KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,

Save this PDF as:
 WORD  PNG  TXT  JPG

Maat: px
Weergave met pagina beginnen:

Download "KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER. Beste leerkracht van de bovenbouw,"

Transcriptie

1 KRANT VOORLEESDAG BASISONDERWIJS VRIJDAG 9 OKTOBER 2015 Beste leerkracht van de bovenbouw, De landelijke Dag van de Duurzaamheid vindt dit jaar plaats op vrijdag 9 oktober Door heel Nederland vinden, voor het zevende jaar, duizenden duurzame activiteiten plaats, georganiseerd door particulieren, bedrijven, maatschappelijke organisaties, overheden en onderwijs. Samen laten we zien dat duurzaamheid past in ons dagelijks leven! Kinderen willen we hierbij natuurlijk ook graag betrekken. Voor het basisonderwijs is er om die reden een voorleesactie. Op vrijdagochtend 9 oktober wordt in de klas een verhaal voorgelezen met een duurzaam thema. Dit past mooi in de kinderboekenweek, die ook in deze periode valt. Voor u ligt de duurzame voorleeskrant voor Noardeast Fryslân. De 3 samenwerkende NME-Centra hebben speciaal voor alle 100 basisscholen een verhaal laten schrijven dat past bij de kinderboekenweek én bij de Dag van de Duurzaamheid. Het verhaal heet Raar maar waar, Nuvere Minsken en speelt zich af in deze regio. Het is in het Fries geschreven door Geertruida van Assen uit Kollum. Het is een leuk idee om een voorleesgast in de klas te halen die dit verhaal voorleest. De Burgemeester, wethouders en raadsleden van uw gemeente hebben aangegeven dat ze graag optreden als voorleesgast. Maar u kunt zelf ook een voorleesgast regelen, of het verhaal zelf voorlezen. Na het voorlezen kunt u met behulp van de vragen en de praatkaarten nog in gesprek met de leerlingen over duurzaamheid. Doet u mee? Veel succes! De NME-coördinatoren Marjolein Staal, Margriet Tolsma en Ragna van Sonsbeek, en de Burgemeesters en wethouders van de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradeel, Ferwerderadiel, Kollumerland c.a. en Tytsjerksteradiel. PS. Het verhaal is geschikt voor middenen bovenbouw. U kunt het in Fries en Nederlands downloaden van de websites (zie colofon). Voor op het elektronisch schoolbord zijn bijpassende illustraties downloadbaar.

2 FERHAAL RAAR MAAR WAAR NUVERE MINSKEN It is stil yn e strjitte, sis mar saai. Hidzer skopt in stientsje fuort, dy t flak by it paadsje nei de foardoar fan nûmer alve lizzen bliuwt. It hûs stiet al hiel lang leech en Hidzer boartet faak yn e grutte tún mei syn freonen, mar dy binne allegear mei fakânsje. Stom dat er sels no mar twa oeren deis op e kompjûter mei. Hy soe wol even by de hut sjen kinne dy t se krektlyn boud ha, mar nee, dêr is neat oan ast allinne bist. Hidzer sil him omdraaie, mar dan sjocht er in beweging. It is by ien fan de lytse rútsjes. It gerdyn fol spinreagen sit oars as oars. Soe der dan dochs..? Mar der beweecht neat mear. Miskien wie it de wyn. Mar it waait net. In rôt! Jawis, dat sil it wêze, mar neat tsjin mem sizze. Elske leit op e bank as Hidzer yn e keamer stapt. Se hat in boek fan e bibleteek yn e hannen. Op e teannen slûpt er nei har ta. As se goed yn it ferhaal sit, sil se samar skrikke, want op it omslach stiet in foto fan in man mei in wyt gesicht, reade eagen en hiele grutte wite hoektosken mei bloed deroan. Elske, ik ha in grouwe rôt sjoen, ropt er ynienen yn har ear. Mar se jout gjin gjalp. Toe no, seit se, wylst se him oan e kant triuwt. Moai Hidzer, bist al thús, seit mem dy t ek yn e keamer komt. Meist de boarden wol fêst op tafel sette, it iten is hast klear.

3 Moarn komme de sinnepanielen, seit heit, as se alle fjouwer oan e tafel sitte te iten. It sil my benije hoefolle enerzjy wy besparje kinne, laket mem en heit laket mei. Wêr hast dy rôt sjoen? seit Elske ynienen. Mem har mûle falt iepen fan skrik. Hidzer trapet Elske tsjin e foet. Hoe kin se dêr no oer begjinne by de tafel as mem der by sit. Hy tocht dat Elske him net heard hie, niiskrekt. Dat wie in grapke juh, seit er gau. Mar ik ha al wat sjoen yn it lege hûs. Ik tink dat der minsken komme te wenjen. Minsken? Yn nûmer alve bedoelst? wol heit witte. No, dat tink ik net. Ik ha der noch noait in auto foar hûs stean sjoen. En al hielendal gjin ferhúswein. Boppedat, gjinien kin yn sa n âld klinte wenje. Der moat earst flink ferboud wurde. Dan prate heit en mem fierder oer it ferbouwen fan huzen, wat dat allegear kostet en hoe ast op enerzjyferbrúk besparje kinst, en beide fine se dat nûmer alve it bêste mar ôfbrutsen wurde kin. Ik wit ien dy t yn dat hûs wenje wol, seit Elske wylst se de kopkes ôfwasket dy t Hidzer ôfdroegje sil. Ik lês der no in boek oer. Doch net sa raar, seit Hidzer. Dat kin net, dat is net echt. Dat hat dy skriuwer betocht. Hoe hyt er? Bram Stoker. Oh dy fan Dracula, wat hy skriuwt kin ommers hielendal net. En as it al koe, soene se oerdeis sliepe en koe dat gerdyn net hin en wer gean. Wol yn dat lytse húske want dêr is it oerdeis ek tsjuster, laket Elske. Hidzer seit neat. Hy tinkt oan de rôt. Wat no as it wat oars wie? It is nacht, Hidzer stiet foar it rút. Hy kin de hiele strjitte delsjen, want der baarne strjitlampen en de buorlju, dy t op fakânsje binne, ha de bûtenlampen oan sadat it liket dat se thús binne. Mar sels sûnder dy lampen hie it ljocht west, want de moanne skynt. Hidzer sjocht nei it hûs oan e oare kant. Hy wol it fannacht yn e gaten hâlde. Sliep hat er noch net. Mar der gebeurt neat. Der binne net iens nachtbisten. It wachtsjen makket him slieperich, dat hy beslút om dochs mar wer op bêd te gean.

4 Moarns sit Hidzer te gapjen by de tafel. Elske jout him in triuw en flústeret. Op fampierjacht west fannacht? Har eagen glinsterje en har mûle hat in pleagjende laits. Wolst aanst ek mei? gappet Hidzer, mar Elske skodhollet. Ik bin net sa n rottefanger, seit se. En myn boek moat hast werom nei de bibleteek, ik moat lêze. Hidzer stiet op it paadsje fan nûmer alve. Der liket neat feroare. Sil er nei it rút tarinne? Tichtby kin er miskien sjen oft der rotten binne. Krekt hat er it beslút naam om der hinne te rinnen as er wat heart. Der komt in lûd út de tún wei. Der is ien! Grutter as in rôt. Gau rint Hidzer fan it paadsje ôf nei de hage njonken it hûs, dy t om it hiele hiem hinne sit fan nûmer alve. It is in tichte hage. Hy sil net folle sjen kinne as er der by lâns rint, mar krektoarsom kinne se him ek net sjen. Foarsichtich begjint er dêrom te slûpen. It lûd is der noch. Krekt of is der ien oan it skeppen... Dan ynienen wit er it. Der binne kriminelen en dy skeppe in gat yn e tún dêr t se de bút yn ferstopje. Dêrom fansels litte se de smoarge gerdinen gewoan sitte. Dêrom wie der beweging, ien fan dy ynslûpers siet nei him te sjen doe t er foarby rûn. Mar hy kin net samar de plysje belje. Earst moat er bewiis ha. Hy moat sjen wat se yn e grûn ferstopje.

5 Der is in plak yn e hage dêr t de tûken losser binne. Hidzer kin der krekt trochhinne krûpe en dat docht er hiel foarsichtich, sadat de tûkjes net bewege of knappe. It skeppen klinkt noch itselde. Se ha him net sjoen. Noch in lyts eintsje dan kin er de minsken sjen. Hoeden bûcht er de lêste tûkjes oan e kant. Der stiet in nuvere frachtwein yn e tún. It foarste stik is itselde as in gewoane frachtwein, mar it achterste net, dat liket op in houten hûs mei sinnepanielen op it dak. Tichter by de hage stiet in man yn e tún te skeppen. Ynienen giet de man rjochtoerein stean en sjocht Hidzer syn kant út. Gau moat er út de hage wei. Hy draait him om, triuwt de tûkjes wyld oan e kant, strûkelet, en krûpt op hannen en fuotten út de hage wei. As er oerein komt, sjocht er yn it gesicht fan in jonge dy t krekt wat grutter is as him. H... hoi, stammeret Hidzer. Wa bisto? Ik bin Walter, laket de jonge en stekt him in hân ta. Krûpsto altyd yn hagen? Nee, allinne as ik op ûndersyk bin. Goh en wat ûndersikesto dan? Oft der nije bewenners binne yn dat hûs of rare minsken. Kinst dan net better gewoan eefkes oanbelje? Sil ik oars even foar dy sjen? Hidzer skodhollet, mar Walter krûpt al yn de hage en as er werom komt seit er: Ja, de nije bewenners binne rare minsken. Se keapje in âld hûs, mar wenje der net yn. Se grave yn e tún en sliepe yn in selsmakke kampearwein. Hoe witsto...? seit Hidzer. Dy man dêr, begjint Walter, is myn heit. Wy binne hjir juster yn e nacht kaam. En dy wein is ús hûs. Wy wenje al in jier yn dizze kampearwein. Dêrfoar wennen wy yn Amsterdam. Heit fynt dat de measte minsken leve as fampiers, raar maar waar. Net dat se bloed drinke, mar se ferbrûke wol mear dan wat se werom jouwe. Uteinlik bliuwt der neat mear oer. Heit hat dit hûs kocht om t ik wer nei skoalle moat.

6 Hy woe yn it noardeasten fan Fryslân wenje om t er hjir sels opgroeid is, krekt as myn mem, mar dy is ferline jier stoarn. Fan it hiem wol heit in biologyske tún meitsje, it hûs wol er duorsum ferbouwe en ik mei him helpe. Heit wie ûntwerper en is no ek útfiner. Hij betinkt apparaten dy t it wurk makliker meitsje kinne. Ik sil dy der noch folle mear oer fertelle, mar earst moat ik fuort, want wy sille automatyske túnklauwerkes helje. Dan begjint er te laitsjen en seit: Sa neame wy hinnen. Se helpe ús yn e tún. Noch laitsjend krûpt er troch de hage. Doei doei, ropt er, as er oan e oare kant stiet. Hidzer bliuwt stean en sjocht nei de hage. Wow, tinkt er, it sil hiel oars wurde yn e strjitte! FRAGEN BY IT FERHAAL 1: Hidzer tinkt dat it hiel oars wurde sil yn de strjitte. Wat tinke jim, hat er gelyk? 2: De titel fan it ferhaal is Nuvere Minsken. Nuver is itselde as in bytsje frjemd, oars. Wa binne dy nuvere minsken yn dit ferhaal? Wat dogge dizze minsken oars? Wêrom soene se dat dwaan? Wat fynst derfan? 3: Hidzer mei twa oeren deis op e kompjûter. Wêrom soe dat sa wêze? Hoe lang meie jim op e kompjûter? 4: Elske lêst in boek fan de bibleteek. Se lêst net op in ereader. Lêze jim ek boeken? Papieren boeken of boeken op in ereader? Wêr helje jim dy boeken wei? 5: Der komme sinnepanielen by Hidzer thús. Wêr kinne se dy sinnepanielen delsette? Wêrom nimme minsken sinnepanielen? Wêrom docht net eltsenien dat? Ha jim thús ek sinnepanielen? Wa kin der wat oer fertelle? 6: De buorlju ha nachts de bûtenlampen oan, sadat it liket dat se thús binne. Wêrom wolle se dat it liket dat se thúsbinne? Litte jim nachts ek lampen baarne as jim op fakânsje gean?

7 PRAATKAARTEN OM YN GROEPKES OER NEI TE PRATEN Praatkaart 1: Heit en mem fine dat it hûs op nûmer alve better ôfbrutsen wurde kin. STELLING: In âld hûs kinst hiel goed duorsum ferbouwe! WIER OF NET WIER Praatkaart 2: As Hidzer yn e nacht foar it rút stiet, kin er de hiele strjitte sjen, om t der strjitlampen baarne en bûtenlampen by de buorren. Der is ek in nacht fan de nacht, dan moatte nachts alle lampen út. Dat is net allinne om enerzjy te sparjen, it is ek foar de nachtbisten. STELLING: Je dogge jûns de lampen út of oan. Der is gjin tuskenwei! WIER OF NET WIER Praatkaart 3: De heit fan Walter fynt dat de measte minsken leve as fampiers. STELLING: de heit fan Walter is in grut foarstander fan de konsumpsjemaatskippij! WIER OF NET WIER Praatkaart 4: De heit fan Walter sil in tún oanlizze, dêr t se har iten fan helje kinne. STELLING: In eigen tún is better foar it miljeu! WIER OF NET WIER Praatkaart 5: Walter moat wer nei skoalle. STELLING: Op ús skoalle soene we noch wol wat mear dwaan kinne oan duorsumens (duurzaamheid). WIER OF NET WIER Praatkaart 6: Walter en syn heit libje hiel miljeufreonlik (duorsum). Sa dogge net folle minsken dat. Mar kinst sels ek lytse stapkes sette. STELLING: De Dag van de duurzaamheid hat gjin sin, de minsken feroarje toch net. WIER OF NET WIER Praatkaart 7: Walter en syn heit wenje al in jier yn in selsmakke kampearwein. STELLING: Ik soe ek wol in jier yn in kampearwein wenje kinne! WIER OF NET WIER Praatkaart 8: Hidzer hat, mei syn freonen, in hut boud yn de tún dy t no fan Walter en syn heit is. STELLING: De jonges moatte de hut aansens ôfbrekke fan Walter syn heit! WIER OF NET WIER

8 BON Zelf het huisje van Walter bekijken? Kom naar de Sûkerei! Deze bon geeft 50% korting per persoon* op de toegangsprijs bij een bezoek aan De Sûkerei. Hier staan drie âlde wâldhúskes, een cichoreidrogerij en een watermolen in opbouw. De korting geldt tot eind oktober 2015 voor het kind dat de bon op school heeft gekregen, maar ook voor zijn of haar broertjes, zusjes, ouders, opa, oma, buren enz. Cultuurhistorisch centrum De Sûkerei, Trekwei 8A, Damwâld. Kijk op nl voor meer informatie over het museum. * Een leuk, leerzaam en voordelig uitje in de buurt. Kinderen t/m 12 jaar betalen met de bon 1,25 ipv 2,50 en volwassenen betalen 2,50 i.pv. 5 euro. Verhaal en verwerkingsopdrachten: Geertruida van Assen Illustraties en foto s: Geertruida van Assen Idee en projectcoördinatie: Marjolein Staal Secretariaat: Fernanda de Zwart Website: Suzan van Wijngaarden, Argiope Met dank aan: wethouder Pytsje de Graaf, museum De Sukerei Damwâld, Pieter van der Galien Uitvoering: NME Achtkarspelen, NME-Tytsjerksteradiel, NME-Centrum De Klyster Websites: Deze voorleeskrant wordt alle 100 basisscholen in Noordoost Friesland gratis aangeboden ter gelegenheid van de 7e voorleesactie tijdens de Dag van de Duurzaamheid op door de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradeel, Ferderwadiel, Kollumerland c.a., Tytsjerksteradiel. De Dag van de Duurzaamheid is een initiatief van Urgenda. De Fryske Foarlêsdei is een initiatief van NME-Centrum De Klyster. Vormgeving en drukwerk: Brandsma Offset Ferwerd COLOFON

Harkje, lêze en útspraak

Harkje, lêze en útspraak Les1 Om te begjinnen Jonge kinderen leren spelenderwijs met gemak twee of drie talen tegelijk. Volwassenen moeten er vaak wat meer moeite voor doen. Dat neemt niet weg dat ook volwassenen in staat zijn

Nadere informatie

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 De wolf hat neat te sykjen yn Nederlân 1 B 2 C 3 maximumscore 1 Jagers kinne minder reeën, kninen en hazzen sjitte. Wolven

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 4 jannewaris 2009 tema: bisten & natuer > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Het thema van dit katern voor niet-friestalige leerlingen is Bisten en Natuer. Je leert van verschillende

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO

Correctievoorschrift VWO Correctievoorschrift VWO 2007 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke dit boekje is in kadootsje fan

Tomke nei de biblioteek Tema Hoi Tomke   dit boekje is in kadootsje fan Tomke nei de biblioteek 2015 Tema Hoi Tomke www.tomke.nl www.gidsvoornederland.nl/bibliotheken/fryslân dit boekje is in kadootsje fan Foarlêzen en boeken foar jonge bern Boeken bringe in petear op gong;

Nadere informatie

Tomke makket in snieman

Tomke makket in snieman Tomke makket in snieman 2017 Tema Seizoenen dit boekje is in kadootsje foar alle pjutten en beukers yn Fryslân No foarlêze, letter sels lêze. Tegearre lêze is in simpele en fijne wize om mei dyn berntsje

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 3 desimber 2015 tema: kommunikaasje > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Veel plezier met de opdrachten. Opdracht I Wurdspin Jullie kennen meer vormen van communicatiemiddelen

Nadere informatie

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga

TRUCKSTOP. Drama/Thriller. door LOT VEKEMANS. Fryske oersetting. Baukje Stavinga TRUCKSTOP Drama/Thriller door LOT VEKEMANS Fryske oersetting Baukje Stavinga TONEELUITGEVERIJ VINK B.V. (Grimas Theatergrime verkoop) Tel: 072-5 11 24 07 E-mail: info@toneeluitgeverijvink.nl Website: www.toneeluitgeverijvink.nl

Nadere informatie

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend.

Vraag Antwoord Scores. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Aan het juiste antwoord op een meerkeuzevraag wordt 1 scorepunt toegekend. Tekst 1 Is elk wittenskiplik ûndersyk wol wittenskiplik? 1 A 2 maximumscore 1 Omdat dat ûndersyk net foldocht oan (Piersma syn)

Nadere informatie

Trijetalich ûnderwiis súksesfol

Trijetalich ûnderwiis súksesfol De Trijetalige Skoalle 1 Trijetalich ûnderwiis súksesfol Acht jier lang hawwe sân skoallen yn Fryslân meidien oan it projekt Trijetalige Skoalle. De resultaten wienen sa goed dat de projektskoallen graach

Nadere informatie

Merke 2015 Back to the 70 s

Merke 2015 Back to the 70 s Merke 2015 Back to the 70 s Tongersdei - Donderdag Tongersdei 13 Augustus - Donderdag 13 Augustus 19.00 Back to the 70 s DISCO-PARADE Dit jier kinne alle bern fan de basisskoalle mei harren fersierde fiets

Nadere informatie

Cursussen Fries 2016-2017

Cursussen Fries 2016-2017 afuk.frl Wolkom by de Afûk! Bent u in Friesland komen wonen en wilt u de taal graag kunnen verstaan? Of wilt u voor uw werk graag Fries kunnen spreken? Bent u Friestalig en wilt u het Fries graag leren

Nadere informatie

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma.

Ofwêzich : frou B.H. Wijbenga-Kleinschmidt en de hear S.L. Papma. OANTEKENS fan de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Ferwerderadiel, hâlden op tongersdei 20 septimber 2012 om 20.00 oere yn it gemeentehûs yn Ferwert. Oanwêzich : de riedsleden: frou L.J.

Nadere informatie

Karin Idzenga & Jan Calsbeek Als je aan mij denkt ben ik er

Karin Idzenga & Jan Calsbeek Als je aan mij denkt ben ik er Karin Idzenga & Jan Calsbeek Als je aan mij denkt ben ik er Kort toneelstuk voor twee personen over leven in een verzorgingstehuis 2011 1 Karin Idzenga en Jan Calsbeek Niet kopiëren of opvoeren zonder

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1

DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1 DOARPSNIJS Nûmer 350 maart 2012 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Staatsexamen VWO 2014

Staatsexamen VWO 2014 Staatsexamen VWO 2014 Nederl Friese taal schrijfvaardigheid Tijdvak 1 Vrijdag 23 mei 09.00 11.30 uur College-examen schriftelijk Opgavenboekje Steatseksamen Frysk vwo 2014 tiidfek 1 Bijgaande examenopgave

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1

DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1 DOARPSNIJS Nûmer 363 maaie 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

nr. Januari 2008 www.destapstien.nl

nr. Januari 2008 www.destapstien.nl Januari 2008 nr. 4 www.destapstien.nl Foarwurd Alle nijjierswinsken al lang wer achter de rêch, it skoaljier is twa wiken âld as ik dit skriuw. We sitte wer yn ús ritme, binne blij dat we by de waarme

Nadere informatie

Braakballen pluizen van de kerkuil

Braakballen pluizen van de kerkuil Braakballen pluizen van de kerkuil Inleiding Welkom bij het project braakballen pluizen van de kerkuil. De kerkuil is een prachtige uil, het is een echte vogel van de nacht, die zich overdag niet laat

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1

DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1 DOARPSNIJS Nûmer 366 septimber 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1

DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1 DOARPSNIJS Nûmer 394 maart 2016 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste woansdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982.

Nadere informatie

De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007

De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007 De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 38ste jiergong nûmer 11 july/augustus 2007 Meidielingsblêd fan: Doarpsbelangen, Oranje feriening, Krite It Pompeblêd, Muzykfer. Excelsior, Martens Cantorij, Herv. en

Nadere informatie

Landschap van toevalligheid

Landschap van toevalligheid Landschap van toevalligheid Eerste druk, november 2012 2012 Geert Koenen Coverfoto: Ramon van Someren Portretfoto: Barbara van Bergem Corrector: Marijke Geers isbn: 978-90-484-2736-9 nur: 306 Uitgever:

Nadere informatie

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.

Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid. Maart 165 Nûmer 2/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.nl Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel. 242212 dieta@knid.nl

Nadere informatie

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga

Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga Sanne Rienks wint mythenwedstrijd klas 2Ga De leerlingen van klas 2Ga hebben de afgelopen weken een aantal mythologische verhalen te horen gekregen in de lessen Latijn en Grieks. Het was de hoogste tijd

Nadere informatie

IK WOL GJIN OARE MEM (Ik wil geen andere moeder)

IK WOL GJIN OARE MEM (Ik wil geen andere moeder) IK WOL GJIN OARE MEM (Ik wil geen andere moeder) In klucht fan ASTRID BAIJS en JAN TOL Fryske oersetting Gurbe Dijkstra TONEELUITGEVERIJ VINK B.V. (Grimas Theatergrime verkoop) Tel: 072-5 11 24 07 E-mail:

Nadere informatie

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo?

Presentatie onderzoeksresultaten. Hokker taal prate jo? Presentatie onderzoeksresultaten Hokker taal prate jo? Colofon Kolofon Hokker taal prate jo? 2013 Projectgroep Afke Punter Lia Kooistra Annewiep Bloem Sjoukje Jager Fokke Jagersma Auteurs Annewiep Bloem

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurkingen by LinKk 4 febrewaris 2016 tema: bisten en natuer > KATERN FOAR NET-FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Het thema van dit katern voor niet-friestalige leerlingen is Bisten en Natuer. Je leert van verschillende

Nadere informatie

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure

Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure Verslag behorende bij de raadsvergadering van de gemeente Skarsterlân, gehouden op woensdag 27 maart 2013 vanaf 20.00 uur in het gemeentehuis te Joure Aanwezig: De raadsleden: de dames en heren L. Boelsma-Hoekstra

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO 2015

Correctievoorschrift HAVO 2015 Correctievoorschrift HAVO 2015 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken!

> KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Eigen cover maken! Ferwurkingen by LinKk 1 septimber 2015 tema: minsken & moetingen > KATERN VOOR NIET-FRIESTALIGE LEERLINGEN < Opdracht 1 Welkom bij LinKk! Dit is het verwerkingskatern dat bij het eerste LinKk-tijdschrift

Nadere informatie

FERDWAALD YN NEW YORK (Lost in Yonkers)

FERDWAALD YN NEW YORK (Lost in Yonkers) FERDWAALD YN NEW YORK (Lost in Yonkers) In toanielstik fan NEIL SIMON Winner PULITZER PRIIS foar drama 1991 Fryske oersetting Gurbe Dijkstra TONEELUITGEVERIJ VINK B.V. (Grimas Theatergrime verkoop) Tel:

Nadere informatie

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as

Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as Dizze brosjuere is net allinne bedoeld foar dy, as âlder, mar ek foar alle oare minsken dy t te krijen ha mei bern yn twatalige (Frysk en Nederlânsk) of meartalige situaasjes (Frysk, Nederlânsk, in streektaal,

Nadere informatie

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN <

> KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Ferwurking by LinKk 2 novimber 2015 tema: & > KATERN FOAR NET- FRYSKTALIGE LEARLINGEN < Opdracht 1 Watfoar taal leare wy? 1 g 2 i 5 i 8 i Gebruik de app Wat Wurd It of website van Praat Mar Frysk om de

Nadere informatie

Dag van de Duurzaamheid

Dag van de Duurzaamheid Dag van de Duurzaamheid 10-10-2014 Beste leerkracht van de bovenbouw, De landelijke Dag van de Duurzaamheid vindt dit jaar plaats op vrijdag 10 oktober (10-10). Door heel Nederland zullen duizenden duurzame

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber 2014 1

DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber 2014 1 DOARPSNIJS Nûmer 377 septimber 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1

Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1 Tentamenstof eintoets Frysk pabo 1 Stavering: - s/z, f/v - g/ch - û/oe - u/ú/ue - dakjes - tusken-n - oergongs-w - faak foarkommende wurdsjes - i/y/ii/ie - soldaten-regel - twalûden en brekking - ij/ai/aai/y

Nadere informatie

DE LAITS FAN IZEBAITS

DE LAITS FAN IZEBAITS DE LAITS FAN IZEBAITS (De lach van Izebach) stik foar bern yn twa bedriuwen skreaun troch Aris Bremer oerset troch Klaasje van der Veen-de Boer TONEELUITGEVERIJ VINK B.V. (Grimas Theatergrime verkoop)

Nadere informatie

Ferslach fan de earste diskusjebyienkomst oer de bestjoerlike takomst fan de gemeente Ferwerderadiel.

Ferslach fan de earste diskusjebyienkomst oer de bestjoerlike takomst fan de gemeente Ferwerderadiel. Ferslach fan de earste diskusjebyienkomst oer de bestjoerlike takomst fan de gemeente Ferwerderadiel. Datum: 17 april 2013 om 19.30 oere Plak: MFC It Trefpunt, Hallum Oanwêzich: 74 ynwenners Hallum en

Nadere informatie

MR/ Ouderraad it Pertoer

MR/ Ouderraad it Pertoer Nieuwsbrief MR/ Ouderraad it Pertoer November 2016 In dit nummer Ouders, bedankt!! Wat doet de MR Voorstellen ouders in de MR en OR Beste ouders. Schooljaar 2015-2016 - nr. 2 Ouders, bedankt! Bij deze

Nadere informatie

Kalfjespad/Kealtsjepaad

Kalfjespad/Kealtsjepaad Kalfjespad/Kealtsjepaad Inleiding Welkom bij het project kalfjespad/kealtsjepaad. In het voorjaar en de vroege zomer wordt de natuur weer wakker, en daar horen ook jonge dieren bij. NME Centrum De Klyster

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber 2014 1

DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber 2014 1 DOARPSNIJS Nûmer 379 novimber 2014 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage.

Examen VWO. Fries. tijdvak 1 vrijdag 30 mei uur. Bij dit examen hoort een bijlage. Examen VWO 2008 tijdvak 1 vrijdag 30 mei 9.00 12.00 uur Fries Bij dit examen hoort een bijlage. Voor dit examen zijn maximaal 50 punten te behalen. Het examen bestaat uit 24 vragen en een samenvattingsopdracht.

Nadere informatie

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013

Hylke Speerstra. De Treastfûgel. Bornmeer maart 2013 maart 2013 maart 2013 Hylke Speerstra De treastfûgel Hylke Speerstra It wrede paradys, it ferfolch Jaap Krol It fûgelgebed Gjalt de Groot It swetshok In Memoriam Hylke Speerstra De Treastfûgel Yn De treastfûgel

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 361 maart 2013 1

DOARPSNIJS Nûmer 361 maart 2013 1 DOARPSNIJS Nûmer 361 maart 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Sneon 5 july 2014 51e Jiergong nû. 2126

Sneon 5 july 2014 51e Jiergong nû. 2126 Sneon 5 july 2014 51e Jiergong nû. 2126 2 DOARPSNIJS Dorpskrant voor Exmorra en Allingawier Jaargang 51, Nr. 2126 2014 Redactie: Petra Tolsma 0515-576911 Griet Reitsma 0515-574408 Willem de Boer 0515-851040

Nadere informatie

Jannewaris 169 Nûmer 1/ 2015 Fiifentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.

Jannewaris 169 Nûmer 1/ 2015 Fiifentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid. Jannewaris 169 Nûmer 1/ 2015 Fiifentritichste Jiergong Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.nl Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel. 242212 dieta@knid.nl

Nadere informatie

po@dium Bennie Huisman in persoanlik moanneblêd fan Ynhâld

po@dium Bennie Huisman in persoanlik moanneblêd fan Ynhâld po@dium in persoanlik moanneblêd fan Bennie Huisman Ynhâld Fakânsje 2 Ut it fakânsje-rút 3 Skylge (liet) 5 Skylge 2000 6 De link fan Formerum (in trije-lûk) 12 Colofon 26 Nûmer 10 & 11 juli & augustus

Nadere informatie

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016.

Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van. Rintje Lolkema. In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016. Dienst van Woord en Gebed voorafgaande aan de begrafenis van Rintje Lolkema I 3 februari 1938 2 februari 2016 In de Hermeskerk te Uitwellingerga, op 9 februari 2016. Voorganger: Ds Dingena Hasper Diaken:

Nadere informatie

beeld op het noorden beelden van Jan Ketelaar

beeld op het noorden beelden van Jan Ketelaar beeld op het noorden beelden van Jan Ketelaar beeld op het noorden Jan Ketelaar (Hoogezand Sappemeer 1958) heeft zijn opleiding gevolgd aan de Kunstacademie Minerva te Groningen. In 2002 is hij afgestudeerd

Nadere informatie

www.mantgumermerke.nl

www.mantgumermerke.nl www.mantgumermerke.nl Op 13, 14 en 15 augustus sil it wer heve! Dan is it wer tiid foar de Mantgumer Merke! Jawis, wy as kommisje rinne al wer waarm foar de Merke. Noch in hiel skoft tinke de measte minsken,

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 367 oktober 2013 1

DOARPSNIJS Nûmer 367 oktober 2013 1 DOARPSNIJS Nûmer 367 oktober 2013 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Zuid Afrikaans Braai Buffet met Soul Dada

Zuid Afrikaans Braai Buffet met Soul Dada Zuid Afrikaans Braai Buffet met Soul Dada Donderdag 24 en Vrijdag 25 januari 2013 Aanvang 18.30 uur De Pleats, grote zaal Alleen voor Nutleden die gereserveerd hebben Na drie eerdere succesvolle muzikale

Nadere informatie

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN

\^/ETTERSKIP FRYSLÂN {ltt'" \^/ETTERSKIP FRYSLÂN Bugel Hajema Adviseurs T.a.v. de heer P.W. Rienstra Balthasar Bekkerwei 76 8914 BE LEEUWARDEN Leeuwarden, 1 5 november 201 1 Bijlage(n): 2 Ons kenmerk: WFNI l 15813 Tel: 058-292

Nadere informatie

Akky van der Veer MEI STURT EN EAREN. Ienakter

Akky van der Veer MEI STURT EN EAREN. Ienakter Akky van der Veer MEI STURT EN EAREN Ienakter Akky van der Veer, 2012 Dizze útjefte mei frij kopiearre en ferspraat wurde. By opfiering lykwols moat fantefoaren oan de auteur skriftlik om tastimming frege

Nadere informatie

Ikke krakkemikke en it wite wiif (Ikke krakkemikke en het witte wief)

Ikke krakkemikke en it wite wiif (Ikke krakkemikke en het witte wief) Ikke krakkemikke en it wite wiif (Ikke krakkemikke en het witte wief) Stik foar bern yn twa bedriuwen Skreaun troch ARIS BREMER Oerset troch Klaasje van der Veen- de Boer TONEELUITGEVERIJ VINK B.V. (Grimas

Nadere informatie

Schooljaar 2015-2016, nr. 3

Schooljaar 2015-2016, nr. 3 Schooljaar 2015-2016, nr. 3 Agenda 16-10: Schaatslessen groep 5 t/m 8 in Leeuwarden 19-10 t/m 23-10: Herfstvakantie 27-10: Zakelijke Ouderavond 29-10: Open ochtend tussen 8:30 10:00 uur 30-10: Schaatslessen

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 383 maart 2015 1

DOARPSNIJS Nûmer 383 maart 2015 1 DOARPSNIJS Nûmer 383 maart 2015 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Septimber 172 Nûmer 4/ 2015 Fiifentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.

Septimber 172 Nûmer 4/ 2015 Fiifentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid. Septimber 172 Nûmer 4/ 2015 Fiifentritichste Jiergong Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.nl Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel. 242212 dieta@knid.nl

Nadere informatie

DOARPSNIJS Nûmer 355 septimber 2012 1

DOARPSNIJS Nûmer 355 septimber 2012 1 DOARPSNIJS Nûmer 355 septimber 2012 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Doarpskrante Mûnein en Readtsjerk

Doarpskrante Mûnein en Readtsjerk Maart 2016 Ut de 2 Doarpen Jiergong 20 Nr. 81 Doarpskrante Mûnein en Readtsjerk MAAITIIDSNUMER 2016 Ut de 2 Doarpen 2 Mûnein/Readtsjerk Redaksjoneel Piet de Vries It is wer maaitiid en sa as jimme fan

Nadere informatie

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april 2015 1

DOARPSNIJS. Nûmer 384 april 2015 1 DOARPSNIJS Nûmer 384 april 2015 1 KOLOFON Doarpsnijs is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2017

Correctievoorschrift VWO 2017 Correctievoorschrift VWO 2017 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Aanleveren scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Poppenwierster courant

Poppenwierster courant Poppenwierster courant September/ oktober 2015, Jaargang 24 nr. 3 Plaatselijk Belang Poppenwier Beste Dorpsgenoten, De zomer is alweer voorbij. En wat een prachtige zomer! In Poppenwier druiste het weer

Nadere informatie

Herfstvakantie: 15 t/m 23 oktober 25-10: Jelle (2004) teamvergadering 27-10: signaaldictee blok 2 bovenbouw (proefdictee)

Herfstvakantie: 15 t/m 23 oktober 25-10: Jelle (2004) teamvergadering 27-10: signaaldictee blok 2 bovenbouw (proefdictee) Oktober 2011: 3-10: luizencontrole: de tweede ronde oud papier: Auke, Marius, Wouter, Jappie 5-10: informatieavond start Kinderboekenweek (5 t/m 15 oktober) Meester Tjitte viert zijn verjaardag 6-10: eerste

Nadere informatie

Jannewaris 154 Nûmer 1/ 2012 Twaentritichste Jiergong. Redaksje: Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel. 242212 dieta@knid.

Jannewaris 154 Nûmer 1/ 2012 Twaentritichste Jiergong. Redaksje: Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel. 242212 dieta@knid. Jannewaris 154 Nûmer 1/ 2012 Twaentritichste Jiergong Redaksje: Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel. 242212 dieta@knid.nl Pieter Hoogland De Lyts Ein 37 Tel. 241284 info@hooglandverhuur.nl

Nadere informatie

de Moanne algemien-kultureel opinybled mei Trotwaer 1 4,50 Kolofon Yn dit nûmer

de Moanne algemien-kultureel opinybled mei Trotwaer 1 4,50 Kolofon Yn dit nûmer de Moanne algemien-kultureel opinybled mei Trotwaer JIERGONG 2 NUMER 6 JULY 2003 6 literer tydskrift sunt 1969 1 4,50 Kolofon Yn dit nûmer De Moanne, algemien-kultureel opinyblêd (mei Trotwaer, literêr

Nadere informatie

Bruinsma s Bakkerij De Echte Bakker Skans 2 Winsum Tel. 0517-34 14 54

Bruinsma s Bakkerij De Echte Bakker Skans 2 Winsum Tel. 0517-34 14 54 1 Bruinsma s Bakkerij De Echte Bakker Skans 2 Winsum Tel. 0517-34 14 54 DE GROOTSTE KEUS IN: BROOD KOEK BANKET en.... GEBAK KIJK EENS WAT VAKER IN DE SPIEGEL * Nieuwe en gebruikte fietsen * Luxe en huishoudelijke

Nadere informatie

Friese taal schrijfvaardigheid

Friese taal schrijfvaardigheid Staatsexamen VMBO TL 2016 Nederl Friese taal schrijfvaardigheid Tijdvak 1 Vrijdag 27 mei 13.30 15.00 uur College-examen schriftelijk Opgavenboekje 1 / 5 Schriftelijk college-examen schrijfvaardigheid Friese

Nadere informatie

De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 34 ste jiergong nûmer 1 septimber 2002

De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 34 ste jiergong nûmer 1 septimber 2002 De Doarpsomropper fan Skearnegoutum 34 ste jiergong nûmer 1 septimber 2002 Meidielingsblêd fan: Doarpsbelangen, Oranje-feriening, Krite It Pompeblêd, Muzykfer. Excelsior, Martens Cantorij, Herv. en Geref.

Nadere informatie

Sneon 2 april 2016 53e Jiergong nû. 2147

Sneon 2 april 2016 53e Jiergong nû. 2147 Sneon 2 april 2016 53e Jiergong nû. 2147 2 DOARPSNIJS Dorpskrant voor Exmorra en Allingawier Jaargang 53, Nr. 2147 April 2016 Redactie: Petra Tolsma 0515-576911 Griet Reitsma 0515-574408 Willem de Boer

Nadere informatie

Van de redactie. 31e jiergong - nûmer 151 - novimber 2013

Van de redactie. 31e jiergong - nûmer 151 - novimber 2013 31e jiergong - nûmer 151 - novimber 2013 Van de redactie Naar aanleiding van onze oproep in de vorige uitgave van De Twa Doarpen hebben we een aantal mooie foto s ontvangen. Twee daarvan prijken op de

Nadere informatie

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter

Steatekommisje Lân, Loft en Wetter Steatekommisje Lân, Loft en Wetter Datum gearkomste: 9 april 08 Wurklistpunt: 3 STEATEKOMMISJE LAN, LOFT EN WETTER 10 Ferslach fan de gearkomste op 5 maart 08 yn it Doarpshûs fan Seisbierrum. Oanwêzich:

Nadere informatie

Reinbôgenijs. Agenda. Algemene informatie. Beste ouders / verzorgers van De Reinbôge, Doch dyn dream! Nr.3 - Novimber 2015

Reinbôgenijs. Agenda. Algemene informatie. Beste ouders / verzorgers van De Reinbôge, Doch dyn dream! Nr.3 - Novimber 2015 Reinbôgenijs Nr.3 - Novimber 2015 Beste ouders / verzorgers van De Reinbôge, Dit is alweer de laatste nieuwsbrief van het kalenderjaar 2015! De december maand, de maand van Sinterklaas en Kerst, donkere

Nadere informatie

de Moanne algemien-kultureel opinybled mei Trotwaer 1 4,50 Yn dit nûmer

de Moanne algemien-kultureel opinybled mei Trotwaer 1 4,50 Yn dit nûmer de Moanne algemien-kultureel opinybled mei Trotwaer literer tydskrift sunt 1969 JIERGONG 2 NUMER 9/10 DESIMBER 2003 1 4,50 9 10 Yn dit nûmer 8 24 2 Redaksje 3 Gryt van Duinen, Fan Beuys oant Aldi 8 Marita

Nadere informatie

IT DINEETSJE (The Dinner Party)

IT DINEETSJE (The Dinner Party) IT DINEETSJE (The Dinner Party) Komeedzje fan NEIL SIMON oersetting Tryntsje van der Zee TONEELUITGEVERIJ VINK B.V. (Grimas Theatergrime verkoop) Tel: 072-5 11 24 07 E-mail: info@toneeluitgeverijvink.nl

Nadere informatie

Van het bestuur. De Warbere Bijker. Informatiebrief van imkervereniging Leeuwarden e.o. (sinds 1899)

Van het bestuur. De Warbere Bijker. Informatiebrief van imkervereniging Leeuwarden e.o. (sinds 1899) Informatiebrief van imkervereniging Leeuwarden e.o. (sinds 1899) Maart 2013 Pagina 1 De Warbere Bijker Jaargang 6 nummer 1 In dit nummer: Van het bestuur 1 Bijenstal nieuws 2 Open imkerijdagen 2 Voorjaarsbijeenkomst

Nadere informatie

Zondag 5 juli 2015, Martinikerk Sneek ds. Jan Willem Nieboer

Zondag 5 juli 2015, Martinikerk Sneek ds. Jan Willem Nieboer Zondag 5 juli 2015, Martinikerk Sneek ds. Jan Willem Nieboer Gelezen: Ezechiël 1: 28 3:3 en Marcus 6: 1-6. Gezongen: Psalm 121: 1 en 4, Lied 413: 1 en 2, Lied 609, Nazareth (Fedde Schurer/Louise Godin),

Nadere informatie

Correctievoorschrift HAVO. Fries 1 en Fries 1,2. Hoger Algemeen Voortgezet Onderwijs. Tijdvak 1. Begin

Correctievoorschrift HAVO. Fries 1 en Fries 1,2. Hoger Algemeen Voortgezet Onderwijs. Tijdvak 1. Begin Fries 1 en Fries 1,2 Correctievoorschrift HAVO Hoger Algemeen Voortgezet Onderwijs 20 04 Tijdvak 1 400015-1-2c Begin Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels

Nadere informatie

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015

BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015 BESLUTELIST FAN DE GEARKOMSTE FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL Tongersdei 28 maaie 2015 Oanwêzich Foarsitter : de hear T. van Mourik Griffier : mefrou W. Bruinsma P.v.d.A. : mefrou M. van der Meer en de hear

Nadere informatie

Deadebetinking 4 maaie 2011.

Deadebetinking 4 maaie 2011. Deadebetinking 4 maaie 2011. It is goed dat wer safolle minsken kommen binne om hjir de slachtoffers te betinken dy t yn de 2 e wrâldoarloch fallen binne yn har striid foar ús frijheid. Tige wolkom! In

Nadere informatie

Bijlage bij de profielschets burgemeester De Fryske Marren

Bijlage bij de profielschets burgemeester De Fryske Marren Bijlage bij de profielschets burgemeester De Fryske Marren Meedenken over de burgemeester Reacties op de profielschets De burgemeester is burgemeester van en voor de hele gemeente De Fryske Marren. De

Nadere informatie

Correctievoorschrift VWO 2013

Correctievoorschrift VWO 2013 Correctievoorschrift VWO 2013 tijdvak 1 Fries Het correctievoorschrift bestaat uit: 1 Regels voor de beoordeling 2 Algemene regels 3 Vakspecifieke regels 4 Beoordelingsmodel 5 Inzenden scores 6 Bronvermeldingen

Nadere informatie

Deskundig, betrouwbaar en betrokken

Deskundig, betrouwbaar en betrokken april mei 2010 3 Deskundig, betrouwbaar en betrokken jaarrekeningen fi scale adviezen loonadministraties belasting - aangiften bedrijfseconomische adviezen bedrijfsoverdrachten samenwerkingsvormen subsidies

Nadere informatie

LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016

LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016 LITURGY FRYSKE TSJINST MARTINYTSJERKE BOALSERT 3 APRIL 2016 FOARGONGER: DS. GERRIT GROENEVELD OARGELIST: 1 Wolkom en meidielingen Yntochtsliet = Psalm 98: 1 en 3 1) Lit no in nije lofsang hearre, in liet

Nadere informatie

Sneon 4 jannewaris 2014 51e Jiergong nû. 2120

Sneon 4 jannewaris 2014 51e Jiergong nû. 2120 Sneon 4 jannewaris 2014 51e Jiergong nû. 2120 2 DOARPSNIJS Dorpskrant voor Exmorra en Allingawier Jaargang 51, Nr. 2120 januari 2014 Redactie: Petra Tolsma 0515-576911 Griet Reitsma 0515-574408 Willem

Nadere informatie

Dodenherdenking 04 mei Bij het graf van William Robert Fisher en Corneslis op het kerkhof van de Sint Martinuskerk in Wirdum (Fr).

Dodenherdenking 04 mei Bij het graf van William Robert Fisher en Corneslis op het kerkhof van de Sint Martinuskerk in Wirdum (Fr). . Bij het graf van William Robert Fisher en Corneslis op het kerkhof van de Sint Martinuskerk in Wirdum (Fr). De ceremonie begint met het geluid van overvliegende vliegtuigen. Zo moet het geklonken hebben

Nadere informatie

Yn dizze skille û.o.:

Yn dizze skille û.o.: Jannewaris 164 Nûmer 1/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.nl Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel. 242212 dieta@knid.nl

Nadere informatie

BLOED, SWIT EN TRIENNEN (Bloed, zweet en tranen)

BLOED, SWIT EN TRIENNEN (Bloed, zweet en tranen) BLOED, SWIT EN TRIENNEN (Bloed, zweet en tranen) Jûnfoljende klucht yn twa bedriuwen door C.J. SLIJKOORD Fryske oersetting fan Griet Reitsma TONEELUITGEVERIJ VINK B.V. (Grimas Theatergrime verkoop) Tel:

Nadere informatie

Uitgave: Stifting Nijkleaster, Wirdum 2010 eerste druk

Uitgave: Stifting Nijkleaster, Wirdum 2010 eerste druk Uitgave: Stifting Nijkleaster, Wirdum 2010 eerste druk Auteur: Ds. Hinne Wagenaar Wirdum Tekstbijdrage: Stifting Nijkleaster Vormgeving: Romke Lemstra BA32 Heerenveen Druk: ABN AMRO Ferline jier ha we

Nadere informatie

Jannewaris 164 Nûmer 1/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.

Jannewaris 164 Nûmer 1/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong. Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid. Jannewaris 164 Nûmer 1/ 2014 Fjouwerentritichste Jiergong Redaksje: Baudy Cuperus-Sijtsma Grienewei 34 Tel. 242048 baudycuperus@knid.nl Dieta Holwerda (Lay-out) Langgrousterwei 12 Tel. 242212 dieta@knid.nl

Nadere informatie

INHOUDSOPGAVE: Jaargang 26 no. 4 December 2009 Website: www.destadsomroeper.nl

INHOUDSOPGAVE: Jaargang 26 no. 4 December 2009 Website: www.destadsomroeper.nl Jaargang 26 no. 4 December 2009 Website: www.destadsomroeper.nl DE STADSOMROEPER. nr. 105 Stadsblad dat 4 keer per jaar verschijnt Oplage: 615 exemplaren Redactie Pieter Albada Hanny Bergsma-Sikkes Atsje

Nadere informatie

Doarspkrante fan Nijewier Wetsens Novimber 2012 31 e Jiergong Nûmer 2 Oplaach: 175. Tiny Weidenaar. Foarmjouwing: Annemarie Wiersma.

Doarspkrante fan Nijewier Wetsens Novimber 2012 31 e Jiergong Nûmer 2 Oplaach: 175. Tiny Weidenaar. Foarmjouwing: Annemarie Wiersma. Novimber 2012-1 - - 2 - Doarspkrante fan Nijewier Wetsens Novimber 2012 31 e Jiergong Nûmer 2 Oplaach: 175 Redaksje: Hendrik Nicolai Tiny Weidenaar Foarmjouwing: Annemarie Wiersma Ynhâld Kolofon...1 Ynhâld...1

Nadere informatie

STICHTING DOARPSKRANTE TERWISPEL

STICHTING DOARPSKRANTE TERWISPEL STICHTING DOARPSKRANTE TERWISPEL Juni 2011 - Jaargang 41 REDACTIE: Voorzitter Nynke de Visser Harnemoune 1 tel. 463120 Secretariaat Bartsje van der Heide Smidte 50 tel. 463196 Financiën & advertenties

Nadere informatie

Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 novimber 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehûs fan Stiens.

Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 novimber 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehûs fan Stiens. 5a Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 novimber 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehûs fan Stiens. Oanwêzich: de froulju C.G. Bijsterbosch (PvdA), U.C. de Voogd

Nadere informatie

Oktober deel 2. Beste ouders / verzorgers,

Oktober deel 2. Beste ouders / verzorgers, Informatiebrief voor ouders en verzorgers ABBS De Reinbôge Greate Buorren 45 8732 EE Tel. 0515 332628 www.reinbogekubaard.nl reinbogekubaard@gearhing.net Oktober deel 2 Beste ouders / verzorgers, Net terug

Nadere informatie

Kaders windenergie Súdwest Fryslân

Kaders windenergie Súdwest Fryslân - E i g e n W i n d - Nieuwsb!ef 9 Redactie: Dorpsweg 7, 8753JC Cornwerd. 0515233867 Kattebelletje: Notysje 24 mei 2012 Kaders windenergie Súdwest Fryslân Cornwerd, 18 februari 2014. Open brief aan alle

Nadere informatie