Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Maat: px
Weergave met pagina beginnen:

Download "Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun"

Transcriptie

1 Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun oktober 2014 Ledeberjochten... 4 Douwe Egberts punten... 6 Krite op de Kunst en Cultuurmarkt... 7 Útnoeging foar 18 oktober De Emigrant Ferlotting en tagongsprizen Fytse foar 250 euro Foar it bûsboekje De wurklist winterskoft Wurklist fan susterkriten Frysk folksliet ( De âlde Friezen ) Bestjoer Fryske Krite Hoarn Kvk. Nummer: Rabobank rekken: NL54 RABO Lid fan It Frysk Boun om Utens 1

2 Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Bêste Kriteleden, Wat hawwe wy in moaie simmer hân en wy genietsje no ek nochris fan in moaie neisimmer. Wy sjogge om ús hinne de hjerst der al wer oankommen. De blêden oan de beammen krije al wer in oare kleur en der ferskynt sa njonkenlytsen in tapyt fan blêden. Minsken der is al wer in jier foarby en wy wurde allegearre âlder, mar ek de Krite bestiet no al wer 103 jier, mar bliuwt aktyf! Wy tinke ek oan de minsken dy t miskien siik west hawwe of fertriet hienen om it ferlies fan in dierbere. Wichtich is it dat minsken omtinke oan de neisten. Yn Hoarn en omjouwing hat de Gemeente in moai inisjatyf nommen, dat der in burendag organisearje wurd. Mar wy wolle ek de ynset fan Ans Boelens foar lief en leed fan de krite nochris ûnder jimme oandacht bringe. Is der sykte, jubileum of wat oars jou it efkes troch (adres efter yn it boekje). Yn septimber hawwe wy de jiergearkomste hâlden en hat it bestjoer bewâld dyn fan it ôfrûne jier en fertelt wat der al sa barre sil yn it nije winterskoft. Ek it foarstel om de kontribúsje te ferheegjen is besprutsen. Jierrenlang wie de kontribúsje 7 euro mar de kosten binne omheech gien en sadwaande 2

3 wurd de kontribúsje ferhege nei 10 euro foar in lid. It bestjoer bliuwt harren ynsette foar goed toaniel, goede sprekkers, sa dat wy allegearre ek yn de takomst genietsje kinne fan de o sa moaie Fryske taal. Dan wol ik ek in wurd rjochtsje oan alle frijwilligers fan ús krite, tige tank foar jimme ynset. Op de jiergearkomste is fertelt dat dit myn lêste jier as foarsitter is. Dan is der genôch tiid foar it omsjen nei in nije foarsitter. De organisaasje foar de prizetafel is no yn hannen fan frou Oly en frou Kloezen. Hja hawwe meidielt dat dit it lêste jier is dat hja dat dwaan wolle. O sa bliid binne wy dat Diny Boonstra takomme jier mei dwaan wol en dat der noch in twadde persoan by nedich is.it ferslach fan de jiergearkomste komt yn it folgende kriteboekje. It bestjoer is tige ynnomd mei de oanmeldings fan nije leden. In krite kin net bestean sûnder harren leden en wy hoopje dat de krite jimme noflike jûnen bringt. De earste grutte jûn is mei muzyk, sjongen en in ferteller. De hearen Huisman en Kootstra. It is wat oars as in toanielstik mar wy hoopje op in moaie fleurige jûn. Der binne ekstra flyers útdielt om nijsgjirrige minsken te lûken nei dizze jûn. Beste minsken, nim goekunde of in freon mei. Ik hoopje jimme allegearre te moetsjen op dizze earste jûn fan it winterskoft. Graach oant sjen, Eppie Kloezen, foarsitter 3

4 Ledeberjochten Yn de simmer fan 2014 is ferstoarn ús lid de hear F. Vitting, Sterrenweg, Hoarn. Wy winskje de neibesteanden in protte sterkte ta om mei dit ferlies om te gean. In tige wolkom oan nije leden: De hear en frou Bouma, Barreven 12, 1544 VP Zaandijk De hear en frou Harder, Kule 52, 1779 EE Den Oever De hear en frou Meines, Tarwestraat 29, 1446 CA Purmerend De hear en frou V.d. Vliet, Scheepsbouwweg 77, 1033 DC Amsterdam De hear en frou V.d. Weide, Marslaan 253, 1562 WJ Krommenie It kritebestjoer is bliid dat jimme lid wurden binne fan ús krite. Wy hoopje dat jimme genietsje fan de toanieljûnen en de jûnen mei in sprekker. 4

5 In augustus wienen de hear en frou Dijkstra-de Vries 50 jier troud. De Krite Hoarn lokwinsket jimme mei dit jubileum en hopet dat der nochris in protte jierren yn goede sûnens by komme meie. Adres fan Albert en Tiny Dijkstra, Schoener 3, 1771 EA Wieringerwerf Autoferfier: Leden dy t yn Hoarn, Blokker en Zwaag wenje en autoferfier nedich ha, kinne kontakt opnimme mei ús skriuwer de hear Vogel (till ). Lief en Leed Lief en leed berjochten kinne jimme trochjaan oan: Ans Boelens Wiersma, Schuitenmaker 22, 1647 BN, Berkhout. Till.nr

6 Douwe Egberts punten Douwe Egberts waardepunten binne jild wurdich. In protte minsken sparje noch altyd dizze waardepunten en bewarje se faaks al jierren. Mar dizze waardepunten meie ek foar goede doelen brûkt wurde. Ien fan de doelen is kultuer, lykas in Fryske Krite. Derom wol ús Krite Hoarn ek meidwaan oan it garjen fan dizze waardepunten De krite kin dan jild krije foar dizze punten en dat stipet ús ponghâlder yn syn rekken. It is wol sa dat Douwe Egberts harren winkels binnenkoart slút, mar de hannel oerdocht oan de winkels fan Blokker. Hoe dat útpakt witte wy noch net. De krite moat noch besjen wat foar artikels wy der foar krije kinne. De waardepunten kinne jo ynleverje op de kritejûnen, by de yngong fan de seal stiet dan in doaze. Nimme jo de punten mei nei de kritejûn? 6

7 Krite op de Kunst en Cultuurmarkt Y n Hoarn wurd sûnt 7 jier in Kunst en Cultuurmarkt hâlden, wer ek de Fryske Krite Hoarn in diske hat. Op sa n dei kinne ferienings harren presintearje mei it programma foar it kommende winterskoft. It barren is west op snein 7 septimber yn de binnenstêd fan Hoarn. De cultuurmarkt is allinnich op snein en begint om alve oere en eindiget om fiif oere middeis. De Fryske Krite hat fan Afuk, VVV Ljouwert en Tresoar in protte materiaal krigen oer taal en folders oer oare Fryske eveneminten. Mar ek de Krite hat it programma foar it winterskoft yn de oanbieding. Der komme sa n 20 tûzend minsken nei dizze Kunst en Cultuurmarkt. Mar ús Krite hat sa om en na by 200 minsken ûntfongen en dat is dôchs in moaie reklame foar Fryske taal en kultuer. In protte minsken nimme in folderke mei en ek faaks noch it programma fan de Krite. Wy meitsje net allinnich promoasje foar de Krite mar ek foar it Heitelân. Mar wy fine it ek moai dat der eigen Kriteleden efkes oanwippe en in praatsje meitsje.. Tank oan de minsken dy t harren ynsetten ha foar de oanklaaiïng fan it diske en de promoasje op dizze dei: Diny Boonstra, Renske Nauta, Douwe Hoekstra, Eppie Kloezen, Marinus Leenstra, 7

8 Útnoeging foar 18 oktober 2014 It bestjoer fan de Krite Hoarn noeget al har leden, sibben en kunde út foar har grutte jûn op 18 oktober 2014 om oere yn e Huesmolen te Hoarn foar Ferhalen en muzyk fan Douwe Kootstra en Bennie Huisman 8

9 Douwe Kootstra Al in grut tal jierren fertelt Douwe Kootstra yn en bûten Fryslân - sels yn 2007 op Oeral - âlde folksferhalen. Net allinne oerlevere sterke ferhalen út eigen provinsje, mar bijgelyks ek út Skotlân, Noarwegen, Portugal, Vietnam, Japan en Yndonesië. Op syn repertoire steane mearkes, seagen, legindes, mythen, mar foaral ek fermaaklike ferhalen út e noard-eastlike Fryske Wâlden. Fan dy ferhalen binne der yn Fryslân, tanksij ferneamde samlers as Dam Jaarsma út Eastermar, sa n stiks oerlevere, in unike kolleksje en in tankbare skatkiste foar fertellers. Duvelse moai! Bennie Huisman Ik bin in Lietjesman. Sjong eigen harklietjes en wat ik fierder moai fyn, fan klienkeunst oant klassyk. Yn it Frysk, Stedfrysk, Nederlâns, Dúts, Ingels en Italiaans. Allinne of tegearre mei... op ûnderskate poadia : yn húskeamer & theater, op strjitte en op it wetter, yn ferpleechhûs & by ***-diner, jûnfoljend & tuskentroch. Begelied mysels op akkordeon of piano 9

10 De Emigrant Mei in ploechje van 6 leden fan ús krite betochten wy, dat wy graach de foarstelling De Emigrant sjen woenen. Ien fan ús, Renske Nauta, altiten tige warber op it ynternet, socht it út en kaam by ús susterkrite yn Seist telâne. Der waard De Emigrant opfierd en der wienen noch in stikmannich kaarten beskikber. Fuortendaliks reservearre en op sneon 5 april reizgen wy of nei Seist. Earst earne lekker ite en doe nei de seal fan de krite yn in earder tsjerkgebou. It waard hielendal fol en it wie tige waarm yn de seal, mar wat hawwe wy genoaten. Freark Smink, de haadrolspiler, die it geweldich as de emigrant Sybolt de Haas, dy t yn syn jonge jierren nei Kanada emigrearre, om t syn broer de pleats fan syn âlden krige. Hy hat it goed hân yn Kanada, mar hat wol syn whole life homesick west. Hy hat syn frou op har stjerbêd tasein, dat er nochris werom gean sil nei de Greidhoeke. Yn dit stik giet er op reis en hy makket yn Fryslân fan alles mei, dêrby stipe troch syn tsjinspiler Theo Smedes, dy t mar leafst 4 rollen spilet. Ik sil net alles oer dit stik ferriede, der binne faaks noch minsken, dy t de dvd keapje en besjen wolle. Wy fûnen it in geweldich stik mei humor en weemoed en prachtich spile troch dizze twa manlju. It wie in fantastyske jûn. Ek út namme fan de oare fiif: Harmke Burggraaff 10

11 Ferlotting en tagongsprizen Lidmaatskip en tagongsprizen: It lidmaatskip foar ien persoan is 10 euro foar in hyl jier (It krite jier rint fan juny oant ein maaie). Op de grutte jûnen is de tagongspriis foar leden 2,50 euro en foar net leden 5,00 euro mar de lytse jûn is fergees. Opjefte foar it lidmaatskip kinne jo dwaan by de ponghâlder de hear P. Slange De sealpriis op de grutte jûnen: Jo kinne dizze sealpriis winne as jo yn e seal sitte op ien fan ús grutte jûnen. By de yngong krije jo in nûmer dat kâns jout op dizze sealpriis. De ferlotting yn it skoft: Yn it skoft fan de grutte jûnen wurdt der in ferlotting hâlden. De prizen bestean meastentiids út in blomke, oranjekoeke, fleske wyn of oare aardichheden. Jo kinne yn it skoft lotten keapje foar 5 euro en dan krije jo 10 lotsjes fan elk 50 eurosint it stik. Altyd priis by de keap fan 10 lotsjes. Presintsje Oprop oan de leden: presintsje foar de priistafel Aardich is dat leden ek in presintsje meinimme foar de priistafel. Dan stypje jo ek de krite. 11

12 Fytse foar 250 euro Rabo Fyts sponsertocht De Rabobank is noch in bank dy t ferienings sponsert as hja mei dogge oan de fytstocht. Dat smyt altyd noch 250 euro op en wy witte dat de ponghâlder der tige bliid mei is. Wy sette útein bij de Rabobank yn Hoarn en dan krije wy in sekje mei wat iterij mei. De route giet op nei Nibbixwoud, Wognum, Zuidermeer en dan hâlden wy healwei efkes piipskoft. Wy ite wat en der is ek nochris kofje mei nommen. Gesellich even byprate en om ús hinne sjen en genietsje fan it moaie noardhollandske lânskip. Nei in lyts hjel oere stappe wy wer op de fyts rjochting De Goorn en Oudendijk. De sinne skynt en it trapet o sa maklik. De wyn ek nochris yn de rêch komme wy om en na by tolve oere wer oan by de Rabobank yn Hoarn. It wie in moaie fytstocht en eltsenien wol takomme jier wer meidwaan. De stimpelkaarten wurde ynlevere by de organisaasje fan de Rabobank en de ponghâlder kriget letter de 250 euro op de bankrekken fan de krite. 12

13 Foar it bûsboekje oktober 2014 Kom en Sjong Folkshegeskoalle Schylgeralân Badweg Hoorn 71,8896 KC Hoorn Terschelling tel: of Ynskriuw formulier Kursusoanbod 2014 kinne jo ek opfreegje by de skriuwer de heer Vogel oktober Fiskerijdagen, strontrace en lierelied Warkum Foar Frysk amateur toaniel sjoch op de website De ienige Fryske aginda: It bûsboekje 2015 is te keap foar 7 euro, men kin dit ek keapje by ús advertearder It tema is: Humor yn soarten: fan Rimen en Teltsjes oant Teake van der Meer, fan Tetman oant Tutte: in oersjoch; fierder mopkes, teltsjes en tekeningen. 13

14 De wurklist winterskoft oktober 2014 Bennie Huisman & Douwe Kootstra: sjonge en fertelle 24 jannewaris e grutte jûn: toanielstik 13 febrewaris 2015 lytse jûn mei Anne Nauta út Nij Beets 21 maart 2015 Muzykgroep Oostergoo fan Grou Wurklist fan susterkriten Krite Haarlim Gysbert Japicx Lokaasje: Stedelijk Gymnasium, Jacobijnestraat 2, 2011 TH Haarlim. 8 novimber 2014 om oere: Kabaretselskip Noordenbos en Ko mei Kleur Bekenne. Krite Den Helder Gysbert Japicks Fan de Krite Den Helder hawwe wy gjin wurklist. (tillefoan Frou Y. de Vreeze) 14

15 Frysk folksliet ( De âlde Friezen ) Frysk bloed tsjoch op! wol no ris brûze en siede. En bûnzje troch ús ieren om! Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d ierde. It Fryske lân fol eare en rom. Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Trochloftich folk fan dizze âlde namme, Wêz jimmer op dy âlders great! Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme, In grien, in krêftich bloeijend leat! Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! 15

16 Foarsitter: Bestjoer Fryske Krite Hoarn Eppie Kloezen Timpaan 11, 1628 MT Hoorn Till.: Ponghâlder 1 en Popke Slange lede-administraasje: V. Dedemstraat 4, 1624 NN Hoorn Till.: Skriuwer: Oare bestjoersleden: Jetske Leenstra-de Groot Dorpsstraat GE Zwaag Till.: jetskeleenstra@me.com Douwe Hoekstra Tinnegieter AN Hoorn Till.: ddhoekstra@quicknet.nl Jan Vogel Yellowlaan 4, 1695 HV Blokker Till.: yellowbirds53@gmail.com Eareleden: Frou Janny Bloem-Wouda De hear Popke Slange Renske Nauta-Haagsma Dr. CJK van Aalstweg NV Hoorn Till.: nautahaagsma@hetnet.nl Tiny Dijkstra-De Vries Schoener 3, 1771 EA Wieringerwerf Till.: ak.dijkstra@quicknet.nl Lief en leed: Ans Boelens Wiersma, Schuitenmaker 22, 1647 BN, Berkhout. Till.nr Bank: NL54 RABO Fryske Krite Hoarn 16

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun maart 2014 Ledeberjochten... 4 Douwe Egberts punten... 5 Krite Beverwyk US MEMMETAEL... 6 Útnoeging foar 22 maart... 8 Fryske Tsjerketsjinst yn Alkmaar... 10 Ferlotting

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun maart 2015 Ferlotting en tagongsprizen... 4 Yn petear mei foarsitter Kloezen... 5 Útnoeging foar 21 maart 2015... 8 Afûks earste e - book... 10 Fytse foar 250 euro...

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun oktober 2013 Ledeberjochten... 4 Ferlotting en tagongsprizen... 6 Bodzinga 90 jier... 7 Útnoeging... 10 Ferslach fan de Friezendei 2013... 12 Krite op de Kunst

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun jannewaris 2017 Oan ús kriteleden... 2 Ferlotting en tagongsprizen... 5 Ledeberjochten... 6 Útnoeging foar 21 jannewaris 2017... 8 Gedicht: t is letter as men tinkt...

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun maart 2017 Oan ús kriteleden... 2 Ferlotting en tagongsprizen... 4 Ledeberjochten... 5 Slange 50 jier ponghâlder... 6 Fytse foar 250 euro... 7 Útnoeging foar 25

Nadere informatie

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun

Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun Fryske Krite Hoarn Troch de Tael Forboun maart 2018 Oan ús kriteleden en freonen... 2 Ledeberjochten... 4 Ferlotting en tagongsprizen... 5 De tocht de taal... 6 Útnoeging Friezedei 14 april 2018... 8 Útnoeging

Nadere informatie

Merke 2015 Back to the 70 s

Merke 2015 Back to the 70 s Merke 2015 Back to the 70 s Tongersdei - Donderdag Tongersdei 13 Augustus - Donderdag 13 Augustus 19.00 Back to the 70 s DISCO-PARADE Dit jier kinne alle bern fan de basisskoalle mei harren fersierde fiets

Nadere informatie

Eindexamen Fries havo I

Eindexamen Fries havo I Beoordelingsmodel De mearkarfragen hawwe in gewicht fan 1 punt. Foar fraach 3, 8, 9, 10, 11, 12, 13, 15, 18, 20, 21, 22, 24, 25, 26, 30, 32 en 33 jildt in maksimale skoare fan 2 punten. Alle oare fragen

Nadere informatie

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten

W I N T E R P R O G R A M Oansletten Kriten W I N T E R P R O G R A M 2 0 1 6-2 0 1 7 Oansletten Kriten 1 *************************************************************************** Adressen fan skriuwers fan oansletten kriten: ----------------------------------------------------------

Nadere informatie

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 Is elk wittenskiplik ûndersyk wol wittenskiplik? 1 A 2 maximumscore 1 Omdat dat ûndersyk net foldocht oan (Piersma syn)

Nadere informatie

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

Trijetalich ûnderwiis súksesfol De Trijetalige Skoalle 1 Trijetalich ûnderwiis súksesfol Acht jier lang hawwe sân skoallen yn Fryslân meidien oan it projekt Trijetalige Skoalle. De resultaten wienen sa goed dat de projektskoallen graach

Nadere informatie

It Bestjoer. Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till

It Bestjoer. Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till It Bestjoer Foarsitter: A. Wester-Muller Scheiberglaan 316 1974 SG IJmuiden till. 0255-510575 Ponghâlder: W. Hiemstra Meester Cornelisstraat 9 2023 DE Haarlem till. 06-51749049 Skriuwster: T.L. Rijpkema-van

Nadere informatie

www.mantgumermerke.nl

www.mantgumermerke.nl www.mantgumermerke.nl Op 13, 14 en 15 augustus sil it wer heve! Dan is it wer tiid foar de Mantgumer Merke! Jawis, wy as kommisje rinne al wer waarm foar de Merke. Noch in hiel skoft tinke de measte minsken,

Nadere informatie

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS

KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS 0 0 KRITEJUNEN KRITEN FRYSK BOUN OM UTENS AUGUSTUS 0 :00 Hurderwyk 't Harde Fryske Tsjerketsjinst yn de PKN-Maranathatsjerke, Bovendwarsweg c, 0 JB t Harde. Foargonger: ds. Emko Postma fan Genemuiden.

Nadere informatie

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013 maart 2013 maart 2013 Hylke Speerstra De treastfûgel Hylke Speerstra It wrede paradys, it ferfolch Jaap Krol It fûgelgebed Gjalt de Groot It swetshok In Memoriam Hylke Speerstra De Treastfûgel Yn De treastfûgel

Nadere informatie

1. In geskink fan de Nyl

1. In geskink fan de Nyl 1. In geskink fan de Nyl Yn Egypte kinne se skriuwe, dêrom heart Egypte by de perioade fan de âldheid. It tiidrek fan 3000 foar Kristus oant 500 nei Kristus neame we de tiid fan de Griken en de Romeinen.

Nadere informatie

Staatsexamen VWO 2014

Staatsexamen VWO 2014 Staatsexamen VWO 2014 Nederl Friese taal schrijfvaardigheid Tijdvak 1 Vrijdag 23 mei 09.00 11.30 uur College-examen schriftelijk Opgavenboekje Steatseksamen Frysk vwo 2014 tiidfek 1 Bijgaande examenopgave

Nadere informatie

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou,

Datum: Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou, Datum: 28-09-18 Giet oer: Dach fan ut Stadsfrys (sneon 3 novimber) Achte hear/mefrou, Ien fan de talen fan Fryslân is it Stadsfrys, dat mei lytse ûnderlinge ferskillen praat wurdt yn de stêden Ljouwert,

Nadere informatie

Tomke makket in snieman

Tomke makket in snieman Tomke makket in snieman 2017 Tema Seizoenen dit boekje is in kadootsje foar alle pjutten en beukers yn Fryslân No foarlêze, letter sels lêze. Tegearre lêze is in simpele en fijne wize om mei dyn berntsje

Nadere informatie

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw, KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER 2015 Beste leerkracht van de bovenbouw, De landelijke Dag van de Duurzaamheid vindt dit jaar plaats op vrijdag 9 oktober 2015. Door heel Nederland vinden,

Nadere informatie

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april 2015 1

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april 2015 1 DOARPSNIJS Nûmer 384 april 2015 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma. OANTEKENS fan de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Ferwerderadiel, hâlden op tongersdei 20 septimber 2012 om 20.00 oere yn it gemeentehûs yn Ferwert. Oanwêzich : de riedsleden: frou L.J.

Nadere informatie

Eindexamen havo Fries I

Eindexamen havo Fries I De mearkarfragen hawwe in gewicht fan 1 skoarepunt. Tekst 1 It klimaat fan Fryslân yn it jier 2030 1 maximumscore 1 Troch sâlt en swiet wetter by inoar lâns streame te litten. 2 maximumscore 1 It klimaat

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO

Correctievoorschrift VWO Correctievoorschrift VWO 2007 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

nr. Januari 2008 www.destapstien.nl

nr. Januari 2008 www.destapstien.nl Januari 2008 nr. 4 www.destapstien.nl Foarwurd Alle nijjierswinsken al lang wer achter de rêch, it skoaljier is twa wiken âld as ik dit skriuw. We sitte wer yn ús ritme, binne blij dat we by de waarme

Nadere informatie

it beste lan fan d ierde (het beste land van de aarde)

it beste lan fan d ierde (het beste land van de aarde) it beste lan fan d ierde (het beste land van de aarde) Fries bloed kom in beweging Bruis, kook, en bons door onze aderen! Kom op! Wij bezingen het beste land van de aarde, Het Friese land vol eer en roem

Nadere informatie

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân 1 B 2 C 3 maximumscore 1 Jagers kinne minder reeën, kninen en hazzen sjitte. Wolven

Nadere informatie

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018

Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018 Nijsbrief Gemeente Westerwert en Mantgum Maaie-Septimber 2018 Bêste minsken ferbûn mei de gemeenten fan Westerwert en Mantgum, Yn dizze nijsbrief fine jim ynformaasje oer it tsjerklik libben yn de doarpen

Nadere informatie

Herdenken - Jannes en Bea

Herdenken - Jannes en Bea Dodenherdenking 04 mei 2014. Bij het graf van William Robert Fisher op het kerkhof van Wirdum (Fr) In stilte kwamen wij bij elkaar op het kerkhof bij de Sint Martinuskerk in het centrum van Wirdum. Hans

Nadere informatie

I. Tsjinst fan =e Tarieding

I. Tsjinst fan =e Tarieding Oarder fan de Tsjinst foar snein 13 desimber 2015 Tredde snein fan de Advint Martinigemeente te Boalsert Foargonger: ds. Hinne Wagenaar (Jorwert) Oargelist: Kees Nottrot I. Tsjinst fan =e Tarieding Wolkom,

Nadere informatie

Jierferslach. Omrop Fryslân

Jierferslach. Omrop Fryslân Jierferslach 2010 Omrop Fryslân 1 Produksje Foto s Opmaak Drukkerij Korreksjewurk Omrop Fryslân, Ljouwert Dirk Jan Haarsma Omrop Fryslân, Ljouwert Van der Eems, Easterein Taalwurk Fryslân, Grou 2 YnhAld

Nadere informatie

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016. Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van Rintje Lolkema I 3 februari 1938 2 februari 2016 In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016. Voorganger: Ds Dingena Hasper Diaken:

Nadere informatie

Cursussen Fries 2016-2017

Cursussen Fries 2016-2017 afuk.frl Wolkom by de Afûk! Bent u in Friesland komen wonen en wilt u de taal graag kunnen verstaan? Of wilt u voor uw werk graag Fries kunnen spreken? Bent u Friestalig en wilt u het Fries graag leren

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1 DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Examen HAVO. Fries. tijdvak 1 maandag 26 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage. Examen HAVO 2014 tijdvak 1 maandag 26 mei 13.30-16.00 uur Fries Bij dit examen hoort een bijlage. Dit examen bestaat uit 33 vragen. Voor dit examen zijn maximaal 44 punten te behalen. Voor elk vraagnummer

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1 DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Ik soe sizze allegearre komme nei dizze bysûndere jûn. Allinne

Ik soe sizze allegearre komme nei dizze bysûndere jûn. Allinne 1 Bêste minsken, As it krantsje by jimme yn de bus falt is it al septimber en gean wy de hjerst al sawat yn. De simmer is hast foarby en kinne wy ús klear meitsje foar in nij kritejier. Dan tinke wy ek

Nadere informatie

Nijsbrief novimber 2016

Nijsbrief novimber 2016 Ofd. Reduzum, Idaerd, Eagum, Friens, Wytgaard en Raerd koördinatoaren Els Koopmans en Baukje Wytsma Kontaktadres: Buorren 4, 9008SW Reduzum e-mail: giestmei@gmail.com tel. 0566-602506 Nijsbrief novimber

Nadere informatie

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken

Beste Z1-vrienden. Ingekomen stukken Nieu wsbri BMW Z1 Club NL December 2015 ef Beste Z1-vrienden Inmiddels is het cabrioseizoen ten einde, staan de Z1 s in de garage en tellen we af naar 2016. De laatste activiteit van dit jaar, een gezellige

Nadere informatie

Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o.

Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. Fryske krite Meiinoar Ien Hurderwyk e.o. Nunspeet Hurderwyk Ermelo Putten Séwolde Skriuwersadres: Beemdweg 29 3852 XC Ermelo e-mail: kcvanderbeek@gmail.com FAMYLJEWYKEIN? co m Buitengoed Fredeshiem - Steenwijk-De

Nadere informatie

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015 BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015 Oanwêzich Foarsitter : de hear T. van Mourik Griffier : mefrou W. Bruinsma P.v.d.A. : mefrou M. van der Meer en de hear

Nadere informatie

Ut e skoalle 6. Trefwoord

Ut e skoalle 6. Trefwoord Ut e skoalle 6 Schooljaar 2017-2018 Februari 3 Oud papier 4 Gezinsdienst 12 Teamstudiedag, kinderen vrij 14 Staking 15 Rapport mee 19 en 20 10 minutengesprekken 22 Nieuwsbrief 7 26 t/m 2 Voorjaarsvakantie

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1 DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982.

Nadere informatie

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure Aanwezig: De raadsleden: de dames en heren L. Boelsma-Hoekstra

Nadere informatie

Omrop Fryslân. Jierferslach

Omrop Fryslân. Jierferslach Omrop Fryslân Jierferslach 2011 Kolofon Produksje: Fotografy: Yllustraasjes: Opmaak: Omrop Fryslân, Ljouwert Dirk Jan Haarsma Omrop Fryslân Joël Puik, Omrop Fryslân Ynhâld Gearstalling organen Omrop Fryslân

Nadere informatie

It Bestjoer. Ponghâlder: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till

It Bestjoer. Ponghâlder: A. Wester-Muller Scheiberglaan SG IJmuiden till It Bestjoer Ponghâlder: A. Wester-Muller Scheiberglaan 316 1974 SG IJmuiden till. 0255-510575 Skriuwster: T.L. Rijpkema-van Malsen Grootschermerweg 8 1843 HE Groot-Schermer till. 0299-671170 2 e Foarsitter

Nadere informatie

D E KRITEKOER. De kop is der wer ôf mei in moaie start foar de kriten yn it nije seizoen. De ferslaggen fine jo yn dizze kritekoer.

D E KRITEKOER. De kop is der wer ôf mei in moaie start foar de kriten yn it nije seizoen. De ferslaggen fine jo yn dizze kritekoer. SELSKIP "FRYSLÂN" TE UTERT BESTJOEREN BESTJOEREN EN MEIWURK(ST)ERS Foarsitter Pietie Westdijk-Kaastra, Het Spoor 20, 3994 AK Houten til. 030-2318 224 (pcwestdijk@planet.nl) Skriuwer Jan Piet Bergmans,

Nadere informatie

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber.

Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber. Wolkom by de RIEDSEKSKURZJE 2016 op freed 2 septimber. Tema: Feilichheid Besites: P.I. Ljouwert, brânwacht Gytsjerk Ite: Eetcafé De Winze, Wyns Fan t jier stiet de riedsekskurzje yn it teken fan feilichheid.

Nadere informatie

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL

Correctievoorschrift VMBO-GL en TL Correctievoorschrift VMBO-GL en TL 2011 tijdvak 1 Fries CSE GL en TL Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden

Nadere informatie

Uitnodiging. Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk. Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries

Uitnodiging. Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk. Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries Uitnodiging Konferinsje opbringstfêst wurkjen en toetsen by it fak Frysk Conferentie opbrengstgericht werken en toetsen bij het vak Fries donderdag 14 februari 2013 tongersdei 14 febrewaris 2013 Om het

Nadere informatie

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o.

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I www.serviceflat-oranjewoud.nl op A5 formaat met de volgende advertentie: T 0513-63 62 85 8443 EL Heerenveen Flat Oranjewoud 1 Iedere dag genieten van een prachtige omgeving Spesjalist kabels en leidingen

Nadere informatie

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk

kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk www.afuk.frl kursus.afuk.nl taalweb.frl taalhelp.frl Staveringsregels fan it Frysk Ynhâld yn Nederlânsk en Frysk 1. De letter f 2. De letter s 3. De letters f en v 4. De letters s en z 5. De letter g

Nadere informatie

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN {ltt'" \^/ETTERSKIP FRYSLÂN Bugel Hajema Adviseurs T.a.v. de heer P.W. Rienstra Balthasar Bekkerwei 76 8914 BE LEEUWARDEN Leeuwarden, 1 5 november 201 1 Bijlage(n): 2 Ons kenmerk: WFNI l 15813 Tel: 058-292

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2014

Correctievoorschrift VWO 2014 Correctievoorschrift VWO 2014 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Harkje, lêze en útspraak

Harkje, lêze en útspraak Les1 Om te begjinnen Jonge kinderen leren spelenderwijs met gemak twee of drie talen tegelijk. Volwassenen moeten er vaak wat meer moeite voor doen. Dat neemt niet weg dat ook volwassenen in staat zijn

Nadere informatie

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga TRUCKSTOP Drama/Thriller door LOT VEKEMANS Fryske oersetting Baukje Stavinga TONEELUITGEVERIJ VINK B.V. (Grimas Theatergrime verkoop) Tel: 072-5 11 24 07 E-mail: info@toneeluitgeverijvink.nl Website: www.toneeluitgeverijvink.nl

Nadere informatie

Fryske krite "Fier fan Hûs", Boadegraven e.o., Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven Septimber 2014

Fryske krite Fier fan Hûs, Boadegraven e.o., Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven   Septimber 2014 Meidielingeblêd Jiergong 20, 2014-2015 Septimber 2014 Fryske krite "Fier fan Hûs", Boadegraven e.o., Raaigras 22, 2411 DW Bodegraven www.fryskbutenfryslan.nl Oprjochte 15 jannewaris 1946 Arianne Sprokkerieft

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1 DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurking by LinKk 2 novimber 2015 tema: & > KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Opdracht 1 Watfoar taal leare wy? 1 g 2 i 5 i 8 i Gebruik de app Wat Wurd It of website van Praat Mar Frysk om de

Nadere informatie

D E KRITEKOER. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist

D E KRITEKOER. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist SELSKIP "FRYSLÂN" TE UTERT Foarsitter Skriuwer en Redaksje Kritekoer Ponghâlder en lede-administraasje Bestjoerslid en Boekferkeap BESTJOEREN BESTJOEREN EN MEIWURK(ST)ERS Pietie Westdijk-Kaastra, Het Spoor

Nadere informatie

Samenvatting / Gearfetting bidbook Lwd2018. De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018

Samenvatting / Gearfetting bidbook Lwd2018. De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018 Samenvatting / earfetting bidbook Lwd2018 De toekomst van Leeuwarden 2018 De takomst van Ljouwert 2018 02 samenvatting gearfetting bidbook lwd2018 03 Culturele Hoofdstad van Europa Misschien bent u het

Nadere informatie

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Meidielingeblêd fan de Sékrite Oprjochting fan de Sékrite, Fryske Krite fan Lelystêd en omjouwing op 25 novimber 1971 Meidielingeblêd fan de Sékrite It idee om in Fryske Krite yn e nije polder op te rjochtsjen, ûntstie yn oktober 1971.

Nadere informatie

Ut e Pinne 51e jiergong Nr. 1 maart Ferieningsblêd fan it Frysk Selskip Fier fan Hûs Apeldoorn Sûnt 9 desimber 1901

Ut e Pinne 51e jiergong Nr. 1 maart Ferieningsblêd fan it Frysk Selskip Fier fan Hûs Apeldoorn Sûnt 9 desimber 1901 Ut e Pinne 51e jiergong Nr. 1 maart 2017 Ferieningsblêd fan it Frysk Selskip Fier fan Hûs Apeldoorn Sûnt 9 desimber 1901 3 foto fan Fryslân YNHÂLD ST. JANSKERK, DEINUM De St. Janskerk is door zijn unieke

Nadere informatie

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Even voorstellen Henny Bosscha-van der Veen Woonplaats: Visvliet Geboortejaar: 1949 vrijwilligerswerk Nederlands,

Nadere informatie

Omrop Fryslân. Jierferslach

Omrop Fryslân. Jierferslach Omrop Fryslân Jierferslach 2012 Ynhâld Gearstalling organen Omrop Fryslân yn 2012 6 Profyl 2012 8 2.1 Bedriuwsfiering 8 2.2 Identiteitsdoel 8 2.3 Kearngetallen 9 Ferslach Ried fan Kommissarissen 10 3.1

Nadere informatie

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Meidielingeblêd fan de Sékrite Oprjochting fan de Sékrite, Fryske Krite fan Lelystêd en omjouwing op 25 novimber 1971 Meidielingeblêd fan de Sékrite It idee om in Fryske Krite yn e nije polder op te rjochtsjen, ûntstie yn oktober 1971.

Nadere informatie

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS)

Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Buitengewoon ambtenaren van de burgerlijke stand in de gemeente Kollumerland c.a. (BABS) Even voorstellen Henny Bosscha-van der Veen Woonplaats: Visvliet Geboortejaar: 1949 vrijwilligerswerk Nederlands,

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO 2014

Correctievoorschrift HAVO 2014 Correctievoorschrift HAVO 2014 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 4 jannewaris 2009 tema: bisten & natuer > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Het thema van dit katern voor niet-friestalige leerlingen is Bisten en Natuer. Je leert van verschillende

Nadere informatie

LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016

LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016 LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016 FOARGONGER: DS. GERRIT GROENEVELD OARGELIST: 1 Wolkom en meidielingen Yntochtsliet = Psalm 98: 1 en 3 1) Lit no in nije lofsang hearre, in liet

Nadere informatie

Van het bestuur. De Warbere Bijker. Informatiebrief van imkervereniging Leeuwarden e.o. (sinds 1899)

Van het bestuur. De Warbere Bijker. Informatiebrief van imkervereniging Leeuwarden e.o. (sinds 1899) Informatiebrief van imkervereniging Leeuwarden e.o. (sinds 1899) Maart 2013 Pagina 1 De Warbere Bijker Jaargang 6 nummer 1 In dit nummer: Van het bestuur 1 Bijenstal nieuws 2 Open imkerijdagen 2 Voorjaarsbijeenkomst

Nadere informatie

Ut de Smidte. 40 jier yn tsjinst

Ut de Smidte. 40 jier yn tsjinst 45ste jiergong / nûmer 1-2 - / juny 2011 / ferskynt 4 x yn t jier Ut de Smidte 60ste edysje De 60ste edysje fan it Genealogysk Jierboek is útkaam en befettet sân bydragen. 3 Rembrandt 4-5 Frysk yn Hollân

Nadere informatie

Hieltyd âlde wurden om wer troch te jaan

Hieltyd âlde wurden om wer troch te jaan Hieltyd âlde wurden om wer troch te jaan (Hertslach. Lieten om it út te sjongen) Bêste minsken ferbûn mei Westerwert-Mantgum en Nijkleaster. Yn dizze nijsbrief fine jim ynformaasje foar de kommende perioade

Nadere informatie

KRITEJUNEN FAN ALLE KRITES FAN IT FRYSK BOUN

KRITEJUNEN FAN ALLE KRITES FAN IT FRYSK BOUN 3 0 Twinte :00 Swol Apeldoarn De Duiker KRITEJUNEN FAN ALLE KRITES FAN IT FRYSK BOUN SEPTEMBER 0 Kritereiske nei It Poptaslot en in boattocht troch it noar-den fan Fryslân. Opjaan by: hendrik.tel@tonline.de

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber 2014 1

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber 2014 1 DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Friese taal schrijfvaardigheid

Friese taal schrijfvaardigheid Staatsexamen VMBO TL 2016 Nederl Friese taal schrijfvaardigheid Tijdvak 1 Vrijdag 27 mei 13.30 15.00 uur College-examen schriftelijk Opgavenboekje 1 / 5 Schriftelijk college-examen schrijfvaardigheid Friese

Nadere informatie

D E KRITEKOER. Topje. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist

D E KRITEKOER. Topje. Selskip Fryslân te Utert Selskip Mei Inoar te Seist BESTJOEREN BESTJOEREN EN MEIWURK(ST)ERS SELSKIP "FRYSLÂN" TE UTERT Foarsitter Pietie Westdijk-Kaastra, Het Spoor 20, 3994 AK Houten til. 030-2318 224 (pcwestdijk@planet.nl) Skriuwer Jan Piet Bergmans,

Nadere informatie

Nieuws Kindcentrum Wytgaard

Nieuws Kindcentrum Wytgaard Wytgaard, 18 januari 2018 Nieuws Kindcentrum Wytgaard De agenda staat vol leuke dingen! De schoolschrijvers komen binnenkort, het bouwvakkersfeest wordt een echte happening en dan ook nog 2 februari, de

Nadere informatie

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst.

Wy besykje as bestjoer om it ús leden sa folle mooglik nei it sin te dwaan, wol net sizze dat it altyd slagget, mar wy dogge ús bêst. 1 Bêste minsken, De tiid hâldt gjin skoft, in bekende útspraak fan ús Friezen, mar o, sa wier. Der is al wer in jier om, liket wol of it hyltyd rapper giet. Sil wol komme, om t wy allegear (wat) âlder

Nadere informatie

It boek. fan Sinterklaas. Maarten Stevens oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra

It boek. fan Sinterklaas. Maarten Stevens     oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra It boek fan Sinterklaas Maarten Stevens www.cts-producties.nl www.cts-producties.be oerset yn it frysk troch Jetske Jaike Zijlstra Rollen Sinterklaas: De bernefreon, dy t eltsenien fansels wol kin Haadpiet:

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 4 febrewaris 2016 tema: bisten en natuer > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Het thema van dit katern voor niet-friestalige leerlingen is Bisten en Natuer. Je leert van verschillende

Nadere informatie

Ut e Pinne 52e jiergong Nr. 1 januari 2018

Ut e Pinne 52e jiergong Nr. 1 januari 2018 Ut e Pinne 52e jiergong Nr. 1 januari 2018 Ferieningsblêd fan it Frysk Selskip Fier fan Hûs Apeldoorn Sûnt 9 desimber 1901 2 3 fan de foarsitter Henk de Boer YNHÂLD WE SETTE WER ÚT EIN We sette wer út

Nadere informatie

Doarpslibben Ryptsjerk Winter 2010-2011. Fan de redaksje

Doarpslibben Ryptsjerk Winter 2010-2011. Fan de redaksje Doarpslibben Ryptsjerk Winter 2010-2011 Colofon De doarpskrante is in inisjatyf fan doarpsbelang en wurdt troch har finansjeel stipe De krante wurdt fergees by leden besoarge en komt fjouwer kear yn it

Nadere informatie

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke   dit boekje is in kadootsje fan Tomke nei de biblioteek 2015 Tema Hoi Tomke www.tomke.nl www.gidsvoornederland.nl/bibliotheken/fryslân dit boekje is in kadootsje fan Foarlêzen en boeken foar jonge bern Boeken bringe in petear op gong;

Nadere informatie

De Eendracht. Vereniging voor dorpsbelangen Deinum. Voorzitter Assuerus Jorna Gersdroegerij 8 058 254 2472

De Eendracht. Vereniging voor dorpsbelangen Deinum. Voorzitter Assuerus Jorna Gersdroegerij 8 058 254 2472 De Eendracht Vereniging voor dorpsbelangen Deinum Leden van het bestuur Voorzitter Assuerus Jorna Gersdroegerij 8 058 254 2472 Foarsitter 9033 XR Deinum Penningmeester Anko van der Veen it Harspit 1 058

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO

Correctievoorschrift HAVO Correctievoorschrift HAVO 2008 tijdvak 1 Fries 1 en Fries 1,2 Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden

Nadere informatie

* Horen van gedicht Lach, ontspan, maak plezier, vraag om hulp, kijk met aandacht Uit de 40 dagenkalender van het GDS gebied, zaterdag 11 maart

* Horen van gedicht Lach, ontspan, maak plezier, vraag om hulp, kijk met aandacht Uit de 40 dagenkalender van het GDS gebied, zaterdag 11 maart Doopsgezinde Gemeente Leeuwarden 12 maart 2017 Tweede zondag van de 40 dagentijd, Reminiscere voorganger: Roelof Akse organist: Gerben Bergstra; liturg Hermien Nijboer; thema: Hifkje yn e woestyn * Mededelingen

Nadere informatie

Earlik diele yn in grien Fryslân

Earlik diele yn in grien Fryslân Earlik diele yn in grien Fryslân Ferkiezingsprogram fangrienlinks foar de ferkiezingen fan Provinsjale Steaten fan Fryslân foar de perioade 2015-2019 DEFINITYF 29 jannewaris 2015 Earlik diele yn in grien

Nadere informatie

MR.WALLACE BLACKBOXRED COSMIC U XIGATZE EINSTEINBARBIE HALLO VENRAY MAGICAL MYSTERY TOUR - BEATLES TRIBUTE

MR.WALLACE BLACKBOXRED COSMIC U XIGATZE EINSTEINBARBIE HALLO VENRAY MAGICAL MYSTERY TOUR - BEATLES TRIBUTE SWIMBADTERREIN WOMMELS fanof 17.00 foar mar bist al C8 binnen! AC/DC-TRIBUTE CRAZY/DAISY MR.WALLACE BLACKBOXRED COSMIC U XIGATZE EINSTEINBARBIE HALLO VENRAY MAGICAL MYSTERY TOUR - BEATLES TRIBUTE FEMMES

Nadere informatie

OANFALSPLAN FRYSK. Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen

OANFALSPLAN FRYSK. Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen 1 OANFALSPLAN FRYSK Nei in fersterking fan de posysje fan it Frysk yn alle maatskiplike domeinen Skriuwers: drs. P. Bergsma (Pedagogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy) dr. J. van der Bij (Ried fan de

Nadere informatie

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o.

Iedere dag genieten van een prachtige. omgeving. Fryske krite. Spesjalist kabels en leidingen. Meiinoar Ien. Hurderwyk e.o. I www.serviceflat-oranjewoud.nl op A5 formaat met de volgende advertentie: T 0513-63 62 85 8443 EL Heerenveen Flat Oranjewoud 1 Iedere dag genieten van een prachtige omgeving Spesjalist kabels en leidingen

Nadere informatie

Reünie EP de Boerschool. September 2014

Reünie EP de Boerschool. September 2014 Reünie EP de Boerschool September 2014 It Fuottenein Doarpskrante fan Winaam Uitgave van de Vereniging Dorpsbelang Wijnaldum Voorzitter: Johannes Rutten Tel. 06 51405131 Secretaris: Janny Stuiver Tel.

Nadere informatie

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Meidielingeblêd fan de Sékrite Oprjochting fan de Sékrite, Fryske Krite fan Lelystêd en omjouwing op 26 novimber 1971 Meidielingeblêd fan de Sékrite It idee om in Fryske Krite yn e nije polder op te rjochtsjen, ûntstie yn oktober 1971.

Nadere informatie

Meidielingeblêd fan de Sékrite

Meidielingeblêd fan de Sékrite Oprjochting fan de Sékrite, Fryske Krite fan Lelystêd en omjouwing op 26 novimber 1971 Meidielingeblêd fan de Sékrite It idee om in Fryske Krite yn e nije polder op te rjochtsjen, ûntstie yn oktober 1971.

Nadere informatie

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo?

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo? Presentatie onderzoeksresultaten Hokker taal prate jo? Colofon Kolofon Hokker taal prate jo? 2013 Projectgroep Afke Punter Lia Kooistra Annewiep Bloem Sjoukje Jager Fokke Jagersma Auteurs Annewiep Bloem

Nadere informatie

Oktober deel 2. Beste ouders / verzorgers,

Oktober deel 2. Beste ouders / verzorgers, Informatiebrief voor ouders en verzorgers ABBS De Reinbôge Greate Buorren 45 8732 EE Tel. 0515 332628 www.reinbogekubaard.nl reinbogekubaard@gearhing.net Oktober deel 2 Beste ouders / verzorgers, Net terug

Nadere informatie

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken!

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken! Ferwurkingen by LinKk 1 septimber 2015 tema: minsken & moetingen > KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Opdracht 1 Welkom bij LinKk! Dit is het verwerkingskatern dat bij het eerste LinKk-tijdschrift

Nadere informatie

Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 novimber 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehûs fan Stiens.

Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 novimber 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehûs fan Stiens. 5a Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 novimber 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehûs fan Stiens. Oanwêzich: de froulju C.G. Bijsterbosch (PvdA), U.C. de Voogd

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2013

Correctievoorschrift VWO 2013 Correctievoorschrift VWO 2013 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber 2014 1

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber 2014 1 DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie