheid: alles moat genderneutraal wurde. No, ús pake en beppe gongen altyd al nei itselde húske boppe de feart. En dêrneist stiene twa planken rjochtop tsjin inoar yn in hoeke fan njoggentich graden 3 Jiergong Oktober 2017 nû 1 Wynmoanne foar it gefal dat pake en beppe tagelyk hege noad krigen. Pake neamde dat syn pishoekje. As de wyn út it westen waaide, siet de wyn yn it pishoekje neffens pake en waard it reinich waar. Ek yn it begroetsjen binne wy Friezen al jierrenlang genderneutraal. Wy hawwe it net oer: Bêste froulju en manlju (Beste dames en heren), wy sizze altyd al: Bêste minsken! No t ik doch sa lekker oan it eameljen bin, wol ik it ek noch even ha oer it Frysk dat men by ús Fryske omrop de kabel op slingeret. Oer it omdraaien fan de tiidwurden troch benammen de jongerein, wol ik it net iens mear ha. Mar wat te tinken fan de reklame fan Kapenga Meubelen: koarting om t men útwreidzje sil. Moai geef Frysk tink ik dan. Mar nee, dan hat men it ynienen oer útwreidingssale! Hoe mâl wolle jo it ha! Mar hawar, ek yn dit stik tekst fan de foarsitter sitte grif wol ynslûpsels, hollanismen en wat al net fan ferkeards. Sels in staveringshifker wit soks net foar te kommen. Dêrom is it allegearre sa slim ek net, at wy mekoar mar ferstean en foaral begripe. En wêr kinne wy soks? Op ús earste kritejûn fan it kommende winterskoft: op sneon 14 septimber! (net op freed de 13 e sa t ik earder sei) Jawis by de kwis! Jan Kooistra Nijs fan de boeketafel Jellie en ik hawwe dizze simmer de nije boeken foar it winterskoft útsocht. Far safier ús bekend binne er fiif útjouwers fan Fryske boeken yn Fryslân, te witten: Noordhoek, Afûk, Elikser, Friese Pers Boekerij en Bornmeer. Jellie en ik geane earst it bestân fan dizze útjouwers nei. Dêrút kieze wy de boeken. Dizze kear hawwe wy útsocht: Freark J. Beukens: Deiboek fan in Fryske soldaat yn Indië. In nij boek mei fiif stjerren. Eppie Dam: Tsjilp 25 Fûgelgedichten. Foar grutte en lytse protters. Hein Jaap Hilarius: De trekker fan Troje. Triller/ roman. Jabik Jans Klimstra: Sibbeltsje. Tragi-komyske roman. Jakobus Knol: De skilderesse fan de fjoerstoarm. Histoaryske roman. Aly van der Mark: De lêste hikke. Twatalich boek oer Fryske nammen. Han Steenbruggen: Keunst op syn Frysk. Mei trefwurden yn mear talen. Sietse de Vries: Potstro Fongers. Misdiedroman. In listke fan dizze boeken hawwe wy opstjoerd nei Jan Roelants fan de Fryske Boeketafel. Tegearre mei Jelma Wiegersma is hy de sintrale boekferkeaper. Wy hoopje dat hy foar ús earste kritejûn de bestelde boeken nei ús tastjoert, sadat se dan by ús op de boeketafel lizze. Ek hoopje wy dat alle boeken, dy t wy besteld hawwe yn it pakket sitte, it is ûnder foarbehâld. Sa goed as seker sitte de Bûsboekjes foar 2018 wol yn it pakket. Graach oant sjen by de boeketafel. 4 Jellie Conradie & Gesiena van der Leij

3 Nijs út Fryslân De Gysbert Japicxpriis wurdt fan 't jier oan skriuwer Eppie Dam út Sleat takend. Deputearre Sietske Poepjes hat woansdei by Eppie Dam op besite west om dat feestlike nijs persoanlik te fertellen. Op sneon 14 oktober wurdt de Gysbert Japicxpriis 2017 yn de Martinitsjerke yn Boalsert útrikt. Eppie Dam kriget de priis foar de dichtbondel 'Fallend ljocht'. De advyskommisje, besteande út Bouke Oldenhof, Gerlien van Dalen en Pieter Boskma wie ienriedich yn it oardiel. De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis fan Fryslân. De provinsje Fryslân rikt de Gysbert Japicxpriis om 't oare jier út, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy. Fan 't jier giet it om poëzy dy't yn de jierren 2013 oant en mei 2016 ferskynd is. De priis is in bedrach fan en in oarkonde. Eppie Dam Eppie Dam (1953) is njonken dichter ek skriuwer, oersetter en poëzyresinsint. Hy wie earder learaar yn it basisûnderwiis. Sûnt syn debút yn 1978 publisearre hy ferskate boeken. Neist poëzy skriuwt Eppie Dam ek ferhalen, berneboeken en lietebondels. In oar momint is der net "We binne út de skroeven" seit Lienke Boot, de libbenspartner fan Eppie Dam. Se docht it wurd om't Eppie Dam sûnt 2010 de sykte fan Huntington hat, dy't de harsens oantaast en dêrom is it dreech foar him om yn in direkt petear te antwurdzjen op fragen. "Hy kin wurden wol goed op papier krije, yn alle rêst." Se wist al in wike dat er de priis krije soe. "Ik moast it stil hâlde en dat wie wol dreech en ik tocht ek dat ik it him miskien dochs fertelle moast om't ik net wist oft er it oan koe. Mar dat ha ik net dien en hy wie hielendal ferrast. Hy seach deputearre Sietske Poepjes mei blommen oankommen en doe begûn it wat te daagjen. Dit is in goed momint, hy kin der no noch fan genietsje en alles meimeitsje. Hy is al sûnt 1978 dwaande en hat santich titels op syn namme. Dit is in stik wurdearring, krekt ek foar dizze bondel dy't foar in part oer de sykte giet en de ferwurking derfan. In oar momint is der net, we binne hiel bliid. In lêst falt fan de skouders. Prizen binne neat foar Eppie, mar dit is hiel moai. No hoecht er noait mear senuwachtich te wêzen." Nominearren De fjouwer oare nominearren wiene Wilco Berga mei 'Allinne en yn koar', Elske Kampen mei 'Man en mem', Albertina Soepboer mei 'Herbarium' en Abe de Vries mei 'Brek dyn klank'. Boarne: Omrop Fryslân, 27 septimber 2017 nûget jimme út op Sneon 14 oktober 2017 yn de Brasserie fan Nieuw Kerkelanden Franciscusweg SB Hilversum BEGJIN 20:00 OERE om mei te dwaan oan de Fryske-Krite-Kwis ûnder de entûsjaste lieding fan Gerrita Otten Wie it al in grut sukses op de kritejûnen fan oare kriten, op ús eardere kritejûn yn april 2016 wie it dat seker! Reden om Gerrita te freegjen mei har nije kwis ús earste kritejûn op te fleurjen. It is in kwis oer Fryske taal, sport, muzyk en mear... Der binne spulomlopen mei fragen, mei plaatsjes en mei lûdsfragminten De teams bestean út trije of fjouwer persoanen It lot bepaalt mei wa t jo spylje It team dat de measte fragen goed beäntwurdet, wint de priis en Fryske rom! Kom as begjin fan it winterskoft nei dizze kwis-jûn fol útdaging en geselligens Us diskes mei Fryske boeken en iterij stean dizze jûn ek wer foar jimme klear Wolle jo wis wêze dat der noch iterij foar jo te keap is, skilje dan even in wike tefoaren nei nûmer Tagongspriis: Leden 5,00 Net-leden 10,00 5 6

4 Us oare kritejûnen yn it winterskoft Sneon 25 novimber 2017 Kabaretselskip Noordenbos & Ko mei harren programma Ferbining! Freed 12 jannewaris 2018 Algemiene ledegearkomste mei foarôfgeand nijjierjen en in miel stamppot 16 of 17 febrewaris 2018 Toaniel/kabaret 23 of 24 maart 2018 Toaniel/kabaret -.- Op dizze jûnen binne jimme wolkom yn de Brasserie óf de Grutte Seal fan Nieuw Kerkelanden Franciscusweg SB Hilversum Fansels soe it ús ek tige goed dwaan as jimme de ynlage (kontribúsje) foar it kommende winterskoft sa gau mooglik oermeitsje wolle op Rekken nûmer NL79 INGB o.n.f. Frysk en Frij Hilversum Friezen om Utens moetsje en ynspirearje inoar It sil wer heve - sneon 28 oktober oansteande yn de Kiekmure yn Hurderwyk binne jimme tige wolkom! It is de muoite wurdich om as Friezen om Utens inoar op te sykjen. Wy sprekke deselde taal begripe inoar dêrtroch al gau mei in heal wurd en ha wille, om t wy net dreech hoeve te dwaan. Wat foarhinne yn in wykein (Kaderwykein) slagge, slagget no fêst wol yn in dei. Twa nijsgjirrige ûnderwerpen: 1. Toaniel en teater wat kinne wy der mei en sels oan dwaan? 2. Deputearre frou S. Poepjes fertelt oer har wurk en betsjutting foar Friezen (ek om utens) Twa betûfte ynlieders: 1. Jelmar Hoekstra en Fokke Plantinga (ja, die beide fan HYMHAMP). 2. Deputearre frou S. Poepjes foar ynfrastruktuer en mobiliteit, taal, media (ynklusyf Omrop Fryslân), keunst en kultuer en wettersaken. Fanôf oere binne jimme wolkom yn it fernijde Multifunksjonele Sintrum de Kiekmure, Tesselschadelaan GA Harderwijk (till ) Programma fan de dei: oere Ynrin mei kofje en oranjekoeke. De kosten binne: 15,00 de man/frou 30,00 foar in troud pear of in stel mear mei fansels ek... Wa t de lunsj fan de Kiekmure ( 11,50 p.p.) ôfnimt: graach kontant ôfrekkenje by binnenkomst oan de ponghâlder fan diz kear: dhr. Gerrit Stegenga. Fierders binne der oerdeis gjin kosten foar kofje, tee en in flaubyt oere Wolkom troch de foarsitter fan It Frysk Boun om Utens, dhr. Jan Bijkerk oere Ynlieding troch Jelmar Hoekstra en Fokke Plantinga : Sy fertelle oer harren wurk as toanieldosinten en oer it meitsjen fan in teaterfoarstelling oere Lyts skoft 7 8

5 12.10 oere Jelmar en Fokke geane mei it publyk oan t wurk oere Skoft tiid foar de lunsj. (kosten: 12,50 p.p. graach oan t begjin fan de dei ôfdrage oan de ponghâlder fan it FBoU dhr. Jan Vogel) oere Ynlieding troch Deputearre frou S. Poepjes oer har wurk oere Lyts skoft oere Romte foar petear en fragen oan frou Poepjes oere Ofsluten fan it programma fan oerdeis oere Wer op hûs oan of. Wa t de Kritejûn fan de Fryske Krite Meiinoar Ien fan Hurderwyk e.o. mei de teaterfoarstelling Fryslân heite fan selskip Blikstiender fan de Lemmer dyselde jûn yn de Kiekmure meimeitsje sil/wol: Yntree foar kriteleden: 5,00 foar net-kriteleden: 15,00 Ynrin fanôf oere oere Wolkom en meidielings oere Selskip Blikstiender fan de Lemmer mei Fryslân heite Yn t skoft wurde der lotsjes ferkocht: 1 setsje fan 4 foar 1,00 3 setsjes fan 4 foar 2,50 en 6 setsjes foar 5,00. Nei ôfrin is de trekking. Oant de 28 e! Ut namme fan It Frysk Boun om Utens, Kees van der Beek, skriuwer Lekker ite mei... Ik bin troch de Fryske resepten út de Libelle fan 1987 hinne. Jimme hawwe se allegearre alris ûnder eagen hân. Lokkigernôch treau Elisabeth Veldhuysen út Baarn my in boekje yn hannen mei noch âldere resepten út de Fryske keuken. Dêryn binne resepten beskreaun út 1772! De samling resepten binne ferskynd ûnder de namme fan: De Welkokende Vriesche Keukenmeid en Verstandige Huishoudster. In hiele mûlfol, sa n titel fan in boekje mei swier te fertarren gerjochten. Ja, men iet mear as 200 jier lyn faaks tige drege kost. En as jo mage tinkt dat de mûle him ophongen hat, moatte jo perfoarst sa n miel ris ribskoarje. Om't it resept foar it drege iten foar my nochal dreech oer te setten wie yn dreech geef Frysk, ha ik de Hollânske tekst oernommen. Boppedat hawwe no de net-friezen ek ris de kâns om Frysk te iten. We sette útein mei Potstrou en Lollumer stip: Potstrou (zoet) Wat men nodig heeft: Hoe men het maakt: 1 l melk of karnemelk Breng de melk aan de kook en doe het zout 180 g boekweitgrutten erbij. Voeg nu de grutten toe en laat alles snufje zout ± 15 minuten doorkoken. boter en stroop (evt. sui- Als de massa stijf is op de borden scheppen. ker) Kuiltje er in maken, dat vullen met een flinke klont roomboter. Het geheel overgieten met stroop (desgwenst suiker). Lollumer stip Ut namme fan de Fryske Krite Meiinoar Ien fan Hurderwyk e.o., Kees van der Beek Opjaan foar it programma oerdeis foar de 23e oktober by de skriuwer fan it Boun: skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.frl graach oanjaan mei hoefolle minsken (nammen derby) jimme komme Foar it jûnsskoft hoeve jimme net op te jaan dat jim komme, der is fêst rûmte genôch! Wat men nodig heeft: Hoe men het maakt: 30 g boter De boter smelten in een pannetje. Voeg de 30 g bloem bloem toe. Al roerend de melk erbij doen. Nu 4 dl melk even laten afkoelen en de eierdooier toevoe- 1 eierdooier gen. 100 g stroop Als laatste roert u er de stroop doorheen. Wordt gegeten bij potstrou Yt smaaklik!...aachje 9 10

6 Ynformaasje oare ferienings en organisaasjes Keatsferiening Melle Veenstra foarsitter skriuwer ponghâlder : Cees Punter Neuweg 179, 1214GP Hilversum c.punter@wxs.nl : Hendrik Visbeek Houtrustweg 34, 8084 CD t Harde h.t.visbeek@kpnmail.nl webside: : Anneke Wijnalda van der Kooye Duizendknooplaan 51, 3452AT Vleuten It Frysk Boun om Utens skriuwer : Kees van der Beek Beemdweg 29, 3852 XC Ermelo skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.frl webside: Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse skriuwer : K. Kuipers Willem Loadewykstrjitte 115, 8933BL Ljouwert k.kuipers1938@kpnmail.nl OANMELDE BY IT BOUN It Frysk Boun om Utens hat yn jier bestien. Om dit fiere te kinnen, wolle wy graach safolle mooglik Friezen berikke. Net allinnich leden fan it Frysk Boun, mar ek famylje fan ús leden en alle Friezen om Utens dy't it Frysk en Fryslân in waarm hert tadrage. Jo kinne jo opjaan as -stiper fan it Frysk Boun om Utens. It is fergees. As jo dat wolle, moatte jo jo namme,jo adres, jo wenplak en jo âldens opjaan fia ûndersteand webstek fan it Frys Boun om Utens:

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 Is elk wittenskiplik ûndersyk wol wittenskiplik? 1 A 2 maximumscore 1 Omdat dat ûndersyk net foldocht oan (Piersma syn)

Nadere informatie

Eindexamen Fries havo I

Eindexamen Fries havo I Beoordelingsmodel De mearkarfragen hawwe in gewicht fan 1 punt. Foar fraach 3, 8, 9, 10, 11, 12, 13, 15, 18, 20, 21, 22, 24, 25, 26, 30, 32 en 33 jildt in maksimale skoare fan 2 punten. Alle oare fragen

Nadere informatie

Gearstalling Bestjoer

Gearstalling Bestjoer Gearstalling Bestjoer Frysk en Frij Hilversum (KfK Hilversum, nûmer 32126908) foarsitter : J. Kooistra 035-6218626 + ledeadm. Lutherhof 102, 1216 KV Hilversum e-mail: gurbe@xmsnet.nl skriuwer : A.R. Koopmans-Nieuwland

Nadere informatie

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten W I N T E R P R O G R A M 2 0 1 6-2 0 1 7 Oansletten Kriten 1 *************************************************************************** Adressen fan skriuwers fan oansletten kriten: ----------------------------------------------------------

Nadere informatie

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw, KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER 2015 Beste leerkracht van de bovenbouw, De landelijke Dag van de Duurzaamheid vindt dit jaar plaats op vrijdag 9 oktober 2015. Door heel Nederland vinden,

Nadere informatie

Merke 2015 Back to the 70 s

Merke 2015 Back to the 70 s Merke 2015 Back to the 70 s Tongersdei - Donderdag Tongersdei 13 Augustus - Donderdag 13 Augustus 19.00 Back to the 70 s DISCO-PARADE Dit jier kinne alle bern fan de basisskoalle mei harren fersierde fiets

Nadere informatie

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân 1 B 2 C 3 maximumscore 1 Jagers kinne minder reeën, kninen en hazzen sjitte. Wolven

Nadere informatie

Eindexamen havo Fries I

Eindexamen havo Fries I De mearkarfragen hawwe in gewicht fan 1 skoarepunt. Tekst 1 It klimaat fan Fryslân yn it jier 2030 1 maximumscore 1 Troch sâlt en swiet wetter by inoar lâns streame te litten. 2 maximumscore 1 It klimaat

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO

Correctievoorschrift VWO Correctievoorschrift VWO 2007 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou, Datum: 28-09-18 Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou, Ien fan de talen fan Fryslân is it Stadsfrys, dat mei lytse ûnderlinge ferskillen praat wurdt yn de stêden Ljouwert,

Nadere informatie

Tomke makket in snieman

Tomke makket in snieman Tomke makket in snieman 2017 Tema Seizoenen dit boekje is in kadootsje foar alle pjutten en beukers yn Fryslân No foarlêze, letter sels lêze. Tegearre lêze is in simpele en fijne wize om mei dyn berntsje

Nadere informatie

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

Trijetalich ûnderwiis súksesfol De Trijetalige Skoalle 1 Trijetalich ûnderwiis súksesfol Acht jier lang hawwe sân skoallen yn Fryslân meidien oan it projekt Trijetalige Skoalle. De resultaten wienen sa goed dat de projektskoallen graach

Nadere informatie

Herdenken - Jannes en Bea

Herdenken - Jannes en Bea Dodenherdenking 04 mei 2014. Bij het graf van William Robert Fisher op het kerkhof van Wirdum (Fr) In stilte kwamen wij bij elkaar op het kerkhof bij de Sint Martinuskerk in het centrum van Wirdum. Hans

Nadere informatie

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS 0 0 KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS AUGUSTUS 0 :00 Hurderwyk 't Harde Fryske Tsjerketsjinst yn de PKN-Maranathatsjerke, Bovendwarsweg c, 0 JB t Harde. Foargonger: ds. Emko Postma fan Genemuiden.

Nadere informatie

Staatsexamen VWO 2014

Staatsexamen VWO 2014 Staatsexamen VWO 2014 Nederl Friese taal schrijfvaardigheid Tijdvak 1 Vrijdag 23 mei 09.00 11.30 uur College-examen schriftelijk Opgavenboekje Steatseksamen Frysk vwo 2014 tiidfek 1 Bijgaande examenopgave

Nadere informatie

1. In geskink fan de Nyl

1. In geskink fan de Nyl 1. In geskink fan de Nyl Yn Egypte kinne se skriuwe, dêrom heart Egypte by de perioade fan de âldheid. It tiidrek fan 3000 foar Kristus oant 500 nei Kristus neame we de tiid fan de Griken en de Romeinen.

Nadere informatie

Gearstalling Bestjoer

Gearstalling Bestjoer 1 Gearstalling Bestjoer Frysk en Frij Hilversum (KfK Hilversum, nûmer 32126908) foarsitter : J. Kooistra 035-6218626 + ledeadm. Lutherhof 102, 1216 KV Hilversum e-mail: gurbe@xmsnet.nl skriuwer : A.R.

Nadere informatie

www.mantgumermerke.nl

www.mantgumermerke.nl www.mantgumermerke.nl Op 13, 14 en 15 augustus sil it wer heve! Dan is it wer tiid foar de Mantgumer Merke! Jawis, wy as kommisje rinne al wer waarm foar de Merke. Noch in hiel skoft tinke de measte minsken,

Nadere informatie

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke   dit boekje is in kadootsje fan Tomke nei de biblioteek 2015 Tema Hoi Tomke www.tomke.nl www.gidsvoornederland.nl/bibliotheken/fryslân dit boekje is in kadootsje fan Foarlêzen en boeken foar jonge bern Boeken bringe in petear op gong;

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1 DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o.

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I www.serviceflat-oranjewoud.nl op A5 formaat met de volgende advertentie: T 0513-63 62 85 8443 EL Heerenveen Flat Oranjewoud 1 Iedere dag genieten van een prachtige omgeving Spesjalist kabels en leidingen

Nadere informatie

Cursussen Fries 2016-2017

Cursussen Fries 2016-2017 afuk.frl Wolkom by de Afûk! Bent u in Friesland komen wonen en wilt u de taal graag kunnen verstaan? Of wilt u voor uw werk graag Fries kunnen spreken? Bent u Friestalig en wilt u het Fries graag leren

Nadere informatie

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage. Examen HAVO 2014 tijdvak 1 maandag 26 mei 13.30-16.00 uur Fries Bij dit examen hoort een bijlage. Dit examen bestaat uit 33 vragen. Voor dit examen zijn maximaal 44 punten te behalen. Voor elk vraagnummer

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 4 febrewaris 2016 tema: bisten en natuer > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Het thema van dit katern voor niet-friestalige leerlingen is Bisten en Natuer. Je leert van verschillende

Nadere informatie

nr. Januari 2008 www.destapstien.nl

nr. Januari 2008 www.destapstien.nl Januari 2008 nr. 4 www.destapstien.nl Foarwurd Alle nijjierswinsken al lang wer achter de rêch, it skoaljier is twa wiken âld as ik dit skriuw. We sitte wer yn ús ritme, binne blij dat we by de waarme

Nadere informatie

Friese taal schrijfvaardigheid

Friese taal schrijfvaardigheid Staatsexamen VMBO TL 2016 Nederl Friese taal schrijfvaardigheid Tijdvak 1 Vrijdag 27 mei 13.30 15.00 uur College-examen schriftelijk Opgavenboekje 1 / 5 Schriftelijk college-examen schrijfvaardigheid Friese

Nadere informatie

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april 2015 1

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april 2015 1 DOARPSNIJS Nûmer 384 april 2015 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurking by LinKk 2 novimber 2015 tema: & > KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Opdracht 1 Watfoar taal leare wy? 1 g 2 i 5 i 8 i Gebruik de app Wat Wurd It of website van Praat Mar Frysk om de

Nadere informatie

KRITEJUNEN FAN ALLE KRITES FAN IT FRYSK BOUN

KRITEJUNEN FAN ALLE KRITES FAN IT FRYSK BOUN 3 0 Twinte :00 Swol Apeldoarn De Duiker KRITEJUNEN FAN ALLE KRITES FAN IT FRYSK BOUN SEPTEMBER 0 Kritereiske nei It Poptaslot en in boattocht troch it noar-den fan Fryslân. Opjaan by: hendrik.tel@tonline.de

Nadere informatie

Gearstalling Bestjoer

Gearstalling Bestjoer Gearstalling Bestjoer Frysk en Frij Hilversum (KfK Hilversum, nûmer 32126908) foarsitter : J. Kooistra 035-6218626 + ledeadm. Lutherhof 102, 1216 KV Hilversum e-mail: gurbe@xmsnet.nl skriuwer : A.R. Koopmans-Nieuwland

Nadere informatie

Uitnodiging. Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk. Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries

Uitnodiging. Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk. Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries Uitnodiging Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries donderdag 14 februari 2013 tongersdei 14 febrewaris 2013 Om het

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 4 jannewaris 2009 tema: bisten & natuer > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Het thema van dit katern voor niet-friestalige leerlingen is Bisten en Natuer. Je leert van verschillende

Nadere informatie

Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o.

Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo Putten Séwolde Skriuwersadres: Beemdweg 29 3852 XC Ermelo e-mail: kcvanderbeek@gmail.com FAMYLJEWYKEIN? co m Buitengoed Fredeshiem - Steenwijk-De

Nadere informatie

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018 Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018 Bêste minsken ferbûn mei de gemeenten fan Westerwert en Mantgum, Yn dizze nijsbrief fine jim ynformaasje oer it tsjerklik libben yn de doarpen

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2014

Correctievoorschrift VWO 2014 Correctievoorschrift VWO 2014 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1 DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga TRUCKSTOP Drama/Thriller door LOT VEKEMANS Fryske oersetting Baukje Stavinga TONEELUITGEVERIJ VINK B.V. (Grimas Theatergrime verkoop) Tel: 072-5 11 24 07 E-mail: info@toneeluitgeverijvink.nl Website: www.toneeluitgeverijvink.nl

Nadere informatie

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle:

Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle: Kearndoelen Frysk foar de basisskoalle: Ut: Ministerie OCW (2006), Kerndoelenboekje. Download: http://www.slo.nl/primair/kerndoelen/kerndoelenboekje.pdf a. Foarmje twatallen. Ien fan beiden toetst by de

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun maart 2014 Ledeberjochten... 4 Douwe Egberts punten... 5 Krite Beverwyk US MEMMETAEL... 6 Útnoeging foar 22 maart... 8 Fryske Tsjerketsjinst yn Alkmaar... 10 Ferlotting

Nadere informatie

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken Nieu wsbri BMW Z1 Club NL December 2015 ef Beste Z1-vrienden Inmiddels is het cabrioseizoen ten einde, staan de Z1 s in de garage en tellen we af naar 2016. De laatste activiteit van dit jaar, een gezellige

Nadere informatie

It Bestjoer. Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till

It Bestjoer. Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till It Bestjoer Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan 316 1974 SG IJmuiden till. 0255-510575 Ponghâlder: W. Hiemstra Meester Cornelisstraat 9 2023 DE Haarlem till. 06-51749049 Skriuwster: T.L. Rijpkema-van

Nadere informatie

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma. OANTEKENS fan de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Ferwerderadiel, hâlden op tongersdei 20 septimber 2012 om 20.00 oere yn it gemeentehûs yn Ferwert. Oanwêzich : de riedsleden: frou L.J.

Nadere informatie

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013 maart 2013 maart 2013 Hylke Speerstra De treastfûgel Hylke Speerstra It wrede paradys, it ferfolch Jaap Krol It fûgelgebed Gjalt de Groot It swetshok In Memoriam Hylke Speerstra De Treastfûgel Yn De treastfûgel

Nadere informatie

Harkje, lêze en útspraak

Harkje, lêze en útspraak Les1 Om te begjinnen Jonge kinderen leren spelenderwijs met gemak twee of drie talen tegelijk. Volwassenen moeten er vaak wat meer moeite voor doen. Dat neemt niet weg dat ook volwassenen in staat zijn

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 3 desimber 2015 tema: kommunikaasje > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Veel plezier met de opdrachten. Opdracht I Wurdspin Jullie kennen meer vormen van communicatiemiddelen

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1 DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure Aanwezig: De raadsleden: de dames en heren L. Boelsma-Hoekstra

Nadere informatie

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as âlder, mar ek foar alle oare minsken dy t te krijen ha mei bern yn twatalige (Frysk en Nederlânsk) of meartalige situaasjes (Frysk, Nederlânsk, in streektaal,

Nadere informatie

Nijsbrief novimber 2016

Nijsbrief novimber 2016 Ofd. Reduzum, Idaerd, Eagum, Friens, Wytgaard en Raerd koördinatoaren Els Koopmans en Baukje Wytsma Kontaktadres: Buorren 4, 9008SW Reduzum e-mail: giestmei@gmail.com tel. 0566-602506 Nijsbrief novimber

Nadere informatie

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016. Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van Rintje Lolkema I 3 februari 1938 2 februari 2016 In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016. Voorganger: Ds Dingena Hasper Diaken:

Nadere informatie

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Even voorstellen Henny Bosscha-van der Veen Woonplaats: Visvliet Geboortejaar: 1949 vrijwilligerswerk Nederlands,

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun maart 2017 Oan ús kriteleden... 2 Ferlotting en tagongsprizen... 4 Ledeberjochten... 5 Slange 50 jier ponghâlder... 6 Fytse foar 250 euro... 7 Útnoeging foar 25

Nadere informatie

Herfstvakantie: 15 t/m 23 oktober 25-10: Jelle (2004) teamvergadering 27-10: signaaldictee blok 2 bovenbouw (proefdictee)

Herfstvakantie: 15 t/m 23 oktober 25-10: Jelle (2004) teamvergadering 27-10: signaaldictee blok 2 bovenbouw (proefdictee) Oktober 2011: 3-10: luizencontrole: de tweede ronde oud papier: Auke, Marius, Wouter, Jappie 5-10: informatieavond start Kinderboekenweek (5 t/m 15 oktober) Meester Tjitte viert zijn verjaardag 6-10: eerste

Nadere informatie

D E KRITEKOER. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist

D E KRITEKOER. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist SELSKIP "FRYSLÂN" TE UTERT Foarsitter Skriuwer en Redaksje Kritekoer Ponghâlder en lede-administraasje Bestjoerslid en Boekferkeap BESTJOEREN BESTJOEREN EN MEIWURK(ST)ERS Pietie Westdijk-Kaastra, Het Spoor

Nadere informatie

Jierferslach. Omrop Fryslân

Jierferslach. Omrop Fryslân Jierferslach 2010 Omrop Fryslân 1 Produksje Foto s Opmaak Drukkerij Korreksjewurk Omrop Fryslân, Ljouwert Dirk Jan Haarsma Omrop Fryslân, Ljouwert Van der Eems, Easterein Taalwurk Fryslân, Grou 2 YnhAld

Nadere informatie

Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo. Skriuwersadres: Beemdweg XC Ermelo

Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo. Skriuwersadres: Beemdweg XC Ermelo Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo Putten Séwolde Skriuwersadres: Beemdweg 29 3852 XC Ermelo e-mail: kcvanderbeek@gmail.com Jagerserf 30 3851 SM ERMELO Till. 0341 56 28

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber 2014 1

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber 2014 1 DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

D E KRITEKOER. De kop is der wer ôf mei in moaie start foar de kriten yn it nije seizoen. De ferslaggen fine jo yn dizze kritekoer.

D E KRITEKOER. De kop is der wer ôf mei in moaie start foar de kriten yn it nije seizoen. De ferslaggen fine jo yn dizze kritekoer. SELSKIP "FRYSLÂN" TE UTERT BESTJOEREN BESTJOEREN EN MEIWURK(ST)ERS Foarsitter Pietie Westdijk-Kaastra, Het Spoor 20, 3994 AK Houten til. 030-2318 224 (pcwestdijk@planet.nl) Skriuwer Jan Piet Bergmans,

Nadere informatie

Zuid Afrikaans Braai Buffet met Soul Dada

Zuid Afrikaans Braai Buffet met Soul Dada Zuid Afrikaans Braai Buffet met Soul Dada Donderdag 24 en Vrijdag 25 januari 2013 Aanvang 18.30 uur De Pleats, grote zaal Alleen voor Nutleden die gereserveerd hebben Na drie eerdere succesvolle muzikale

Nadere informatie

Jrg. 3 2007 Nr. 1. Theun de Vries 6. J.J. Kalma 10. Fryske kentekens 16

Jrg. 3 2007 Nr. 1. Theun de Vries 6. J.J. Kalma 10. Fryske kentekens 16 Jrg. 3 2007 Nr. 1 Theun de Vries 6 J.J. Kalma 10 Fryske kentekens 16 Begjin jannewaris waarden de goed 800 skriften fan de dichter Obe Postma (1868-1963) dy t by de Fryske Akademy wiene, oerdroegen oan

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO

Correctievoorschrift HAVO Correctievoorschrift HAVO 2008 tijdvak 1 Fries 1 en Fries 1,2 Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden

Nadere informatie

Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo. Skriuwersadres: Beemdweg XC Ermelo

Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo. Skriuwersadres: Beemdweg XC Ermelo Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo Putten Séwolde Skriuwersadres: Beemdweg 29 3852 XC Ermelo e-mail: kcvanderbeek@gmail.com Jagerserf 30 3851 SM ERMELO Till. 0341 56 28

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber 2014 1

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber 2014 1 DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Van het bestuur. De Warbere Bijker. Informatiebrief van imkervereniging Leeuwarden e.o. (sinds 1899)

Van het bestuur. De Warbere Bijker. Informatiebrief van imkervereniging Leeuwarden e.o. (sinds 1899) Informatiebrief van imkervereniging Leeuwarden e.o. (sinds 1899) Maart 2013 Pagina 1 De Warbere Bijker Jaargang 6 nummer 1 In dit nummer: Van het bestuur 1 Bijenstal nieuws 2 Open imkerijdagen 2 Voorjaarsbijeenkomst

Nadere informatie

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage. Examen VWO 2008 tijdvak 1 vrijdag 30 mei 9.00 12.00 uur Fries Bij dit examen hoort een bijlage. Voor dit examen zijn maximaal 50 punten te behalen. Het examen bestaat uit 24 vragen en een samenvattingsopdracht.

Nadere informatie

Gearstalling Bestjoer

Gearstalling Bestjoer Gearstalling Bestjoer Frysk en Frij Hilversum (KfK Hilversum, nûmer 32126908) foarsitter : J. Kooistra 035-6218626 + ledeadm. Lutherhof 102, 1216 KV Hilversum e-mail: gurbe@xmsnet.nl skriuwer : A.R. Koopmans-Nieuwland

Nadere informatie

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1 Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1 Stavering: - s/z, f/v - g/ch - û/oe - u/ú/ue - dakjes - tusken-n - oergongs-w - faak foarkommende wurdsjes - i/y/ii/ie - soldaten-regel - twalûden en brekking - ij/ai/aai/y

Nadere informatie

Ut e Pinne 52e jiergong Nr. 1 januari 2018

Ut e Pinne 52e jiergong Nr. 1 januari 2018 Ut e Pinne 52e jiergong Nr. 1 januari 2018 Ferieningsblêd fan it Frysk Selskip Fier fan Hûs Apeldoorn Sûnt 9 desimber 1901 2 3 fan de foarsitter Henk de Boer YNHÂLD WE SETTE WER ÚT EIN We sette wer út

Nadere informatie

Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van 20 22-05-2013 B&M/LLW

Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van 20 22-05-2013 B&M/LLW 79 Begrutting 2012 Cie. Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van 20 maart jl. aan de orde geweest. 26-10-2011 J.A. de Vries Tasizzing: Het voorstel voor de toepassing ervan (breedband / glasvezel),

Nadere informatie

Oktober deel 2. Beste ouders / verzorgers,

Oktober deel 2. Beste ouders / verzorgers, Informatiebrief voor ouders en verzorgers ABBS De Reinbôge Greate Buorren 45 8732 EE Tel. 0515 332628 www.reinbogekubaard.nl reinbogekubaard@gearhing.net Oktober deel 2 Beste ouders / verzorgers, Net terug

Nadere informatie

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber.

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber. Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber. Tema: Feilichheid Besites: P.I. Ljouwert, brânwacht Gytsjerk Ite: Eetcafé De Winze, Wyns Fan t jier stiet de riedsekskurzje yn it teken fan feilichheid.

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun maart 2015 Ferlotting en tagongsprizen... 4 Yn petear mei foarsitter Kloezen... 5 Útnoeging foar 21 maart 2015... 8 Afûks earste e - book... 10 Fytse foar 250 euro...

Nadere informatie

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Even voorstellen Henny Bosscha-van der Veen Woonplaats: Visvliet Geboortejaar: 1949 vrijwilligerswerk Nederlands,

Nadere informatie

Nijkleaster Pinkster Paad

Nijkleaster Pinkster Paad Nijkleaster Pinkster Paad 2018 Opening: Veni Sance Spiritus (communauté de Taizé ) Welkom Kom tot ons, o heil ge Geest, in ons ontsteekt Gij t vuur van uw liefde. Kom tot ons, o heil ge Geest, kom tot

Nadere informatie

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst.

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst. 1 Bêste minsken, De tiid hâldt gjin skoft, in bekende útspraak fan ús Friezen, mar o, sa wier. Der is al wer in jier om, liket wol of it hyltyd rapper giet. Sil wol komme, om t wy allegear (wat) âlder

Nadere informatie

I. Tsjinst fan =e Tarieding

I. Tsjinst fan =e Tarieding Oarder fan de Tsjinst foar snein 13 desimber 2015 Tredde snein fan de Advint Martinigemeente te Boalsert Foargonger: ds. Hinne Wagenaar (Jorwert) Oargelist: Kees Nottrot I. Tsjinst fan =e Tarieding Wolkom,

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2013

Correctievoorschrift VWO 2013 Correctievoorschrift VWO 2013 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Meidielingeblêd fan de Sékrite Oprjochting fan de Sékrite, Fryske Krite fan Lelystêd en omjouwing op 26 novimber 1971 Meidielingeblêd fan de Sékrite It idee om in Fryske Krite yn e nije polder op te rjochtsjen, ûntstie yn oktober 1971.

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO 2012

Correctievoorschrift HAVO 2012 Correctievoorschrift HAVO 2012 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken!

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken! Ferwurkingen by LinKk 1 septimber 2015 tema: minsken & moetingen > KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Opdracht 1 Welkom bij LinKk! Dit is het verwerkingskatern dat bij het eerste LinKk-tijdschrift

Nadere informatie

Examen VMBO-GL en TL. Fries CSE GL en TL. tijdvak 1 vrijdag 25 mei uur. Bij dit examen horen een bijlage en een uitwerkbijlage.

Examen VMBO-GL en TL. Fries CSE GL en TL. tijdvak 1 vrijdag 25 mei uur. Bij dit examen horen een bijlage en een uitwerkbijlage. Examen VMBO-GL en TL 2018 tijdvak 1 vrijdag 25 mei 9.00-11.00 uur Fries CSE GL en TL Bij dit examen horen een bijlage en een uitwerkbijlage. Beantwoord alle vragen in de uitwerkbijlage. Dit examen bestaat

Nadere informatie

Marsumer fan it jier Achte oanwêzigen, bêste minsken,

Marsumer fan it jier Achte oanwêzigen, bêste minsken, Marsumer fan it jier 2011 Achte oanwêzigen, bêste minsken, It is wer safier. Wy binne takaam oan de Marsumer fan it jier 2011! Salang der in Aldjiersoertinking is, salang sil der ek in Marsumer fan it

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1 DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982.

Nadere informatie

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL 2019

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL 2019 Correctievoorschrift VMBO-GL en TL 2019 tijdvak 1 Fries CSE GL en TL Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Aanleveren

Nadere informatie

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL Correctievoorschrift VMBO-GL en TL 2010 tijdvak 1 Fries CSE GL en TL Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden

Nadere informatie

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN {ltt'" \^/ETTERSKIP FRYSLÂN Bugel Hajema Adviseurs T.a.v. de heer P.W. Rienstra Balthasar Bekkerwei 76 8914 BE LEEUWARDEN Leeuwarden, 1 5 november 201 1 Bijlage(n): 2 Ons kenmerk: WFNI l 15813 Tel: 058-292

Nadere informatie

FOLLE LOK EN SEINE YN IT NIJE JIER IT BESTJOER FAN IT FRYSK SELSKIP SWOL WINSKET ELTSENIEN M E I D I E L I N G E N B L E D F A N I T

FOLLE LOK EN SEINE YN IT NIJE JIER IT BESTJOER FAN IT FRYSK SELSKIP SWOL WINSKET ELTSENIEN M E I D I E L I N G E N B L E D F A N I T BESTJOER foarsitter Jan Bosgraaf Smitserf 42 7951 JG Staphorst 0522 464718 janendjoke@home.nl 2 e foarsitter / 2 e ponghâlder Henk Monkel Gentiaan 23 7721 HA Dalfsen 0529 433175 henmmonkel@kpnmail.nl skriuwer

Nadere informatie

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I I www.serviceflat-oranjewoud.nl T 0513-63 62 85 8443 EL Heerenveen Flat Oranjewoud 1 Iedere dag genieten van een prachtige omgeving FRKR Okt 2012 031012.indd 1 Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o.

Nadere informatie

Advertentie: Dries van den Berg - liggend

Advertentie: Dries van den Berg - liggend Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo Putten Séwolde Losse nûmers foar net-leden fan de Krite: 2,00 it stik. Skriuwersadres: Beemdweg 29 3852 XC Ermelo e-mail: kcvanderbeek@gmail.com

Nadere informatie

Gearstalling Bestjoer

Gearstalling Bestjoer Gearstalling Bestjoer Frysk en Frij Hilversum (KfK Hilversum, nûmer 32126908) foarsitter : J. Kooistra 035-6218626 + ledeadm. Lutherhof 102, 1216 KV Hilversum e-mail: gurbe@xmsnet.nl skriuwer : A.R. Koopmans-Nieuwland

Nadere informatie

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL Correctievoorschrift VMBO-GL en TL 2011 tijdvak 1 Fries CSE GL en TL Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden

Nadere informatie

BRÂNING BRANDING. Wytze Brandsma. Narratio

BRÂNING BRANDING. Wytze Brandsma. Narratio BRÂNING BRANDING Wytze Brandsma Narratio ISBN: 978 90 5263 4982 NUR: 714 2018 theologische uitgeverij Narratio Postbus 1006, 4200 CA Gorinchem. tel. 0183 62 81 88 - e-mail: info@narratio.nl Actuele informatie

Nadere informatie

Omrop Fryslân. Jierferslach

Omrop Fryslân. Jierferslach Omrop Fryslân Jierferslach 2011 Kolofon Produksje: Fotografy: Yllustraasjes: Opmaak: Omrop Fryslân, Ljouwert Dirk Jan Haarsma Omrop Fryslân Joël Puik, Omrop Fryslân Ynhâld Gearstalling organen Omrop Fryslân

Nadere informatie

Reünie EP de Boerschool. September 2014

Reünie EP de Boerschool. September 2014 Reünie EP de Boerschool September 2014 It Fuottenein Doarpskrante fan Winaam Uitgave van de Vereniging Dorpsbelang Wijnaldum Voorzitter: Johannes Rutten Tel. 06 51405131 Secretaris: Janny Stuiver Tel.

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 367 oktober 2013 1

DOARPSNIJS Nûmer 367 oktober 2013 1 DOARPSNIJS Nûmer 367 oktober 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid. Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.nl Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel. 242212 dieta@knid.nl

Nadere informatie

KRYST M E I D I E L I N G E N B L E D F A N I T. Oprjochte 8 febrewaris 1899 Jiergong 44 nûmer 2 wintermoanne 2015

KRYST M E I D I E L I N G E N B L E D F A N I T. Oprjochte 8 febrewaris 1899 Jiergong 44 nûmer 2 wintermoanne 2015 BESTJOER Foarsitter Jan Bosgraaf Smitserf 42 7951 JG Staphorst 0522 464718 janendjoke@home.nl 2 e foarsitter / Henk Monkel Gentiaan 23 7721 HA Dalfsen ponghâlder a.i. 0529 433175 henmmonkel@kpnmail.nl

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO 2014

Correctievoorschrift HAVO 2014 Correctievoorschrift HAVO 2014 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 361 maart 2013 1

DOARPSNIJS Nûmer 361 maart 2013 1 DOARPSNIJS Nûmer 361 maart 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie