Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o.

Maat: px
Weergave met pagina beginnen:

Download "Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o."

Transcriptie

1 Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo Putten Séwolde Skriuwersadres: Beemdweg XC Ermelo

2 FAMYLJEWYKEIN? co m Buitengoed Fredeshiem - Steenwijk-De Bult Tel. (0521) Hjir hie ek jo adfertinsje stean kinnen FRKR Okt indd 2 No in

3 Fan de foarsitter: Eala, As de fûgels striekes sjouwe nei it dak of holle beam. As de fjilden har ûntjouwe en de blomkes iepen gean. Dan komt de maitiid, maitiid yn it lân. Dan laket alles, alles jin sa oan. Dy moaie maitiid mei syn blauwe loft, is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft, is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft. Ik tink dat de measten fan ús dit bekende liet fan Tetman en Jarich de Vries út De tiid hâldt gjin skoft wol kenne. Rûnom sjogge jo alwer de tekens fan de kommende maitiid. Meterologysk al begûn op 1 maart. Op guon plakken binne de liderkes al hast wer út de bloei. Foar ús Krite betsjut it dat wy al hast wer oan e ein fan it winterskoft 2013/2014 binne. Mar earst in koart weromsjen nei de kritejûn fan 15 febrewaris l.l. 1

4 Ik tink dat hast eltsenien it dizze jûn tige nei t sin hân hat. Der is wat ôflake. De toanielferiening ProRege út Holwert sette foar ús in geweldich goed spile stik op de planken. Der wiene spilers dy t al foar oanfang fan e jûn yn harren rol sieten troch oan de besikers de wei te freegjen nei de Multatulistrjitte. Troch t alle spilers in mikrofoantsje op hiene wie it foar alle oanwêzigen goed te ferstean. Al mei al wie it in tige slagge jûn. Mochten der kriteleden wêze dy t ek graachris in reaksje jaan wolle oer in kritejûn- of middei, dan is dat tige wolkom. It is net perfoast nedich dat yn it Frysk te dwaan. Jo kinne it stjoere of maile nei Kees van der Beek. Hy soarget derfoar dat it, sa nedich, oerset wurdt en yn it kritenijs komt. Us lêste kritejûn fan dit winterskoft sil wêze op 29 maart o.s. Dan komt it kwartet, besteande út Bauke van der Woude, Campbell Forbes, John Eskes en Hans Sambrink, nei de Kiekmure. Sy bringe harren 15 jierrige jubileumprogram In reis troch it libben mei Moed en Nocht. Sy binne foar ús gjin ûnbekinden en it is altyd wer in genot genietsje te kinnen fan de lietteksten dy t sawol fleurich as earnstich wêze kinne. Wy begjinne dizze jûn, lykas wênstich, om healwei achten It sprekt fansels dat wy in soad leden en gasten hoopje te moetsjen op dizze jûn. Andrea sil der wêze mei de boeketafel en Foekje mei de tekstyltafel. By beide is it tige de muoite wurdich efkes om te sneupen foar in nij of twaddehâns/healsliten. boek of foar in moai Frysk presintsje om fuort te jaan of foar josels. 2

5 Yn it skoft komme wy wer lâns mei lotsjes en de meibrochte prizen foar de ferlotting bliuwe tige wolkom. Foar by de kofje leit der in stikje koeke klear. Om t ien fan ús leden in protte DE-punten ynlevere, sit der alwer in moai begjin yn de DE-puntedoaze. Fansels garje wy gewoan troch. Dêrom, as jo der dochs neat mei dogge..,wy binne der bliid mei. Foar it winterskoft 2014/2015 komme 18 oktober 2014 Lytse Teake en Griet Wiersma nei Hurderwyk. Sy komme mei it ôfskiedsprogram fan Teake mei in oersjoch fan 50 jier Lytse Teake Om t Teake jûns net mear fier fan hûs giet, hâlde wy dit optreden op e middei. De tiid fan oanfang is noch net bekend. ****Set dizze datum alfêst yn jo bûsboekje**** Ta beslút Sa stadich wei oan tinkt it bestjoer alwer nei oer it winterskoft en de ynfolling dêrfan. Ha jo suggestjes, jou se dan troch oan it skriuwerspear. 3

6 Foar de fakânsjetiid hoopje wy it nije programma rûn te hawwen en by ús leden te besoargjen. Graach wol ik alle leden in goede en sûne maitiid en simmerskoft tawinskje. Wy hoopje, nei de fakânsjetiid, yn oktober de tried wer op te pakken mei it optreden fan Teake en Griet. Njonken ús leden hoopje wy dan ek in soad gasten yn e Kiekmure te begroetsjen. Dêrom: trún Friezen yn jo omjouwing mei nei de Kiekmure op 18 oktober de middeis. Hawwe jo ynformaasje oangeande it lok en leed by leden yn jo omjouwing, hâldt ús op e hichte. It adres en tillefoannûmer fan Siska en Kees van der Beek stiet op e lêste side fan dit Kritenijs. Graach oant 29 maart. Ut namme fan it bestjoer, Margje Beijert-Bruinsma Fan buorkrite Fier fan hûs fan Apeldoarn: Sneon 22 maart o.s. wurdt om oere yn Ugchelens Belang, Boogaardslaan 81 yn Ugchelen De Emigrant opfierd. Yntree: 12,50 foar leden - 17,50 foar net-leden It ferhaal: Sybolt de Haas is sa n 50 jiier lyn nei Kanada emigreare; nei swiere jierren hat hy in boerespul opbout. Nei t ferstjerren fan syn frou wol hy wol werris werom nei syn roots. Soan Willem sil op t spul bliuwe. Twa aventoeren tagelyk de reis nei Fryslân wurdt foar de emigrant tige konfrontearjend. 4

7 Utnoeging foar ús lêste kritejûn fan Sneon 29 maart 2014 yn de Kiekmure, Tesselschadelaan 1 yn Hurderwyk tagongspriis: 5,00 foar leden / 10,00 foar net-leden Oanfang: oere de seal is om oere iepen Mei Moed & Nocht, in reis troch it libben"... Muzyk om nei te harkjen... Nei oanlieding fan harren 15 jierrich jubileum It kwartet Bauke van der Woude Mei : Bauke van der Woude Campbell Forbes John Eskes Hans Sambrink 5

8 Bauke van der Woude : As lytse jonge mei gitaar yn de optocht fan Dokkum. Sa begûn it. In fleurich, kreatyf jonkje, sljocht fan sjongen. Om syn fjirtichste hinne waard it tiid om ris efterom te sjen: wêr wie dat fleurige, kreative jonkje mei syn gitaar? Hy naam opnij gitaarles en ûntduts dat sels lieten meitsje foar him moaier wie as lieten fan oaren te sjongen. By de berte fan syn earste pakesizzer skreaun er "Basje". Op oantrúnjen fan freonen stjoerde hy it yn foar it Frysk sjongfestival Liet It waard útkeazen foar de finale. Fan it iene kaam it oare. Bauke waard frege Basje foar de radio te sjongen en sa kamen ek de earste optredens. Hy folge in liet-skriuwerskursus fan it FLMD by Doede Veeman en Piter Wilkens. Letter trof hy Jurjen van der Meer. Hy frege Bauke of it net tiid wie om in tal lieten op cd te setten. Sa waard de earste cd Beklonken Leafde opnommen. Wer letter folgen It slyt mar net - en Skaadman. In tal betûfte gastmuzikanten wurken mei, sa as Hans Voerman, Frederike Kleefstra, Jan Ottefanger, Riemer Soolsma en Campbell Forbes. Dy gearwurking wie in boppeslach. Sûnt dy tiid is Campbell fêste begelieder fan Bauke en binne se in net mear by mekoar wei te tinken duo. It tal optredens groeide. Sa fersoargen se ek programma's yn gearwurking mei skriuwer Hylke Speerstra. Dy gearwurking brocht Bauke yn 2002 yn Kanada en Amearika dêr t er optredens foar de Friezen om útens fersoarge. Yn 2005 mocht Bauke itselde dwaan foar de Friezen yn Nij Seelân. Ek wiene Bauke en Campbell te sjen en te hearren op Omrop en TV Fryslân en foar de VPRO Radio. Yn 2006 groeide it duo út ta in trio en sels ta in kwartet. John Eskes, gitarist, akkordeonist en arrangeur skode oan as ekstra begelieder. John is in betûft musikus en is ûnder oaren bekend as muzikaal lieder fan Paul 6

9 van Vliet en Rients Gratama. As slachwurker kaam Hans Sambrink der by. Yn maart 2007 kaam harren cd Swart Wyt út en yn novimber 2011 de nijste: "Moed en Nocht". Yntusken ha Bauke en Campbell in eigen publyk witte te binen mei in hiel eigen lûd. Campbell Forbes : Campbell waard berne op e Bahamas. Op syn fjirtjinde krige er fan syn heit in gitaar. Doe t er sechtjin wie woe er graach gitarist wurde by de High School Band. Mar dêr spile al in gitarist. Dy helle syn eindiploma en sa koe Campbell as bassist oan e slach. Nei syn eksamen gie er nei College yn Amearika om ynternasjonale betrekkings te studearjen. Hy liet de skoalle foar wat it wie, gie werom nei de Bahama's en sette him mei folle enerzjy ta de bas. Dat ynstrumint waard syn grutte leafde. Hy waard beropsmuzikant en wurke op de Bahamas mei in protte topformaasjes. Twa jier spile er yn Beginning of the End. Dizze band hie in wrâldhit mei Funky Nassau (mear as trije miljoen cd s ferkocht) Súksesfolle toers troch Amearika en Kanada folgen. Yn 1985 troude Campbell mei in Nederlânse. Fiif jier letter kamen se yn Nederlân wenjen; earst yn Amsterdam, letter yn Harns. Dêr begûn Campbell de band Frees Carib. Fryske muzikanten dy t ûnder syn lieding Karibyske muzyk mei in Frysk sauske spilen. Ek spile hy noch yn in grut tal oare bands. Yn 1999 frege Bauke of hy meiwurkje woe oan de cd It slyt mar net. Dat wie foar him in nije útdaging. By de presintaasje fan de cd liet it publyk witte de gearwurking tige te wurdearjen. Campbell waard Bauke s fêste begelieder en begûn sels ek Frysk te sjongen. 7

10 In protte optredens folgen. Hjirtroch begûn Campbell him wat langer wat mear Fries te fielen. ( Ik moat no bytiden yn e spegel sjen om te witten dat ik swart bin... ) Muzyk makke foar him yntegraasje yn Fryslân in stik makliker. Ien fan Campbell syn kredo s is dat muzyk de brêge nei de minsken is. Soest sizze kinne dat hy op dizze wize dochs noch in bydrage levert oan de ynternasjonale betrekkings. Yntusken fielt hy himsels in echte Fries. Hy is der grutsk op dat hy mei Bauke in eigen publyk wit te berikken. John Eskes: Gitarist, akkordeonist, muzikaal lieder Hans Sambrink: Slachwurk Selsmakke Fryske en Stedsfryske lieten Brocht troch in pear apart út Harns dy harren der net foar skamje om yn it Frysk te sjongen. Fan fan flinter tin oant bretaal en bliid. Dizze mannen sjonge mei oertsjûging en nocht muzyk mei hûd en hier! (Jo kinne harren dûbel-cd Moed en Nocht mei 28 lieten derop keapje) Yn t skoft wurde wer lotsjes ferkocht, lyk as wenst. 1 setsje fan 4 lotsjes foar 1,-- en 3 setsjes foar 2,50. Meibrochte pryskes binne tige wolkom. Nei ôfrin wurde de lotsjes lutsen! Ek foar yn t skoft: de Boeketafel by Andrea en de tekstyltafel by Foekje 8

11 Nijs fan It Boun: Sneon 5 april o.s. hâldt it Frysk Boun om Utens foar de 90e kear har Algemiene Gearkomste yn Seist. Fanôf oere binne jo wolkom yn de skoalle tsjinoer it Torenlaanteater, Torenlaan 38 yn Seist. It Selskip Mei Inoar fan Seist is gasthear. Om oere wurdt de gearkomste iepene. Gastsprekker is de hear Thomas Dijkstra. Hy sprekt út namme fan de Ried fan de Fryske Beweging oer dizze organisaasje, wêr t It Boun ek diel fan útmakket. Hy sil ek it ien en oar fertelle oer de skiednis fan de Slach by Warns en de jierlikse betinking dêrfan yn septimber. Jierferslaggen fan skriuwer en ponghâlder, it Kaderwykein, de Mediasaken, koartsein:it riden en farren fan It Boun stiet dy middei sintraal. Om t wy as krite Hurderwyk (ien fan de no noch 18 oansletten kriten...) diel útmeitsje fan It Boun is eltsenien dan ek útnoege om dizze Algemiene Gearkomste by te wenjen. Nei ôfrin fan de gearkomste hâldt de krite Seist tegearre mei Utert har kritejûn en dêr sil De Emigrant op e planken komme. Binne jo lid fan in krite dan is de yntreepriis 15,00 oars 17,50. 9

12 As jo de AG bywenje, dan kinne jo dêr ek it jûnsiten krije: foar 17,50 Krite Seist wol graach op tiid fan te foaren witte op hoefolle minsken se rekkenje kinne. Dêrom graach foar 25 maart it jild oermeitsje op rekkennûmer NL75INGB op namme fan Selskip Mei Inoar te Bilthoven graach nammen, krite/wenplak en eventueel bestjoersfunksje mei it tal tagongsbewizen (hawwe jo in dieet, dan ek dat der by sette). It jûnsprogramma begjint om oere en wurdt hâlden yn de grutte seal fan it Torenlaanteater. Nijbou Kiekmure Hurderwyk Yn it foarige kriteblêd lieten wy witte dat de Kiekmure yn Hurderwyk yn t nij stutsen wurdt. De gemeenteried fan Hurderwyk hat grien ljocht jûn. It plaatsje lit sjen, dat it fjouwerkante gebou fan de Kiekmure wat mear rûne foarmen krijt. 10

13 It kommende winterskoft hat it foar ús krite gjin konsekwinsjes; sa t no liket, sille wy it hiele winterskoft gewoan gebrûk meitsje kinne fan de seal, al sil it ferbou-wurk net alhielendal ûngemurken foarby gean. Wy binne bliid mei de tasizzing, dat wy gewoan wolkom bliuwe yn de Kiekmure wy hawwe dêr al jierren in skoan plak en mei de nijbou wurdt it allinnich noch mar skoander! Kees van der Beek. IBAN Sljocht wurde jo fan it ûnbidich lange nûmer; om te ûnthâlden suver hast net te dwaan... Eartiids bewarren jo it jild yn in âlde sok ûnder it kessen. Lean krige jo sa op t hantsje neat gjin geëamel oer kredyt of debet neat gjin gedoch mei steurings yn it beteljen fan jo rekkens. Dy tiid hawwe wy hân en komt ek net werom... As Fryske Krite meitsje wy al jierren gebrûk fan in bankrekkennûmer wêr t ús leden harren ledejild op stoarte kinne; dat is sa stadichoan foar de measten wol te dwaan... Mar no hawwe de banken wat betocht om it ús noch wat lestiger te meitsjen; troch it weifallen fan hieltyd mear grinzen binne de banken yn ús lân net mear allinnich fan en foar ús... IBAN stiet foar: International Bank Account Number dit bestiet út 18 tekens (sifers en letters) yn kombinaasje mei jo âlde bankrekkennûmer: 11

14 As jo in bytsje thús binne op ynternet, dan kinne jo in soad ynformaasje fine op : - hjir jouwe de banken in aardich oersicht fan mooglikheden om de IBAN-BIC koades fan Nederlânske rekkennûmers te finen. It IBAN rekkennûmer fan ús krite is (en foar jo wichtich om yn te foljen as jo it ledejild oermeitsje...) NL21ABNA N.B. Oan de binnenkant fan it efterblêd stiet noch it âlde fertroude bankrekkennûmer, dat jo no dus net mear brûke meie... Redaksje giet no mei fakânsje... De top trije fan Fryslân om yn jo fakânsje fan te genietsjen, mar wis witte josels ek oare gaadlike plakjes te finen... Goeie simmer en oant oktober. 12

15 Gearstalling fan it bestjoer foarsitter: mefr. M. Beyert-Bruinsma tillef Jasmijnweg EP Nunspeet skriuwers: dhr. en mefr. K. en S. van der Beek tillef Beemdweg XC Ermelo ponghâlder: dhr. S. Tilstra tillef Akkerroos XN Zeewolde bankrekkennûmer: t.n.f. Fryske Krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. lid algemien: mefr. F. Bijlsma tillef Weverskamp CR Harderwijk lid algemien: dhr. D. Reitsma tillef Fagotdreef DG Harderwijk lid algemien: dhr. R. Sietsma tillef Kerklaan 15a 3851 JV Ermelo boekefrou: Andrea Froma tillef Oenenburgweg GH Nunspeet WEDDINGPROSON DRUKKERS & COMCEPTORS UW GRAFISCH BEDRIJF VOOR: Al uw druk- en printwerk Personaliseren, printen en verzenden van mailings Inbinden, vergaren, verpakken, lamineren etc. Vormgeving van uw folders en brochures Snelle levertijden, coulante betalingsvoorwaarden, PRINT mooi drukwerk, goede prijzen INTERNET PRINT Internetwinkel? WEDDINGPROSON zorgt voor de distributie van uw artikelen Nobelstraat 16, Harderwijk / Paul Krügerweg 43, Ermelo / T info@weddingproson.nl / 13

16 Iedere dag genieten van een prachtige omgeving Flat Oranjewoud EL Heerenveen T I

Eindexamen Fries havo I

Eindexamen Fries havo I Beoordelingsmodel De mearkarfragen hawwe in gewicht fan 1 punt. Foar fraach 3, 8, 9, 10, 11, 12, 13, 15, 18, 20, 21, 22, 24, 25, 26, 30, 32 en 33 jildt in maksimale skoare fan 2 punten. Alle oare fragen

Nadere informatie

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 Is elk wittenskiplik ûndersyk wol wittenskiplik? 1 A 2 maximumscore 1 Omdat dat ûndersyk net foldocht oan (Piersma syn)

Nadere informatie

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o.

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I www.serviceflat-oranjewoud.nl op A5 formaat met de volgende advertentie: T 0513-63 62 85 8443 EL Heerenveen Flat Oranjewoud 1 Iedere dag genieten van een prachtige omgeving Spesjalist kabels en leidingen

Nadere informatie

Merke 2015 Back to the 70 s

Merke 2015 Back to the 70 s Merke 2015 Back to the 70 s Tongersdei - Donderdag Tongersdei 13 Augustus - Donderdag 13 Augustus 19.00 Back to the 70 s DISCO-PARADE Dit jier kinne alle bern fan de basisskoalle mei harren fersierde fiets

Nadere informatie

1. In geskink fan de Nyl

1. In geskink fan de Nyl 1. In geskink fan de Nyl Yn Egypte kinne se skriuwe, dêrom heart Egypte by de perioade fan de âldheid. It tiidrek fan 3000 foar Kristus oant 500 nei Kristus neame we de tiid fan de Griken en de Romeinen.

Nadere informatie

Staatsexamen VWO 2014

Staatsexamen VWO 2014 Staatsexamen VWO 2014 Nederl Friese taal schrijfvaardigheid Tijdvak 1 Vrijdag 23 mei 09.00 11.30 uur College-examen schriftelijk Opgavenboekje Steatseksamen Frysk vwo 2014 tiidfek 1 Bijgaande examenopgave

Nadere informatie

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten W I N T E R P R O G R A M 2 0 1 6-2 0 1 7 Oansletten Kriten 1 *************************************************************************** Adressen fan skriuwers fan oansletten kriten: ----------------------------------------------------------

Nadere informatie

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw, KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER 2015 Beste leerkracht van de bovenbouw, De landelijke Dag van de Duurzaamheid vindt dit jaar plaats op vrijdag 9 oktober 2015. Door heel Nederland vinden,

Nadere informatie

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou, Datum: 28-09-18 Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou, Ien fan de talen fan Fryslân is it Stadsfrys, dat mei lytse ûnderlinge ferskillen praat wurdt yn de stêden Ljouwert,

Nadere informatie

www.mantgumermerke.nl

www.mantgumermerke.nl www.mantgumermerke.nl Op 13, 14 en 15 augustus sil it wer heve! Dan is it wer tiid foar de Mantgumer Merke! Jawis, wy as kommisje rinne al wer waarm foar de Merke. Noch in hiel skoft tinke de measte minsken,

Nadere informatie

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I I www.serviceflat-oranjewoud.nl T 0513-63 62 85 8443 EL Heerenveen Flat Oranjewoud 1 Iedere dag genieten van een prachtige omgeving FRKR Okt 2012 031012.indd 1 Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o.

Nadere informatie

Eindexamen havo Fries I

Eindexamen havo Fries I De mearkarfragen hawwe in gewicht fan 1 skoarepunt. Tekst 1 It klimaat fan Fryslân yn it jier 2030 1 maximumscore 1 Troch sâlt en swiet wetter by inoar lâns streame te litten. 2 maximumscore 1 It klimaat

Nadere informatie

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân 1 B 2 C 3 maximumscore 1 Jagers kinne minder reeën, kninen en hazzen sjitte. Wolven

Nadere informatie

Cursussen Fries 2016-2017

Cursussen Fries 2016-2017 afuk.frl Wolkom by de Afûk! Bent u in Friesland komen wonen en wilt u de taal graag kunnen verstaan? Of wilt u voor uw werk graag Fries kunnen spreken? Bent u Friestalig en wilt u het Fries graag leren

Nadere informatie

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

Trijetalich ûnderwiis súksesfol De Trijetalige Skoalle 1 Trijetalich ûnderwiis súksesfol Acht jier lang hawwe sân skoallen yn Fryslân meidien oan it projekt Trijetalige Skoalle. De resultaten wienen sa goed dat de projektskoallen graach

Nadere informatie

Harkje, lêze en útspraak

Harkje, lêze en útspraak Les1 Om te begjinnen Jonge kinderen leren spelenderwijs met gemak twee of drie talen tegelijk. Volwassenen moeten er vaak wat meer moeite voor doen. Dat neemt niet weg dat ook volwassenen in staat zijn

Nadere informatie

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS 0 0 KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS AUGUSTUS 0 :00 Hurderwyk 't Harde Fryske Tsjerketsjinst yn de PKN-Maranathatsjerke, Bovendwarsweg c, 0 JB t Harde. Foargonger: ds. Emko Postma fan Genemuiden.

Nadere informatie

Herdenken - Jannes en Bea

Herdenken - Jannes en Bea Dodenherdenking 04 mei 2014. Bij het graf van William Robert Fisher op het kerkhof van Wirdum (Fr) In stilte kwamen wij bij elkaar op het kerkhof bij de Sint Martinuskerk in het centrum van Wirdum. Hans

Nadere informatie

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013 maart 2013 maart 2013 Hylke Speerstra De treastfûgel Hylke Speerstra It wrede paradys, it ferfolch Jaap Krol It fûgelgebed Gjalt de Groot It swetshok In Memoriam Hylke Speerstra De Treastfûgel Yn De treastfûgel

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 3 desimber 2015 tema: kommunikaasje > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Veel plezier met de opdrachten. Opdracht I Wurdspin Jullie kennen meer vormen van communicatiemiddelen

Nadere informatie

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o.

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I www.serviceflat-oranjewoud.nl op A5 formaat met de volgende advertentie: T 0513-63 62 85 8443 EL Heerenveen Flat Oranjewoud 1 Iedere dag genieten van een prachtige omgeving Spesjalist kabels en leidingen

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO

Correctievoorschrift VWO Correctievoorschrift VWO 2007 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke   dit boekje is in kadootsje fan Tomke nei de biblioteek 2015 Tema Hoi Tomke www.tomke.nl www.gidsvoornederland.nl/bibliotheken/fryslân dit boekje is in kadootsje fan Foarlêzen en boeken foar jonge bern Boeken bringe in petear op gong;

Nadere informatie

Nieuws Kindcentrum Wytgaard

Nieuws Kindcentrum Wytgaard Wytgaard, 18 januari 2018 Nieuws Kindcentrum Wytgaard De agenda staat vol leuke dingen! De schoolschrijvers komen binnenkort, het bouwvakkersfeest wordt een echte happening en dan ook nog 2 februari, de

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1 DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1 DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL Correctievoorschrift VMBO-GL en TL 2010 tijdvak 1 Fries CSE GL en TL Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden

Nadere informatie

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage. Examen HAVO 2014 tijdvak 1 maandag 26 mei 13.30-16.00 uur Fries Bij dit examen hoort een bijlage. Dit examen bestaat uit 33 vragen. Voor dit examen zijn maximaal 44 punten te behalen. Voor elk vraagnummer

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 4 jannewaris 2009 tema: bisten & natuer > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Het thema van dit katern voor niet-friestalige leerlingen is Bisten en Natuer. Je leert van verschillende

Nadere informatie

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as âlder, mar ek foar alle oare minsken dy t te krijen ha mei bern yn twatalige (Frysk en Nederlânsk) of meartalige situaasjes (Frysk, Nederlânsk, in streektaal,

Nadere informatie

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk www.afuk.frl kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk Ynhâld yn Nederlânsk en Frysk 1. De letter f 2. De letter s 3. De letters f en v 4. De letters s en z 5. De letter g

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun maart 2017 Oan ús kriteleden... 2 Ferlotting en tagongsprizen... 4 Ledeberjochten... 5 Slange 50 jier ponghâlder... 6 Fytse foar 250 euro... 7 Útnoeging foar 25

Nadere informatie

Jierferslach. Omrop Fryslân

Jierferslach. Omrop Fryslân Jierferslach 2010 Omrop Fryslân 1 Produksje Foto s Opmaak Drukkerij Korreksjewurk Omrop Fryslân, Ljouwert Dirk Jan Haarsma Omrop Fryslân, Ljouwert Van der Eems, Easterein Taalwurk Fryslân, Grou 2 YnhAld

Nadere informatie

nr. Januari 2008 www.destapstien.nl

nr. Januari 2008 www.destapstien.nl Januari 2008 nr. 4 www.destapstien.nl Foarwurd Alle nijjierswinsken al lang wer achter de rêch, it skoaljier is twa wiken âld as ik dit skriuw. We sitte wer yn ús ritme, binne blij dat we by de waarme

Nadere informatie

Tomke makket in snieman

Tomke makket in snieman Tomke makket in snieman 2017 Tema Seizoenen dit boekje is in kadootsje foar alle pjutten en beukers yn Fryslân No foarlêze, letter sels lêze. Tegearre lêze is in simpele en fijne wize om mei dyn berntsje

Nadere informatie

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma. OANTEKENS fan de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Ferwerderadiel, hâlden op tongersdei 20 septimber 2012 om 20.00 oere yn it gemeentehûs yn Ferwert. Oanwêzich : de riedsleden: frou L.J.

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun maart 2014 Ledeberjochten... 4 Douwe Egberts punten... 5 Krite Beverwyk US MEMMETAEL... 6 Útnoeging foar 22 maart... 8 Fryske Tsjerketsjinst yn Alkmaar... 10 Ferlotting

Nadere informatie

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016. Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van Rintje Lolkema I 3 februari 1938 2 februari 2016 In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016. Voorganger: Ds Dingena Hasper Diaken:

Nadere informatie

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage. Examen VWO 2008 tijdvak 1 vrijdag 30 mei 9.00 12.00 uur Fries Bij dit examen hoort een bijlage. Voor dit examen zijn maximaal 50 punten te behalen. Het examen bestaat uit 24 vragen en een samenvattingsopdracht.

Nadere informatie

Friese taal schrijfvaardigheid

Friese taal schrijfvaardigheid Staatsexamen VMBO TL 2016 Nederl Friese taal schrijfvaardigheid Tijdvak 1 Vrijdag 27 mei 13.30 15.00 uur College-examen schriftelijk Opgavenboekje 1 / 5 Schriftelijk college-examen schrijfvaardigheid Friese

Nadere informatie

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure Aanwezig: De raadsleden: de dames en heren L. Boelsma-Hoekstra

Nadere informatie

I. Tsjinst fan =e Tarieding

I. Tsjinst fan =e Tarieding Oarder fan de Tsjinst foar snein 13 desimber 2015 Tredde snein fan de Advint Martinigemeente te Boalsert Foargonger: ds. Hinne Wagenaar (Jorwert) Oargelist: Kees Nottrot I. Tsjinst fan =e Tarieding Wolkom,

Nadere informatie

It Bestjoer. Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till

It Bestjoer. Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till It Bestjoer Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan 316 1974 SG IJmuiden till. 0255-510575 Ponghâlder: W. Hiemstra Meester Cornelisstraat 9 2023 DE Haarlem till. 06-51749049 Skriuwster: T.L. Rijpkema-van

Nadere informatie

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april 2015 1

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april 2015 1 DOARPSNIJS Nûmer 384 april 2015 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1 DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982.

Nadere informatie

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga TRUCKSTOP Drama/Thriller door LOT VEKEMANS Fryske oersetting Baukje Stavinga TONEELUITGEVERIJ VINK B.V. (Grimas Theatergrime verkoop) Tel: 072-5 11 24 07 E-mail: info@toneeluitgeverijvink.nl Website: www.toneeluitgeverijvink.nl

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 4 febrewaris 2016 tema: bisten en natuer > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Het thema van dit katern voor niet-friestalige leerlingen is Bisten en Natuer. Je leert van verschillende

Nadere informatie

Advertentie: Dries van den Berg - liggend

Advertentie: Dries van den Berg - liggend Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo Putten Séwolde Losse nûmers foar net-leden fan de Krite: 2,00 it stik. Skriuwersadres: Beemdweg 29 3852 XC Ermelo e-mail: kcvanderbeek@gmail.com

Nadere informatie

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN {ltt'" \^/ETTERSKIP FRYSLÂN Bugel Hajema Adviseurs T.a.v. de heer P.W. Rienstra Balthasar Bekkerwei 76 8914 BE LEEUWARDEN Leeuwarden, 1 5 november 201 1 Bijlage(n): 2 Ons kenmerk: WFNI l 15813 Tel: 058-292

Nadere informatie

Beschrijving ochtend programma (voor iedereen)

Beschrijving ochtend programma (voor iedereen) Beschrijving ochtend programma (voor iedereen) Natuer/Natuur Tijdens het ochtendprogramma "Natuer" gaan de leerlingen zich verdiepen in de Nederlandse (dus ook Fryske) natuur. Zij gaan in 4 groepen aan

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber 2014 1

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber 2014 1 DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2013

Correctievoorschrift VWO 2013 Correctievoorschrift VWO 2013 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken Nieu wsbri BMW Z1 Club NL December 2015 ef Beste Z1-vrienden Inmiddels is het cabrioseizoen ten einde, staan de Z1 s in de garage en tellen we af naar 2016. De laatste activiteit van dit jaar, een gezellige

Nadere informatie

KRITEJUNEN FAN ALLE KRITES FAN IT FRYSK BOUN

KRITEJUNEN FAN ALLE KRITES FAN IT FRYSK BOUN 3 0 Twinte :00 Swol Apeldoarn De Duiker KRITEJUNEN FAN ALLE KRITES FAN IT FRYSK BOUN SEPTEMBER 0 Kritereiske nei It Poptaslot en in boattocht troch it noar-den fan Fryslân. Opjaan by: hendrik.tel@tonline.de

Nadere informatie

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid. Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.nl Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel. 242212 dieta@knid.nl

Nadere informatie

Ut e Pinne 52e jiergong Nr. 1 januari 2018

Ut e Pinne 52e jiergong Nr. 1 januari 2018 Ut e Pinne 52e jiergong Nr. 1 januari 2018 Ferieningsblêd fan it Frysk Selskip Fier fan Hûs Apeldoorn Sûnt 9 desimber 1901 2 3 fan de foarsitter Henk de Boer YNHÂLD WE SETTE WER ÚT EIN We sette wer út

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun maart 2015 Ferlotting en tagongsprizen... 4 Yn petear mei foarsitter Kloezen... 5 Útnoeging foar 21 maart 2015... 8 Afûks earste e - book... 10 Fytse foar 250 euro...

Nadere informatie

Uitnodiging. Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk. Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries

Uitnodiging. Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk. Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries Uitnodiging Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries donderdag 14 februari 2013 tongersdei 14 febrewaris 2013 Om het

Nadere informatie

Omrop Fryslân. Jierferslach

Omrop Fryslân. Jierferslach Omrop Fryslân Jierferslach 2011 Kolofon Produksje: Fotografy: Yllustraasjes: Opmaak: Omrop Fryslân, Ljouwert Dirk Jan Haarsma Omrop Fryslân Joël Puik, Omrop Fryslân Ynhâld Gearstalling organen Omrop Fryslân

Nadere informatie

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL Correctievoorschrift VMBO-GL en TL 2011 tijdvak 1 Fries CSE GL en TL Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden

Nadere informatie

Omrop Fryslân. Jierferslach

Omrop Fryslân. Jierferslach Omrop Fryslân Jierferslach 2012 Ynhâld Gearstalling organen Omrop Fryslân yn 2012 6 Profyl 2012 8 2.1 Bedriuwsfiering 8 2.2 Identiteitsdoel 8 2.3 Kearngetallen 9 Ferslach Ried fan Kommissarissen 10 3.1

Nadere informatie

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015 BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015 Oanwêzich Foarsitter : de hear T. van Mourik Griffier : mefrou W. Bruinsma P.v.d.A. : mefrou M. van der Meer en de hear

Nadere informatie

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Meidielingeblêd fan de Sékrite Oprjochting fan de Sékrite, Fryske Krite fan Lelystêd en omjouwing op 25 novimber 1971 Meidielingeblêd fan de Sékrite It idee om in Fryske Krite yn e nije polder op te rjochtsjen, ûntstie yn oktober 1971.

Nadere informatie

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst.

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst. 1 Bêste minsken, De tiid hâldt gjin skoft, in bekende útspraak fan ús Friezen, mar o, sa wier. Der is al wer in jier om, liket wol of it hyltyd rapper giet. Sil wol komme, om t wy allegear (wat) âlder

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1 DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter Steatekommisje Lân, Loft en Wetter Datum gearkomste: 9 april 08 Wurklistpunt: 3 STEATEKOMMISJE LAN, LOFT EN WETTER 10 Ferslach fan de gearkomste op 5 maart 08 yn it Doarpshûs fan Seisbierrum. Oanwêzich:

Nadere informatie

MR/ Ouderraad it Pertoer

MR/ Ouderraad it Pertoer Nieuwsbrief MR/ Ouderraad it Pertoer November 2016 In dit nummer Ouders, bedankt!! Wat doet de MR Voorstellen ouders in de MR en OR Beste ouders. Schooljaar 2015-2016 - nr. 2 Ouders, bedankt! Bij deze

Nadere informatie

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo?

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo? Presentatie onderzoeksresultaten Hokker taal prate jo? Colofon Kolofon Hokker taal prate jo? 2013 Projectgroep Afke Punter Lia Kooistra Annewiep Bloem Sjoukje Jager Fokke Jagersma Auteurs Annewiep Bloem

Nadere informatie

beeld op het noorden beelden van Jan Ketelaar

beeld op het noorden beelden van Jan Ketelaar beeld op het noorden beelden van Jan Ketelaar beeld op het noorden Jan Ketelaar (Hoogezand Sappemeer 1958) heeft zijn opleiding gevolgd aan de Kunstacademie Minerva te Groningen. In 2002 is hij afgestudeerd

Nadere informatie

D E KRITEKOER. De kop is der wer ôf mei in moaie start foar de kriten yn it nije seizoen. De ferslaggen fine jo yn dizze kritekoer.

D E KRITEKOER. De kop is der wer ôf mei in moaie start foar de kriten yn it nije seizoen. De ferslaggen fine jo yn dizze kritekoer. SELSKIP "FRYSLÂN" TE UTERT BESTJOEREN BESTJOEREN EN MEIWURK(ST)ERS Foarsitter Pietie Westdijk-Kaastra, Het Spoor 20, 3994 AK Houten til. 030-2318 224 (pcwestdijk@planet.nl) Skriuwer Jan Piet Bergmans,

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun maart 2018 Oan ús kriteleden en freonen... 2 Ledeberjochten... 4 Ferlotting en tagongsprizen... 5 De tocht de taal... 6 Útnoeging Friezedei 14 april 2018... 8 Útnoeging

Nadere informatie

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1 Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1 Stavering: - s/z, f/v - g/ch - û/oe - u/ú/ue - dakjes - tusken-n - oergongs-w - faak foarkommende wurdsjes - i/y/ii/ie - soldaten-regel - twalûden en brekking - ij/ai/aai/y

Nadere informatie

Samenvatting / Gearfetting bidbook Lwd2018. De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018

Samenvatting / Gearfetting bidbook Lwd2018. De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018 Samenvatting / earfetting bidbook Lwd2018 De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018 02 samenvatting gearfetting bidbook lwd2018 03 Culturele Hoofdstad van Europa Misschien bent u het

Nadere informatie

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018 Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018 Bêste minsken ferbûn mei de gemeenten fan Westerwert en Mantgum, Yn dizze nijsbrief fine jim ynformaasje oer it tsjerklik libben yn de doarpen

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 361 maart 2013 1

DOARPSNIJS Nûmer 361 maart 2013 1 DOARPSNIJS Nûmer 361 maart 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Reünie EP de Boerschool. September 2014

Reünie EP de Boerschool. September 2014 Reünie EP de Boerschool September 2014 It Fuottenein Doarpskrante fan Winaam Uitgave van de Vereniging Dorpsbelang Wijnaldum Voorzitter: Johannes Rutten Tel. 06 51405131 Secretaris: Janny Stuiver Tel.

Nadere informatie

Fan de foarsitter: Eala,

Fan de foarsitter: Eala, Fan de foarsitter: Eala, Hoewol t de blêden fan de beammen falle is de temperatuer noch heech foar de tiid fan it jier. As ik dit stikje skriuw foar it kritenijs jout de kalinder oan dat it novimber is

Nadere informatie

Jannewaris 169 Nûmer 1/ 2015 Fiifentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.

Jannewaris 169 Nûmer 1/ 2015 Fiifentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid. Jannewaris 169 Nûmer 1/ 2015 Fiifentritichste Jiergong Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.nl Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel. 242212 dieta@knid.nl

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO 2017

Correctievoorschrift HAVO 2017 Correctievoorschrift HAVO 2017 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Aanleveren scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

OANFALSPLAN FRYSK. Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen

OANFALSPLAN FRYSK. Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen 1 OANFALSPLAN FRYSK Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen Skriuwers: drs. P. Bergsma (Pedagogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy) dr. J. van der Bij (Ried fan de

Nadere informatie

Ynhâldsopjefte. Gearstalling organen 06. Fasiliteiten 24 8.1 Ynvestearrings 25

Ynhâldsopjefte. Gearstalling organen 06. Fasiliteiten 24 8.1 Ynvestearrings 25 Omrop Fryslân 2013 Produksje: Omrop Fryslân, Ljouwert Opmaak: Joël Puik Fotografy: Julian Lankhorst Drukkerij: Van der Eems, Easterein Korreksjewurk: Taalwurk Fryslân, Grou Kolofon Gearstalling organen

Nadere informatie

Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo. Skriuwersadres: Beemdweg XC Ermelo

Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo. Skriuwersadres: Beemdweg XC Ermelo Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo Putten Séwolde Skriuwersadres: Beemdweg 29 3852 XC Ermelo e-mail: kcvanderbeek@gmail.com Jagerserf 30 3851 SM ERMELO Till. 0341 56 28

Nadere informatie

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga De leerlingen van klas 2Ga hebben de afgelopen weken een aantal mythologische verhalen te horen gekregen in de lessen Latijn en Grieks. Het was de hoogste tijd

Nadere informatie

IN WARBER FOLKJE M E I D I E L I N G E N B L E D F A N I T. Oprjochte 8 febrewaris 1899 Jiergong 46 nûmer 1 wynmoanne 2017

IN WARBER FOLKJE M E I D I E L I N G E N B L E D F A N I T. Oprjochte 8 febrewaris 1899 Jiergong 46 nûmer 1 wynmoanne 2017 BESTJOER foarsitter Jan Bosgraaf Smitserf 42 7951 JG Staphorst 0522 464718 janendjoke@home.nl 2 e foarsitter / 2 e ponghâlder Henk Monkel Gentiaan 23 7721 HA Dalfsen 0529 433175 henmmonkel@kpnmail.nl skriuwer

Nadere informatie

Ut e skoalle 6. Trefwoord

Ut e skoalle 6. Trefwoord Ut e skoalle 6 Schooljaar 2017-2018 Februari 3 Oud papier 4 Gezinsdienst 12 Teamstudiedag, kinderen vrij 14 Staking 15 Rapport mee 19 en 20 10 minutengesprekken 22 Nieuwsbrief 7 26 t/m 2 Voorjaarsvakantie

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber 2014 1

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber 2014 1 DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

t Skieppesturtsje febrewaris 2015 1

t Skieppesturtsje febrewaris 2015 1 t Skieppesturtsje febrewaris 2015 1 Kuikens: geef kuikens vanaf de eerste dag Garvo opfokmeel of Garvo opfokkorrel. Het meel heeft een fijne structuur en de korrel is een fijne korrel ( 2mm). De kuikens

Nadere informatie

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber.

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber. Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber. Tema: Feilichheid Besites: P.I. Ljouwert, brânwacht Gytsjerk Ite: Eetcafé De Winze, Wyns Fan t jier stiet de riedsekskurzje yn it teken fan feilichheid.

Nadere informatie

JIERFERSLACH 2014. Omrop Fryslân

JIERFERSLACH 2014. Omrop Fryslân JIERFERSLACH 2014 Omrop Fryslân Produksje: Omrop Fryslân, Ljouwert Opmaak: Joël Puik Fotografy: Julian Lankhorst, Jaap Elzes (p. 22, 40, 46) Drukkerij: Van der Eems, Easterein Korreksjewurk: Taalwurk Fryslân,

Nadere informatie

Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van 20 22-05-2013 B&M/LLW

Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van 20 22-05-2013 B&M/LLW 79 Begrutting 2012 Cie. Het Breedband voorstel is in de Statenvergadering van 20 maart jl. aan de orde geweest. 26-10-2011 J.A. de Vries Tasizzing: Het voorstel voor de toepassing ervan (breedband / glasvezel),

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun oktober 2014 Ledeberjochten... 4 Douwe Egberts punten... 6 Krite op de Kunst en Cultuurmarkt... 7 Útnoeging foar 18 oktober 2014... 8 De Emigrant... 10 Ferlotting

Nadere informatie

Onderduikers eren familie Easterwierrum.

Onderduikers eren familie Easterwierrum. 2009 Onderduikers eren familie Easterwierrum. Foto LC / Marcel van Kammen Henri Blumenstein (links) en Les Tropp onthullen de plaquette. 'Broer' Theo Dijkstra kijkt toe. Koen Pennewaard Sicco Bruinsma

Nadere informatie

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Even voorstellen Henny Bosscha-van der Veen Woonplaats: Visvliet Geboortejaar: 1949 vrijwilligerswerk Nederlands,

Nadere informatie

Wybe Feenstra (tel ;

Wybe Feenstra (tel ; Oldekerk, 16 mei 2016 (Tweede Pinksterdag) geachte lezer, Kortgeleden heeft u (telefonisch) toegezegd om mee te werken aan een enquête. Deze enquête omvat 28 vragen. In dit begeleidende schrijven vertel

Nadere informatie

Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo. Skriuwersadres: Beemdweg XC Ermelo

Fryske krite. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo. Skriuwersadres: Beemdweg XC Ermelo Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo Putten Séwolde Skriuwersadres: Beemdweg 29 3852 XC Ermelo e-mail: kcvanderbeek@gmail.com Jagerserf 30 3851 SM ERMELO Till. 0341 56 28

Nadere informatie

Ut e Pinne 51e jiergong Nr. 1 maart Ferieningsblêd fan it Frysk Selskip Fier fan Hûs Apeldoorn Sûnt 9 desimber 1901

Ut e Pinne 51e jiergong Nr. 1 maart Ferieningsblêd fan it Frysk Selskip Fier fan Hûs Apeldoorn Sûnt 9 desimber 1901 Ut e Pinne 51e jiergong Nr. 1 maart 2017 Ferieningsblêd fan it Frysk Selskip Fier fan Hûs Apeldoorn Sûnt 9 desimber 1901 3 foto fan Fryslân YNHÂLD ST. JANSKERK, DEINUM De St. Janskerk is door zijn unieke

Nadere informatie

Oktober deel 2. Beste ouders / verzorgers,

Oktober deel 2. Beste ouders / verzorgers, Informatiebrief voor ouders en verzorgers ABBS De Reinbôge Greate Buorren 45 8732 EE Tel. 0515 332628 www.reinbogekubaard.nl reinbogekubaard@gearhing.net Oktober deel 2 Beste ouders / verzorgers, Net terug

Nadere informatie

Ik soe sizze allegearre komme nei dizze bysûndere jûn. Allinne

Ik soe sizze allegearre komme nei dizze bysûndere jûn. Allinne 1 Bêste minsken, As it krantsje by jimme yn de bus falt is it al septimber en gean wy de hjerst al sawat yn. De simmer is hast foarby en kinne wy ús klear meitsje foar in nij kritejier. Dan tinke wy ek

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2014

Correctievoorschrift VWO 2014 Correctievoorschrift VWO 2014 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Gearstalling Bestjoer

Gearstalling Bestjoer Gearstalling Bestjoer Frysk en Frij Hilversum (KfK Hilversum, nûmer 32126908) foarsitter : J. Kooistra 035-6218626 + ledeadm. Lutherhof 102, 1216 KV Hilversum e-mail: gurbe@xmsnet.nl skriuwer : A.R. Koopmans-Nieuwland

Nadere informatie